Swingel 32

28
Swingel 32 desimber 2011 3

description

Dit is Swingel nûmer 32. De Swingel is it blêd fan de Ried fan de Fryske Beweging. Dit krije jo as jo stiper binne fan de Fryske Beweging. Sjoch www.fryskebeweging.nl

Transcript of Swingel 32

Page 1: Swingel 32

Swingel 32 – desimber 2011 3

Page 2: Swingel 32

Swingel 32 – desimber 2011 3

Fan de redaksje Ynhâld

nûmer 32 – desimber 2011

It koe net misse, yn dizze Swingel wurdt wiidweidich

omtinken jûn oan it Keppelfeest, dat fan 16 septimber

oant en mei 19 novimber holden is. Op dit plak

hoecht dêr fierder net wat oer sein te wurden. Dat

bart yn fjouwer bydragen op de siden hjirnei. Dêr

folgje in pear artikels op oer it ûnderwiis – ynhâldlik

en beliedsmjittich – en wurde de fêste rubriken

fuortset. Fan twa rigen wurdt yn dit nûmer de lêste

ôflevering opnommen.

Mei dit nûmer komt in ein oan myn redakteurskip fan

Swingel. Doe’t ik yn 2005 mei Swingel 11 dy taak op

my naam, sei Jabik van der Bij dat ik der net oer yn

hoegde te sitten oft der wol genôch kopij wêze soe.

Hy hat gelyk krige.

Tank oan it bestjoer en de redaksjeried en benammen

oan alle auteurs en oare meiwurkers, foar de

plezierige gearwurking dy’t ik ûnderfûn haw. Ik

winskje myn opfolger Lútzen Bakker ta dat er it wurk

mei likefolle nocht fuortsette kin. Foarearst leit der al

aardich wat kopij te wachtsjen op in plak yn ien fan de

kommende Swingels.

Jan Breimer

Fan it bestjoer

Leden en stipers fan de Ried wurde hjirby fan herten

útnoege foar de Riedsgearkomste dy’t op tongersdei

15 maart 2012 holden wurde sil, om 19.30 oere yn it

kantoar fan de Ried, Keetwâltsje 1 yn Ljouwert. De

leden krije de gearkomstestikken digitaal tastjoerd.

Stipers binne ek tige wolkom. As se harren foar

1 maart oanmelde ([email protected]) krije se

de stikken ek tastjoerd.

It bestjoer

Flagje foar taal

Hindrik van der Meer

In daverjend komplimint

Jabik van der Bij

De earste Fedde Schurerlêzing

Oldert Piersma

It fersin fan Kneppelfreed

Johanneke Liemburg

De ‘Kanon fan de Fryske skiednis’ yn it

meartalich fuortset ûnderwiis

Lieukje Leistra-Reidsma

Doar nei foech oer ûnderwiis yn it Frysk

op in kier ...

Tom Dykstra

Nijsgjirrige twalûden

Ed Knotter

Baukje Bosscha

Sytze T. Hiemstra

Greidefûgels en it Frysk

Pier Bergsma (kollum)

De Fryske frijheid: in âld idee yn in

ynternasjonalisearre en digitale wrâld (2)

Kerst Huisman

De wrâld en Fryslân (4)

Oldert Piersma

Kolofon

3

4

7

8

12

14

17

18

20

21

25

27

Kopij foar Swingel 33 (maart 2012) moat

foar 15 febrewaris nei it redaksje-adres

stjoerd wurde: [email protected]

Page 3: Swingel 32

Swingel 32 – desimber 2011 3

Flagje foar taal

Lit ús hjoed de flaggen hise

foar de talen yn ’e wrâld,

wûndermoaie klanksystemen,

by de tiid en ieuwenâld.

Tongen altyd yn beweging

soargje foar in ryk ferskaat,

lûden mei unike kleuren

hâlde minsken oan ’e praat.

Lit ús flagje foar de lûden

fan ús eigen memmetaal,

foar de eigen Fryske klanken

en syn ritmen muzikaal,

foar de sfear fan syn registers

dy ta ús ferbylding sprekt.

Hys de flagge foar syn rykdom,

lit him fiele ús respekt.

Lit ús flagje foar de wille

en de koartswyl dy’t er jout.

Lit ús flagje foar syn djipgong,

foar gedichten dy’t er bout.

Sitst om ’t goede wurd ferlegen,

hy skewielet dy rejaal.

Lit ús heech de flaggen hise

foar de kleuren fan ús taal.

Eltse taal kin sprekken lije.

’t Wíé in geunst, it ís in rjocht.

Lit dêrom dyn taal net swije,

gean net slopwei troch de bocht.

Lit se wapperje, de flaggen,

foar de ienheid yn ferskaat.

Hâld yn ’t bêste lân fan d’ ierde

ek de lytsten oan ’e praat.

Hindrik van der Meer

Keppelfeest 2011

te sjongen op de ritmysk wat oanpaste folkswize fan

‘De winter is fertige’:

Page 4: Swingel 32

4 Swingel 32 – desimber 2011

In daverjend komplimint

Jabik van der Bij

De wyks nei it ôfsluten fan it Keppelfeest yn Boalsert krige de Ried in koart meeltsje fan Binne van der Veer út Boalsert: “Ik fiel my roppen om de Ried fan de Fryske Beweging in daverjend komplimint te jaan foar it net te omskriuwen wurk dat ferset is foar it tige slagge keppelfeest.” As foarsitter fan de Ried wol ik dat komplimint graach oerdrage op de wurkgroep dy’t oardel jier drok yn it spier west hat om it allegearre foarelkoar te krijen.

It begûn by it omfreegjen yn de Riedsgearkomste

fan maart 2010. Durk van der Schaaf frege oft it

bestjoer him wol bewust wie dat yn 2011

Kneppelfreed sechstich jier lyn wêze soe en oft it

bestjoer der al oer neitocht hie om dan wat oan te

pakken. Dat kaam it bestjoer wat oer it mad en

oan de ein fan in gearkomste woe elk wol op hûs

oan. De koartste klap is en stel dan in wurkgroep

yn. Durk krige de opdracht om sa‟n wurkgroep

byelkoar te skarreljen. Dat kriget men as men jin

oppenearret.

Dy maitiid sieten in stikmannich minsken wat

ûnwennich byelkoar. Der wiene mear fragen as

oplossings. Wêr moat men yn ‟e goedichheid

begjinne. Kneppelfreed is by in grut part fan de

ynwenners fan Fryslân net bekend en as men der

wol fan heard hat, wit men amper wêr‟t it om gie.

Hoe bringt men dat yn it omtinken werom? Durk

van der Schaaf wie hiel dúdlik oer de ynhâld: “It

moat net wer lykas tsien jier lyn, doe‟t de minsken

yn de provinsje neat fan de betinking murken

hawwe, omdat it eins wat in feestje fan

pommeranten waard.” Dat útgongspunt waard

liedend foar it tinken fan de wurkgroep, mar

dêrmei wie der noch net in programma. Der giene

hiel wat ideeën oer de tafel, mar it einde yn it

begjin net. Doe‟t it ek noch fakânsje waard en

leden fan de wurkgroep alle kanten útfleagen, like

it derop as liet elk de moedfearren hingje. “Moatte

wy dit wol trochsette?”, wie de fraach. “It wurdt

koart dei en it eint neat.” Miskien hat de tip fan

Bruin van der Duim om wat mei flaggen te dwaan

wol de trochbraak west. Al rillegau waard it getal

sechstich de knier dêr‟t it om draaide. Sechstich

dagen yn sechstich doarpen flagje en op dy

flaggen in tekst. Mar hokker tekst moat dat dan

wurde en wa soarget foar de teksten? Der is in

skoftsje mei de gedachte spile om elk syn eigen

tekst derop sette te litten. Mar soe dat net in

rommeltsje wurde? Lang om let is derfoar keazen

om Tresoar yn te skeakeljen, omdat se dêr krekt

gedichten fan doarpen oan it sammeljen wiene.

Der is ek noch eefkes oer tocht om de ferienings

fan Doarpsbelangen dêrby yn te skeakeljen, mar

dat joech te folle organisatoaryske problemen. De

wurkgroep hat dêrom sels de sitaten út de

gedichten fêststeld.

Doe kaam de grutte fraach hoe‟t dy 3600 flaggen

bekostige wurde moasten. It flagjen paste tige

goed yn it tinken fan de Kulturele Haadstêd. Dy

organisaasje woe wol sponserje. Dêrnei like it

krekt as woeks it programma fansels. Nei in

suggestje fan Giny Bastiaans waard it biedwurd

fan de feesterijen Fan kneppeljen nei keppeljen.

Der hoecht no net sa bot mear kneppele te wurden

foar de taal. De klam sil mear lizze moatte op it

wiis wêzen mei it ferskaat oan talen dat de wrâld

ryk is. Minsken har bewust wurde litte fan de

wearde dy‟t talen hawwe en dêr‟t de measten foar

in grut part har identiteit oan ûntliene. Lit in oar

yn syn wêzen en haw respekt foar elkoars taal.

Sawol de eigen Fryske talen as de allochtoane

talen hawwe har eigen wearde. Wat men foar

jinsels freget, gun dat in oar ek. Dêrmei moast it

Keppelfeest, lykas it al gau neamd waard, in

protest wurde tsjin it delsjen op talen dy‟t yn de

eagen fan de boargers in legere status krigen

Page 5: Swingel 32

Swingel 32 – desimber 2011 5

hawwe. Yn stee fan kneppeljen giet it om

ferbinen.

Doe‟t de wurkgroep ien kear sa fier wie, kaam de

ynfolling hast fansels. Sa no en dan moast der nee

sein wurde omdat it de wurkgroep oars boppe de

holle groeie soe. Sechstich dagen de talen sintraal

stelle en dêr safolle mooglik minsken by belûke,

frege in protte kreativiteit fan de wurkgroep.

Benammen it beheljen fan de sechstich doarpen

by it flagjen wie net altyd like maklik. Guon

plakken wiene entûsjast, by oare moast der bot

oan lutsen wurde. In opstekker wie dat GPTV

romte makke om alle dagen troch de wike ien

gedicht foarlêze te litten yn in doarp. De flaggen

spilen in wichtige rol by de iepening yn Ljouwert

op 16 septimber en op it einfeest yn Boalsert op

19 novimber. Tusken dy twa data wiene gâns

aktiviteiten:

By de iepening yn Ljouwert is de earste

flagge oanbean oan wethâlder Henk Deinum,

neidat de groepkes flaggedragers fan ferskate

lokaasjes yn de binnenstêd wei achter it

jongereinkorps Advendo fan Snits nei it

Paleis fan Justysje rûn wiene. Yn it Paleis wie

in koarte gearsit mei in optreden fan Jan

Arends en Marijke Geertsma en in lêzing

troch de presidint fan de rjochtbank, mr. J.S.

van der Kolk. It presidium hat de wurkgroep

tige skewiele mei it beskikber stellen fan de

romten yn it Paleis fan Justysje. Dy help die

woldiedich oan.

De betinking fan de Slach by Warns stie ek yn

it teken fan Kneppelfreed. Trije sprekkers

(boargemaster Hayo Apotheker, deputearre

Jannewietske de Vries en riedslid Germ

Gerbrandy) lieten har ljocht skine oer de

posysje fan it Frysk yn de nije gemeente

Súdwest-Fryslân. Op dy middei waard de

earste Ynterfryske Dikekaart útrikt oan

„Warnsfoarsitter‟, Roel Falkena. By de

diskusje dy‟t ûnder de neisit holden waard,

wiene net safolle minsken oanwêzich.

Yn gearwurking mei de Fryske Boekeklub

KFFB is binne de teksten út de lietebondel De

gitaer by it boek fan Fedde Schurer op ‟e nij

útjûn, wylst in seleksje dêrfan by

Muzykútjouwerij Intrada as liet útkommen is

yn de bondel In spyltúch. Guon lieten hawwe

de meldij fan Louise Godin of Roel Slofstra

holden, oare waarden op ‟e nij toanset troch

Geart van der Heide, Jan de Jong, Hindrik

van der Meer of Bob Pruiksma.

Op 11 novimber waard it lêste en 25e diel fan

it Wurdboek fan de Fryske Taal útrikt oan de

foarsitter fan Ried fan de Fryske Beweging. It

wiene de bewegers dy‟t de oanset jûn hawwe

om mei dit mânske wurk te begjinnen. Sûnt

de oprjochting fan de Fryske Akademy yn

1938 is dêroan wurke.

Op de earste Fedde Schurerlêzing, op

12 novimber, kamen in protte minsken ôf

(sjoch side 7 fan dizze Swingel). De Ried,

Tresoar en it Histoarysk Sintrum Ljouwert

HCL wolle tenei alle jierren yn novimber sa‟n

lêzing hâlde.

Yn Tsjom is yn 1915 troch ds. G.A. Wumkes

de earste Fryske preek holden. Dêrom wie dêr

op 13 novimber de premjêre fan De wrâld ús

went, in sjong- en foardrachtspul op tekst fan

Eppie Dam en op muzyk fan Hindrik van der

Meer. In grôtfolle tsjerke wie hast in oere

lang yn ‟e besnijing fan de prachtige teksten

en muzyk fan it Kwartettekoar en in

skoallekoar út Tsjom.

Dyselde 13e novimber wie it ek de Fryske

Snein. Fan 35 plakken is bekend dat dêr dy

dei in Fryske tsjerketsjinst holden waard. It

gefaar fan ien sa‟n snein is dat de tsjerken

tinke dat se der dêrmei ôf binne. It soe folle

natuerliker oandwaan as, lykas bûten de

tsjerkemuorren, alle sneinen mear talen yn de

tsjerken brûkt waarden. Yn ‟e mande mei

Stifting Krúspunt hie ds. Cor Waringa foar

alle sneinen tusken 16 septimber en

Page 6: Swingel 32

6 Swingel 32 – desimber 2011

16 novimber liturgysuggestjes jûn dy‟t te

finen wiene op www.keppelje.nl. Neffens de

wyklikse opjeften op www.itnijs.nl wiene der

yn dy snuorje opfallend mear Fryske tsjinsten

as oars.

