Keppelfeest, it ferslach!

34
Ferslach Keppelfeest: fan 17 sept. o/m 19 nov. 2011 “fan kneppeljen nei keppeljen” Ferslachjouwing: Siem de Vlas Foarmjouwing: Chantal de Jongh

description

De keppelfeestbetinking 2012 in ferslach. Kneppelfreed wie 16 novimber 1951, doe't der op it Saailân yn Ljouwert in opskuor plakfûn. Mei alles dat deromhinne foarfallen is, hat dy dei in net ûnbelangrike rol spile yn 'e striid foar de emansipaasje fan 'e Fryske taal en der úteinlik ta laat dat it Frysk yn 'e provinsje Fryslân in offisjele status krige.

Transcript of Keppelfeest, it ferslach!

Page 1: Keppelfeest, it ferslach!

Ferslach Keppelfeest: fan 17 sept. o/m 19 nov. 2011“fan kneppeljen nei keppeljen”

Ferslachjouwing: Siem de VlasFoarmjouwing: Chantal de Jongh

Page 2: Keppelfeest, it ferslach!

Jong Advendo iepeningsfeest 17 septimber 2011 Ljouwert

Page 3: Keppelfeest, it ferslach!

Ynhâldsopfefte

Doel einferslach ..............................................................................5

1 De Wurkgroep.......................................................................6

1.1 Fan Kneppelfreed nei Keppelfeest ...............................6

1.2 Fedde Schurer (1898-1968) ..............................................6

1.3 Kneppelfreed ........................................................................7

2 De flagge út foar taal ..........................................................8

3 Pr. en media. ....................................................................... 10

3.1 Byldmerk ............................................................................. 10

3.2 Utnoegingskaarten .......................................................... 10

3.3 Hiemside .............................................................................. 10

3.4 Kranten ................................................................................. 11

3.5 Tillevyzje .............................................................................. 12

3.6 Sponsoren en finansjeel ferslach ................................ 13

4 Iepeningsfeest ................................................................... 16

5 Aktiviteiten ......................................................................... 18

5.1 Slach by Warns, Oars as Oars! ....................................... 18

5.2 Fedde Schurerlêzing ....................................................... 19

5.3 Fêdde Schurerjûnen ........................................................ 20

5.4 Fryske snein ........................................................................ 21

5.5 Fryske tsjinst yn Tsjom .................................................... 22

5.6 Fedde Schurer, ‘De gitaer by it boek’ .......................... 23

5.7 Taaldoarp ............................................................................. 23

5.8 Teaterbus ............................................................................. 24

5.9 Lokaasjeteater ................................................................... 25

6 Aktiviteiten net rjocht slagge ....................................... 26

6.1 Eksposysje ........................................................................... 26

6.2 Noardlik Filmfestival ........................................................ 27

6.3 Tryaterspektakel ............................................................... 28

7 Slotjûn Boalsert ................................................................. 28

8 Neiskrift. ............................................................................... 31Jan Rinderts van der Burg mei 1ste flagge fan Ljouwert

Page 4: Keppelfeest, it ferslach!

4

Flagje foar taal (wize “De maitiid is fertige’) Lit ús hjoed de flaggen hiseFoar de talen yn’e wrâldWûndermoaie klanksystemenBy de tiid en ieuwen âldTongen altyd yn bewegingSoargje foar in ryk ferskaatLûden mei unike kleurenHâlde minsken oan’e praat Lit ús flagje foar de lûden Fan ús eigen memmetaalFoar de eigen fryske klankenEn syn ritmen muzikaalFoar de sfear fan syn registersDy ta ús ferbylding sprektHys de flagge foar syn rykdomLit him fiele ús respekt

Lit ús flagje foar de willeEn de koartswyl dy’t er joutLit ús flagje foar syn djipgongFoar gedichten dy’t er boutSitst om’t goede wurd ferlegenHy skewielet dy royaalLit ús heech de flaggen hiseFoar de kleuren fan ús taal Eltse taal kin sprekken lije‘t Wie in geunst, it is in rjochtLit dêrom dyn taal net swijeGean net slopwei troch de bochtLit se wapperje de flaggenFoar de ienheid yn ferskaatHâld yn’t bêste lân fan d’ierdeEk de lytsten oan’e praat

Hindrik van der Meer (2011)Hindrik van der Meer lêst dicht foar

Page 5: Keppelfeest, it ferslach!

5

De flagge kin wer yn, ’t Keppelfeest hat west!

Sneontejûn 19 novimber 2011, de slotjûn yn Boalsert mei in grôtfolle Broeretsjerke en in programma datelkenien skoan heuge sil. In kâlde ruïne fan moassige mopsstienen en natuerstientegels, oerkape mei nijmoadrich glês en stiel, waard mei in ferskaat oan Fryske klanken en meldijen “ferwaarme”. De lucht kaam op ’t lêst suver lij oan. Jawis minsken, wy kinne werom sjen op in tige slagge Keppelfeest dat mar leafst 60 dagen duorre hat. Dat nimt net wei dat de tariedings fan ’e wurkgroep wol mear as oardeljier beslein hawwe.Planteit aktiviteiten binne der betocht en op ’e priemmen set. Guon dêrfan kamen net alhiel út ’e ferve of binne sels net slagge. Oaren binne, nei’t it earst dreech kealle, tige bêst beteard. De stimming wie yn ’t mien dy fan kompliminten en jûchhei.

Doel einferslach

Yn dit einferslach wolle wy it hiele Keppelfeest, beheind as it eefkes kin, nochris oereidzje. Dat om skielk by oare noch te organisearjen aktiviteiten ús foardiel mei dwaan te kinnen. Wêr moatte wy tenei wach foar wêze en stroffelje net wer oer dy selde stiennen hinne. Binne der punten dy’t better en effisjinter koene of dy’t folle earder oppakt wurde moatten hiene. Mar ek de bedriuwen en ynstânsjes dy’t ús stipe hawwe, sille nijsgjirrich wêze oer hoe’t dit mânske feest beteard is. Dat it paad net sûnder omgongen wie sil bliken dwaan. Wat yn alle gefallen wis is tinkt ús, dat it Keppelfeest it bewustwêzen fan Friezen oer harren taal ûntteid hat en op in positive wize bespile oer de skientme fan ús memmetaal en al syn tongslaggen.

Meindert Tjerkstra op de ‘Uitmarkt’ te Ljouwert, 11 septimber 2011

Paleis fan Justysje iepeningsfeest

Page 6: Keppelfeest, it ferslach!

6

1 De Wurkgroep

Under in Riedgearkomste fan de Ried fan de Fryske beweging fan maart 2010 wie ornearre, dat it ankomme jier 2011, 60 jier lyn wie dat Kneppelfreed plakfûn hat by it Paleis fan Justysje te Ljouwert. Dêr moast wat mei dien wurde. De oantruner, yn de persoan fan Durk van der Schaaf, krige alle romte en swylje in wurkgroep byelkoar. Sy moasten der marris oer prakkesearje om sa’n betinking hannen en fuotten te jaan. By in grut part fan de Friezen is Kneppelfreed wier net bekend. Guon hawwe faaks in swymke meikrigen fan de betinking yn 2001, dat 10 jier lyn plak fûn. Doe is der mar in bytsje ruchtberheid oan jûn en wie it in ‘set en pret’ foar pommeranten. Op dy wize moast it no net wer. Ommers it oankommen en de gefolgen fan Kneppelfreed wie doe sa grut, dat it moast no in feest wurde foar alle Friezen. In moai útgongspunt fan dizze betinking. De foarme wurkgroep hie planteit ideeën, mar om se dêrnei te konkretisearjen einde yn it begjin as sjerp yn ’e winter. In opmerking fan in keunstner fan Oerterp, Bruin van der Duim, om eat mei fl aggen te dwaan luts nije registers iepen. “Flagje foar taal”! Dêroer aanst mear.De wurkgroep hat likernôch 30 kear om ’e tafel sitten en bestie út Durk van der Schaaf, Renze Valk, Meindert Tsjerkstra, Hindrik van der Meer, Gryt Vonk, Gerben Gerbrandy, Sybren Posthumus, Jaap van der Bij, Siem de Vlas, Tjallien Kalsbeek (foar de iepening) en Albert Bonnema (foar de slotdei). Meastentiids siet der in moanne tusken twa gearkomsten, mar yn ’e rûzemoezige wiken foar de iepening en slotdei gâns frekwinter. De eftergrûn en ekspertize fan de ôfsûnderlike minsken fan de wurkgroep, late automatysk nei de ferskate aktiviteiten dy’t se op ’e noed namen. Dochs wiene guon sa grut, dêr moast elk foar yn ‘t spier. De wurkgroep kin tebeksjen op in tige slagge feest, dat 13 jannewaris lêstlyn by in smûk ‘lêste jûnsmiel’ nochris nofl ik oerikkere waard. Sjapo!

1.1 Fan Kneppelfreed nei Keppelfeest

Om it wurd Kneppelfreed letterlik te brûken as tema of as biedwurd soe by de minsken grif in negatyf gefoel ynbringe. Der moast wat oars betocht wurde. Wy wolle no krekt net Kneppelje mar Keppelje. De klam lizze op it ferbinen fan minsken dy’t begien binne mei harren memmesprake. Dat soe net allinnich foar Fryslân jilde moatte mar foar de hiele wrâld dêr’t ‘minderheidstalen’ yn ’e knipe reitsje. De Ried woe boppedat de betinking yn in breder mondiaal ramt sette: “Hoe komt it mei de rykdom oan talen op ’e wrâld. Moatte wy, wrâldboargers, it útstjerren fan de rykdom oan talen gewurde litte, of komme wy no yn aksje”.It feest moast in ambiânse jaan, dêr’t minsken bewitten reitsje fan de wearde dy’t talen hawwe. Foar in protte minsken is it in yntrinsyk part fan harren identiteit. Men soe achting hawwe moatte foar elkoars taal. Skriuwster Gini Bastiaanse kaam ûnderwilens mei it biedwurd: fan Kneppeljen nei Keppeljen. Sa’n ritme bekket nofl ik en kaam sûnt doe op al ús byldmerken te stean. In feest dêr’t by keppele wurdt. Boartlikerwiis teraanden dy wurden yn Keppelfeest. In feest fan 60 dagen, om’t it ek 60 jier lyn wie dat Fedde Schurer hoek hâlde foar de knobus, by it brûken fan de taal dy’t him út ’e memmeskurte wei meijûn is.

1.2 Fedde Schurer (1898-1968)

It tinkt my goed om koart noch eefkes stil te stean by de persoan Fedde Schurer en it proses dêr’t er mandélich oan wie.Fedde waard berne yn Drachten en kaam út in griff ormearde húshâlding. Al rêd ferfarren se nei De Lemmer, dêr’t er de legere skoalle folge. Fuort dêrnei koed er oan ’e slach as timmermansfeint. Hy bleau in wiere letterfretter en it jimmeroan studearjen hold him yn ’e besnijing. It dreau him sa dat hy folge

Fedde Schurer (1898-1968)

Page 7: Keppelfeest, it ferslach!

7

yn ’e jûnsoeren de faktekenskoalle en dêrnei de ûnderwizersoplieding. Yn 1919 krige er syn earste oanstelling yn De Lemmer oan de (bysûndere) legere skoalle. Dêr moete er syn lettere oarehelte Willy de Vries dy’t dêr skoaljuff er wie. Op 1 july 1924 hat Fedde har boaske. Yn de 20-er jierren ûntwikkele Fedde Schurer him as in militant pasifi st en publisearre stikken oer it Kristendom en de oarloch. In konfl ikt mei it bestjoer fan de bysûndere skoalle oer it pasifi sme brocht him yn 1930 nei Amsterdam, ek wer by it ûnderwiis. Nei de drege oarlochsjierren is er werom tein nei it Heitelân, om haadredakteur fan de Heerenveense (letter : Friesche) Koerier te wurden. Fedde wie útsein in tûk debater en besteklik kauseur in lyrysk-romantysk dichter mei in folksaardige ynslach. “In dichter is in keardel dy’t in fers skriuwt as syn folk dêr ferlet fan hat”, wie syn stelling. Hy hat him nea oanlutsen fi eld ta de “ivoaren toer”.

PolitykSchurer hat as folksfertsjintwurdiger gâns oan ’t wurk west. Hy preaun eefkes oan de ARP en rekke teloarsteld yn de polityk ûnder Hendrik Colijn. Yn 1929 wie er tegearre mei Douwe Kalma by de keamerferkiezings foar de CDU listoanfi erder foar Fryslân. Hy fi elde him yn de provinsjale polityk as in ‘bolle yn ’e needstâl’ en betanke al wer nei in jier, doe’t er dêrnei yn 1935 foar de CDU yn de steaten fan NoardHollân kaam. Yn 1938 waard er lid fan de SDAP en sleat him letter oan by de nije Partij fan de Arbeid. Dêr hat er fan 1956 oant 1963 lid fan de Twaddekeamer foar west. Al fan jongs of oan hat er socht nei ‘pasifi stysk geastbesibbens’ yn de polityk, mar koe net buorkje mei dat politike hânwurk. Yn syn wenplak it Hearrenfean hat er op 19 maart 1968, nei in warber libben de holle foar ivich dellein. Ta oantinken oan him en syn krewearjen foar Fryslân is yn 1974 in stânbyld fan him ûntbleate.

