Swingel 36

24

description

Swingel 36

Transcript of Swingel 36

Page 1: Swingel 36
Page 2: Swingel 36

2 Swingel 36 – desimber 2012

Fan de redaksje Ynhâld nûmer 36 – desimber 2012 Moatten is twang Jabik van der Bij Oprop frijwilligers foar ItNijs.nl De betinking fan de Slach by Warns (1345) Jabik van der Bij It Frysk Boun om Utens Kees van der Beek Stavering Anne Dykstra Koart Nijs Frysk Histoarysk en Letterkundich Museum TRESOAR Jelle Krol www.oersethelp.nl Goed op wei Syb Muizelaar Nei Appelskea op in hynder Pier Bergsma (kollum) Kolofon

2

7

8

11

15

16

17

18

20

21

23

Tige wurdearre lêzer, ☺Hoe komt it dochs dat de emansipaasje fan ús skoandere taal sa’n swiere sile lûkt, wylst tagelyk suver alle Fryskpraters fan betinken binne dat it Frysk net ferlern gean mei. Hat it te krijen mei in gefoel fan minderweardigens, fan skamte, fan benaudens om kleur te bekennen? Emansipaasje ferget in feroaring fan mentaliteit, dy’t him lykwols wol hieltyd mear posityf begjint ôf te tekenjen yn Fryslân. Dêrfan tsjûgje in protte saken dy’t Van der Bij hjir yngeand besprekt by it oerswyljen fan de ôfrûne tolve jier dat er foarsitter wie fan de Fryske Beweging. Sjoch side 2. ☺De direkteur fan Omrop Fryslân joech in taspraak op de jierlikse betinking op It Reaklif. Wy moatte net gewurde litte dat ús omrop troch De Haach aansen lytsman makke wurdt. Hy is net oer ien kaam te kjimmen mei oare regionale omroppen. Sjoch side 8 ☺It Frysk Boun om Utens bestiet meikoarten 100 jier, teminsten, as er it hellet. Dat heart wat mistreastich, mar sa fatalistysk hoecht it net te wurden as de ‘formule’ wat neffens de feroare tiidsgeast oanpast wurdt. Sjoch side 11 ☺O, blinder, net wer in oare stavering wol, tinke jo? Nee, gjin panyk. Der komt earstdeis in Standertwurdlist fan ús taal út, nei foarbyld fan it Groene Boekje. Omreden dat it Frysk op skrift aloan tanimt, is der ek mear ferlet fan klearrichheid oer de iennich krekte skriuwwize fan wurden, benammen de útlânske. Sjoch side 15 ☺Wa’t himsels ynljochtsje wol oer de skiednis fan syn doarp, gea, stêd, famylje of mear witte wol oer skriuwers, boeken, tydskriften ensafuorthinne kin noflik weidûke yn de argiven fan Tresoar, online likegoed as libbensliif. Rin dêr ris efkes oan op in reinige middei en fernuverje jo oer de rykdom fan ús lytse lantsje. Sjoch side 17 ☺Wenje wy skielk net mear yn Fryslân, mar yn in lânsdiel? Wy mienden dat de gritenijen mei har ‘dielen’ al lang ôfskaft wiene troch it sintraal regear. De Haach wol no in âldfrysk wurd wer ynfiere. Sympatyk, mar dan wol op betingst dat it tenei Lânsdiel Fryslân hjitte sil. Sjoch side 21 De redaksje winsket jimme in âlderwetsk smûke Sinteklaasjûn ta en ek in noflike en smoute krysttiid. Lútsen Bakker Redaksje

Kopij foar Swingel 37 (fan maart 2013) moat foar 15 febrewaris nei it redaksje-adres stjoerd wurde: [email protected]

Page 3: Swingel 36

 

Swingel 36 – desimber 2012 3

 

Moatten is twang  Jabik van der Bij

Yn ús westerske tinken is net folle romte foar weromsjen. Wy binne mear rjochte op de takomst en it meitsjen fan plannen. It kin ek wolris sûn wêze om dochs eefkes werom te sjen, al soe it allinne mar wêze om skerper te sjen wêr’t jo no steane. My tinkt dat soks kin as der nei tolve jier in foarsitterswiksel plakfynt by de Ried fan de Fryske Beweging.

Doe’t ik yn 2000 foarsitter waard fan de RfdFB lei de wrâld der oars hinne as hjoed-de-dei, sawol yn as bûten de Ried. Oer it plak fan it Frysk, syn funksje en status, binne gjin hurde sifers beskikber. De fluchhifkings dy’t der west ha lykje my net botte betrouber. Ik tink dat dy in te fleurich byld fan de situaasje skilderje. Foar it gefoel wurdt der troch bern hieltyd minder Frysk brûkt. Der binne te folle sinjalen dat de skoallepleinen stadichoan ferhollânskje. By de Fryskpratende bern leit de takomst fan it Frysk. It falt foar de ferslachjouwers fan Omrop Fryslân faak net ta om sa’n Fryskpratend bern foar de mikrofoan te krijen. Dêrom wurdt it heech tiid dat der in ferfolch komt op de taalûndersiken fan de tachtiger en njoggentiger jierren fan de foarige ieu. Fierders kleie skriuwers en útjouwers deroer, dat der amper fraach nei Fryske boeken is, opfallenderwize wól nei twaddehânske boeken. De klachten oer de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis wurde hieltyd mar sterker troch de klam dy’t der troch de ûnderwiisynspeksje lein wurdt op de behearsking fan it Hollânsk en de feardichheden by it rekkenjen. Posityf is te neamen dat de jongerein maklik yn it Frysk dwaande is op de saneamde sosjale media. Boppedat leit der no in taalwet by de Twadde Keamer dêr’t ek it Frysk in plakje yn krigen hat, mar ik hâld myn twivels oer de positive effekten dy’t derfan ferwachte wurde as it giet om it brûken fan it Frysk. Sa lang as der gjin nije ûndersyksresultaten binne, weagje ik my net oan útspraken oer de hoeddeiske posysje fan it Frysk.

Dan de Ried sels. Yn 2000 sieten wy noch yn it âlde kleaster yn de Ype Brouwersteech. Earmoediger koe it net. Gelokkich hat de Ried op it Keetwâltsje in better plak: foldwaande kantoarromte en in goede gearkomsteseal. Binnen de Ried is ek it nedige feroare. Yn it bestjoer sitte no mear jongelju as tolve jier lyn en de Ried lit him faker nei bûten ta sjen. Sûnt in pear jier is de Ried tige warber op ynternet mei help fan de nije media. Dat is foar in grut part mooglik makke troch it legaat fan Jisk Koopmans dat de Ried okkerjiers yn ‘e skurte foel. Spitich dat de opbringsten troch de krisis op it stuit sa leech binne, mar dochs hat de Ried mear earmslach krigen. Wat dat oanbelanget is der wol wat feroare.

Foarhinne wie de foarnaamste funksje fan de Ried dy fan waakhûn. Dêr wêr’t it Frysk bedrige waard, luts de Ried oan ‘e bel. Doe’t ik der tolve jier lyn by kaam, beheinde it wurk him yn haadsaak ta it skriuwen fan brieven en it stjoeren fan parseberjochten en fansels it útjaan fan de Swingel. Mar ek dy wie yn it begjin net maklik yn de loft te hâlden. Trije ferskillende einredakteuren haw ik meimakke en ek trije ferskillende formaten fan it blêd. Benammen de tiid dat Jan Breimer einredakteur wie, gie it dat it slydjage mei de Swingel. It bestjoer freget him no wol ôf hokker kant oft it út moat mei de Swingel. It is it orgaan fan de Ried en moat as sadanich de funksje ha om de eigen stipers en oare ynteressehawwers te ynformearjen oer it wurk fan de Ried en it Frysk yn brede sin. Tagelyk wolle wy in Frysktalich blêd útjaan dat oantreklik is foar in breed

Jabik van der Bij 

Page 4: Swingel 36

4 Swingel 36 – desimber 2012

publyk. Miskien is der wol mear ferlet fan in folslein Frysktalich nijsblêd mei koarte, maklik te lêzen stikjes mei it doel en krij mear minsken oan it Frysklêzen: in bytsje te ferlykjen mei Friesland Post mar dan hielendal yn it Frysk. De Ried hat dat besocht mei in digitale Nijsbrief, mar eins is dat noch net it ideaal dat ús foar eagen stiet. Boppedat, de middels binne der no ek net om it út te fieren. Yn in tiid dat it tal tydskriften dêr’t it Frysk yn brûkt wurdt stadichoan ôftakket, soe in tsjinlûd

komme moatte. It Beaken brûkt amper Frysk mear, krektlyk as Fryslân fan it Genoatskip, dêr’t allinne de namme noch Frysktalich fan is, útsein de kollum fan Eelke Lok. Sels de Moanne kriget hieltyd mear Hollânsktalige stikken. De Fleanende Krie is in wite raven yn dat ferbân. Guon tinke dan dat wy wat op Hollânsk tsjin ha soene. Dat is perfoarst net sa, allinne, wy wolle graach dat der ek foldwaande yn it Frysk skreaun en lêzen wurdt.

