Utjefte fan de feriening freonen fan omrop fryslân...Oankommend jier bestiet Omrop Fryslân 75...

16
EACH & EAR Utjefte fan de feriening freonen fan omrop fryslân KLANKBOERDGROEP | RESEPT SIETSKE POEPJES FRIJWILLIGER | FREONEN OM UTENS | INGRID SPIJKERS 35E JIERGONG NR 2 | NOVIMBER 2019

Transcript of Utjefte fan de feriening freonen fan omrop fryslân...Oankommend jier bestiet Omrop Fryslân 75...

Page 1: Utjefte fan de feriening freonen fan omrop fryslân...Oankommend jier bestiet Omrop Fryslân 75 jier. As bestjoer fan de Freonen binne we hiel benijd wat der ús oan feestlikheden

EACH & EARUtjefte fan de feriening freonen fan omrop fryslân

KLANKBOERDGROEP | RESEPT SIETSKE POEPJESFRIJWILLIGER | FREONEN OM UTENS | INGRID SPIJKERS

35E JIERGONG NR 2 | NOVIMBER 2019

Page 2: Utjefte fan de feriening freonen fan omrop fryslân...Oankommend jier bestiet Omrop Fryslân 75 jier. As bestjoer fan de Freonen binne we hiel benijd wat der ús oan feestlikheden

5

12

68

13

2

EACH & EAR

KOLOFON

FREONEN FAN OMROP FRYSLANZuiderkruisweg 2, 8938 AP, Ljouwert06 43 903 180

YNTERNETwww.omropfryslan.nl/freonene-mail: [email protected]/freonenomrop.fryslan

Ledebydrage min. € 9,00 yn it jierBanknûmer NL09RABO0130551805(û.f.f. lidnûmer, stiet op adresstikker)

It lidmaatskip wurdt oangien foar minimaal ien (kalinder)jier en wurdt stilswijend fuortset

OMROP FRYSLANPostbus 7600, 8903 JP, LjouwertTelefoan 058-2997799Op ynternet: www.omropfryslan.nl

REDAKSJE EACH & EARAndrys de Blaauw (einredaksje)Swaan Postma (kontrôle Frysk)Thea van der SchaafAebe TuinengaMarketingmeiwurkers Omrop Fryslân

Each & Ear ferskynt twa kear yn ‘t jier

UNTWERPAnnika Holtewes

FOTO FOARSIDE Jaco Jonkman: Sinneljocht tusken de beammen yn it Mandefjild, Bakkefean

OPMAAK EN OFWURKINGCaparis Grafysk SintrumJagtlustweg 2, It Hearrenfean

FERSTJOERENFRLpost Zwettestraat 29d, Ljouwert

Page 3: Utjefte fan de feriening freonen fan omrop fryslân...Oankommend jier bestiet Omrop Fryslân 75 jier. As bestjoer fan de Freonen binne we hiel benijd wat der ús oan feestlikheden

14

10

Ferhuzing trochjaan?Nei it ferstjoeren fan Each & Ear krije wy meastentiids in oantal boekjes werom dy’t net besoarge wurde kinne. Dit omreden dat it adres net mear kloppet. Wolle jo by ferhuzing jo nije adres trochjaan? Dat skeelt ús in protte wurk.

Gea Bouma

Fersyk oan FREONENYn ferbân mei in ‘FREONE’-aksje yn 2020 soenen wy graach jo bertedatum ynfiere yn ús administraasje. Wolle jo dy ús trochjaan as der op de adresstikker ‘ûnbekend’ by bertedatum stiet?Graach jo lidkoade der even bysette, dat skeelt ús sykjen. Us adresgegevens fine jo op de side hjirneist. Tige tank yn ’t foar!

Bestjoer Freonen Omrop Fryslân

13

3

FOARSITTERSPRAKKESAASJES 4

FERSLACH FAN DE KLANKBOERDGROEP 5

IT WURK FAN DE FRIJWILLIGER 6

YNTERVIEW INGRID SPIJKERS 7

RESEPT SIETSKE POEPJES 8

BILDTSKE KOLLUM JAN DE GROOT 9

FREONEN OM UTENS 10

NIJS FAN DE OMROP 13

PUZEL EN PRIZEN 15

Ynhâld

Page 4: Utjefte fan de feriening freonen fan omrop fryslân...Oankommend jier bestiet Omrop Fryslân 75 jier. As bestjoer fan de Freonen binne we hiel benijd wat der ús oan feestlikheden

Oankommend jier bestiet Omrop Fryslân 75 jier. As bestjoer fan de Freonen binne we hiel benijd wat der ús oan feestlikheden te wachtsjen stiet. Wat we al witte is dat it ûnder oare fierd wurdt mei in tentoanstelling yn OBE fan septimber 2020 ôf. Dêrfoar fine jo fierderop yn dizze Each en Ear in oprop. De Omrop kin foar dit jubileumjier fansels wer rekkenje op finansjele stipe fan de kant fan de Freonen. Dat ha we dit jier mei it each op dat jubileumjier net dien en sadwaande kinne wy oankommend jier dûbelop út ‘e hoeke komme. Om ek alfêst yn jim bûsboekje te setten: ús jiergearkomste fan 2020 hawwe we pland op woansdei 22 april! Yn de folgjende edysje fan Each en Ear kinne jo je opjaan.

Mar der binne mear prakkesaasjes. Sa‘t jim grif noch wol witte hienen wy njonken ús bestjoer ek altyd frijwilligers: Anneke Sikkema, Ans Tamminga en Gea Bouma. Anneke en Ans binne in jier as wat lyn opholden, mar Gea is noch altyd yn funksje. Yn wêzen dienen dy froulju ál it wurk dat fuortkaam út ús bestjoersbesluten en Agatha Hijlkema wie de kontaktpersoan dy‘t alles koördinearre. Ferline jier ha we op ús jiergearkomste besluten om de funksje fan frijwilliger te skrassen, ek omdat Agatha har bestjoersperioade der opsiet. Boppedat like it ús praktysker om Gea as bestjoerslid te beneamen. Dan ha je ek gjin koördinator mear nedich en Gea kaam – mei as taak it frijwilligerswurk – sa tichter by ús beslútfoarming te sitten én se kin der no sels oer meibeslisse. Wat dat frijwilligerswurk ynhâldt kinne jim fierderop lêze. Doe‘t ik it ûnder eagen krige wie ik der stil fan: wát in wurk. Nynke Bosgra, ús ponghâlder, krige mei troch alle feroarings de folsleine finansjele ferantwurding op har buordsje. Beide froulju krije dêr alle moannen in fergoeding foar.

No is it sa dat sy mei de tiid fansels ek harren funksje dellizze. En wolle harren opfolgers beslein op it iis komme, dan is it ûndersteande dêrfoar bedoeld. Elkenien wit dat it altyd dreech is om nije bestjoersleden te finen mar, wolle wy as Freonen fan Omrop Fryslân besteansrjocht hâlde, dan sille in pear fan ús 3000 leden oerein komme moatte! Dêrom nochris myn driuwende oprop:

Wa fan jimme nimt dizze útdaging oan en wol op termyn ús bestjoer fersterkje?