1.3 Kneppelfreed

Op 16 novimber 1951 hat der gâns opskuor west yn ús haadstêd. Fedde Schurer wie as haadredakteur fan de Friesche Koerier opkommen foar it rjocht, om Frysk te praten foar de knobus. De rjochter sels easke by twa rjochtsaken op ‘t Hearrenfean dat de fertochten Hollânsk prate moasten. By de earste rjochtsaak wiene der twa molketapers fan Boarn dy’t it ferpoften sa wyt as sûpe en praat Hollânsk. Lytsachtsjend waarden se foar ûnnoazele boeren útmakke. It ienige wat se dien hiene wie it skriuwen fan de wurden ‘molke’, ‘sûpe’ en ‘sûpenbrij’ op harren bussen. Dat wie gâns koarter as ‘karnemelk’ en ‘karnemelksegortenpap’. Alle Boarnsters koene die beidegearre wurden ommers lêze. Mar it wie yn striid mei de Warenwet, wylst siker wol yn de bus siet wat der opskreaun stie. Fedde Schurer joech dalje en skreau yn in haadartikel dat soks mjitte noch roai hie: “Tink derom! As ús bloed sûpe wurdt!” De twadde saak tsjinne tsjin in feedokter fan De Lemmer dy’t him ek net ferbrekke woe. Rjochter Wolthers liet de man skoften wachtsje en easke in tolk. Wer kaam der dalje op troch Schurer, dy’t de rjochter fan Dokkum útmakke foar “it lêste bindelid fan de ‘Swarte Hoop”. Dat lêste wie in hierlingeleger fan mear as fi iftûzen man, dy’t begjin 16e ieu plonderjend en brânskattend Fryslân ûnfeilich makken. Dat wie net sûnder gefolgen. In nije rjochtsaak gou tsjin Schurer sels, om’t er de rjochterlike macht misledige hie. Op de dei dat er foar de knobus moast, kamen der ûnferwachts in protte minsken nei it Paleis fan Justysje tasetten om Schurer moreel te stypjen. Lang om let draaide it út op in stevige konfrontaasje mei de plysje, dy’t de saak net langer mear yn de stokken hâlde koe. Se krigen it op ’e simmels en brûkten brânspuiten en gummykneppels om de breinroerige klibers minsken fan it Saailân ôf te reagjen. Fedde Schurer neamde dizze dei, dy’t efternei de wetlike erkenning oan it Frysk as twadde rykstaal in fl inke triuw yn ’e rêch jûn hat: Kneppelfreed.

Kneppelfreed 16 novimber 1951

Page 8: Keppelfeest, it ferslach!

8

2 De flagge út foar taal

In kredo nei it idee fan Bruin van der Duim. Hy stelde foar om eat mei flaggen te dwaan en keppelje minsken sa oan elkoar. Dat soks gâns mear fuotten yn ierde hie as earst tocht, hat wol bliken dien. It projekt waard op ’t lêst hast in bongel oan ús skonken.It doel wie om in sa grut mooglik publyk te beheljen yn it idee, om wiis te wêzen mei ús taal. Dêr hearre ek oare tongslaggen binnen it Frysk ta. It getal 60 spile in wichtige rol, om’t 60 jier lyn wie dat Kneppelfreed barde. Tusken de iepening 17 septimber en 16 novimber lizze 60 dagen. Der binne 60 plakken yn Fryslân útferkeazen dy’t elkmis 60 flaggen krije. Fan de start op it iepeningsfeest ôf, sille alle dagen yn in beskaat plak de 60 flaggen útstutsen wurde, sadat der op 16 novimber – de dei fan Kneppelfreed- 3600 flaggen yn hiel Fryslân hingje. Mar wat moast der no op dy flaggen komme te stean, hokfoar type flagge en hoe moasten dy no ferspraat wurde?

Yn de oantekens fan 10 maaie stiet te lêzen: “der binne der gâns soargen oer dit ûnderdiel”. Moasten wy it oerlitte oan de (60) doarpen en stêden sels en skriuw mar wat winsken of nijsgjirrige wurden op dy flaggen. Sille wy se wier in hânfol stiften jaan en lit se mar kwattelje op dy skoandere lapen stof? Nee, dêr hiene wy fuortdaliks in swier mûtse oer op. Soks soe grif yn griemerij beslein wurde. Boppedat koene wy dat net ferwachtsje fan alle doarpsbelangen dy’t nochal ris fan elkoar ferskillen as it giet om ynset en it noed stean foar.Dêr is tocht oan Fryske siswizen, ferjitten (fossilearre) wurden, typysk Frysk idioam, altemets in hiel dicht. Mar de flagge hat no ienkear in beheind oerflak dat it moast net op in kuereagjen gean. Uteinlik hat Tresoar holpen mei it sykjen nei dichtrigels dêr’t alle Fryske tongslaggen yn beflapt binne. Yn alle 60 doarpen of stêden hawwe dichters wenne of binne inkele rigels oan dat plak wijd. It moast ek gjin út- en

ombuorrentsjes wêze, want se moatte alle 60 wol úthingje kinne. Troch tiidpine, om’t al dy 3600 flaggen fluch yn produksje nommen wurde moasten, slûpte der hjir en dêr dochs in tekstflaterke yn. Bynammen by dy fan de streektalen. Inkele wrantelige lûden út it fjild kaam by it útstekken ús temjitte, mar wiene fansels net mear rjocht te breidzjen. Se moasten it mar yn de jamkste fâlde slaan. Nammers de measten foel it net iens op.De Dokkumer flaggesintrale hat holpen by it betinken fan it type flagge (gevelflagge mei skeane ‘broeking’) en de kontrastearjende kleuren. Op it koel blausangen de dichtrigel en ûnderoan in feestlike oranje stripe mei it doarp of stêd. It byldmerk fan Keppelfeest is der úteinlik net op kommen, spitich! It bleau ienfâldich mei as ekstra Fryske beweging en “Flagje foar taal” der by op. Bûten it strunen by gemeenten lâns foar subsydzjes, paste dit projekt yn it ramt ‘Fryslân Kulturele haadstêd 2018’ as in douk yn ’t wetterfet. Henk Keizer wie entûsjast, hat de ponge lutsen foar dit djoere projekt en Fryslân 2018 waard ek ferivige op de Keppelfeest-flagge.

De fersprieding fan alle 3600 flaggen hat ús noch in protte pineholle besoarge. De stratezjy fan de Keppelfeestwurkgroep wie no safolle mooglik basearre op koördinearje en lit in oar, al of net mei in fergoeding, it wurk dwaan. Yn de oantekens fan 1 juny 2011 koene wy swart op wyt befrijend delskriuwe: “de direkteur fan Tresoar soe alles op ’e noed nimme. Njonken it fersoargjen fan de dichtflarden ek it printsjen fan de flaggen en de fersprieding nei alle 60 plakken ta”. Alle dagen soe yn it LC komme te stean en by Omrop Fryslân op tillevyzje yn hokker plak de flagge út koe. Neigeraden de tiid en altemets ris hifkjen nei hoe’t it lân der hinne lei, avensearre it as in lûs op in tarre planke. Dit moast al oars. In oplossing om mei in Amerikaanske skoalbus -eachlûker fan Fryslân Kult. haadst. 2018- yn wikseljende ploechjes minsken by alle plakken del te riden en de flaggen út te suteljen, strâne. Efterôf wiene wy der net

Page 9: Keppelfeest, it ferslach!

9

rouwich om. Dat soe logistyk in tizeboel wurde en in hiele protte tiid kostje. Boppedat fierstente ticht op de datum fan útstekken.

Lang om let is der besletten dat elk wurkgroeplid in stik of 8 plakken op ’e noed nimt en dêr in fersprieder siket. Dat koe it pleatslik belang wêze of immen dy’t it Frysk in waarm hert tadraacht. Dit ûnderdiel kealle yn ’t mien swier en slynde in protte tiid. Der sille grif guon fan de wurkgroep west wêze dy’t dêr nachts lang mei omtizen. Tefoaren wie oan alle pleatslike belangen kreas tiding dien oer dizze aktiviteit. Wy ealgen al gau dat it iene plak it oare net wie. It pleatslik belang wie somtemets taai te melken, om’t it harren tinkt dat wy dy flaggen by har troch de strôt triuwe. Se hawwe der ommers sels net foar keazen. Oaren brûzen oer fan entûsjasme en pakten de flaggedoaze mei gleone hanne oan. Sy seagen kâns en kombinearje it útrikken mei eigen kulturele aktiviteiten. Aardich is te sizzen fan in doarp dat mear op hie mei ‘frituer’ as ‘kultuer’ en hâlde earst de hikke stiif op ’e daam. Mar wy holden oan as storein en sels dêr kaam it op ’t lêst klear.Njonkelytsen kamen de adressen binnen en koe it skema folslein ynfolle wurde mei kontaktpersoanen en fersprieders. It moast by de measten earst wat yn ’e weak setten wurde. Troch oanhâldend krewearjen en ferduldich skriuwen fan (ynstruksje)brieven foar pleatslike krantsjes hat úteinlike fertuten dien. Nei Ljouwert by de iepening, hawwe (hast) alle plakken harren holden oan de útstekdatum en kleuren de strjitten sangenblau fan flaggen. In protte foto’s binne makke en út en troch ferskynden se yn de (regionale) kranten. Spitich is wol dat guon net it geduld opbringe koene en lit de ‘lape’ hingje oant 19 novimber. It wie dochs in pronkje fan in flagge?

Justjes noch dreger wie it sykjen fan in ôffurdige út alle 60 plakken wei, dy’t as flaggedrager mei rinne moast yn beidegearre optochten en foar de “acte de presence”. Hoe’t dat no beteard is folget by it iepeningsfeest en de slotjûn.

Page 10: Keppelfeest, it ferslach!

10

3 Pr. en media.

Om ruchtberheid te jaan oan dit feest en in protte minsken te ynteressearjen sil de media bespile wurde moatte. Guon yn ús wurkgroep binne betûft mei de nijste ûntjouwings op it mêd fan sosjale media. Dy ûnderfining is ek brûkt om safolle mooglike bekende en minder bekende kranten te berikken en har yn de kunde te bringen mei ús aktiviteiten. Op 1 july 2011 wie it safier. Yn de panoramaseal fan de Achmeatoer – dy’t wy fergees brûke mochten- en hast dronken fan it bjusterbaarlike eachweid tusken himelfjild en it Heitelân, hat de wurkgroep in offisjele parsekonferinsje belein. Der binne earder al inkele stikken yn ’e krante ferskynt, mar doe hie it Keppelfeest-programma noch net syn definitive foarm krigen. In bytsje spitich wie dat it brûken fan de spesjale ‘Fryslân Kulturele Haadstêd 2018’ skoalbus, dy’t de wurkgroep fan it WTC nei de toer bringe soe, op it alderlêst net trochgean koe. Mei in ‘giel’ pronkje troch de stêd soe gâns yndruk jaan.Der is foar de tiid rekken holden mei in stik of 20 persoanen dy’t komme soene. De provinsjale en de lânlike parse wiene ek útnoege. De ambiânse waard komplimintearre mei byldzjende ympresjes fan ‘beamer’ en ‘banner’, ûnder it geniet fan in hapke en drankje. De opkomst wie efterôf besjoen wat skraal. Wy hawwe dêr faaks wat te hege ferwachtings oer hân. In reden soe wêze kinne dat wy te let útnoegings ferstjoerd hawwe. Of it ferkearde paad bekuiere wat ruchtberheid oanbelanget.

3.1 Byldmerk

Foar in feest fan dizze omfieming is it in goed ding en haw ien werkenber byldmerk (=logo) dat goed sichtber is op al it propagandamateriaal dat ferstjoerd wurdt. Dêrneist moat it klear yn ’t each springe op ús spesjale

webside. It hat wol eefkes duorre foar’t der úteinlik in definityf byldmerk lei.It byldmerk foar Keppelfeest stelt foar in ‘toeter’ dy’t read kleuret fan libben en alle aktiviteiten dy’t yn dy 60 dagen plakfine sille. Wy prate en wy sjonge mei lûden út minderheidstalen. Yn ús gefal de Fryske mei al syn tongslaggen. De toeter stiet fêst oan in blauwe balke dy’t metafoar stiet foar it geve fûnemint fan ús Fryske taal, dat him net samar fuortspiele lit of fuort kneppelje.

3.2 Utnoegingskaarten

In lyts mar dochs in wichtich PR-ûnderdiel, bûten it digitale ferkear om, wienen de kaarten dêr’t bekenden, sponsoren en pommeranten persoanlik mei útnoege binne. Dy moatte net te betiid dochs ek net te let op de post. Yn de rûzemoezige dagen foar it iepeningsfeest moast dat by ús fansels wer halje-trawalje yn gong setten wurde. Eins wie it te let. In learmomint foar ús. Mar de skientme fan dy kaart wie der net minder om!By de slotdei is dat better gien en hiene de minsken op ’e tiid de ynvitearring yn ’e hûs. Om de begruttingskosten fan de slotjûn te beheinen, hat de wurkgroep de taak op him nommen en meitsje de kaart sels. Fan hearren sizzen wie it kleurryk en bûnich, dochs nijsgjirrich genôch. De tippe fan de wale waard dochs eefkes optild.

3.3 Hiemside

Men ûntkomt der hjoed de dei net oan en lansearje in eigen webside dêr’t alle aktiviteiten en nijsberjochten op oanjûn wurde. Elkenien koe sa it Keppelfeest-barren folgje, mar ek foar dyjingen, dy’t de klok lieden hearre, mar net witte wêr’t de bingel hinget. De side www.kneppelfreed.nl bestie al. Wy mochten it adoptearje fan it ‘Historisch Centum Leeuwarden’ dy’t hjir skriuwer en skepper fan wie. It ferhellet wiidweidich

Page 11: Keppelfeest, it ferslach!

11

oer de skiednis, tsjûgen, neisleep en ûntjouwings om Kneppelfreed hinne. Wy hawwe wat oanpassings oanbrocht en keppelen it oan ús nije hiemside www.keppelje.nl. Sa sloegen wy 2 miggen yn ien fl ap en koene wy elkenien op syn geunstichst fan nije ynformaasje fersjen. Op ús nije hiemside kriget men ynformaasje: oer de eftergrûn fan dit Keppelfeest, it programma fan de iepening en it slotfeest, de aktiviteiten dy 60 dagen, wat yn de media ferskynde, de deiferslaggen, ympresjes, de folsleine 60 dichten/ferskes dy’t brûkt binne op de fl aggen en folle net genôch. Dêrneist binne der ek ferwizings nei alderhanne nijsgjirrige siden om jin yn de wiidte te oriïntearjen. Yn ‘t mien falt te sizzen, sjoen oan de statistiken (teller), dat der in protte besikers wiene. Fansels sil dy hiemside net ‘fossilearje’ mar gewoan beskikber bliuwe foar elkenien dy’t it feest nochris opikkerje en oereidzje wol.

