wumkes - Royal Netherlands Academy of Arts and Sciences ...Fryslân út it tiidrek july 1990 oant en...

Post on 22-Mar-2021

0 views 0 download

Transcript of wumkes - Royal Netherlands Academy of Arts and Sciences ...Fryslân út it tiidrek july 1990 oant en...

Nijsfrysk

Oer taal en ynhâld fan 'e radionijsútstjoerings fan Omrop Fryslân1

Anne Dykstra

Summary

In this article f will address Iwo questions. Thefirst one is: what are the charaderistics (of the language) of the news as broadcast hy Omrop Fryslân [Radio Friesland] and how can they be accounted for? I will try to answer this by means of data extracted from the Linguistic Database of Frisian, of which a corpus radio news forms a part. The second question 1 will deal with, is the often claimed, but, to my knowledge, never proved, influence of the (electronic) media in genend, and of Radio Friesland in par-ticular, on language and language use.

1. Ynlieding

Ynspirearre troch it boek Taal van het Journaal (Van Sterkenburg 1989), is by de taaidatabank2 (TDB) fan 'e Fryske Akademy (FA) yn 1990 en 1991 wurke oan it oan-lizzen fan in kompjûter-lêsber korpus radiofrysk. Om krekt te wezen, in korpus teksten fan radio-nijsútstjoerings fan Omrop Fryslân. Van Sterkenburg hie in kompjûter-lêsber korpus fan (Jeugd-)Journaalteksten ta syn foldwaan en de sintrale fraach dy't er him stelde wie, oft er "op basis van dit beperkte materiaal een representatieve beschrijving" oanbiede koe "van kenmerkend woordgebruik en een kenmerkende stijl van Journaal en Jeugdjournaal" (1989:5-6). De earste fraach dy't ik my hjir stel oangeande it Fryske ra-dionijs slút dêr by oan: yn dit artikel besykje ik om skaaimerken fan ('e taal fan) it radio-nijs op it spoar te kommen en te ferklearjen. Oars as Van Sterkenburg, dy't al lêzende-en ekserpcarjendewei ta antwurden komt, besykje ik dat safolle mooglik te dwaan mei help fan 'e mooglikheden dy't de TDB my jout. Dêr't soks kin, set ik myn útkomsten fansels wol njonken dy fan Van Sterkenburg (en fan oaren). De twadde fraach dy't ik be-hannelje. hat te krijen mei de eventuele taalbefoarderjende en noarmearjende ynfloed fan 'e elektroanyske media yn it algemien en fan Omrop Fryslân radio yn it bysûnder.

Om 'e antwurden op beide ûndersyksfragen yn in ramt te setten, gean ik earst neier yn op it ûndersyksmateriaal sels. Yn § 2 jou ik oan hoe't in nijsberjocht ta stân komt, dêrnei jou ik yn § 3 in beskriuwing fan it tekstmateriaal. De ôfsûnderlike berjoehten wurde neier besjoen yn § 4 en 5. wylst yn 'e 6de paragraaf foarbylden jûn wurde fan strategyen dy't nijsredakteuren tapasse kinne om koart(er) om 'e hoeke te kinnen. Dêrnei besykje ik antwurden te jaan op myn earste fraach. Yn § 7 komme sifermjittige ferlikingen fan it subkorpus radionijs mei it folsleine TDB-korpus op it aljemint. Fer-klearringen foar de ferskillen tusken dy beide besykje ik te jaan yn § 8. De (grutte fan 'e) wurdskat fan it radionijs en dy wurdskat as spegel fan 'e maatskippij, foarmje it On­derwerp fan § 9. Yn 'e folgjende trije paragrafen hâld ik my dwaande mei myn twadde ûndersyksfraach. Yn § 10 behannelje ik de mooglike funksje fan it radionijs as leveran-sier fan nije wurden. Yn it ferlingde dêrfan leit § 1 1 . dêr't ik wiidweidich yn stilstean by de faak claimde, mar neffens my nea bewiisde, ynfloed fan 'e media op taal en taai-planning. In ûnderwerp dat streekrjocht te krijen hat mei it foargeande, nammentlik de gevens fan it taalgebrûk op Omrop Fryslân, komt oan 'e oarder yn § 12. Yn 'e léste pa­ragraaf wurdt it hiele artikel nochris koart oereide.

253

Ir Beuken, jiergong 56 11994) Sr. 4. 253-280 wumkes.nl

Anne Dykstra

2. Fan feit nei nijsberjocht

Hjir jou ik eefkes koart oan hoe't in radionijsberjocht ta stân komt, mei't soks fan be­lang is foar it beoardieljen fan it materiaal fierderop yn it artikel. Dizze paragraaf is ba-searre op in petear dat ik hân haw mei Omrop Fryslân-einredakteur Rein Tolsma.

It measte nijs komt yn fia korrespondinten, dy't oer hiele Fryslân hinne sitte en dy't foarfallen mei mooglike nijswearde trochjouwe oan 'e nijsredaksje fan Omrop Fryslân. In inkelde kear wurdt soks ek melden troch in parseburo. De redaksje sels bellet alle moarnen de plysjeposten om nijs. Yn al dy gefallen is it sa, dat allinne de feiten troch-jûn wurde. It úteinlike nijsberjocht wurdt gearstald troch in redakteur, dy't it wer troch-jout oan 'e nijslêzer. De nijslêzer makket dan in seleksje fan foar te lézen berjochten. Dy seleksje giet 'op it gefoel'. Soms wurdt de seleksje beynfloede troch spesifike fersi-ken fan kollega's. Foar bygelyks in redakteur fan in (nijs)rubryk. dêr't in beskaat ûnder-werp yn behannele wurdt, is it aardich at dat Onderwerp yn 'e nijsútstjoering dêrfoar ek al eefkes oan 'e oarder west hat. Neffens Tolsma hawwe nijslêzers gauris oanstriid om berjochten út it offisjele sirkwy, lykas de amtnerij. te selektearjen en it belang fan be­rjochten mei nijswearde foar 'de' minsken, dus brân, Ongemakken, plysjeberjochten ensfh., te ûnderskatten. Dochs hawwe de measte minsken dêr neffens him faak mear ni-get oan as oan berjochten út rûnten fan oerheid en bedriuwslibben. Nei de seleksje lést de presintator (net altyd redaksjelid) de berjochten nochris troch en hy/sy feroaret der dan eventueel noch wat yn. Derby kin it gean om it ferbetterjen fan flaters yn it Frysk, of om it Frysker meitsjen fan 'e tekst. Soms wurde der ek feroaringen oanbrocht om't in sin net lekker 'bekket'. It komt, komselden, foar dat de nijslêzer yn 'e útstjoering al lêzendewei noch wat feroaret. Ik haw de teksten sa't ik dy ta myn foldwaan haw. net ferlike mei de lûdsbannen. It materiaal is dus net foar de folie 100 persint in ôfspege-ling fan wat oan 'e harkers trochjûn is, mar it ferskil sil minym wêze.

3. It materiaal

Foar dit artikel binne de teksten besjoen fan de saneamde nijsblokjes fan Omrop Fryslân út it tiidrek july 1990 oant en mei april 1991. De teksten binne troch de nijs­lêzers brûkt foar de radio-nijsútstjoerings fan 7 + 8 en 10 + 11 oere. In foarbyld fan in foarlêzen berjocht út sa'n nijsblokje jou ik hjirûnder (yn 'e redaksje fan in nijsre-dakteur):

In 19-jierrige ynwenster fan Koudum is justerjun by in oanrieding by har wenplak ferwune rekke. De frou stuts op har fiets de Nijewei by Koudum oer en waard derby oanrieden troch in noch unbekende automobilist. De automobilist stapte nei de oanrieding ut. mar gong der fan troch. neidat hy sjoend hie hoe de sitewaasje der hinne lei. Neffens tsjoegen gong it om in readeftige BMW. In part fan it kenteken soe weze TB-77. (30-4-1991)

Ut dit foarbyld docht bliken, dat de nijsredakteuren fan Omrop Fryslân har net altyd like bot om 'e stavering bekroadzje3. No hoecht dat fansels ek net perfoarst, mei't de berjochten foarlêzen wurde, de harker sil fan 'e stavering neat fernimme.

Alle teksten fan 'e nijsútstjoerings binne troch meiwurkers fan it sintraal siktariaat fan 'e FA oertikke en fêstlein op diskette. Dêrnei is alle materiaal opnaam yn 'e taaida­tabank (TDB) fan 'e FA. By it oertikjen binne de staveringsflaters safolle mooglik fer-bettere. Soks wie nedich om kompjûtertellingen en ferlikingen mei de oare teksten út 'e TDB mooglik te meitsjen. Foar alle dúdlikheid: allinne staveringsflaters binne ferbet-

254

wumkes.nl

Nijsßysk

tere. It Frysk op himsels is neat oan feroare. Dus aanrieden wurdt wol feroare yn oanri-den. mar sjoend net yn sjoen en sleutel net yn kaai. Dúdlike hollanismen lykas dwangsom) binne net feroare.

4. Opbou fan in berjocht

Oan 'e hân fan foarbylden sis ik yn dizze paragraaf koart wat oer hoe' t in radionijsbe-rjocht opboud is. Yn I-V sjogge wy dat in berjocht gauris begjint mei in meidieling dy ' t de oandacht lukt, mar dy ' t tagelyk op himsels net altyd fuort dúdlik is. of dêr ' t de nijs-wearde net fuort út bliken docht. Yn 'e twadde, soms yn 'e tredde sin, wurdt it berjocht fan in achtergrûn foarsjoen, of wurdt de boarne neamd. De boarne hat as wichtichste funksje it berjocht te autorisearjen. De harker wit no dat it net om sa mar in berjocht giet, mar dat der in autoriteit achter stiet. Faak wurdt de boarne dan ek ynlaat troch fêste for­mules as: Neffens (I), Dat stiet yn (II), Dat seit (III, V) en Dit docht bliken út (IV).

I (1) It arbeidsburo yn Ljouwert is ien fan de 17 arbeidsburo's yn ús lân dy't meidwaan sillc oan de foarljochtingskampanje "Even serieus...". (2) Dizze kampanje moat mear bekend­heid jaan oan it feit dat arbeidsburo's al tsientallen jierren bemiddelje foar artysten en mu-sisy. (3) Dy aktiviteit is neffens de arbeidburo's fierstente ûnbekend, en middels adfertinsjcs en brosjueres moat dêr feroaring yn komme.

II (1) By it bedriuw Oostwoud BV yn Frentsjer wurde gemyske stoffen brûkt dy't by ûnfoar-sichtichheid de gesondheid fan de meiwurkers beneidiele kinne. (2) It giet foaral om stof­fen yn superlimen dy't hûdôfwikings feroarsaakje kinne. (3) Dat stiet yn in rapport fan de Chemiewinkel fan de Grinzer Universiteit. (4) It dragen fan brillen en wanten is by it pro-duksjeproses needsaaklik. (5) It rapport is makke yn opdracht fan de ûndernimmingsried fan it bedriuw.

III (1) De grutte rekreaasjeplannen dy't optheden faak yn Fryslân lanceerd wurde, soargje foar in protte oerlêst yn de rekreaasjesektor. (2) Dat seit Recron foarsitter De Jong fan de rekreaasje-ûndernimmers yn Fryslân. (3) Neffens De Jong is it in goeie saak dat der plan­nen makke wurde, mar der moat mear sjoen wurde nei de finansjele helberens fan de plan­nen. (4) Ek wurde der neffens De Jong wolris ûngenuancearde útlittingen dien oer de relaasje tusken de rekreaasje en it miljeu. (5) Neffens De Jong ha de milieubewegingen en de rekreaasje deselde belangen, want in goed en skjin miljeu soarget ek wer foar toeristen. (6) De Jong makke ien en oar dúdlik by in regionale Recron gearkomste yn Grou.