Foar de skoallen hat it Cedin in programma

oanbean ûnder de namme Taaldoarp.

In ûnderdiel dat yn de sechstich dagen wat

fan de oare aktiviteiten „weidreau‟ wie de

teaterbus fan de Bildstars. Dy bus hat yn tsien

plakken in stikje strjitteater brocht. It is de

fraach oft it publyk it ferbân mei it

Keppelfeest field hat.

It ôfslutingsfeest yn Boalsert wie in grut

sukses. Sawol oan it middeis- as it

jûnsprogramma diene in soad minsken mei.

Der wiene in protte kompliminten nei

19 novimber.

Sa‟t yn de foarige Swingel te lêzen is, wiene der

oarspronklik noch mear ideeën. By it opmeitsjen

fan de balâns kin steld wurde dat net alles

trochgean koe en dat net alles miskien goed út de

ferve kommen is, mar dat de Ried en syn sponsers

oer it generaal net ûntefreden wêze meie, om it op

syn Frysk út te drukken. Der is troch in protte

minsken praat oer talen en Kneppelfreed, en de

gefolgen dêrfan hawwe op ‟e nij omtinken krige.

De wurkgroep hat wol eare fan syn wurk hân. Dy

wurkgroep bestie út: Durk van der Schaaf, Siem

de Vlas, Renze Valk, Meindert Tjerkstra, Hindrik

van der Meer, Gryt Vonk, Gerben Gerbrandy,

Sybren Posthumus, Jaap van der Bij, Tjallien

Kalsbeek (foar de iepening) en Albert Bonnema

(foar it ôfsluten).

It keppelfeest hie net mooglik west sûnder de stipe fan: Kulturele Haadstêd 2018, Gemeente Ljouwert,

Gemeente Súdwest-Fryslân, Rabobank, Oranjewoud, Provinsje Fryslân, Woudsend Anno 1816, Stichting Het

Weeshuis, Hendrick Nannes en Catrijn Epes Stichting, St. Anthony Gasthuis, Prins Bernardfûns, Je

Maintiendrai, Feitsma Fûûns fwar it Frysk, Meindersma Sybengastichting en de Douwe Kalmastifting.

Page 7: Swingel 32

Swingel 32 – desimber 2011 7

De earste Fedde Schurerlêzing

Oldert Piersma

Op 12 novimber 2011 waard yn it ramt fan de betinking fan sechstich jier Kneppelfreed de earste

Fedde Schurerlêzing hâlden. De Ried fan de Fryske Beweging, Tresoar en it HCL (Histoarysk

Sintrum Ljouwert) dy’t foar de organisaasje tekenen, binne fan doel en hâld alle jierren sa’n

lêzing dêr’t omtinken yn frege wurdt foar, sa’t yn de útnoeging stie, ‘in tema op it snijflak fan

taal, polityk en kultuer’.

Marga Kool, Drintsk skriuwster en âld-deputearre

fan kultuer en sûnt 2000 dykgraaf fan it

wetterskip Reest en Wieden, hie de eare om de

earste lêzing te hâlden. In grut part fan de Fryske,

kulturele elite wie yn Tresoar gearkommen om nei

har te harkjen. Ut har eftergrûn wei beskreau Kool

de taalsituaasje fan it Drintsk. Hja joech

foarbylden fan diskriminaasje en efterstelling

dêr‟t it Drintsk mei oantangele sit, fuortkommend

út it machtsferskil en de legere status fan de

minderheidstaal. In taalstriid sa‟t wy dy yn

Fryslân mar al te goed kenne. Mar ek it hoekhâlde

wollen en it stribjen nei offisjele erkenning fan it

Nedersaksysk as taal yn de Europeeske Uny. In

taal dy‟t yn al syn farianten praat wurdt yn in krite

rûchwei fan Grinslân oant de Achterhoek en dan

ek noch yn de oanswettende Dútske kontreien.

Nijsgjirrich wie de miening fan Kool oer de

takomst fan taal en lân. Hja foarseach yn de net al

te fiere takomst de foarming fan ien lânsdiel yn it

Noarden, besteande út Drinte, Fryslân en

Grinslân. Dêr soene wy neffens har net omhinne

kinne. Yn dat ramt pleite hja – en hja fernuvere

har deroer dat soks noch net earder bard wie –

foar mear kontakten en gearwurking tusken de

Fryske skriuwers en Drintske skriuwers, sa‟t dat

mei de skriuwers út de Stellingwerven al langer it

gefal is. Men soe faninoar leare kinne, benammen

om‟t foar it Frysk al safolle mear berikt is as foar

it Drintsk.

Oars wie Kool net sa posityf oer it fuortbestean

fan de tsjintwurdige minderheidstalen. Dat wol

sizze, dy talen soene wol bestean bliuwe, mar dan

as in mingfoarm fan bygelyks Drintsk en

Hollânsk. In proses dat al langer geande is,

neffens har. Dus ek – yn myn wurden – in

kreolisearring fan it Frysk ta in soarte fan Fryhol

of Holfry? In net te kearen ûntjouwing en

skrikbyld dat ús boppe de holle hinget? Sa‟n

ûntjouwing driget neffens Kool net allinnich foar

de minderheidstalen, ek in standerttaal as it

Nederlânsk sil op ‟en doer wat langer wat mear

ferkrongen wurde troch it Ingelsk.

In tige slagge middei, al is Kool har foarsizzing

dat de hjoeddeiske minderheidstalen fersille

reitsje of ta in Hollânsk dialekt ferwurde no net

daliks in foarútsjoch om fleurich fan te wurden.

Taal makket ommers foar in part jins identiteit út,

mar it omkearde jildt ek, tinkt my. Yn ús eigen

wêzen kin de taal bestean bliuwe. En identiteit is

net allinnich wa‟t men is, mar ek wêr‟t men is.

Gjin nij dat yn Fryske rûnten sa fêsthâldend pleite

wurdt foar it fuortbestean fan Fryslân, want ús

identiteit fan wêr‟t wy steane hinget derfan ôf en

it is tagelyk in buffer foar it behâld fan ús taal.

Dus, oars wêze wolle en oars bliuwe wolle yn in

Fryslân as ûnderdiel fan in takomstich Noardlik

lânsdiel? Dat sille de fragen wêze dêr‟t wy tenei

mei te krijen hawwe, as de foarsizzing fan Marga

Kool útkomt.

Yn dit betinkingsjier is Fedde Schurer syn De

gitaar by it boek yn twa nije fersys útkommen. By

de Fryske boekeklub KFFB ferskynde de folsleine

tekstútjefte yn de hjoeddeiske stavering.

Muzykútjouwerij Intrada brocht ûnder de namme

In Spyltúch in seleksje fan 36 lieten út op muzyk

fan ûnderskate komponisten.

Op de gearsit fan 12 novimber waarden ‘earste

eksimplaren’ oanbean troch ds. Jouke Bakker,

foarsitter fan de KFFB, oan Roel Slofstra, omdat

dy doedestiids de earste fersy fan it boek ûnder

de minsken brocht hat, en troch Hindrik van der

Meer út namme fan de Ried fan de Fryske

Beweging, oan ds. Rein Veenboer, foarsitter fan

de Fryske Ried fan Tsjerken, mei de opdracht om

de nije útjeften yn de tsjerken bekendheid te

jaan.

Page 8: Swingel 32

8 Swingel 32 – desimber 2011

It fersin fan Kneppelfreed

Understeande ynlieding is holden op 19 novimber 2011 yn it Boalserter stedhûs ta gelegenheid fan 60 jier Kneppelfreed, it ‘Keppelfeest’ fan de Ried fan de Fryske Beweging.

Johanneke Liemburg

Reboelje hoecht net altyd ferkeard te wêzen, ek

net as wy it net oer de net mear besteande Fryske

popgroep mei deselde namme hawwe. Reboelje

kin in boarne wêze fan feroaring en fernijing. Sa

wurdt Kneppelfreed faak sjoen as boarne fan

feroaring en fernijing as it giet om de erkenning

fan de Fryske taal. Dêrfoar wie der neat regele,

dêrnei al. Doocht dat byld? Ut de reaksjes nei

Kneppelfreed soene jo dat opmeitsje kinne. „Hwat

in dei, net!‟, skreau ien fan de haadpersoanen, de

feedokter Van der Burg mei wa‟t it allegearre

begûn wie, in dei letter foldien oan Schurer. It wie

mar ien fan de safolle positive reaksjes dy‟t

Schurer nei Kneppelfreed krige. Syn freon ds. Jan

Buskes fette it út Amsterdam wei sa gear:

Mijn leven vormt op het ogenblik wel een

volstrekte tegenstelling met dat van jou. Ik moet

voor de zoveelste keer weer eens niks doen. En jij

prijkt als held en martelaar van Friesland in alle

christelijke en onchristelijke bladen. Het

tegenbeeld van Frans Vergonet de Verrader. Wij

waren juist van plan eens naar Paul Vlaanderen

te luisteren, toen dat detectiveverhaal uit

Friesland kwam. Ik wist tevoren, dat het zo gaan

zou. [...] Ze leren het ook nooit. Het stond van

tevoren vast, dat dit een propagandastunt voor

Friesland zou worden. Werd je veroordeeld – het

ergste dat gebeuren kon – dan nog was het een

overwinning op punten voor jullie. Wat zijn

ambtenaren toch slechte psychologen. En van de

politie in Leeuwarden begrijp ik niets. Dat zijn

blijkbaar alleen maar stommelingen. Laat dit aan

niemand lezen. Anders moet ik ook nog

voorkomen. In ernst: de officiële heren zijn

onwezenlijk stom en begrijpen van het volk toch

eigenlijk niets. Buit dit geval nu uit op de meest

verantwoorde wijze, opdat zij eindelijk verstaan,

dat ze stom zijn, verkalkte ambtenaren, uit wier

aderen het leven al lang is gevloden.

Fedde Schurer, dy‟t yn 1898 yn Drachten berne

waard, hat syn hiele libben krewearre foar in

lykweardich plak fan it Frysk njonken it Hollânsk.

Yn Amsterdam, dêr‟t er sechtsjin jier mei in soad

nocht wenje soe, bleau it Frysk yn ‟e hûs de

fiertaal. Doe‟t er nei de oarloch nei Fryslân

werom kaam, woed er ek op ‟e strjitte gjin

Hollânsk mear prate, al waard dat yn syn

wenplak, it deftige Hearrenfean net altyd

begrepen. Der waard lake om briefkes op ‟e doar

mei teksten as: „Hjoed gjin bôlle, bakker‟.

Schurer moat him it Frysk skriuwen sels

oanleard hawwe, want ûnderwiis yn it Frysk wie

der yn syn tiid eins net. Yn in op 26 septimber

1917 datearre brief ferûntskuldiget syn freon Inne

de Jong him derfoar, dat er noch gjin Frysk

skriuwe kin: „Jouw ultra Friesche hart moet wel

barsten van verontwaardiging. […] Ik werd

opnieuw getroffen door die mooie buigzame

lenige Friesche taal en nog meer door jouw

meesterschap erover.‟ Fedde wie in natuertalint,

as it om taal giet.

Mei har belangstelling foar it Frysk foarmen

Fedde en Inne yn dy tiid in lytse minderheid.

Hoewol‟t Fedde tsjin de gewoante fan dy tiid yn

op de gearkomsten fan de Gereformeerde

Jongelingsvereniging wolris Frysk praat hie,

kaam de trochbraak foar him yn de simmer fan

1918. Op de Friezedei fan it Kristlik Frysk Selskip

yn Snits kocht er twa brosjueres fan Douwe

Kalma, dy‟t trije jier earder de Jongfryske

Mienskip oprjochte hie, Fryslân en de wrâld en

Ljocht en Skaed. Doe‟t er dy lêzen hie, klom

Fedde ek op de barrikaden. Hy waard fuort lid fan

de Jongfryske Mienskip, mar om‟t er him dêr as

kalvinist net thús fielde, sette er de striid om

fernijing troch yn it Kristlik Frysk Selskip. Hy

fielde him yn ‟t foarste plak in dichter, mar wie

him der tagelyk bewust fan dat men jin as dichter

net oan de Fryske beweging ûntlûke koe, as men

ek lêzers hawwe woe. Dat woe Schurer, hy koe

net sûnder publyk.

De mannen, froulju komme yn de skiednis fan de

Fryske beweging amper foar, hiene súkses. De

jierren tweintich en tritich fan de foarige ieu

wiene tige produktyf foar de Fryske beweging. Yn

Page 9: Swingel 32

Swingel 32 – desimber 2011 9

1923 waard de Fryske Bibleteek oprjochte, yn

1925 de federaasje De Upstalbeam, in earste stap

yn de rjochting fan mear ienheid. Spearpunten

wiene de gearwurking mei de Friezen yn Dútslân

en it plak fan it Frysk yn it ûnderwiis. Yn 1925

waard ek it earste Grutfryske Kongres holden, yn

it Dútske Jever. Yn 1928 waard de Afûk oprjochte,

yn 1930 de Federaasje fan Fryske

Studinteferienings. It wie in studint dy‟t nei in

aksje foar it gerjocht komme moast en gjin

Hollânsk prate woe. Schurer droech oan him,

Haring Piebenga, syn striidfers „Fryslân Oerein!‟

op. Yn 1934 kaam de Kristlik Fryske

Folksbibleteek, yn 1937 waard in wiziging fan de

Leger Underwiiswet oannommen, dy‟t it mooglik

makke om Frysk ûnderwiis te jaan op de legere

skoalle, yn 1938 waard de Fryske Akademy

oprjochte, de Maatschappij der Nederlandse

Letterkunde waard ek tagonklik foar Fryske

skriuwers. Der like gjin ein te kommen oan de

rige súksessen.