3.4 Kranten

Foar it Keppelfeest hawwe de kranten foar ús in wichtige rol spile om safolle mooglik minsken te ynformearjen en waarm te meitsjen foar ús aktiviteiten. Njonken de fêste ‘grutte bruorren’ Leeuwarder Courant (tenei it LC) en it Friesch Dagblad (tenei it FD), binne de lytsere kranten lykas it Bolswarder Nieuwsblad, Heerenveense Courant en de Mid Frieslander ek benei kommen. It die bliken dat ek de regionale kranten gâns lêzen waarden. Yn de blêden dy’t oansletten binne by de NDC ‘mediagroep’ ha inkele grutte ferslaggen stien fan sjoernaliste Carina Twerda. Bygelyks it histoarysk stik oer: ”Zestig jaar na Kneppelfreed blijft de strijd om de Friese taal”, dat yn de Mid Frieslander fan 27 septimber 2011 ferskynt is. En it ferslach fan in ynterfj û mei foarsitter fan de Ried, Jaap van der Bij: “Frysk noch net in soad brûkt yn de rjochtbank”, dat stien hat yn it Sneeker Nieuwsblad fan 22 septimber 2011. As men sa alles op in rychje sette, ferskynde der hiel wat mear as men ynearsten tinke soe.

Page 12: Keppelfeest, it ferslach!

12

By de oantekens fan july 2011, 2 moanne foar it iepeningsfeest, wiene it tal ferskynde artikels yn it LC oer it Keppelfeest de skrale kant it neist. Wy besochten it LC safi er te krijen dat fan 17 septimber ôf (iepening) alle dagen in dicht yn ’e krante ferskine soe, korrespondearjend mei it plak dêr’t de fl agge útstutsen waard. It is ús spitigernôch net slagge. Hiene wy dochs wat fûlder oanhâlde moatten? Dochs ek in komplimint is hjir op syn plak foar in prachtich artikel yn de Sneon & Sneins krante fan 10 septimber 201 yn it LC, skreaun troch Maria del Grosso. In wiidweidich ferheljen oer Kneppelfreed. Dêrtroch waard hiel Fryslân wer eefkes byspikere oer hoe’t it no krekt ek wer sitten hat. Fansels ek in aardich priuwke fan ynformaasje foar ús Keppelfeest dat in wike letter begjinne soe.

Om eefkes in yndruk te jaan. By it ynfi eren fan it wurd “Keppelfeest”, yn it digitaal argyf fan it LC, docht bliken dat der yn totaal 45 artikels hjiroer ferskynt binne, wêrfan 18 yn it LC en 9 yn it Bolswarder Nieuwsblad. By it Friesch Dagblad is op dit stuit noch net in digitaal argyf. Men kin fan tinken wol hawwe dat bynammen de regionale kranten in protte omtinken joegen oan dit feest.

Neigeraden der mear fl agge waard ‘foar taal’ yn de doarpen en stêden, kamen der mear kleurige foto’s yn de nijsblêden, dêr’t it blausangen fan de fl aggen jin temjitte kaam. By ús gearkomsten wie der hast altiten wol ien dy’t in opteard artikeltsje út ’e binnenbûse klaude, mei dêrop in kreas ferslach en in moaie foto.Mar dat helle it net by de foaropfoto fan it LC, fan moandei 18 septimber, dêr’t stege fl aggedragers op de treppen fan it Paleis fan Justysje it oanbegjin fan it Keppelfeest befl aggen.

3.5 Tillevyzje

Fuortdaliks by de tariedings fan it Keppelfeest hawwe wy de tillevyzje as media der by belutsen hân om Fryslân te ynformearjen oer alle ferskate aktiviteiten. Yn koarte tiid kinne in protte minsken berikt wurde. Dan leit it hast yn ’e reden dat men by Omrop Fryslân telâne komt.Mar ek is kontakt socht mei de NOS, dy’t alear yn it programma “Andere tijden” in dokumintêre útstjoerden oer it yn en om fan Kneppelfreed. Wy hawwe se frege dat ûnder it yn dy 60 dagen nochris te dwaan. Mar dat is neat wurden. Wol wie der ynienen in blinkje, doe’t immen fan de NOS ús klok dêr lieden hearde en hifke nei dit barren. Spitigernôch is ’t by in skiltsje bleaun. It hie gâns in yngong wêze kinnen foar op de lânlike tillevyzje. Soe it ferwurden wêze ta in fl echtige dream?

Omrop FryslânIn aardige bykomstichheid wie dat twa immen yn ús wurkgroep neiere bannen hawwe mei dizze tillevyzje-útstjoerder. Ien yn it bestjoer fan Freonen fan Omrop Fryslân en de oar yn de Ried fan Off urdigen. Dat makket it kontakt mei de omrop gâns ienfâldiger. Foar de iepening is regelmjittich kontakt west en seach alles der posityf út. Men moat op jin iepenst wêze en bring ynformaasje nei bûten ta. Nei in oantal petearen stie dit risseltaat yn de e-post. Opset1. Der soe op radio en tillevyzje ferslach komme fan alle

eveneminten yn dy 60 dagen.2. 1 Minút útstjoerings oer ‘Praat mar Frysk’; foar de

fûst wei mei minsken prate oer it Frysk en wat it foar harren betsjut yn it deistige libben. Hoe geane se dêr mei om.

3. Utstjoere Fryske snein yn Tsjom op 13 novimber. Dêroer aanst mear!

4. Berjochten op har websiden, mei oersicht fan aktiviteiten.

Page 13: Keppelfeest, it ferslach!

13

5. Fierders alle moannen in útstjoering oer ‘taal’, mar dêrfoar moast de Ried fl ink ta de bûse.

6. Letter, yn de snuorje fan de iepening, is betocht om alle dagen omtinken te jaan oan in ‘Keppelfeest-dicht’ dêr’t in rigel fan op ’e fl agge stiet. Dat soe hiel gaadlik passe yn it programma “Hea”.

Utkomst1. Oan de grutte barrens lykas de ‘iepening’ yn Ljouwert

en de ‘slotjûn’ yn Boalsert is aardich omtinken oan jûn. Dêrtusken wie it frijwat stil en wiene se ek min te berikken. Mooglik hie dat ek te krijen mei besunigings en feroarings yn ‘útstjoerderslân’.

2. Dy koarte 1-minút útstjoerings hawwe der west. Mar oft it paste yn it ramt fan “Flagje foar taal”, dat mei elk foar himsels útmeitsje.

3. In ferslach op tillevyzje paste net yn ús begrutting. Oer de radio wie dy sneinstsjinst kreas te folgjen.

4. Dit ûnderdiel hawwe se wat sitte litten.5. Fan dizze aktiviteiten is nea op ’e hispel kommen.6. Hjir hawwe se in grutte kâns sjitte litten. Aldergelokst

hat GPTV dit ûnderdiel op ’e noed nommen.

Koart kriemd kin sein wurde dat Omrop Fryslân der wol wie, al wie it mei de regelmjittigens fan ferslachjouwing oer it Keppelfeest wat skraal. Dêrneist like it hast wol dat se harren wat ôfskoattelen yn harren ‘ivoaren’ toer.

GPTVIt wie in boppeslach foar ús, dat GPTV it bloedigen wurk op ’e noed nimme woe en stjoer hast alle dagen in Keppelfeest-dicht út. Bliere troanjes jong en âld, sjongend of dichtsjend foar de kamera. Sa koe men moai harren eigen wenplak op ’e kaart sette. It wie foar GPTV fansels in heikeraazje om alle ‘60’ foardrachten logistyk yn te plennen. Wy as wurkgroep hawwe dêr ek folle wurk fan hân om’t al dy 60 plakken, dy’t mooglik al ferskynsels fertoanden fan ‘Keppelfeest-wurgens’, op ’e nij benei te kommen en sykje in foardrager. Resultaat wie de fan

de 60 doarpen en stêden, sa’n 40 harren dicht of fers opdroegen hawwe. In niget wie it om alle kearen wer eefkes op tillevyzje te sjen nei hokker plak oan bar wie en it type foardrager. Sawol jeugd as jeld lieten sjen dat se de Fryske tongslaggen noch net ferleard wiene. De kontakten mei GPTV bliuwe der. De grûn is der fruchtber foar it sied dat de Ried hjir siedde hat.

3.6 Sponsoren en fi nansjeel ferslach

Sa’n grut en omfi emjend feest kin net organisearre wurde sûnder stipe fan sponsors. It tsjok fûnseboek is der by helle en troch in betûftenien in brief opsteld. Alle mooglike stiftingen, fûnsen, gasthuzen, ynstellingen en gemeenten dy’t it Frysk mooglik in waarm hert tadrage binne oanskreaun. Men moat eefkes geduld dwaan en ferwachtsje net daliks beskie. Guon hawwe easken en freegje detaillearre ynformaasje, sadat wy wer op haren en snaren in ynhâldlik rapport skriuwe moasten.No mar gau it wurd oan ús wurkgroep lid Sybren Posthumus, dy’t ús hjir mear oer ferhelje kin.

Finansjeel ferslach Keppelfeest Hjirûnder folget in koart fi nansjeel ferslach fan it Keppelfeest. Der is sawat € 84.000 omgongen yn de aktiviteiten om de betinking fan Kneppelfreed hinne. Dêrby moat oantekene wurde dat it hjirby om de jildstreamen giet dy’t yn de boeken fan de Ried fan de Fryske beweging opnommen binne. Troch tal fan organisaasjes is in bydrage yn natuera jûn yn de foarm fan it fergees beskikber stellen fan sealen, it om ’e nocht autoriden, de aktiviteiten om Fryske snein hinne en de organisaasje fan aktiviteiten dy’t net by de Ried yn rekken brocht binne. De Ried is dy minsken en organisaasjes tige tankber foar harren bydrage. Ut de steat fan ynkomsten en útjeften kin opmakke wurde dat in grut part fan de ynkomsten fan oerheden

Page 14: Keppelfeest, it ferslach!

14

Ynkomsten Utjeften

Gemeente Ljouwert – iepening, Utmerk € 14460,84 Iepening yn Ljouwert € 13.399,12

KH 2018 - flaggen foar Keppelfeest € 15101,1 Flagjen foar Keppelfeest € 15.101,1

Gem. Súdwest Fryslân - slotfestival € 8700,00 Slotfestival Boalsert € 29.606,58

Provinsje Fryslân € 750,00 CD De gitaar by it boek (garantstelling) € 3.000,00

Woudsend 1816 € 7500,00 Teaterbus € 17.904,51

Je Maintiendrai € 2500,00 Teaterbus – foar rekken gem. Ljouwert € -2.000,00

Douwe Kalmastifting € 600,00 Kosten webstee - foar rekken gem. Ljouwert € - 250,00

Meindersma Sybengastifting € 1000,00 Publisiteit Fedde Schurerlêzing € 500,00

Stichting het Weeshuis, Boalsert € 4000,00 Taaldoarp-lesprogramma skoallen - boekebonnen € 2000,00

Hendrick Nannes en Catrijn Epes Stichting € 4000,00 Kosten winnen fan subsydzjes € 4881,98

St. Anthony gasthuis € 4000,00 Ferskaat € 162,96

Feitsmafûns/Fûns foar it Frysk € 1000,00

Oranjewoud –sponsoring € 3000,00

Rabobank-sponsoring € 6000,00

Prins Bernardfûns € 3000,00

Arjen Witteveenfûns € 300,00

Tekoart (Ried fan de Fryske beweging): € 8394,31

Mei-elkoar: €84.306,25 € 84.306,25

Page 15: Keppelfeest, it ferslach!

15

(gemeenten en provinsje fi a Kulturele Haadstêd 2018) en fûnsen komt. Oan de útjeftekant is benammen jild útjûn oan in fj ouwertal ‘projekten’: iepening yn Ljouwert, it fl agjen foar taal, it slotfestival yn Boalsert en de Teaterbus. Dêrneist binne der in grut tal wat lytsere kosten te sjen. Ut it oersjoch fan ynkomsten en útjeften is ek op te meitsjen dat der in ferlies is fan sawat 10% fan de útjeften. Dat ferlies nimt de organisearjende partij, de Ried fan de Fryske beweging, foar syn rekken.

DielferslaggenDer binne ynhâldlike dielferslaggen (ynklusyf fi nansjele ferantwurding) makke fan it iepeningsfeest en it slotfestival. Dy binne nei respektivelik de gemeente Ljouwert en de gemeente Súdwest Fryslân tastjoerd. Fierder hat elke stypjende organisaasje fansels in rekken of ferantwurding krigen fan datjinge dêr’t dy organisaasje foar stie.

Ferliking begrutting en einresultaatAs sjoen wurdt nei de begrutting dy’t yn it earstoan opsteld is, dan falt op dat benammen de kosten fan it slotfestival yn Boalsert heger wurden binne (mei € 3500,-). Dat hat alles te krijen mei it feit dat in hiel grutskalich festival wie dêr’t profesjonele stipe by nedich wie. Ynearsten waard tocht dat in stik goedkeaper koe, mar úteinlik binne de kosten dochs fi ks heger wurden. Lykwols, it resultaat wie dêrneff ens en de organisaasje hat fan alle kanten lof krigen! Oan sawol ynkomste- as útjeftekant wienen yn de earste begruttings bedraggen opnommen fan stipe yn natuera. Om’t dy kosten net altyd goed te kwantifi searjen binne en ek net fi a rekkens ynkomme of fi a de bankôfskriften fan de Ried fan de Fryske beweging rinne, binne se yn de einrekkens bûten beskôging litten. Troch gjin rekken te hâlden mei dy saken yn natuera komt de it folsleine bedrach fan ’e begrutting, ôfhinklik wat jo al as net meitelle, sa’n € 10.000 oant € 20.000 euro leger út.

Ta beslútDe Ried fan de Fryske beweging wol de ferskate oerheden en fûnsen nochris betankje foar harren rynske bydrage. Sûnder de eksterne jildboarnen hie it perfoarst net mooglik west om dit grutte betinken fan Kneppelfreed op te setten.