IV (1) It arbeidsburo fan Snits kin ditjier 120 fakatueres yn debou, it houten yn de metaal net ynfulle. (2) Der is in grut tekoart oan goeie faklju. (3) Dit docht bliken út in ûndersyk fan it arbeidsburo. (4) Takom jier sil it Snitser arbeidsburo in hege prioriteit takenne oan it pro­bleem fan goeie faklju yn de bou-, de hout- en yn de metaalsektor. (5) Der komme byge-lyks opliedingen fan it arbeidsburo. (6) Boppedat sil op skoallen foarljochting jûn wurde oer de mooglikheden fan wurk yn dizze sektoaren.

V (I) De ferkeap fan de trenta-tsiis rint poerbêst. (2) Dat seit direktem Jan de Vries fan de Goede Verwachting. (3) Yn febrewaris is begûn mei mei de produksje fan Trema. (4) Trenta mei eins gjin tsiis neamd wurde, omdat der gjin dierlik fet yn ferwurke is. (5) Der is no al twa kear safolle ferkocht as plend wie. (6) Trenta wurdt yn Heech makke. (7) Yn de suvelfabryk yn Heech wurdt gjin reade kommissje tsiis mear makke. (8) Dy is nei Balk gien. (9) De ferwachting is dat de kommende jierren it fabryk yn Heech kapasiteit genôch hat om oan de fraach nei trenta te foldwaan. (10) No't it sa goed rint mei de trenta wol de Goede Verwachting trenta ek geskikt meitsje yn de hoareka en yn ynstellingen.

255

wumkes.nl

Anne Dykslra

5. Oerstallige ynformaasje

Ut 'e foarbylden I. U en V hjirboppc en VI en Vü hjirûnder. wurdt ek dúdlik dat nochal ris ynformaasje jûn wurdt dy't oerstallich liket. Yn I is de léste sin nct echt mear noa-dich, de redakteur hie der faaks ferlet fan om fia it wurd neffens noch eefkes de boarnc oan te jaan. Yn berjocht II wurdt yn sin (4) eins nochris sein wat yn sin (1) al dúdlik wurdt út by ûnfoarsichtichheid. De redakteur hie yn berjocht V sCinder sin (4) kind troch yn (1) trenta-tsiis te modifisearjen mei plantaardige of. by need, saneamde. Sin (6) hie net hoegd at oan (2) it festigingsplak tafoege wie en de meidieling yn (9) hie ek wol dúdlik west sûnder de ynlieding yn (7) en (8). Berjocht VI kin sûnder de ekstra yn­formaasje yn de sinnen (2), (3) en (4). De ynformaasje yn 'e sinnen (1) en (2) fan be­rjocht VII hie wol yn ien sin kind: De NS-direksje hat de renovaasje [...] stop setten. Sin (3) hat mei it nijsfeit dat yn VII presintearre w urdt, feitliken neat te krijen en sin (4) foeget ek neat ekstra's ta. Fan sin (5) ôf wurdt de ynformaasje wer relevant.

VI (I) Fryslân, Grinslân en Drinte ha ôfspraken makke oer in ynvestearings-subsydzjerege-ling. (2) Neffens dy regeling krije bedriuwen dy't har yn it noarden festigje, in subsydzje fan 209c op har ynfestearing, wannear't dizze yn elk gefal 3 nije arbeidsplakken oplevert. (3) Foar besteande bedriuwen dy't útwreidzje wolle giet it om in subsydzje fan 15r/c. (4) It giet hjirby om IPR-jild. (5) Oant no ta waard dy regeling troch de trije provinsjcs ferskil-lend brûkt. Dêrtroch ûntstie der konkurrinsje tusken de trije provinsjes. (7) Boppedat kaam der betizing bv it bedriuwslibben. (8) De nije regeling jiidt foar de perioade 1991-1994.

VII (1) De renovaasje fan it stasjonsgebou yn Wolvegea is stop setten. (2) De NS-direksje hat in boustop ôfkundige. (3) De wurknimmers fan it boubedriuw Jellema fan Ljouwert binne fan de bou helle en op oare plakken oan it wurk setten. (4) Oardel wike werom waard mei de renovaasje úteinsetten. (5) It hat no bliken dien dat de steal fan it NS-gebou folie min­der is as earder tocht waard. (6) De renovaasje sil nei alle gedachten folie djoerder wurde as de 500.000 gûne dy't begrutle wie. (7) Undersyk sil no earst oantoane moatte wat der barre moat.

Wat sa op it earste each oerstallich liket, kin dochs noch wol in funksje hawwe. Radio is in sekunder medium, seit einredakteur Tolsma yn Frysk en Frij fan 24-9-1990. Dat wol sizze dat de measte minsken noch wat oars dogge op it stuit dat se nei de radio harkje. sadat har in soad Ontkomt. Dêrom is it net ferkeard om wat ekstra ta te ljochtsjen of om beskate ynformaasje yn in berjocht nochris te jaan, mar dan krekt yn oare wurden.

6. Taalekonomy

It jaan fan redundante ynformaasje lykas hjirboppe. giet oars wol yn tsjin it needsaak-like stribjen fan redakteuren fan radionijsútstjoerings om yn in pear minuten tiid mei sa min mooglik wurden, safolle mooglik nijs te bringen. Ien fan 'e dingen dy't de redaksje brûkt om de tekst sa koart mooglik te halden, is it mijen fan ûnnedige eigenskipswur-den foar haadwurden. Berjocht VIII hjirûnder is ien fan "e pear foarbylden dy't ik sjoen haw, dêr't eigenskipswurden yn brûkt wurde, dy't mist wurde koenen. In finansjele by-drage (fan 3.000 gûne) (1) is itselde as in bydrage (fan 3.000 gûne). Yn (3) kin it sûnder nije foar Otterstasjon. mei't út de sin dúdlik wurdt, dat it giet om in Otterstasjon dat der noch komme moat.

256

wumkes.nl

Nijsfrysk

Vul (1) Wetterlieding Fryslân hat de stifting Otterstasjon Nederlân in finansjele bydrage jûn fan 3.000 gûne. (2) Stifting Otterstasjon sil it jild hrûke foar in ûndersyk nei it dioxinege-haltc yn iel yn de Grutte Wielen by Ljouwert. (3) Lykas bekend komt it nije Otterstasjon dêr ticht by te lizzen. yn de Lytse Wielen.

[n oar foarbyld fan taalekonomy is it brûken fan gearstallings, meast mei absorbearre ferhâldingswurd, ynstce fan haadwurden mei postmodifikaasje4. yn 'e foarbylden: foarljochtingskampanje foar kampanje om foarljochting te jaan: dioxinegehalte foar gehalte oan dioxine: hûdôfwikings foar ôfwikings o an 'e hûd; produksjeproses îoetrpro-ses dat anneks is mei produksje: rekreaasjesektor foar sektor dy't him dwaande hâldt mei de rekreaasje en NS-direksje foar direksje fan 'e NS.

7. It materiaal yn sifers

Yn dizze paragraaf gean ik globaal de sifermjittige skaaimerken fan it subkorpus ra-diofrysk by del. Fierder lis ik dy gegevens nest dy fan it folsleine TDB-korpus, dat op it stuit fan skriuwen fan dit artikel goed 14 miljoen tokens en goed 285.000 types grut wie. De begripen token en type wurde hjirûnder útlein. Yn lettere paragrafen kom ik op 'e sifers werom.

7.1 Type/token ratio

It subkorpus radiofrysk bestiet út 389.146 tokens en 26.763 types. Dat wol sizze dat it mei-inoar 389.146 wurden befettet (de tokens) en 26.763 ferskillende wurden (de ty­pes). In foarbyldsje ta ferdúdliking: Der binne nijsittstjoerings op 'e Fryske radio en op 'e Fryske televyzje. Yn dizze sin (dit korpus) steane mei-inoar 12 wurden, dat binne de tokens. Njoggen fan dy wurden binne ferskillend, dat binne de types. De type/token ra­tio fan in korpus jout de ferhâlding tusken types en tokens wer. Foar ús foarbyldsintsje is de type/token ratio 12:9=1.3. Dat hâldt yn, dat trochinoar om it 1,3de wurd in nij wurd f erwachte wurde kin. Nij moat hjir oplette wurde as noch net earder brûkt yn dizze tekst of yn dit korpus. Dus wat leger it getal foar de type/token ratio is, wat faker wy in nij wurd tsjinkomme yn in tekst. Teksten mei in lege type/token ratio hawwe mei oare wurden in navenant grutte wurdskat. Derby moat útsoarte wol sjoen wurde nei de grutte fan 'e teksten, wat grutter in tekst is, wat heger de type/token ratio wurde sil.

De teksten fan 'e nijsittstjoerings binne yn 'e TDB opslein yn njoggen blokken fan in moanne en ien blok fan likernôch in heale moanne. De ratio fan dy tekstblokken ôfsûn-derlik is trochinoar 6.28. De ratio fan 'e earste fiif proazateksten út 'e TDB is foar elk trochinoar 10.09. De wurdskat fan 'e nijsberjochten is dus grutter as dy fan 'e proaza­teksten. Sjogge wy lykwols nei it folsleine subkorpus radiofrysk, dan is de type/token ratio 14,54 (389.146:26.763). De fiif proazateksten beslagge mei-inoar 398.633 tokens en 26.587 types. De type/token ratio komt dêrmei op 14,99, in stiging fan 4.9 punt nef-fens it getal (10,09) foar de teksten trochinoar, wylst de ratio fan 'e nijsberjochten mear as in kear oer de kop giet. Dat tsjut derop dat der net folie leksikale fariaasje is tusken de nijsberjochten ûnderling (sjoch ek § 9.1).

It tal ferskillende wurden (de types) dat yn njoggen en in heale moanne yn 'e nijsút-stjoerings brûkt is. is goed 26.700. By dy 26.700 ferskillende wurden sitte fansels in hiel soad bûgde foarmen dy't by ien lemma ûnderbrocht wurde kinne. In lemma is in wurd sa't dat as stekwurd yn in wurdboek opnaam wurdt. Sa hearre bygelyks de foar-

257

wumkes.nl

Anne Dyksrra

men rint, rûn en runen allegear by it lemma rinne. At wy no. mei in beskate formule, útrekkenje hoefolle lemmata oft der fan 'e 26.700 types oerbliuwe. dan komme wy op in 17.800 lemmata5. Van Sterkenburg (1991:65) neamt as kommunikatyf minimum foar in taal in oantal fan om 'e 25.000 wurden (lemmata) hinne. De wurdskat fan it Fryske radionijs leit dêr dus aardich under. wylst dy fan it NOS-journaal der mei 35.775 in moai ein boppe leit6. Ik kom dêr yn § 9.1 op werom.

7.2 Frekwinsje

Taheakke A jout in oersjoch fan 'e 150 meast frekwinte wurden (types) út it radiofrysk. mei derby de relative frekwinsje fan 'e wurden (yn prosinten). Fan dy earste 150 wur­den wurde ek it plak en de relative frekwinsje oanjûn dy't se yn it folsleine korpus. yn-klusyf it subkorpus radiofrysk. fan goed 14,2 miljoen tokens hawwe. Wurden dy't yn 'e kolommen TDB streekjes hawwe, komme net foar by de earste 1000 wurden út it TDB-korpus.

De tsien meast frekwinte wurden fan in taal lizze oer it generaal aardich fêst. Dat wol sizze dat der by frekwinsjetellingen fan ûnderskate korpora net folie ferskowingen foarkomme sille. Ut it neifolgjende steatsje docht bliken dat it radiofrysk fan 'e fer-wachte folchoarder ôfwykt. De earste kolom jout it plak yn 'e frekwinsjelist oan. Yn 'e kolommen dêrnei steane de wurden dy't by dat plak hearre yn respektivelik it korpus radiofrysk. it TDB-korpus fan 14,2 miljoen en yn in eardere frekwinsjetelling fan it korpus op 8,2 miljoen (sjoch Dykstra & Reitsma 1993:81).