As jim mei ús fan miening binne dat de Freonen bestean bliuwe moatte, set dan dy stap! Ferstân fan kompjûter en Davilex (ús finansjele ‘systeem’) is lykwols in pree (mar dêrby kin rekkene wurde op de stipe fan Nynke en Gea).

Sa‘t jim witte hat de Omrop sûnt 1 jannewaris fan dit jier in nije direkteur: Nina Hiddema. En op 1 desimber begjint Ingrid Spijkers as de nije haadredakteur. Op side 12 yn dizze Each & Ear komme we yn de kunde mei har. Twa froulju yn de top fan Omrop Fryslân! Ik moat sizze dat ik dêr tige wiis mei bin. Lanlik is de rop om mear froulju yn de top fan organisaasjes al langer in ‘hot item’, en no ha wy se sels! Froulju yn liedingjaande funksjes ha altiten effekt op de sfear yn in bedriuw. Wat Ingrid Spijkers oanbelanget moatte we ôfwachtsje hoe‘t dat útpakke sil, mar ik fernim no al dat it feit dat Nina Hiddema op de direksjestoel sit, fertuten docht. Sy is drok dwaande om in nije fyzje/missy op te setten en dat jout no al de meiwurkers fan de Omrop dúdlik nije besieling. En dat hat ek wolris oars west.

Ik winskje jo noflike mominten by it lêzen fan dizze nijste Each & Ear en mei út namme fan alle meiwurkers oan dizze útjefte: goede feestdagen en in moai 2020.

Andrys de Blaauw.

Foarsittersprakkesaasjes

4

EACH & EAR

Page 5: Utjefte fan de feriening freonen fan omrop fryslân...Oankommend jier bestiet Omrop Fryslân 75 jier. As bestjoer fan de Freonen binne we hiel benijd wat der ús oan feestlikheden

Weromkeppeling fan de klankboerdgroepYn de Each & Ear fan maart hawwe jo lêze kinnen wêr’t de klankboerdgroep fan de Freonen har ferline jier en begjin takom jier sa al mei dwaande hâlden hat en hâlde sil. De klankboerdgroep is yn 2017 yn it libben roppen mei in twaliddich doel: a. fan de leden krityske kanttekeningen krije oer it hâlden en dragen fan de Omrop, en b. fan de liedingjaanden fan de Omrop ynformaasje en eftergrûnynformaasje krije dy’t foar ús as Freonen ferhelderjend is. Ut namme fan de Freonen sitte de folgjende leden yn de klankboerdgroep: Hylke Beerstra (Hilversum), Fokke Stoker (De Himrik), Susan ten Kate (Nijlân), Aebe Tuinenga (Hallum), Dukkie van der Ploeg (Menaam), Akkie Lindeboom (De Rottefalle), Doutsje Hoekstra (Earnewâld / bestjoer) en Andrys de Blaauw (It Hearrenfean / bestjoer). De Omrop wurdt op dit stuit fertsjintwurdige troch Nina Hiddema (Direkteur) en Jitske Hoop (Adviseur Marketing & Kommunikaasje). De Klankboerdgroep komt fjouwer kear yn it jier byinoar.

Hichtepunten út de lêstegearkomsten

De klankboerdgroep wurdt regelmjittich bypraat oer de stân fan saken fan it missy-, fyzje- en strategytrajekt dat by Omrop Fryslân ynset is. By dat trajekt wurde net allinne alle meiwurkers belutsen, mar ek eksterne eksperts, belanghawwenden, (maatskiplike) partners en fansels it publyk. Om in byld te krijen fan hoe’t de Omrop der yn de takomst útsjen moat, is by al dy partijen ynformaasje ynwûn, ûnder oare troch ynspiraasjesesjes, diskusjegearkomsten en enkêtes te

hâlden. Ek mei de klankboerdgroep hat in gearkomste west en der binne enkêtes hâlden ûnder de Freonen. By de organisearre boattochten binne hûnderten enkêtes ynfolle dy't yn kaart brocht binne. Dy weardefolle ynformaasje is meinaam yn de formulearring fan de missy, fyzje & strategy. Op basis fan alle input is der in fyzjestik opsteld dat ek oan de klankboerdgroep foarlein is yn de lêste gearkomste. Ut namme fan de Freonen hat de klankboerdgroep nei it lêzen fan it fyzjestik tige posityf op de ynhâld reagearre en sjocht op basis fan dit stik in sûne basis foar de takomst.

Ein 2019 moat der in strategyplan lizze foar 2020-2024. Fierder wurdt de klankboerdgroep ek geregeld bypraat oer programma’s en projekten en jouwe de klankboerdgroepsleden dêr in weromkeppeling op.

Ynbring fan de klankboerdgroep

Yn de oerlissituaasjes binne ek wer in tal krityske opmerkingen bepraat oer programma’s en de klankboerdgroepsleden hawwe tips jûn. Sa is der bygelyks praat oer de swimtocht fan Maarten van der Weijden, 100 jier radio, ûndersykssjoernalistyk en it programma oer de takomst fan de soarch. Troch de Omrop is in weromkeppeling jûn op eardere punten dy’t ynbrocht binne. Sa is ûnder oare fierder ûndersyk dien nei de balâns tusken nijs en eftergrûnpetearen yn Fryslân Hjoed en is neitocht oer de útstjoertiden fan de Top 100. Dy útstjoertiden binne dit jier wer fan 6.00 – 18.00 oere, mei jûns in moaie kompilaasje fan de dei.

Folgjende gearkomsten

De folgjende gearkomste fan de Klankboerdgroep is op 9 desimber. Mochten jo fragen of opmerkingen meijaan wolle oan de Klankboerd-groep, dan kin dat fia ien fan de (bestjoers)leden fan de Klankboerdgroep of fia [email protected].

5

Page 6: Utjefte fan de feriening freonen fan omrop fryslân...Oankommend jier bestiet Omrop Fryslân 75 jier. As bestjoer fan de Freonen binne we hiel benijd wat der ús oan feestlikheden

It wurk fan de frijwilligerFrijwilliger Gea BoumaSûnt 2010 bin ik frijwilliger by de Freonen fan Omrop Fryslân. Yn de rin fan de jierren binne de taken en wurksumheden nochal wat feroare en oanpast. Wat doch ik eins?

Mail, mailings en postTsjinwurdich giet de measte korrespondinsje fia de mail en dêrtroch is dat in belangryk ûnderdiel wurden fan myn wurk- sumheden. Eltse dei wurdt de mail kontroleard op ynkommende mail, wêrnei't dy sa gau mooglik beäntwurde of trochstjoerd wurdt. Fia de site fan Omrop Fryslân/Freonen kinne nije Freonen harren oanmelde, mar de measte Freonen wurde lid nei‘t hja persoanlik benadere wurde en it oanmeldings- formulier ynfolle ha. Sawol gegevens fia de site as it formulier moatte ferwurke wurde yn ús administraasjesysteem. Hjirfoar ha we in spesjaal program. Ien kear yn ‘e wike gean ik by de Omrop lâns om de post op te heljen. De Freonen dêr't by ús in mailadres fan bekend is krije sa no en dan in mailing wêrfan't wy tinke dat it wol nijsgjirrich is foar de Freonen. Mar: dat is allinne foarbehâlden oan leden mei in mailadres! Mochten jim tinke: 'Hee, dat wol ik ek', dan noadigje ik jim hjirby út om dochs noch jim mailadres oan ús troch te jaan! In bykommend foardiel is dat it enoarm skeelt yn papier- en portokosten! Doch it no daliks: [email protected]. Jim kinne jim mailadres ek appe nei: 0643903180.