Dan nimme wy no, mei jim goedfi nen, it wurdt wer fan ús Sybren oer.It Keppelfeest, bynammen it fl aggeprojekt, paste moai yn it ramt fan de Fryslân Kulurele Haadstêd 2018 (doedestiids). Henk Keizer, lûker fan dit fenomeen, wie fuortdaliks optein en helle de knoop fan ’e ponge en stypje ús.Dat gou ek foar de gemeente Ljouwert dy’t ús de hân tarikte foar it iepeningsfeest en ek de Nije gemeente Súdwest Fryslân die in fl inke taast yn ’t kammenet. Justysje joech alle meiwurking troch it Paleis fan Justyske fergees beskikber te stellen. Jan de Boer hat ús tige holpen. Dat wie gâns oars as 60 jier lyn.

Yn ’t ginneraal koe men sizze dat der lofts op de begrutting gâns jild binnen swile is mar der bleaun fansels wol in gat(sje) oer dy’t de Ried no bestopje moat. Tefoaren is soks net oer te eagjen en koene wy allinnich mar hoopje. It is in spesifi ke takke fan sport om jild by ‘fûnsen’ wei te krijen. Dochs hawwe guon yn de wurkgroep ornearre dat se sels ek wol “it djoere brief” oan de fûnsen skreaun hawwe kind hiene. Reden: in ombûging yn ’e kosten. Dêrfan akte.

Begjin july, doe’t de aktiviteiten noch útein sette moasten, waard yn de doetiidske begrutting rekken holden mei in ferlies fan sa’n € 16.000. Dat is troch de ynset fan alle belutsenen mei de helte werombrocht nei sa’n € 8.000,-. De measte ferslaggen binne yntusken ynlevere by fûnsen en oerheden en it grutste part fan de taseine bedraggen is yntusken ek oermakke. It kin wêze dat it ferlies noch justjes lytser wurdt, as it bedrach dat nedich is foar de CD De gitaar by it boek en de kosten fan de boekebonnen foar de skoallen fan it projekt Taaldoarp leger útfalle. Dêr liket it no aldergelokst al op.

Page 16: Keppelfeest, it ferslach!

16

4 Iepeningsfeest

Op 1 juny stiet yn de oantekens skreaun: “der moat in projektlieder komme. Wy as wurkgroep kinne it iepeningsfeest net yn syn hiele hear en fear mear fersoargje”. Neigeraden wy op de iepening troch prakkesearren kaam der mear regelwurk en behyplike details op ús paad. Begjin july koene wy tiding dwaan dat Tjallien Kalsbeek ‘it stokje’ oernimme soe, wêrtroch wy as wurkgroep wer wat mear siken krigen om ús te konsintrearjen op oare aktiviteiten. Dêr hawwe wy efterôf besjoen wis gjin spyt fan hân.Eardere útstellen om Tryater in grut spektakel dwaan te litten foar it Paleis fan Justysje waard ús net oanrikkemandearre. Ornearre wie dat soks op in grut leech plein mei mar in espeltsje minsken, wolris earslings wurkje koe. It soe lytser en tichter by de minsken plakfine moatte. Hjir is út fuortkommen dat in âlde bus mei ‘de Bildstars’ it publyk bûten fermakke en de akteurs Jan Arendz en Marijke Geertsma de oanrin yn ’e rjochtseal.It idee fan Wouter Zijlstra ferstrûpt as Grutte Pier, steande yn de bombidich grutte koets dy’t brûkt is yn ‘Kening Lear’, wie efternei net praktysk genôch. Lykas yn plysje ferklaaide ruters op hynders dy’t minsken it Paleis yn jeie soenen, like tefolle op in ekt fan de slotjûn. Dat soe wjerstân oproppe út it fjild dêr. Mar ús projektlieder krige alle romte foar in eigen ynbring. Nimt net wei dat guon ynfollings neigeraden de falbile-datum, ús op ’e simmels begûn te wurkjen.

It waar wierre ús yn ’e kaart op 17 septimber. Einlings, it oanbegjin fan 60 dagen feest. Middeis om 15.00 oere sille 60 flaggen út alle úthoeken fan Fryslân wei wapperje op ’e treppen fan it Paleis, dêr’t it alear begûn. Sil oardeljier krewearjen ús hjoed syn ‘fruchten’ jaan? Fjirtjin dagen lyn wiisden aardich wat ûnderdielen faai. Kinne wy noch in betûft sprekker fine? Hoe komt it mei de flaggedragers? Der binne noch safolle lege plakken. Wêr yn ’e goedichheid krije wy noch in korps

wei? Hokfoar ynfloed hat de iependei fan de fleanbasis Ljouwert op dit barren? Mar krekt doe’t de kniper op ’e skine kaam, foelen de puzzelstikjes as fansels te plak.It begûn dy middeis allegear op de treppen foar de yngong fan it Paleis fan Justysje, mei op ’t dak in tige grute Fryske flagge yn ’e top. De djembégroep Nunya fan Stiens fermakke tuskentiids it tastreamde publyk, besteande út nijsgjirrigen en noege gasten. Njonken de grutte pylders stie in grut skerm opsteld dêr’t elkenien de hiele middei histoaryske bylden fan Kneppelfreed op sjen koe.

Undertusken sammelen 60 minsken har op ferskate lokaasjes yn de binnenstêd, 10 op alle lokaasjes. Sy binne de ôffurdigen út alle 60 ferskillende doarpen en stêden yn Fryslân wei. Dy 60 ferskillende flaggen komme fan 17 septimber ôf troch de hiele provinsje te hingjen. Fan seis kanten út de binnenstêd wei (Blokhûspoarte, de Waach, poppoadium Romein, it stasjon, de bibleteek en it Mata Hariplein) kamen om trije oere yn ploechjes fan tsien flaggedragers oan paradearjen. Inkele groepkes kamen earder op de rûte al byelkoar en kamen mei 20 dragers by it Paleis. Ta ús ferbjustering wiene alle flaggen beset. De jûns dêrfoar hiene wy noch mar 31 flaggedragers te plak. Se wiene spontaan ynfolle troch kunde en inkelen út ’e wurkgroep. Inkeldris sels in omsteander dy’t de stôk opkrige. Op it ‘moment supreme’, de oankomst by it Paleis fan Justysje -jawis mei in korps- besoarge einepikefel. It tilde op fan de flaggen, hokker kant men ek mar útseach. Roffeljend op trommels luts it korps de oandacht fan omstanners en nijsgjirrigen. In wike tebek krigen wy pas ferromming fan Hindrik van der Meer dat it korps Jong Advendo fan Snits dizze dei spylje koe.It Keppeljen wie lang om let slagge!By oankomst waard de earste ekstra optoaide flagge troch Jan van der Burg, dy’t sels meidien hat oan Kneppelfreed, oerlange oan wethâlder Deinum nei’t Hindrik van der Meer elkenien yn de besnijing hold mei

Page 17: Keppelfeest, it ferslach!

17

in selsmakke dicht dat treflik einde; “Foar ienheid yn ferskaat, hâld yn ’t bêste lân fan d’ierde, ek de lytsen oan ’e praat”. De jongerein fan Advendo hie noch in koart optreden foar ús en dêrnei koe elk dy’t dat woe by it Paleis fan Justysje nei binnen ta gean.De 60 flaggedragers hawwe oanienwei wappere, dat it pronke as de blommen. De flaggen waarden letter yn de spesjaal opstelde molkebussen stutsen, wêrnei de twirrewyn it oernaam. Dêrnei wie der in spjalting yn it programma. Bûten by de treppen fermakken de Bildstars, in nuveraardige ‘femylje’ yn in âld bus en in Citroën ‘Deux Chevaux (‘lelijk eendje’), sa’n 50 efterbliuwers en omstanners. It wie in toanielselskip dy’t op koartswilige wize minsken neitinke liet oer de rykdom fan taal en mooglikheden om te keppeljen. Koartswilige teksten en typkes wiene te beharkjen en te sjen. Minsken waarden entûsjast en sjoch dochs ek noch eefkes binnen de doarren fan ’e rjochtseal.

Binne de yndoarren yn de rjochtseal hat Mr. J.S. van der Kolk, presidint fan de rjochtbank sels, in taspraak holden oer syn fysje op it Frysk yn de rjochtsprake en de wetjouwing. Der waard neffens him noch te min brûkme makke om Frysk te brûken yn it domein fan de rjochtseal. Wilens it kreas op alle buordsjes oanjûn stiet. Foar de Ried stof ta neitinken! Doe’t Jan Arendz en Marijke Geertsma formeel de seal binnen kamen swei de seal. Mar fuort dêrnei koe elkenien bûten de minsken hjir laitsjen hearre. De twa toanielspilers, dy’t bekende akteurs binne yn Fryslân, hawwe treflik en skerpsinnich spile. It boadskip wie dat Kneppelfreed eat bûtenwenstichs west hat, tige betsjuttend mei in râne fan koartswyl en selsspot. It hat krekt goed west dat der doe guon minsken in kneppel op de kop krigen hawwe. Sûnder dy kneppels hie it lân foar de Fryske taal der hiel oars hinnelein. Yn it stik kaam wol nei foarren dat no net alles samar klear is. Minsken

hawwe de mooglikheid om Frysk te praten; no moatte se it fansels ek noch dwaan. Se moatte ferlied wurde om posityf foar de eigen sprake oer te stean en it te brûken yn alle domeinen. Tsjoch op en wês net skiterich. De tenoar Albert Bonnema ûnder begelieding fan Andrew Wise follen mei har meldijen de sintrale hal op mei nijsgjirrich nije en betroude meldijen op de tekst fan Fedde Schurer. Bygelyks syn dicht “Mear as ien”. In ferskuorrende leafde fan Fedde tusken Fryslân en de stêd Amsterdam. “Bin ik dy ûntrou, myn lân, om’t ik gean yn ’e wieling fan ’e grutstêd?”. It wie in wrâldpremiêre foar Ljouwert. Ta eintsjebeslút krigen se de hiele hal mei op it sjongen fan syn ferneamde ferskes lykas ‘It feintsje fan Menaam’ en ‘it Fytsliet’. De kop fan it Keppelfeest wie der ôf. De haadseal wie goed fol mei sa’n 100 belangstellenden.

De gasten wienen nei ôfrin útnoege foar in hapke en in drankje by ‘Het Wapen van Leeuwarden’ dat skean foar it Justysjegebou oer stiet. Inkele frijwilligers rêden yn de tuskentiid de flaggen, de kringstekken en de molkebussen op. Dêrnei wie lang om let ek foar harren romte foar in ôfslutend praatsje. De lea befoel ús gau, Keppelfeestwurgens? We koenen weromsjen op in tige slagge sneon dy’t elk skoan heuge sil.

Wethâlder Deinum nimt de 1ste flagge yn ûntfangst

Page 18: Keppelfeest, it ferslach!

18

5 Aktiviteiten

5.1 Slach by Warns, Oars as Oars!

Sneon 25 septimber wie de 66e betinking fan de Slach by Warns, dy’t 666 jier lyn plakfûn. It wie oft de duvel der mei boarte! Op de dei fan de batalje 26 septimber 1345 kaam in grutte fl oat ûnder lieding fan Greve Willem fan Henegouwen en Hartoch Jan fan Beaumont út Hollân nei Starum ta om Fryslân te feroverjen. Koene se dêrnei moai skattings freegje. Starum wie it earste doel, om’t se tochten in moai fort te meitsje fan it Sint Odulphuskleaster. Dat yn boaten dêrhinne. Dy sieten sa fol mei minsken, foarrieden oan iten en drinken, dat de ridders hiene de hynders mar thúslitten.Wylst Beaumont oan lân kaam en al rêd by it kleaster wie, betearde it mei van Henegouwen in stik minder. Hy soe mei syn mannen fan de oare kant ôf nei Starum komme. It ferlitten útbuorrentsje Laaksum en it doarp Warns binne plondere en yn ’e brân stutsen. Dy fan Laaksum en Warns soene wol yn Starum wêze, moat Willem tocht hawwe. Mar ynienen kamen de Warnzers as hagel en sied opsetten en foelen de ridders yn harren harnassen, dy’t mear lêst as geriif wiene, oan. Werom nei Laaksum koe net, dêr tilde it ynienen op fan folk. De ienige útwei, bliek de ‘Ferkearde wei’ te wêzen. Dy late net nei Starum ta mar it moeras yn, rjochting it Reaklif. In soad soldaten ferhûneloarten, ek Greve Willem. Doe’t de mannen fan Beaumont it hearden, rekken se dêrôf en besochten mei har boaten út te naaien, werom de Sudersee oer. Dat slagge úteinlik mar in lyts ploechje ridders. Dizze striidbetinking foar ‘de Fryske frijens’ foel kreas yn ús 60 dagen feest. It behâld fan ús minderheidstaal is ek in striid, mar dan in ivige. Sadwaande in kombinaasje yn it ramt fan Keppelfeest dat wat oars as oars wêze soe. Us wurkgroep hat yn it begjin it paad betrêde fan it idee, dat studinten fan Grins ‘Bernlef’ eat bûtenwenstichs

dwaan soene oanstjoerd troch in betûft teaterman. Mar op de ien of oare wize kaam it projekt mar net fan de grûn. It stûke by it inisjatyf nimmen út de kant fan de studinten wei. Ofspraken mei it bestjoer fan stifting ‘Slach by Warns’ gongen net troch of mislearren. De tiid fersille mar. Dat as it sa troch gean soe, soe alles it yn stiltme beslaan. Lang om let is besletten in oar paad yn te gean en brûkme te meitsjen fan (lokaasje) teatergroep SULT. Dy wie drok dwaande mei inkele útfi erings fan Douwe Kalma’s keningsdrama Redbad op it Suderstrân by Starum. Dat gie yn ‘t koart oer eangstme foar feroaring en fernijing. In kombinaasje fan dy twa spruts Roel Falkena, foarsitter bestjoer ‘Slach by Warns’ wol oan. It moast op sa’n wize barre, dat it foar SULT net fi elde as gatopfoljen.

