Utjefte fan de “Feriening Freonen fan Omrop Fryslân“ · 2015. 4. 1. · ‘Powergold’, út...

24
O m r o p F r y s l â n F r e o n e n f a n Each & Ear Utjefte fan de “Feriening Freonen fan Omrop Fryslân“ 30e jiergong nr 1 maart 2014 JIERGEARKOMSTE 2014 Yn dit nûmer û.o.: Fan de redaksje Foarsittersprakkesaasjes Programma jiergearkomste 26 maart 2014 Ferslach jiergearkomste 20 maart 2013 Jierferslach en finansjeel oersjoch 2013 Nijs fan de Omrop Tsien fragen oan Simone Scheffer Ekskurzjes

Transcript of Utjefte fan de “Feriening Freonen fan Omrop Fryslân“ · 2015. 4. 1. · ‘Powergold’, út...

  • Omrop Fry

    slân

    Freo

    nen fan

    each & earUtjefte fan de “Feriening Freonen fan Omrop Fryslân“

    30e jiergong nr 1maart 2014

    jiergearkomste 2014Yn dit nûmer û.o.:■ Fan de redaksje■ Foarsittersprakkesaasjes ■ Programma jiergearkomste 26 maart 2014■ Ferslach jiergearkomste 20 maart 2013■ Jierferslach en finansjeel oersjoch 2013■ Nijs fan de Omrop■ Tsien fragen oan Simone Scheffer■ Ekskurzjes

    eonen

    fanjiergearkomste 2014

    f

  • It wie yn ‘t begjin fan 2001 doe’t de doetiidske foarsitter fan de feriening Freonen fan Omrop Fryslân by my kaam mei de fraach: “der is by ús FOF ferlet fan in nij bestjoerslid dat net al-linne Frysk prate, mar foaral ek goed lêze en skriuwe kin, is dat ek wat foar dy?”No moat ik earlik bekenne dat ik doe noch nea fan ‘De Freonen’ heard hie, mar Omrop Fryslân en ús Fryske taal leinen (en lizze) my nei oan it hert en om’t ik oer in skoftsje mei pensjoen gean soe en miende dat ik dan mis-kien wolris wat tiid oer hawwe kinne soe, haw ik ja sein. Wat ik net wist, wie dat de sittende bestjoersleden al mei-inoar bepankoekbakt hienen dat ik de

    FaN De reDaksjeeinredaksje fan Each & Ear op my nimme moast, as opfolger fan Durk Wiersma dy’t as ‘wurker fan ‘e earste oere’ nei sa’n tweintich jier dat wurk wol del-lizze woe. Dat kaam my eins wol raar oer it mêd, dêr hie ‘k net op rekkene mar hawar, dy’t a seit moat ek b sizze dus...

    Yn de ledegearkomste fan 16 maart 2001 bin ik beneamd as bestjoerslid mei as opdracht: soargje foar it fjouwer kear yn ‘t jier ferski-nen fan it ferieningsblêd Each & Ear. It seit himsels dat ik dat net allinnich hoegde te dwaan. Ik haw it gelok hân om yn ‘e redaksje gearwurkje te meien mei kanjers fan froulju (myn redaksjefreondinnen sis ik altiten) dy ‘t goed yn it sâlt bebiten wienen en binne. Sûn-der oaren tekoart te dwaan wol ik se dochs efkes neame.Fan it begjin ôf: Gryt Vonk (oant 2012), Jeltje Wijbenga (oant 2007) en Saapke Miedema fan de Omrop (oant 2009). Dêrnei, oant no ta: Agatha Hijlkema, Geartsje Fokkema, Nynke Bosgra en fan de Omrop: Wynanda Wassenaar (dy’t spitigernôch ferline jier ôf-skie nimme moast) en Jitske de Hoop. Wat de einredaksje oanbelanget, Nynke Bosgra nimt it stokje fan my oer en it hat de ôfrûne tiid al bliken dien dat dat by har yn goede hannen is.Froulju, freondinnen, jimme en ek de oare bestjoersleden en de frijwillichsters Anneke, Ans en Gea, hawwe my in prachtige tiid yn it bestjoer fan ús FOF en by de redaksje fan Each & Ear besoarge. Tige tank foar jimme ynbring, kollegialiteit en freonskip!Each & Ear stiet diskear yn it teken fan de jiergearkomste dy’t op oankomme 26 maart hâlden wurdt. Ik sil dan, nei trettsjin jier, ôf-skie nimme fan it bestjoer, mar net fan ‘De Freonen’. Graach oant sjen!

    n kees lAntinG

    2

    Kee

    s La

    ntin

    g

    KOLOFONFreonen fan omrop Fryslân:Suderkrúswei 2, 8938 AP LjouwertTelefoannr.: 058-2153375(allinnich woansdeis 10.30-14.30 oere)

    Op ynternet: www.omropfryslan.nl/freonene-mail: [email protected]/freonenomrop.fryslan

    Ledebydrage min. € 9,– yn it jierBanknûmer NL09 RABO 0130 55 18 05(û.f.f. postkoade of lidnûmer)

    It lidmaatskip wurdt oangien foar minimaal ien (kalinder)jier en wurdt stilswijend fuort-set oant it foar 1 desimber skriftlik opsein wurdt.

    omrop Fryslân:Postbus 7600, 8903 JP LjouwertTelefoannr.: 058-2997799Op ynternet: www.omropfryslan.nl

    redaksje each & ear: Agatha Hijlkema, Geartsje Fokkema,Nynke Bosgra en Kees Lanting.

    each & ear ferskynt 4x yn ’t jier

    omslach: Grafyske ôfdieling Omrop Fryslân

    Foarmjaan, printwurk en ferstjoeren:Caparis Grafysk SintrumJagtlustweg 2, It Hearrenfean

  • 3

    Ien fan de doelen fan ús feriening is: ‘it mei bewarjen en stimulearjen fan it brûken fan de Fryske taal én de streektalen by Omrop Fryslân’ (út it karbrief fan de F.O.F.). Jimme kinne begripe dat dizze Fries mei in protte nocht de komst fan de nije Fryske Taalwet begroete hat. No liz-ze der in tal saken wetlik fêst, sa as it brûken fan it Frysk yn de rjochtseal (tink oan Fedde Schurer en kneppel-freed), mar ek om it Frysk brûke te meien yn kontakten mei provinsje en gemeenten. Dy beliedsorganen wurde no ek ferplichte om belieds-plannen op te stellen hoe’t der mei it Frysk omgien wurde moat. De mi-nister fan Ynlânske Saken, Ronald Plasterk, antwurde op in fraach fan de Ljouwerter Krante, dat “…een taal bestaat niet uit een wet, maar in harten van mensen”. Dat kloppet, in protte Friezen sille dat út de grûn fan harren hert ûnderskriuwe. Mar, der binne ek Friezen dy’t dêr frijwat ûnferskillich tsjinoer steane. Binne der net fierstente folle Friezen dy’t harren ferbrekke as se yn in groepke minsken stean, wêrfan’t ien as twa gjin Frysk prate (mar wol fersteane)? En binne der net tal fan Frysk pra-tende âlden dy’t harren bern yn it Hollânsk opfiede ûnder it mom fan “dan behearskje se it Hollânsk letter better”?

    Wylst al jierren bekend wêze mei dat bern op jonge leeftyd prima mearde-re talen leare kinne en dat se dêrtroch dy talen sels better behearskje! Un-ferskillichheid foar je memmetaal oer is in folle gruttere bedriging foar it Frysk. Sjoch dan ris nei de praktyk yn ús Fryske basisûnderwiis. Tsiental-

    len skoallen (58) binne al twatalich en der komme wat langer wat mear.Dat hat as basis dy-selde witten skip like ûnder siken dy’t oan- jouwe dat in bern allinne mar baat hat by meartalich ûnderwiis! En itslútstik wurdt de trije talige skoalle: Hol-lânsk, Frysk en Ingelsk. It regear ûnderkent dat no ek, wat ear-der bern fan groep 1 ôf in frjemde taal leare, wat better as se it oan de ein fan groep 8 behearskje! Hoefolle âlden dy’t harren yn de Frysktalige opfieding fer-brekke, soene harren no nochris efter de earen skrabje moatte? Ien ding begryp ik noch net: wêrom allinne it Ingelsk as twadde of tredde taal? Soe it Dútsk ek net foar de hân lizze? Us lân hat ekono-mysk in protte te krijen mei Dútslân, dat ik soe my foarstelle kinne dat benam-men yn it easten fan ús lân, Dútsk folle mear foar de hân lizze soe. Mar dat is oan de Grinslanners, de Drinten, de Twenten en de Limburgers. Hawar, it is no oan ús as Friezen om fan ús nije Taalwet in súkses te meitsjen!

    n Andrys de BlAAuw

    P.S.: Wannear soe de Ljouwerter Krante der no ris ta oergean om yn harren (en myn!) krante konsekwint it wurd ‘Fryslân’ te brûken, ynstee fan ‘Friesland’? Ik mien de dat dat wurd formeel net mear bestie (sjoch nei de provinsje, dy’t al jier-ren wol konsekwint ‘provinsje Fryslân/provincie Fryslân’ brûkt yn har twatalige stikken yn dyselde krante).