1 2 3 4 5 6 7 8 9

10

NIJS de fan it yn in en is op dat foar

14.2 de it en fan in yn dat net op mei

8,2 de it en fan in yn dat net op ik

Ynhâldlik is de types top-tsien fan it radionijs foar 80% gelyk oan dy fan 'e TDB. Wat de folchoarder oanbelanget. rint it radionijs lykwols allinnich op 'e plakken 1 (cle) en 5 (in) lykop mei de TDB-tellings. Wat de oanbelanget is dat ek noch mar oant in hichte sa. Yn it radiokorpus is de relative frekwinsje fan de nammentlik mar leafst 8.1 %, wylst dat yn 'e TDB-tellings respektivelik mar 4,38% en 4,64% is. Is (7) fine wy yn it TDB-korpus (14,2 miljoen) earst op it trjettjinde plak en foar (10) op it tweintichste plak werom. Oare opfallende ferskillen yn 'e kop fan 'e list (sjoch taheakke A) sjogge wy by de (help)tiidwurdsfoarmen hat (14 tsjin 40). wurde (15/61). binne (25/54). sil (26/64). wurdt (29/76), moat (37/67), waard (43/72). ha (45/68) en moatte (52/105). Wie (39/19), wêze (103/75) en west (1 19/96) rinne der út, mei't dy yn it radiokorpus leger stean as yn it TDB-korpus. It ferhâldingswurd by hat (18/31) en om (19/29). Yn teksten dy't bedoeld binne om ibarlêzen te wurden soe men ferwachtsje dat it enklityske beskate lidwurd 'e heger stean soe as it 20ste plak. Yn it folsleine, op skreaune taal weromgeande, TDB-korpus stiet 'e op it alfde plak! At wy de en 'e byinoar optelle. dan

258

wumkes.nl

Nijsfrysk

docht bliken dat de navenant lege frekwinsje fan 'e mar foar in part de navenant hege frekwinsje fan de ferklearret. Yn it radionijs binne se tegearre 8,64%, yn 'e folsleine TDB 5,39%, goed trije prosint minder. De negative foarm net fait op trochdat er by it radiofrysk leger stiet as yn it folsleine koi ~us (16/8). De persoanlike foarnamwurden hx (64/25). har (87/30). syn (88/26) him (124/28) binne yn it radiokorpus allegearre minder frekwint as yn it TDB-korpus. De oare persoanlike foarnamwurden binne net by de earste 150 wurden werom te fïnen. De earste persoansfoarm ik stiet pas op it 1595ste plak. Dat komt om'l yn 'e nijsberjochten de persoanen dêr't it om giet yn prin-sipe net yn 'e direkte rede sprekkend opfierd wurde. Hjirûnder sil ik besykje guon fan :e grutste ferskillen yn frekwinsje te ferklearjen. Myn útgongspunt sil derby wêze de frekwinsjelist fan it radionijs.

8. Nijswearde en frekwinsje

Yn 'e folgjende paragrafen besykje ik in relaasje te lizzen tusken de foar dit artikel rele­vante news values út Bell (1991:156-160) en it neffens frekwinsje oardere materiaal út it subkorpus nijsútstjoerings. Oars sein: ik besykje in ferklearring te jaan foar it ôf-wikende byld dat de frekwinsjelist fan it nijs op guon punten jout neffens dy fan it folsleine TDB-korpus. De notaasje fan frekwinsjeplakken yn respektivelik it subkorpus radionijs en it folsleine TDB-korpus giet tenei meast sa: hjoed (79/377). dat wol sizze dat hjoed yn it subkorpus radiofrysk op it 79ste plak stiet en yn it folsleine TDB-korpus op it 377ste. At in wurd yn it folsleine TDB-korpus net by de earste 1000 stiet, dan wurdt dat oanjûn mei --. bygelyks bedriuw (122/—).

8.1 Aktualiteit

Aktuaüieit is in wichtich skaaimerk fan nijs. Bell (1991:156) seit ûnder it kopke re-cency. ien fan 'e saneamde news values, dat "the best news is something which has only just happened". Wat ûnder "just" ferstien wurde moat, hinget yn 'e praktyk ôf fan it tal kearen dat in krante ferskynt of hoefaak en hoelang oft de radio nijs útstjoere kin. By Omrop Fryslân wie dat yn 1991 fjouwer kear op in moarn (om 7 en 8 oere en om 10 en 11 oere). Tusken de léste útstjoering en de earste de oare deis leit dus in skoft fan 20 oe-ren. In middei, in jûn en in nacht mei nijs dat pas de oare deis útstjoerd wurde kin. Dy situaasje wurdt kreas wjerspegele yn 'e frekwinsjelist. Juster stiet dêr op it 53ste plak, wylst it yn it folsleine TDB-korpus earst op 745 stiet. Yodx justerjûn jildt (63/—) en foar justermiddei (252/--). Justermoarn komt mar 21 kear foar, nei alle gedachten nijs dat krekt te let bekend waard om út te stjoeren. Nachts bart der blykber net folie dat de muoite fan it útstjoeren wurdich is. Fannacht wurdt in 80 kear (0,02%) brûkt foar jus-lenuicht, dat sels mar 5 kear yn it materiaal stiet. De, ferlike mei it folsleine TDB-kor­pus. hege frekwinsje fan hjoed, op it 79ste plak yn it nijskorpus en op it 377ste plak yn it folsleine korpus, lit sjen dat de nijsredaksje de aktualiteit op 'e foet folget. De hege frekwinsje fan de hjir neamde bywurden fan tiid sit him fansels ek yn it feit dat de nijs­berjochten per definysje ferslach dogge fan benammen dingen dy't plakfûn hawwe of no barre.

259

wumkes.nl

Anne Dvk.ura

8.2 Negatyf nijs

It sechje gjin nijs is goed nijs is net fan tapassing op 'e media. Yn ferbân mei de media soe it sechje earder wêze: min nijs is goed nijs. It hat ommers net folie doel om út te stjoeren dat der juster gjin ûngemakken. fjochterijen of stelderijen west hawwe. Yn in beskaat opsicht is dat fansels krekt wol nijs, mar net it soarte nijs dat foar de trochsneed harker nijsgjirrich is, en dat komt omdat it negative aspekt mist. Skea. brân, ferwûne lju, ûngemakken, dat is foar de measte minsken nijs. Yn 'e wurden fan Bell (1991:156): "Negativity is what comes to people's minds as the basic news value". Hjirboppe hawwe wy sjoen dat einredakteur Tolsma it belang fan soksoarte nijs ûnderstreket. Ut 'e frekwinsjelist docht bliken dat it negative nijs by Omrop Fryslân moai rom oan bod komt. Dat is bygelyks te sjen oan 'e tige hege frekwinsje fan plysje, dat mear as 700 plakken heger stiet as yn it folsleine TDB-korpus (60/771)! By stellen (130/892) is it ferskil sels noch grutter. Ungemakken en oare negative foarfallen bliuwe ornaris net sûnder gefolgen. It tiidwurd by útstek dat oanjout wat it resultaat of gefolch fan eat is. is reitsje. De doetiids- en mulwurdsfoarm dêrfan, rekke, fine wy werom op plak 144 yn 'e frekwinsjelist (TDB 502). It giet derby hast yn alle gefallen om situaasjes dêr't min­sken by ferwûne rekke binne, bygelyks om't se de macht oer it stjoer kwyt rekke wienen sadat har auto/a« 'e dyk rekke. De hege frekwinsje fan auto (106/480) is foar in grut part te ferklearjen út 'e berjochten oer ûngemakken.

8.3 Regionaliteit

Alle nijs is regionaal, sei Jan Blokker yn 'e Leeuwarder Courant fan 21-4-1994. Hy woe dêr mei sizze dat benammen foarfallen út 'e eigen krite in hege nijswearde hawwe. Sokke foarfallen, bygelyks in auto-ûngemak (allinnich de slimste helje it ANP) of in kelder dy't fol wetter rûn is, binne foar lju út in oare krite of út in oar lân faak folslein net fan belang. Durk Gorter (Mear 1992, 6: 20-21) doelt dêr ek op at er seit dat Omrop Fryslân net in ekstra finster op 'e wrâld is, mar inkeld in rútsje mei útsjoch op it eigen gea. Op de fraach nei it regionale karakter fan 'e Fryske televyzje, seit Omrop Fryslân-meiwurkster Gryt van Duinen (yn Frysk en Frij fan 2-12-1990) dat it berik fan som­mige ûnderwerpen yndie net grutter is as de provinsje Fryslân. "Mar in soad Onderwerpen spylje rûnom. Emansipaasje, ynsest. diskriminaasje bygelyks. komme boppe it regionale út". Dochs komme sokke ûnderwerpen yn it radionijs allinnich mar oan 'e oarder at der in relaasje is mei Fryslân en dan ek noch mar moai komselden. Om by Van Duinen har foarbylden te bliuwen: diskriminaasje komt trije kear foar yn ús ma­teriaal en (foarmen fan) it tiidwurd diskriminearje sân kear. Ynsest komt hielendal net foar. Emansipaasje sit, ynklusyf de gearstallings mei dat wurd, 23 kear yn it materiaal. It regionale karakter fan 'e nijsútstjoerings wurdt ek dúdlik út it ûntbrekken fan wurden as: ierdskodding, ôfstânsrakketten, splytstof, en strielingsgefaar. Sporteveneminten buten Fryslân komme yn it nijs allinnich oan 'e oarder at der (winnende) Fryske diel-nimmers binne.

De frekwinsjelist jout noch mear oanwizings foar it rjochte wezen op 'e eigen regio. By de 150 meast frekwinte wurden fine wy fjouwer plak-/gemeentenammen: Ljouwert (30/293), It Hearrenfean (70/-), Drachten (99/-) en Snits (102/867). Fierder stiet op it 42ste plak noch Fryslân. Nederlân komt 239 kear foar (157ste plak), mar altyd yn in berjocht dat op ien of oare wize ek mei Fryslân te krijen hat. Grins skoart as net-Fryske stêd heech mei 172 foarkommens.

260

wumkes.nl

Nijsfrysk

8.4 Autoriteit

In grut part fan it nijs bestiet út it trochjaan fan wat oaren te melden hawwe. It hinget fan 'e boarne ôf, oft in ferhaal of in berjocht it nijs hellet. Wat wichtiger en offisjeler de boarne fan in ferhaal. wat grutter de káns dat it in nijsberjocht wurdt. Oerheidsynstân-sjes. bestjoeren en direksjes. of w urdfierders dêrfan, hawwe in bettere káns om har fer­haal ta nijs promovcarre te krijen as in partikulier. Yn 'e wurden fan Bell (1991:191): "News is what an authoritative source teils a journalist". De kwalifikaasje fan Van Ster­kenburg (1989:180) fan it NOS-Journaal as "spreekbuis van de overheid", seit him sels yn dat ferbân. Ut 'e frekwinsjelist docht bliken dat it Omrop Fryslân-nijs sawat itselde karakter hat as it NOS-Journaal. Al op it 28ste plak komme wy dêr gemeente tsjin, dat yn 'e TDB op 371 stiet, plysje stiet op 60 (TDB 771). op 81 komme wy provinsje tsjin (TDB 658) en ried stiet op 93 (TDB 570). De kombinaasje B. en W. stiet sa'n bytsje op 107 en op 132 komt boargemaster (TDB 805), wylst bestjoer op 146 stiet (TDB 636).

De praktyk fan it trochjaan fan wat oaren sizze of sein hawwe, wurdt ek yllustrearre troch de navenant hege frekwinsje fan neffens (31/216) en fan makke en bekend, dy't 121 kear tegearre yn ien sin foarkomme. De persoansfoarm fynt (145/671) komt suver altyd foar mei in autoriteit as Onderwerp. Foar sei jildt itselde, mar dat hat yn it radio-korpus in legere frekwinsje as yn it folsleine korpus (117/60).

