Sint en de ferdwaalde pakjeboatsinterklaasprentenboeken.nl/downloads/Maxime_FR.pdf‘Dat fertel ik...

Post on 21-Feb-2021

5 views 0 download

Transcript of Sint en de ferdwaalde pakjeboatsinterklaasprentenboeken.nl/downloads/Maxime_FR.pdf‘Dat fertel ik...

1Sint en de ferdwaalde pakjeboatPanyk op see. Pakjeboat 13, it paad bjuster yn in swiere mist en oanspield op Lettereilân. Dêr wenje spitigernôch gjin minsken dy’t de Piten helpe kinne. Gelokkich fine se op in âld flot in ûnferwachte oanwizing. Der folget in spannende puzeltocht oer it eilân. Mar de grutte fraach is… komme se noch wol op tiid yn Fryslân?

Maxime Meiland kinne wy fan it telefyzjeprogramma Chateau Meiland en wy folgje har libben, mei de hiele famylje, yn Frankryk. Foar dit program wûn de famylje Meiland de Gouden Televizier-Ring. Maxime is de mem fan dochter Claire. Sint en de ferdwaalde pakjeboat is har earste berneboek.

Rich Wake is in 2D fl ash animator, ûntwerper yn yllustrator út Londen. Hy wennet en wurket no yn Hong Kong. Hy wurket oan ferskate projekten foar animaasje, design en yllustraasje foar promininte produksjebedriuwen, te witten Cartoon Network, Nickelodeon en Strange Beast.

Sint en

de ferd

waald

e pakjebo

atM

axime M

eiland & R

ich Wake

Maxime Meiland & Rich Wake

8 710522 913437

Sint en de ferdwaalde pakjeboatDizze útjefte makket diel út fan de sinteklaas-printeboek-rige 2020, mooglik makke troch Unilever Nederland.

tekstMaxime Meiland

yllustraasjesRich Wake

Fryske oersettingAnneke Algera-Burgy

einredaksjeGerard van Midden

konsept en produksjeBlue in Green BV, Eric Holman-Amsterdam

grafyske fersoargingStudio Ruijgrok – Amsterdam

drukwurkbegeliedingEric Daams

útjouwerBlue in Green Publishing

ISBN 9789083054452NUR 273

© 2020, Blue in Green BV. Tekst: Maxime Meiland. Yllustraasjes: Rich Wake. All Rights Reserved.Dit boek is foar promoasje en is fergees by oankeap fan Unileverprodukten. Ferkeap fan dit boek is net tastien.Foar mear ynformaasje: info@blueingreenbv.nl

Maxime Meiland & Rich Wake

‘Ha wy no alle kadootsjes?’ freget de Haadpyt.

‘Hast,’ seit Claire, de lytse Ynpakpyt. Se sjocht fereale nei in glinsterjend kompas.

‘Foar wa is dat?‘ ‘Eh… foar Paa… nee eh… Baa…’

hakkelet lytse Claire. 'O, ik sjoch it al… foar Daan!’

Claire faget har it swit fan de holle. Dy rare letters ek. Bytiden fleane se alle kanten op.‘Sjouwe, Piten!’ ropt de Regelpyt ynienen. ‘De boaten lizze ree yn de haven.’ Hielendal út de skroeven lade se de earste stoomboat fol en dêrnei Pakjeboat 13.

Sinteklaas sit yn it stjoerhok fan syn stoomboat. Hy is al 651 kear nei Fryslân fard, mar toch sjocht hy foar de wissichheid noch efkes op de seekaart. ‘Tink der goed om, Stjoerpyt,’ seit Sint, ‘do bist de stjoerman fan Pakjeboat 13. Do moatst fan Spanje nei Fryslân ta.’ ‘O, makky!’ laket de Stjoerpyt. Sint sjocht him strang oan. ‘Neat gjin eh…makky. It kin samar mis gean. Unthâld goed: moatst foar de Lettereilânnen rjochts.’ ‘Jawol, kaptein,’ laket de Stjoerpyt. ‘Wy ha navigaasje oan board.’