Septimber de 25e, mei waar as side en in klear eachweid fan it Reaklif ôf, soarge op dizze neisimmerdei op foarhân al foar in opteine stimming. Trije foarname sprekkers, âld-wethâlder fan it eardere Wymbritseradiel, FNP-listlûker Súdwest-Fryslân Germ Gerbrandy, de waarnimmend boargemaster yn dy nije gemeente Hayo Apotheker en deputearre fan de provinsje Fryslân Jannewietske de Vries brochten loovjende wurden. Mei de Fryske regeljouwing soe it nei de weryndieling yn de Súdwesthoeke goed beteare. Wol sa dat it as foarbyld tsjinje kin foar oare takomstige weryndielings. Begjinne mei Frysk te brûken op it heechste nivo wie yn gemeente Súdwest Fryslân boarge. Dêroer krigen se foar ‘de grutte balstien’ earst al inkele tûke fragen fan Falkena. Mei in klute yn ’e kiel hat Roel Falkena dêrnei oankundige, dat er syn funksje as foarsitter fan de stifting Slach by Warns dit jier delleit. Bynammen fanwege syn sûnens. Dat it koe hjoed noch krekt eefkes om him offi sjeel yn funksje, de earste Ynterfryske Dikekaart oan te bieden. De SULT Redbad Band hat de betinking ôfsluten mei inkele wûndermoaie lieten út it stik fan Redbad, nei’t artistyk lieder Piter Stellingwerf ferhelle oer in nijsgjirrige

Roel Falkena naam ôfskied as foarsitter stifting Slach by Warns

Hayo Apotheker, Jannewietske de Vries en Germ Gerbrandy

Page 19: Keppelfeest, it ferslach!

19

wize om jongerein by dizze betinking te beheljen. In útstel fan him, om elkoar mei kessens om ’e earen te slaan dêr’t Fryske wurden op steane en dy’t troch jongerein al hast net mear brûkt wurde, luts betinklike troanjes en hjir en dêr in sunige glimlaits. Stof om oer nei te tinken.

Spitich wie dat er der net folle minsken wiene foar it neipetear yn ‘De Spylder’ yn Warns. Der wie ek mar ien fan de trije haadsprekkers oanwêzich. Wylst ’t de wizânsje is om alle ‘pommeranten’ mei fragen nochris stevich op it harspit te nimmen. It Frysk sil ûnderstek dwaan as it giet om offi sjele Frysktalige plaknammen en kommunikaasje by fúzjegemeenten, sa kaam wol nei foaren.Ta eintsjebeslút en alhiel yn de styl fan it Keppelfeest koe men dêrnei meisjonge op bekende ferskes fan Fedde Schurer.

Yn it ramt fan Keppelfeest kinne wy tebek sjen op in slagge dei en net allinnich omwegen it waar. It is klearkommen om de ‘Slach by Warns’ betinking wat fan syn bewende kowepaden ôf te krijen. Hooplik sille der takomjier nije (ludike) ûnderdielen op it programma stean, sadat mear jongerein it Reaklif bekliuwe wolle.

5.2 Fedde Schurerlêzing

De skriuwer, dichter, taalstrider, ûnderwizer, politikus, betûft sprekker, oertsjûgjend pasifi st; ja..., Fedde wie master op in protte wapens. Yn ’t ramt fan Kneppelfreed 60 jier lyn is in lêzing op ’e priemmen set dat in tema hie op it snijfl ak fan taal, polityk en kultuer. In gearwurking tusken De Ried fan de Fryske beweging , Tresoar en it HCL (‘Historisch Centrum Leeuwarden’). By dy lêzing stiene ferskate diskes dy’t warber binne op dit mêd, harren te profi learjen. Lang hawwe wy socht nei in goed sprekker, dy’t as it heal kin ferneamd is en yn it deistige libben wurksum

op dat snijfl ak. De middei soe oanfolle wurde mei twa ko-referinten. Op 1 maart koene wy yn ús oantekenings notulearje dat Marga Kool taret wie om op 12 novimber 2012 de seal yn de besnijing te hâlden. In oanfolling mei ko-referinten is úteinlik net trochgien. It wie in middeifoljend programma tagelyk mei it útrikken fan Schurer’s fersebundels ‘De gitaer by it boek’, ien mei allinne de dichten en de oare mei muzyk derby. De middei waard opfl eure mei inkele priuwkes fan dy lieten troch it Kwartettekoar ûnder lieding fan Hindrik van der Meer.

Marga Kool is Drintsk skriuwer (proaza, poëzij, toaniel), âld-deputearre fan kultuer en sûnt 2000 dykgraaf fan it Wetterskip Reest en Wieden. Sy set har bot yn foar it Nedersaksysk, dat yn in krite likernôch tusken Grinslân oant de Achterhoeke en de oanbuorjende Dútske kontreien praat wurdt. Sy beskreau de taalsituaasje fan it Drintsk, de machtsferskillen, de legere status en stiloan syn efterútgong. In offi sjele erkenning fan it Nedersaksysk as minderheidstaal yn de Europeeske Uny is noch in paad mei in protte hulten en bulten. Dochs hâldt se oan as storein: wat hurder de wyn, wat fêster de trêd. Allegearre eleminten dêr’t wy yn ús Fryske taal ek in protte mei te krijen hawwe.

Nijsgjirrich wie har pleit foar mear synergy tusken Fryske- en Drintske skriuwers, lykas mei de ‘Stellingwarver skrieversronte’ al dien wurdt. Leare fan de tûkelteammen op jins paad nei mear oansjoch en erkenning. Somber stimd wie Marga Kool oer dat minderheidstalen skielk degradearre wurde ta in soarte fan ‘regiolekt’. In mingfoarm tusken it Hollânsk en de minderheidstaal of it dialekt. Dy rein sil skielk úteinlik ek it Nederlânsk bedrippe, dat troch it Ingelsk ferkrongen wurde sil. Koart kriemd in boadskip mei in donker rântsje.Kinne wy as Fryslân ús identiteit behâlde, wannear’t der ien Noardlik lânsdiel komt? Kin der dan noch praat wurde fan in typysk ‘Frysk DNA’? Drege fragen dêr’t wy skielk

SULT Radbad Band

Page 20: Keppelfeest, it ferslach!

20

gâns mei te krijen hawwe. Aardige stoff e tinkt ús foar in nije sprekker ankomme novimber.Nei reservearre tiid foar baarnde reaksjes en diskusjes wie it tiid foar it oanbieden fan it earste eksimplaar fan Fedde’s ‘De gitaer by it boek’. Dat die ds. Jouke Bakker, foarsitter fan de KFFB, oan Roel Slofstra, dy’t alear in ferzje ûnder de minsken brocht hat. Dêroan Hindrik van der Meer út namme fan de Ried oan ds. Rein Veenboer, foarsitter fan de Ried fan Tsjerken. Dy lêste om de nije fersebondel yn de tsjerken wat mear bekendheid te jaan.Ta eintsjebeslút hat it Kwartettekoar ûnder lieding fan Hindrik van der Meer, inkele nije meldijen opfi erd út fansels ‘De gitaer by it boek’.

It wie in nijsgjirrich en goed besochte lêzing. Stuollen moasten byset wurde. It is dan ek de bedoeling dat alle jierren yn dizze gearwurking, in oerienkomstige lêzing organisearre wurde sil. Mei sprekkers dy’t op it snijfl ak buorkje fan taal, polityk en kultuer. Dêrfan akte.

5.3 Fêdde Schurerjûnen

It ferskil mei de Schurerlêzing wie dat it hjir gong om de persoan Fedde Schurer en syn wurk. Syn libbensferrin komt op it rabat, dichten wurde deklamearre en lieten wurde songen fan “dichter en sjonger”. It doel fan dizze aktiviteit wie om nei de minsken ta te kommen en ruchtberheid te jaan oan dit fenomeen. Hjir hawwe wy úteinlik it Keppelfeest oan te tankjen.

Johanneke Liemburg, dy’t yn 2010 promovearre oan de Fakulteit “Godgeleerdheid en Godsdienstwetenschap” fan de Ryksunifersiteit Grins mei it boek Fedde Schurer (1898-1968) “Biografi e van een Friese koerier”, hat dy jûnen taljochtings jûn op ferskate aspekten fan syn libben en wurk. Se hat it hiele argyf fan him ûnder de loep naam en ferdjippe har yn de memoires fan minsken dy’t him noch persoanlik kend hawwe.

Janneke Liemburg (Terwispel 1952) is yn it deistige libben boargemaster fan gemeente Littenseradiel. Neff ens har wie Schurer in markant persoan dy’t in protte maatskiplike diskusjes oanpoene. In mearsidich persoan mei in wiidfi emjende kennis, mar bynammen in dichter. Hy hie de jefte om de skientme fan de Fryske taal op in trefl ike en linige wize te ferwurdzjen. Syn ferzen wurde ommers noch altiten foardroegen. Syn oersettings binne fan hege kwaliteit. Schurer woe minsken sjen litte dat der yn Fryslân in serieuze literatuer bestie lykweardich oan de Nederlânske.Dy Schurerlêzings hawwe sawat troch hiel Fryslân hinne west. Bygelyks: yn Tsjom, Frjentsjer, Snits, De Lemmer, Aldeboarn, Dokkum,‘t Fean, Drachten en Boalsert. De measte lêzings binne ôfwiksele mei muzikale yntermezzo’s, dat foar in nofl ik en freonlike ambiânse soarge. Sa hie elkenien de kâns en meitsje kennis mei dizze alsidige geast. De organisearjende komitees sels hawwe de lêzings, de kosten en de reklame op ’e noed nommen. Wy hawwe de datums fan dy jûnen út soarte kreas op de hiemside setten.Fan hearren en sizzen docht bliken dat de lêzings yn ‘t mien goed besocht binne. In aardige bykomstichheid wie dat minsken sa mear kamen te witten oer de eftergrûn fan Kneppelfreed, de reden fan dit Keppelfeest en dêrtroch minder skruten binne om te fl agjen foar taal. Yn Drachten wiene de fl aggen net iens mear oan te slepen!

Marga Kool

Page 21: Keppelfeest, it ferslach!

21

5.4 Fryske snein

‘God joech ienris ‘t Fryske folk, de eigen taal ta sieletolk’. Sa klinke de earste 2 rigels fan Schurer’s ‘Dominé-Hollânist’. In aardich fers om dûmnys oan te poenen en brûk mear Frysk yn ’e tsjerken. Protestantsk, Roomsk, Minnist of Frijmakke, it makke neat út hokker leauwen men as paadwizer hat. It Deputaatskip Fryske earetsjinsten seit it sa treff end: “Wy binne der fan oertsjûge dat it wurd fan Heit jin nea tichter op ’e hûd komme kin as yn ’e taal fan mem. Syn Geast sprekt alle talen, ek de taal fan ús hert”. Sa tocht ús wurkgroep der ek oer.Yn it ramt fan Keppelfeest dêrom in tsjinst yn de streektaal, it Frysk of sibbe tongslaggen. De ferwachting wie dat der in protte gemeenten meidwaan soenen.

Men hoecht de kranten der mar op nei te slaan: it Hollânsk slacht foar master op yn ’e godshuzen fan Fryslân. It hie ommers jimmeroan de moade west en streektalen dogge harsels wer ûnderstek. Foar it idee om rûnom yn Fryslân in Fryske tsjinst te hâlden krigen wy in protte ynstimming fan Stifting Krúspunt en de Fryske Ried fan Tsjerken. De útwurking waard fersoarge troch it Yntertsjerklike Wurkgroep foar de Fryske Earetsjinst (YKFE). Ds. Cor Waringa fan de Jouwer hat in spesjale liturgy foar it Keppelfeest gearstald foar de Fryske snein op 13 novimber. Foar de 8 oare sneinen dêrfoar, hat Waringa suggestjes dien en lieten selektearre út Schurer’s ‘De gitaer by it boek’ (1969), in bondel mei 118 bibellieten. De hiele liturgy is ferivige op ús webside (www.keppelje.nl) en by oare tsjerklike ynstânsjes. Dûmnys kinne it tenei jimmeroan rieplachtsje as se dat wolle.

Mei Omrop Fryslân hawwe wy yn ‘t begjin oerlis hân oer sels in lânlike útstjoering mei as tema; ‘It Frysk yn de sneinske liturgy’. Dat soe gean moatte oer Wumkes syn earste Fryske preek, mar ek alle mooglike nije ûntwikkelings op dit mêd. De miste kânsen, de stekken

dy’t de tsjerke falle litten hat en de goede dingen dy’t yn dat ramt bard binne. Dy spesjale útstjoering is der net kaam. Dat gou ek om de NCRV benei te kommen en stjoer it op lânlike tillevyzje út.

In punt fan argewaasje wie dat it Krúspunt net regelmjittich fan har hearre liet oer hoe’t it lân der hinne lei. De kommunikaasje wie altemets yn stiltme beslein. Binne alle dûmnys no oanskreaun en op ’e hichte? In protte foargongers wisten op ‘t lêst noch net iens wat er te rêden wie en moasten, wannear’t it harren goed tocht halje-trawalje de liturgy noch oanpasse. Tytsje Hibma fan it Krúspunt – ‘Frysk oekumenysk platfoarm’ hat yn it Frysk Deiblêd al in stik hjiroer skreaun. Dat sûnt doe waard der grif fan grute. Op 10 novimber foel út in stik yn it Frysk Deiblêd te lêzen dat sa’n 30 plakken oanjûn hawwe en doch mei, wylst der gewoanwei likernôch 15 binne. Dochs in ferdûbeling mei it Keppelfeest, mar wy hiene der mear fan ferwachte.Der kamen al entûsjaste lûden fan û.o. it bisdom Grins-Ljouwert, Protestantske gemeenten, it Deputaatskip Fryske Earetsjinsten fan de Griff ormearde Tsjerken (frijm.) en Minnistegemeenten.

Inkele oare reaksjes betrouwe wy dit ferslach ta. Fan in Fryske sneinstsjinst yn Stiens: “Yn de Gasthústsjerke hiene wy snein 13 nov. in gastdûmny. Hy hie troch krige dat in pear Fryske lieten yn de tsjinst wol brûkt wurde mochten. Sels hie hy der foar keazen om nêst in pear lieten ek de skrifl êzings en it gedicht fan Fedde Schurer oer Ezechiël yn it Frysk yn de liturgy op te nimmen. It wie gâns mear Frysk yn de tsjinst as wy oars wend binne”.

Page 22: Keppelfeest, it ferslach!