8.5 Algemien belang

It seit himsels dat berjochten fan algemien belang of fan belang foar grutte groepen har­kers, in hege nijswearde hawwe. Sokke berjochten komme faak fan of fia de hjirboppe neamde autoriteiten. Opfallend is, dat it derby hiel faak giet om plannen (108/—). Moai frekwint gean berjochten oer deputearren, riedsleden, gemeenten, ferienings. ensfh., dy't wat fan doel (141/381) binne, of der wurdt ferteld wat har doel krekt is. In soad plannen komme út 'e koker fan 'e (lokale) oerheid en it al of net trochgean dêrfan hat streekrjocht gefolgen foar (in part fan) de befolking fan Fryslân. It kin dan gean om 'e wurkgelegenheid. de ynfrastruktuer fan in gea of doarp, it ûnderwiis, it lânskip of it miljeu. Dat der oan 'e plannen almeast in finansjele kant sit. wurdt dúdlik út 'e fol-gjende wurden, dy't alle trije meast foarkomme yn berjochten mei in 'autoriteit' as boarne: gfme (34/417), miljoen (72/—) en ton (142/—). Wurkgelegenheid en miljeu binne beide ûnderwerpen fan algemien belang. Nijs oer beide Onderwerpen hat gauris te krijen mei it bedriuwslibben. It is dêrom net tafallich dat bedriuw in tige frekwint wurd is yn "e nijsútstjoerings fan Omrop Fryslân (122/—).

8.6 Hurde feiten

Bell (1991:158) neamt ûnder it kopke facticity de foarkar fan nijslju foar hurde feiten en sifers. De frekwinsjelist lit sjen dat soks ek jildt foar de redaksje fan Omrop Fryslân nijs. De berjochten geane meast oer wa 't wat dien of sein hat (benammen de hjirboppe neamde autoriteiten), mei wa't wat bard is (meast in man/jrou fan sa en safolle jier (23/113)). wêr't dat wie (ferlykje de navenant hege frekwinsje fan plak- en gemeente-nammen), om hoefolle at it gie (twa (54/119), trije (94/200), twadde (134/362). fjouwer (150/366)) en wannear't it wie of wêze sil (juster (53/745), justerjûn (63/—), hjoed (79/377). wike (96/353), moarn (107/335), oere (135/325)). Mo am hat syn hege fre­kwinsje foar in part te tankjen oan it waarberjocht, dat ik hjir ek beskôgje as it trochjaan

261

wumkes.nl

Anne Dvkviri

fan feiten. It waarberjocht is ek ferantwurdlik foar in plak by de earste 150 wurden fan wxn (104/355), waar (112/440) en graden (113/-).

9. Wurdskat

9.1 De grutte fan 'e wurdskat

Yn paragraaf 7.1 hawwe wy sjoen dat de wurdskat fan 'e Fryske nijsútstjoerings mei 17.800 wurden in moai stik ûnder it Onderstelde kommunikative minimum fan 25.000 leit. De wurdskat fan it NOS-Journaal is likernôch twa kear sa grut as dy fan Omrop Fryslân-nijs en sit mei 35.775 aardich boppe it kommunikative minimum. Wol dat no sizze dat de redakteuren fan Omrop Fryslân mar in tige beheinde wurdskat ta har fok dwaan hawwe? Foar guon sil dat faaks sa wêze, dat sille benammen dyselden wêze. dy"t it Frysk wat minder goed behearskje. De wichtichste oarsaak leit lykwols yn 'e aard fan it nijs. Van Sterkenburg (1991:67) seit fan it NOS-Journaal dat "de lexicale va­riatie [...] thematisch vooral narigheid en rampspoed [betreft]". Foar it Fryske radionijs jildt dat ek. It grutte ferskil is dat it NOS-Journaal kamt hat út ellinde de hiele wrâld oer. wylst Omrop Fryslân him suver allinnich beheint ta de Fryske regio. Troeh it regio­nale karakter fan Omrop Fryslân bliuwt it tal Onderwerpen dêr't oer berjochte wurdt (of wurde kin) beheind, at wy ferlykje mei it NOS-Journaal. By Omrop Fryslân hearre wy gjin nijs oer allerhanne oarloggen dêr't ôfstânsraketten, minen en ûnderseeboaten mei anneks binne. Ek neat oer rampen feroarsake troch fleanûngemakken. orkanen, sykloa-nen, ierdskoddings. oerstreamings of boskbrannen. Fierder komt nijs oer lanlike kwes-tjes as de Betuwelijn of oer útlânske groepearrings as it ANC of de PLO net fuortdalik yn 'e beneaming om troch Omrop Fryslân útstjoerd te wurden. It seit himsels dat it be-heindere tal ûnderwerpen in navenant beheindere wurdskat opsmyt.

Dêr komt noch by dat nijs, hoe tsjinstridich oft dat op it earste each ek liket. yn wezen oars neat is as mear fan itselde. De iene wyks giet bedriuw A te B fallyt en komme 100 wurknimmers sûnder wurk. de oare wyks giet bedriuw C te D fallyt en komme 200 wurknimmers sûnder wurk. Stichting A krijt al subsydzje en stichting B net, dêrtroch kinne by stichting A de plannen al troehgean en by stichting B net. By in ferkearsûnge-mak komt der skea oan 'e auto en der binne ferwûne lju of se binne der net. Wat ik be­doel te sizzen, is dat lyksoartige berjochten faak yn likernôch deselde wurden trochjûn wurde sille en dus sil dat de wurdskat navenant lyts hâlde. Soks jildt nammerste mear at it tal ûnderwerpen dêr't oer berjochte wurde kin navenant beheind is.

It is de redakteuren oars net kwea ôf te nimmen dat se maklik nei de meast foar de hân lizzende formulearring gripe. Yn 'e measte gefallen wurde de berjochten ûnder grutte tiidsdruk opsteld. Boppedat is it de redaksje yn it foarste plak te reden om it trochjaan fan it nijs en net om it meitsjen fan literêr ferantwurde stikjes. De tiidsdruk jout ek gauris oanlieding ta it brûken fan fêste ferbinings en fan klisjees. "Cliché's zijn makkelijk" seit Verschoor (1992:15), "ze hebben het voordeel dat ze precies zeggen wat wordt bedoeld. Elke andere omschrijving zou enige seconden langer duren. En wie bij het Journaal werkt, denkt niet in lengtes van de tekst, maar in seconden". Sa wurde by Omrop Fryslân de boarnen fan in berjocht hast altyd ynlaat mei: Dat seit/fynt/skriuwt/ensfli. (dy en dy). of mei: Neffens (dy en dy). It faak brûken fan fêste ferbinings en klisjees hat fansels ek net in positive ynfloed op "e grutte fan 'e wurdskat.

De wurdskat fan Omrop Fryslân-nijs mei dan ûnder it ûnderstelde kommunikative minimum sitte. út 'e praktyk docht bliken dat de wurdskat wis wol grut genôch is om kommunikatyf te wezen.

262

wumkes.nl

Aï/'.v/rv.vA

9.2 De wurdskat fan it radionijs as spegel fan 'e maatskippij

De media, dus ek Omrop Fryslân, bringe berjochten oer eat dat noch net bekend wie. Utsoarte is net alles dat noch net bekend wie gaadlik om as nijs útstjoerd te wurden. By nijs giet it om dingen dy't oars as oars binne: hiel grut, hiel slim. hiel nij. hiel oars. ensfh. At it al sa is dat de media in byld jouwe fan 'e hjoeddeiske maatskippij, dan giet it om in byld. yn wurden yn ús gefal, fan in feroarjende maatskippij, it gewoane en net feroarjende komt ornaris net yn "e media telâne: "Maatschappelijke ontwikkelingen vinden wij terug in de woordenschat, die dan ook vaak een spiegel van maatschappe­lijke veranderingen wordt genoemd" (Van Sterkenburg (1989:22).

It liket my ta dat de feroarjende maatskippij op syn best te attrappearjen is yn "e se-lcksje fan wurden dy't allinnich yn it nijskorpus te finen binne en nearne oars yn it TDB-korpus fan goed 14 miljoen tokens. Mei-inoar binne dat in 10.000 wurden (ty­pes). In soad dêrfan binne eigennammen en bûgde foarmen fan wurden dy't oars wol yn "e TDB bekend binne. of staverings- of tikflaters. Ut wat oerbliuwt is lykwols in foech maatskippijbyld ôf te lieden. Ik jou hjirûnder in pear foarbylden.

Besjogge wy dy list, dan fait fuort al in rige gearstallings mei aksje- as earste diel yn it each: aksjebelied, -boeren, -dei. -fergadering, -fierder, -fiere, -kommisje. -kommitee, -lieder. -middels, -punt. -reewilligens, en -wiken. As léste lid fan gearstallings fine wy -aksje yn : hantekeninge-aksje, helpaksje. kreakaksje en prikaksje. Fierder sit yn it ma­teriaal noch miljeuaksjegwep. De Fryske maatskippij as aksje maatskippij dus. Dat byld wurdt befestige troch in rychje gearstallings dy't in ploech minsken oantsjutte dy't har feriene hawwe om foar eigen of foar oarmans belangen op te kommen: âlderein-bûn. belange-organisaasjes, berne-opfangorganisaasje. bewennersferiening, ferfiers-bûn. en ûnderwiisfakorganisaasje.

Ut 'e list fan unike types kinne wy opmeitsje dat it miljeu yn "e Fryske maatskippij ek in hot item is. Yn it foarste plak is dat fansels te sjen oan de mear as fyftich gearstal­lings mei miljeu- as earste lid, mar ek oan gans oare wurden dy't op 'e ien of oare wize mei it miljeu te krijen hawwe, lykas: ammoniakútstjit, boaiemfersmoarging, bondisme, dongoerskot, dongprobleem, dongwetjouwing, duobakken, enerzjybesparjend, enerzjy-besparring, enerzjyfoarsjenning. enerzjykoslen, ferbrâningsoven. fûgelopfangsintrum. gemoboks, gemokarre. GFT-óffal, glêsynsammeljen, grûmw nerpeil, hinderwetfergun-ning, hússmoargensprobleem. ierdwaarmte(projekt), klimaatbehearsking, kompostear-ringsynstallaasje, lûdshinder, minykontener. natoerorganisaasjes, oaljebestridings-skip. in rige gearstallings mei ôffal-, ozongehalte, rioelsuvering, reekgasfdters, sinne-boiler, smoargensferwurking. smôgfoarming, sparlampen en, de moaiste as léste. h ûn epoepsekjes.

De húshâlding as hoekstien fan 'e maatskippij, mei de bern feilich thús by mem, is yn Fryslân hjoeddedei ek net altyd mear wat it west hat. Soks kin men ôfliede út it nei-folgjende listke wurden, dy't ik beflap ûnder de neamer relaasje(s): bernemishanne-ling. berneopfangorganisaasje, berneopfangprojekten, deipleechâlden, eksfreondin. eksfrou, frouljusbeweging, frouljusbelangen, gastâlderopfang, gesinsproblemen, ho-mohoulik, ienpersoanshúshâldings. jeugdhelpferlieningsprojekt, rânegroepjon geren, seksbuorkerij, strjitferbod en ûntuchtaffêre.

As léste foarbyld fan in Onderwerp dat út it radionijs nei foaren ta komt as typysk foar de hjoeddeiske Fryske maatskippij, \\ferkear. It is opfallend hoefolle neffens it folsleine TDB-korpus unike wurden út it radionijs streekrjocht of sydlings te krijen hawwe mei itferkear. In seleksje: alkoholkontrôle, APK, likernôch 25 gearstallings mei auto-, belbus, bromfytshelmen, brommerrider, brommerrydbewiis, busbaan, busreiz-gers. bustaksy, duopassasjier. falhelmaksje. feartsjinst. feilichheidsnemen. ferfier-

263

wumkes.nl

Anne Dykstra

kaart, ferfierregio, mear as 30 gearstallings mei ferkear-, filefoarming, jjouwertsjil-oandriuwing, fleanrûte, flechtheuvel. foutparkearder. ynhelferbod. kente­kenplaat, kettingbotsing, lijntaksy, LPG(-pomp/-tank), minyrotonde, moarnsspits. par-kearbon, parkearhaven, parkearmaalregels. parke arproblemen. radarkontrôle, rxdferbod, slippartij, slûpferkear, slûprûte. sneltsjinst, snorfyts, suderseespoatiine. swartrider, taksysteanplak, taksxtsjinst, transportCtndernimming en treintaksy.