Yn dat ramt moat Itnijs.nl neamd wurde. Tanksij de kreativiteit en help fan Meindert Tjerkstra hat de Ried no al in jiermannich in digitale krante yn de loft. It is in beskieden nijsmedium dat hielendal troch frijwilligers oereinholden wurdt. Der bliuwt altyd ferlet fan redakteuren dy’t fergees artikels oanleverje. Itnijs.nl kriget njonken krityk – hoe soe it ek oars – ek in protte wurdearring. Wa’t no de aksjepuntelist fan de Ried by del giet, sjocht in grut ferskaat oan aktiviteiten by de Ried en syn kommisjes. De opsomming hjir is net folslein en de folchoarder is tafallich:

• Okkerjiers hat de Ynternasjonale Kontaktekommisje it spul Euregua ynelkoar setten. Der binne noch wat doazen oer. Troch in oanfolling mei 126 wat nije en makliker kaartsjes hopet de Ried de doazen ek yn it basisûnderwiis kwyt te kinnen. Tagelyk binne de spulregels oersetten yn it Ingelsk, omdat der fraach fan oare minderheden yn Europa wie nei de opset fan it spul.

• Ferline jier wie it 60 jier nei Kneppelfreed. De Ried hat der in Keppelfeest fan makke. Sechtich dagen lang in grut ferskaat oan aktiviteiten mei in begrutting fan krapoan in ton, dy’t hast hielendal byelkoar brocht is troch fûnsen. Siem de Vlas hat der in moai ferslach oer makke.

• Mei Tresoar en it HCL hat de Ried fan de Fryske Beweging by it Keppelfeest in begjin makke mei in nije tradysje: de Fedde Schurer-lêzing.

• Meindert Tjerkstra hat der foar soarge dat der in rige thússiden ûnder de flagge fan de Ried kommen binne: Goed Frysk om minsken te helpen har teksten yn geef Frysk te skriuwen. Klaske Straatsma hat it op ‘e noed naam. Meindert hat ek in side Fryskprinteboek.nl makke mei mearkes, leginden en folksferhalen. Hjir is noch hiel wat mei te dwaan, benammen ek troch bern sels yn te skeakeljen mei it foarlêzen fan de ferhalen en it meitsjen fan tekenings en filmkes. In aardige taak foar in pear minsken dy’t der nocht oan ha om mei bern de side te foljen.

• Der binne de lêste jierren websiden makke om aksjes fan de Ried buorkundich te meitsjen lykas Foar Fryslân, mei mear as 4100 hantekenings tsjin de plannen om Fryslân opgean te litten yn in lânsdiel en Rêdfrysk om de stúdzje Frysk oerein te hâlden mei 5600 ûnderskriuwers. It is in effektive wize fan mobilisearjen fan minsken.

• Yn 2010 hat it Kristlik Frysk Selskip it útjouwersskip fan it Bûsboekje oerdroegen oan de Ried. It KFS hâldt op te bestean en de Ried fûn, dat it boekje der wol bliuwe moast en sa kaam it Bûsboekje ûnder de wjukken fan de Ried. Gelokkich wurdt it wurk dien troch in betûfte redaksje.

Page 5: Swingel 36

 

Swingel 36 – desimber 2012 5

 

• De Ried hat yn ferkiezingstiid in pear kear ferkiezingsdebatten organisearre yn De Bres om de politisy út ‘e tinte te lokjen oer harren stânpunt oangeande Fryslân en it Frysk.

• Yn 2011 hat de Ried de Fryske dikekaart yn de ferkeap brocht. It earste eksimplaar waard útrikt by de betinking fan de Slach by Warns yn 2011.

• Der binne de lêste jierren inkele hiemsiden makke foar oare ferienings, stiftings en (Fryske) skriuwers. Net allinne dat wy dêrmei berikke dat der mear Frysktalige hiemsiden komme, mar der is in automatyske ferbining mei de Fryske Beweging en mei Itnijs.nl.

• Yn 2010 waard de Ried ûnderstien troch de hear Plum, dy’t as ymport-Fries in

eigen wurdboek makke hat. Mei finansjele stipe fan it Tony Feitsmafûns sil dit wurdboek meikoarten troch eltsenien te brûken wêze op ynternet.

• De Reklamepriiskommisje hat ferline jier de fyftjinde priis útrikt. De Ried is fan betinken dat it Frysk oeral brûkt wurde kin, ek yn de reklame. Tom Dykstra, skrepper fan de earste oere, hat derfoar soarge dat de kommisje ferjonge is en hat de stjit jûn ta in tagroeien nei in nij model. Der wurde nije plannen makke foar in oanpak dêr’t de klam net allinne by op de priis leit, mar mear op de akwisysje fan Fryske reklame. In moaie ûntjouwing.

• In jier as wat lyn ha inkele bestjoersleden mei oaren it saneamde Oanfalsplan makke. Op it earste each in wat agressive titel, en sa waard der fan bûten ôf ek wol nei sjoen. It jout in analyze fan de hjoeddeiske posysje fan it Frysk en mooglike oplossings foar it wurkjen oan in folweardich plak fan it Frysk yn Fryslân/Nederlân. Nettsjinsteande de kanttekenings oer de toan fan it stik wurdt der dochs wol nei it stik ferwiisd.

• De Ried ûnderhâldt syn ynternasjonale kontakten troch diel te nimmen oan de FUEV-konferinsjes en troch in sit te hawwen yn it Europeesk Foarum.

• Koartlyn is de Ried út ein setten mei in nije oanpak om minsken bewuster te meitsjen fan de posysje fan it Frysk. Wy ha dat oant no ta de wurknamme Fan-ûnderen-op jûn. It is de bedoeling om op in oantreklike wize mei help fan de moderne media in diskusje út te lokjen yn de doarpen as in ferfolch op it Keppelfeest. De plannen steane noch yn de steigers en moatte noch útwurke wurde en sille earst op in inkeld doarp útprobearre wurde.

• Tagelyk leit der in plan om mear frijwilligers oan te lûken. It hat de namme Mobilisaasje krigen.

Page 6: Swingel 36

6 Swingel 36 – desimber 2012

• En dan is der noch in lange list fan saken dêr’t de Ried him mear of minder mei bemuoid hat: de plaknammen, de takomst fan Omrop Fryslân, in list fan notarissen dy’t Fryske akten meitsje wolle/kinne, it skriuwen fan plombrieven foar lju dy’t posityf yn it nijs wiene fanwege it Frysk, de Fear yn ‘e broek foar dyjinge dy’t him/har yn it bysûnder ûnderskiede foar it Frysk oer, gearwurkjen mei Tûmba by Taaldiskriminaasje, de wurkgroep Nije Fryske Wurden op gong hâlde, it útwreidzjen fan it Freonebestân, it yn ‘e gaten hâlden fan Frysk by de Rykstsjinsten, lykas de Polysje en de Keamer fan Keaphannel.

De list is nei myn betinken yndruk-wekkend, mar net bedoeld om ús as Ried op it boarst te slaan. It freget in protte minskkrêft en tagelyk koördinaasje. It hat wol bliken dien dat der noch mear hannen ‘oan it bêd’ moatte. Ek al ha wy profesjonele ynstituten lykas de Afûk, Tresoar en de Fryske Akdemy, foar de Ried bliuwt noch genôch wurk oer. De Ried is net ôfhinklik fan syn subsyd-zjejouwers en as dat ea it gefal wurde soe, dan mar sûnder subzydzje. It is needsaaklik dat der in ûnôfhinklike, net-gûvernemintele organisaasje is, dy’t nimmen nei de mûle prate hoecht. Twa jier lyn hie de Ried 65 jier bestien. Wy ha it foarbygean litten, omdat de Ried noch net mei Drees kin.

Persoanlik haw ik it wurk graach dien, hoewol’t it yn it begjin net maklik wie om derefter te kommen hoe’t it allegearre wurke. It hat my wol noch skerper bewustmakke fan de twadderangs-posysje fan it Frysk en dat it benammen de Friezen sels binne dy’t harren taal derûnder strûpe litte. De gefaren komme net fan bûten, mar fan binnen. It is net altyd maklik om foar de saak op te kommen. Benammen as men ferlike wurdt mei Moslimekstremisten. Bewegers lizze trochstrings net op sa’n goede namme. Der is in protte misbegryp en der hearsket in djipwoartele

minderweardichheidsgefoel by in protte Friezen as it oer har taal giet. Ek al ropt elkenien dat se fan it Frysk hâlde en dat dy taal nea ferlern gean mei, dochs wolle se net foar beweger ‘útmakke’ wurde. Krekt dêr moat mei ús mei-Friezen, Frysk- of Hollânsktalich, oer praat wurde. Hoe komt it dat minsken dy’t opkomme foar dat wat eltsenien wichtich fynt, dochs skoudere wurde? Is it in tekoart oan selsbewustens, eangst om derop oansjoen te wurden? Hat it in ekonomyske eftergrûn, wol men by de ‘sterke’ partij hearre? De Ried sil yn de takomst dochs mei dizze gefoelens rekken hâlde moatte. Ik leau net yn twingen. It is moai dat der in taalwet komt as steuntsje yn de rêch, mar mei wetten allinne twinge jo it net ôf. It is te finen by it ûnderwiis. Foar 1980 stie it der mei it Frysk yn it ûnderwiis better foar as nei 1980, doe’t it wetlik regele waard. Itselde is te sjen by de rjochtbank en yn it iepenbier ferkear. Wetlik wurdt de Fryskprater gjin strie oerdwers lein, mar wy moatte sels ús kânsen wol oangripe wolle. Ôftwinge stiet heaks op de frijheid yn de ynterminsklike omgong. Dêrom tink ik dat de Ried him yn it foarste plak rjochtsje moat op de bewustwurding. It freget om mobilisaasje. Fan Gideonsbinde moat de Ried fan de Fryske Beweging in brede maatskiplike beweging wurde.

Page 7: Swingel 36

 

Swingel 36 – desimber 2012 7

 

 

Fine jo de media gauris te hyperich? Of tinke jo dat de echt wichtige nijsûnderwerpen te min har gerak krije?