22

Lûd fan tsjerkegonger út de Protestantske tsjerke wei: “De skriftlêzing wie foar in part yn’t Frysk. De VituStinsCantorij song tal fan Fryske lieten û.m. “In spyltúch” fan Fedde Schurer.Us Grinzer dûmny hat goed har bêst dien en de Grinzer dirigint Olchert Clevering fynt, dat we wol faker wat fan Fedde Schurer sjonge kinne”.

In oar lûd komt út Ryptsjerk en stie yn it LC fan 14 novimber: “Ek Schurer seit it plan út: ‘Wy prate oer jins súv’re wet / wy sizze ’t wol, mar dogge ’t net’. De bea wurdt songen, al is de melodij wat dreech. Jo binne der suver te folle mei dwaande de tekst te plak te krijen op de noaten om de wurden goed te befetsjen”.

Wichtich is hoe kriget men de minsken oan in Fryske snein. In dûmny skreaun yn it LC fan 12 novimber 2011: “In Fryske snein moat gjin ekskústrús wêze, mar in earste oanset ta meartaligens fan alle tsjinsten. Hollânske en Fryske tsjinsten wurde sa stadichoan in obstakel foar de fi erdere ûntwikkeling, fan it brûken fan talen yn tsjerke. In Fryske snein kin miskien in moaie gelegenheid wêze foar refl eksje op it brûken fan ferskate talen yn tsjerke. It wurdt tiid dat taal net mear in reden jout om it kneppeljen, mar om ús ferskaat te brûken en te fi eren. Dan kin taal ús oanelkoar keppelje!”

Wy koene allinnich mar hoopje dat safolle mooglik tsjerken it oandoarden en brûk it Frysk. Yn alle gefallen hawwe ús earen gjin grutte negative lûden opheine kinnen. Hooplik kriget soks mear neifolging en waaid der tenei in nij lûd fan de kânsel ôf.

5.5 Fryske tsjinst yn Tsjom

“Gemeente fan Tsjom, ik bin sa dryst om jimme to te sprekken yn ’e klanken fan ús eigen memmetael. Ik bin dêrta komd, omdat nei myn bitinken soks it wiere is en it dy wei op moat”. Mei dy wurden begûn Dr. Geart Ailco Wumkes (1869-1955) op 3 jannewaris 1915 de tsjinst yn Tsjom. Syn “oerfal” wie om ris te hifkjen oft Fryslân der iepen foar stie en harkje nei in Fryske preek. “It liket hjir hjoed wol komeedzje” waard foetere, troch immen dy’t soks net ferneare koe en har ringen nei gean sette. It Kristlik Frysk Selskip hold yn Tsjom op 6 jannewaris 1985 om twa oere ek in Fryske preek. Mar dat wie om’t it 70 jier lyn wie dat dit barde.

Foar de Keppelfeestwurkgroep in reden om yn it ramt fan 60-jier Kneppelfreed hjir nochris omtinken oan te jaan. Foar dit spesjaal programma moast de tsjerkeried fan Tsjom earst wol oertsjûge wurde, dat it net allinnich mar reklame wie foar ‘it Frysk’, mar ek in djippere boadskip útdrage soe. De eigen (Hollânske) moarnstsjinst fan de gemeente mocht net ferfalle. Foar ús wie der in plakje op de middei. It twaspan Hindrik van der Meer en Eppie Dam wie soks wol tabetroud en belibben harren premjêre yn de grutte Jehannestsjerke mei in sjong- en foardrachtspul “De wrâld ús went”. It tema fan de liturgy wie de ferhâlding tusken tsjerke en wrâld, en besjongt de rykdom fan de ierde. De leauwige siket geastlik in paadwizer yn de tsjerke. Al is dat allegearre mar fl echtich, want bûtendoar is de wrâld syn wêzentlike wente. De minske hat de opdracht en tsjinje de wrâld, mar wês tagelyk súntsjes mei har jeften.

De Tsjommer Steatlânskoalle hat in foarname rol spile yn it ferhaal fan ’e wrâld troch it sjongen fan bliere ferskes en guon teksten moai op te sizzen. De dei fan hjoed, is respekt te hawwen foar it ferline en dêr moat de takomst it wer fan hawwe.

Jehannestsjerke yn Tsjom

Page 23: Keppelfeest, it ferslach!

23

De tsjerke wie dy middeis grôtfol en stuollen moasten oansleept wurde. De hiele tsjinst waard streekrjocht útstjoerd op Omrop Fryslân radio. Minsken lieten har meinimme op de yngeande teksten en meldijen fan it Kwartettekoar en it skoallekoar út Tsjom. Parten fan de tsjinst binne al ferivige op YouTube. In tige slagge middei dêr’t it doarp Tsjom grif noch lang oer neiprate kin. Se meie mar wat grutsk wêze op dy bysûndere earste preek fan Ds. Geart Ailco Wumkes silger.

5.6 Fedde Schurer, ‘De gitaer by it boek’

Yn it ramt fan Kneppefreed 60 jier lyn like it de Ried in goed ding en hâld Schurer’s “De gitaer by it boek” nochris tsjin it ljocht en bring it op ’e nij út. In grutte searje folksaardige en faak benijende aktuele dichten fan Schurer oer bibelske ûnderwerpen en bibelske fi guren út sawol it Alde- as it Nije testamint. In seleksje fan 36 binne as liet útkommen by muzykútjouwerij ‘Intrada’ yn de bondel ‘It Spyltúch’. Dy ‘bibelske sjansons’ binne bynammen sa bekend wurden troch Roel Slofstra, Elizabeth Godin, De Dobber en Pabo De Him. De 20 lieten op de nij útbrochte seedee hawwe de âlde meldij holden mar guon binne op ’e nij yn ’e toan setten troch Geart van der Heide, Jan de Jong, Hindrik van der Meer en Bob Pruiksma. Der is no in skifting makke foar gemeentesang, koar, sjonggroepen en solisten.De seedee mei in seleksje fan lieten koe net yn dy 60 dagen Keppelfeest ferskine, wat spitich wie. It tiidspaad wie úteinlik te koart steld. Der wurken in protte minsken oan mei en dan falt it ek net ta om elts ien kant op te krijen. De Fryske boekeklup KFFB hat soarge dat alle 118 teksten ûnder deselde titel útjûn waarden.

Op de drok besochte Fedde Schurer-lêzing troch Marga Kool, op sneon 12 novimber waarden troch Ds. Jouke Bakker, foarsitter fan de KFFB beidegearre earste bondels útrikt oan sjonger Roel Slofstra en foarsitter fan de Rie fan Tsjerken, Rein Veenboer. It wachtsjen is no op de datum wannear’t de seedee wier útkomme sil. It soe in goed ding wêze en bring dizze útjefte ek ûnder by de KFFB

5.7 Taaldoarp

Neat moaiers as dan Fryske boeken lêze te kinnen ûnder dak fan in stevich TAALHÛS yn in moai TAALDOARP. De slogan fan it Cedin dy’t in programma ûntwikkele hat spesjaal foar bern. Dy komme der ommers der alle dagen mei yn oanrekking. Cedin, Taalsintrum Frysk hat hjirfoar it projekt TAALDOARP ûntwikkele foar skoallen foar primêr ûnderwiis yn steds- en plattelânssituaasjes yn Fryslân. TAALDOARP is in aktiviteit foar de basisskoalle wêrby’t learlingen yn ’e boppebou (gr. 6,7,8) praktyske oefenings yn sprekfeardigens dogge yn it Frysk of ien fan de streektalen. By it goed brûken fan de taal wurde de learlingen wurdearre en fertsjinje se boustiennen foar it TAALHÛS. As se lang om let it hiele TAALDOARP troch west hawwe ‘mitselje’ se de ‘stiennen’ yn it TAALHÛS. It oantal stiennen jout de hichte fan de priis oan yn ’e foarm fan boekebonnen, dy’t by de AFÛK bestege wurde kinne. TAALDOARP is in metoade om de spontane, mûnlinge taalfeardigens te stibelearjen en te hifkjen yn sa natuerlik mooglike kontaktsituaasjes. It fi ktive doarp mei ‘doarpsplein’ is opboud mei ferskate diskes dy’t ‘gebouwen’ foarstelle lykas in bakker, natuermuseum, fytsmakker ensfh. Learlingen prate spontaan mei it ‘personiel’ út ferskate tema’s wei en brûke dêrby safolle mooglik de goeie wurden en sinskonstruksjes. De ‘eigener’ docht it wurd en dyjinge dy’t beoardield is de ‘assistint’ dy’t harren boustiennen jout. Learlingen praktisearje har mûnlinge feardigens yn acht oefensituaasjes bygelyks: feest, natuer, taal, keunst,

Nij

Âld

Page 24: Keppelfeest, it ferslach!

24

sport ensfh. It binne mar lytse petearkes fan likernôch 5 minuten. It CEDIN die de promoasje fan dit projekt en berjochten de skoallen.

Doe’t ús wurkgroep foar ‘t earst it programma ûnder eagen krige, ealgen wy net fuort de relaasje fan it Keppelfeest mei TAALDOARP. Wy woenen ha en ymplemintearje de oarsprong fan dit feest op in boartlike en leechdrompelige wize yn dat programma. Dat koe fansels net mear ferwurke wurde yn dit programma. Lang om let is betocht in lesbrief ta te heakjen mei in ferwizings nei ‘t Keppelfeest. It ien en it oar hat ek te krijen hân mei it kontakt mei it Cedin dat net regelmjittich wie. Yn de oantekens fan 2 febrewaris hawwe wy ús soarch dêroer útsprutsen. It Cedin kaam wat eigensinnich en besletten oer. Wy hiene yn in earder stadium it konsept yngeand beoardielje moatten, dan hie it faaks noch oanpast wurde kinnen.

Hjirûnder folget in entûsjast stikje, dat fan www.itnijs.nl (sneon 19 novimber 2011) ôfhelle is.

“Spesjaal foar dizze aktiviteit binne de Stenden-studinten fan de trijetalige pabo, dy’t sels aktyf binne yn it trijetalige ûnderwiis, ynset om de bern te beoardieljen op harren Frysk. Janna Reitsma, Stenden-studint trijetalige Pabo; ‘In prachtich inisjatyf dêr’t de bern kâns krije om harren eigen Fryske taalfeardigens te oefenjen. Bern dy’t net Frysktalich binne, hawwe stipe oan de kearnwurden dêr’t se fuortendaliks punten mei ynhelje.’ Ewoud van der Weide, Stenden-studint trijetalige Pabo; ‘De skriuwfeardigens wurdt yn ’e klasse faak genôch oefene, mar it is net altyd mooglik om alle bern de taal tapasse te litten. Troch it ‘Taaldoarp’ is it net de learkrêft, mar de bern dy’t alle kânsen krije om harren taalfeardigens te ferbetterjen. Dit soe ek in moaie aktiviteit wêze foar it Ingelsk, sadat bern bewust gebrûk meitsje fan de taal.’ De kommende wike dogge sa’n 60 basisskoallen mei oan ‘Taaldoarp’. De punten leverje úteinlik saneamde boustiennen op, dêr’t de basisskoallen

fergees boeken mei bestelle kinne foar in nije Frysktalige lêssearje”.

Fan hearren en sizzen hawwe úteinlik mar in tsiental skoallen wier meidien. De mieningen binne ferdield. Guon skoallen fûnen dat der net mei te wurkjen wie, oaren wiene tige entûsjast. In opmerking wie dat dit projekt wat yn in minne tiid by de skoallen oankaam om’t se drok dwaande wiene mei tariedings foar Sinteklaas en de krystdagen.

5.8 Teaterbus

Kneppelfreed wurdt Keppelfreed. It basisidee fan De Bildstars: net kneppelje mar ferbine en ynspirearje, dus keppelje. In nuveraardich komysk teaterselskip hat yn de feestperioade tal fan Fryske doarpen en stêden oandien mei har âlde bus en in Citroën ‘Deux Chevaux (‘lelijk eendje’). Yn it koart gie it oer in âldste bern dy’t pake en de rest fan de famylje út Kanada wei útnoege hat om pake syn jierdei yn Fryslân te fi eren. Pake hat ea meidien oan Kneppelfreed by it gerjochtsgebou, mar dat wie 60 jier lyn. Der wurdt no net mear kneppele, mar keppele.Har optredens wiene foar jong en âld en giene oer de Fryske siel en taal; wês dysels en lit jin net wat oanprate! It spile yn haadsaak op strjitte ôf. Net allinnich om de bus, mar ek yn ’e bus en somtiden der sels boppe op. In stik wûnder en geweld op syn tiid.In priuwke foarôf fan dit yllustere selskip hawwe wy sjen kinnen op de ‘uitmarkt’ 11 septimber 2011. Dêr soene se op in koartswilige wize reklame meitsje foar it Keppelfeest en minsken lûke nei it diske fan de Ried fan de Fryske beweging. Spitigernôch waard it in mistribeling. De minsken fan de Ried hawwe se de hiele middei eins net sjoen. It like wol oft se neat mei de Ried te krijen hawwe wold. It wie mear reklame foar harren sels as it Keppelfeest.

Teaterbus mei de Bildstars

Page 25: Keppelfeest, it ferslach!

25

De optredens fan teaterbus binne wikseljend beoardiele. Guon wiene alhiel yn ’e besnijing en leine rûngear fan ‘t laitsjen. Oaren tocht it mar gaoatysk en koene de ferwizing nei it Keppelfeest der wier net út distillearje. Dan hawwe wy it trelit hân yn Burgum en Bûtenpost dêr’t minsken fergees wachte hawwe op de Bildstars. De loft wiisde striemin en yn riten wiene der buien. It teaterselskip doarste it net oan, mei troch harren muzykynstruminten en guon spilers wiene wat poatterich. Troch in kommunikaasjesteuring kamen der dochs in fl ink ploegje minsken op ta en skjinne sels it waar op. Dat soarge foar gâns argewaasje by minsken fan de Fryske krite dy’t as kontaktpersoanen tsjinnen. Soks hie net moatten fansels. De teaterbus mei de Bildstars hat letter yn dy moanne Burgum as noch oandien mei wat mingde gefoelens ûnder it hantsjefol taskôgers.De Bildstars ha úteinlik Boalsert op 19 novimber ek net mear oandien fanwege ûnienigens oer de organisaasje en de ynfolling fan de ekt by de yngong fan de Broeretsjerke. Meiwurkers fan Tryater namen mei goede bedoelings it artistyk liederskip oer en koe wol losse meiwurkers fan de Bildstars brûke. Dat fi elde foar de famylje Bildstars en harren eigen artistyk lieder dat se wat bûten spul set waarden en dêrom hawwe se besletten net mei elkoar nei Boalsert ta te gean.Alles byelkoar wie ít projekt teaterbus in aktiviteit dy’t wat fan ús ‘ôfdreau’, wylst it in fl inke taast yn ’e ponge wie.