10. It radionijs as leveransier fan nije wurden

Van Sterkenburg (1991:69) mient dat it Journaal in grut oanpart hat yn 'e taalútbou. it le-verjen fan nije wurden oan 'e taal: "Als het Journaal aandacht vraagt voor alles wat nieuw is in het dagelijks leven, dan is ook onmiskenbaar dat het Journaal het nieuwe, dat wat nog geen naam heeft, een naam geeft". Wat it Journaal oanbelanget, freegje ik my ôf oft Van Sterkenburg gelyk hat. Hy jout sels al oan dat de Journaal meiwurkers soks op in pypfol hawwe. Se sjogge harsels as net mear as in trochjoulûk. Nammen of wurden foar ûnderwerpen dy't yn 'e útstjoerings oan 'e oarder komme, besteane al en wurde sa troch it Journaal trochjûn. Dy inkelde kear dat se mei sin besocht hawwe om der in nij wurd yn te krijen (pakkist foar container) is dat folslein mislearre (Van Sterkenburg (1991:181). Foar Omrop Fryslân leit soks krekt eefkes oars. It nijs dat Omrop Fryslân oanbean krijt is faak yn it Nederlânsk, bygelyks Nederlânske parseberjochten, Neder-lânske rapporten en ferslaggen en Nederlânske taspraken. Ynterviews geane fan 'e kant fan 'e ynterviewde ek gauris yn it Nederlânsk. De nijsredaksje fan Omrop Fryslân kin dus faak net sa sûnder mear it nijs troch it trochjoulûk skowe, mar moat earst oan it oer-setten. Dat hâldt yn dat meiwurkers fan Omrop Fryslân soms yndie de earsten binne dy't in ding of in situaasje in (Fryske) namme jouwe, dy't fia Omrop Fryslân dan wer hús-riem wurdt of wurde kin by it Fryske publyk. Foarbylden fan soks binne net sa maklik te jaan. Dêr nei frege, kaam Tolsma mei it wurd stojiske foar it Nederlânske vliegas, (sjoch fierder § 11 foar de mooglike ynfloed fan 'e media op ('e taal fan) it publyk).

Hjirboppe hawwe wy sjoen dat it radionijs wol gans 'nije' wurden opsmiten hat yn de sin fan wurden dy't noch net yn it taaldatabankkorpus fêstlein wienen. As sadanich is it nijskorpus fan grut belang foar ûndersyk nei taalútbou en foar de skriuwers fan hjoeddeiske wurdboeken.

/ / . Ynfloed fan 'e media op 'e taal en op it brûken fan dy taal

Inevitably, [...] media, print or broadcast. exert significant influence on language awareness and use. MacLean (1994:1823)

Dat de (massa)media, en benammen de elektroanyske media, op 'e ien of oare wize yn­floed op harren publyk hawwe. wol elkenien wol oan. Der is bygelyks diskusje oer ge­weld op 'e televyzje, dat in negative ynfloed hawwe soe op benammen jeugdige sjoggers. Der wurdt dêrom foar pleite om al te gewelddiedige programma's net op 'e betide jûn út te stjoeren, sadat de jeugd se net (te faak) sjen sil. Totalitêre rezjyms. mar dy net allinne. brûke, of leaver misbrûke, de media om de publike opiny te beynfloed-zjen. It klassike foarbyld is de propagandamasine fan Hitler c.s.. mar ek hjoeddedei noch wurde sokke praktiken tapast. Troch advertearders wurdt oannaam dat it mooglik is om fia de media de minsken oer te heljen om krekt harren produkt te keapjen.

264

wumkes.nl

.Xijsfrysk

Moai algemien wurdt oannaam dat de media ek ynfloed hawwe op in taal en op it brûken fan dy taal. Dat idee is net fan hjoed en juster. Yn 1931 waarden yn Dútslân de radio "sprachpflegerische und integrative Funktionen zugedacht". It idee wie, dat fia de radio de jongerein op 'e hichte brocht wurde koe mei in algemiene standerttaal. sadat "dem bändischen Jugendlichen [...] auch außerhalb seines Bundes von der Allgemein­heit verstanden werde" (Reinke (1993:109)). Fluck (1993:88) nimt oan dat it hjoed-deiske Dútsk ûnder ynfloed stiet fan it ynformele Dútsk sa't dat yn "e (elektroanyske) media brûkt wurdt: "Vieles deutet [...] darauf hin, daß sich die gesprochene Standard­sprache heute an diesen informellen Sprachformen, wie sie die Medien überwiegend präsentieren, orientiert". Reinke (1993:125) mient dat it gearmjoksel fan Stilen en fan eleminten út ûnderskate farièteiten dat fia de media te hearren is. in latinte, betiizjende ynfloed op 'e harkers hawwe kin. Beheydt (1991b:8) nimt oan. dat sawol de literatuer as radio en televyzje ynfloed hawwe op 'e taal. Mei't de lju trochinoar mear by de radio en televyzje sitte as dat se in boek leze, "[zal] de invloed van de omroeptaal [...] dan ook wel groter zijn dan de invloed van literaire taal'. Maar waaruit die invloed bestaat en hoe belangrijk die is, daar weten we vooralsnog zeer weinig over".

It bliuwt dus in kwestje fan Onderstellen en oannimmen. Hoe't it mei de ynfloed fan mediataal op in taal en op it brûken fan dy taal krekt om en ta giet en wat dy ynfloed dan wol is, is mar in bytsje oer bekend. Op himsels is dat net sa frjemd, tinkt my, want hoe soe men soks mjitte moatte? It is grif mooglik om hjir en dêr wurden, útdrukkings of ferskynsels oan te wizen dy't troch de media yn 'e omgongstaal telâne kaam binne, mar dêr bliuwt it dan ek by8. Lyksa giet it mei de ynfloed fan it brûken fan in taal troch de media op it ial sprekkers fan dy taal en it tal situaasjes dêr't dy taal yn brûkt wurdt. Wa sil echt bewize dat dy ynfloed der is. en wa sil oantoane kinne hoe grut oft dy Onder­stelde ynfloed is9?

Dochs neame lju dy't in minderheidstaal fuortsterkje wolle, net te'n ûnrjochte nef-fens my, gauris de grutte positive ynfloed dy't útgean soe fan it brûken fan dy taal troch de lokale media. Koartby bygelyks noch yn ferbân mei de diskusje oer de subsydzje oan it blêd Frysk en Frij en oer al of net Fryske siden yn 'e kranten. Nei oanlieding fan it siikses fan 'e wyklikse Frysktalige programma's op 'e lanlike televyzjestjoerder10. mient taalsosjolooch Gorter dat "in útwreiding nei twa oeren op alle dagen net sa'n minne taalpolitike tuskenstap wêze [soe] nei in folweardige Frysktalige stjoerder" (Durk Gorter yn Mear 1992, 6: 20-21). Breuker (1993:79) jout, mei rjocht, oan dat "It effekt op taal en taalnoarm fan radio- en televyzjeprogramma's [,..J min oan te jaan fis]", mar op side 81 komt er dochs ta de. ympresjonistyske, konklúzje dat "Omrop Fryslân [radio ADJ fiks bydraacht ta de elaboraasje fan it Frysk en, sij it foar it neist op beskieden skaal. ynfloed hat op de taalnoarm".

Yn in ynterne notysje fan 14-1-1986 jout de programmaried fan. doe noch. Radio Fryslân omtinken oan 'e relaasje tusken it Frysk as fiertaai fan 'e útstjoerings en de taalbefoarderjende ferantwurdlikheid fan Radio Fryslân: "Yn guon kringen wurdt [...] sein. dat Radio Fryslân ek dwaan moat oan taalbefoardering. Ut soarte docht Radio Fryslân dat. It brûken fan it Frysk hat automatysk fan gefolgen dat men taalbefoarder-jend dwaande is. It is lykwols gjin doelstelling". De programmaried sjocht taalbefoar-derjen hjir blykber as it befoarderjen fan it brûken fan it Frysk en net (ek) as it befoarderjen fan geef taalgebrûk". De ried is him oars wol bewust dat der gradaasjes yn gevens binne. Der wurdt nammentlik in apart paragraafke wijd oan 'e fraach "hok-ker Frysk" oft brûkt wurde moat yn "e útstjoerings. Yn alle gefallen moat dat "sa goed mooglik Frysk" wêze. "flaters moatte as it heal kin net makke wurde. Immen dy't Hol-lânsk praat sil dat ek sûnder flaters dwaan wolle, dus ek it Frysk moat fan sinsopbou. en taaieigen goed wêze. Dêr moat yn alle gefallen nei stribbe wurde". Geef Frysk is mei

265

wumkes.nl

Anne Dvkstra

oare wurden net in absolute eask, sterker noch, it radio-Frysk moat ek wer net al te geef wurde, it "moat [...] wol oanslute by de omgongstaal fan de minsken, it mei der net fan ferfremdzje. It moat kommunikatyf bliuwe". It wurdt oan 'e meiwurkers oerlitten om de midlike wei tusken omgongsfrysk en geef Frysk te finen. Se moatte oanslute by de omgongstaal, mar se "meie net as fanselssprekkend meirinne mei de flaters fan de minsken" en se moatte "acht slaan op geef Frysk, der ferantwurde mei dwaande weze .

Guon Omrop Fryslân-meiwurkers fine no krekt hielendal net dat se in taalbefoar-derjende taak hawwe. De eardere Fryske radiofrou, Gryt van Duinen, reagearret op Gorter syn útspraak mei op te merken dat "Wy [...] lanlik wol stjoertiid krigen [ha] om­dat it Frysk de twadde rykstaal is, mar wy hawwe gjin taak as taalbefoarderers. Wy binne suver sjoernalistyk dwaande en dat soks yn it Frysk kin, is moai meinommen" (yn Frysk en Frij, 2-12-1992). Likernôch twa jier earder sei Omrop Fryslân-nijseinre-dakteur Rein Tolsma yn datselde Frysk en Frij: "Ik leau net dat wy der foar binne om minsken it goede foarbyld te jaan, om har de taal by te bringen, wy brûke it gewoan" [24-11-1990]13. Ut Verschoor (1992:14) wurde wy gewaar dat de meiwurkers fan it NOS-Journaal ek neat fan in taalbefoarderjende taak witte wolle. Foar harren is "de taal in de eerste plaats het voertuig voor de overdracht van informatie"14.