    Foarsittersprakkesaasjes

    Foar

    sitt

    er A

    nd

    rys

    de

    Bla

    auw

  • • Ofgeand en net wer ferkiesber: Kees Lanting (redaksjeEach & Ear)

    Ien fan de taken fan dit bestjoerslid is sit te nimmenyn de redaksje fan ús ledeblêd ‘Each & Ear’.

    Kandidaten kinne harren oanmelde by de foarsitter oant it begjin fan ús jiergearkomste (26 maart o.s. 19:30 oere). It is de bedoeling dat earst in jier meidraaid wurdt yn it bestjoer om te sjen oft it fan beide kanten foldocht. Fanwegen de hjoeddeiske gearstalling fan it bestjoer giet de foarkar út nei in man, mar as der froulju binne dy’t dizze funksje wat taliket, wurdt der fansels net “nee” sein!

    4

    jiergearkomste

    programma jiergearkomste 26 maart 2014(Nim dizze ‘Each & Ear’ mei nei de gearkomste)

    it programma sjocht der sa út:

    • 18:00 – 18:30 oere: ynrin (ûntfangst)• 18:30 – 19:15 oere: sop en broadsjes ite

    Lykas ferline jier sil it broadsje-iten op-fl eure wurde troch akkordeon muzyk en sang fan Herman Peenstra. Dizze muzyk-dosint út Hijum hat nei syn konservatoa-riumoplieding belutsen west by ferskate folksmuzykensembles en -projekten. Sa hat er de muzyk fersoarge fan ferskate eveneminten lykas de iepenloftspullen

    om 19:30 oere begjint it saaklik part fan de jiergearkomste mei de folgjende wurklist:

    1. Wolkom.

    2. Meidielings en ynkommen stikken.

    3. Ynbring fan de kant fan Omrop Fryslân.

    4. Ferslach jiergearkomste fan 20 maart 2013 (stiet yn dizze Each & Ear).

    5. Jierferslach 2013 (stiet yn dizze Each & Ear).

    6. Finansjeel oersjoch 2013 en begrutting 2014 (stiet yn dizze Each & Ear).

    7. Ferslach fan de kaskommisje.

    8. Beneaming nije kaskommisjeleden.

    9. Bestjoerswiksel:

    “Pake Sytse” op De Feanhoop en “Om it lêste plak” yn Dronryp. De sjuery wur-dearre dat mei in “Gouden Gurbe”. It gefoel foar folksmuzyk ûntwikkele Herman ûnder de reizen dy’t er makke nei ûnder oaren Masedoanië, Ruslân, Japan, Yndonesië en Midden-Amearika. Hy spilet ek yn it ensemble ‘RemoliNo’.

    10. Omfreegjen en sluten.

    WillemBerg

    KeesLanting

    • Tuskentiids ôfgeand: Willem Berg;

    • Fakatuere Greta Beetstra: kandidaat-lid Douwtzen Hoekstra-de Vries;

    • Ofgeand en wer ferkiesber: Klaas Annema;

  • 5

    jiergearkomste

    Nei it skoft is de mikrofoan foar Wim Brons.Wim Brons wurket sûnt 1992 by Omrop Fryslân as presintator, ‘voice-over’ en koördinearjend muzykredakteur. Tegear re mei kollega Herman Zeilstra kiest Wim de muzyk út dy’t oerdeis en jûns draaid wurdt yn de programma’s. Dat bart mei help fan in soarte fan ‘yntelliginte jukebox’. Yn dy jukebox sitte yn totaal in 9000 lietsjes en dat is dus de basis fan de muzykprogrammear-ring fan de Omrop. Wim sil besykje mei help fan dit systeem, ‘Powergold’, út te lizzen wat de kritearia binne foar it al of net draaien fan in plaatsje op ‘e radio en wat it belied is oangeande de muzyk by Omrop Fryslân.

    Sa om ende by 22:00 oere sil de gearkomste dien wêze.

    skoFt

    efkes foarstelle: Douwtzen Hoekstra-de VriesYn Each & Ear stie ferline jier in oprop foar in bestjoerslid by de ‘Freonen fan Omrop Fryslân’. Ik tocht: faaks in nije útdaging. Ik wie krekt út it bestjoer fan muzykfer iening De Iendracht út Sumar en wol wer oan wat nijs ta. Hjirby wol ik mysels, as kan-didaat-bestjoerslid, efkes foarstelle. Myn namme is Douwtzen Hoekstra-de Vries, ropnamme Doutsje, berne yn 1956. Hikke en tein yn Wergea en warber west yn it ferieningslibben dêre, û.o. muzyk, gymnastyk en toaniel. Myn jild fertsjinne ik as telefoa niste-resepsjoniste by de Belestingtsjinst yn Ljouwert. Nei ús trouwen yn 1976 ha wy 2 jier yn Warten wenne  en doe in hûs sette litten yn Earnewâld, dêr’t ik noch altyd wenje. Wy krigen twa jonges en in famke. De beide jonges binne  troud en de jongste soan en syn frou hawwe in famke fan fjouwer jier en in jonkje fan 9 moanne. Ik bin dus in tige grutske beppe en mei 3 dagen yn de wike op harren passe.Doe’t yn it jier 2000 myn man fierstente jong kaam te ferstjerren en de bern wat grutter wiene, haw ik frijwilligerswurk socht yn Berchhiem yn Burgum. Dêr haw ik omtrint 12 jier dwaande west en dêr ek noch in pear jier yn de kliïnteried sitten. Yn Earnewâld ha ik ek dwaande west, û.o. as foarsitter fan doarpsbelang, foarsitter fan de toanielferiening en bestjoerslid fan de âlderried fan de Master Franke skoalle. Dy skoal le waard yn de tiid dat ik dêr oan meihelpe mocht, de earste gearwurkings skoal le, dêr’t wy yn ús doarpke noch altyd tige grutsk op binne.Neist it oppassen op myn beppesizzers doch ik oan muzyk. Ik bespylje de 3e kornetpartij op woansdeitemiddei yn it ‘Gerrit Heeringa’ orkest yn Ljouwert en op tongersdei by ‘De Kriich’ yn Wergea bespylje ik de 3e bugelpartij. Yn ‘e simmer help ik mei oan de bra-dery en yn ‘e winter, as der iis leit, help ik, krekt as in hiele protte frijwilligers út it doarp, by it reedriden dat organisearre wurdt troch iisklup Lyts Begjin.No, ik tink dat jimme no al hiel wat fan my witte. Ik haw in pear bestoersgearkomsten bywenne om sa te sjen oft it wol wat foar my is en fansels moat it fan beide kanten passe.Ik soe sizze: oant de jiergearkomste! Doutsje Hoekstra-de Vries

    in jiergearkomste om net te fersitten!Wol opjaan foar 19 maart o.s. (sjoch bon op side 22)

    Dou

    tsje

    Hoe

    kstr

    a

    Wim

    Bro

    ns

  • 6

    jiergearkomste

    FersLaCH FaN De jiergearkomsteop 20 maart 2013

    1. WolkomFoarsitter Andrys de Blaauw hjit alle oanwê-zigen wolkom, yn it bysûnder de hearen Jan Koster en Diederik Bonarius, beide fan Omrop Fryslân, en ús muzikant Herman Peenstra. Hy freget ek noch efkes in applaus foar de makkers fan ‘Hea!’ dy’t in Gouden NL-award wûn ha.No’ t de foarsitter in jier yn funksje is, docht him bliken dat wy sa’n € 9.000,00 efterút buor ke binne. Mar lokkich is dêr in goede ferklearring foar en dat fi ne wy daliks werom yn it oersjoch fan de fi nânsjes by punt 6 fan de wurklist.

    De hanteken-aksje foar de petysje mei as tema “Romte foar Omrop Fryslân”, is in grut súkses wurden. De petysje is troch 12.017 minsken tekene en yn gearwurking mei de FNP binne de hantekenings op it provinsje-hûs oanbean oan deputearre Jannewietske de Vries.De foarsitter stiet ek noch stil by it ferstjer-ren fan ús (âld-)bestjoerslid Piet Travaille, ferline jier. Us frijwillichsters Anneke, Ans en Gea wurde noch efkes yn it sintsje setten foar harren wurk. Sy fersoargje net allinnich útstapkes en ekskurzjes mar fersette ek in soad wurk om nije leden te winnen. Boppe-dat dogge se ek de administraasje foar it ynskriuwen en it ynbarren fan it ledejild fan de Freonen. As tank is der foar elk in blomke en de wurdearring wurdt mei applaus út de seal ûnderstreke. Der wurdt meidield dat der dizze jûn in tal foto’s makke wurde dy’t letter yn Each & Ear komme, mar dy’t ek op de Face-bookside fan de Freonen komme. Net ien hat dêr beswier tsjin.

    2. Meidielings/ynkommen stikkenÔfmelding fan: J. vd Meulen, R. Tichelaar, fam. Schut, fam. Hettinga, ús frijwillichster Ans Tamminga en de bestjoersleden Greta Beetstra en Willem Berg. Ynkommen stikken: foar dizze gearkomste gjin ynkommen stikken.