Of binne de sjoernalisten jo fakentiden net sekuer en dúdlik genôch? Of witte jo mear fan guon ûnderwerpen as jo krante?

Of fine jo just te min fan de djipgong fan in printe krante op it ynternet? En wolle jo ek mear nijs yn jo eigen taal?

Help ús dan mei it meitsjen fan ús Frysktalige ynternetkrante en wurdt frijwilliger by It Nijs!

De webside It Nijs (www.itnijs.nl) siket skriuwers (frijwilligersfunksje). It Nijs

is in webside dy’t nijs bringt út de wrâld, Nederlân en Fryslân en dat allegearre yn it Frysk. It Nijs is krekt even oars as oars.

Foar it meitsjen fan nijsartikels, sykje wy minsken dy’t:

• der niget oan hawwe om yn it Frysk te skriuwen en it moai fine om te boartsjen mei de taal;

• goed op ‘e hichte binne fan it nijs fan hjoed-de-dei en/of in spesifyk ûnderwerp;

• trochstrings minimaal in pear artikels wyks skriuwe wol foar de side.

It Nijs is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging. De Ried is de belange-organisaasje foar minsken dy’t wiis binne mei Fryslân en har ynsette foar mear romte foar it Frysk en de Fryske kultuer. De Ried is in ûnôfhinklike frijwilligersorganisaasje as koepel fan 12 oansletten organisaasjes en goed 500 stipers (donateurs). Sprekt dizze frijwilligersfunksje jo oan, stjoer dan in e-post nei: [email protected] o.f. de hear G. Benedictus, foarsitter Ried fan de Fryske Beweging

  

   

 

Mar ús heit syn kollega’s holden de foet stiif en praten Frysk. Dat hie fansels de nedige konsekwinsjes. Se waarden skuldich befûn, mar

Page 8: Swingel 36

8 Swingel 36 – desimber 2012

De betinking fan de Slach by Warns (1345) Jabik van der Bij

De betinking fan de Slach by Warns stie dit jier yn it teken fan de posysje fan Omrop Fryslân. De direkteur fan Omrop Fryslân, Jan Koster, joech in skets fan de situaasje by de omrop. It draaide yn syn ferhaal om twa aspekten: wat wol Omrop Fryslân betsjutte en hoe kinne de ambysjes heechholden wurde as de iene besuniging de oare jaget. De hiele lêzing is wat te lang foar de Swingel; dêrom hjir inkele wichtige útspraken fan Koster.

Omrop Fryslân en it Frysk

“De ferhâlding fan Omrop Fryslân ta de Fryske beweging is, skat ik, de lêste jierren allinnich mar positiver wurden. Dat komt troch feroarings yn dy beweging en ek oare ideeën by de Omrop. It opkommen foar it Frysk troch it te dwaan en sjen te litten is folle mear in positive aksje wurden, gjin ôfsetten tsjin it Hollânsk mar mear wize op de rykdom fan it eigene, en dat toane en fertoane. Soks is sûnder mis posityf en effektyf”.

“De posysje fan Omrop Fryslân yn dit fjild is ek oars wurden. Troch de jierren hinne is der mear it besef kommen dat krekt de taal en it diel útmeitsjen fan de Fryske kultuer bydraacht oan de sterke posysje fan de Omrop. Ik doar de stelling oan dat de minsken by de Omrop no grutsker binne op it Frysk as dat it wol west hat. En ik wit ek seker fan guon fan jim dat der genôch krityk mooglik is op it Frysk dat we brûke, mar ik wit ek dat der folle mear flyt op dien wurdt as dat wol west hat”.

“As wy de Fryske Beweging fan hjoed-de-dei sjen meie as in griemmank fan al dy yndividuen, ynstituten en maatskiplike organisaasjes dy´t posityf foar it Frysk oer steane en der ek yn it deistich wurk foar opkomme wolle, dan doar ik wol de stelling oan dat Omrop Fryslân diel útmakket fan de Fryske Beweging”.

“As publike omrop wolle wy tusken de minsken stean, diel útmeitsje fan dizze mienskip dêr´t gelokkich it Frysk as taal noch altyd fan betsjutting is. Frysk is de regel, de taal fan de gewoane man en de pommerant. Dêrom is it sa klear as wat

dat de regionale omrop yn Fryslân Frysk wêze wol yn ieren en sinen”.

“Yn de praktyk betsjut dat: praat mar Frysk, en noegje de minsken dy't ynterviewd wurde der ek ta út. Mar we meitsje der fansels gjin striid fan: net te gau jin ferbrekke, mar it seit himsels dat yn it twatalige Fryslân it Hollânsk ek by de Omrop te hearren bliuwt”.

Ien oerke deis

“De komst fan regionale televyzje yn Fryslân yn 1994 wie it gefolch fan oanhâldende aksjes út de Fryske befolking wei yn kombinaasje mei druk út de polityk, dy´t oer de partij-polityk hinne gong. Earst fiif dagen yn de wike, letter sân, earst in oerke, letter oardel oere en sels in hoartsje twa oeren Fryske televyzje deis. Dat wie net fol te hâlden, en it is no wer ien oere deis. Yn kwantiteit binne wy yn achttjin jier net folle opsketten. Mei in oere deis sil Fryske televyzje nea mear wurde kinne as in lytse oanfolling op de grutte publike en kommersjele netten”.

“Sels dy oere stiet faai. De Omrop stiet foar in twadde reorganisaasje, it budzjet sakket stadichoan. Regionale televyzje yn Nederlân sit op it fuottenein, yn De Haach ha se de hannen fol oan Hilversum en de Provinsjes witte net rjocht wat se wolle en lûke it jild tebek”.

“Wy mienden dat der foar de Fryske televyzje in oar foarlân wie. It is ommers by útstek in medium dat der gaadlik foar is om it Frysk ûnder de minsken te bringen, by te dragen oan de mienskipssin en sosjale gearhing, oan de sichtberheid en fersterking fan de Fryske

Page 9: Swingel 36

 

Swingel 36 – desimber 2012 9

 

taal en dêrmei de Fryske kultuer en de mienskip yn Fryslân. Allegear doelstellings dêr´t de provinsjale polityk it alhiel oer iens is. Dat kin allinnich mei in Omrop as selsstannige Fryske organisaasje; wy moatte net de kant fan de Friesland Bank útgean. Sa’n Omrop fertsjinnet ek provinsjaal jild om de moaie wurden op papier ek yn praktyk te bringen”.

“Yn achttjin jier Fryske televyzje hat der gjin foarútgong west yn stjoertiid, no komt yn 2013 ek de kwaliteit ûnder druk te stean. Wy sille weromfalle moatte op minder programma's en goedkeapere programma's. It sil dreech wurde noch te foldwaan oan de wetlike opdracht om in ôfwikseljend en kwalitatyf heechsteand programma-oanbod te fersoargjen. Ek by Omrop Fryslân driget in fersutering fan it oanbod. In folsleine en alsidige programmearring stiet ûnder druk”.

Koster giet dêrnei op de konsekwinsjes fan de besunigings yn. It hat laat ta twa reorganisaasjes yn it bedriuw. De provinsje hâldt op mei de subzydzje oan Omrop Fryslân en it Ryk leit in koarting op. Mei minder minsken en minder jild kin der net itselde levere wurde. Mei effisjinter wurkjen is wat op te lossen, mar net alles. Wat Koster by syn lêzing yn septimber noch net wist, is dat der yn it regearakkoart op ‘e nij besunigings foar de publike media oan komme. Dêrnjonken is it

ûnderbringen fan alle regionale stjoerders op ien net ek in beheining fan de eigen ûntjouwing fan Omrop Fryslân, dy’t mear is as samar in sljochtweihinne regionale stjoerder, mar ek in taak hat as stjoerder fan in erkende minderheidstaal yn Nederlân. Yn de wurden fan Koster:

Fryslân kin net ta mei Hilversum

“Fryslân kin net ta mei Hilversum, wy wolle ús eigen programma’s hâlde en útbouwe, mar wy hâlde wol in slach om de earmtakke. In kommisje (Kommisje Hoekstra, red.) is in poerbêst middel om de saak op de lange baan te skowen en te einigjen yn betiizjende diskusjes tusken provinsje en ryk en bestjoersôfspraken, dy’t op papier hiel wat lykje mar yn de praktyk neat foarstelle. It is tiid te kommen fan geunst nei rjocht yn de media en ek fan rjocht nei praktyk. It haadstik Media komt net foar yn de nije Taalwet, dy slach is ferlern en moat no befochten wurde yn de nije Mediawet. In selsbewuste en stevige opstelling fan it provinsjaal bestjoer is dan in eask. Boppedat sille de Fryske Keamerleden druk útoefenje moatte”.

“En as it net op dy wize kin dan doch ik in berop op jimme en op alle Friezen dy’t de Omrop in goed hert tadrage, dan sille we sels nei De Haach ta moatte, en as it net feroaret ek nei it Provinsjehûs. De Friezen betelje no in stoer yn ‘e wike foar de omrop; my tinkt dat se der bêst in dûbeltsje foar oer hawwe”.