De boaten sette útein mei harren wichtige seereis. De stoom komt út de skoarstien en Pakjeboat 13 tuft rêstich achter de stoomboat oan. Oant…

‘Help!’ raast de Stjoerpyt. Claire stoot it stjoerhok yn. ‘Wat is der?’ ‘De navigaasje!’ kritet de Stjoerpyt. ‘De ferbining is ferbrutsen. Sjoch op de seekaart. By de Lettereilânnen moatte wy rjochtsôf. Mar wêr lizze dy?’

Claire dikeret nei de kaart. Se besiket de Lettereilânnen te finen, mar al gau dûnsje har de letters foar de eagen. As wie it noch net moai genôch komt der in dikke damp opsetten.

‘Ik sjoch gjin hân foar eagen!’

‘Wêr is de stoomboat?’

‘O, o, we komme te let yn Fryslân!’

‘Aanst binne we it paad noch bjuster!’

Ynienen hearre se in hurd, sluerend lûd. Pakjeboat 13 sit fêst yn it sân. As de mist wat oplutsen is, sjogge de Piten de kust fan in frjemd eilân. ‘En no?’ freget Claire mei in benaud stimke. ‘Allegearre fan board!’ kommandearret de Stjoerpyt. ‘Wy sille op it eilân minsken sykje dy’t ús helpe kinne!’

‘Wat kant op?’ freget de Regelpyt. ‘Dy kant!’ is de Haadpyt út ‘e rie.

Se sjouwe troch it moudige sân by de see lâns. Kobben krieze. Fisken springe út it wetter, mar der binne gjin minsken te sjen.

‘Ik sjoch wat! It is in flot!’ ropt Claire. ‘Mei in briefke oan de mêst!’

De Haadpyt lêst: Wolst hjirwei? Sykje de seis letters! ‘Seis letters? Wat moatte wy dêrmei?’ ‘Lit ús sykje!’ stelt Claire út. ‘Wy sjogge fêst wol wat!’

Se litte it strân foar wat it is en komme by in breed wetter mei in letterbrêge.‘Ho!’ raast de Haadpyt. ‘Hjir kinne wy net fierder, of it moat wêze dat…’

De Piten sjogge nei it tou oer de rivier mei driigjende krokkedillen. ‘Wa doart?’ Al gau slingerje de Piten nei de oare kant. ‘Wat letter komt it meast foar?’ freget de Haadpy. ‘Dat sil ús earste letter wol wêze! Skriuwe jim dy op?’

De Piten rinne fierder troch de rimboe.‘Sjochst dy letters dêr ûnder dy lianen?’ seit de Regelpyt. ‘Hearre dy ek by de seis letters dy’t wy fine moatte?’ ‘Kin net misse!’ seit Claire. ‘Mar watfoar letter moatte wy dan ha?’ ‘Miskien moatte wy hjir boppe wei de lianen folgje,’ mient de Haadpyt.

‘Wy ha al twa letters fûn,’ seit in grutske Claire. ‘Wêr soe dy tredde wêze?’ Se hat it noch net sein as se sjogge in grut boerd lâns de dyk. ‘Wat is dit no wer?’ reagearret de Stjoerpyt. ‘Plaatsjes en letters? Ik snap der gjin byt fan!’ De Haadpyt moat laitsje en seit: ‘Dat is in rebus. Sille wy dy mei-inoar oplosse?’

‘Hè, hè!’ suchtsje de Piten, ‘efkes wat bekomme.’ Se litte harren mei in plof achteroer falle. Boppe harren driuwe wolken dy’t hieltyd oars fan foarm wurde. ‘Ik sjoch in oaljefant,’ ropt Claire entûsjast. ‘En ik in blom,’ seit de Regelpyt. ‘Sjoch dêr, in letter!’ wiist de Stjoerpyt. ‘Sjogge jim dy ek?’

Utrêsten klimme se de berch op. Mar dan… De grûn dreunt

en driget. Bromt en grommelet. In âlde fulkaan barst iepen. Stien,

lava en letters spatte alle kanten op.'Alle letters komme twa kear foar,’ seit Claire.

‘As is der ek in letter dy’t allinnich is?’

‘Noch ien letter!’ seit Claire. ‘Sjogge jim wêr’t dy weikrûpt is?’