    3. Ynbring fan de kant fan de OmropDe hear Koster kriget as earste it wurd. Hy is tige ynnommen mei de petysje mei rom 12.000 hantekenings en seit elkenien tank foar de meiwurking by dizze aksje. Sels is hy no trije jier by de Omrop yn funksje en som-tiden liket it op in ferfolchsearje. Yn 2011 hat de Omrop foaral dwaande west om de tekoarten fan foargeande jierren fuort te wurkjen. De konseptrekken fan 2012 is no klear en dy kin mei swarte sifers skreaun wurde. Mar de ynkomsten binne leger en ek de reklame-ynkomsten rinne efterút. By de Omrop binne se no al mei de tredde re-organisaasje dwaande. It personielsbestân sil ynkoarte wurde moatte en dat treft ek in tal Omrop Fryslân ‘ikoanen’. Dochs sjocht ek it personiel de needsaak der wol fan yn. It is foaral in striid om Omrop Fryslân as selsstan-nige Omrop oerein te hâlden. De taalwet sil moarn (21/03/2013) yn de Twadde Keamer behannele wurde. Dy taalwet is net allinnich wichtich foar de skoallen en de boargerlike gemeenten, mar foaral ek foar de media en de omroppen. En dat lêste moat by in soad keamerleden noch wol ûnder de oandacht brocht wurde. It lanlike omropbestel moat op ’e nij besjoen en yndield wurde, lykwols, mear besunigings binne net akseptabel. Dêrnjonken wurdt op 2 april it rapport fan de kommisje Hoekstra iepenbier makke. Fryslân hat gewoan rjocht op in eigen stjoerder, mei in brede programmearring. De regionaliteit moat yn de provinsje bliuwe en wy moatte ús net lanlik oanstjoere litte.

    Direkteur Jan Koster sprekt wurdearring út foar alle meiwurk(st)ers fan ‘e Omrop dy’t yn dizze drege tiden sa goed moog-lik harren wurk dogge. Diederik Bonarius wurdt efkes troch Jan Koster yntrodusearre. Jan van Friesland is ferline jier fuortgien en no hat Diederik Bonarius dat wurk oppakt. Alhoewol ‘t hy in ras-Amsterdammer is, hat er yn in heal jier tiid wol it Frysk ûnder de knib-bel krigen wat lêzen en ferstean oanbelan-get. Diederik jout sels oan dat hy it hjir tige

  • 7

    jiergearkomste

    nei ’t sin hat en bliid is as er moarns oer de Ofslútdyk Fryslân wer ynride kin. Syn Frysk is noch net sa dat hy it hjir no brûke sil. Hy hat de opdracht om moaie programma’s te meit-sjen. Mei yngong fan septimber komme der in tal feroarings, sawol op radio en televyzje as ek op ynternet. Dat sille echt merkbere feroarings wurde en ynternet sil ek ‘sneller’ makke wurde. Ut in stekproef yn ’e seal docht bliken dat net eltsenien alle dagen op de Omrop-site sjocht. Der komme minder radio-programma’s, mar de kwaliteit sil wol ferbet-terje. Op de fraach oft der dan deis koartere radio-útstjoerings binne, komt it antwurd: radio komt yn gruttere blokken mei minder titels. Oan de ein is der út de seal wei noch in algemiene fraach: kinne der by de Omrop net in soarte fan ‘tientjesleden’ komme sadat der mear ynkomsten binne en de Omrop in status krije kin? De hear Koster jout oan dat Fryslân net oan it tal ynwenners takomt dat nedich is om in status te krijen en it tal ‘tientjesleden’ moatst ek alle jierren wer op ’e nij helje kinne. Lanlike A-omroppen ha dêr sels al problemen mei. De beide hearen wurde tank sein foar harren ynbring en krije in blomke mei nei hûs en in applaus fan de gearkomste.

    4. Ferslach jiergearkomste 21 maart 2012It ferslach wurdt sûnder op/oanmerkings goed-kard en fêststeld.

    5. Jierferslach 2012It ferslach wurdt sûnder op/oanmerkings goed-kard en fêststeld.

    6. Finansjeel oersjoch 2012 en begrut-ting 2013Wy slute 2012 mei in finansjeel tekoart ôf, mar dat is wol te ferklearjen. Us ponghâlder Feikje Kooistra jout oan dat der mear kosten makke binne foar de ‘Freonedei’ as begrutte wie en boppedat binne der in tal nije kom-pjûters oanskaft. Dat lêste wie wol nedich, foaral no’t de lede-administraasje en it yn-barren fan it ledejild mear wurk ynhâldt en wy no mei ‘ynkasso’ wurkje om it ledejild bin-nen te krijen.Foargeande jierren (útsein it jubileumjier) is der altiten goed sparre en sadwaande wie it no mooglik om in oantal needsaaklike en fer-antwurde útjeften te dwaan. Op in fraach oangeande de kosten fan de ‘Freonedei’ andert Feikje dat der yn de foa-rige ledegearkomste op 23/03/2012 wol ta-stimming jûn wie om dêr jild foar beskikber te stellen.De ynskatting wie € 5000,–, mar dat stie net yn de begrutting fan 2012. De úteinlike kos-ten wienen € 6.690,–. Weromsjend op de grutte belangstelling foar dy dei, hat it in súksesfol barren west. Feikje sprekt ek noch tank út foar de stipe fan Okko van der Pol en Liesbeth Fopma fan de Omrop, by it gearstal-len fan de begrutting. Yn de takomst sille wy it sûnder dy help dwaan moatte.

    7. Ferslach kaskommisjeDe hear Lammert Koster út Drylts bringt ferslach út. Hy hat mei de hear Kaper kontrôle dien, alles wie yn ‘e oarder, goed op streek en oersichtlik. Hy stelt foar om ús ponghâlder desjarzje te ferlie-nen. Dat wurdt mei applaus ûnderstreke. 8. Beneaming nije kaskommisjeledenDe hear Koster ferlit de kaskommisje. Him wurdt tank sein foar syn wurk. De hear Arjen Kaper út Terherne, docht noch in jier mei. It twadde kaskommisjelid wurdt de hear

    Die

    derik

    Bon

    ariu

    s

  • 8

    jiergearkomste

    H. van der Meer, Drachten. As reserve wurdt beneamd de hear J. Meulman út Burgum.

    9. BestjoerswikselOfgeand en net wer ferkiesber binne Feikje Kooistra en Greta Beetstra.De foarsitter seit, út namme fan alle Freonen, Feikje tank foar al it wurk dat se dien hat foar de Freonen. Feikje stie foar wat se sei en die har saken goed en sûnder kâlde drokte. Sy is yn 2001 yn it bestjoer kommen, hat earst skriuwer west en fan 2006 ôf wie se pong-hâlder. Sy kriget in moai bosk blommen en in attinsje. Alles wurdt mei applaus fan de leden ûnderstreke.De hear Sjerp de Jong wurdt mei ynstimmend applaus beneamd as (nij) bestjoerslid yn de funksje fan ponghâlder. De twadde ôfgeande is Greta Beetstra. Hja is dizze jûn behindere. Ferline jier hie se al oanjûn dat se it earste jier as in proefjier seach. Se hat in jier meidraaid yn it bestjoer as ôffurdige foar de ‘Kommisje Fryske Reklamepriis’. Sy hat oanjûn om net fi erder te gean as bestjoerslid en yn de lêste bestjoersgearkomste ha wy ôfskie fan har nommen. Wol bliuwt sy ús ôffurdige yn dy kommisje. De foarsitter freget de gearkomste tastimming om tuskentiids in nij kandidaat-bestjoerslid te sykjen. Dat is akkoart.

    10. Omfreegjen en slutenDe hear B. Stornebrink: mei de petysje koe der troch elke húshâlding mar ien stim út-brocht wurde.

    -> Dat kloppet wol. Mei elke ynternetoan-sluting (IP-adres) kinst mar ien kear stimme, foar mear stimmen moatte je famylje/buorlju ynskeakelje.

    De hear T. van Berkum: in soad minsken ha noch nea fan ‘De Freonen’ heard.

    -> ‘De Freonen’ ha al twa kear in hiele dei meilifte op de útstjoering fan de Fryske Top100 op âldjiersdei, yn it programma dat presintearre wurdt troch Wim Brons en Geert van Tuinen. Boppedat hawwe ús frijwillich-sters op ferskate plakken yn de provinsje by eveneminten west en reklame makke foar ‘De Freonen’. Der wurdt wol in soad oan dien, mar mooglik dat we ús ek noch wer ris sjen litte kinne op ’e televyzje.