Page 10: Swingel 36

10 Swingel 36 – desimber 2012

Oer trijeëntritich jier Oer trijeëntritich jier, dan sil it heve: De slach by Warns, sânhûndert jier ferlyn. Ik lit myn tinzen yn dy rjochting sweve en bin benijd hoe’t ik it hjir dan fyn. Hoe leit it Fryske lân der hjir dan hinne? Hoe stiet it mei de doarpen, de natuer? Kinn’ wy dan mei de taal noch wat begjinne? En is der noch wat oer fan ús kultuer? Wurdt Frysk noch praat, is dat noch yn ’e moade, of is it inkeld Hollânsk dat men heart? Of is dat ek troch ’t Ingelsk al ferwâde en is it foar ús taal foargoed te let? Al dy bodders dy’t no foar it Frysk krewearje, se sille tsjin dy tiid wol neat mear dwaan. En soene jonge minsken noch probearje it Frysk nije ympulzen mei te jaan? …. Oer trijeëntritich jier, kinn’ wy dan fiere: De slach by Warns, ienriedich en unyk? Of is it hottefyljen, fjochtsjen, tsieren, bliuwt elk oertsjûge fan ’t eigen gelyk? Kinn’ minsken dan noch stean foar idealen en stride se net tsjin, mar mei elkoar Fertelle se har neiteam de ferhalen, de Fryske skiednis, komt dy noch oan bar? Oer trijeëntritich jier, och lit mar sitte, ’k kom wer mei beide fuotten op ’e grûn: Wy kinne ’t fan tefoaren dochs net witte, de dagen en de tiid wurde ús jûn. ’t Betinken fan dit feit út it ferline, dat wiist foargoed ek nei de takomst ta. Sa seit it ús: ’t Frysk mei eins net ferdwine, it is in rykdom dy’t wy by ús ha. Slach by Warns betinking 29 septimber 2012 Op de meldij fan “Testament” fan Boudewijn de Groot © Grytsje Kingma 10 septimber 2012

Page 11: Swingel 36

 

Swingel 36 – desimber 2012 11

 

 

It Frysk Boun om Utens : it oerkoepeljend orgaan fan Fryske kriten om utens. Der binne lanlik op it stuit (noch) 18 kriten by it Boun oansletten. Friezen om utens: der wurdt faak sein, dat hja Frysker as de Friezen yn Fryslân binne. Dochs liket it in kwestje fan tiid en it lûd fan dy Friezen om utens is ferstomme. Yn de ôfrûne jierren binne ‘grutte’ kriten fan mear as 100 leden ferdwûn. Grutste swierrichheid is it kader: minsken, dy’t al jierren in bestjoersfunksje beklaaid hawwe en oanjouwe dat hja dermei ophâlde. It tal keale plassen en grize hollen hat de oerhân en dan bedarje ferskate funksjes yn ien pear hannen. As der dan ris ien by weifalt, is it in koart eintsje nei de ein fan de krite. Libbet it ‘kritelibben’ dan noch wol? It Boun wurdt takom jier 90! Sille wy de 100 jier noch wol helje? Koartlyn hat it Boun syn twajierlikse Kaderwykein belein yn de Bult by Stienwyk, op de bûtenpleats ‘Fredeshiem’. Dêr is ûnder oaren neitocht oer boppesteande fragen:

Ûnder saakkundige lieding fan Jelle Yntema fan Bussum hawwe de oanwêzigen dêroer redendield. Yn it troch Yntema yn 1999 skreaune stik ‘Nei in nij millennium’ – publisearre yn it kriteblêd july/augustus 1999 fan Bussum – filosofearre hy wat oer de doelstellingen en it kritewurk fan de krite en kaam ta de konklúzje, dat der oan it kritewurk trije fasetten of ‘poaten’ te ûnderskieden binne. Dy trije poaten, t.w. Moeting, Ferdivedaasje en Ferdjipping, foarmje it fûnemint fan de krite. Dat fûnemint moat fan deeglike kwaliteit wêze, oars fersakket de boel, komt it kritegebou like bryk te stean as de Âldehou. Nei in koarte útlis oer wat dy trije poaten ynhâlde, waard oan de bywêzigen in diskusjestik mei fjouwer fragen foarlein, dêr’t yn fjouwer groepen oer praat wurde koe.

De fragen wiene: 1. Jou oan wat jimme fine dat de krite foar de hjoeddeiske Fries-om-utens

betsjutte kin/moat. Besteegje omtinken oan de trije poaten ‘Moeting’, ‘Ferdivedaasje’ en ‘Ferdjipping’.

2. Guon kriten lizze it byltsje derby del. Hoe kinne wy dy ûntjouwing opkeare? 3. Kriten binne ornaris sletten organisaasjes, allinne tagonklik foar Frysktaligen.

Moatte wy de boel net ris wat iepenbrekke, ús wat mear sjén litte? 4. (in troch it Bounsbestjoer ynbrochte fraach)

Hellet it Boun de 100 jier? Wat dogge wy dêroan? Wat tinkt jimme fan it predikaat “Keninklik Frysk Boun om Utens”?

Op de folgjende siden folget yn folchoarder fan de fragen in gearfetting fan ien en oar.

Page 12: Swingel 36

12 Swingel 36 – desimber 2012

Ad 1. Oer it fûnemint fan de krite. ‘Moeting’: wurdt tige wichtich fûn. Lit op in kritejûn in gastfrou/hear nije leden begroetsje en stel harren by de iepening fan in kritejûn foar. Skriuw foar it kriteblêd in ynterview mei in (nij) lid of lit dat lid in stikje oer him/harsels skriuwe. Jou foár it begjin, yn it skoft en nei ôfrin fan in kritejûn de leden gelegenheid inoar te moetsjen. Diel soks mei yn it kriteblêd, ek as der de mooglikheid is dat der boeken en/of bakkersguod kocht wurde kin. Kritereiskes, Nijjierje en iterijkes binne o sa gaadlik om inoar te moetsjen. ‘Ferdivedaasje’: aktyf (sels dwaan) en passyf (it bywenjen). De measte leden giet it om ‘setten en pretten’, se wolle fermakke wurde. It sels beoefenjen fan de toaniel-, sang- of dûnskeunst is by de measte kriten hast net mear mooglik. Der is hast net mear in deskundige lieder te finen én der binne langer gjin (jonge) leden dy’t noch toanielspylje, sjonge of dûnsje wolle. In seal mei kriteleden sjonge litte is in toer, nije lieten alhielendal net. ‘Ferdjipping’: guon kriten hawwe sukses mei in boekbesprek/lêsrûntsje of stúdzjerûnte/sprekker/lêzing. Der moat net op grutte tallen publyk rekkene wurde. Sokke gearkomsten kinne om de kosten út te sparjen yn in húskeamer belein wurde. Bytiden slagget it in krite (yn gearwurking mei de Afûk te Ljouwert en mei in pleatslike Folksuniversiteit) in taalkursus út te skriuwen.

Ad 2. Problemen by de kriten De bestjoersbesetting is oer it generaal in probleem en kin op ‘en doer ta gefolch ha dat, troch ûnderbesetting fan de wichtichste posten (foarsitter, skriuwer en ponghâlder), it fuortbestean fan de krite yn ‘e kiif komt te stean. Bestjoersleden hawwe fakentiids tefolle

taken. It kin helpe as ûnderskate taken yn it bestjoer troch gewoane leden dien wurde. Tink oan: ferkeap fan boeken, bakkersguod en sûveniers, redaksje en ferstjoeren fan it kriteblêd, ferlotting. It bestjoer moat delegearje kinne, mar moat wol sels de leie yn hannen hâlde. Goede PR is wichtich. In kritelid, net perfoarst bestjoerslid, moat goede kontakten opbouwe en ûnderhâlde mei de parse om sa net-leden te berikken foar nijtsjes út de krite, benammen oangeande berjochten oer oansteande krite-aktiviteiten. In krite kin, mei troch it tebekrinnend tal leden, finansjeel yn ‘e problemen komme. Dêr komt by it feit dat de minsken gjin hege tagongsprizen betelje wolle/kinne. Dus besunigje op djoere selskippen en akkomodaasjes. In oanrieder is mooglik ris by de gemeente dêr’t in krite domisily hat, te freegjen oft der subsydzje-potsjes binne dêr’t ek in kulturele ynstelling as in krite bydragen út ûntfange kin foar beskate krite-aktiviteiten. It ferlet dat der earder wie om inoar as Friezen, yn kriteferbân, te moetsjen is yn de rin fan de jierren minder wurden. Troch de moderne ferfiersmooglikheden binne der eins gjin ôfstannen mear. De generaasje nei ús, de jongerein, hat ornaris in hiel oare belangstelling, hat gjin tiid foar en/of ferlet fan in krite lykas wy dy noch hawwe, wurdt net kritelid. Pas as in Fries klear is mei syn stúdzje, de opbou fan syn karriêre en de bern de doar út binne, wol hy/sy noch wolris derta beslute en wurd lid.

Kaderwykein 2012

Page 13: Swingel 36

 

Swingel 36 – desimber 2012 13

 

Ad 3. Kriten sletten organisaasjes? Neffens Yntema is in krite in sletten organisaasje, ommers eins allinne tagonklik foar Frysktaligen. Hy soe graach sjen dat de kriten de boel ris wat ‘iepenbrekke’, ús wat mear sjén litte. M.o.w. de kriten soenen by no en dan ris in jûn belizze moatte foar benammen net-Frysktaligen/net-Friezen, dêr’t deskundigen oer nijsgjirrige saken op it mêd fan taal, skiednis en kultuer fan Fryslân fertelle. Hy ken de grûnslaggen fan de kriten net, mar yn it karbrief fan it Boun wurdt de doelstelling (en dy is op dit stik fan saken twaliddich) sá ferwurde: • In bân te lizzen tusken de Friezen

bûten Fryslân en by harren it Fryske folkskarakter yn al syn uterings, benammen yn de taal, te bewarjen en te befoarderjen;

• By oaren as Friezen niget oan en begryp te bringen foar Fryslân, de Fryske taal, kultuer en skiednis.