Doe waard it oarloch. Fedde Schurer folge út

Amsterdam wei de ûntjouwings yn Fryslân op de

foet. Hy wie ien fan de ûndertekeners fan it „Wird

oan it Fryske folk‟, in troch Eeltsje Boates

Folkertsma makke tekst, dy‟t de ienheid ûnder de

Friezen bewarje woe. Der wiene lju dy‟t net

tekenje woene om‟t de tekst te pro-Dútsk wie,

oaren net om‟t se de tekst te anty-Dútsk fûnen. De

skiedsline tusken goed en fout wie doe noch net

sa skerp. Fedde kaam letter oan de goede kant

telâne, Douwe Kalma oan de ferkearde.

Nei de oarloch krige de Fryske taal nije kânsen.

Yn de oarloch wie der al oer neitocht, ek troch

Fedde Schurer. Hy lei de fûneminten foar it

literêre tydskrift De Tsjerne, dat fuort nei befrijing

útkaam. It iepene mei syn ferneamde artikel „De

bining forbritsen‟, dat seit dat de Fryske taal

yntusken safier emansipearre wie, dat literatuer en

beweging los fan elkoar fierder koene en sa elkoar

fersterkje. Fuort nei de befrijing rjochten de

bewegers E.B. Folkertsma, ds. J.J. Kalma en K.

Rienks har ta de befolking mei in oprop „Oan it

Fryske Folk‟. It Frysk hie de wyn yn de seilen, ek

al wie de organisearre Fryske beweging sûnder

folle yllegale glâns út de oarloch kommen. De

selskippen hiene der yn de oarloch in protte leden

by krige en nei de oarloch wie de lêshonger grut.

Der koene net genôch boeken oansleept wurde en

in blêd as Frysk en Frij hie op in stuit mear as

16.000 abonnees. It brûken fan de Fryske taal

waard yn hieltyd mear rûnten akseptearre. De

politike partijen namen aksjepunten fan de Fryske

beweging oer, foaroanmannen kamen op kaai-

posysjes te sitten. Wat foar de oarloch foar

opskuor soarge, Frysk prate yn gemeenterieden en

Provinsjale Steaten, waard nei 1945 gewoan.

Allinne de rjochterlike macht hie der muoite mei,

sa docht bliken út in tal ynsidinten.

It begûn yn 1948 mei it ynsidint om de

Aldeboarnster molktapers Wiebe van der Hoek en

Jeen de Leeuw, dy‟t molke, sûpe en sûpenbrij op

har molkbussen ferve hiene. It wurd

„karnemelksepap‟ wie ommers fierstente lang. Dat

mocht net fan de Keuringsdienst van Waren. De

direkteur fan it bûterfabryk, Wiebe de Jong,

makke der in prinsipekwestje fan en de saak kaam

foar it kantongerjocht. Fedde Schurer skreau yn

syn ferslach yn de Heerenveense Koerier dat it

„Melkbesluit‟ bedoeld wie om oan de klant dúdlik

te meitsjen hokfoar produkt oft er kocht en net om

taalterreur út te oefenjen.

In jier letter wie der trelit yn rûnten fan it „Friesch

Genootschap‟, dêr‟t it Ljouwerter establishment

foar master opsloech. It bestjoerslid mr. Boeles

beäntwurde in yn it Frysk stelde fraach fan de

sjoernalist Douwe Miedema mei: “Hoewel ik de

gewoonte heb om Friese brieven onbeantwoord te

laten, wil ik ditmaal in aanmerking nemen, dat uw

Page 10: Swingel 32

10 Swingel 32 – desimber 2011

schrijven blijkbaar niet aan mij was gericht.”

Schurer sette it yn syn krante.

Doe‟t Boeles yn 1950 net wer yn it bestjoer

keazen waard, hy wie doe ek al 76 jier, waard dat

yn ferbân brocht mei dat briefke en mr. Stheeman

skreau in ynstjoerd stik yn de Leeuwarder

Courant: „Waar gaan wij heen met het Fries?‟ Hy

woe oer dy fraach net yn it iepenbier mei Schurer,

dy‟t dat frege hie, yn debat gean.

En doe waard it 1951. In troch Deputearre Steaten

ynstelde kommisje foar it desintralisaasje-

fraachstik kaam mei in rapport. En de Lemster

feedokter Sjirk Frânses van der Burg ried op in

foar auto‟s ferbeane seedyk nei syn klanten ta. Ik

hoech jim it ferhaal oer Kneppelfreed net mear te

fertellen. Van der Burg liet de saak foarkomme,

hy woe Frysk prate, dat mocht net en Fedde

Schurer skreau de oare deis in fûleindich

kommentaar dat einige mei: „De beantwoording

van de vraag, waarom de heer Wolthers zo

mateloos geïrriteerd wordt bij het horen van de

taal van het volk, waarover hij zolang recht sprak,

ligt meer op des psychiaters weg dan op de onze.

Maar het feit, dat hij deze geïrriteerdheid in de

openbare uitoefening van zijn functie zo slecht

weet te verbergen, is een feit dat ons allen raakt.

Morgen kunnen ook wij voor zijn rechterstoel

staan.‟ Dat lêste kaam Fedde dus oer, al wie it

foar in oare rjochter.

Yn in lêzing yn dy tiid foar it Algemeen

Nederlands Verbond te De Haach neamde Schurer

de Fryske taal it kultuerbesit fan boeren en

arbeiders, dêr‟t yntellektuelen ôfstân fan namen.

Hy hie it sels oer it „verraad van de

intellectuelen‟. Anne Wadman, de skriuwer dy‟t

efter de skermen fan grutte betsjutting west hat as

adviseur fan Fedde Schurer doe‟t dy yn heger

berop gean woe, hat him dat hiel kwea ôf

nommen. De hûnderten minsken dy‟t op 16

novimber 1951 op de rjochtssaak ôfkamen en net

yn de seal koene, wiene foar it grutste part

studinten, yntellektuelen, gjin boeren en arbeiders.

It gie neffens de yntellektueel Wadman net om in

striid tusken de Fryske arbeider en boer oan de

iene kant en de Hollânske of ferhollânske

yntellektueel oan de oare, nee, it wie in striid

tusken Hollânske of ferhollânske yntellektuelen

en Fryske of ferfryske yntellektuelen, elk mei har

eigen oanhing fan boeren, arbeiders en oaren.

Fedde hold net fan sokke drege fragen. Dat docht

ek bliken út syn reaksje op it boek Volg het spoor

terug fan J.B. Charles, dat yn 1953 ferskynde en

dat fraachtekens set by it Fryske nasjonalisme.

Schurer waard dêr persoanlik yn oansprutsen. Hy

fielde him misledige en makke him derôf. In

miste kâns. Troch it debat oer de kwealike kanten

fan it nasjonalisme net oan te gean, waard er net

allinne it mikpunt fan de jonge generaasje om it

blêd Quatrebras hinne, mar joech er ek de grinzen

fan de taalstriid net oan. Hy gie derfan út dat net-

Friezen de Fryske taal wol leare woene, as de

Friezen sels mar oanjoegen dat it de muoite

wurdich wie. Mar is dat foldwaande motivaasje

om in nije taal te learen? Om meidwaan te kinnen

yn Fryslân, hawwe jo de Fryske taal net perfoarst

nedich. It wie Schurer blykber ûntgien hoe‟t de

mienskip feroare wie. De wurkgelegenheid yn de

lânbou waard hurd minder, om de delgong tsjin te

gean waard der ynvestearre yn yndustrialisaasje.

Boppedat wiene der troch better en langer

ûnderwiis hieltyd minder minsken, dy‟t har

allinne yn har Fryske memmetaal útdrukke koene.

It is in eigenaardige paradoks: doe‟t nei de

oarloch de mooglikheden om it Frysk te brûken

grutter waarden, naam de needsaak om dat ek te

dwaan ôf. Foar Fedde Schurer en syn maten as

Douwe Tamminga bleau de Fryske taalstriid

likegoed in sosjale striid en gjin taalpolitike.

Schurer hie wol troch dat mei wetjouwing allinne

de Fryske taal net holpen wie. Doe‟t op 11 maaie

1956 de „Wet houdende enige regelen betreffende

het gebruik van de Friese taal in het bijzonder in

het rechtsverkeer‟ der kaam, skreau er: „Ook bij

deze wet blijft het zo, dat aan de ene kant

Page 11: Swingel 32

Swingel 32 – desimber 2011 11

(misschien) de taal van het volk, maar aan de

andere kant (zeker) de taal der heren zal klinken.‟

Om it Frysk yn de rjochtseal in kâns te jaan, soe

der net allinne foar, mar ek efter de griene tafel

Frysk praat wurde moatte.

De filosoof Lolle Nauta, dy‟t yn de jierren ‟50

begûn te skriuwen yn De Tsjerne, fûn it efterôf

wat keunstmjittich dat minsken dy‟t ek hiel goed

Hollânsk kinne lykas Fedde Schurer nei sechstjin

jier yn Amsterdam wenne te hawwen, allinne

Frysk prate wolle. Troch te lang fêst te hâlden oan

it Frysk as de taal fan it plattelân, drige de Fryske

literatuer yn dy tiid it besit te wurden fan in lytse

groep om Schurer hinne. Har behearsking fan it

Frysk gie neffens Nauta lykop mei de útholling

fan de taal dêrbûten. Troch dat net te sjen, waard

Schurer by eintsjebeslút in preker foar eigen

parochy. Doe‟t er as kandidaat-Keamerlid foar de

PvdA oanwiisd waard om op 1 maaie 1956 te

sprekken yn Snits, frege de ôfdieling hokfoar taal

oft er brûke soe. It Nederlânsk hie de foarkar,

„vanwege de importmensen‟. It antwurd wie

fansels „Frysk‟. Snits krige in oare sprekker en

gewestlik foarsitter Brouwer frege oan it

partijbestjoer om tenei rekken te hâlden mei sokke

gefoelichheden en Schurer net te stjoeren nei

plakken dêr‟t it Frysk gefoelich lei. Sa sein sa

dien.

Yn in brief oan syn opfolger by de Friese Koerier,

Laurens ten Cate, skreau Fedde Schurer yn 1967:

„Diskriminaesje? Ik haw myn libben lang neat

oars ûnderfoun en kin der amper mear bûten. Men

wurdt as neger wol akseptearre, as men sa freonlik

wêze wol jins hûd te blikken en jins hier to

slûkjen, oars jowt it sa‟n rare ynkyk. Dû wist sels

wol dat ik b.g. oan de Heerenveense

Cultuurgemeenschap net to pas kaem, ienfâldich

omdat ik net by de „Cultuur‟ hearde. Ik haw hiel

wat sprutsen yn Fryslân, en mei in goed gehoar

meastal, mar de ôfdieling Ljouwert fan de

P.v.d.A. hat my noch nea frege, fanwege de

blamaezje dy‟t it jaen soe as der yn Ljouwert in

Fries sa mar oan it wurd litten wurde soe.‟

It antwurd fan de Fryske beweging op dat

dilemma gie faak net fierder as: „Frysk blinder!‟

De polityk tocht dat it oplost wurde koe mei

wetten en regels. It brocht my ta de stelling by

myn boek oer Fedde Schurer: „It súkses fan

Kneppelfreed hat de taalpolityk op de bestjoerlike

aginda set, mar op lange termyn – troch de

oerfloed oan regeljouwing dy‟t der op folge – , in

realistysk taalbelied yn ‟e wei stien.‟ Jo soene dat

it fersin fan Kneppelfreed neame kinne.

Dêrom bin ik der wol bliid mei dat de Ried fan

de Fryske Beweging no oer „keppeljen‟ praat yn

stee fan „kneppeljen‟. It is no saak om dat

boadskip te fertalen yn konkrete dieden, mei de

dieden en fersen fan Fedde Schurer as ynspiraasje.

Dr. Johanneke Liemburg is promovearre op Fedde Schurer (1898-1968, Biografie van een Friese Koerier (2010).

Yn it deistich libben is se boargemaster fan Littenseradiel.

Page 12: Swingel 32

12 Swingel 32 – desimber 2011

De ‘Kanon fan de Fryske Skiednis’

yn it meartalich fuortset ûnderwiis

Lieukje Leistra-Reidsma

Kin de kanon wol ynpast wurde?

As dosinte skiednis yn it fuortset ûnderwiis

freegje ik my ôf, hoe‟t de Kanon Fryske Skiednis

ynpast moat wurde yn it ûnderwiisprogramma. It

slagget al hast net om it jierprogramma fan it

tradisjonele skiednisûnderwiis der trochhinne te

krijen. Dochs soe it de muoite wurdich wêze en

gean dermei oan ‟e slach. De 41 ûnderwerpen yn

de Fryske Kanon binne hiel nijsgjirrich en goed

beskreaun. De hiele Kanon jout in moai

gronologysk oersjoch fan de skiednis fan Fryslân.

En it giet fansels eins ek net oan om oan de

skiednis fan Fryslân net folle mear te dwaan as it

behanneljen fan de terpen en de learlingen in

wurkstik meitsje te litten oer it eigen doarp.

Almeast bliuwt it dêr lykwols by.

Freark Smink is de presentator fan it

televysjeprogramma wat by de Fryske kanon

heart.

Omrop Fryslân en it Taalsintrum Frysk

Dat feroare in bytsje doe‟t Omrop Fryslân

njonken de edu-klips op it webstek fan de Kanon

(www.11en30.nu) skoaltelevyzje-fideoklips fan

sa‟n 20 minuten oer in „finster‟ útbrocht. Sa út en

troch koe men no sa‟n filmke sjen litte. Mar ja,

dat is noch gjin opnimmen fan de Fryske skiednis

yn de lesstof. Sa griemde ik der noch wat mei om,

want de wil om wat te dwaan wie der wol. Doe

begûn ik yn ‟e mande mei Jan Schotanus foar it

Taalsintrum Frysk (Cedin) lesmateriaal en hark-

en sjochfragen te meitsjen by de fideoklips fan

Omrop Fryslân. En wol by de earste tolve finsters.