    De foarsitter betanket elkenien foar syn of har oanwêzigens en ynbring, freget noch in applaus foar it kantinepersoniel en winsket ús nei de presintaasje fan Roelof Lousma al-fêst in ‘wol thús’.

    skoFt

    Roelof Lousma (Need op Freed)Roelof fertelt earst efkes wat fan himsels. Yndied, hy is de soan fan de Sjouke Lousma.Hy hat hast oeral west, by de keninginne yn Frjentsjer oant en mei yn New York. Hy hat sa’n acht jier wurke by ‘Aktueel’ en kaam trije jier lyn fi a in ‘screening’ yn ’e kunde mei it programma Need op Freed. Dêrnei fertelt er hoe’t it der om en ta giet by it meitsjen en presintearjen fan it programma Need op Freed. Nei in pear útstjoerings hawwe der wat oanpassingen west, sadat it better ta syn rjocht kaam. Foaral de útstjoering mei de fa-mylje Vaatstra wie bewurklik en frege in soad tarieding, mar de útstjoering is wol in grut súkses wurden. Roelof wurket en presintear-ret no ek mei oan it programma Omnium en yn juny sil er sneontemoarns ‘Op en Ut’ pre-sintearje op ’e radio. De foarsitter betanket Roelof foar syn boeiende ynbring en oerlan-get him in blomke.

    n syBren vAn der vlietBlom

    men

    foa

    r Fe

    ikje

  • 9

    jiergearkomste

    YnliedingNeist de gebrûklike saken yn sa’n kalin-derjier, binne der somtiden ek in pear bysûndere saken dy’t mear as gewoan-wei omtinken krije. Under de gewoa-ne saken soenen jo de wikseling fan be stjoers leden neame kinne. Yn ús ledegearkomste fan 2013 ha wy ôf-skie naam fan Greta Beetstra en Feikje Kooistra. Dêrfoar yn ’t plak is allin-nich Sjerp de Jong as ferfanger fan ús ponghâlder Feikje Kooistra nij yn it be-stjoer kommen. De fakatuere fan Greta Beetstra ha wy oant no ta noch net yn-folje kinnen. Yn ’e rin fan dit jier hat in nij kandidaat-bestjoerslid har oanmeld en dêr binne wy tige wiis mei. Mar yn ús lêste bestjoersgearkomste fan desimber 2013 hat Willem Berg oanjûn dat hy mei yngong fan 31/12/2013 syn funksje as bestjoerslid delleit; dus noch in fakatuere. Mei sa’n grut ledebestân moat it doch wol mooglik wêze om in foltallich bestjoer byelkoar te krijen. Wy rekkenje op jimme. Wy hawwe dit jier ek mear tiid stutsen yn ’e kontakten mei ús trije frijwillichsters. Fan it be-stjoer út hawwe der funksjonearrings-petearen west, mei har trijen tagelyk en ek apart. Dat wie fan beide kanten in positive ûnderfining en dat kriget in ferfolch. It bestjoer hat yn dit ferslach-jier ek wer sân kear byinoar west en yn maart ha wy ús jierlikse ledegearkom-ste hân.

    each & earSa as gebrûklik is der dit jier wer fjou-wer kear in Each & Ear by de Freone-leden yn ’e brievebus fallen. Nettsjin-steande de hjoeddeiske media bliuwt

    Each & Ear noch altiten in wichtige skeakel tusken bestjoer, frijwillichsters, Omrop en de Freoneleden. Der steane altiten wer nije saken yn, fan it bestjoer út en fan de Omrop. De redaksjeleden dogge harren bêst om it sa aktueel mooglik te hâlden en om sa no en dan ek in nije rubryk op te starten, measten-tiids yn relaasje mei de Omrop. Ek foar saaklike meidielings, bygelyks oer be-tellings, útstapkes ensfh. is it in moai kommunikaasjemiddel. Jierrenlang hat Kees Lanting de einredaksje dien, mar om’t hy yn maart 2014 it bestjoer fer-litte sil, hat hy yn ’e rin fan dit jier it stokje oerdroegen oan Nynke Bosgra.

    jildsakenUs nije skathâlder Sjerp de Jong moast it mei yngong fan dit jier dwaan sûn-der de stipe fan Okko en Liesbeth fan de Omrop en dat is goed slagge. Der kaam wol hiel wat op him ôf, bygelyks de oerstap mei ús rekkennûmers nei de RABO-bank, in nij lede-administraasje-systeem (Davilex) en it troch middel fan ‘ynkasso’ ynbarren fan it ledejild. Om dat allegearre goed stal te jaan, hat hy it plan ‘Administrative Organisaasje’ skreaun. It heart tige wichtich, mar it is in goede omskriuwing fan itjinge dêr’t wy mei dwaande binne en wat der yn hokfoar moanne fan ’t jier dien wurde moat en ek hoe’t wy dat dog-ge. It is bedoeld foar harren dy’t der no mei wurkje, mar it is ek maklik by ferfanging of by beneaming fan in nij bestjoers lid. Dat de skathâlder graach wol dat elken ien betellet troch de wei fan ‘ynkasso’ sil wol dúdlik wêze, it be-sparret tiid en kosten.

    jierFersLaCH 2013

  • 10

    Kontakten mei de OmropIt ôfrûne kalinderjier hat direkteur Jan Koster fan Omrop Fryslân net op besite west by ien fan ús bestjoersgearkom-sten. Fanwege syn drokke aginda en om dûbele útlis fan saken foar te kom-men, is it no wat oars regele. Yn de jier-gearkomste fan de Freonen komt der minimaal ien MT-lid fan de Omrop om de gong fan saken by de Omrop ta te ljochtsjen.

    Binne der tuskentiden fragen, by de Omrop of by de Freonen, dan is Jan Koster altiten beskikber om ien en oar ta te ljochtsjen. Oan ’t begjin fan it jier waard bekend dat de petysje “Romte foar Omrop Fryslân” in grut sukses wurden is. Mear as 12.000 hanteke-nings binne oan bean oan deputearre Jannewietske de Vries. Dy binne letter yn ’t jier oanbean oan de Keamerkom-misje dy’t de omropsaken behannelet. Dêr wiene fertsjintwurdigers by fan de Omrop, de Ried fan de Fryske Beweging en ek fan it bestjoer fan de Freonen. Oer it ferrin fan de reorganisaasje (en by-kommende konsekwinsjes) by de Omrop is it be stjoer fan de Freonen neier yn-ljochte. Dat barde altiten neidat earst it personiel op ’e hichte brocht wie. Sa sille wy fêst wol goede minsken en pro-gramma’s op ’e televyzje en foar de ra-dio misse. Mar as it ynkommende jild (re-klame en subsydzje) minder wurdt, is der net folle kar mear, dan sille der (drege) besluten nommen wurde moatte. Wy as Freonen binne ek tige wiis mei de goede kontakten dy’t der binne mei de Omrop, yn alle lagen fan de personele besetting. Boppedat wolle wy ek tank sizze foar it gebrûk meitsje kinnen fan ferskate fasi-liteiten fan de Omrop.

    Leden en aktiviteitenTroch de frijwillichsters likegoed as troch in oantal bestjoersleden, is der

    in soad wurk fersetten foar it nije lede-administraasjesysteem. Noch net alles rint perfekt, mar it komt goed op streek. Der waarden ek wer aktiviteiten orga-nisearre. Dit jier koene jo mei te far-ren/kuierjen yn It Houtwiel by Fean-wâlden en jo koenen meifarre op m.s. ‘Waterpoort’ troch de Súdwesthoeke fan Fryslân. Beide útstapkes wienen in súkses. Boppedat wie der yn oktober in kulturele jûn mei selskip ‘Noordenbos & Ko’. In folle Jupiter-seal sei al genôch, mar oan de ein fan de jûn wie elkenien it der oer iens dat wy in prachtige jûn hân hienen. In soad lake en der kamen in protte saken oan de oarder dy’t wy alle dagen ek geregeldwei tsjinkomme. Op âldjiersdei yn it radio-programma ‘De Fryske Top100’ hat der wer in aksje west om it ledetal omheech te bringen. Om it noch wat spannender en moaier te meitsjen wienen der ek prizen te winnen, sawol foar nije leden as ek foar besteande leden. Mei de ynset fan fer-skate minsken binne der sa’n 260 nije le-den by kaam. Foar al it wurk dat ús trije frijwillichsters dogge, binne wy harren as bestjoer en leden fan de Freonen tige tankber.

    oare sakenDe Freonen wienen ek wer fertsjintwur-dige yn in oantal kommisjes: de Ried fan de Fryske Beweging en de NK-EBLT (Nederlânske Kommisje Europeesk Buro foar Lytse Talen). Boppesteande ynstel-lings sette harren yn foar de Fryske taal en kultuer en hâlde ek omtinken foar it besteansrjocht fan Omrop Fryslân. De Kommisje Fryske Reklamepriis (dêr’t wy ek yn fertsjintwurdige binne) is noch drok dwaande mei de nije opset foar de ferkiezing fan de Fryske Reklamepriis. Us foarsitter hat in sit yn it PBO (Programma Beliedsbepalend Orgaan), de eardere ‘Rie fan Offurdigen’ fan Omrop Fryslân. Fan dêrút komme ek saken fan en

  • 11

    Andrys de Blaauwfoarsitter

    Sybren van der Vliet skriuwer

    Kees Lanting redaksje Each & Ear

    Nynke Bosgra alg. bestjoerslid en redaksje Each & Ear

    Sjerp de Jong skathâlder

    Geartsje Fokkema redaksje Each & Ear

    Klaas Annema 2e foarsitter/NK-EBLT / Ried fan de Fryske Beweging

    Agatha Hijlkema redaksje Each & Ear

    Willem Berg alg. bestjoerslid

    n syBren vAn der vliet

    Bestjoer FOFIt bestjoer bestie yn 2013 út de folgjende leden:

    oer Omrop Fryslân by it bestjoer fan de Freonen op tafel. Om goed mei te dwaan yn dizze tiid fan “social media” is de Face-book-side (6007 likes) fan de Freonen wer hielendal optimalisearre en bywurke. Der binne goede ôfspraken makke oer wat dêr wol of net op setten wurdt. Der mei yn alle gefallen gjin skea ûntstean foar minsken en/of organisaasjes.