In inkeling is it mei syn fyzje iens. Yn de measte peteargroepen wurdt der lykwols oars oer tocht: de kriten binne net sletten, mar it is wol de bedoeling dat ús jûnen yn it Frysk hâlden wurde. Boppedat, sokke jûnen smite ornaris gjin nije leden op. Eventueel de besikers wol yn it Nederlânsk begroetsje, mar fierder gjin Hollânsk op de jûnen of yn it kriteblêd.

Ad 4. Hellet it Boun de 100 jier? De algemiene tendins is – al hawwe wy hjoed-de-dei de tiid net mei, rint it ledetal oer it generaal tebek en fergrizet de krite – elkenien is fan betinken dat wy trochgean moatte, salang’t der noch lju binne dy’t har foar de krite ynsette wolle as bestjoerslid of frijwilliger. Takom jier wurdt grif de 90 helle, der wurdt al wurke oan plannen foar in mienskiplik barren. En dêrnei geane wy moedich fierder, op nei de hûndert. It predikaat “Keninklik

Frysk Boun om Utens” soe dan fansels in moaie opstekker wêze. It Bounsbestjoer soe yn alle gefallen ris útsykje kinne hokker wegen begien wurde moatte om dat predikaat te krijen. Konklúzjes Oangeande it wol of net belizzen fan jûnen foar net-Frysktaligen hopet Yntema dat kritebestjoeren yn eigen rûnte der ris oer neitinke en prate wolle. Faaks wie syn fraachstelling mei ‘Moatte wy de boel net ris wat iepenbrekke’ wat te provosearjend. Dochs tinkt hy dat it in goede saak is dat wy ús net opslute yn eigen rûnten, mar krekt grutsk binne op eigen taal en skiednis en dêr graach wat oer útdrage wolle. Fansels wurdt der op kritejûnen Frysk praat en yn kriteblêden yn it Frysk skreaun, mar dat hoecht dochs net yn te hâlden dat wy oaren dêrtroch eins bûtenslute. Der binne grif genôch net-Frysktaligen dy’t út belangstelling graach wat oer ús dierbere Heitelân hearre wolle. No, jou dy de kâns. Doch dat lykas de Bussumer krite soks yn de 70-er jierren fan de foarige ieu in stikmannich kearen yn gearwurking mei de “Volksuniversiteit Naarden/Bussum” dien hat. Yn de winterskoften 1975/76 en 1976/77 waarden der beide kearen trije jûnen belein mei sprekkers, wittenskippers dy’t nijsgjirrige saken oan de oarder stelden. Op dy jûnen wiene der yn trochsneed sa’n santich belangstellenden. Wêrom soe soks no ek net mooglik wêze kinne? Der binne party Hollanners dy’t harren fakânsje yn Fryslân trochbringe of dêr in twadde hûs hawwe. Dizze saak is neffens him noch net útiten. Der wie te min gelegenheid om yn dizze gearsit dêrop djipper yn te gean. Yn sawat alle peteargroepen sieten kriteleden dy’t noch de moed en wil hawwe om mei it kritewurk troch te gean. Op de jongere generaasje Friezen hoege wy langer net mear te rekkenjen. Fierder beharket hy yn de petearen in ûndertoan fan, en in inkeling seit it sels lûdop: eins hawwe de kriten har tiid hân. Dochs is der de wil om troch te gean.

Page 14: Swingel 36

14 Swingel 36 – desimber 2012

De oankommend Bounsskriuwer, Kees van der Beek, de opfolger fan Hâns Weijer, ferwurde oan de ein fan de gearsit hiel emosjoneel en treflik syn driuw om it skriuwerskip op syn noed te nimmen: “Ik soe net oan dit wurk begjinne as ik no al oertsjûge bin fan it ferdwinen fan kriten en Boun.” Yntema iepene mei de wurden: “Tiden hawwe tiden, wat de minsken earder bûn, wie net oars as wat ús hjoed-de-dei bynt: de Fryske taal en kultuer. Allinne de omstannichheden binne gâns feroare. M.o.w. wy moatte net stilstean by wat altyd west hat en dien waard, mar ynspylje op de ûntjouwingen yn de moderne tiid.” Hy slút ôf mei noch in lêste winsk: “Lit ús altyd foar eagen hâlde it meast wêzentlike doel fan Boun en kriten: it behâld fan ús moaie Fryske taal, skiednis en kultuer!”

Boppesteand ferslach fan dy diskusje is makke troch Yntema syn frou Marianne, dy’t ik sa oernommen ha. Sels wie ik der by en ik ha my der wakker mei fernuvere; der wiene lokkich noch gâns bliere eagen, dy’t útstrielden, dat wy it der net by sitte litte!

Kees van der Beek Skriuwer fan Fryske krite “Hurderwyk” e.o. Bestjoerslid fan it Frysk Boun om Utens

Âlde en nije bestjoersleden (2012)

Page 15: Swingel 36

 

Swingel 36 – desimber 2012 15

 

Stavering Joast Halbertsma (1789-1869) sei it al, it is ûnmooglik om mei ús beheind alfabet sprektaal om te setten yn skriuwtaal. Dochs wolle wy dat, en dogge wy dat. It slagget ús ek aardich. Dat komt om’t wy mei-inoar ôfpraat ha hoe’t wy sprektaal omsette yn skriuwtaal. As de ôfspraken dúdlik binne, is der neat te rêden, ek al is it soms wat behelpen. De skiednis leart ús lykwols dat it sa ienfâldich net is. Stavering is in hachlike saak, foar guon minsken in halssaak. Wêrom eins? Wêrom wolle guont no noch ‘hwat’ skriuwe yn stee fan ‘wat’? Is ‘hwat’ Frysker? Slút it better oan by it Aldfrysk? Moat dêrom dy ‘h’ stean bliuwe? Dat soe in argumint wêze kinne, want we skriuwe ‘hjoed’ ek mei in stomme ‘h’ om in bân mei de skiednis fan it wurd út te drukken. Yn it Nederlânsk fine dy ‘h’ werom yn ‘heden’ en it Dútsk hat ‘heute.’ Oan it wurdsje ‘wat’ sjogge we dat it neat útmakket dat dy ‘h’ net skreaun wurdt. De measten dy’t hjoed-de-dei Frysk skriuwen leare, sille net iens witte dat it ea ‘hwat’ west hat. De stavering ‘joed’ soe dêrom likegoed kinne. ‘Skriuw sa’tst praatst’ soene we dat prinsipe neame kinne. Op himsels is dêr ek neat op tsjin, mar it konsekwint trochfieren fan dat prinsipe soe dochs wol wat betizing jaan kinne. Sa is it gewoan handich om op skrift ûnderskie te meitsjen tusken ‘hut’ en ‘hurd.’ En dat is eins ek alles wat stavering ynhâldt: in ôfspraak om op in handige en effisjinte manier dúdlik sprutsen taal om te setten yn skreaune taal. Ferkearsregels binne ferlykbere ôfspraken, en, lykas mei alle ôfspraken, men kin jin deroan hâlde of net. Foar it oertrêdzjen fan in ferkearsregel kinne je in boete krije. Op skoalle smyt in ôfwiking fan ‘e staveringsregels in reade streek op, mar at je ien kear fan skoalle ôf binne, dan kinne je yn prinsipe staverje sa’t je wolle. Hielendal straffeleas kin dat lykwols ek wer net. In sollisitaasjebrief kinne je dochs better neffens de staveringsôfspraken opstelle. Praat in kertierke mei de minsken fan it Groene boekje, en je soenen nea wer in wurd oer it beregeljen en foarskriuwen fan ‘e stavering sizze doarre. Mei elke nije edysje fan it Groene boekje reint it

lilke brieven en e-mails. Likegoed is der by oerheden en yn it ûnderwiis ferlet fan helderheid oer de stavering. De Flaamske en Nederlânske oerheden skriuwe dêrom de offisjele stavering oan harsels en oan it ûnderwiis foar. Foar it Frysk jildt dat ferlet fan helderheid ek, noch mear as foar it Nederlânsk. Foar it earst yn ‘e skiednis wurdt no op de Fryske Akademy wurke oan in Standertwurdlist Frysk. Gjin niget dat dat bart op fersyk fan ‘e provinsje Fryslân. Ut it ûnderwiisfjild ha wy al opfongen dat it ûnderrjocht yn it Frysk gâns baat ha sil by in standertwurdlist. Troch de perikels om it Groene boekje hinne wisten wy al dat it meitsjen fan in Standertwurdlist sinnich en ferantwurdlik wurk is. Der moatte allegeduerigen knopen trochhakke wurde, net allinne wat staveringsregels oangiet, foaral fan útlânske wurden, mar ek by de kar fan wurden en har ferbûgings en ferfoegings út de trije Fryske haaddialekten. Wy sille fan ús kant de kar foar in beskate stavering of foar in beskate standertfoarm dúdlik ferantwurdzje.

Page 16: Swingel 36

16 Swingel 36 – desimber 2012

It is oars sa dat de offisjele stavering fan it Frysk troch de Provinsje fêststeld wurde moat. Op dit stuit is ús útstel foar it beregeljen fan in yntegrale Fryske stavering yn besprek jûn. Wy prate fan in yntegrale regeling om’t der no noch aparte regels foar ‘Fryske’ en ‘frjemde’ wurden bestean. Wy tidigje derop dat we mei elkenien dy’t Standertfrysk skriuwe wol in goede ôfspraak meitsje kinne. De Standertwurdlist sil ynboud wurde yn ‘e nije staveringshifker dêr’t de Akademy ek

oan wurket. Nij oan dy staveringshifker is dat er net allinne mooglike tikflaters oanjout, ‘silep’ > ‘sliep’ bygelyks, mar dat er de brûker ek helpt om Standertfrysk te skriuwen. In ‘gewoane’ hifker komt bygelyks nea fan it wurdsje ‘ston’ op it Standertfryske ‘stie’, dat kin ommers ûnmooglik in tikflater wêze. Dy fan ‘e Fryske Akademy kin dat al. Hollanismen wurde der troch ús staveringshifker ek safolle mooglik útpikt. ‘Hy skearde sich’, ja, der binne guon dy’t dat skriuwe, wurdt mei de nije hifker kreas: ‘Hy skearde him.’