Tillefoanysk berikberDe Freonen ha sûnt in tal jierren gjin fêst tillefoannûmer mear, mar binne berikber fia in mobyl nûmer (sjoch hjirboppe). It foardiel is dat wy alle dagen berikber binne. Dochs kin it barre dat jim gjin gehoar krije. Dat komt om‘t ik, neist it frijwilligers- wurk, ek noch in tal dagen yn ‘e wike wurkje. Mar sa gau't ik yn ‘e gelegenheid bin besykje ik jim werom te beljen.

DavilexIt program dêr't de Freonen mei wurkje en de administraasje en boekhâlding mei op oarder hâlde hyt DAVILEX. Hjiryn wurde alle gegevens fan ús leden ferwurke sa as namme, adres, wenplak, tillefoannûmer, mailadres, bankrekkennûmer ensfh... Us ‘Privacyreglemint’ is hjirop fan tapassing. Mei sa’n 3000 leden binne der faak mutaasjes. Berjochten fan ferstjerren, ferhuzings, wizigings, opsizzings, wizigings yn mailadressen ensfh. wurde wykliks bywurke. In grut foardiel tsjinwurdich, yn fergelyk mei in tal jierren lyn, is dat ik no thús ynlogge kin. Gong ik eartiids alle wiken woansdeitemiddeis nei de Omrop om boppesteande mutaasjes te ferwurkjen yn it program, no kin ik dat thús dwaan efter myn eigen laptop, en op de tiid dy't my it bêste útkomt. Sa kin it wêze dat jim wolris in mailtsje krije op in sneon of in trochdewykse jûn. In neidiel is wol dat ik troch dizze wurkwize folle minder kontakt ha mei de meiwurkers fan de Omrop.

JierfergaderingYn maart of april wurdt de jierlikse ledegearkomste hâlden. Myn taak, tegearre mei in (oar) bestjoerslid, is om alle saken te regeljen sa as: lûd, opstelling kantine, katering, befeiliging, BHV, blommen, oanwêzichheidslist ensfh... Foarôfgeand oan de fergadering is der foar de leden in kop kofje en in bôlemiel mei sop en in broadsje kroket. Foar in protte minsken it hichtepunt fan de fergadering. Nei dit alles folget it offisjele part fan de jûn. De leden moatte harren opjaan fia de tillefoan, in formulier of de mail. Dit alles wurdt wer ferwurke yn Davilex.

BoatreiskeIn jierliks weromkommend fenomeen is ús boatreiske. De lêste jierren geane hieltyd mear Freonen mei. Yn 't foar moat hiel wat regele en ôfsprutsen wurde mei ferskate belutsenen. Dêrnei komt de oankundiging yn Each & Ear,

wêrnei't de opjeften fia de post en de mail binnenstreame. Ek de betellings moatte ferwurke wurde. Al mei al in hiele klus. Mar it jout in protte foldwaning as nei ôfrin fan it reiske mailtsjes ûntfongen wurde wêryn't Freonen oanjouwe dat se in prachtige dei hân hawwe.

EACH & EAR en de NIJSBRIEFTwa kear yn ‘t jier Each & Ear en ien kear de Nijsbrief. Ear‘t E & E by jim op ‘e matte leit of yn de mailboks ferskynt, is der al in adresselist nei FRL ferstjoerd. Sa gau't E & E troch Caparis printe is, wurdt hy yn in mailing stjoerd nei de leden dy't oanjûn ha dat se it blêd net fia de post ûntfange wolle. As alles ferstjoerd is komme der faak in protte mutaasjes. We kinne net altyd efterhelje wat it nije adres is, as we in E & E werom krije mei de meidieling: ferhuze! Ek dit wurdt allegear ferwurke yn Davilex .

KrystpuzelAlle oplossings wurde soarchfâldich bewarre. De oplossings fia de mail wurde apart opslein. De prizen wurde lutsen út sawol de post as de mail. Wy soargje der ek foar dat de winners de priis tastjoerd krije.

BestjoerslidSûnt april 2019 bin ik bestjoerslid wurden. De linen binne op dizze wize folle koarter. Ik kin no streekrjocht mei de rest fan it bestjoer kommunisearje, sûnder tuskenpersoan. De taken dy't ik hie as frijwilliger binne no ek myn taak as bestjoerslid. Jim ha no ek in yndruk krigen wat de foarnaamste taken fan dizze eardere frijwilliger binne. Graach oant sjen by wat foar aktiviteit dan ek.

6

EACH & EAR

Page 7: Utjefte fan de feriening freonen fan omrop fryslân...Oankommend jier bestiet Omrop Fryslân 75 jier. As bestjoer fan de Freonen binne we hiel benijd wat der ús oan feestlikheden

Gea Bouma – v.d. Zee

"Grutsk dat ik meibouwe kin oan de ambysjes fan de Omrop.” Mei dy wurden waard begjin oktober bekend dat Ingrid Spijkers (49) út Ljouwert fan 1 desimber ôf de nije haadredakteur fan Omrop Fryslân wurdt. Sy nimt 25 jier oan ûnderfining op it mêd fan sjoernalistyk, kommunikaasje en ûndernimmen mei. Wy sochten har op om alfêst yn de kunde te kommen.

Yn de kunde komme mei:Ingrid Spijkers

Ingrid Spijkers is hikke en tein op de Noard-Brabânske klaai yn it festingstedsje Willemstad. In plakje tsien minuten fan Noard Hollân, in healoere fan it strân fan Seelân en trije kertier fan it sintrum fan Antwerpen. De leafde foar de sjoernalisyk siet der al betiid yn. De leafde foar Fryslân kaam der by doe’t se Gerrit Hofstra tsjin it liif rûn.

“Gerrit en ik studearren beide oan de skoalle foar sjoernalistyk yn Tilburg doe’t we in relaasje krigen. Doe’t hy oan it wurk koe by Omrop Fryslân bin ik mei him meigien. Doe’t de Omrop yn 1994 begûn mei telefyzje koe ik der as freelancer oan de slach. Earst as nijsferslachjouwer en letter by it ûntwikkeljen en produsearjen fan programma’s.

Dat earste jier by de Omrop wie fantastysk”, ferfolget Spijkers. "Binnen in jier koe ik alle doarpen by namme, hie ik oeral west, wist

ik oeral it paad en hie ik mysels it Frysk eigen makke. Ynhâldlik heuge my de grutte saken yn dy earste jierren: Meindert Tjoelker, Marianne Vaatstra. Dy diversiteit yn it sjoernalistike wurk hat my altyd oansprutsen.”