De Piten ha de seis letters fûn. ‘Witsto noch watfoar seis?’ freget Regelpyt oan Claire. Se sjocht ynienen bliid. ‘Dit binne se,’ seit se. ‘K – O – M – P – A - S.’ ‘Kompas,’ ropt de Stjoerpyt optein. ‘Wat gooooeeed! As wy fan dit eilân ôf wolle, moatte wy in kompas ha.’ Mar de stimming slacht fuort wer om. ‘Wy ha gjin kompas,’ seit de Haadpyt. 'Wy komme fierstente let yn Fryslân.'

Op dat stuit fljucht Claire fuort. ‘Ja, naai der mar út,’ seit de Stjoerpyt. ‘Lekker maklik, troch dy binne wy it paad bjuster.’Mar al gau komt Claire werom mei in kadootsje… ‘Wat moatte wy dêr no mei?’ fûtert de Haadpyt. ‘It kompas foar Daan!’ seit Claire fol fleur. ‘Hoera, wy binne rêden,’ jûchheit de Stjoerpyt. ‘No witte wy wêr’t it noarden is. Dêr leit Fryslân.’

Yntusken is Sinteklaas al lang en breed oankaam yn Fryslân. De stoomboat leit yn de haven. ‘Wêr bliuwt Pakjeboat 13 no,’ mompelet Sinteklaas. Hy dikeret ferwezen oer see. ‘Boargemaster, as se hjirre mei in kertierke net binne, moat ik it feest ôfblaze. Sûnder kadootsjes, gjin feest!’ Mar dan ropt in jonge ynienen bliid… ‘Sjoch, dêr… Pakjeboat 13. Fol mei kadootsjes!’

As de fjouwer Piten de loopplanke ôfkomme, flústeret Sinteklaas tsjin de Haadpyt: ‘Wat is der gebeurd? Wêr bleaunen jim?’ ‘Dat is in lang ferhaal,’ suchtet de Haadpyt. ‘Dat fertel ik noch wol, mar no is it feest.’

‘Bisto Daan?’ freget Claire oan de jonge op de kade. Daan knikt. ‘Asjeblyft, foar dy. In kompas. Moatst it goed bewarje. Want it kin wêze datst it oait brûke moatst.’

Yn ferhalen kin alles. Foardatst it witst stiest yn in tsjuster bosk, bist by in nachtlik konsert of rinst fêst op in ûnbewenne eilân. Lês dyn (berns)bern dus moai foar as lit se de trije nije sinteklaas-boeken sels lêze. Dat is ekstra gesellich yn de sinteklaas-tiid. Se leare dêrtroch in soad nije wurden, kinne tekst better begripe en it stimulearret harren kreativiteit. Genietsje fan de boeken fol fantasy fan Gordon, Maxime Meiland en Roxeanne Hazes.

Letterspultsjes foar op skoalle en thúsSinteklaas leart bern boartsjendewei lêzen en skriuwen. Hoe? Mei in letterspultsje by

de boeken; foar op skoalle én thús. Foar bern fan 4 oant en mei 8 jier. Der binne in oantal

foarbylden op dizze siden en noch folle mear op www.sinterklaasprentenboeken.nl.

Foarlês-tips fan Sinteklaas• Alle dagen in kertierke foarlêze.

• Jou de haadpersoanen grappige stimkes.

• Freegje dingen oer it ferhaal en de tekeningen en lit bern spontaan reagearje.

• Bepraat drege wurden.

• Lit de bern sels in foarlêsboek útsykje.

Nocht oan lêzen mei Sinteklaas

Verschillen zien

Met welke letters beginnen de woorden?

Trek een lijntje naar de goede letter: de p, de d of de b.

p - d - b… zie jij het verschil?

Sint en de verdwaalde pakjesboot

LE E F T I J

D

6

Extra opdracht:

Ken je zelf ook woorden die beginnen met een p, d of b?

Schrijf die erbij of schrijf die op de achterkant van dit blad.

Je mag er ook tekeningetjes bij maken.