Anne Dykstra, Fryske Akademy Licht oanpaste ferzje fan in tekst dy’t earder yn it Friesch Dagblad stien hat.  Reboelje om net-Gaelictalich skoalhaad

INVERNESS – Kin men haad fan in Gaelictalige skoalle wurde sûnder dy taal sels te praten? De regionale oerheid fan de Skotske Heechlannen mient fan al en wol in Sweedsk froulik ynterimhaad fêst oanstelle op de Bunsgoil Ghaidhlig Inbhir Nis, in ientalige skoalle, dêr’t de minderheidstaal Gaelic as iennichste ûnderwiistaal brûkt wurdt. Ta argewaasje fan âlden wurdt learlingen yndruid dat se mei de frou Ingelsk prate moatte, om’t dy it Gaelic net behearsket.

De frou wurket al trije jier as ynterim sûnder de skoaltaal te learen. Neffens de regio, dy’t eigner is fan de skoalle, is se net it haad om’t de skoalle dat sa graach wol, mar om’t der yn al dy trije jier gjin oare geskikte kandidaat sollisitearre hat. Âlden sjogge leaver dat ien fan de leararen in oplieding ta haad kriget. De Bord na Gaidhlig, de oerheidsorganisaasje dy’t it Gaelic befoarderje moat, sjocht ek leaver dat in Gaelicprater de post kriget. John Angus MacKay fan de Bord na Gaidhlig seit: “Gaelictalige skoallen kinne allinne bestean bliuwe as wy fiergeande maatregels nimme. Dat wol sizze dat wy personiel hawwe moatte dat it wichtich fynt om de taal te ûnderwizen en ek om dy sels te learen.”

 Njoggen nije frisisten

GRINS – Mar leafst njoggen studinten Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins hawwe harren diploma helle. It is it grutste tal ôfstudearders yn ien kear dat de stúdzje ea hân hat. It tal studinten Frysk wie, nettsjinsteande in pear minne lêste jierren, de ôfrûne tsien jier heger as yn alle jierren dat de stúdzje bestiet.

Om de stúdzje Frysk hinne hat de ôfrûne tiid in soad te rêden west. De stúdzje soe, lykas oare talestúdzjes, ferdwine. Men soe allinne noch Frysk studearje kinne as lyts ûnderdiel fan de stúdzje Europeeske talen en kultueren. Koartlyn waard buorkundich dat dat plan net trochgiet en dat Fryske taal- en letterkunde him ûntjout ta in brede stúdzje oer minderheidstalen, dêr’t de Fryske taal in haadrol yn spilet.

Page 17: Swingel 36

 

Swingel 36 – desimber 2012 17

 

Algemien Ut soarte kinne jo yn de stúdzjeseal fan Tresoar ûndersyk dwaan en jo dêrby advisearje litte troch de meiwurkers fan Tresoar, mar op de webside www.tresoar.nl kinne jo thús ek al in hiel soad fine. Om ien en oar dêr’t nei ferwiisd wurdt op dy webside echt rieplachtsje te kinnen, sille jo ornaris wol wer nei Tresoar ta moatte. Elkenien kin de fasiliteiten yn de publyksromten fan Tresoar brûke. Foar it oanfreegjen fan boeken en argyfstikken dy't net yn de iepen opstellingsromte steane, moatte jo in brûkerspas hawwe, dy't nei legitimaasje útjûn wurdt. Allinne as jo gjin biblioteekpas hawwe en dochs boeken mei nei hûs hawwe wolle, moatte jo foar dy brûkerspas betelje (€ 13,50 yn it jier /studinten en Freonen fan Tresoar: € 6,75). Argiven Jo kinne ûndersyk dwaan nei foarâlden en jo kinne mear algemien histoarysk ûndersyk dwaan. By Tresoar hawwe wy dat op de webside yn kategoryen ferdield. Foar it ûndersyk nei foarâlden geane jo nei dat part fan de webside, dêr’t loftsboppe op de side nei ferwiisd wurdt: Sykje yn genealogyske databases. Yn de databases fan Tresoar kinne jo gegevens oangeande foarâlden fine as dy út Fryslân komme. Op de stúdzjeseal kinne jo (mikrofysjes fan) de orizjinele akten ynsjen. Thús kinne jo der scans fan sjen of kopyen fan bestelle.

Foar histoarysk ûndersyk klikke jo loftsboppe op Sykje yn de argyfynventarissen. Tresoar beheart sa likernôch 1100 ferskillende argiven en kolleksjes dy't foar allerhande ûndersiken brûkt wurde kinne. Wat foarbylden fan yn Tresoar bewarre argiven binne: • Argiven fan de oerheid: • de ûnderskate oerheidsbestjoeren dy't

Fryslân fan 1498 ôf kend hat • de rjochtbanken dy’t fan de ein fan de

15de ieu ôf harren wurk dien hawwe • oare ryksynstellingen lykas de

finzenissen, de ryksskoallen (HBS en kweekskoallen) en Rykswettersteat

• de notarissen en de hypoteekbewarders (kadaster)

• de seewarrende wetterskippen • Partikuliere argiven: • pleatslike tsjerken en hegere

tsjerklike ynstellingen (herfoarme, grifformeard, mennist, katolyk, ensfh.)

• Fryske aadlike famyljes dy't ea op de states en stinzen wennen en in grutte ynfloed op it libben op it plattelân hân hawwe

• politike partijen, fakbûnen, aksjegroepen

• suvelfabriken, fersekerings-maatskippijen en oare bedriuwen

• kulturele ynstelllingen lykas it Frysk Genoatskip en de Fryske Kultuerried

• By dy partikuliere argiven heart út soarte ek it argyf fan de Ried fan de Fryske beweging.

Boeken en tydskriften Tresoar is fierwei de grutste biblioteek as it giet om boeken en tydskriften yn it Frysk en boeken en tydskriften út en oer Fryslân. Mei-inoar giet it dan om tsientûzenen titels. Ek oer Noard- en East-Fryslân (mei dêrby it Eastfryske Sealterlân) hat Tresoar gâns boeken. Mar al mei al binne dy saneamde frisiaca mar in lyts part fan de hiele boekerij. Fanâlds binne in soad boeken sammele op de

Tresoar: in ‘must’ foar elke Fries Eins is Tresoar, it Frysk histoarysk en letterkundich sintrum, ien grutte skatkiste. Yn en ûnder de gebouwen oan de Bûterhoeke 1-3, fuort ûnder de Âldehou yn Ljouwert, wurdt wit-wat bewarre: benei 25 kilometer argyf en sa’n 700.000 boeken. Oer hast elk útbuorrentsje, doarp of alle alve stêden yn Fryslân is der wol wat te finen, mar likegoed oer hast alle Fryske famyljes. Jelle Krol, kolleksjefoarmer fan Tresoar, set foar ús op in rychje wat wy der allegear wol net fine kinne.

 

Page 18: Swingel 36

18 Swingel 36 – desimber 2012

gebieten fan taal- en letterkunde, teology en filosofy, boekwittenskippen, rjochten en (keunst)skiednis. De âlde Frjentsjerter Akadeemjebiblioteek foarmet ek in ûnderdiel fan de boekeskat dy’t by Tresoar fûn wurde kin. Spesjaal binne de biblioteken oangeande de klassike âldheid, de saneamde Buma-biblioteek, neamd nei Lieuwe Annes Buma, dy’t ta dat doel yndertiid jild legatearre hat oan de provinsje Fryslân en de saneamde Fuks-biblioteek, neamd nei Dr. Leo Fuks, mei boeken oangeande it joadendom.

Fryske skriuwers Yn deselde database dêr’t boeken en tydskriften yn opsocht wurde kinne, de saneamde online publykskatalogus, kin ek socht wurde nei û.o. hânskriften en brieven fan Fryske skriuwers. Ek dêrfan binne tûzenen oanwêzich. De hânskriften en brieven kinne meast allinne ynsjoen wurde. As dêrút publisearre wurdt, is oer it generaal tastimming nedich. Oer de measte Fryske skriuwers binne bio- en bibliografyen te finen op www.sirkwy.nl, ek in webside fan Tresoar. Foto’s fan skriuwers en foardrachten fan gedichten

kinne fûn wurde as loftsboppe op de Tresoarside oanklikt wurdt op ‘Lûd en byld’. Foto’s, geografyske kaarten, skatkeamerkolleksje Fia ‘Lûd en byld’, loftsboppe op www.tresoar.nl kinne ek tûzenen foto’s besjoen wurde: gauris reproduksjes fan aansichtkaarten, mar ek wol âlde klassefoto’s en foto’s fan partikulieren dy’t bytiden ferrassende fynsten opsmite. Jo kinne as brûker Tresoar ek helpe as jo faaks dingen oer sokke foto’s witte dy’t dêr noch net by steane. Fia de ‘Kaartkolleksje’ dy’t jo fine nei’t jo oanklikt hawwe op ‘Guod en minsken’, ek wer loftsboppe op de webside fan Tresoar, kinne jo behalve kaarten ek hiele atlassen fine. Hiel moaie en/of bysûndere boeken, printen ensfh. binne scand en kinne fia de ‘Digikolleksje’ yn de ‘Skatkeamer’ op it skerm besjoen wurde. Aktiviteiten en útstallings Ut soarte organisearret Tresoar ek alderhanne aktiviteiten en útstallings, yn en bûten it gebou fan Tresoar. Alle jierren heart dêr ek de Moanne fan it Fryske Boek by (sj. http://www.moannefanitfryskeboek.nl). Fia de Aginda fan Tresoar kinne jo lykwols noch folle mear gewaar wurde. It seit himsels dat jo Tresoar fia twitter en facebook folgje kinne, mar jo kinne, as jo dat wolle, ek fia in gewoane nijsbrief dy’t oan jo e-mailadres tastjoerd wurdt op de hichte bliuwe fan it nijs. As jo efkes in mailtsje stjoere nei [email protected] mei as ûnderwerp: ‘graach in nijsbrief’, moat dat grif yn oarder komme.