Lju as Van Duinen, Tolsma en Verschoor ûnderskatte neffens my de foarbyldfunksje, en dêrmei de ferantwurdlikheid, dy't se hawwe op it mêd fan 'e taal. It kin ommers hast net oars as dat de media ynfloed hawwe op taal en taalgebrûk. De mannichte tekst dy't fia de printe media op ús oankomt is net oer te sjen en it is nei alle gedachten sa, dat wy fia radio en televyzje mear sprutsen taal hearre as yn 'e deistige petearen mei de min­sken om ús hinne. De media binne dus massaprodusinten fan taal. Boppedat giet it by mediataal net om kommunikaasje fan persoan nei persoan(en), mar om kommunikaasje fan ien (net altyd deselde) nei in massa-publyk. Soks makket dat mediataal status krijt. By dy status heart foar in soad minsken geef taalgebrûk. De measten sille der, faaks ûn-bewust, fan útgean dat de taal fan 'e media-meiwurkers yndie is sa't it heart, en sille har, bewust of ûnbewust, dêr troch beynfloedzje litte13. In lytse minderheid fan min­sken dy't tige bewust mei har taal dwaande binne, sil eksplisyt fan 'e media fer-wachtsje, c.q. easkje, dat it taalgebrûk yn oarder is. Sokken hâlde it taalgebrûk fan 'e media dan ek goed yn 'e rekken. Omrop Fryslân, mar ek it NOS-Journaal, krijt fia brie­ven, telefoantsjes. ynstjoerde en oare stikken krityk op it taalgebrûk. Gauris wurdt der fan útgien dat ferkeard taalgebrûk troch de media in negatyf effekt hawwe sil op it deis­tige taalgebrûk fan 'e grutte massa. Yntuityf slút ik my by dy miening oan. It soe ek betsjutte dat geef taalgebrûk in positive ynfloed hat op it algemiene taalgebrûk. Pieter de Groot (Leeuwarder Courant 4-12-1992) liket fan dat léste út te gean: De meiwur­kers fan Omrop Fryslân tsjinje neffens him "as foarbyld, wat de taal oanbelanget. OF-meiwurkers binne dus ymplisyt wol deeglik taalbefoarderer, en as harren foarbyld net doocht, kinne berops-taalbefoarderers as Rindert Straatsma wol ophâlde [...] En al sille hja it net wêze wolle, de Frysk[e] omrop mei dan gjin 'ynstrumint' wêze, hy is wol in ûnderdiel fan de beweging".

Ik tink dat De Groot gelyk hat, en dêrom is my de redenaasje fan Van Duinen, Tolsma en Verschoor wat al te maklik. Fansels, sawol Omrop Fryslân Nijs as de NOS hawwe as earste taak om it nijs troch te jaan, mar beide kinne se dêr by út noch yn net sûnder de taal. Taal is hjir essinsjeel. By it krekt en suver oerbringen fan it nijs heart krekt en suver taalgebrûk, at dat no yn it Nederlânsk of it Frysk is en at jo no taalbefoar-derje wolle of net16. Wat dat oanbelanget slút ik my fan herten oan by wat De Groot fierder seit: "Wa't it Frysk as fiertaai [foar radio-útstjoerings AD] foar kar nimt, hat de plicht dat sa goed mooglik te brûken". Dat is yndie wol it minste wat jo fan 'e brûkers

266

wumkes.nl

MMrysk

fan in offisjeel medium as radio (en televyzje) ferwachtsje meie. Dat sil ek myn út-gongspunt wêze yn § 12. dêr't ik de gevens fan it Frysk dat brûkt is yn 'e radio-nijsút-stjoerings yn hifkje sil.

12. De gevens fan it taalgebrûk

De measte Frysktalige lju sille gever Frysk skriuwe as dat se prate. Op skrift hawwe de measten oanstriid om krekt eefkes gever te wezen as yn mûnlinge taalsituaasjes. Im­men dy't sûnder euvelmoed steeds, sleutel of'ferdediger seit, sil nei alle gedachten hiel-txd, kaai enferdigener skriuwe. De nijsredakteuren sitte wat dat oanbelanget yn wat in aparte situaasje. Sy leverje skreaune tekst, mar it is it doel dat dy tekst mûnling trochjûn wurdt. Boppedat moatte sy oanslute by it omgongsfrysk: gjin tsjûge, heilbui, tafersjoch of nammers brûke at getuge, hagelbui, tasicht of trouwens ek kin17. De driuw om oan te sluten by it omgongsfrysk is der nei alle gedachten de oarsaak fan, dat men yn 'e nijsútstjoerings gans hollanismen beharkje kin. It feit dat guon redakteuren it Frysk net genôch yn 'e macht hawwe, sil dêr nammers ek wol debet oan wêze.

Hjirûnder jou ik in seleksje fan flaters dy't ik yn it materiaal tsjinkaam bin (tusken heakjes wurdt it geef-fryske ekwivalint jûn). It is min út te meitsjen oft it giet om be­wust brûkte hollanismen as gefolch fan 'e eangst om te fier by it omgongsfrysk wei te reitsjen, of om flaters dy't werom te fieren binne op in ûnfoldwaande behearsking fan it Frysk (of sleauwens?) fan 'e oanbelangjende redakteur:

akkerbou (ikkerbou), bedankt (betanke), behearsgebieden (-gebieten), bejaarden (lju op jierren, âlderein), belove (tasizze), bestemmingsplan (bestimmings-), betreft (oanbelanget), bewaakte (be-wekke), bewake (beweitsje), buren (buorlju), burgermaatskippij (boarger-), diefstal (dieverij, stel­de rij), earste oanrekking mei it teater (it earste yn 'e kunde kommen ...), ferskeidene (ferskate), †inansien (finânsjes), foarlopich (ynearsten, foarriedich), foarwaardlike straf (straf mei betingst(en)),foedselfoarsjenning (fiedsel-Iitens-), fytsstrook (-stripe). gebeurd (bard), gegadigde {gadingmakker), gesondheid (sûnens), gespreksgroep (petear-, praat-), gift (jefte), goedkeurd (goedkard), goeie hoop (... hope), in slach om 'e e arm (... earmtakke). in proseduere op gong sette (... \n ...). yn it Hearrenfean (op ...), yn elk gefal (yn alle gefallen), yn 'e gaten hâlde (yn 'e rekken ...).ynfulling (ynfolling), it hûssmoargens (de ..f,jongeren (jongerein), koart geding (koart pleit), korrels (kerrels), kostende (kostjende), kraakaksje (kreakaksje), krakers (kreakers). langdurich (lang, in lange tiidfan), legerfoertugen (-reauwen), levensmiddelenwinkels (libbensmiddels-). lijn (line), mei namme (benammen). mei in ton oerskrieden (mei in ton boppe [de begrutting] gien), minder... dan (minder ... as), nevenfesliging (njonkenfestiging), oanfullende (oanfoljende), oan-gifte (oanjefte), oerlange ... (lange ... oer), ôfperst (ôfparse), omskolingsprojekt (weropliedings-projekt), op in bepaald momint (op in stuit), pand (pân), per oere/jier (de oere/it jier), plaknammeboerden (-buorden). poging (besykjen): Raad van State (Steatsried), projektmatich {-mjittich). ronde (omgang <sport>). selfstandich (selsstandicK), skelpen (skulpen). snelheid (faasje). staat (steat). tegearre (faak brûkt foar mear as twa persoanen. moat mei-inoar wêze). ter beskikking (ia ...). toch (dochs), tûzend (tûzen), twadde tak (... tûke). útgongsjûn (útgeans-). út-sendburo (stjoer-), waardepapieren (wearde-), wielerbaan (hurdfytsbaan).

In faak foarkommende flater is it ynfoegjen fan 'e meartalsútgong /; achter it earste part fan gearstallings: arsjitektenburo, bedriuwensinstrum, dierercmishanneling, ledengear-komste, steatewleden, tsjinsteflsmtrum. De meartalsútgong n wurdt ek gauris te'n ûn-rjochte brûkt achter de tiidrekoantsjuttings moanne/oere/wike: (feroardiele ta tsien) moannen/oeren/wiken (ferlykje: tsien jier).

Hyperkorreksje, it sa goed dwaan wolle dat je it krekt ferkeard dogge, is nei alle ge­dachten de achtergrûn foar it brûken fan faaks (miskien) dëv'tfaak (gauris) bedoeld wurdt.

267

wumkes.nl

Anne Dvkstru

Op sinnivo komme navenant minder flaters foar as op wurdnivo. Moai frekwint is it ferkeard brüken tan 'e foarnamwurden oan it begjin tan in betreklike bysin, bygelyks It hûs wer't/wêr't... ynstee fan It hûs der't/dêr't.... en It hûs wêryn 't... ynstee fan It hûs dêr't... yn. Lyksa wurdt taak dy brûkt foar it betreklike foarnamwurd dy't. Oare flaters op sinnivo komme net folie foar. Ik neam hjir in pear. As earste in gefal fan ferkeard byinoar lûken fan twa sinnen: de jongens(!) Menen yn Drylts in boat hierd en nei Heech fearn. Fierder in hast klassike flater as yn: 4000 bedriuwen sillefrege wurde om. dêr't it persoanlik foarwerp (yndirekt objekt) oansjoen wurdt foar it ûnderwerp. As léste in sin dêr't it getal fan 'e persoansfoarm net yn strykt mei it getal fan it ûnderwerp: de totale kosten fan alle apparatuer wurdt op syn meast 1,5 miljoen gûne.

At in redakteur net in gaadlike oersetting fine kin of wannear't er tinkt dat in beskate oersetting betizing by de harkers feroarsaakje kin, wurdt gebrûk makke fan in net-Frysk ward, mei dêrfoar de tafoeging saneamd(e). Foar noodweerexces en weiland kin ik my soks foarslelle. mar foar gastoitderbuw en schillenboer hie it no net hoegd, tocht my.

"De kritikasters hawwe it idee dat wy der mei de pet nei goaie". micnt einredakteur Tolsma yn Frysk en Frij fan 24-11 -1990. "mar dat is net sa. Wy kinne gewoan net altyd it wurdboek yn 'e hân hâlde. Mar wy hawwe wol in noarm, in oantal wurden kin der by ús ek net op troch. Oan 'e oare kant wolle wy in libben en linich Frysk brûke, dat elken-ien maklik folgje kin". Ik haw begryp foar omstannichheden as tiidsdruk en ik kin de opfettingen fan medialju oer omgongstaal en taal as kommunikaasjemiddcl oant in hichte ek neikomme, lykwols bin ik fan betinken dat it tal flaters yn 'e radionijsútstjoe-rings te heeeh is. By Omrop Fryslàn smite se der oars yndie net "mei de pet nei". Der wurde kursussen Frysk jûn foar de meiwurkers en der binne geregeld sesjes dêr't flaters dy't yn 'e útstjoerings makke binne. yn bepraat wurde. In foarbyid fan troch Omrop Fryslân sels sinjalearre flaters jou ik yn taheakke D. Guon flaters komme hyltyd wer te praat en dat komt troch in weromkommend probleem by Omrop Fryslân, nammentlik it personielsferrin; hast elke nije meiwurker en hast elke nije stazjêre makket wer de be­kende flaters. Ik haw de yndruk dat de kursussen en de flatersesjes fertuten dogge, der wurde optheden nei myn idee. alteast yn 'e nijsútstjoerings, minder flaters makke as yn it tiidrek dat ik ûndersocht haw.

13. Ta bes hit

Yn it foargeande haw ik besocht om de skaaimerken nei te gean fan it radionijs as apart tekstskift. It die bliken dat it radionijs en de teksten út de folsleine taaidatabank fan 'e Fryske Akademy benammen útinoar rinne at it giet om frekwinsjegegevens en wurd-skat. Foar in part binne dy ferskillen te ferklearjen út it karakter fan it nijs en dus fan 'e nijsútstjoerings. dêr't ferslach yn dien wurdt fan dingen dy't opfalle neffens it ge-woane. Soks hat streekrjocht gefolgen foar de folchoarder yn 'e frekwinsjelist en foar de wurdskat. Dat de wurdskat fan it radionijs navenant lyts blykt te wezen, sit him yn 'e tematyske iensidigens fan it nijs, benammen ûngemakken en berjochten fan oerheid en bedriuw slibben. In soad berjochten gean dêrtroch yn wezen oer itselde en der is faak net folie fariaasje (mooglik) dêr't it giet om de wurden dy't brûkt wurde (kinne) om it berjocht troch te jaan.

Mei't it nijs ferslach docht fan dingen dy't alle dagen om ús hinne barre, leit de On­derstelling foar de hân dat it nijs ek in byld jout fan ús hjoeddeiske maatskippij. Om dat foar it radionijs fan Omrop Fryslân nei te gean. is mei help fan 'e TDB-kompjûter in se-leksje makke fan alle wurden dy't allinnich mar yn it subkorpus radionijs foarkamen.