Dy binne yn 2010 ferskynd (as diel 1) yn in

boekje foar de learlingen fan de heechste groepen

fan de basisskoalle en de earste klassen fan it

tmbû („vmbo‟). Foar de dosint is der in

hantlieding by makke. Oan it twadde diel wurdt

op ‟t heden wurke.

De Koördinaasje- en Advysgroep Frysk en

it meartalich ûnderwiis

Underwilens wie der ek op in oar mêd fan it

ûnderwiis yn Fryslân wat geande. Op oanstean fan

de provinsje Fryslân hie de Koördinaasje- en

Advysgroep Frysk foar it fuortset ûnderwiis

(KAG-fû) in wurkgroep Meartalich Fuortset

Underwiis (MFU) ynsteld.2 It doel wie om it

meartalich fuortset ûnderwiis (mei Frysk, Ingelsk

en Nederlânsk as fiertaal) fan ‟e grûn te helpen as

ferfolch op it projekt fan de trijetalige

(basis)skoallen. Njonken fakken mei it

Nederlânsk as ynstruksjetaal soene der dan ek

fakken mei it Ingelsk en it Frysk as fiertaal jûn

wurde moatte. Foar in fak mei it Frysk as fiertaal

makke de wurkgroep de kar foar skiednis om

sadwaande in ympuls te jaan oan de ynfiering fan

de kanon fan de Fryske skiednis yn it fuortset

ûnderwiis. Dêrta moast in nije metoade skreaun

wurde mei dêryn de nasjonaal fêststelde

skiednisûnderwerpen en de finsters út de Fryske

kanon.

Metoaden mei it Frysk as fier- en

ynstruksjetaal

It die al gau bliken dat it skriuwen fan in folslein

nije metoade in stap te fier wie. Ynfiering fan it

meartalich fuortset ûnderwiis moast plakfine yn it

skoaljier 2010-2011 op de proefskoallen CSG

Liudger (Burgum) en Bogerman (op ien of mear

lokaasjes yn it súdwesten fan Fryslân). Der waard

besletten om in besteande Nederlânsktalige

skiednismetoade yn it Frysk oer te setten.

Utjouwerij Malmberg joech oan de Afûk

tastimming foar it oersetten fan „Memo‟ 1H/V.

Krekt wat letter as it begjin fan it skoaljier (ein

De ‘Kanon fan de Fryske Skiednis’ yn it

meartalich fuortset ûnderwiis

De „Kanon fan de Fryske Skiednis yn 11 en 30 finsters‟ soe opnommen

wurde moatte yn de ûnderwiislearplannen (it ûnderwiiskurrikulum) fan it

basis- en fuortset ûnderwiis. Dat wie it boadskip fan de meiwurkers oan de

„Fryske Kanon‟ dy‟t op 11 novimber 2008 presintearre is yn it Frysk

histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar te Ljouwert.

Page 13: Swingel 32

Swingel 32 – desimber 2011 13

oktober 2010) wie it boek printe. De tweintich

learlingen fan de meartalige klasse 1I op CSG

Liudger te Burgum namen it fuortendaliks yn

gebrûk. It foldocht my as harren dosint tige goed

en de learlingen sels ek. En dy binne mar net in

bytsje grutsk as Malmberg healwei it jier in

parseberjocht útjout oer de Frysktalige „Memo‟,

dy‟t sy as iennichste brûke.

Mei de metoade „Alve-en-tritich, Finsters op de

skiednis fan Fryslân‟ is it sa fier noch net. Yn

augustus 2009 sette ik wer mei help fan Jan

Schotanus, mar no as redakteur, útein mei it

skriuwen fan diel 1. Dêryn sitte de „finsters‟ 1 o/m

13, fan de prehistoarje oant de Reformaasje.

Finster 13 oer „Wetter‟ rint troch de ieuwen hinne

en kin as projekt jûn wurde. It learboek en it

wurkboek sille yn septimber/oktober 2012 printe

wurde by de Afûk. Elts „finster‟ yn it learboek

bestiet út in stik leartekst, ekstra stof, ûndersyk yn

de eigen omkriten en in list mei wurden en

begripen. Yn it wurkboek steane de opjeften en

foar de dosint is der in antwurdeboek. Yn diel 2,

dat al fierhinne skreaun is, komme de finsters 14

o/m 28, mei útsûndering fan finster 26 oer Mata

Hari, dat him foaral yn de Earste Wrâldoarloch

ôfspilet en dêrom opnommen wurdt yn diel 3.

Finster 28 oer „Bûter‟ wurdt wer in projekt, krekt-

en-allyk as it lêste finster yn diel 3, „It Frysk‟.

Kostet it net te folle tiid?

In dosint skiednis kin him of har no, krekt as ik by

it boadskip fan de kanonkommisje oer de

ymplemintaasje fan de finsters, ôffreegje oft dat

net fierstente folle tiid kostet. No, dat falt ta. Yn

de hantlieding foar de dosint is in list opnommen

mei de „finsters‟ dy‟t yn diel 1 behannele wurde.

En dêrnjonken de parten út „Memo‟ (soms in

paragraaf en soms in stik fan in haadstik) dy‟t dan

oerslein wurde kinne. Allinne finster 10 „Grutte

Pier‟ bliuwt oer as ekstra. Finster 13 „Wetter‟ kin

yn gearhing mei oare fakken as projekt stal krije,

mar it kin ek tema 7 út „Memo‟ ferfange.

Boppedat kinne de mear literêre finsters, lykas dy

oer Gysbert Japicx en Joast Hiddes Halbertsma

(yn diel 2), by it fak Frysk oan ‟e oarder komme.

Hoe fierder?

Is dêrmei alles kalk en semint wat de ynfiering

fan de Fryske kanon oanbelanget? Nee, lang net.

De metoade „Alve en tritich‟ ferskynt yn it Frysk.

Bogerman heakket mei twa lokaasjes as „pilot‟-

skoalle oan by meartalich fuortset ûnderwiis. Nei

de evaluaasje kinne mear skoallen beslute om

harren oan te sluten. Mar in grut part fan in

skoalle mei meartalich fuortset ûnderwiis (m.f.û)

giet yn oare klassen en „streams‟ troch mei it jaan

fan skiednis mei it Nederlânsk as ynstruksjetaal.

En in part fan de skoallen foar fuortset ûnderwiis

sil net oanheakje by it m.f.û. Dan sil der dus in

oersetting komme moatte. In oersetting yn it

Nederlânsk.

Noaten 1 Kommisje Kanon fan Fryslân, De kanon fan de skiednis fan Fryslân. Yn 11en30 finsters. Ljouwert: Afûk [2008]. Sjoch

ek ris op: www.11en30.nu. 2 Sjoch ek it artikel „Meartalich fuortset ûnderwiis yn Fryslân‟ fan Teo de Groot, yn Swingel nû. 30, juny 2011, s.8-10. Lieukje Leistra-Reidsma is learares skiednis, mentor fan de twadde klasse foar meartalich fuortset ûnderwiis (m.f.û) en koördinator fan it meartalich fuortset ûnderwiis op GSG Liudger yn Burgum

Page 14: Swingel 32

14 Swingel 32 – desimber 2011

De doar nei foech oer ûnderwiis yn it Frysk op in kier ...

Tom Dykstra

It rapport fan de stjoergroep Hoekstra jout in advys oer de mooglikheid om it foech oer it

ûnderwiis yn it Frysk nei de provinsje te desintralisearjen. Yn Swingel 31 (july 2011) haw ik

beskreaun hoe’t it kabinet tsjin it rapport oansjocht. Neffens it kabinet jout it frijwat romte

foar it Frysk, mar neffens my is soks grutsprekkerij. Lykwols sitte der yn de útstellen hiel

lytse iepeninkjes. As de provinsje dêr no handich gebrûk fan meitsje soe, dan binne der

kânsen om de posysje fan it Frysk (wat) te fersterkjen. It sil in kwestje wurde fan

spitsroeden rinne: besykje om it draachflak by de tsjinakseljende skoallen te fergrutsjen om

sa te kommen ta emansipearjend taalbelied foar it Frysk. No de kabinetsútstellen neier

besjoen.

Oerlis mei de skoalle(n)

It ynspeksjerapport Tusken winsk en

wurklikheid/Tussen wens en werkelijkheid (2010)

oer de kwaliteit fan it ûnderwiis yn it Frysk jout –

krektlyk as de ynspeksjerapporten út 1999, 2001

en 2006 – in fierhinne negatyf byld. Sa wurdt

betwivele oft der wol genôch maatskiplik

draachflak is. Neffens de ynspeksje ûntbrekt it yn

de skoallen oan taalgrutskens. Men kin jin

ôffreegje hoe‟t dat komt. De ynspeksje spilet sels

yn dat proses likegoed in kwealike rol: de

skoallen wurde ôfrekkene op rekkenjen en

(„Nederlandse‟) taal en de kwaliteit fan it

ûnderwiis yn de oare rykstaal docht der net ta.

Noch slimmer: de ynspeksje wol eins wol fan dy

taak ôf, omdat de skoallen gjin goede

mjitynstruminten hawwe.

Sa grutsk as in pau op jins taal wêze

Om ta ferbettering te kommen, stelt it kabinet yn

syn reaksje út dat de provinsje it draachflak foar it

Frysk fergrutsje moat. Der wurdt tocht oan it

hâlden fan spesjale leararedagen en it

organisearjen fan in konferinsje foar bestjoerders,

skoallieders en leararen oer it brûken fan toetsen

en toetsresultaten.

De provinsje kriget net in maklike taak om it

draachflak yn de skoallen te fergrutsjen. Net

allinnich fanwegen de nedige minskkrêft. De

fertsjintwurdigers fan de skoallen yn Fryslân – de

PO-ried – hawwe yn in brief oan it ministearje fan

OCW oanjûn dat se de fokus leaver op de

kwaliteit fan it ûnderwiis lizze as op in útwreiding

fan it omtinken foar it Frysk op skoalle. In

histoarysk te ferklearjen tsjinstelling, mar wol

funest foar in ferplicht fak dat noch by de wâl op

klatterje moat. Wol dy nije taak fan de provinsje

effekt hawwe, dan sil earst by de ynspekteurs it

draachflak ferbettere wurde moatte. Ynspeksje-

ûndersyk nei de kwaliteit fan it ûnderwiis yn it

Frysk om de fjouwer jier – sa‟t no it gefal is – is

te min. De ynspeksje sil – om de swakke posysje

fan it Frysk te ferbetterjen – de ûntjouwing fan dat

(noch jonge) fak kontinu folgje en stimulearje

moatte. Dêrneist kinne der konferinsjes

organisearre wurde en sil der mei alle hasten

wurke wurde moatte oan it meitsjen fan gaadlike

tusken- en eintoetsen en in goed en folslein

learlingfolchsysteem.

It wurkjen oan in Frysk-freonlike (taal)hâlding by

learkrêften is in dreech kerwei sa‟t de

ûnderfinings yn de lêste tiid nei de ferplichting

fan it fak Frysk wol leard hawwe. En dan hawwe

wy it noch net iens oer it Frysk as fiertaal. It

positive is dat de skoallen no de provinsje útlizze

moatte wêrom‟t se neat of hast neat oan it Frysk

dwaan wolle. De provinsje soe mei foarbylden fan

skoallen (tink bygelyks oan de „trijetalige‟

skoallen) dy‟t wol besykje om it goed te dwaan,

de learkrêften en bestjoeren fergje moatte op

harren ferantwurdlikens.

Page 15: Swingel 32

Swingel 32 – desimber 2011 15

Inisjatyf foar útstellen

Der bestiet in grut misbegryp oer de funksje fan

kearndoelen. Sjocht men dy as prestaasje-easken

dy‟t alle bern helje moatte, dan klinkt al gau de

rop dat dy kearndoelen net „realistysk‟ binne. Sa

hat deputearre Bertus Mulder yn syn brief fan

3 april 2006 oan it ferleegjen fan de kearndoelen

Frysk tajûn, mei it argumint dat de nije

kearndoelen better by de praktyk oanslute soene

en dat der sa mear mooglikheden kamen om te

differinsjearjen (!). Yn it ynspeksjerapport fan

2010 is fan it effekt fan dy maatregel neat werom

te finen. Fansels sille skoallen net better

differinsjearje as de easken nei ûnderen ta bysteld

wurde. Soks dogge se yn De Haach ek net mei it

Hollânsk. Krektoarsom! De easken geane

omheech! De provinsje hat mei syn projekt

Boppeslach yn it ramt fan efterstânsbestriding

likegoed nochal wat jild yn it Frysk ûnderwiis

stutsen om dat te ferbetterjen ynstee fan de doelen

en ambysje(s) nei ûnderen ta by te stellen.

Kearndoelen binne bedoeld as easken oan it

oanbod fan de skoallen. Easken oan learkrêften

(!) en nét oan learlingen. Dat de kearndoelen yn

termen fan learlingegedrach omskreaun binne, is

mei oarsaak fan dy betizing. It programma fan de

skoalle moat op syn minst dy wichtige

kearndoelen befetsje en alle learlingen dermei

konfrontearje. It binne gjin minimumeasken foar

alle bern en sadwaande is differinsjaasje nei nivo

en neffens mooglikheden fan de learlingen op syn

plak. Ferleging fan de ynhâld fan kearndoelen om

didaktyske reden is dus hielendal net nedich,

wylst it ambysjenivo – tink bygelyks oan de

Frysktalige learlingen – heech bliuwt.