Krol, Jelle (Drachten, 19-07-1957) Studearre Ingelsk en Frysk yn Grins. Wurke earst as learaar Ingelsk, û.o. yn Emmen. Sûnt 1987 meiwurker by it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, dêrnei, sûnt 2001, ek by de Provinsjale en Buma Biblioteek fan Fryslân en, fan 2002 ôf, as fakreferint en kolleksjefoarmer Frysk en oare moderne talen by Tresoar. Hy wie redakteur by Trotwaer (1983-1990) en boekbesprekker by de Leeuwarder Courant (1992-1998). Hy skriuwt meast oer de skiednis fan de Fryske literatuer. Fan him ferskynden û.o. (mei Popke van der Zee), Beowulf (1984), Samle fersen Douwe Kalma (1996), Skriuwers yn byld Douwe Kalma (1996), Swietwei nei de ein (2000), die de redaksje fan Suteljenderwize teplak: oantinkens fan in bakkersfeint (± 1940-1948), (2008), (besoarge mei Tineke Steenmeijer), Samle fersen D.A. Tamminga (2011) en skreau koartby it stik 'Frisian Poetry', yn de fjirde edysje fan The Princeton Encyclopedia of Poetry and Poetics (2012).

Page 19: Swingel 36

 

Swingel 36 – desimber 2012 19

 

Ferline wike frege immen yn Hollân oft der ek in oersetprogramma is foar Hollânsk-Frysk. Syn passive kennis fan it Frysk (ferstean en lêze) wie wol foldwaande, mar hy koe wol wat help brûke by de aktive behearsking (prate en skriuwe). Op Facebook wie Jehannes Houtsma sa behelpsum om ús te wizen op www.oersethelp.nl. Nij foar my en dêrom mar ris besykje oft it wurket. De side wie maklik te finen en handich yn it brûken: selektearje in stikje tekst en plak dat yn it fek dat dêrfoar ornearre is. Nei in sekonde stiet der yn it fek derûnder in oersetting. Der stiet wol in warskôging by: de hiemside is noch yn ûntwikkeling en der wurdt oanret om de tekst noch eefkes troch te lêzen. Dat blykt ek wol nedich te wêzen. Ik haw in stikje Hollânske tekst fan Wikipedia oer Jet Bussemaker yn it oersetfek setten. Dit wie it resultaat:

Kieze fynt hja nammers dochs altyd al slim, biechtte hja noch dit jier op oan it blêd Intermediair. It PvdA-lid (neffens eigen sizze ’geen partijtijger’) wit lykwols in ding wol hiel fêst: hja is maatskiplik slim belutsen. As teener al, fertelde hja Intermediair ek: „De meast bepalende perioade yn dyn libben is neffens my de beginperiode fan de middelbere skoalle. By my wie dat de tiid fan it kabinet-Den Uyl. Ik wit noch dat de Portugezen him terugtrokken út Angola en dat ik yn de krante lask dat der noch in vrachtwagen oer wie yn dat lân, de rest wie wei. De Vietnamoorlog wie dwaande, do hie de Rote Armee Fraction yn Dútslân. By al dit soart ûnderwerpen tocht ik: hoe kin it no dat dit allegearre bart, dat dit sa út de hân rint? Ik hie in gefoel foar rechtvaardigheid. Ik siet by in Leidse actiegroep foar skoalbern, in soart voorloper fan LAKS, ik hie ek wat feministische sympathieën.”

Dat neilêzen blykt wol nedich te wêzen. De reade wurden koe de oersethelp ús net oan in oersetting helpe en dat binne nochal wat: tweintich yn tsien sinnen. Fierders is te merkbiten dat it in meganyske oersetting fan wurden is. De doetiid fan lêze is yn it Hollânsk: las, sjocht ús oersetter oan foar it wurd laskjen. Bêst aardich om eefkes nei te lêzen om te sjen wat it fertaalprogramma der noch mear fan makke hat.

Immen dy’t it skriuwen net yn de macht hat kin op dizze “helper” dus net betrouwe. It is miskien allinne gaadlik foar immen dy’t wol Frysk skriuwe kin en net alles hoecht oer te skriuwen, mar folstean kin mei it ferbetterjen fan de flaters fan de oersetmasine.

Page 20: Swingel 36

20 Swingel 36 – desimber 2012

Goed op wei! 1. Doe’t ik fan ‘t simmer út Garderen wei skille mei de Rabobank yn Ljouwert en yn it Frysk begûn, krige ik as antwurd:’ Mijnheer, wilt u wel Nederlands spreken. Ik versta geen dialect’. Fansels ha ik it frommeske (yn de earste rykstaal; hja snapte echt neat fan wat ik oan dat momint ta sein hie) útlein wat it ferskil is tusken in dialekt en in taal. Werom yn Frjentsjer ha ik myn beklach dien by de Rabobank. Al gau krige ik in brief . It die bliken dat it op de middei fan 18 july yn it kantoar yn Ljouwert sa drok west hie, dat ik automatysk nei it haadkantoar yn Utert trochskeakele wie. Dêr wie it dus mis gien. Ljouwert makke ekskuses en sei ta om noch mear ekstra omtinken te jaan oan it brûken en ‘yn alle gefallen it ferstean’ fan it Frysk. De brief wie opsteld yn geef Frysk! 2. Snein 18 novimber kaam yn it programma “Het vermoeden” ds. Hinne Wagenaar fan Jorwert oan it wurd. Doe’t him frege waard in stikje út ‘It Wurd’ foar te lêzen, die hy dat (by de Ikon) hiel treflik yn it Frysk! 3. Juster waard de krante oangeande it bidbook Kulturele Haadstêd 2018 op alle adressen yn Fryslân besoarge. Krante wie twatalich! 4. Fan ‘e moarn moast ik nei toskedokter Wiersma yn Wommels. Ynstee dat we yn de wachtkeamer allegearre wat ôfwêzich yn ien of oar rabbelblêd om sieten te blêdzjen, koenen we nei alle soarten fan herhellings fan Omrop Frysân sjen! 4. Doe’t ik letter foar in pear boadskippen noch even nei de winkel gie (Poiesz. Jo witte wol ‘De supermarkt waar het opvalt, dat het meevalt’) waard my nei it beteljen ‘ynstee fan ‘een fijne dag’ ‘in goede dei’ tawinske! 5. En niiskrektsa socht ik kontakt mei de Ljouwerter Krante. Till. 050- 5844582 Dat wie dus yn Grins. Der waard Nederlânsk praat. Mar myn taalgebrûk ( it Frysk ) wie gjin probleem. Ik waard doe trochskeakele nei Ljouwert. Dêr waard ik fuortendaliks yn it Frysk te wurd stien. Soe it dan dochs noch goed komme mei de emansipaasje fan ús en ús taal? Syb Muizelaar Frjentsjer 02-09-2012

Page 21: Swingel 36

 

Swingel 36 – desimber 2012 21

 

Nei Appelskea op in hynder Just yn dizze tiid fan mondialisearring hawwe minsken mear as ea ferlet fan in fermidden dat se begripe en dêr’t se ynfloed op hawwe. De linen mei it bestjoer moatte koart bliuwe. Dat Lânsdiel Noard dat der neffens ús regear komme moat, is in healwiis idee.  

Pier Bergsma 

Yn 1810 makken Hamburch, Rome, Parys en Ljouwert diel út fan itselde ryk. In grut part fan de dream fan keizer Napoleon Bonaparte (1769–1821) wie útkaam: in Feriene Europa ûnder Frânske lieding. It is nea slagge om Ingelân derby te krijen. Mei de Russen woe it allikemin en de Frânske fjildtocht tsjin Ruslân yn 1812 rûn út op in grut fiasko. Yn grutte parten fan Europa wurdt Napoleon noch altyd beskôge as in twadde Hitler. Yn Frankryk binne hja mylder. Soks is te begripen.

Boargerlike stân, deselde mjitten en gewichten, oan de rjochterkant fan de dyk ride, it binne neist in soad oare saken foarbylden fan foarútgong yn de tiid fan Napoleon. Yn 1790 wie der yn Frankryk al in nije bestjoerlike yndieling yn departeminten kaam. Doe’t ús lân yn 1810 in part fan Frankryk waard, krigen wy hjir itselde systeem. Sa ûntstie op 1 jannewaris 1811 ”Le département de la Frise”. It is de iennige provinsje dy’t noch altyd deselde grinzen hat as doe. It idee fan de Frânsen wie, dat it mooglik wêze moast om op in hynder út it haadplak fan it departemint wei eltse hoeke op ien dei te berikken.