    Troch it bestjoer is ek besluten om it argyf fan de “Feriening Freonen fan Omrop Fryslân” ûnder te bringen by Tresoar. It wurdt dêr yn optimale om-stannichheden bewarre en bringt foar ús gjin kosten mei. It giet om it argyf fan de oprjochtingsdatum ôf oant en mei it jier 2009.

    UtsLaCH krUsWUrDpUZeL

    Wer in hiel soad Freonen hawwe de puzel út it krystnûmer fan Each & Ear makke en ynstjoerd. 141 minsken diene dêroan mei. De mannen fan de muzyk-

    ôfdieling, te witten Wim Brons, Willem de Vries en Herman Zeilstra, hawwe de fiif priiswinners lutsen. De gelokkigen binne:

    1e priis: in abonnemint fan in jier op de ‘Friesland post’ (beskikber steld troch Van der Let & Partners Identity fan It Hearrenfean):P.L. Kaastra-Nicolay, Ljouwert.

    2e priis: 2 kaarten foar de foarstelling ‘tribute to the king’ op sneon 8 maart (beskikber steld troch stedsskouboarch ‘De Harmonie’, Ljouwert): D. de Vries, Bûtenpost.

    3e priis: 4 kaarten foar de gesinsfoarstelling ‘De man die alles weet’ op woansdei 12 maart (beskikber steld troch ‘De Lawei’, Drachten):B. Mandemaker, De Jouwer

    4e en 5e priis: in weardebon fan € 25,–- (be-skikber steld troch Poiesz):Tjitske Postma, De Westereenen Klaske Straatsma -Westerhof, Ljouwert.

    “Omrop Fryslân moat sels de leie yn hannen hâlde” wie de goeie oplossing.Us lokwinsken foar de priiswinners, dy’t ûnderwilens harren priis krigen hawwe.

    n GeArtsje FokkemA

  • 1212

    Balâns 1-1-2013 resultaat 31-12-2013 € € €Banken ING rekken 11.174 657 RABO Betelrekken 4.969 597 RABO Leden 1.911 312 RABO Aktiviteiten –18 200 Rabo Bedriuwssparrekken 25.000 47.044 --------------- -------------- -------------- Banken 43.036 48.810 Foarderings 691 591 *) Skulden –2.029 –5.311 **) -------------- ---------------- -------------- eigen fermogen 41.698 2.392 44090 ======== ========= ========

    Oersjoch ynkomsten en útjeften Begrutting resultaat Begrutting 2013 2013 2014 € € €Ynkomsten Ledejild 30.000,00 33.516,70 32.000,00 -------------- -------------- -------------- 30.000,00 33.516,70 32.000,00 -------------- -------------- --------------Utjeften E & E printsjen 9.000 9.080 9.500 E & E besoargjen 6.500 8.595 7.800 Bestjoerskosten 2.000 2.216 2.000 Jiergearkomste 2.000 1.912 2.000 Personielskosten 4.500 4.258 4.500 Portokosten 1.500 1.226 1.500 Lidmaatskippen 1.100 1.150 150 PR-kosten 2.000 1.116 1.500 Projekt Omrop Fryslân 1.000 136 0 Algemiene kosten 1.000 240 1.000 Unfoarsjoen 1.000 0 1.950 Rinte/bankkosten 400 265 600 -------------- -------------- -------------- 32.000 30.194 32.500 -------------- ------------- --------------aktiviteiten Ekskurzjes 1.347 ***) Oanbiedings 54 ***) Ledejûn –338 ***) -------------- ---------------- -------------- 0 1.063 0 -------------- ---------------- --------------

    resultaat 0 2.392 0 ======== ========= ========

    *) Dit is û.o. noch te barren ledejild en rinte**) Dit is û.o. kosten Each & Ear desimber, lytse ûnkosten foar de PR âldjiersdei en it reservearjen foar de Fryske reklamepriis***) Hjir giet it om it saldo fan de ynkomsten en de útjeften fan de aktiviteiten

    FiNaNsjeeL oersjoCH 2013 – BegrUttiNg 2014

  • 13

    Yn 2013 binne in tal saken oppakt troch de frijwillichsters en it be stjoer. Dat hat ek finansjele gefolgen. Be-nammen de omsetting fan de ING nei de RABO joech in protte wurk. Wol is it sa dat it tal leden wer mear is as yn 2012. De ledebydrage is ek it ôfrûne jier wer gelyk bleaun, nammentlik € 9,00. In protte leden betelje € 10,00 of sels mear, dat wurdt troch ús tige wurdearre. It ledejild kin ek yn 2014 gelyk bliuwe. Boppedat is ús reserve/fermogen noch hieltyd aardich heech sadat op langere termyn gjin ferhe-ging te ferwachtsjen is.

    Wat de útjeften oanbelanget: De kosten foar Each & Ear rûnen yn de rin fan it jier út de begrutting. Yn de begrutting wie dêr yn totaal in be-drach fan € 15.500,00 foar ornearre. It be stjoer hat in splitsing oanbrocht, troch de kosten fan printsjen en be-soargjen te ferdielen sa’t no yn de be-grutting stiet. Troch in oar kontrakt en in oare fersprieding koene de kos-ten fan de lêste twa nûmers beheind wurde. De post bestjoerskosten is ynsidinteel wat heger. Dêrûnder falle ek de kosten redaksje Each & Ear. As it kin, wurde de gear komsten fan be-stjoer en redaksje op deselde middei hâlden. De be sunigings by de Omrop reitsje ús ek. De ferieniging betellet no mear foar de jiergearkomste dan in tal jierren werom, mar it komt sa yndirekt de eksploitaasje fan de Omrop te’n goede. By de lidmaat-skippen is in bedrach fan € 1.000,00 net útjûn, mar dat wurdt reservearre. It is opnaam ûnder de post Skulden en ek yn de eksploitaasje. It is earst ôfwachtsjen wat de plannen foar de Fryske Re klamepriis wurde. Yn 2014 wurdt de priis net útrikt.

    Sawat 60 persint fan it ledetal hat der mei ynstimd om it ledejild fia in ynkasso te beteljen. Dat skeelt yn de

    kosten en nimt gâns minder tiid fan ús. It komt dan sûnder om-wegen yn de boek-hâlding.Uter aard bliuwt de mooglikheid be stean om sels it ledejild oer te meitsjen. Mei de PR-kosten ka-men wy rom út, ek al hawwe der it ôfrûne jier op dat mêd wol wat aksjes west. De post rinte/bankkosten (baten en lesten) is beheind troch de oergong nei it ynkasso systeem. Wol is de ferwachting dat de bankkosten (lesten) heger wurde, wylst de rinte (baten) nei alle gedachten leger is. De troch de frijwillichsters organisearre aktiviteiten joegen ek wer in lyts finansjeel posityf resultaat. De ledebydragen dy’t dêrfoar frege waarden wiene lykwols tige skaplik, mar it tal leden dat meidocht mei in jûn of reiske is fan te foaren dreech yn te skatten. Om alle feroarings goed ferrinne te litten en ek om fêst te lizzen wa wat docht yn de fer-iening, hat it bestjoer de organisaasje neier beskreaun. Dat wie in goed momint om te praten oer “hoe dogge wy it” en “hoe wolle wy it dwaan”. Yn petearen en by de konsep-ten hawwe de frijwillichsters belutsen west.

    Yn de begrutting foar 2014 is rekken hâl-den mei sa’n 3250 leden dy’t yn trochsneed € 10,00 betelje. Al earder hat yn in jiergear-komste oan ‘e oarder west dat alle jierren in bydrage jûn wurde kin oan in projekt fan de Omrop. Yn 2013 is in lyts bedrach op dy post brûkt foar in stipe-aksje yn gearwur-king mei de Ried foar de Fryske Beweging, om de eigen posysje fan de Omrop feilich te stellen. Omdat der op dit stuit gjin plannen binne, is der neat yn de begrutting opnaam. ‘Unfoarsjoen’ ha wy yn 2013 net hoege te brûken. Oare posten binne op grûn fan de kosten fan it ôfrûne jier sa goed mooglik ynskatten.

    n sjerp de jonG skathâlder

    taLjoCHtiNg FiNaNsjeeL oersjoCH

    Sjer

    p de

    Jon

    g

  • 14

    Nijs FaN De omrop

    moai FrYsLaN

    It Fryske lân, it bêste lân fan d’ierde… wy sjonge it (allegear) mei fjoer en faasje mei. Fryslân wurdt regelmjittich de moaiste provinsje fan Nederlân neamd, it Fryske lânskip en de marren sprekke in soad mins-ken oan. Dochs binne der in protte saken yn ús maatskippij dy’t fan grutte en som-tiden ûnomkearbere ynfl oed binne op de romte om ús hinne. Tink oan wynmûnen, autodiken, skaalfergrutting yn de lânbou, bedriuws terreinen ensafuorthinne. Wat betsjutte al dy ynfl oeden no foar ús lânskip en de romtlike kwaliteit? Wêrom soenen wy grutsk wêze moatte op ús pro-vinsje en wêr slane je as boarger acht op? Wat kinne wy sels bydrage oan de kwali-teit fan ús streek, doarp of stêd?