Wat triggerde dy om yn de sjoernalisyk oan it wurk te gean?“Ik kom út de generaasje wêryn’t it 8-oeresjoernaal hillich wie en we de krante fan foar nei achteren liezen. It like my machtich moai om as der dan wat barde yn de wrâld, datst dêr dan by wiest. Ik wie in hiel maatskipilik belutsen famke en nijsgjirrich nei hoe’t de wrâld yn mekoar stuts. Skiednis, ierdrykskunde en ekonomy wienen myn favorite fakken.”

Neist Omrop Fryslân hat Ingrid Spijkers wurke foar ferskate oare media, sa as it ANP, kranten en fakblêden. Se is ien fan de

oprjochters fan Wij van PS, earder PS Produkties. De lêste jierren wurke sy as selsstannige foar ferskate opdrachtjouwers en (multymediale) projekten yn Fryslân. “Takom jier wurd ik 50, miskien is it wol dêrom dat dizze simmer de fraach by mysels begûn te spyljen ‘wat wol ik dan noch?’ Myn konklúzje wie dat ik werom woe nei de sjoernalistyk, om’t dat is wat my altyd dreaun hat. En doe kaam dy fakatuere fan haadredakteur by Omrop Fryslân yn byld.”

Hoe hast dy taret op dy funksje?“Ik haw besocht de Omrop like objektyf te folgjen as ik al die. Uteinlik bin ik sels ek ien fan de harkers, sjoggers en brûkers fan sosjale media dêr’t it publyk fan de Omrop út bestiet. Ik haw besocht mei de eagen en earen te sjen en te harkjen fan dy minsken dêr’t ik aanst foar oan it wurk gean.”

Lês it ferfolch op side 12.

7

Page 8: Utjefte fan de feriening freonen fan omrop fryslân...Oankommend jier bestiet Omrop Fryslân 75 jier. As bestjoer fan de Freonen binne we hiel benijd wat der ús oan feestlikheden

In resept fan Sietske PoepjesSietske Poepjes is ien fan de fiif deputearren fan de Provinsje Fryslân, mar we kenne har ék fan de lekkere resepten dy’t se alle sneontemiddeis mei de harkers fan 'Sneon yn Fryslân' op radio dielt. Foar Each & Ear dûkte se in kear ekstra de keuken yn, en makke in lekker Sinteklazeresept foar ús. Meitsje jo dit resept ynkoarten sels? Stjoer dan in foto nei [email protected]. Dan kinne we meigenietsje fan al dat lekkers!

Ien fan de moaiste tiden fan it jier is de Sinteklazetiid. Alles is al lekker tsjuster en yn hûs wurkje ljochtsjes hiel goed. Waarme appeltaart is lekker mar eigenmakke spekulaaskoekjes binne ek toppers: hiel ienfâldich om te meitsjen en in pakje koekjes út de winkel kin hjir net tsjinop. Spekulaaskrûden binne typysk Nederlânsk al binne se yn België ek net ûnbekend. Jo kinne de krûden faak yn de supermerk keapje, mar sels minge kin ek. Kaniel, koriandersied, anyssied, nútmuskaat, swarte piper, sinaasappelskyl en kardemom binne de yngrediïnten.

Twa jier tebek hie ik in moai plaatsje sjoen fan spekulaas op it ynternet. Ik kaam, nei flink googeljen, derefter dat de foarmkes yn Amearika te keap wienen. In frou út Michigan makke dizze foarmkes sels. Ik ha har maild en twa besteld: in seemearmin (út it Wapen fan Makkum) en in ikeblêd. De ynfierrjochten en de post wienen djoerder as de foarmkes, mar it wie it mear as wurdich. Jo kinne sels, by gebrek oan foarmkes, hiel goed in glês brûke om de koekjes út te stekken.

Yngrediïnten

15 ml molke 100 gram sûker150 gram blom75 gram bûter1 teeleppel bakpoeier75 gram brune bastertsûker 5 gram spekulaaskrûdenbytsje nútmuskaatbytsje krûdnagelpoeier

Ferwaarmje de ûne op 175 graden. Pak in stik bakpapier en in bakplaat.

Ferwaarmje de molke en lit de gewoane sûker deryn oplosse. Ming yn in oare kom de blom, sûker, bûter, krûden en it bakpoeier en meitsje in kûltsje. Jit de swiete molke hjiryn en meitsje der daai fan. Lit 15 min. opstiivje yn de kuolkast.Rôlje út en stek der koekjes fan. Bak yn 15 min. ôf yn de ûne. Ear't de spekulaaskoekjes iten wurde in bytsje ôfkuolje litte.

8

EACH & EAR

Page 9: Utjefte fan de feriening freonen fan omrop fryslân...Oankommend jier bestiet Omrop Fryslân 75 jier. As bestjoer fan de Freonen binne we hiel benijd wat der ús oan feestlikheden

At je wat skrive foor ’t ledeblâd fan de Freonen fan Omrop Fryslân (OF) dan mot ’t al gaan over wat d’r op de radio en tillefizy bij OF gebeurt, fyn ik. Jawis, je kinne ’n heel ferhaal skrive over die halfwize kat die’t fan’t seumer in de moter fan de auto fan de buren kropen is en helendal met na Frankryk reden is en der nou ’n heel nij leven begonnen is. Maar soa’n ferhaal sou fast in ‘Hjoed’ kommen weze. Dus at ik dut ferhaal opskrive sou, dan sou ik met ’t sout komme at ’t aai op is.

Maar wer kinne je ’t dan al over hewwe? Wat my opfâlt an wat d’r op tillefizy of radio is? Kin. Maar Bildts gaat nag even foor.

Bildts dus in ’t Frystalige ledeblâd. Dat fâlt al op, dink ik soa. Maar, bedink ik my krekt, werke d’r ok Bilkerts of goents die’t Bildtse roets hewwe bij OF? En drekt kin ik antwoord op die fraag geve. Geert van Tuinen fansels. Hij is ’n geboren en getogen Bilkert. Ok Roelof Lousma het Bildtse roets, neffens mij.

Wie’t dat ok het, is Janko Krist. Janko is in St.-Anne opgroeid en sit nou in ’t ‘groate’ Hilversum bij ’t programma ‘Man bijt hond’. Maar ik mis him al bij ‘Hea’, hoor. Niet om die ândere metwerkers fan ‘Hea’, want die doen ’t ok arig, maar Janko waar dochs de, hoe sil ik ’t sêge… gewoan de bêste. Op ’e goeie mominten wat sêge dat op dat stoit ok said worre most. Hele goeie timing. Ok kin hij de mînsen wat kietele; wat oproie in postive sin. Janko weet bij mij altiten ’n glimlach tefoorskyn te krijen. Nou geniet ik fan syn reportazys bij ‘Man bijt hond’. Janko, astou dut leest, wilstou dan nag even ’n poster fan dysels opsture? Dan komt die in de slaapkamer te hangen. Krekt as met ’n bekinde foetbâler froeger…

Ant kikens,Jan de Groot

JankoIn Bildtske kollum fan Jan de Groot

9

Page 10: Utjefte fan de feriening freonen fan omrop fryslân...Oankommend jier bestiet Omrop Fryslân 75 jier. As bestjoer fan de Freonen binne we hiel benijd wat der ús oan feestlikheden

Freonen om utensWe hawwe der binnen de Freonen inkelde tsientallen fan: Freonen dy’t fierderop yn Hollân wenje, Freonen om utens eins. Wêrom binne se freon? En wêrom wenje se net mear yn Fryslân? Se fertelle it sels.