Ek al is it mear as twahûndert jier lyn, der binne grutte oerienkomsten mei doe. Dat Feriene Europa is der kaam. Tsjintwurdich wurdt net mear yn Parys, mar yn Brussel betocht hoe’t men yn Europa mei elkoar libje moat. Der binne ek grutte ferskillen.

De wrâld hat nea sa lyts west as tsjintwurdich. Oeral ferskine deselde bedriuwen, oft it no Carrefour is yn Frankryk en Sina of C&A yn Ljouwert en Parys. Ynternet, wrâldtaal Ingelsk, it jout allegearre geweldige mooglikheden, mar just yn de wrâld fan no hawwe minsken

mear as ea ferlet fan eat dat fertroud en eigen is. It is net tafallich dat der yn ús lân op it stuit safolle belangstelling foar skiednis is, wat bliken docht út televyzje-programma’s en in floed oan nije boeken.

Yn de Fedde Schurer-lêzing fan saterdei 17 novimber gyng Marcel Möring yn op “De Rânestêd en de Provinsje”. Hoe moat it fierder mei de eigen kultuer, de eigen taal en de eigen ekonomyske ûntjouwingen yn ús provinsjes yn de wrâld fan no? Is it ek net tafallich dat “It Keninklik Frysk Genoatskip foar Skiednis en Kultuer” in wike letter, op freed 23 novimber, in kongres organisearre ûnder de titel “Haalt Friesland 2034”?

Page 22: Swingel 36

22 Swingel 36 – desimber 2012

Ús regear wol ta op fiif lânsdielen en op gemeenten mei op syn minst hûnderttûzen ynwenners. Fryslân soe diel útmeitsje moatte fan in noardlik lânsdiel. Neffens guon soe soks neat útmeitsje foar Fryslân, mar dat is ûnsin. Yn sa’n nije struktuer hellet Fryslân 2034 net. Boppedat: fúzjes leverje net op wat men derfan ferwachtet. Dat hawwe wy de lêste jierren sjen kinnen yn it ûnderwiis. Guon grutte MBÛ en HBÛ-ynstellings kamen troch grutskaligens oan de râne fan de finansjele ôfgrûn.

De Grinzer ekonomen Allers en Geertsema hawwe ûndersyk dien nei fúzjes by de gemeenten. Dêrút docht ek bliken, dat fúzjes gjin jild opsmite. Krekt oarsom, der wie mear jild nedich en net allinne yn de earste jierren, want dat soe yn ferbân mei nije húsfêsting en sa noch te begripen wêze, mar ek dêrnei. Om it jild hoecht it dus net. Boppedat binne der eins nearne yn Europa sokke grutte gemeenten as ús regear no hawwe wol.

Just yn dizze tiid fan grutskaligens en ûnwissens oer de takomst hawwe minsken mear as ea ferlet fan in eigen rûnte mei in eigen taal en kultuer. Fansels moat Fryslân de eagen iepen hâlde en nei de wrâld en de takomst sjen. Mar dat Fryske hynder dat op ien dei fan Ljouwert nei Appelskea koe yn de Frânske tiid, dat sprekt my wol oan. Dat hynder hâlde wy der yn, ek foar de kommende twahûndert jier. Yn Grinslân en Drinte sille se der net oars oer tinke. Dus neat Noardlik Lânsdiel, en oars draaie wy de gaskraan ticht.

Page 23: Swingel 36

 

Swingel 36 – desimber 2012 23

 

De Ried fan de Fryske Beweging yn it koart Kolofon

Swingel is in útjefte fan de Ried fan de Fryske Beweging en ferskynt fjouwer kear yn it jier: yn maart, july, septimber en desimber. Redaksje- en administraasjeadres Keetwâltsje 1, 8921 EV Ljouwert E-post: [email protected] telefoan en faks: 058-213 89 13 Meiwurkers oan dit nûmer Jaap van der Bij, Meindert Tjerkstra, Pier Bergsma, Syp Muizelaar, Jelle Krol en Anne Dijkstra Redaksje Lútsen Bakker, [email protected] Redaksjeried Geartsje Fokkema, Sytze T. Hiemstra, Ed Knotter, Foarmjouwing Meindert Tjerkstra Printer Drukkerij Weissenbach BV, Snits Advertinsjeprizen op oanfreegjen by de administraasje, [email protected] Stiperskip/lêsjild Stipers fan de Ried fan de Fryske Beweging krije Swingel fergees yn ’e bus. Stipersjild: € 20,00 jiers. Rekken 1123454 o.n.f. Ried fan de Fryske Beweging, Ljouwert ISSN-nûmer: 15679632

Wa’t yn Fryslân libbet en wennet, hat wat mei Fryslân. Foar de iene is dat it lânskip, foar in oarenien de mentaliteit, de taal, it keatsen, it fee, it silen en neam mar op. Al jierren is der yn Fryslân in organisaasje dy’t him ynset foar it karakter fan Fryslân: de Ried fan de Fryske Beweging. Wat is de Ried fan de Fryske Beweging? De Ried fan de Fryske Beweging is as oerkoepeling fan in grut tal bewegingsorganisaasjes de belange-organisaasje foar minsken dy’t wiis binne mei Fryslân en dy’t har ynsette foar romte foar it Frysk en de Fryske kultuer. De Ried is in ûnôfhinklike frijwilligersorganisaasje. Politike lobby foar it Frysk Op provinsjaal en lanlik nivo wurde allegeduerigen wetten opsteld en regels útfurdige dy’t streekrjocht of mei in omwei ynfloed hawwe op it Frysk. Al is it somtiden dreech wurk, dêr moat op reagearre wurde yn de foarm fan skriftlike reaksjes of yn-spraak. Sa hat de Ried yn it ferline mei sukses it omtinken fan de polityk frege foar it beroerde plak fan it Frysk yn it taalûnderwiis oan beukers. Fear yn ’e Broek Alle jierren rikt de Ried, yn gearwurking mei de Fryske Rie, de Fear yn ’e Broek út oan in persoan of in ynstânsje dy’t him opfallend ynset hat foar de Fryske taal of kultuer. Yn 2006 waard de minsken fan ‘Aaipop’ de Fear yn ’e broek stutsen, om’t dy organisaasje mei de muzykfestivals yn Nijlân de Fryske kultuer op in bysûndere wize stimulearret, en yn 2007 Frivius Enerzjy, fanwegen har Fryske útstrieling. Yn 2008 gie de Fear nei Danijel Dizda-revic en Rick Steur, twa nije Friezen dy’t de Fryske taal har gau eigen makke hawwe en op in treflike wize brûke. De Fear wie yn 2009 foar it Berne-iepenloftspul yn Easterwierrum foar it al jierren le-verjen fan in wichtige bydrage oan de Fryske kultuer. De Fryske Reklamepriis It brûken fan it Frysk yn radio- en televyzjereklame wint geandewei mear terrein. Om dat te stypjen hat de Ried fan de Fryske Beweging it inisjatyf nommen om alle jierren in priis út te rikken oan in bedriuw dat him dêryn fan de bêste kant sjen lit. Swingel Mei Swingel, it tydskrift oer Fryske taal en kultuer, krije jo trije kear jiers in skat oan ynformaasje yn ’e hûs. Aardige ynterviews, nijsgjirrige berjochten, pittige kollums. Yn Swingel fine jo ynformaasje oer tal fan Fryske organisaasjes. Underskate websiden Behalven www.fryskebeweging.nl, mei ynformaasje oer de Ried sels en oer de oansletten organisaasjes, ûnderhâldt de Ried: www.itnijs.nl, mei in ferskaat oan nijs yn it Frysk, www.goedfrysk.nl, foar help om skreaune teksten flaterleas te krijen en www.euregua.com, mei ynformaasje oer it selskips-spul Euregua! dat by de Ried útkommen is.

Wolle jo it wurk fan de Ried stypje?

Jou jo dan op as stiper! It stiperskip kin op elk stuit yngean. Wa’t stiper wurde wol kin har/him skriftlik – ek fia e-mail – oanjaan by de administraasje fan de Ried fan de Fryske Beweging,

Keetwâltsje 1, 8921 EV Ljouwert, [email protected].

It lêst útkommen nûmer fan Swingel wurdt jo as befêstiging tastjoerd. Foar it beteljen fan it stipersjild wurdt ien kear yn it jier in akseptgiro stjoerd.

Page 24: Swingel 36

24 Swingel 36 – desimber 2012 Rinsma

Rinsma HiFi = Muzyk = Genietsje Al 48 jier spant Rinsma HiFi him yn om opnommen muzyk sa geef mooglik wer te jaan. Yn it earstoan waard dat probearre mei merken út Japan. Oriïntaasje yn Ingelân wiisde lykwols út, dat it Ingelske HiFi wurde moast! As jo der nocht oan hawwe om thús nei muzyk te harkjen, dan komme jo by Rinsma HiFi oan jo gerak. Dêr giet it yn it foarste plak om de muzyk en benammen om de lûdskwaliteit, en net sa lyk om de technyk of de namme fan it guod. Jo kinne jo dêr noflik deljaan en harkje nei in grut ferskaat oan audio-apparatuer. Jo hawwe kar-út! Doch it jo oan tiid, dan komme jo grif út ’e ried. It is Rinsma HiFi nammers allinne nei ‘t sin, as jo tefreden binne. Rin efkes by ús oan. Dan sille jo in HiFi-saak fine dy’t syn wjergea net hat. Pinigje jo earen net langer en stin der net mear oer, want...

it bêste stik húsrie is in goede

lûdsynstallaasje fan Rinsma HiFi!! 

 

Rinsma HiFi De Buorren 27, 8408 HG LIPPENHUZEN

telefoan (0513) 46 15 54 e-post: [email protected]