    Yn de nije televyzjesearje ‘Moai Fryslân’ sille Omrop Fryslân, Landschapsbeheer Friesland en de Friese Milieu Federatie mei elkoar op ‘e siik nei de ferskillende wearden fan romtlike kwaliteit. De pro-grammamakkers prate mei saakkundi-gen en boargers en ûntdekke dat mie-ningen bot útinoar rinne kinne: wat de ien moai of praktysk fynt, fynt de oar krekt ûnsjoch of in miste kâns. Hoe moai is Fryslân? Yn seis ôfl everings komme ek seis oandachtsgebieten foarby: Wenje (15 maart), Ynfrastruktuer (22 maart), Lânbou (29 maart), Enerzjy (5 april), Bedriuwen (12 april) en Rekreaasje (19 april). Mei fansels prachtige bylden fan ús eigen bêste lân fan d’ierde.

    Nijs FaN De omrop

    Bern fan groep 1 en 2 fan de basisskoalle kinne sûnt dizze moanne sjen nei twa hielendal nije skoaltelevyzjeprogramma’s fan Omrop Fryslân. Mei dy programma’s kin de Fryske les op skoallen oantrekliker makke wurde foar de bern. De kearn-

    akteUrs DY’t ieN WUrDe mei poppeNdoelen fan de Fryske taallessen kinne sa op in aardige wize helle wurde yn kombinaasje mei lesmateriaal. De te-ma’s yn de programma’s en it materiaal slute goed oan by de belibbingswrâld fan beukers.

  • 15

    Nijs FaN De omrop

    Tekenje mei kommentaarIt twadde programma hjit ‘Wat tekenje ik?’. Bern reagearje dêrby op in tekening dy’t geandewei ûntstiet. Fansels kinne de (lytse) sjoggers fan it programma ek mei riede wat der no eins tekene wurdt. Is it in fûgel? Is it in fleantúch? Nee, it is...

    Libbensgrutte poppenkomme ta libbenIt earste nije programma is: ‘Kening Hert en Harry Hazze’. De haadrolspilers binne de yn-telliginte, mar in bytsje naïve Kening Hert en syn wat ûndo-gense lakei Harry Hazze.Akteurs Thijs Meester (Kening Hert) en Brecht Wassenaar (Harry Hazze) spylje de sênes mei in grutte hânpop yn de hannen.

    Sy binne dêrby tagelyk mei de pop yn byld. De beide pop-pen komme ta libben troch de mimyk fan de akteurs, in kon-sept dat noch net earder op tele-vyzje brûkt is. De akteurs binne traind troch poppe spiler Jogchem Jalink, bekend fan ûnder oaren Sesamstraat. De poppen binne makke troch Jolanda Schotanus. De ferhalen binne skreaun troch Nynke Klompmaker, it idee komt fan Feije van der Meer, dy’t ek de rezjy yn de studio docht.

    It programma ‘Wat tekenje ik?’ is in gearwurking mei ‘Het Woeste Woud’, produsint fan audiofisueel materiaal yn Grins. De tekenings wurde makke troch Marijke Klompmaker nei in ferhaaltsje fan Nynke Klompmaker.

  • jaN koster oer De ÛNtWikkeLiNgs BY De omrop

    Op 4 febrewaris 2014 wie it presys 20 jier lyn dat Omrop Fryslân begûn mei regio-nale televyzje. In wike lang wiene der alderhande reportaazjes en programma’s út 20 jier Fryske televyzje nochris te besjen. It jubileum wie foar Omrop-direkteur Jan Koster ek oanlieding om foarút te sjen nei de takomst. Nei oanlieding fan útspraken fan Jan Koster kaam der aardich wat omtinken yn de media oer de takomst fan de Fryske media. In dei nei de earste reaksjes, op 5 febrewaris, lei de redaksje fan

    Each & Ear Jan Koster ek in tal fragen foar.

    Hoe giet it op it stuit by de omrop, binne der noch ûntwikkelings oangeande de be-sunigings/organisaasjeferoarings?Der binne net in soad nije ûntwikkelings. De reorganisaasje rint neffens plan. De programmearring is oanpast yn septimber 2013. Wy sitte no te wachtsjen op it advys fan de Ried foar Kultuer oan it regear oer it publike omropbestel. Dat advys wurdt fer-wachte yn maart 2014. It bliuwt wol span-nend fansels de kommende tiid.

    By it jubileum fan de omrop dienen jo de útspraak dat de Fryske media oer in pear jier gearwurkje moatte yn in Frysk media-sintrum.  jo joegen oan dat de omrop en de beide grutte Fryske kranten oer in pear jier net mear as selsstannige bedriuwen fi erder kinne. earder pleiten jo foar in selsstannich omrop Fryslân, wêrom no in oar ferhaal?Der is wat betizing ûntstien oer myn út-spraak wat de selsstannichheid oanbelanget fan de ferskate mediabedriuwen yn Fryslân. Myn boadskip om te kommen ta in Media-sintrum Fryslân hat te krijen mei myn soarch dat wy ek yn ‘e takomst in goede Fryske sjoernalistyk hâlde en dat wy ús Fryske iden-titeit boargje. Dat kin neffens my allinnich as wy mear gearwurkje mei elkoar. Ik pleit-sje hielendal net foar in nije organisaasje. De Ljouwerter Krante, it Frysk Deiblêd, de Omrop, mar ek de lokale omroppen ha alle-gear har eigen kleur en dat moat sa bliuwe.

    Hoe soe in Frysk mediasintrum der krekt útsjen moatte?Neffens my giet it yn alle gefallen om de kranten, de Omrop en de lokale omroppen.

    Mar miskien wolle in website lykas Wâld-net of ferskate bloggers har ek wol oan-slute. Jo moatte it neffens my net yn  ‘e beheining sykje, mar grinzen oprekke. It mediasintrum soe wat my oanbelanget neist de tradisjonele foarmen as krante, radio en tv ek in foaroprinnende rol spylje moatte op de ûntwikkeling op it ynternet.

    Hoe krije je in Frysk mediasintrum fan ‘e grûn (ek kwa jild) en wat soe dêr foar plan-ning oan hingje?Ik ha dit idee nei bûten brocht by ús jubi-leum 20 jier regionale televyzje. It is alle-gear noch pril. Der moat earst in draachfl ak komme om hjir mei fi erder te gean. As dat der is kinne wy nei de konkrete ynfolling gean. Dat sil grif noch wol wat tiid freegje. In konkrete planning is dan ek net te jaan. Mar wy moatte wol oan ‘e slach.

    Wat betsjut sa’n gearwurking foar de minsken thús, wat kinne dy ferwachtsje?It alderwichtichste is dat wy ek yn ‘e wat fi erdere takomst eigen Fryske mediabe-driu wen hâlde, dy’t nijs bringe dat fan belang is foar Friezen. En dy ’t dêrneist in kultureel platfoarm binne dêr ’t ús taal, ús eveneminten en alles dat sa eigen is oan Fryslân boarge is. En op dy wize de Friezen mei mekoar ferbine.

    Wurdt it nijs mei ien sa’n sintrum net te folle itselde?Dat tink ik net. Nijs is fansels nijs en net te feroarjen. Mar de ynfalshoeke dy’t jo kieze sil oars wêze. De pluriformiteit sil echt wol bliuwe.

    Nijs FaN De omrop

    16

  • tsieN FrageN oaN... Simone Scheffer

    Sim

    one

    Sche

    ffer

    1. it doarp penjum hat in bysûnder plakje yn myn ûnthâld. ik ha dêr fan 1972 oant 1976 mei nocht en wille wenne en diel-nommen oan de mienskips aktiviteiten. Wat hastû mei penjum?

    Penjum is it doarp dêr’t ik yn totaal acht jier wenne ha. Ik ha hiel wat omswalke, bin berne yn Mitselwier, opgroeid yn Boalsert, doe fia Akkrum nei Aldeboarn ferhuze en úteinlik kamen wy yn Penjum terjochte. Omdat wy ús soan graach syn jeugd op in doarp tawinsken. Ik ha der mei nocht wenne, mar bin dochs mear in stedsminske. Ik wenje no yn Harns, dat is myn echte thús al moat ik de ‘ouwe seu-nen’ it Frysk noch wol wat bybringe…

    2. mei niget sjoch ik alle jierren hoe ‘st mei fleur en faasje ferslach dochst fan it keatsen op de pC yn Frjentsjer. Wat hastû mei sport yn it algemien en mei keatsen yn it bysûnder?

    Wat sport oanbelanget is de PC wol myn grutte leafde. Spitigernôch ha ik der fer-line jier gjin ferslach fan dien en oft it der dit jier fan komt, wit ik net. Mar it keat-sen sit wol yn myn hert, it stiet tichtby en ik bin ek bliid dat wy der al dy jierren sa-folle omtinken oan jûn hawwe. Hoe dan ek, sport is in machtich fenomeen yn it libben. Alles sit der yn. Ik bin gjin ‘live’ ferslachjouwer, mar mear fan de ferhalen derefter. Yn ‘Boppeslach’ hiene wy dêr alle romte foar. Mar in moai potsje bas-ketbal of iishockey fyn ik ek hearlik om te sjen. Ik ha as famke en jonge frou altyd fuotballe dus dat sit ek yn it bloed. Sport fertsjintwurdiget in hiel soad fasetten fan it gewoane libben. Je winne en je ferlieze, binne bliid of hawwe fertriet.