Hylke Beerstra en de Omrop

Feankleaster is de namme fan it prachtige brinkdoarp yn Fryslân dêr't ik yn 1946 berne bin. Pake Durk wenne neist ús en hie in ynstallaasjebedriuw. Heit Louw wurke bij him yn de saak en tegearre ha sy yn 1932 in Radiosintrale oprjochte. Dat waard ek wol radiodistribúsje of triedomrop neamd. Dêr waarden de programma’s fan de lanlike omroppen op trochjûn. Yn 1946 gongen de radiosintrales oer nei de PTT en fan dat jier ôf koe men ek Frysktalige programma’s fia de triedomrop belústerje. Yn 1957 ferhuzen wy nei Frjentsjer om’t ús heit oerpleatst waard. 

Ik hie fan hûs út dus altyd al wat mei radioútstjoerings te meitsjen en lústere der in protte nei. Yn de

ulo-tiid kaam der wat muzyk by en letter op de uts de technyk. De tiid fan sels lûdfersterkers bouwe bruts oan. Ik krige kontakt mei muzykgroepkes en fersoarge al gau de lûdstechnyk foar harren. Dat wie yn de rûzige jierren sechstich. Yn de lûdstechnyk woe ik wol fierder gean en ik sollisitearre by de NTS/NOS. It resultaat wie dat ik op 1 oktober 1969 by it opliedingssintrum fan de omrop binnenstapte - Studio Santbergen yn Hilversum - om oplaat te wurden ta lûdstechnikus bij de telefyzje. Ik waard dêr opwachte troch direkteur Simon Strijkstra fan it opliedingssintrum, Fries om utens. Hij sei tsjin mij: "Kinst aanst mooglik wol yn it Noarden oan de slach." Mar it befoel mij tige yn it Gooi en ik taalde der net nei om fuort te gean. Simon gie wol. Hij waard yn 1977 de earste direkteur fan doe noch Radio Fryslân! 

Ik hie it geweldich nei it sin en wurke oan tal fan telefyzjeprogramma’s mei: in protte muzyk, sa as yn 1973 it earste live popprogramma foar de telefyzje Popgala mei The Who, The Eagles, Slade, Roxy Music en noch wat fan dat spul. Wat letter CountDown en de Rocknachten fan Veronica; dêrnei praatprogramma’s, shows, klassike en koarmuzyk en op sneintemoarn Reiziger in Muziek. Mar ek Dagboek van een Herdershond, de Gouden Swipe, de lêste trije alvestêdetochten en meardere útstjoerings fanút de tsjerke fan de Friezen yn Rome. Ik fermakke my wol. Neist dat wurk krige ik fan 1990 ôf ek de koördinaasje fan de ôfdeling lûd telefyzje derby. Dus mear personielswurk. Ek dy jas paste my wol.

Doe’t de kabeltelefyzje yn Hilversum kaam, koe ik ek nei Omrop Fryslân harkje en sjen. Dat wie noflik thúskommen en ik waard lid fan de Freonen. Nei myn pensjonearring yn 2010 krige ik tiid foar bestjoerswurk by it pensjoenfûns en de syktekostefersekering fan de omrop en noch wat oare organen, sa as de klachtekommisje fan it MCO. Fan dat wurk learde ik wer oare, nije dingen. 

De bân mei Fryslân en Frjentsjer wie en is sterk, ik kaam der wat faker en waard lid fan it Franeker Film Argyf en fan âldheidkundige ferienigingen. Foar dat argyf meitsje ik sa no en dan filmkes. Yn 2018 wie der in oprop foar in sit yn de Lederie/Klankboerdgroep fan de Freonen. Dat like my wol wat om’t ik wat ûnderfining hie en ik kaam deryn te sitten. Moai wurk mei in gesellige groep minsken! 

No wie it op 1 oktober 50 jier lyn dat ik by de NOS yn tsjinst kaam en doe't wy op moandei 30 septimber wer in gearkomste fan dizze groep hienen, koe ik sizze: "Moarn is it 50 jier lyn dat ik by de NOS yn tsjinst kaam en hat Simon Strijkstra dochs noch syn sin krige: ik sit by Omrop Fryslân!"

10

EACH & EAR

Page 11: Utjefte fan de feriening freonen fan omrop fryslân...Oankommend jier bestiet Omrop Fryslân 75 jier. As bestjoer fan de Freonen binne we hiel benijd wat der ús oan feestlikheden

“Hasto nea werom wollen?”It ferhaal fan freon om utens: Afke Bergstra

Dat ik út Fryslân weigien bin kaam troch myn wurk. Begjin jierren fyftich wurke ik as learlingassistinte yn de biblioteek fan Snits. Nei’t ik myn diploma helle hie waard ik te djoer foar Snits en sollisitearre ik nei in plak yn de biblioteek fan Ljouwert. Dêr krige ik it behear oer de jeugdbiblioteek. Ien kear yn ‘e moanne reizge ik nei Meppel om dêr mei kollega’s út de omkriten nije berneboeken te besprekken. Dêr kaam dan ek altyd in fertsjintwurdichster fan it Bureau Boek en Jeugd yn De Haach. Dy frege my op in kear oft ik de spesjale oplieding ta jeugdbibliotekaris net dwaan woe. Dy siet yn Amsterdam, dat dan soe ik nei Hollân ferhúzje moatte. Dat like my wol wat ta, en omdat ik it yn de Ljouwerter biblioteek net hielendal nei myn sin hie, bin ik doe nei Haarlim gien. As ik tasei dat ik seker twa jier yn de Gemeentebiblioteek wurkjen bliuwe soe, koe ik de kursusdei (ien kear wyks yn Amsterdam) frij krije. No, ik hie it dêr sa nei’t sin dat ik ha der wol tsien jier sitten. It wie yn de tiid dat de ‘Kinder-boekenweek’ ûntstie en dat der in Annie M.G. Schmidt en in Diet Huber wienen en noch folle mear skriuwers fan moaie berneboeken. Op it Bureau Boek en Jeugd waarden tema’s betocht mei prachtige programma’s dêromhinne dy’t dan yn de jeugdbiblioteken útfierd waarden. Op in kear sei myn sjeffin: “Afke, do kinst wol wat mear oan, yn in gruttere biblioteek mei mear filialen.” Ik haw dêr doe oer neitocht en sa bedarre ik earst yn De Haach om de saneamde direkteurskursus te folgjen, en dêrnei yn Utert, dêr’t ik ek tsien jier wurke haw yn de Gemeentebiblioteek, as haad fan it jeugdbiblioteekwurk. Utert is in gesellige stêd, ik wenne dêr mei nocht yn de binnenstêd. Yn Haarlim hie ik lid west fan de Fryske Krite, mar wie der net echt aktyf yn. Ik wie net sa bewust mei it Frysk-wêzen dwaande, mar gong wol nei de toanieljûnen. Ik hie mear each foar folksdûnsjen. Yn Utert ha’k net iens lid west fan de Fryske

Krite, dêr hie ik doe op myn manier gjin tiid foar. Mar ik woe ynienen al Frysk skriuwen leare, want ik fûn it te gek dat ik dat net koe. Ik haw doe in skriftlike kursus by Beintema folge en dêrmei it A-diploma helle. Yn Utert moete ik ek myn man, mar spitigernôch stoar dy frij gau nei ús trouwen, dat doe woe ik wol wer wat oars.