268

wumkes.nl

Nijsfrysk

en dus nearne oars yn it folsleine korpus fan goed 14 miljoen tokens. Ut dy seleksje komt yndie nei foaren ta wat spilet yn ús hjoeddeiske maatskippij. Ut it materiaal haw ik foarbylden helle dêr't de Fryske maatskippij yn nei foaren komt as aksje- of protest­maat skippij, as in maatskippij dy't beynfloede wurdt troch in achterútgeand miljeu en troch it ferkear, en as in maatskippij, dêr't de húshâlding net mear it fanselssprekkende en feilige bolwurk fan foarhinne yn is.

Wiidwcidich haw ik stilstien by myn twadde ûndersyksfraach, de mooglike ynfloed fan "e media yn it algemien, en fan Omrop Fryslân yn it bysûnder, op 'e taal en de taal-hâlding fan it publyk. Ik nim oan dat dy ynfloed der is, al haw ik dêr, likemin as oaren foar my, gjin bewizen foar fûn. Fanwegen de foarbyldfunksje op it mêd fan 'e taal dy't ik oan 'e media taskriuw, fyn ik dat by de media, dus ek by Omrop Fryslân, suver taal­gebruik foaropstean moat. It is my bekend dat der minsken binne, benammen by de me­dia, dy't my de foarbyldfunksje fan 'e media ûntstride wolle. It is fansels mooglik dat ik mis bin, mar dan betsjut dat noch net dat it mei it taalgebrûk sa krekt net komt. At men jin ta it publyk rjochtet fia in offisjeel medium as. yn ús gefal, de radio, dan liket it my fanselssprekkend ta, dat soks dien wurdt yn geve en suvere taal. Ik haw mei foarbylden sjen litten dat dêr noch al ris wat oan mankearret. Dat wol lykwols net sizze dat de Iju har by de (nijs)redaksje fan Omrop Fryslân net om 'e taal bekroadzje, troch kursussen Frysk en it sinjalearjen en bepraten fan flaters, wurdt stribbe nei it brûken fan Frysk dat troch de mesken kin.

Naaten

1. It materiaal dêr't dit artikel op weromgiet. is beskikber steld troch Omrop Fryslân. By diz-zen wol ik Omrop Fryslân-direkteur M. de Boer dêr graach foar tanksizze. Myn tank giet ek út nei Rein Tolsma, einredakteur fan Omrop Fryslân. dy't hyltyd klear stie om fragen fan myn kant te beänderjen en dy't boppedat in eardere ferzje fan it artikel fan kommentaar foarsjoen hat. Syn kommentaar en dat fan myn kollega's Rienk de Haan. Jarich Hoekstra, Jogchum Reitsma. Durk Veenstra en Willem Visser is it einprodukt grif net minder fan wurden.

2. Foar in beskriuwing fan 'e taaidatabank sjoch Dykstra & Reitsma (1993). 3. Dat hawwe se nammers mienskiplik mei har kollega's fan it NOS-Journaal (sj. Van Sterken­

burg (1989:22)). 4. Fansels soe men guon fan de gearstallings dy't hjir neamd wurde ek yn 'normaal' taalgebrûk

altyd brûkc ynstee fan omskriuwingen. Dochs krijt, neffens Van Sterkenburg (1989:76). "die taaieconomie [in de journaaltaai] meer dan elders vorm in het bijzonder grote aanbod van samenstellingen".

5. Ta fergeliking: it Frysk/Nederlânsk hânwurdboek (1984) hat mei-inoar om 'e 58.000 lem-mata hinne.

6. De formule dêr't it tal lemmata mei útrekkene wurde kin. giet sa: nim it tal types mei de frekwinsjeien en tel derby op de rest dield troch fjouwer. Yn ús gefal: 14.802 + (11.961:4) = 17.792. Van Sterkenburg (1991:65) jout foar 11,5 moanne NOS-Journaal likernôch 695.000 tokens en 57.240 types. Ik nim oan dat de helte fan 'e types mar ien kear foarkomt. Yn 'e for­mule wurdt dat dan: 28.620 + (28.620:4) = 35.775. Van Sterkenburg (1991:65) komt nam­mers. troch it ferkeard tapassen fan 'e formule op mar 15.000 lemmata foar it NOS-Journaal. Syn konklúzje dat. wat it NOS-journaal oangiet, it "opmerkelijk is [...] dat het aantal ver­schillende woorden relatief beperkt is", is dus net terjochte.

7. Der is yn alle gefallen ien tekst dêr't fia it medium boek, de ynfloed fan op in taal sûnder mis oan te wizen is. en dat is de Bibel. Tink allinnich mar ris oan it grutte oantal sprekwurden en siswizen dat fia de Bibel yn 'e taal/talen telâne kaam is.

8. By Drosdowski/Henne (1980:623) fine wy bygelyks it idee dat it troch radio en televyzje komme soe, dat it langer duorret ear't yn (West-)Dútslân wurden fan Amerikaansk/Ingelsk

269

wumkes.nl

Anne Dxkslra

komôf oanpast wurde oan 'e Dútske útspraak. Dat soe dan komme om't harkers en sjoggers allegeduerigen fia radio en televyzje mei de "krckte" Amerikaansk/Ingclske útspraak kon-frontrearre wurde. It liket der sels op, as soe troch de elektroanyske media it Dútske fone-tyske systeem útwreide wêze mei bygelyks de /0/ yn / Gin/ en de /dzj/ yn /dzjop/. Fan in oare oarder binne gjalpen lykas: aju paraplu, pollens, hou je der buiten. Kok en jemig de pemig. dy't troch populêre radio- en televyzjeprogramma's (meast tydlik) yn 'e taal telâne kaam binne. It troch in radiokwis populêr wurden hamvraag is sels yn 'e wurdboeken opnaam. Fia de media kinne ek wurden dy't yn ûnbrûk rekke binne, wer in plakje yn it deistige taalge-brûk krije. Omrop Fryslân soe der bygelyks foar soarge hawwe dat it wurd skonk yn it Frysk wer mear brûkt wurdt (Tolsma yn Frysk en Frij 24-11-1990).

9. It is net iens mooglik om krekt te sizzen at en hoe't de media-reklame de kar fan 'e konsu-mint beynfloedet. hoe soe dan wol oan te jaan wêze at en hoe't der ynfloed is op sokssawat abstrakts as taal? (Brandt (1985:1672)). Ferlykje MacLean (1994:1826): "There is an un-ending scope for speculation about the effects on and of language in all the many interrelat-ed activities outlined above. There is an immense difficulty in instituting valid research into the causes and effects. the influences. and the impacts of journalistic activities". De suver wat ferhearde konstatearring fan Beheydt (1991:8) dat wy eins neat witte fan 'e skaaimerken fan de(!) omroptaal en "evenmin beschikken [...] over onderzoeksresultaten betreffende de normerende invloed van de omroeptaal". fernuveret my dan ek net.

10. De lanlike Fryske televyzjeprogramma's hawwe in fêst publyk fan 150.000 minsken, mei útsjitters nei 250.000 oant 300.000 ta. De Fryske radio berikt alle dagen 125.000 harkers, dat is in berik fan 27% fan 'e Fryske befolking fan 13 jier en âlder. Dat makket Omrop Fryslân it best beharke radiostasjon yn Fryslân. (Boarne: net-datearre Radio- en tclevyzjekrante fan Omrop Fryslân (begjin 1994)).

1 1. Dat Omrop Fryslân suver troch it kiezen foar it Frysk as (earste) fiertaai al oan taalbefoar-derjen docht, sil foar nimmen yn 'e kiif stean. Jelsma (1984:220). bygelyks. hat tink folslein gelyk at er seit dat de kar foar it Frysk "Ut de twatalige situaasje yn Fryslân wei sjoen [... ] en sjoen de status fan beide talen [...] fan emansipatoaryske betsjutting foar it Frysk [is]".

12. Ferlykje Omrop Fryslân-einredakteur Tolsma yn Fiysk en Frij fan 24-1 1-1990: "Tusken de ekstremen 'âldfrinzich" en 'folslein ferkeard' sit in grut dizenich gebiet. Dêr operearje wy".

13. Ferlykje ek de folgjende passaazje út in memorandum fan 'e meiwurkers fan studio Ljou-wert oan "e NOS fan maart 1976 (oernaam út Janzen (1980:221)): "Het bevorderen van het gebruik van de Friese taal past niet in de uitgangspunten binnen het raam van de doelstelling van de Regionale Omroep Friesland. De programma's worden vanuit de tweetalige situatie in Friesland lot stand gebracht en de programmamakers zullen gewoonlijk het Fries als voer­taal in de programma's gebruiken, zolang dit op grond van de practische taaiverhoudingen in de Friese samenleving hanteerbaar en verdedigbaar is. Het gebruiken van het Nederlands (en voor andere talen geldt hetzelfde) is absoluut niet in strijd met de doelstelling van de re­gionale omroep".

14. By it NOS-Journaal is nammers al in taalkommisje ynsteld. dy't teksten besjocht op flaters en rieplachte wurde kin troch elkenien dy't dêr ferlet fan hat. De taalkommisje soarget ek ge­regeld foar útlis oer taalproblemen (Verschoor (1992:15)).

15. Ferlykje bygelyks Van Poecke & Van den Bulck (1991:83): "[Er] is [...] momenteel een con-census om de positieve en cruciale rol van de media, in het bijzonder van de omroep, t.o.v. de taal te onderstrepen. De taalvariëteit die in de massamedia en meer bepaald in de omroep, gebruikt wordt is. zo wordt gezegd, veelal de standaardtaal. Door de belangrijke functies die de media vervullen, zal de taalgebruiker voor zijn taalnormbewustzijn zich veeleer oriënte­ren op de taal die in de massamedia gebruikt wordt dan wel op de literaire taal, waarbij de omroeptaal zelf vaak gezien wordt als de belichaming van de standaardtaal". En Van Ster­kenburg (1990:74): "Er ontstaat [...] de houding 'het Journaal gebruikt het, dan zal het wel goed zijn'. Het Journaal is een van de belangrijkste trendsetters voor de norm van het Neder­lands". Holly en Püschel (1993:150) doarre ek sûnder hurde bewizen de stelling wol oan dat "Der Sprachgebrauch im Fernsehen [...] in vielfältiger Weise Vorbild geworden [ist] eine These die gewiß nicht sehr gewagt ist".

270

wumkes.nl

Nijsftysk

16. Bell (1991:2) ferwurdet it sa: "News is determined by values, and the kind of language in which Ihat news is told reflects and expresses Ihose values. Audiences feel that the way in which language is used raust affect the content of what we receive from the media". Yn in ynterview seit Rajendre Khargi. haadredakteur radionijstsjinst ANP: "Omdat nieuws heel nauwkeurig luistert, moet je de juiste bewoordingen gebruiken. Vakjargon en modernismen kun je je niet permitteren" (Algemeen Dagblad 31-10-1991). Ferlykje ek Verschoor (1992:14): "Journaal-teksten behoren helder geschreven te zijn, anders bestaat de kans dat de informatie niet overkomt".

17. Tsjûge(n) en tafersjoch binne oars al brûkt yn 'e nijsútstjoerings, respektivelik 23 en 10 kear. Oare gefallen dêr't de gevere ynstee fan de omgongsfryske fariant fan brûkt is binne: -eftige (-achtige). ynlânske (binnenlânske). misledigje (beledigje). stavering (spelling), stipe (steun).

Literatuer

Behcydt, Ludo. red. (1991a) Taal en Omroep. (Nederlandse Taalunie, Voorzetten 33). 's-Gravenhage.

Beheydt, L. (1991b) "Woord vooraf". Yn: Beheydt (1991a), pp. 8-9.

Bell, Allan (1991) The Language of News Media. Oxford UK & Cambridge USA.

Biere, Bernd Ulrich en Helmut Henne, red. (1993) Sprache in den Medien nach 1945. (Reihe Germanistische Linguistik; 135). Tü­bingen.