It kabinet stelt út om de provinsje Fryslân it foech

te jaan om op eigen inisjatyf kearndoelen foar it

Frysk op te stellen. Deputearre Steaten kinne se

lykwols pas fêststelle as de minister fan OCW se

goedkard hat. Dêr binne kritearia foar opsteld. It

probleem mei de hjoeddeiske kearndoelen Frysk

(sawol ienfâldich mûnling as skriftlik taalûnder-

wiis) is net dat se neat foarstelle, mar dat it grutste

part fan de skoallen se net yntegraal yn de

skoalprogramma‟s opnimt. Soe de provinsje

útstelle moatte om de kearndoelen Frysk wer

lykweardich oan dy foar it Hollânsk te meitsjen?

Of folle konkretere kearndoelen? It belang fan it

kabinetsútstel is dat de provinsje derfoar soargje

kin dat de doelen foar it Frysk net hieltiten fierder

nei ûnderen ta bysteld wurde. Soks is gjin teory!

Sa kaam yn 2003 de SLO op fersyk fan it Ryk

mei it earmoedige útstel om konsept-kearndoelen

Frysk fêst te lizzen dy‟t útgongen fan in bytsje

ferstean en lêzen!

Parsjele ûntheffing as mooglik groeimodel

Yn 1999 hat it Berie foar it Frysk yn in advys oan

Deputearre Steaten oanjûn foarstanner te wêzen

fan in fleksibel ûntheffingsbelied foar it jaan fan it

fak Frysk. Dat soe betsjutte: gjin yntegrale

(= folsleine) frijstelling of ûntheffing jaan foar

alle kearndoelen, mar allinnich foar in part fan dy

doelen en dan ek noch tydlik (foar bygelyks trije

jier). De skoalle kriget sadwaande de kâns om

foar it neistribjen fan de kearndoelen dêr‟t gjín

ûntheffing foar jûn wurdt, oarder op saken te

stellen. Ien en oar soe mear rjocht dwaan oan

„passend‟ ûnderwiis of better by ûnderwiis „op

mjitte‟ passe.

De stjoergroep-Hoekstra beskriuwt ek de

mooglikheid ta parsjele ûntheffing fan

kearndoelen Frysk (dus foar in part fan dy doelen)

om sa better oan te sluten by de skoalsituaasje en

de populaasje fan de skoalle. It kabinet nimt dat

idee yn syn reaksje oer. Mar de provinsje kriget

fan it kabinet gjin frij om soks sels te dwaan. Yn

oerlis mei it ûnderwiisfjild moatte foar parsjele en

yntegrale ûntheffing kritearia opsteld wurde dy‟t

op in ridlik draachflak by de skoallen rekkenje

kinne. Dy moatte dêrnei net troch Deputearre

Steaten mar troch de minister fan OCW fêststeld

wurde. As der ferskil fan ynsjoch wêze soe, dan

moat de lanlike Underwiisried om advys frege

wurde.

Nettsjinsteande dy beheinings fan it foech om oer

it ûnderwiis yn it Frysk te kedizen, jout it útstel in

kâns om skoallen groeie te litten nei in mear

twatalige/Frysktalige oanpak. Nim no in

stedssituaasje mei in protte „oarstalige‟ learlingen

en mei „ûnderdûkte‟ Frysktalige bern, dy‟t net

heal foar harren Frysk útkomme doarre. Yn grutte

halen soe it der sa útsjen kinne: yn de ûnderbou

úteinsette mei mûnling Frysk (Frysktalige

ferhaaltsjes, opsisferskes en lietsjes, twatalige

Page 16: Swingel 32

16 Swingel 32 – desimber 2011

rûntepetearen, ensafuorthinne); yn de middenbou

yntroduksje fan passyf skriftlik Frysk (lêzen)

sûnder it mûnling taalûnderwiis (ferstean, prate)

te ferslopjen; as lêste kin yn de middenbou it

skriuwen fan it Frysk ek syn gerak krije, sadat yn

‟e boppebou al gjin ûntheffing mear jûn wurde

hoecht. En dan haw ik it noch net iens hân oer it

Frysk as ynstruksjetaal by oare fakken.

Konklúzje

De „operaasje desintralisaasje foech‟ hat de doar

nét iepenset foar it nei de provinsje oerdragen fan

(it) foech oer it ûnderwiis yn it Frysk. Der is in

soad praat, mar de oaljefant hat in mûs op ‟e

wrâld set. It lanlik regear is benaud dat de earste

rykstaal syn monopoalje-posysje yn it ûnderwiis

yn Fryslân ferlieze sil, wylst in ûntjouwing as dy

fan de trijetalige skoalle dêr hielendal

gjin oanlieding ta jout. De kabinetsreaksje set de

doar op in kier en it hinget fan de kreativiteit en it

dreech folhâlden fan de provinsje ôf om foar it

Frysk winst te beheljen, mar de rânebetingsten

binne net geunstich.

Tom Dykstra is foarsitter fan de Feriening Frysk Underwiis

Yn sechstich jier in soad berikt 1951, it jier fan Kneppelfreed en ek it bertejier fan ús advys- en yngenieursburo. Yn de seis desennia dêrnei hawwe wy ússels, mar ek de wrâld feroarjen sjoen. Op it mêd fan miljeu, feiligens, ferkear en ynfrastruktuer kamen in soad útdagings op ús paad. Us doel bleau altyd itselde: derfoar soargje dat minsken noflik wenje, wurkje, reizgje en rekreëarje kinne. Yn Fryslân, Nederlân mar ek fier dêrbûten. Yn sechstich jier tiid groeiden wy út ta in buro dat oeral yn de wrâld aktyf is. Dochs binne wy ús Fryske woartels nea kwytrekke. En lykas in soad Friezen sille wy it jier 1951 net ferjitte. It hat net alinne ús, mar ek Fryslân brocht dêr't wy no steane. Dêr binne wy grutsk op. Doe, no en yn de takomst. Oranjewoud Wurkje yn in wrâld fol mooglikheden

Page 17: Swingel 32

Swingel 32 – desimber 2011 17

Nijsgjirrige twalûden

Ed Knotter

Der binne yn it Frysk, en in protte oare talen,

koarte en lange ienlûden, twalûden en

trijelûden. Dy lêste kategory binne net sa folle

fan en dy lit ik yn dit stikje gewurde.

De twalûden binne der yn twa soarten: mei de

klam op it foarste part (ôfgeand) en mei de klam

op it twadde part (opgeand). De klam kin feroarje.

As wy in wurd mei in ôfgeand twalûd langer

meitsje, troch foarming fan in ôflieding of in

gearstalling, dan kin de klam ferskowe en sprekke

wy in opgeand twalûd út. Sa wurde beamtegrien,

skoanheit, fierder en buorkerij útsprutsen mei in

opgeand twalûd. Dat ferskynsel, dat brekking

neamd wurdt, kin it ienfâldichst ferdútst wurde

mei in stik of wat foarbylden:

stien – stiennen – stientsje

peal – peallen – pealtsje

soal – soallen – soaltsje

foet – fuotten – fuotsje

Brekking yn meartalsfoarm en ferlytsingswurd.

Ferlykje dat ris mei:

faam – fammen – famke

lân – lannen – lantsje.

Der liket analogy te bestean tusken brekking (by

twalûden) en ferkoarting (by lange ienlûden). Sa

regelmjittich sit de taal lykwols net yninoar.

Lykas brekking lang net sa faak foarkomt as dat

wy soms tinke, sa komt dy ferkoarting mar út en

troch foar. It lange lûd yn fiif wurdt wol ferkoarte

yn fyfke, mar net yn fiven of fiifhûndert. Soe

snaffeltsje net fan snavel komme? (Yn it

hânwurdboek is snaffel as grûnwurd opnommen;

snavel is net te finen, wylst it dochs sein wurdt en

ek brûkt waard, troch ûnder oaren

D.A. Tamminga.) It lûd yn stedsje en yn brechje

is koart, mar yn stêden en brêgen hâlde wy in lang

lûd. Ferkoarting sjogge wy yn yslik en Yslân, mar

fierder wurde alle wurden dy't mei iis- begjinne,

mei dûbel-i stavere. Der falt gjin regel te

formulearjen dy't ferkoarting of brekking

foarskriuwt. It is hast in wûnder dat wy ús amper

fersinne yn de goede útspraak. Dat is faaks in

kwestje fan taalgefoel … of earder fan taalkennis?

Tongbrekkers

Net Frysktaligen hawwe gauris muoite mei it

útsprekken fan wurden as buorfrou en bruorren.

Stel noris dat de brekkingsregel sa wie dat it

ôfgeande oe-lûd yn gearstallings en ôfliedings

altyd oergean soe yn it opgeande uo-lûd. Hoe

soenen wy dan de meartalsfoarm en it

ferlytsingswurd fan fjoer útsprekke moatte? Sis

mar ris fjuorren en fjuorke... Dat binne nuvere

tongbrekkers. Is it opgeande twalûd uo dêrby it

probleem, of kriget de konsonantkombinaasje fj,

dy't der oan foarôf giet, de skuld? Gelokkich is it

sa mâl net; it is ommers fjoer – fjurren – fjurke en

ek fjurje, fjurrich. Fjurkemigers wenje yn

Wjelsryp. Njonken fjoerwurk, fjoertoer, fjoerstien

ensfh. hawwe wy ek fjurwurk, fjurtoer en

fjurstien. Dy klankferoaring is gjin brekking, mar

al ferkoarting!

Músly

No noch wat oer dy oare talen. Yn it Dútsk wurdt

ü (u + umlaut) útsprutsen as ús ú (u + skerpteken).

Ynstee fan de umlaut kin dy útspraak

yn it Dútsk ek oanjûn wurde troch in

e efter de u te setten. Sa is ue itselde

as ü en ek ae = ä en oe = ö. By ús tsjut

de ue-kombinaasje in twalûd oan (b.g.

yn figuer). It Switserdútsk hat ek

twalûden en sadwaande komt de

skriuwwize üe yn dy taal ek foar. Op

in pak Bircher Müesli dat ik ris út it

bûtenlân krige, stie dat kreas yn in

fuotnoat ferklearre: “Überigens:

Müesli mit ü und e geschrieben ist die

Originalschreibweise in Schweizer

Deutsch.” It wurd müsli (sûnder e)

hat yn it Switserdútsk de betsjutting

fan mûske, wylst müesli it

ferlytsingswurd is fan mus (brij), dêr't

ús moes (mei ôfgeand twalûd!), muos en muozje

(opgeand) oan besibbe binne.

Page 18: Swingel 32

18 Swingel 32 – desimber 2011

Baukje Bosscha

achttjin jier foar de Fryske Rie yn ’t spier

Sytze T. Hiemstra

Altiten warber en yn ’t spier

Op de bestjoersgearkomste fan de Fryske Rie op 9

septimber 2010 waard offisjeel ôfskie nommen

fan Baukje Bosscha-Stapenséa. Sa‟n achttsjin jier

hat se foar de Fryske Rie de saneamde frouljus-

moetings fan froulju út de trije Fryslannen

organisearre. En hoe! Foarsitter Roel Kaastra en

de oare leden wiene fan betinken dat Baukje har

jierrenlange krewearjen foar de ynter-Fryske saak

in iterijke wurdich wie. Dat hat west yn De

Feanhoop yn „It Polderhûs‟. It wie in tige noflike

gearsit. Baukje krige fan Roel as blyk fan

wurdearring in sulveren spjelde mei pompeblêden

oerlange, in lyts sieraad út Noard-Fryslân.

Baukje har oare helte, Hindrik, mocht út soarte

mei-ite. Hindrik hat sines der ek tige ta dien en

hiel wat e-post foar Baukje fersoarge. Baukje sels

hat minder op mei kompjûters. It stokje fan it

„famke fan Menaam‟, want dêr is Baukje berne,

wurdt foar de kommende tiid oernommen troch

Jeltsje van der Mei, ek fan Menaam. Dan moat it

hast wol goed komme.

Baukje hat net altiten yn Fryslân wenne. Yn har

jonge jierren rekke se nei Oosterbeek, mar wurk

yn it fersoargingstehûs Nij Dekema yn Weidum

brocht har werom yn it heitelân. Mei har man

Hindrik kaam se yn Gau op in pleats mei

greidbuorkerij. In lyts bedriuw mei 18 kij. Mar

troch roalferkaveling koene se te Poppenwier yn

1967 in prachtige pleats hiere fan it it Old Burger

Weeshuis fan de gemeente Snits. Al gau molken

se 44 kij. Drok, drok ... Mar dochs altiten tiid foar

oare dingen. Baukje hat bygelyks ek noch 26 jier

lang Bêd en Brochje op ‟e pleats fersoarge.

Yn Poppenwier waard yn 1967 al rillegau de

grûnslach lein foar har lettere prekerij yn it

minnistefermidden. Want Baukje koe har goed

mei de mûle rêde, waard presidinte fan de

plattelânsfroulju en trou-amtner. Baukje is

lykwols fan betinken dat it harkjen in gruttere

jefte is as goed prate kinne. Se hâldt der net fan

om dingen moaier foar te stellen of yngewikkel-

der te sizzen as dat se binne. “Doch mar gewoan”,

seit se. Dat hat se net allinnich op de preekstoel

wiermakke, mar ek by de Fryske Rie. Hja die it

„gewoan‟. Of is dat dochs net sa gewoan yn in tiid

dat de yndividualisearring hieltiten mear taslacht

en ek Frysksinnige organisaasjes muoite hawwe

om har leden en stipers yn aksje te krijen?

Eltsenien hat it hjoed-de-dei drok my him- of

harsels of mei it deistich wurk en de húshâlding.

Baukje koe bûten dy stringen stappe: Baukje is

noch in idealiste fan it âlde stimpel!