By it earder neamde Bureau Boek en Jeugd wie doe krekt in fakatuere ûntstien dêr’t ik wol yn paste. Ik haw dêr û.o. yn de redaksje fan de berneboekegids ‘Boek en Jeugd’ sitten (mei spesifyk de soarch foar de rubryk Fryske berneboeken). Ik bin dêrta yn 1975 yn Voorburg kaam te wenjen en doe pas haw ik my mear yn it Frysk-wêzen bejûn. Ik siet al gau yn it bestjoer fan de Fryske Krite fan De Haach en waard einredakteur fan it moannebledsje ‘Rjucht en Sljucht’. Dat wie moai wurk, dat ik dan ek wol tweintich jier dien haw. Boppedat haw ik in sit yn it bestjoer fan It Frysk Boun om Utens hân dêr’t ik meiwurke oan de organisaasje fan kaderwykeinen.

Boppe dit stikje stiet: hasto nea werom wollen? No, ik haw ien kear yn bestân stien. Dat wie yn 1965 doe’t ik de direkteurskursus dien hie. Doe haw ik nei it plak fan haad fan de Snitser biblioteek sollisitearre, mar tagelyk ek nei dat fan haad fan it jeugdbiblioteekwurk yn Utert. Dat lêste is it wurden omdat ik oant dan altyd yn dat spesjalistyske ûnderdiel sitten hie en it my foar mysels better talike dêr mei troch te gean. De bining mei Fryslân haw ik altyd hâlden, it wie hielendal net sa dat ik dêr wei woe, mar ik seach gewoan nije perspektiven yn myn wurk.

Yn Haarlim hie ik in Fryske hospita en ik fûn it in pree dat ik alle dagen Frysk prate koe. Ik kom út in grut gesin en gong ek geregeld ‘nei hûs’. En foaral nei myn pensjoen besocht en besykje ik alle jierdeis fan bruorren en susters. Yn Simmer 2000 haw ik trije wike by myn suster útfanhûs west en tsjin myn kollega’s sei ik: “Ik sil altyd fatsoenlik frij freegje, mar mei alvestêdetochten nim ik gewoan frij.” Ik bin Freon fan Omrop Fryslân wurden doe’t de feriening in diske

hie op in Friezedei fan It Frysk Boun. Ik hie de ferhalen heard oer de bûtengewoane rol dy’t Omrop Fryslân yn de sniewinter fan 1979 spile hie, as in wiere freon yn need. Sa’n feriening, fûn ik, fertsjinne ek myn stipe. Ik hâld ek fan Omrop Fryslân fanwege de prachtige programma’s dy’t ik yn it wykein folgje op NPO 2, dy taaste my soms yn ’t moed.

Ik soe wolris wat faker mei de Freonen op stap wolle, mar ik sit der wat te fier fanôf en bin ôfhinklik fan iepenbier ferfier, mar ik haw in kear meiwest de Lauwersmar op, in prachtige dei. En wat ús taal oangiet, dy sit sa djip yn my dat as ik skrik, dat ik dan daliks yn ’t Frysk oerskeakelje. Dan hearre se my hjir yn Hollân razen fan: “Oe mem?” (as der in jiskebakje yn ‘e brân fljocht), “Gean wei kat” (as de biblioteekkat op myn skoat springt wylst ik oan it tillefonearjen bin), “Tink der om fanke” (as sy hast ûnder myn fyts rekket). Lêstendeis hearde ik in frommeske tsjin har kammeraatske sizzen: “Iedereen heeft wel eens een ‘minne’ dag.” Ik frege har fuort oft sy in Friezin wie, ja fansels, sy moast laitsje, it wie harsels net opfallen. Dat is my ek wolris oerkommen: myn suster wie by my útfanhûs, wy stapten pratendewei yn ‘e bus en lieten ús strippekaarten ôfstimpelje. Doe’t wy sitten giene sei Tryntsje: “Ik sei tsjin de sjauffeur “twee strippen alstublieft”, doe sei hy: “ek twa”. “No”, sei ik, “dan haw ik it fêst yn ’t Frysk frege en is ús sjauffeur tink ek in Fries”. Wat ik ek gewaarwurden bin is dat ik my yn Fryslân altyd sa feilich fiel, dat hat in âld-kollega fan my ek, sei se. Oan ‘e ein wol ik noch kwyt dat ien fan myn leafste Fryske ferskes dat fan Tetman de Vries “Wêr sjogg’ jo sa’n romte” is. Want romte en wetter, dat is ek foaral Fryslân.

11

Page 12: Utjefte fan de feriening freonen fan omrop fryslân...Oankommend jier bestiet Omrop Fryslân 75 jier. As bestjoer fan de Freonen binne we hiel benijd wat der ús oan feestlikheden

Hoe sjochst tsjin dysels as haadredakteur oan?"Omrop Fryslân is in prachtich bedriuw. Ut de nije koers dêr't de Omrop mei dwaande is, sprekt ambysje. Omrop Fryslân wol in aktive rol spylje yn ûnderwerpen dy't Friezen reitsje. Dêrby in ferbinende faktor wêze en ferdjipping bringe yn de ûnderwerpen. De Omrop wol

dêryn foarop rinne. Ik hoopje echt fan herte dêroan bydrage te kinnen. Net troch te fertellen hoe’t it moat - want de minsken hjir fersteane harren fak goed genôch - mar wol troch der te wêzen en de nije koers hannen en fuotten te jaan.”

Ingrid Spijkers wennet mei Gerrit Hofstra oan de râne fan Ljouwert,

“tusken de drokte fan de stêd en de rêst fan de natuer, krekt wat ik noadich haw.” Tegearre hawwe se twa dochters, Lotte fan 20 en Elke fan 17. Yn har frije tiid mei Ingrid graach kuierje, fytse, film sjen én hat se mei Gerrit in seizoenkaart by Cambuur. Se fytste ien kear de Alvestêdetocht en rûn trije kear de Slachtemaraton.