    3. By omrop Fryslân bist yn myn eagen in saneamde ‘anchorwoman’. sjochst dat sels ek sa en hoe giest dêr mei om?

    Ik fiel mysels net echt in ‘anchorwoman’, al wit ik dat in soad minsken dat wol sa sjogge. Foar mysels fyn ik it geweldich dat ik al safolle jier oan ús sjoggers en harkers

    17

    fertelle kin wat der yn ús provinsje om-giet. Ik hâld fan tichtby de minsken, fan kritysk, mar ek fan entûsjast. Ik gean oeral mei faasje yn om wat moais te meitsjen. De iene kear slagget dat better as de oare, mar de yntinsje is altyd: it bêste der fan meitsje en de minsken diele litte yn alles dat wy dogge.

    4. By de presintaasje wurdt standert it Frysk brûkt. Dat docht my deugd fan-sels, mar jout it ek wolris beheinings? Hoe belibbest it taalbelied fan omrop Fryslân?

    Sels sil ik ek wolris flaters meitsje tink ik. Ik doch wol ôfgryslik myn bêst om it sa geef mooglik te praten en ek net te gau oer te stappen op it Hollânsk as in oar it net praat. Ik sjoch gjin beheinings yn it Frysk, allinnich mar kânsen! It is foar in grut part it besteansrjocht fan de Omrop, dus moatte wy der hoeden mei omgean en foaral de taal GRUTSK útdrage. As wy dat net mear dogge, wa docht it dan yn de media?? En ja, ik fyn dus dat wy by de Omrop hiel skerp wêze moatte op it goed brûken fan de taal.

  • 18

    Liket dit jo ek wol wat? Doch dan mei, jo hoege der net iens foar op ‘en paad. mail jo fragen foar ien van de omropmeiwurkers nei [email protected] mei as ûnderwerp: “Freegje mar” en de namme of funksje fan de meiwurker.

    5. as Bekende Friezinne (BF-er) wurdst fansels faak werkend op strjitte en sa. Hast dêr lêst fan? Wêr hast in glûpende hekel oan?

    Ik wurd yndied wol ridlik faak wer-kend op strjitte. Dat fyn ik net slim hear. It heart by it wurk en it betsjut dat minsken yn alle gefallen sjogge! Mar ja, ik ha ek wolris myn dei net... dat is dan wat lestich… haha, nee hear, dat falt wol ta. De measte minsken binne hiel freon lik en aardich en ik fyn it sels ek moai om in praatsje te meitsjen. Yn de rin fan de jierren ha ik wol leard, dat as ik in kear net safolle nocht ha oan in praatsje, ik dat echt wol sizze kin. Mar yn de measte ge-fallen falt dat o sa ta.

    6. Dû hast sa njonkenlytsen by de omrop aardich karriêre makke. Wat binne dyn ambysjes foar de kommende tiid?

    Ik ha yndied in protte dien by de Omrop. Radio, televyzje, sport, nijs en ‘talkshows’. En in pear dokumintêres. Ik ha krekt in dokumintêre makke oer twa prachtige froulju, Ymkje en Berdien. Se binne handi-kapt en rinne tsjin in hiel soad saken oan, lykas besunigings en mindere kwaliteit fan soarch. Soksoarte programma’s soe ik wol faker meitsje wolle. Ferhalen fertelle oer minsken, want dêr giet it om, en in dokumintêre jout mear djipgong, dat fyn ik moai.

    7. Wêr bist ôfgryslik wiis mei?It meast wiis bin ik mei myn soan! Hy is 21 jier en útgroeid ta in geweldige jonge-man, dy’t him bot ynteressearret foar de wrâld. Dat dat moaie minske fuortkomt út my…net te leauwen!

    8. Dû bist fakentiids hiel fl eurich en entû-sjast. Wannear giest hielendal út dyn dak?

    As Nederlân skoart en wint op in EK of WK! As ik yn de après-ski bin! As ik mei freondinnen moai fuort bin en as ik wer

    oan ien of oare gekke sportwedstriid meidien ha, wêrfan’t ik tocht hie dat ik dat noait kinne soe! Mar it meast gie ik út myn dak by de Olympyske gouden me-dalje fan Epke! Wat fûn ik dat spannend. Ik ha him dêrnei in jier folge foar ‘Boppe-slach’ en doe sjoen hoe hurd hy der altyd foar traint. Ja, dy Europeeske titel fan him, ik wie der by en die it radioferslach. Myn entûsjasme gie doe hiel fi er. Op it momint dat hy de titel ferovere hie, koe elk de radio wol wat sachter sette, nef-fens my…

    9. soest ek wol by de Lanlike omrop dyn draai fi ne kinne, tinkst?

    Ik ha eartiids wolris tocht dat ik by in lan-like omrop wurkje woe, mar noait de stap setten. Ik bin sa ôfgryslik fergroeid mei ús provinsje. Fryslân jout my safolle. De Friezen (al soene dy net bestean neffens guon) binne myn minsken. Ik ha oeral op de wrâld wol west, mar noait te lang. En ik ha dêr ek gjin ferlet fan, alhoewol’t ik graach earne oars bin en fan oare kultue-ren lear. Want as je je eigen kultuer net earje, dan kin je dy fan in oar noait begri-pe. Wat dat oanbelanget bin ik tink ik wol in ‘djipfries’. Ik bin hjir berne en ik gean hjir dea, al bin ik dat noch lang net fan doel fansels!

    10. Wannear is simone scheffer grutsk?Simone Scheffer is grutsk as it wurk dat ik doch, wurdearre wurdt. En op Bartele, myn soan, mar om op syn Cruijfs te siz-zen… dat is logysk!

    Fragen fanPier Boonstraút Burgum

  • 19

    31 Desimber 2013. Goed healwei ienen binne alle ‘helptroepen’ oanwêzich foar de bel-aksje. Op it kantoarke fan Ans, Anneke en Gea is it in drokte fan belang. “Is alles no klear?” “Hoefolle headsets binne der?” “Witte Wim en Geert no krekt wat de bedoeling is fan de aksje dy’t Gea regele hat?” “Wa bel-let en wa hâldt de mail yn ‘e gaten?” De iene freget noch mear as de oare en elk is der op har eigen manier al mei oan ‘e gong. Mar gau dy kant út. En dan is it sa-fier, hearlike oaljekoeken en appelflap-pen binnen hânberik, wat wol in mins noch mear. Wy teste even oft de head-sets it dogge en benammen Gryt (Vonk, red.) wol graach presys witte hoe’t alles wurket want it wurdt foar har de earste kear dat se meiwurket. Dêr komt Feikje Kooistra ek noch oan. Jorrit Meinsma testet alfêst de kamera. En dêr bellet it hinne. Goed harkje wat der sein wurdt en alles dúdlik opskriu-we. As ik om it banknûmer freegje, hear ik gauris: “O, heden, moatte jo dat nije nûmer hawwe, dat kin ik sa gau net fine hear, jo moatte it noch mar even mei myn âlde dwaan”. Tuskentroch nim ik gau in hap fan in oaljekoek. Ferhip, no ha ‘k it mikrofoantsje ek al yn ‘e mûle, ik tocht al, wat kôget dat frjemd! Sa no

    en dan wikselje wy inoar even ôf, útsein Gryt, dy is net fan de stoel te brânen. Goed twa oeren lang docht se oars net as prate en skriuwe. It lêste kertier springt Piet Paulusma noch even by, de harkers fine it prachtich dat se him oan de te-lefoan krije. Kinst merke dat dy man it wend is om fan alles by de ein te hawwen, hy bliuwt sa rêstich as in pûn moal. De tiid fljocht foarby. Froulju, de telefoans út, it is al hast healwei fjouweren. Piet lûkt de winner fan de haad-priis – in tablet – út de doaze. De hear Veenma út Dokkum is de lokkige. Lit dy man him no yn dat lêste kertier tafallich ek noch krekt by ús waarman opjûn hawwe as nije Freon! Dan wurde der noch trije nammen lutsen dy’t elk in kadobon tastjoerd krije. Dy bonnen geane nei N. Zijlstra út Ljouwert, G.M. de Boer út Min-nertsgea en Jantine Hoogerhuis út Rie. Gean-de wei de middei hawwe Wim en Geert ek noch hiel wat Freonen dy’t al lang lid binne, bliid makke mei tagongskaarten foar ferskate ynstânsjes. It wurdt allegear tige wurdearre. Hè, hè, even bekomme. “Noch in bakje kofje?” “Wa wol noch in oaljekoek ha?” Gau oan it tel-len. Wat in skoare, mear as 250 nije Freonen der by!!Thús sjoch ik noch sawat de lêste tweintich nû-mers fan de Fryske Top100 foarby kommen. De spanning rint op. Hiel wat harkers en sjoggers hoopje dat ‘It bûthúsbankje’ fan de Wiko’s op nûmer 1 einigje sil. Ja!! Lokwinsken foar in emosjonele Kobus Algra. Emoasjes, ek by my.