Oantinken oan de Fryske Rie

Ik haw Baukje frege om wat fan har ûnderfinings

by de Fryske Rie oan ús ta te fertrouwen. Har

ferhaal oer de Fryske Rie begjint mei har

beneaming yn 1992. As ôffurdige fan it „Boun fan

Plattelânsfroulju‟, hjoed-de-dei de NBvP,

Vrouwen van Nu, waard se de opfolchster fan

Grytsje Mulder-Krist. Baukje moast earst wol

efkes wenne om mei manlju gear te kommen:

“As froulju foar it earst byelkoar komme, stelt

elts harsels efkes foar. Dat haw ik dêr ek dien,

mar wa‟t de manlju fertsjintwurdigen, dat moast

ik sels mar útfine. Troch goed te harkjen kaam ik

der sa njonkelytsen lykwols wol efter.”

Elts hie syn of har taak om moetings te

organisearjen mei de twa oare Fryslannen yn

Page 19: Swingel 32

Swingel 32 – desimber 2011 19

Dútslân, nammentlik Noard-Fryslân en East-

Fryslân, en de miene (mienskiplike) gearkomsten,

om bar yn ien fan de Fryslannen.

Om de pear jier wurdt in kongres organisearre:

“Dat fyn ik altiten tige learsum en it lûkt

ornaris in protte minsken, dy‟t tige ynteressearre

binne. Mei oare froulju út ûnderskate ferienings

moast ik boppedat frouljusmoetings fersoargje.

Earst wiene dat moetings fan trije dagen. Ferline

jier, 2010, hawwe wy der fjouwer fan makke,

om‟t de froulju út Noard-Fryslân wol in hiele

lange reis meitsje fan wol 600 km. Sokke barrens

wurde om de twa jier holden yn ien fan de

Fryslannen. Ornaris is it program tige nijsgjirrich,

mei as ôfsluting op de lêste dei in tige gesellige

jûn mei de gasten en mei de gastfroulju en -hearen

dy‟t foar ûnderdak soarge hawwe. As frjemden

moetsje je elkoar en as freondinnen geane je wer

útelkoar mei in „oant sjen‟ oer twa jier.

Twa jier lyn wie de moeting yn Noard-Fryslân.

Gjinien fan ús ploechje froulju doarst te riden en

mei de trein is it in ommelânske reis. Ik haw it

mei Hindrik, myn man, oerlein en frege: „Wolsto

ek mei acht froulju fuort en dan as sjauffeur?‟ Hy

naam it oan en wy wiene rêden. It hat him lokkich

goed foldien. Hy is o sa yn ‟e watten lein dy pear

dagen ...

Begjin 90‟er jierren gongen de East-Friezen wol

mei de trein nei Noard-Fryslân. Doe besleaten wy

dat ek ris te dwaan. Earst mei de auto nei it East-

Fryske Lier (Leer), krekt oer de grins fan Grinslân

en Dútslân en dan woene wy dêr fierder de trein

nimme en kaartsjes keapje op it stasjon. Doe frege

in frommeske: „Hawwe jo besprutsen?‟ No nee, ik

wist net dat soks moast. „Dan wit ik net oft jimme

noch sitte kinne‟, wie it beskie. Wy troffen it.

Tafallich wie der noch genôch plak om de hiele

reis te sitten.

Yn septimber 2010 kamen de Noard-Fryske

froulju ek mei de trein nei ús Fryslân ta. Yn

Feanwâlden hold de trein stil en ien fan de froulju

tocht dat se der al wie en gong oerein. Hja strof-

fele en kaam raar te fallen. Mei in ferskuorrende

pine nei it sikehûs yn Dokkum. Dêr, yn De

Sionsberg, die bliken dat se in skuorke yn de

heupbonke hie en dêr bliuwe moast. Twa Noard-

Fryske froulju moasten har begeliede, want se wie

foar it earst mei nei Westerlauwersk Fryslân. De

jûns hat ien fan ús eigen froulju mei har suster de

twa Noard-Friezen wer ophelle en nei de gast-

gesinnen yn Warkum brocht. Oare kant Fryslân

dus. Ien moast nei It Heidenskip, op ‟e romte. Har

gastfrou stie lokkich al by de reed, yn it tsjuster,

op har te wachtsjen. In wike letter is de Noard-

Fryske pasjinte ophelle mei in sikewein om har

nei Naibel (Niebüll), in stedsje net sa fier fan de

Deenske grins, te bringen. Alles is wer goed

kommen, mar oft se wer komt nei sa‟n trelit, dat

wit ik fansels net! Sa makket men fan alles mei ...

Kontakten mei oare minsken binne o sa

weardefol. No, nei achttjin jier haw ik ôfskie

nommen fan de Fryske Rie en in prachtige spjelde

krige fan foarsitter Roel Kaastra. Myn tiid sit

derop. Ik haw it mei nocht dien en bin gâns

ûnderfining en freonskippen riker wurden.”

Wy winskje Baukje en Hindrik it bêste foar de

takomst en sille harren misse!

Sytze T. Hiemstra is bestjoerslid fan de Fryske Rie.

Page 20: Swingel 32

20 Swingel 32 – desimber 2011

Greidefûgels en it Frysk

Pier Bergsma

Koartlyn kuiere ik troch It Ketliker Skar, in

natuergebiet by Aldhoarne. Op de prachtige

ynternetside fan it Fryske Gea stiet in soad

ynformaasje oer dat bosk, de fûgels, de beammen,

de planten en de greide dêrefter. Al blêdzjend fûn

ik tafallich ek dit: „Terreinopzichter Tjerk Kunst

geniet als geen ander van de roep van de grutto

die zijn eigen naam als een mitrailleursalvo over

de weide laat rollen. Kieviten jagen ondertussen

met veel misbaar een opdringerige kraai weg. Dat

bewijst maar weer dat er gelukkig nog wel

weidevogels zijn. Helaas zijn het er veel minder

dan mij lief is. Zijn boodschap stemt somber.‟

Dêrneist lês ik dat It Fryske Gea noed hat oer de

orchideeën.

It natuergebiet fan it Fryske Gea by Nijhoarne leit

in kilometer as wat eastlik fan It Hearrenfean. Der

is in moai besikerssintrum mei ynformaasje en

fansels buordsjes oer wat wol en net mei. Mar

alles yn it Hollânsk, wylst ik der wis fan bin dat

de minsken út Ketlik, Aldhoarne en de fiere, wide

omkriten, mar ek de Hollanners dy‟t der komme,

it measte begripe soene as it allegearre yn it Frysk

wie.

Apart eins dat alle ynformaasje op de buorden yn

dat moaie ynformaasjesintrum fan it Skar yn it

Hollânsk jûn wurdt en dat is net allinne sa by It

Fryske Gea. Wa‟t op it ynternet „Fryslân‟,

„Friesland‟, „Frysk‟ of „Fries‟ yn Google ynfollet,

fynt allinne by „Fryslân‟ al mear as fjouwer

miljoen hits. As men dy allegearre besjen wol,

kostet soks – by in wurkdei fan acht oere – in jier.

Dat haw ik net dien. Dochs tink ik dat, op in pear

útsûnderings nei, alle ynformaasje yn it Hollânsk

jûn wurdt. De doktersassistinte-oplieding fan

ROC De Friese Poort, it ferslach fan ledegear-

komste fan de Stichting Friese Ouderenbond, de

ynformaasje fan De Friese Wouden oer help yn de

húshâlding en VVV Fryslân: „Hou je van water,

dan kom je naar Fryslân‟ of „Fryslân. Beleef het

echt‟, it is aldenduvel yn ús oare lânstaal. Sels de

oankundiging dat Tryater „De presidentes‟ yn

Wirdum (!) opfiere sil, wurdt by Fryslân-

marketing yn it Hollânsk oankundige.

It is in ivige diskusje. Ik bedoel dat der sa no en

dan skreaun wurdt yn de Ljouwerter Krante oer

wa‟t no eins de karre foar it Frysk lûke moat.

Binne dat de Friezen sels, dy‟t op it stuit fierstente

sleau binne om harren taal oeral te brûken, binne

it de wetten en de útfiering dêrfan, of de

ynstitúsjes en organisaasjes? Op de ôfsluting fan

it Keppelfeest op saterdeitejûn 19 novimber yn

Boalsert kaam de sleauwens fan de Friezen ek oan

bar. Dochs binne it gjin tsjinstellings. It is fansels

beide: sleauwens fan de Friezen, dêrneist ûnwil,

ûnnoazelens en in ôfsidige hâlding fan organi-

saasjes. Oan wetjouwing mankearret it net. It

komt der gewoan op del dat de lju by It Fryske

Gea mear soarch hawwe oer de greidefûgels dy‟t

net mear te hearen binne as oer de Fryske taal,

dy‟t wat langer wat mear út it deistige taalgebrûk

ferdwynt. En spitigernôch binne hja de iennigen

net.

Page 21: Swingel 32

Swingel 32 – desimber 2011 21

De Fryske frijheid:

in âld idee yn in ynternasjonalisearre en digitale wrâld (2) It earste part fan de lêzing dy’t drs. Kerst Huisman op 13 maaie 2011 foar de Ostfriesische Landschaft hold, is yn it foarige nûmer fan Swingel opnommen.

Kerst Huisman

De Fryske Beweging

As Bernhard Parisius op side 485 yn syn bydrage

oan Die Friesische Freiheit (2003) seit dat de

Fryske Folkspartij om-ende-by 1940 de

wichtichste fassistyske groep yn Nederlân wie,

dan hat er it mis. Miskien hat er yn stee fan

Nederlân Fryslân bedoeld, mar dan is it nóch net

wier. Dy nazistyske Fryske Folkspartij stelde

hielendal neat foar. Der wurdt sels oan twivele oft

dy partij wol mear as tsien leden hân hat. De

wichtichste fassistyske groep yn Nederlân wie de

NSB, dy‟t no krekt yn Fryslân de minste oanhing

yn hiele Nederlân hie. Der wie in lytse groep yn

de Fryske Beweging dy‟t it heil socht by de

Dútske besetter, mar de measten gyngen dêr net

yn mei.

Sa besjoen wie de Fryske Beweging eins typysk

Nederlânsk. De kearnhâlding fan fierwei de

measte Nederlanners ûnder de Dútske besetting

wie ien fan oanpassing en akkomodaasje oan de

besetter. As der yn dat ferbân al fan in myte

sprutsen wurde kin, is it dy fan it brede ferset yn

Nederlân tsjin de nazys. Dat wie der net. De

Nederlânske fersetsbeweging hat op ‟en heechsten

tsjin de tsientûzen minsken teld en dêrfan fierwei

de measten pas nei Stalingrad of noch letter,

benammen nei de ynvaazje yn Normandië.

Knokploech Bjirmen

Dan wie der in grutte rûnte fan passive

sympatisanten en dêromhinne in nóch folle

gruttere groep fan ûnferskilligen. Der wie ek

frijwat frijwat kollaboraasje. Nederlân levere

bygelyks mear as 25.000 frijwilligers foar de

Waffen SS. It oandiel fermoarde joaden út

Nederlân wei is it heechste fan West-Europa. Wy

yn Nederlân kinne dêrom foar Dútslân en de

Dútsers oer mar better in bytsje beskieden wêze.

Der is noch mear. Nederlân hat hast neat

bydroegen ta de ferneatiging fan it Hitler-rezjym.

Yn Dútslân wiene der yn alle gefallen noch

minsken en groepen dy‟t dat besocht hawwe. Ik

neam de Schulze Boysen-Harnack-groep en de

oanslach fan 20 july 1944. Mar dy eare komt ta

oan de alliearden. En dan moat ek noch sein

wurde dat de rol fan de Britten en Amerikanen

earfol, mar marzjinaal wie en dat dy eare foar

fierwei it grutste part takomt oan de soldaten fan

Josef Stalin, jawol, de diktator, en de

boargerbefolking fan de USSR, dy‟t mei

hûnderttûzenen froulju en jongelju meifochten hat

by de ferdigening fan har stêden en doarpen, in

boargerbefolking ek dy‟t ferskriklik lijd hat. Dat

is noch altiten in ûngemaklike wierheid by in soad

Europeanen, fan Ingelân oant Estlân, dy‟t se eins

it leafste ûntkenne wolle. Ik leau dat in werklik

duorsume frede yn Europa net mooglik is sûnder

dy erkenning.

Frysk en frij

De Fryske histoarikus Johan Frieswijk beljochtet

krekt de rol fan dy lytse groep kollaborateurs yn

de Fryske Beweging nochal tige yn syn bydrage

oan Die Friesische Freiheit en hy set nochal swier

Page 22: Swingel 32

22 Swingel 32 – desimber 2011

yn op Douwe Kalma. Myn beswier tsjin it artikel

fan Frieswijk yn Die Friesische Freiheit is, dat it

te folle út it perspektyf fan de lytse bewegings-

klupkes wei skreaun is. De Fryske frijheid is

nammentlik wol deeglik in libben idee, foaral

bûten de tradisjonele Fryske Beweging. Der

bestiet al fyftich jier in politike partij yn Wester-

lauwersk Fryslân, dy‟t oprjochte is om mear sels-

sizzenskip nei te stribjen: de Fryske Nasjonale

Partij, sûnt koart sels fertsjintwurdige yn it deis-

tich bestjoer fan de provinsje. Dy partij is net

plan-út foar totale ôfskieding fan Nederlân, mar

der is hieltiten wer in spanningsfjild. Ik tink dat ik

dat sels it bêste ûnder wurden brocht haw yn de

titel fan myn stúdzje oer dy partij: Tusken Fryske

dream en Nederlânske macht (2003).

Oan dy oprjochting fan de FNP binne publikaasje

foarôfgien lykas Selsbistjûr for Fryslân fan E.B.