Oefening voor de motoriek

Sinterklaas is bezorgd. Want hoe kan hij in het aardedonker de cadeautjes rondbrengen? Dan bedenkt hij: ‘Ik vraag de koningin van het vuurvliegjesvolk om hulp!’ Kun jij voor Sinterklaas de goede weg door het doolhof vinden? Trek een lijn met een potlood zonder die van het papier te halen.

Sinterklaas zoekt het vuurvliegjesvolk

Sinterklaas en de vuurvliegjes

LE E F T I J D

4 5

Woorden herkennen

De Pieten en Sinterklaas gaan naar de muziekwinkel. Ze komen met handenvol

muziekinstrumenten naar buiten. Leg de muziekwoorden goed in de puzzel en je

krijgt een opdracht. Die lees je in de gekleurde balk.

Help je zoeken?

LE E F T I J

D

7 8

Sinterklaas wordt drummer

m

gn

l

dl

u

yk

f

ao

n

c

pianodrumstelgitaartrommelfluitsaxofoonmondharmonica

xylofoondansenmuzieknotenrappentriangelconcertmuziekprijs

GordonMyn moaiste boeken binne foar de wat âldere bern, sa as The wizard of Oz fan de Amerikaanske skriuwer Frank L. Baum. In spannend aventoer dat him ôf-spilet yn in wûndere wrâld.

En alle bern soenen A Christmas Carol lêze moatte fan Charles Dickens. Dit ferhaal bedobbet dy hielen-dal. Wat in sfear!

Roxeanne HazesDe mooiste vis van de zee fan Marcus Pfister. Dit tige moai yllus-trearre boek giet oer grutskens en it loslit-ten dêrfan. Dat docht de fisk troch letterlik syn skobben wei te jaan oan freonen.

Welterusten...Kleine Beer fan Martin Waddell en Barbare Firth. Dit boek krige ik as lyts famke fan in freondinne om’t ik sa ûnwennich wie. Mei as wize ried: wy sjogge beide nei deselde moanne en binne dan altyd by inoar.

Foto

: W

illiam Rutten

Foto

: M

irjam de Raaf

Foto

: C

ornelie Tollens

Nocht om nóch mear boeken foar te lêzen oan dyn (berns)bern? Sjoch dan

ris nei dizze boeketips fan Gordon, Maxime en Roxeanne. As bern wienen

se ferslingere oan dizze boeken. De boeken gienen mei harren fantasy op ’e

rin en steane noch hieltyd by harren yn de boekekast.

Maxime MeilandIt boekje De Appel fan Dick Bruna is al trije generaasjes yn ús famylje. In geweldich boek. Ryk fan kleur, ienfâl-dich en leuk.

Rupsje Nooit-genoeg fan Eric Carle is in wiere klassiker. It hat in geweldich ritme en de wize fan tekenjen is sa skattich.

Noch mear lês-plezier:de moaiste boeken fan Gordon, Maxime en Roxeanne

40Sint en de ferdwaalde pakjeboatPanyk op see. Pakjeboat 13, it paad bjuster yn in swiere mist en oanspield op Lettereilân. Dêr wenje spitigernôch gjin minsken dy’t de Piten helpe kinne. Gelokkich fine se op in âld flot in ûnferwachte oanwizing. Der folget in spannende puzeltocht oer it eilân. Mar de grutte fraach is… komme se noch wol op tiid yn Fryslân?

Maxime Meiland kinne wy fan it telefyzjeprogramma Chateau Meiland en wy folgje har libben, mei de hiele famylje, yn Frankryk. Foar dit program wûn de famylje Meiland de Gouden Televizier-Ring. Maxime is de mem fan dochter Claire. Sint en de ferdwaalde pakjeboat is har earste berneboek.

Rich Wake is in 2D fl ash animator, ûntwerper yn yllustrator út Londen. Hy wennet en wurket no yn Hong Kong. Hy wurket oan ferskate projekten foar animaasje, design en yllustraasje foar promininte produksjebedriuwen, te witten Cartoon Network, Nickelodeon en Strange Beast.

Sint en

de ferd

waald

e pakjebo

atM

axime M

eiland & R

ich Wake

Maxime Meiland & Rich Wake

8 710522 913437