5.9 Lokaasjeteater

Yn it oanbegjin fan de betinking hiene wy foar eagen om op ferskate lokaasjes yn Fryslân in grutte teaterútfi erings te dwaan dêr’t it tema Kneppelfreed 60-jier lyn yn ferwurke sit. Al rêd kamen de nammen as Tryater, BUOG (‘bedenkers en uitvoerders van ongewone gebeurtenissen’) en teatergroep SULT -amateur toanielspilers ûnder lieding fan profesjonele artistike lieding yn de Súwesthoeke fan Fryslân- yn it fi zier. Mar men koe fan tinken wol hawwe dat soks apart foar it Keppelfeest djoer wurde soe. Teater SULT stelt him ta doel om alle jierren ien of mear teaterproduksjes te meitsjen op ferskate lokaasjes yn de Súdwesthoeke fan Fryslân. Dit jier soe it keningsdrama Redbad útfi erd wurde. De betinking op it Reaklif spilet him ek yn dy lânsdouwe. Dat it like Roel Falkena, foarsitter stifting Slach by Warns, in goed idee ta en tink nei oer in konsept om it ien en it oar te kombinearjen.

Troch fi losoof en skriuwer Eric Hoekstra binne trije fan de fi if keningsdrama’s fan Douwe Kalmaby elkoar brocht yn it stik mei as titel Redbad. In dúdlik tema dat nei foarren kaam wie eangstme foar feroaring. Yn de hjoeddeiske tiid spilet dat tema ek in wichtige rol yn Fryslân. Eangstme dat de taal yn it neigean reitsje sil, feroaring fan it lânskip, nijmoadrige kommunikaasjemiddels, grutskaligens op bestjoerlik nivo ensfh. Eins is der neat feroare. Fryslân sjocht himsels jimmeroan út it eachweid fan ‘kwytreitsjen’. Dat dêr moast wat mei dien wurde.It stik giet oer Aldgillis dy’t yn it jier 657 kening fan Fryslân is. Hy wie noch mar 27 jier. In kening dy’t jerne yn goedens regearje wol. De ienige striid is dy tsjin it wetter, dat aloan it lân oan de kusten oanfret. Tagelyk wie it ek de tiid fan de sindlingen. Minsken dy’t God yn ’e hannel hawwe. Oan it hôf fan Aldgillis mei Wilfred frij it evangeelje preekje. De mem fan Aldgillis Thied en syn soan Redbad moatte hjir neat fan hawwe. As Rixt

Sêne út Redbad

Page 26: Keppelfeest, it ferslach!

26

Martena, de frou dêr’t Redbad fereale op is, troch syn heit yn it kleaster setten wurdt, hat dat foar de heit soan relaasje grutte gefolgen. Redbad ferwart him hieltiten mear tsjin dat nijmoadrich leauwen en de kleau mei syn heit wurdt grutter. Hy wol him wreke en besiket de nijljochter Wilfred te deien. Foar dy oanslach wurdt er straft en ferballe nei Helgolân salang as heit Aldgillis libbet. Dat docht er net foar’t er syn grutte leafde Rixt út it kleaster hellet en har meinimt. Doe’t Aldgillis yn 679 syn holle foar ivich dellei kaam Redbad werom en naam de kroan oer. Mar hy wie hiel oars as syn heit en woe fan fernijings neat witte. Proteksjonisme as oplossing foar earmoedzjen en in ekonomyske dip! De âlde sêden en plichten wurde wer yn eare brocht en it belied fan syn heit fansiden skood. Tolerânsje en ferdraachsumens binne der hast net mear. Foar Redbad syn soan Leafwyn, troch syn pake grutbrocht, is dat in stikel yn ’t fl eis.It liket derop dat de skiednis him werhellet en de konfl ikten tusken heit en soan begjinne fan nijs ôf oan.

Der binne 6 foarstellings jûn, wêrûnder ien ekstra fanwege de grutte belangstelling. De resinsjes yn kranten oer it keningsdrama wiene loovjend. Wa’t benaud wêze mocht foar in âldfrinzich en toar stik oer keningen út in skier ferline, koe syn soarch weinimme. Kompliminten te oer om in tiidleas ferhaal sa aktueel te hâlden. Lykas yn de Ljouwerter Krante fan 16 septimber: “Sokke mominten bringe it stik hielendal by dizze tiid. De ferwizings nei de aktualiteit binne net te tellen. SULT wit mei ‘Redbad’ net allinne in âld keningsdrama nije betsjutting te jaan, mar set yn it foarste plak in kostlike lokaasjefoarstelling del. Moai dat soks beleanne wurdt mei perfekt premiêrewaar.” Wy fan de Keppelfeestwurkgroep wiene der dan ek grutsk op dat De SULT Redbad Band op ’t Reaklif inkele ynkringende priuwkes jaan woe. Doe wie it ek perfekt ‘premiêrewaar’.

6 Aktiviteiten net rjocht slagge

No folgje in oantal aktiviteiten dy’t troch de wurkgroep wol op ’e priemmen set binne, mar op de ien oft oare wize min beteard.

6.1 Eksposysje

It doel wie it hâlden fan in tentoanstelling yn Tresoar oer 60-jier Kneppelfreed. Tresoar bea oan omdat tagelyk mei it Keppelfeest te dwaan en dat te kombinearjen mei in útstalling oer emansipaasje fan it Frysk. Dat lei ommers yn it ferlingde. De útstalling soe gearstald wurde ûnder rekkenskip fan Tresoar en HCL (Historisch Centrum Leeuwarden). Fan dy lêste mochten wy ek oer har webside www.Kneppelfreed.nl hoedzje en noedzje en in ferwizing oanmeitsje nei ús eigen side www.keppelje.nl. Nei inkele oerlizzen seach it der earst goed út en wiene hja optein. Oan fysike romte wie der gjin brek. Wy hawwe it sels safi er krigen dat it in (permaninte) eksposysje fan 60 dagen wêze soe, alhiel passend yn de ambiânse fan 60-jier Keppelfeest. As wurkgroep tochten wy dat it sa wol klear kaam. “Tresoar soe harren der wol mei rêde!” is yn de oantekenings delskreaun. Mar wy holden net genôch de fi nger oan ’e pols. Neigeraden it ûngetiid om it iepeningsfeest hinne, is dy eksposysje der by ús wat trochhinne slûpt. Wy hawwe fersomme om Tresoar regelmjittich te hifkjen nei hoe’t it lân der hinne lei. Troch droktmen dêr is it by Tresoar yn it ferjittersboek rekke en wie der net mear genôch tiid om dit organisearjen. Begjin oktober hawwe wy der nochris nei fernommen en dat wie te let. Aldergelokst koe elkenien dy’t dat woe histoaryske ynformaasje opsykje fi a ús webside.

Histoaryske bylden fan Kneppelfreed op de iepening te Ljouwert

10 Dragers starte fan lokaasje Romein

Page 27: Keppelfeest, it ferslach!

27

6.2 Noardlik Filmfestival

Yn it twadde wykein fan novimber fynt alle jierren it Noardlik Filmfestival plak yn it Harmony gebou te Ljouwert. Dit jier barde dat tusken 9 en 14 novimber. In moaie kâns foar de wurkgroep om tidens it festival omtinken te jaan oan Kneppelfreed 60-jier lyn. Dat soe op in oantal wizen:• It fertoanen fan âlde argyfbylden en/of fotokollaasjes.• It fertoanen fan fi lms út lytse

minderheidstalegebieten.• By inkele fi lms in ynlieding jaan oer it nut fan dizze

Kneppelfreed-betinking en wêrom krewearje foar minderheidstalen.

• Ynlieding jaan fuort op de te fertoanen fi lm sels.

Yn it oanbegjin is kontakt socht mei in stik of 5 fi lmhuzen yn Fryslân. Dy stienen der fuortdaliks posityf foar oer. Sy fertoane fi lms dy’t basearre binne op it tema fan it festival. Wy hawwe kontakt socht mei de programmeur fan it Filmhûs yn Ljouwert en sy wie der mei ynnommen om hjir wat mei te dwaan. Dêrfoar oer soe de Ried de kosten betelje foar de fi lmstruiblêden en de fi lmkrantsjes.

Hjir folgje inkele útstellen fan de programmeur:• Yn in willekeurige wike yn septimber ien fi lm regulier

programmearje (4 á 5 kear).• Yn in willekeurige wike yn oktober ien fi lm regulier

programmearje (4 á 5 kear).• Op it Noardlik Film Festival yn novimber in spesjale

foarstelling organisearje mei ynlieding/debat oer minderheidskultueren/talen om in spesifi ke fi lm hinne.

It wie noch net defi nityf, mar dochs útspraken dy’t ús hagen. Fansels moast sy oerlizze mei har efterban. Dêrneist wie it de fraach oft der genôch oanbod is fan sokke fi lms en binne se wat te besetten. De reklame

koe in moaie kombinaasje wurde. Dat wol sizze sy yn har media ruchtberheid jaan oan it Keppelfeest en wy oan it fi lmfestival. Mar de organisaasje hat ús oplein dat wy neat nei bûten bringe mochten of ferhelje oer in evt. gearwurking. Alle parseberjochten woene se earst ynsjen.

Mar it is oars beteard!

Op 1 july hie de wurkgroep in offi sjele parsemiddei boppe yn de Achmea-toer dêr’t ek in ôff urdige wie fan it Noardlik Filmfestival. It wie allegear praat fan ‘moai waar en lange dagen’. Blykber binne dêr dochs saken nei bûten brocht, dêr’t wy se net oer ynformearre hawwe. Der kaam in soarte fan ‘radiostiltme’. Op 15 septimber foel yn in fi lmljedder te lêzen dat yn it ramt fan Kneppefreedbetinking allinnich de fi lm “Nynke” út ’e kaanferballen helle wurde soe.Neigeraden it fi lmfestival waard de toan yn ûnderling e-post ferkear sûntsjes kâlder. Lang om let is de hiele aktiviteit yn stiltme beslein. Efternei hawwe wy net rjocht de fi nger op it seare plak lizze kinnen en is ‘t it in spultsje fan kâlde fuotten wurden. Wannear eins hawwe wy foar ús beurt praat? Op ’t lêst wie der gjin motivaasje mear en sykje nochris kontakt.

Kneppelfreed 16 novimber 1951

Page 28: Keppelfeest, it ferslach!

28

6.3 Tryaterspektakel

De ôftraap foar it iepeningsfeest yn Ljouwert moast ymposant wurde. Eat dat minsken noch skoan heuge sil. Fuortdaliks is tocht oan Tryater dy’t soks wol oan doarst en eksperts hawwe op it mêd fan lokaasjeteater. Wy hawwe ús winsken yn it oansjen fan Keppelfeest kenber makke, mar de kreative ynfolling wie oan har. Wat Tryater úteinlik nedich hawwe soe waard oersichtlik oan it papier tabetroud. Mar de totale begrutting fan Tryater foel ús sadanich ôf, dat as dat troch gong wie it fuort dizenich yn ’t kammenet fan de Ried. It soe oars moatte. Dochs moast hjir wol in spektakel delsetten wurde. Tryater soe in protte ynbringe, mar hie tagelyk de holle noch by de warberichheden rûn it dramastik Macbeth fan Shakespear. Dat in skoften hawwe wy gjin lûd fernommen oer progresje fan de ynhâld fan de iepeningsekt. De tiid nei 17 septimber ta fersille rêd. Dat yn ’e foarsimmer nochris op ’e nij kontakt sykje, tochten se dat it allinnich gong om in lytse foarstelling yn de rjochtseal. Kommunikaasjesteuring? Letter de befrijende en berêstende wurden “der wurdt no ûndersocht hoe op dizze lokaasje it ferline en notiids sadanich byelkoar brocht wurde, dat de iepening nimmen ûnbemurken foarby gean sil”. Sa wienen der ek inkele Tryaterprogramma’s dy’t har hiel goed ynfoegje litte yn ús sechtich dagen. Mar troch tiidbrek en oankommend swier waar yn de teaterwrâld heakke Tryater úteinlik ôf, yn alle gefallen foar it grutte spektakel dat bûtendoar betocht wurde moast. Ta eintsjebeslút hat de wurkgroep sels in projektlûker foar it iepeningsfeest fine kinnen, dy’t alles kreas yn ’e stokken hold en ús mei kreative ideeën skewiele. Twa spilers fan Tryater hawwe letter dochs noch in sterk staaltsje sjen litten yn de grutte seal yn it Paleis fan Justysje: Jan Arendz en Marijke Geertsma fertsjinje hjir alle lof.

7 Slotjûn Boalsert

Sechtich dagen Keppelfeest koe net samar ôfsluten wurde. Der moast wat gruts op ’e priemmen setten wurde dat alle aktiviteiten oerstiigje soe. In dei mei in ferskaat fan barrens foar jonkheid en jeld. Yn it oanbegjin hawwe wy koertst op in Fryske Stjerrejûn mei Frysktalige bands en foardragers. Mar dat soe tefolle lykje op de Fryske Music Night, dat alle jierren yn it WTC te Ljouwert organisearre wurdt. De klam soe sa ek tefolle lizze by de jongerein, wylst de slotjûn yngrediïnten hawwe moast foar alle âldens.Lokaasjes lykas de Grutte of Martinitsjerke yn Snits, it Aljemint en de grutte seal fan it Paleis fan Justysje kamen op it aljemint. Of moasten wy dochs mar in grutte tinte opsette by it byld fan Fedde Schurer op ‘t Fean? Lang om let binne Albert Bonnema, ferneamd tenoar berne yn Tsjummearum en Gerrit Breteler, keunstskilder, tekstdichter, toanielskriuwer en sjonger -berne yn Ynskedee-, frege om ris te sjen wat de mooglikheden wienen.Letter hat Albert it stokje allinnich oerkrigen. Hy woe noed stean foar de hiele slotdei yn Boalsert, dat him jûns konsintrearre yn de ta ferbylding sprekkende ruïne, de Broertsjerke. Us wurkgroep lid, Hindrik van der Meer hat in fikse ynbring hân yn it totale programma yn Boalsert en soarge foar de nedige ynspiraasje.