Folkertsma fan 1930, mar wichtiger is neffens my

it Sosiael-Demokratysk Frysk Forbân, dat

operearre binnen de SDAP yn Fryslân en dat him

berôp op de Eastenriker Otto Bauer, dy‟t him foar

de Earste Wrâldoarloch útsprutsen hie foar

kulturele autonomy foar eltse naasje en yn de

oarloch sels foar it rjocht fan eltse naasje op it

skeppen fan in eigen steat, in tinkbyld dat yn 1917

ek foarstien waard troch Lenin en de Russyske

bolsjewiken.

Hiel wichtich lykwols yn de foarskiednis fan de

Fryske Nasjonale Partij is it fersyk fan de yn

Grand Rapids wenjende Fries Berend Joukes

Fridsma yn 1943 rjochte oan keninginne

Wilhelmina om Fryslân nei ôfrin fan de oarloch

polityk selsbestjoer binnen it ramt fan it

Nederlânske keninkryk te ferlienen. Fridsma krige

dêr de hantekenings foar fan Friezen en

Nederlanners yn Amearika, en fan Wendell

Willkie en Norman Thomas, de republikeinske en

sosjalistyske tsjinkandidaten fan Roosevelt foar it

presidintskip fan de Feriene Steaten. Dêr is nea in

keninklike reaksje op kommen. Wichtich wie

bygelyks ek it Desintralisaasjerapport, skreaun

troch de sjoernalist en âld-fersetsman Piter

Wybenga. Hy bepleite in desintralisaasje neffens

it Switserske model. It is troch de Steaten fan

Fryslân oannommen. Folkertsma rjochte nei de

oarloch it Striidboun Fryslân Frij op, dêr‟t sels in

Hollânsk Keamerlid, J.H. Scheps, lid fan wie, en

der hat jierrenlang in Frysktalich wykblêd en

letter tydskrift bestien dat Frysk en Frij hjitte,

earst fan 1945 oant 1966, en dêrnei fan 1972 oant

1997. Dy Fryske frijheid hat ek omtinken krige yn

Amearika, yn it aardige boek fan Cynthia Keppley

Mahmood: Frisian and Free. Study of an ethnic

minority in The Netherlands.

Fridsma twadde fan lofts

Page 23: Swingel 32

Swingel 32 – desimber 2011 23

En it is wier, sa út en troch ferskynt it biedwurd

Fryslân Frij wer ris op muorren en fiadukten. Der

is dêrom gjin twivel oan dat it idee fan de Fryske

frijheid in libben begryp is, dat sels ynterpretearre

wurde kin as in winsk nei politike ûnôfhinklikens.

It soe net botte realistysk wêze om te tinken dat de

lju dy‟t dat fine, werom wolle soene nei de

Midsieuwen. Selsbestjoer is perfoarst wol in

moderne reële opsje foar de folken sûnder steat.

Der is sels al in politike partij yn it Europeeske

parlemint dy‟t al dy partijen ferienet dy‟t stribje

nei folsleine of dielautonomy foar de folken dy‟t

sy sizze te fertsjintwurdigjen: de Europeeske Frije

Alliânsje. De FNP is ek lid fan dy EFA. It is in

fenomeen dat de kaart fan West-Europa op

freedsume wize feroarje kin. Der komme nije

steaten oan: ik neam Skotlân, Flaanderen, Wales,

Kataloanje. En as dat realistysk is, wêrom soe dan

de Fryske frijheid, mits yn in modern en tolerant

kleed, net kinne?

Digitalisearring en frijheid

Ik pleitsje derfoar om dy nije realiteit te

oanfurdzjen en net it idee fan de Fryske frijheid

leech te lizzen of te ridikulisearjen as Frieze-

dweperij. Wy libje yn in tiid fan grutte feroarings.

De digitale revolúsje is dêr it dúdlikste foarbyld

fan. Ienris wiene steatsgrinzen in grutte behin-

dering foar kontakt. Dat is no net mear sa.

Facebook is dêr ek in moai foarbyld fan. Men kin

befreone reitsje mei minsken út jins eigen lân,

mar ek út Sina, Alaska, Perû en Ruslân. Foar‟t

men it wit hat men hûnderten „freonen‟. Fansels,

ik wit wol, dat sille nea allegearre echte freonen

wurde, mar de mooglikheden binne yn prinsipe

ûnbegrinze. De digitale revolúsje jout ek in soad

mooglikheden om fia it ynternet ynformaasje op

te dwaan dy‟t men eartiids nea fine koe of net

earder as nei in hiel soad muoite. It ynternet bringt

ek frijheid.

Der binne guon dy‟t de kompjûter sjogge as in

bedriging fan mienskippen as de Fryske. Ja, as

men fêsthâlde wol oan it tradisjonele plattelân út

de tiid fan pake en beppe, dan is dat wol sa. Mar

dat plattelân feroaret hiel sterk; tink oan de

ûntfolking, it ferdwinen fan in soad tradisjonele

wurkgelegenheid, it lytser wurden fan de skoallen,

fergrizing, de sekularisaasje en it leechrinnen fan

de tsjerken, it ferdwinen fan foarsjennings. Ik tink

dat de kompjûter krekt yn dy sitewaasje

almeugende kânsen biedt. It provinsjaal bestjoer

fan Westerlauwersk Fryslân sjocht dat ek sa. It

bestjoer stribbet dernei dat Fryslân yn 2018

kulturele haadstêd fan Europa wurdt. It stiet noch

net fêst fansels dat it dat ek wurdt, der binne

nochal wat konkurrinten. Mar dat is mooglik noch

net iens it wichtichste. Hiel wichtich is dat it

bestjoer de hiele befolking dêr de kommende

jierren aktyf by behelje wol. It kin in hiel nij elan

ta stân bringe, sawol kultureel as ekonomysk. Yn

it ferlingde dêrfan leit it inisjatyf Station Fryslân

2018, dat bedoeld is om it plattelân ta nije bloei te

bringen. Wichtich ûnderdiel dêrfan is de

duorsume en digitale ûntwikkeling. Dat bart alles

yn it ramt fan it projekt Vital Rural Area fan de

Europeeske Mienskip. De provinsje Fryslân is de

liedende krêft yn dat projekt, dat útfierd wurdt yn

it ramt fan it Interreg IVB North Sea Programma.

Soks sil sûnder mis liede ta it opstjitten fan

Fryslân yn de digitale feart fan de folken, mar

omdat de digitale wrâld in wrâld sûnder grinzen

is, bliuwe de fertuten net beheind ta Fryslân. Dêr

kinne neffens my úteinlik ek oaren by oanskowe.

It sil ek yn Fryslân in mentaliteitsferoaring ta stân

bringe kinne, de Friezen leare om oars nei har

identiteit te sjen.

It begjint mei in webstek foar it doarp, in pleatslik

Seniorweb, it bestellen en besoargje litten fan

boeken en boadskippen fia it ynternet, in digitaal

loket fan de bank, de belestingtsjinst of de

supermerk yn it doarpshûs, de mooglikheid om

online autoritten te dielen of karweikes te ruiljen

mei oaren. It giet fierder mei it útwikseljen fan

kennisse mei oaren, kompjûterkursussen,

kursussen foar programmeurs, it opsetten fan

mediabedriuwen dy‟t bernefilms meitsje foar de

Fryske televyzje en animaasjefilms dy‟t fan

hokfoar taal ek foarsjoen, oer de hiele wrâld

ferkocht wurde kinne.

Mear kennisse fan it ynternet, mear kennisse fan

kompjûters makket minsken ek benijd nei de

geheimen derefter. Dy kennisse sil by ûnder-

nimmende minsken grif liede ta it ferkennen fan

nije mooglikheden, nei wat de bekende Ameri-

Page 24: Swingel 32

24 Swingel 32 – desimber 2011

kaanske hacker Kevin Mitnick The Art of

Intrusion („De keunst fan it ûnrjochtlik

ynkringen‟) neamd hat.

Dat is by de wet ferbean, sille guon no sizze. Dat

is ek sa, mar dat sil minsken der net fan wjerhâlde

om it dochs te dwaan.

Wet, rjocht en frijheid

En der is wat foar te sizzen om dat net hielendal

ôf te wizen. It wurdt hieltiten dúdliker dat de

oerheden hiel graach alles fan jo witte wolle. Ik

moat bekenne dat my dat in ûnbehaachlik gefoel

jout. No is dat yn stabile demokrasyen lykas

Dútslân en Nederlân noch net sa slim, mar wat as

dy demokrasyen minder stabyl wurde, bygelyks

troch finansjele krises, en hieltiten fetberder

wurde foar ekstreme politike streamings, lykas

Francis Fukuyama tinkt? Wy hawwe dêr yn

Europa in soad djoer learjild foar betelje moatten.

Net foar neat warskôgje krityske ynternetters foar

Big Brother, dy‟t oeral meiloert, en der is al in

organisaasje European Digital Rights Movement,

mei syn Nederlânske ôfdieling Bits of Freedom.

En wy kenne no allegearre it ferhaal fan

WikiLeaks en de reaksje fan de Amerikaanske

oerheid dêrop. Der is ek it aardige en hoopfolle

inisjatyf fan de Yslânske parlemintariër Birgitta

Jónsdóttir, it Modern Media Institute. De

Amerikanen hawwe har útlevering easke

fanwegen it feit dat se behelle is by WikiLeaks.

Dat hat it Yslânske regear lokkich wegere. It

Nederlânske regear is wat dat oanbelanget minder

moedich en tinkt deroer om Rob Gongrijp, immen

dy‟t in bytsje meiwurking oan WikiLeaks

ferliende, wol oan Amearika út te leverjen.

Ik haw eins dêrom sterke oanstriid om derfoar te

pleitsjen en stel hacken (lit ús dêrfoar dan no mar

ús eigen wurd hekjen ynfiere) net yn alle

opsichten strafber. Wol as it om it fernielen fan

oarmans wurk giet. Mar it subtyl en etysk hekjen

om ynformaasje yn te winnen soe neffens my sels

in djoere demokratyske boargerplicht wêze kinne,

om ús te wapenjen tsjin de machtigen op ierde

dy‟t net yn goedens wolle. En wêrom soene wy as

Friezen ús frije tinken net stelle yn tsjinst fan dat

idee?

As wy ien ding leard hawwe út ús mienskiplike

Europeeske skiednis fan de tweintichste ieu, dan

is it wol dít: de wet moat men fansels wol

respektearje, mar de wet is net altiten rjocht en

moat somtiden omreden fan it gewisse oertrêde

wurde. Ik stel my sa foar dat Friezen dy‟t har

bewust binne fan it Fryske ferline, har fannijs yn

tsjinst stelle wolle fan de striid foar de frijheid.

Net mear mei it swurd, mar mei de kompjûter en

mei har kennisse fan de mooglikheden.

drs. Kerst Huisman begûn as ûnderwizer en waard letter sjoernalist. Hy studearre skiednis en skreau ûnderskate publikaasjes oer de Fryske skiednis mei de klam op sosjale ûnderwerpen. Huisman is û.o. aktyf yn de Fryske Rie.

Page 25: Swingel 32

Swingel 32 – desimber 2011 25

De wrâld en Fryslân (4, lêste)

Oldert Piersma

De bodders yn de Fryske striid hawwe har ward

en ús taal wer in plak ûnder de sinne jûn. De

posysje foar it Frysk is, sa‟t we sjoen hawwe,

benammen befochten yn de „hegere regioanen‟

fan de maatskippij. En net sûnder reden fansels,

want dêr wie it ferset tsjin it Frysk it fûlst.

Men moat jin lykwols ôffreegje oft dy stipe foar it

Frysk yn de „hegere regioanen‟ hjoed-de-dei al net

wer oan it ôfnimmen is. De grutskalige yndustry,

de mammoetskoallen, de nije media en de

bybehearrende kultuer binne net-Frysktalich en

soargje dat der in nije, Hollânsktalige laach oer ús

hinne komt dy‟t, as we net oppasse, it Frysk wer

deaknypt.

De Fryske beweging hat in ferskaat oan Fryske

ynstituten opsmiten; de Afûk, de Fryske

Akademy, Omrop Fryslân en grif binne der noch

mear fan sokke ynstellings.

Dy ynstitúsjonalisearring is oars foar in

minderheid net sûnder gefaar. In „minderheid‟ as

de froulju bygelyks hiene ek in emansipaasje-

beweging opgong brocht. Dat is úteinlik útrûn yn

de Emansipaasjeried. In ynstitút dat no al lang

wer weibesunige is. Ynstitúsjonalisearring is mar

al te faak de deaskop foar in folksbeweging.

De fersterking fan it Frysk mei ynstituten hat net

opkeare kinnen dat wy „ûnderoan‟ it Frysk en de

Fryske identiteit wat langer wat mear kwytreitsje.

As it hjoed noch net goed giet, nettsjinsteande alle

krewearjen, hoe soe it dan oars moatte? Om dêr in

antwurd op te finen soene we ris sjen moatte,

hoe‟t minderheden yn oare lannen harren striid

foar folk, lân en taal oanpakke. Bygelyks de

Basken, de Ieren yn Ulster en de Flamingen.

Yn Baskelân fjochtsje de oanhingers fan Hari

Battasuna foar de rjochten fan taal en lân fan de

Basken. Yn Ulster striidt Sein Fein foar de lyk-

berjochtiging fan de Ieren mei de Ingelsken. En

yn Flaanderen kinne we hertsearich nei de Flaam-

ske beweging sjen dy‟t de emansipaasje fan de

Flamingen al realisearre hat. Wat yn dy lannen

opfalt is dat de bewegings yn harren emansipaas-

jestriid twa dingen mien hawwe. It binne massa-

organisaasjes, bedoeld om politike macht te krijen

en se hawwe media ta har foldwaan dêr‟t se

harren propaganda mei ûnder it folk bringe kinne.

Mei dizze middels fersette se har tsjin de

oerhearskjende politike, ekonomyske of kulturele

oermacht fan in oar(stalich) folk.

De wapene tûken fan de ûnderskate bewegings

lit ik bûten beskôging. It giet my hjir om de

politike aksjes en net om de geweldaksjes dy‟t dêr

mooglik efterwei kommen binne.