    De Utsetter FaN it jier

    Aga

    tha

    Hijl

    kem

    aPy

    t Pa

    ulus

    ma

    Gry

    t Vo

    nk

  • 20

    Der op Út mei De FreoNeN

    1. Farre yn natuergebiet de Lauwersmar, mei m.s. ‘Silverwind’ tiisdei 20 maaie

    it LaUWersmargeBietEartiids hie de see yn de Lauwersmar frij spul troch de iepen ferbining mei de Waadsee. Eangst foar oerstreamings makke dat yn 1969 in daam boud is. Op de eardere see-boaiem ûntstie in prachtich nij lânskip, in wier fûgelparadys.

    Fierder libje hjir reeën, kenikhynders en Schotse Hooglanders. In grut ferskaat oan orchideeë-soarten makket de fl oara bysûnder.

    De natuer yn dit gebiet is sa unyk dat it yn 2003 útroppen is ta Nasjonaal Park.Yn dit prachtige gebiet biede wy twa data oan mei twa ferskillende ekskurzjes.

    De fartocht mei m.s. ‘Silverwind’ giet troch lytse kanaaltsjes, by moaie eilan-tsjes del en bringt ús op plakken dêr’t je oars net komme. In boskwachter fan

    Opstapplak ekskurzje: Museumhaven ‘Het Booze Wijf’ yn Lauwerseach.De ekskurzje duorret fan 13:30 oant likernôch 17:00 oere.De kosten binne € 17,50 de man/frou.Opjaan kin oant freed 11 april, mei de bon yn dit boekje of mei de mail.Der kinne maksimaal 130 minsken mei.

    Steatsboskbehear fart mei en fertelt ûnderweis fan de histoarje en de rike fl oara en fauna fan it gebiet.

  • 21

    Dizze kombinaasjetocht begjint yn de thúshaven fan m.s. ‘Vlinderbalg’ yn De Skâns. (Oostmahorn). Wy begjinne mei in fartocht troch de prachtige natuer fan it Lau-wersmargebiet. By Suyderoogh stappe wy fan de boat en meitsje in kuier troch natuergebiet ‘De Rug’, ûnder lieding fan in gids fan Steatsboskbehear. It is in kuier fan sa’n 75 minuten en in wêzentlik ûnderdiel fan dizze ekskurzje. De boat bringt ús dêrnei werom nei it opstapplak.

    2. Farre en kuierje yn natuergebiet de Lauwersmar,mei partyskip ‘Vlinderbalg’, woansdei 21 maaie

    Foar opjaan en ynformaasje: sjoch de bon op side 23 fan dit boekje.

    Foar beide ekskurzjes jildt:

    As jo betelling by ús binnen is, steane jo as dielnimmer ynskreaun.Fol is fol, dus stel it opjaan net út.In wike fan te foaren krije jo neier berjocht fan ús oer û.o. tiid, opstapplak,

    parkearje ensfh.

    Opstapplak ekskurzje: thúshaven De Skâns (Oostmahorn) foar it restaurant oer.De ekskurzje duorret fan 13:30 oant likernôch 17:00 oere.De kosten binne € 17,50 de man/frou.Opjaan kin oant freed 11 april, mei de bon yn dit boekje of mei de mail.Der kinne maksimaal 75 minsken mei.Goed rinne kinne is by dizze ekskurzje in pree!

  • 22

    Feest BY iN Nije FreoN

    Ik hie mids jannewaris in fl eurich reiske. ‘k  Mocht nammentlik in tablet bringe by de nije Freon, dy’t him ûnder de Top100-útstjoe-ring fan âldjiersdei opjoech en letter hearde dat hy de haadpriis wûn hie. Yn it nije mega-nisaasje-bedriuw dat Gosse Veenma mei syn frou, soan en noch 15 meiwurkers runt, waard ik hertlik wolkom hjitten. Hy fertelde dat hja krekt ferhuze wiene fan Nijewier nei Dokkum.

    “In dream komt út. Nije wike is der in ie-peningsshow en kin eltsenien dy’t dat wol, efkes by ús om de hoeke sjen.” Veenma hie krektlyn noch by de Omrop west om in reklame-kommersjal yn te sprekken foar de radio. De fêste hearders sille dy wis alris heard hawwe. Hy wie âldjiersdei rekke troch de moaie útstjoering en it entûsjasme fan de mei-wurkers. Op ‘e falreep krige hy Piet Paulusma oan de telefoan en is doe Freon wurden.

    Dat Veenma Omrop Fryslân in waarm hert tadraacht, blykt wol út it feit dat hy syn soan as jierdeikado in “kastje” jout, om’t dy soan Omrop Fryslân net ûnt fange kin. En dat moat fansels oars. Nei ús petear hat Gosse Veenma my noch in rûnlieding jûn. It wie te merken dat hy grutsk is op it nije bedriuw en mei rjocht, want wat sjocht it der kreas út!

    n GeArtsje FokkemA

    Gea

    rtsj

    e Fo

    kkem

    a

    antwurdstrypkeJIERGEARKOMSTE FREONEN OP 26 MAART 2014

    Graach sa gau mooglik opstjoere, mar foar 19 maart 2014 nei:Feriening Freonen fan Omrop Fryslân

    Postbus 7600, 8903 JP LJOUWERTMaile kin ek: [email protected]

    ik jou my hjirby op foar de jiergearkomste fan 26 maart mei ............ persoan(en).

    ❏ jimme kinne op my/ús rekkenje mei sop en broadsjes (ynrin fan 18.00 oere ôf)❏ ik/wy kom(me) allinne foar it saaklik part (begjint om 19.30 oere)(graach oankruse wat fan tapassing is)

    Namme: ........................................................................................................................................................................................

    Adres: .............................................................................................................................................................................................

    Postkoade: ................................................ Wenplak: ....................................................................................................

    Telefoan: ..................................................... Evt. e-mailadres: .................................................................................

    Wolle jo dizze bon leaver net út Each & Ear knippe? In kopytsje meitsje (litte) en dat opstjoere kin ek!

  • 23

    antwurdstrypke

    ekskUrZjes maaie 2014

    ik/wy jou(we) my/ús mei ............ persoanen op foar de ekskurzje:(graach oankruse)

    ❏ 1. op 20 maaie, farre *) à € 17,50 de man/frou

    ❏ 2. op 21 maaie, farre en kuierje *) à € 17,50 de man/frou

    *) Is de ekskurzje fol, dan wol(le) ik/wy wol mei de oare ekskurzje: JA / NEE

    ✽ meitsje jo kar, opjaan foar beide ekskurzjes kin net.

    Tiid: 13:30 – 17:00 oere.

    Namme: ........................................................................................................................................................................................

    Adres: .............................................................................................................................................................................................

    Postkoade: ................................................ Wenplak: ....................................................................................................

    Telefoan: ..................................................... E-mailadres: .............................................................................................

    Hantekening: ...........................................................................................................................................................................

    Foar beide ekskurzjes jildt: graach sa gau as mooglik opstjoere,mar foar 11 april 2014 nei:Feriening Freonen fan Omrop Fryslân, Postbus 7600, 8903 JP LjouwertMaile kin ek: [email protected]

    Wy fersykje jo om tagelyk mei it opjaan it ferskuldige bedrach à € 17,50 de man/frou oer te meitsjen op banknûmer NL53 raBo 0130 2830 02 fan ‘Feriening Freonen fan Omrop Fryslân’, ûnder fermelding fan: eksk. Lauwersmar + datum.

    * in wike fan te foaren krije jo neier berjocht fan ús oer û.o. tiid, opstapplak, parkearje ensfh.

    Wolle jo dizze bon leaver net út Each & Ear knippe?In kopytsje meitsje (litte) en dat opstjoere kin ek!

  • Cap

    ari

    s G

    rafi sc

    h C

    entr

    um

    o

    Ng

    ek

    eN

    D V

    eeLZ

    ijD

    igC

    ap

    ari

    s g

    rafi

    sch

    Ce

    ntr

    um

    pro

    du

    ceer

    t ee

    n b

    reed

    sca

    la

    aan

    dru

    kwer

    k vo

    or

    een

    gro

    te v

    ersc

    hei

    den

    hei

    d a

    an

    op

    dra

    chtg

    ever

    s.

    Wij

    bie

    den

    een

    to

    taal

    pak

    ket:

    ontw

    erp, d

    tp,

    dru

    kwer

    k, a

    fwer

    kin

    g e

    n b

    ezo

    rgin

    g.

    Dat

    do

    en w

    e

    turn

    key

    en

    bin

    nen

    de

    afg

    esp

    roke

    n t

    erm

    ijn.

    Beh

    alve

    gra

    fi sc

    he

    kno

    w h

    ow

    heb

    ben

    we

    oo

    k

    ken

    nis

    van

    op

    slag

    , lo

    gis

    tiek

    en

    mai

    ling

    serv

    ice.

    Ca

    par

    is g

    rafi

    sch

    Ce

    ntr

    um

    Jag

    tlu

    stw

    eg 2

    84

    44

    AV

    Hee

    ren

    veen

    Post

    bu

    s 3

    00

    84

    40

    AH

    Hee

    ren

    veen

    t (

    05

    13

    ) 6

    2 4

    3 3

    3F

    (05

    13

    ) 6

    2 7

    0 4

    1e

    gra

    fisc

    h@

    cap

    aris

    .nl

    i w

    ww

    .cap

    aris

    .nl

    Ca

    par

    is

    gr

    aFi

    sC

    H C

    eN

    tr

    Um