Ferfolch fan side 7

12

EACH & EAR

Joadske bern yn FryslânHûnderten Joadske bern sieten yn de Twadde Wrâldoarloch ûnderdûkt by famyljes op it Fryske plattelân. Bin-nen harren Fryske pleechfamylje oerlibben se de oarloch. It projekt ‘De terugkeer van de Joodse kinde-ren’ besiket dy bern werom te bringen nei Fryslân yn maaie 2020, by it betinken fan 75 jier befrijing.It is in projekt fan Stichting De Verha-len, yn oparbeidzjen mei de Fryske regionale media. Omrop Fryslân bringt reportaazjes oer de speurtocht nei de Joadske bern, en yn de Ljou-werter Krante en it Friesch Dagblad kinne jo de ferhalen lêze. Mar dat net allinnich, jo wurde ek frege mei te helpen de ferhalen boppe wetter te krijen. Op de webside www.jood-sekinderen.nl wurde alle ferhalen byinoar brocht.

AmsterdamDe measte Joadske bern dy’t yn Fryslân ûnderdûkt sieten, binne hjir-hinne smokkele út Amsterdam. Studinten út Utrecht en Amsterdam kamen yn ferset tsjin de besetter. It slagge de studinten om Joadske bern by har âlden wei te heljen, soms noch foardat se oppakt waarden. De bern krigen ûnderdak by pleechfamy-ljes yn it suden of easten fan it lân, mar ek yn Fryslân. Yn it jier 1943, doe’t de measte Joaden oppakt wiene, binne der inkelde hûnderten bern nei Fryslân brocht.

SmokkelrûteDe Dútsers hiene de Joaden nei raz-zia’s byinoar dreaun yn de Hollandse Schouwburg oan de Plantage Mid-denlaan. It doel wie om de minsken op de trein nei Westerbork te setten en dêrwei fierder nei de konsintraas-jekampen. De bern fan dizze minsken

sieten net yn de skouboarch, dy wiene ûnderbrocht yn de kresj oan ‘e oare kant fan de dyk. Studintes smokkelen de bern fuort. Dat wie in riskante ûndernimming. De Plantage Middenlaan wie in drokke dyk mei in trambaan. De studintes hellen de bern út de kresj en stapten op de tram, op it momint dat der twa trams lânskamen. Sa bleaune se út sicht fan de Dútsers dy’t op wacht stiene by de skou-boarch. Der wiene in pear rûtes nei it noarden: mei de boat fia Enkhuzen nei Starum, oer it spoar fia Utrecht en Zwolle. Mar de feilichste rûte wie nei De Lemmer. Mei de fearboat ‘Jan Nieveen’ gongen de measte Joadske bern, op de earm fan in medisyn-studinte, de Iselmar oer. Yn Fryslân soargen tuskenpersoanen (faak fan de tsjerken) foar in pleechfamylje foar it berntsje.

SpeurtochtInisjatyfnimmer Gerard van der Veer fan ‘De terugkeer van de Joodse kinderen’ wol de Joadske bern byinoar bringe yn Fryslân, begjin maaie takom jier. Dan is it 75 jier

ferlyn dat Nederlân befrijd waard. As se noch libje, sille se no tusken de 77 en 90 jier wêze. Nei skatting libje der noch 70 fan de 210 bern dy’t doe op it Fryske plattelân ûnderdûkt sieten. In protte Joadske bern binne letter ferhuze, yn guon gefallen emigrearre nei Israël of Amearika. It sil net maklik wurde om alle bern op te spoaren, want der is gjin list mei nammen. Boppedat binne net alle nammen bekend. Mar mei help fan de Fryske befolking moat it mooglik wêze om in protte minsken en ferha-len te finen.

Teaterfoarstelling en Fryslân DOKDer komt ek noch in teaterfoarstel-ling: ‘Smokkelbern’, oer it libben fan Lea Tropp, ien fan de Joadske bern dy’t yn Fryslân opfongen is. Der sil in fototentoanstelling makke wurde en foar Omrop Fryslân makket Gerard van der Veer in oantal dokumintêres foar Fryslân DOK oer de Joadske bern. Van der Veer hat yn 2017 in oare searje makke foar Fryslân DOK: ‘Underdûkt yn Fryslân’. Op dizze webside binne dy films ek te sjen: https://ondergedokeninfryslan.nl/

Lea Tropp, har broerke Izak en nichtsje Basja

Page 13: Utjefte fan de feriening freonen fan omrop fryslân...Oankommend jier bestiet Omrop Fryslân 75 jier. As bestjoer fan de Freonen binne we hiel benijd wat der ús oan feestlikheden

Ik bin PRO: de freugde en it fertriet fan it PRO

It soe in einstasjon wêze, ‘in skoalle foar min learende bern dy’t gjin kâns meitsje op in diploma en wurk’. Oer it praktykûnderwiis en syn learlingen besteane in soad foaroardielen. Mei

as gefolch dat in protte bern har skamje foar harren nivo en skoalle. De ekonomy bloeit op en de fraach om fakminsken yn de soarch, bou en hoareka is grut. Dochs hawwe in soad bern muoite om passend wurk te finen en hawwe se lêst fan in leech selsbyld.

Yn Fryslân geane sa’n 1500 bern nei

it praktykûnderwiis. It ûnderwiis foar learlingen mei in IQ tusken de 55 en 80 en in learefterstân fan minimaal 3 jier.

Yn ‘Ik bin PRO’ rint presintator Raynaud Ritsma hast in jier lang mei op trije Fryske praktykskoallen om ris efter it stigma fan ‘domme bern sûnder takomstperspektyf’ te sjen. In ferhaal dat ek as spegel tsjinnet foar ús ûnderwiissysteem en de prestaasjemaatskippij dêr’t wy yn libje. PRO Dokkum, De Diken yn Snits en Sevenwolden Compagnie op it Hearrenfean steane sintraal yn dit nije programma fan Omrop Fryslân.

De freugde en it fertriet fan it PRO is fan jannewaris ôf te sjen by Omrop Fryslân yn ‘Ik bin PRO’.

Rein Tolsma, Klaas Wieling, Gryt van Duinen - sniewinter 1979 Waarman Hans de Jong

Oprop: 75 jier OmropIt wie yn augustus 1945, de oarloch wie noch mar krekt foarby, dat de earste Fryske wurden fia de radiodistribúsje fan it Militair Gezag te hearren wienen. Alle wiken in healoerke radio yn de Fryske taal, mei nijs út de regio en muzyk fan Glenn Miller. Omrop Fryslân bestiet takom jier dus 75 jier, en dat jubileum fiere we ûnder oare mei in tentoanstelling yn OBE fan septimber 2020 ôf. Dêrfoar wolle we graach witte: wat binne jo Omropoantinkens? Hokker programma, fragmint of persoan soene jo graach nochris weromhearre of -sjen wolle? En wêrom is dat foar jo sa bysûnder? Miskien hawwe jo op souder noch wol âld guod fan de RONO of moaie foto’s fan Radio Fryslân en har meiwurkers. Dan binne we dêr ek hiel wiis mei. Stjoer ús in mailtsje op [email protected] en wa wit komt jo oantinken of guod werom yn de tentoanstelling of ien fan de oare jubileumaktiviteiten