As it om de politike striid giet, nimme de

„fersetsbewegings‟ de kleur fan it ferset oan. Yn

Baskelân krige ûnder Franco bygelyks Hari

Battasuna neist de taalideology in „linkse‟

ideology. Yn Flaanderen is de Volksunie neffens

har tsjinstanners yn „rjochts‟ farwetter telâne

kommen. Mar hokker politike kleur ek, al dy

fersetsbewegings binne, as se sukses hawwe,

bewegings mei in brede oanhing ûnder it folk. It

hawwen fan in grassroot-organisaasje is fan

belang om grutte skiften fan it folk mobilisearje te

kinnen foar de eigen saak. En krekt dêr ûntbrekt it

by us oan. Wy hawwe gjin massabeweging en ek

gjin media dy‟t fûleinich foar it Frysk opkomme.

Omrop Fryslân bygelyks is altyd drok dwaande

him sjoernalistyk te profilearjen, mar it Frysk liket

dêr mar bysaak te wêzen.

De politike situaasje yn it Fryslân fan hjoed-de-

dei is, moat ik tajaan, foar in Frysksinnige

grassroot-organisaasje net geunstich. Yn Fryslân

hat in kongsje fan partijen, CDA-PVDA-VVD, alle

politike macht yn hannen. Net allinnich yn de

provinsje, mar ek yn de measte gemeenten. Hoe‟t

de ferkiezingsútslaggen ek útfalle en hoe‟t de

ferhâldings ûnderinoar getalsmjittich ek (in

bytsje) ferskowe, dy klup bliuwt, oant no ta

alteast, altyd oan de macht.

Der binne guon dy’t soks demokrasy neame. In

garismatysk figuer as Pim Fortuyn wie nedich om

dy politike konfiguraasje op sintraal-lanlik nivo in

skop ûnder de kont jaan te kinnen.

Yn kombinaasje mei de relatyf anti-Fryske

deiblêden, de Ljouwerter Krante en it Frysk

Page 26: Swingel 32

26 Swingel 32 – desimber 2011

Deiblêd, foarmje se in hast ûnferwrikber polityk

en mediabastion, dêr‟t alle feroarings op stomp

rinne sille. Op dy klups te tidigjen soe nei myn

betinken op ‟en doer de deastek foar it Frysk

betsjutte.

Dêr komt noch by dat men de oerhearskjende

politike ideology, wat de kultuer en taal

oanbelanget, hjoed-de-dei yn Fryslân as „links-

kultuerrelativisme‟ oantsjutte kin. Yn rûge halen

hâldt dy ideology yn dat alle kulturele wearden

relatyf binne. Net ien kultuer en taal mei neffens

dy opfetting boppe de oare steld wurde. Op

sintraal-lanlik nivo hat de Fortuyn-revolúsje dy

ideology al gâns ûnderstek dien, mar by us stiet

nei myn taksaasje dat krekte, politike tinken noch

rjocht oerein. Fangefolgen dat in Frysksinnich

stribjen hjir al gau it gefaar rint om in „rjochts‟

stimpel opdrukt te krijen, want it is

diskriminearjend foar oarstaligen. En soks

ferklearret mei wêrom‟t de measte Frysksinnigen

allinnich mar „tuike oan‟ doarre en de Fryske

skriuwers sa skou binne as it om de Fryske

Beweging giet.

Dochs is der gjin ûntkommen oan. Wy hawwe in

grassroot-organisaasje fanneden dy‟t brede skiften

fan it folk mobilisearje kin foar de Fryske saak.

Men kin de Fryske bewegers mei rjocht ferwite

dat se dêr oant no ta te min oan dien hawwe.

Faaks miene se ek dat soks yn Fryslân ûnmooglik

is? In man as Pim Fortuyn hat sjen litten hoe‟t

men minsken foar in saak mobilisearje kin. Mei in

goede presintaasje en in oansprekkend program

slagge hy deryn om it folk in alternatyf te bieden

foar in ûnferwrikber achte establishment.

Dêrnjonken moatte der Frysksinnige massamedia

komme dy‟t de Fryske saak fûleinich bepleitsje.

De Fryske bewegers kin men ferwite dat se de

propaganda ûnder it folk te folle ferwaarleazge

hawwe en te min gebrûk makke hawwe fan de

moderne massamedia. Om oan massamedia te

kommen is ek lang net maklik fansels. Wy soene

wol hast in media-tykoan as in Murdoch of in

Berlusconi ta ús foldwaan hawwe moatte om soks

realisearje te kinnen. Mar in oare wei is der

deagewoan net. En it is de striid wurdich, as we it

Frysk behâlde wolle. It is ek in striid dy‟t nea

ophâldt. Yn in minderheidssituaasje hat de

„mearderheid‟ no ien kear altyd oanstriid om mei

hoazzen en klompen oer de minderheid hinne te

rinnen, faak sûnder dat se der sels erch yn hawwe.

As leste

„Fryslân en de wrâld‟ wie it biedwurd fan de

Jong Fryske Mienskip. Mar de wrâld kaam ek

nei Fryslân ta en hat Fryslân in protte

rykdommen brocht, kultuer, wolfeart ensfh. It

hat it Frysk en de Fryske identiteit lykwols ek

flink ûnderstek dien. Sa bot sels dat it Frysk as

taal derûnder driget te strûpen. Soks sil Douwe

Kalma nea tocht hawwe doe‟t er Fryslân nei de

wrâld ta brocht. En grif ek nea wold hawwe.

Ik haw yn dit essay besocht om de redenen fan de

delgong fan it Frysk oan te jaan en wêrom‟t oant

no ta it krewearjen om dy delgong te kearen

mislearre is. Mei „hege‟ literatuer en mei taal-

leskes allinnich is it Frysk net te rêden. Te folle

tidigje op de rjochten en subsydzjes dy‟t we yn

„De Haach‟ beskrept hawwe is gjin garânsje foar

it fuortbestean fan it Frysk. Subsydzjes kinne like

hurd ynlutsen wurde as se takend binne, wan-

near‟t de politike wyn in oare kant útwaait.

De Friezen moatte it sels dwaan, sels soargje foar

de omkearing fan de delgong. Suksesfolle

útlânske minderheden kinne we fan leare hoe‟t we

soks yn Fryslân oanpakke moatte.

Mei organisaasjes dy‟t brede skiften fan it folk

omfiemje, moatte de minsken mobilisearre wurde

en mei massamedia moat it boadskip ûnder it folk

brocht wurde. Soks is net ienfâldich, benammen

net as men wit dat de Fryske striid yn de hjoed-

deiske situaasje nea ophâlde sil. As minderheid

moat men no ien kear allegeduerigen foaroan en

altyd mei it mes dwers yn ‟e bek. Wy kinne

lykwols noch altyd ynspiraasje ûntliene oan ús

foarfaars en oan de jeften fan ús foarfaars jûn:

de Fryske taal

de Fryske namme

de Fryske sin

de Fryske grûn.

De eardere ôfleverings fan dizze rige steane yn de

nûmers 29 o/m 31 fan Swingel.

De posysje foar it Frysk is

benammen befochten yn de

„hegere regioanen‟ fan de

maatskippij.

Page 27: Swingel 32

Swingel 32 – desimber 2011 3

De Ried fan de Fryske Beweging yn it koart Kolofon

Wa’t yn Fryslân libbet en wennet, hat wat mei

Fryslân. Foar de iene is dat it lânskip, foar in

oarenien de mentaliteit, de taal, it keatsen, it fee, it

silen en neam mar op. Al jierren is der yn Fryslân in

organisaasje dy’t him ynset foar it karakter fan

Fryslân: de Ried fan de Fryske Beweging.

Wat is de Ried fan de Fryske Beweging?

De Ried fan de Fryske Beweging is as oerkoepeling

fan in grut tal bewegingsorganisaasjes de belange-

organisaasje foar minsken dy’t wiis binne mei Fryslân

en dy’t har ynsette foar romte foar it Frysk en de

Fryske kultuer. De Ried is in ûnôfhinklike frijwilligers-

organisaasje.

Politike lobby foar it Frysk

Op provinsjaal en lanlik nivo wurde aldergeduerigen

wetten opsteld en regels útfurdige dy’t streekrjocht of

mei in omwei ynfloed hawwe op it Frysk. Al is it

somtiden dreech wurk, mar dêr moat op reagearre

wurde yn de foarm fan skriftlike reaksjes of ynspraak.

Sa hat de Ried yn it ferline mei sukses it omtinken

fan de polityk frege foar it beroerde plak fan it Frysk

yn it taalûnderwiis oan beukers.

Fear yn ’e Broek

Alle jierren rikt de Ried, yn gearwurking mei de

Fryske Rie, de Fear yn ’e Broek út oan in persoan of

in ynstânsje dy’t him opfallend ynset hat foar de

Fryske taal of kultuer. Yn 2006 waard de minsken fan

‘Aaipop’ de Fear yn ’e broek stutsen, om’t dy orga-

nisaasje mei de muzykfestivals yn Nijlân de Fryske

kultuer op in bysûndere wize stimulearret, en yn 2007

Frivius Enerzjy, fanwegen har Fryske útstrieling. Yn

2008 gie de Fear nei Danijel Dizdarevic en Rick

Steur, twa nije Friezen dy’t de Fryske taal har gau

eigen makke hawwe en op in treflike wize brûke. De

Fear wie yn 2009 foar it Berne-iepenloftspul yn

Easterwierrum foar it al jierren leverjen fan in wichtige

bydrage oan de Fryske kultuer.

De Fryske Reklamepriis

It brûken fan it Frysk yn radio- en televyzjereklame

wint geandewei mear terrein. Om dat te stypjen hat

de Ried fan de Fryske Beweging it inisjatyf nommen

om alle jierren in priis út te rikken oan in bedriuw dat

him dêryn fan de bêste kant sjen lit.

Swingel

Mei Swingel, it tydskrift oer Fryske taal en kultuer,

krije jo trije kear jiers in skat oan ynformaasje yn ’e

hûs. Aardige ynterviews, nijsgjirrige berjochten,

pittige kollums. Yn Swingel fine jo ynformaasje oer tal

fan Fryske organisaasjes.

Underskate websiden

Behalven www.fryskebeweging.nl, mei ynformaasje

oer de Ried sels en oer de oansletten organisaasjes,

ûnderhâldt de Ried:

www.itnijs.nl, mei in ferskaat oan nijs yn it Frysk,

www.goedfrysk.nl, foar help om skreaune teksten

flaterleas te krijen en

www.euregua.com, mei ynformaasje oer it selskips-

spul Euregua! dat by de Ried útkommen is.

Swingel is in útjefte fan de Ried fan de Fryske Bewe-

ging, dy’t fjouwer kear yn it jier ferskynt: yn maart,

july, septimber en desimber.

Redaksje- en administraasjeadres

Keetwâltsje 1, 8921 EV Ljouwert

E-post: [email protected]

telefoan en faks: 058-213 89 13

Meiwurkers oan dit nûmer

Pier Bergsma, Tom Dykstra, Sytze T. Hiemstra, Kerst

Huisman, Ed Knotter, Lieukje Leistra-Reidsma,

Johanneke Liemburg, Hindrik van der Meer, Oldert

Piersma

Redaksje

Jan Breimer, [email protected]

Redaksjeried

Geartsje Fokkema, Sytze T. Hiemstra, Ed Knotter,

Hâns Weijer

Foarmjouwing

Meindert Tjerkstra

Printer

Drukkerij Weissenbach BV, Snits

Advertinsjeprizen

op oanfraach by de administraasje,

[email protected]

Stiperskip/lêsjild

Stipers fan de Ried fan de Fryske Beweging krije

Swingel fergees yn ’e bus.

Stipersjild: € 20,00 jiers.

Jongerein oant 25 jier: € 5,00 jiers. Fan 25 jier ôf

groeit dat alle jierren mei € 2,50 nei € 20, - it jier.

Rekken 1123454 o.n.f. Ried fan de Fryske Beweging,

Ljouwert

ISSN-nûmer: 15679632

Wolle jo it wurk fan de Ried stypje? Jou jo dan oan as stiper! It stiperskip kin op elk stuit yngean. Wa’t

stiper wurde wol kin har/him skriftlik – ek fia

e-mail – oanjaan by de administraasje fan

de Ried fan de Fryske Beweging,

Keetwâltsje 1, 8921 EV Ljouwert,

[email protected].

It lêst útkommen nûmer fan Swingel wurdt

jo as befêstiging tasjoerd. Foar it beteljen

fan it stipersjild wurdt ien kear it jier in

akseptgiro stjoerd.

Page 28: Swingel 32

28 Swingel 32 – desimber 2011

Rinsma

Rinsma HiFi = Muzyk = Genietsje

Sûnt 48 jier is Rinsma HiFi dwaande mei goede werjefte fan opnommen muzyk.

Earst mei Japanske merken mar nei in oriïntaasje yn Ingelân wie it dúdlik dat it Ingelske HiFi wurde moast!

Harkje jo thús graach nei muzyk, dan kinne jo by Rinsma HiFi terjochte.

Dêr giet it om muzyk en beleaven om hoe‟t it klinkt en net om de technyk of de namme fan it guod. Jo kinne

dêr noflik nei in grut ferskaat oan audioguod harkje.

Doch it jo oan tiid en jo komme grif út ‟e ried, want it is Rinsma HiFi allinnich nei it sin as jo tefreden binne.

Kom oan en jo fine in HiFi-saak sûnder wjergea.

Tramtearje jo earen net langer en stin der net mear oer, want

It bêste stik húsrie is in goede lûdsynstallaasje fan Rinsma HiFi!!

Rinsma HiFi

De Buorren 27, 8408 HG LIPPENHUZEN

telefoan (0513) 46 15 54

e-post: [email protected]