It feest yn Boalsert wie bjusterbaarlik. Mar om dêrta te kommen snijde it net allinnich mar roazen en anjelieren. Der binne hurde nuten kreake. It hat sels noch faai stien en blaas de hiele boel mar ôf! Mar ek dizze tûkelteammen is de wurkgroep te boppe kommen en meitsje it Keppelfeest ta in goed ein.

It feest yn Boalsert begûn al 14.00 oere middeis mei in grutte optocht fan it Broereplein ôf. Mei hielendal foarop lûd bolderjend Wout Zijlstra (sterke man) mei it jok op ’t skouder en twa molkebussen dêroan hingjend. Dêr

Sterkeman Wout Zijlstra

Page 29: Keppelfeest, it ferslach!

29

efter it Oranje muzykkorps, in drumband mei majorettes, en lang om let de 60 flaggedragers (totaal sa’n 150 minsken). Lykas foar it iepeningsfeest yn Ljouwert slagge it ús wer net om genôch flaggedragers te finen. De jûns tefoaren wie noch mar de helte beset. Mar op de dei sels, pakten kunde en omstanners de flaggen wer spontaan op. Wer kaam it klear!Nei’t Wout Zijlstra, steande op twa bussen op ’t Broereplein balte fan: “net kneppelje mar keppelje” sette de optocht him yn beweging. It gong by ferskate lokaasjes del dêr’t dy middeis wat te reden wie. It Stedhûs, it fermanjetsjerkje (Doopsgesinde), it rippetysjelokaal fan Oranje en it Gysbert Japicxhûs waarden oandien. ‘Gysbert’ sels spruts op de treppen fan ‘syn hûs’ tankbere wurden út oer de organisaasje fan dit barren en dat it wichtich is de leafde foar jins eigen lytse taal te hâlden en fuort te sterkjen. Yn de winkelstrjitten wiene dy sneontemiddei in protte minsken op ’e lappen dy’t, mei troch it prachtige waar, genietsje koenen fan alle optredens.

Programma rippetysjelokaal fan Oranje: om 15.00, 16.00 en 17.00 oere treden it sjongduo “Die Twa” (werom eins net Dy Twa?) op, yn kombinaasje mei dramastudinten fan de Friese Poort, dy’t yn ’e stringen holden waarden troch artistyk lieder Goaitsen Eenling. De studinten ymprovisearren mei toaniel ûnder de namme ‘de flier op’. Alle trije kearen siet it rippetysjelokaal hast fol en kwinkelearre it publyk mei ynderlike tagedienens mei, op de populêre nûmers fan “Die Twa”. It lêste optreden fan “Die Twa” is spitigernôch net trochgongen.

Programma Broeretsjerke : om 15.00, 16.00 oere song de tenoar Albert Bonnema it liet “Mear as ien” op de tekst fan Fedde Schurer en mei in nije komposysje fan Andrew Wise, dy’t efter de fleugel siet. Dêroan kaam in part út it stik Simson/Samson. Albert hat in wichtige sêne út it toanielstik Simson fan Fedde Schurer kombinearre mei de opera Samson ét Dalila. Albert sels spile Simson,

Anitra Jellema as Dilila en de Jongfryske akteur Romke Gabe Draaier as Samma. De oare trije rollen waarden beset troch studinten fan “De Friese Poort”. Andrew Wise begeliede it ad hoc frouljuskoar. Nettsjinsteande it yn de ruïne aardich kâld wêze koe soargen de bysûndere meldijen foar einepikefel en jins lichem wie rêd op temperatuer.

Programma Stedhûs: om 15.00, 16.00 en 17.00 oere wie der in lêzing troch Johanneke Liemburg oer Fedde Schurer en it fersin fan Kneppelfreed. De lêzing, basearre op har boek “Biografy van een Friese Koerrier” barde yn parten en waard ôfwiksele mei in muzikale yntermezzo’s fan sjongeres Nienke de With en akkordeonist Herman Peenstra. Healwei de lêzing kaam it ferske dat op ynkringende wize troch Nienke songen waard op de tekst fan Schurer’s “de Ljurk”, komponearre troch Kees van der Meer. It wie in wrâldpremjêre.Men moast wol op tiid wêze. Alle kearen siet de riedseal grôtfol en twa kear moasten minsken sels wegere wurde.

Programma yn it fermanjetsjerkje: om 15.00, 16.00 en 17.00 oere. In muzikaal programma fan Hindrik van der Meer “sjonge mei Fedde”. In gearwurking mei it Kwartettekoar, musikanten en deklemators. Harkje nei in kombinaasje fan dichten, bliere ferskes en de befleine yntro’s fan Hindrik. Dat stuts sa oan dat de meast bartske troanjes it noch op in sjongen setten. Muzyk yn herberchsfear ferbynt!It Gysbert Japixshûs waard dy middeis flink besocht en ek it Titus Brandsmamuseum wie iepen.

Nei it middeisprogramma koe elkenien him de mage skoarje mei it Keppelmenu dat yn 4 restaurants optsjinne waard foar €17,50. Alle frijwilligers en flaggedragers hjoed koene it miel oantuge foar €5,- minder, troch in spesjale bon yn te leverjen. Alle restaurants wiene om seis oere grôtfol, dat lette minsken moasten earst mar

‘Gysbert Japicx’ foar syn hûs

Page 30: Keppelfeest, it ferslach!

30

oan ’e taap wachtsje, ear’t der taffeltsjes frijkamen en beslikje it Keppelmenu.

Op de ein fan de dei gong de ienige stedsomropper Henk Bylsma kroaskjend de stêd troch en balte it jûnsprogramma troch de beslingere winkelstrjitten fan Boalsert, of stie de tiid eefkes stil.

Jûnsprogramma: Om 19.45 oere wie der in spesjale ekt mei Jan Arendz, Marijke Geertsma, Wout Zijlstra en oare figuranten by de yngong fan de Broeretsjerke. Krêftige úthalen fan wurden tusken rjochter ‘Wolthers’ (Arendz) en abbekaat ‘mr. Okma’ (Geertsma) waarden beklamme troch it ritme fan slachwurkgroep ‘Hardslag’ fan Penjum. Op it lêst hold de rjochter it proses net mear yn ’e stringen en blies op syn kriezend fluitsje noch krekt boppe de roffeljende lûden fan de slachwurk groep út. Oan alle einen en kanten kamen ‘plysjes’ oanfleanen op Harley-Davidsons dy’t in alderheislikst stik libben joegen en ‘kneppelen’ it publyk de Broertsjerke yn. It moast de panykeftige sfear ferbyldzje lykas 60-jier lyn. No dat wie wol slagge kin ik hjir delskriuwe. It ien en it oar is nei te sjen op: http://www.youtube.com/watch?v=qfh7nuegzcg

Om 20.00 oere kaam it publyk de tsjerke yn en it korps Oranje spile “Music for the Incredebles”. Dêrneist waard de romte fan de tsjerke folle mei betroude ‘sfearlûden’ oer sport en tradysje út ús Heitelân wei. It publyk heinde alle lûden op ’e tosken en drôgen wei.Net wittende dat bûtendoar 60 flaggedragers harren ûndertusken opstelden yn 2 rigen fan 30. It gong der wol wat gaoatysk om ta, mar de rigen krigen lang om let foarm. Under marsmuzyk fan Shostakovich kamen de 60 flaggedragers der yn en stelden harren op oan wjerskanten fan it poadium. Under it om-en-om oproppen fan de plaknammen troch Albert Bonnema en Miss Fryslân 2011 Mary-Anne Kameron, by in meldije fan ‘Conquest of Paradise’, waard de ‘acte de presance’

jûn. Under lûd jûchhei kamen alle 60 flaggen kreas yn ’t eachweid te stean. Wol moast temûk de konstruksje noch eefkes goed skoarre wurde, it gehiel drige om te soademiterjen. Fierder gong de jûn mei in iepen diskusje. Dr. Goffe Jensma, Annige Toering, Rimmer Mulder, Aukje de Vries en Bert Looper redekavelen ûnder lieding fan Gryt van Duinen oer de aktuele situaasje fan it Frysk en hoe no aanst fierder. Jensma ponearre in oantal stellings dy’t er tefoaren útwurke hie. De diskusje wie skerp. Se wienen op it wurd beret mar holden de foet wol by de kûle wannear’t se ienkear harren stânpunt ynnommen hienen. Dat it by it publyk libbe die wol bliken út it feit dat in inkele út it publyk oereinkaam en de kiel flink iepensette.

Om likernôch 20.50 oere kaam Hindrik van der Meer mei in koart optreden fan ’ (mei) sjonge mei Fedde’ en de kielen fan ’e minsken gongen al wer iepen. Goaitsen Eenling kaam dêrnei mei syn studinten, dy’t foar eefkes ‘de flier’ wer opgongen. Mûsstil wie it publyk doe’t Nienke de With it liet fan ‘de Ljurk’ nochris hearre liet, no begelaat op de fleugel troch Andrew Wise. Dat nûmer folge troch ‘Memmetaal’ op tekst fan Eppie Dam en op muzyk fan Kees van der Meer. Wer in wrâldpremjêre! Nienke begelaat troch Oranje en Andrew Wise op de fleugel. Dêroan song Albert Bonnema it liet ‘Mear as ien’ en hy einige noch ien kear mei Simsom/Samsom dêr’t de swiere pylders fan de Broeretsjerke in prachtich dekôr by tsjinnen.

De foarsitter fan de Ried fan de Fryske beweging en Albert Bonnema as koördinator fan it Slotfeest krigen it wurd om elkenien tank te sizzen. De Broeretsjerke siet grôtfol mei sa’n 700 minsken. Tsientallen moasten stean om ’t der net genôch plak mear wie, of dat koe ek, om har waarm te rinnen. Net alle gaskachels baarnden op dat stuit mear.

By einsluten de pet fan ’e holle en sjong it Frysk folksliet! Oan ’e sydkant fan de tsjerke tsjin de mopsstiennen oan koe elkenien dy’t woe of ûndertusken klomsk wurden wie, it hert keal meitsje mei in slokje Bearenburch. Dat waard ús troch Sonnema oanbean. It publyk en alle meiwurkers koene mei fernoege gefoelens op hûs oan gean. Tsjoch!

Henk Bijlsma

Page 31: Keppelfeest, it ferslach!

31

8 Neiskrift.

De Ried fan de Fryske beweging kin mar wat grutsk wêze op in feest dat mar leafst 60 dagen duorre hat. Yn ’t mien binne alle aktiviteiten organisatoarysk goed ferrûn en de opkomsten poerbêst. Mar op ’t lêst hiene wy de ein yn ’e bek. Jimmeroan kamen der tûkelteammen op ús paad. Somtiden samar út it neat. Meastal lytse dêr’t wy sa oerhinne stappe koene, mar ek emosjoneel grutte dêr’t de koppen wer ekstra foar byelkoar komme moasten.Kreativiteit spuie wie de swierrichheid net, mar soks moast wol konkretisearre wurde. Ien tried waard al gau in fl inke reage en it like oft it ús boppe de holle waakse soe. Aldergelokst hawwe wy op ’e tiid projektlûkers fi ne kinnen dy’t hiel wat regel- en fergunningswurk foar ús ferarbeidzje koenen. Hiene wy de holle wer frij om it oersicht te hâlden.Wat sinteraasje oanbelanget hiene wy ús yn guon saken wat skerper opstelle moatten, sa fan: “oant hjir ta en oars mar net”. Men wol jerne yn goedens en slaan kwestjes mar wer yn ’e jamkste fâlde. Mar foar in takomkear soks op ’e tiid ôff reedzje.

Wy as wurkgroep fan it Keppelfeest hawwe niget hân om alle kearen wer byelkoar te kommen en om it feest op in heger nivo te rissen. Der wie synergy en wy koene dêrtroch hiel wat tsjin elkoar sizze. Dochs waard der somtiden ‘skerp bier tape’!

Ta eintsjebeslút folgje hjir de nammen fan alle krewearders fan de wurkgroep:

Durk van der Schaaf, Renze Valk, Meindert Tjerkstra, Hindrik van der Meer, Gryt Vonk, Gerbe Gerbrandy, Sybren Posthumus, Jaap van der Bij, Siem de Vlas, Tjallien kalsbeek (projektlûker iepeningsfeest Ljouwert) en Albert Bonnema (projektlûker en artistyk lieder slotfeest Boalsert)

Tige tank!

Albert Bonnema yn de opera Simsom/Samsom Jan Arendz & Marijke Geertsma

Page 32: Keppelfeest, it ferslach!

Foto Niels Westra ‘ Leeuwarder Courant’ 19 septimber 2011

Page 33: Keppelfeest, it ferslach!

Albert Bonnema

Jaap van der Bij

Germ Gerbrandy

Renze Valk

Durk van der SchaafHindrik van der Meer

Siem de VlasTjallien Kalsbeek

Sybren Posthumus

Meindert Tjerkstra Gryt Vonk

It keppelfeest hie net mooglik west sûnder de stipe fan: Kulturele Haadstêd 2018, Gemeente Ljouwert, Gemeente Súdwest-Fryslân, Rabobank, Oranjewoud, Provinsje Fryslân, Woudsend Anno 1816, Stichting Het Weeshuis, Hendrick Nannes en Catrijn Epes Stichting, St. Anthony Gasthuis, Prins Bernardfûns, Je Maintiendrai, Feitsma Fûûns fwar it Frysk, Meindersma Sybengastichting en de Douwe Kalmastifting.

Page 34: Keppelfeest, it ferslach!