13

Page 14: Utjefte fan de feriening freonen fan omrop fryslân...Oankommend jier bestiet Omrop Fryslân 75 jier. As bestjoer fan de Freonen binne we hiel benijd wat der ús oan feestlikheden

De Fryske Top 100:selde idee - nij jaske

Op âldjiersdei stjoert Omrop Fryslân al mear as 20 jier de Fryske Top 100 út. Ek dit jier dogge we dat. It konsept bliuwt itselde, mar de útfiering wurdt hielendal oars. Op de lêste dei fan it jier hearre jo al fan 6.00 oere moarns ôf de 100 moaiste Fryske platen, keazen troch it publyk. Mar we wolle ek witte hoe’t Fryslân it jier ôfslút. En dus binne ús ferslachjouwers op 'en paad yn de provinsje en nûgje we gasten út yn ús mediakafee om nochris werom te sjen op 2019. Fryske artysten komme by de Omrop te spyljen en ek publyk is fan herte wolkom om del te kommen. In muzikaal, sfearfol âldjiersprogramma dus. Fan 6 oere moarns oant 18.00 oere jûns op radio en telefyzje. Mis it net! Wat is jo nûmer 1?Wolle jo de Cliffs of Moher fan Gurbe Douwstra wer op nûmer 1? Geane jo foar Fûgels fan Die Twa? Of fûnen jo it ferline jier dochs wol ferfrissend dat der ris hiel wat nijs boppe-oan de list kaam te stean? Jó hawwe ynfloed op de gearstalling fan de list. Want by it ynfoljen fan in top 5, krijt de nûmer 1 mear punten as de nûmers dêrnei. Dus ha jo in útsprutsen favoryt, set dy dan boppe-oan jo listje. Stimme kin op www.frysketop100.nl. Belje om jo top 5 troch te jaan kin útslutend op 26 desimber. Wa wit krije jo dan wol in Bekende Fries oan de tillefoan!

Rûnlieding by Omrop FryslânKom by Omrop Fryslân op ekskurzje! Dan krije jo de gelegenheid om efter de skermen te sjen by dit mediabedriuw. Fêste ekskurzjemominten binne tiisdeis, woansdeis, tongersdeis (tusken 13.30 en 15.30 oere) en op freedtemiddei is it ek mooglik om yn kombinaasje mei in rûnlieding in

besite te bringen oan de Noardewyn live studio (13.30 oant 16.00 oere). De ekskurzjegroepen moatte minimaal 10 en maksimaal 25 persoanen grut wêze. De kosten binne € 7,50 de man/frou. In ekskurzje duorret sa’n twa oeren dêr’t jo alles yn te witten komme oer de Omrop fia in presintaasje en

in rûnlieding troch it gebou. Tip: bestel in stikje oranjekoeke by de ekskurzje. Hjir rekkenje wy € 1,50 it stik foar.

Hawwe jo belangstelling, folje dan it oanmeldingsformulier yn op www.omropfryslan.nl/runlieding, jo krije dan sa gau mooglik in befêstiging. De rekken wurdt nei ôfrin fan de ekskurzje stjoerd nei it adres dat wy fan jo krigen hawwe.

14

EACH & EAR

Page 15: Utjefte fan de feriening freonen fan omrop fryslân...Oankommend jier bestiet Omrop Fryslân 75 jier. As bestjoer fan de Freonen binne we hiel benijd wat der ús oan feestlikheden

Banketletter Miter

Befrijd Omrop Fryslân

Bêste Pakjes

Bestjoer Pakjesboat

Desimber Pipernut

Ekskurzje Roe

Ferlanglist Rymje

Ferske Sietske Poepjes

Freon om utens Sinteklaas

Frijwilligers Skoarstien

Fryske muzyk Skoech

Haadredakteur Stêf

Hynder Sûkeladeletter

Ingrid Spijkers Winter

Kade

Kado

Klankboerdgroep

Lapke

Lêzen

Mandefjild

FREONEPUZEL 2019

Dizze puzel is makke troch Vera StilmaDer hoege gjin kapkes en streekjes oanjûn te wurden yn de wurden dy’t jo trochstreekje.As jo alle wurden trochstreke hawwe, bliuwt der in tal letters oer dêr’t de oplossing yn beskûle sit. Dy kinne jo fia in brievekaart foar 7 jannewaris o.s. stjoere nei:Feriening Freonen fan Omrop Fryslân - Oplossing puzel - Postbus 7600, 8903 JP LJOUWERT.In mail stjoere kin ek: [email protected]

Under de goede ynstjoeringen ferlotsje wy ek dizze kear wer fjouwer moaie prizen:

• Twa kaarten, oanbean troch DE LAWEI yn Drachten foar de foarstelling Wild Land fan Akkers en Velden op freed 28 febrewaris 2020.

• It boek Friesland Vandaag, skreaun troch Hans Koppen - oanbean troch de AFUK yn Ljouwert

• In teaterbon mei in wearde fan € 25,- te besteegjen nei eigen kar - oanbean troch TRYATER yn Ljouwert

• In flesse Sjirurch bearenburch, oanbean troch PITER WILKENS en Weduwe Joustra

Oplossing: ...................................................

15

Page 16: Utjefte fan de feriening freonen fan omrop fryslân...Oankommend jier bestiet Omrop Fryslân 75 jier. As bestjoer fan de Freonen binne we hiel benijd wat der ús oan feestlikheden

Caparis Grafi sch Centrum

ONGEKEND VEELZIJDIG

Caparis Grafi sch Centrum

produceert een breed scala

aan drukwerk voor een

grote verscheidenheid aan

opdrachtgevers.

Wij bieden een totaalpakket: ontwerp, dtp,

drukwerk, afwerking en bezorging. Dat doen we

turn key en binnen de afgesproken termijn.

Behalve grafi sche know how hebben we ook

kennis van opslag, logistiek en mailingservice.

CAPARIS Grafisch CentrumJagtlustweg 28444 AV HeerenveenPostbus 3008440 AH Heerenveen

T (0513) 62 43 33F (0513) 62 70 41E [email protected] www.caparis.nl

CAPARIS GRAFISCH CENTRUM

MACHTIGINGSKAARTfoar besteande Freon foar AUTOMATYSKE YNKASSO m.y.f. jannewaris 2020.

Lidnûmer ........................................................................ (SJOCH ADRESSTIKKER)

Each & Ear per post of per mail

Hjirby jou ik tastimming oan de Feriening Freonen fan Omrop Fryslân om jierliks in bedrach fan € ....................................

(minimaal € 9,00) ôf te skriuwen fan bankrekkennûmer: NL......................................................................................................................................

foar it lidmaatskip fan de Freonen. 

Namme: ............................................................................................................................................................................................................................................. man/frou

Adres: ..........................................................................................................................................................................................................................................................................

Postkoade: ........................................................................ Wenplak: ...............................................................................................................................................................

Bertedatum: .................... - .................... - .......................................... Telefoan ......................................................................................................................................

E-mail: ..........................................................................................................................................................................................................................................................................

Datum: .................... - .................... - ........................................

Hantekening: .................................................................................................................................................................................................................................................

16

EACH & EAR