Brandt, Wolfgang (1985) "Hörfunk und Fernsehen in ihrer Bedeutung für die jüngste Geschichte des Deutschen". Yn: Besch, W.. O. Reichmann en S. Sonderegger (Hrsg.), Sprach­geschichte. Ein Handbuch zur Geschichte der deutschen Sprache im ihrer Erfor­schung. 2 Halbbd. Berlin, New York. pp. 1669-1678.

Breuker, Pieter (1993) Noarmaspekten fan it hjoeddeiske Frysk. [Diss.]. Groningen.

Dykstra, Anne en Jogchum Reitsma (1993) "De struktuer en de ynhâld fan 'e Taaidatabank fan it Frysk". Yn: It Beaken, LV. 2, pp. 55-82.

Drosdowski, G. en H. Henne (1980) "Tendenzen der deutschen Gegenwartssprache". Yn: Althaus, H.P., H. Henne en H.E. Wiegand (Hrsg.), Lexicon der germanistischen Linguistik. 2 Aufl., Tübin­gen, pp. 619-632.

Fluck, Hans-R. (1993) "Zur Entwicklung von Rundfunk und Rundfunksprache in der Bundesrepublik Deutschland nach 1945". Yn: Biere en Henne, pp. 87-107.

Holly. Werner en Ulrich Püschel (1993) "Sprache und Fernsehen in der Bundesrepublik Deutschland". Yn: Biere en Henne, pp. 128-157.

Janzen, Jan Pieter (1980) "De Friezen en de media - in oersjoch". Yn: De Strikel, 23, 7/8, julyVaugustus 1980. pp. 215-226.

Jelsma. G.H. (1984) "De media". Yn: D. Gorter e.o. Taal v« Fryslâir, Ljouwert, pp. 206-227.

MacLean. C. (1994)

271

wumkes.nl

Anne Dxkstra

"Journalism". Yn: The Encxclopedia of Language and Linguistics. Vol. 4. pp. 1822-1827.

Poecke, L. van en H. van den Bulck (1991) "Taal en Omroep. Een schets van de evolutie in het taalbeleid van de Vlaamse Openbare Omroep". Yn: Beheydt (1991a), pp. 83-108.

Reinke, Marlies (1993) "Jugend, Sprache und Medien nach 1945 - Beispiele aus Rundfunksendungen". Yn: Biere en Henne, pp. 108-127.

Sterkenburg, P.G.J. van (1989) Taal van het Journaal. Een momentopname van hedendaags Nederlands, 's-Gravenhage.

Sterkenburg, P.G.J. van (1990) "Taal van het journaal". Yn: Onze Taai 5, pp. 74-75.

Sterkenburg. P.G.J. van (1991) "Iets over de woordenschat van het NOS-journaal". Yn: Beheydt (1991a), pp. 64-73.

Verschoor, Peter (1992) "De taal en het NOS-Journaal". Yn: Onze Taal, 1. pp. 14-15.

272

wumkes.nl

Xijsfrysk

TAHEAKKE A: Neffens frekwinsje oardere list fan 'e earste 150 types út it subkorpus radionijs. mei dêr achter it plak dat de yn 'e earste kolom neamde wurden yn 'e fre-kwinsjelist fan it folsleine TDB-korpus fan 14,2 miljoen hawwe (kolom 3). Yn 'e beide léste kolommen vvurdt it persintaazje oanjûn dat de wurden útmeitsje fan respektivelik it subkorpus en it folsleine korpus. At der yn 'e kolommen fan 'e TDB streekjes steane (--). dan betsjut dat dat dy wurden dêr net by de 1000 heechst frekwinte types foarkomme.

WURD

de fan it yn in en is op dat foar mei der te hat wurde net oan by om 'e út ek jier nei binne sil troch gemeente wurdt Ljouwert neffens dy't noch gûne wol oer moat as

PLAK NIJS

1 2 3 4 5 6 7 8 9

10 11 12 13 14 15 16 17 18 19 20 21 22 23 24 25 26 27 28 29 30 31 32 33 34 35 36 37 38

TDB

1 4 2 6 5 3

13 9 7

20 10 14 16 40 61

8 22 31 29 11 39 23

113 33 54 64 53

371 76

293 216

34 38

417 32 42 67 17

FREKW. % NIJS

8,10 3.96 3.87 2.87 2,58 1,79 1,55 1.38 1.36 1.21 1,01 0.98 0,80 0,76 0.69 0.65 0.61 0,58 0,57 0,54 0.52 0.52 0.48 0,43 0,43 0,43 0,42 0,41 0,41 0.38 0,39 0,37 0,38 0,37 0,35 0.35 0,33 0.33

TDB

4,38 2.13 3.24 1.85 2,11 2,88 0.97 1,16 1.55 0.69 1.04 0.96 0,93 0,40 0,21 1,21 0,67 0.54 0.57 1.01 0,41 0,64 0,10 0.52 0,25 0,20 0,25 0,03 0,16 0.03 0.05 0,49 0,44 0,02 0,52 0,40 0,18 0.84

273

wumkes.nl

Anne Dykstra

WURD

wie mear dit Fryslân waard mar ha no nije van oant dy al moatte juster twa man gjin dan tsjin kin plysje giet dizze justerjûn hy oare wat soe komme sa Hearrenfean komt miljoen ien minsken sille ta se bekend hjoed tusken provinsje alle der hie

PLAK NIJS

39 40 41 42 43 44 45 46 47 48 49 50 51 52 53 54 55 56 57 58 59 60 61 62 63 64 65 66 67 68 69 70 71 72 73 74 75 76 77 78 79 80 81 82 83 84

TDB

19 52 69

177 72 15 68 44

175 161 207

21 41

105 745 119 82 56 36 78 58

771 126 90

— 25 74 27 55 95 35 -_. 92 . . . 62

107 158 50 24

484 377 129 658

84 46 37

FREKW. % NIJS

0,32 0,32 0,29 0,29 0,28 0,27 0,25 0,26 0,25 0,24 0,23 0.23 0,21 0.21 0.21 0,20 0,19 0,20 0,18 0,18 0,18 0,17 0,18 0,17 0.17 0,17 0.16 0,16 0,15 0.16 0,16 0.15 0.15 0,16 0,15 0,15 0,14 0,15 0,14 0,15 0,13 0.14 0,13 0,14 0,13 0,13

TDB

0,75 0,26 0,17 0,06 0.17 0,95 0.18 0.38 0,06 0,07 0,05 0,67 0.40 0,10 0,01 0,09 0,14 0.25 0,47 0,16 0.22 0,01 0,08 0.12 ___.

0.60 0,16 0,59 0,25 0.12 0,48 —

0,12 —

0,20 0,10 0,07 0,27 0,64 0,02 0,03 0,08 0.01 0,13 0.33 0.46

274

wumkes.nl

Nijsfrysk

WURD

sa'n makke har syn kinne at goed jild ried trije Fryske wike earste wer Drachten ûnder grutte Snits wêze wyn B auto moarn plannen W ûndersyk plak waar graden omdat nij earder sei tal west krije lykwols bedriuw dien him bliken boppedat wolle mooglik frou stellen

PLAK NIJS

85 86 87 88 89 90 91 92 93 94 95 96 97 98 99

100 101 102 103 104 105 106 107 108 109 110 111 112 113 114 115 116 117 118 119 120 121 122 123 124 125 126 127 128 129 130

TDB

104 143 30 26 94

732 80

280 570 200 165 353 152 48 —

100 112 867

75 355 376 480 335

— 464 621 184 440

— 404 342 327

60 457

96 251 202

— 176 28

444 568 219 339 141 892

FREKW. % NIJS

0,13 0,13 0,12 0,13 0,12 0,13 0,11 0,12 0,12 0,11 0,11 0,11 0,11 0,11 0,11 0.10 0,10 0,09 0,10 0.10 0.09 0,10 0,09 0,10 0,09 0,10 0,09 0,08 0,09 0,09 0,08 0,09 0,09 0,08 0,08 0,08 0,08 0,08 0,08 0,08 0,08 0,07 0,08 0,08 0,08 0,07

TDB

0,10 0,07 0,56 0,60 0.12 0,01 0,15 0,04 0,02 0,05 0,06 0.03 0,07 0,30 —

0,11 0,10 0.01 0,16 0,03 0,03 0,02 0,03 . . . .

0,02 0,01 0,06 0,02 —

0,02 0,03 0,03 0,21 0,02 0,11 0,04 0,05 —

0,06 0.59 0.02 0,02 0.05 0,03 0,07 0,01

275

wumkes.nl

Anne Dykstrci

WURD

lykas boargemaster grut twadde oere earst beide halden kaam docht doel ton sels rekke fynt bestjoer stiet wurk fierder fjouvver

PLAK NIJS

131 132 133 134 135 136 137 138 139 140 141 142 143 144 145 146 147 148 149 150

TDB

326 805 215 362 325 148 174 272

77 222 381 ___ 91

502 671 636 155 151 198 366

FREKW. <7r NIJS

0.08 0.07 0,08 0.07 0.07 0.08 0,07 0.07 0.07 0.07 0,07 0.06 0.07 0.07 0.07 0.06 0.06 0,07 0.06 0.07

TDB

0.03 0.01 0.05 0.03 0.03 0.07 0.06 0.04 0,16 0.05 0.03

0.12 0.02 0.01 0.01 0.07 0.07 0.05 0.03

276

wumkes.nl

.\:ijsfrysk

TAHEAKKE B: Oersjoch fan 'e kumulative pcrsintaazjes fan 'e earste 150 types fan it subkorpus radionijs njonken dy fan it folsleine TDB-korpus fan 14.2 miljoen tokens.

PLAK NIJS TDB PLAK NIJS TDB

1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15 16 17 18 19 20 21 22 23 24 25 26 27 28 29 30 31 32 33 34 35 36 37 38 39 40 41 42 43 44

8.10 12,06 15.93 18.80 21.38 23.17 24.72 26.10 27.46 28.67 29.68 30.66 31.46 32.22 32.91 33.56 34.17 34.75 35.32 35,86 36.38 36.90 37.38 37.84 38.27 38.70 39.12 39.53 39.94 40.32 40.71 41.08 41.46 41.83 42.18 42.53 42.86 43.19 43.51 43.83 44.12 44.41 44.69 44.96

4.38 7.62 10.50 12.62 14.73 16.58 18.13 19.34 20.50 21.54 22,55 23.53 24.49 25,45 26.40 27.33 28.17 29.00 29.75 30.44

33.66

36.57

39.12

41.30

45 46 47 48 49 50 51 52 53 54 55 56 57 58 59 60 61 62 63 64 65 66 67 68 69 70 71 72 73 74 75 76 77 78 79 80 81 82 83 84 85 86 87 88

45.21 45.47 45.72 45.96 46.19 46.42 46.63 46,84 47,05 47.25 47,44 47,64 47.82 48.00 48.18 48,35 48.53 48.70 48.87 49,04 49.20 49,36 49.51 49.67 49.83 49.98 50.13 50.29 50.44 50.59 50.73 50.88 51.02 51.17 5 1.30 5 1.44 51.57 51.71 51.83 51.96 52.09 52.22 52.34 52.47

43.21

44.69

45.97

47.09

48.09

48.98

49.81

50.60

51.29

277

wumkes.nl

Anne Dxkstra

PLAK NIJS TDB PLAK NIJS TDB

89 90 91 92 93 94 95 96 97 98 99 100 101 102 103 104 105 106 107 108 109 110 111 112 113 114 115 116 117 118 119

52,59 52,72 52,83 52,95 53,07 53,18 53,29 53,40 53,51 53,62 53,73 53,83 53,93 54,02 54,12 54,22 54,31 54,41 54,50 54,60 54,69 54,79 54,88 54,96 55,05 55,14 55.22 55.31 55.40 55,48 55,56

51.92

52,51

53,06

53,58

54,10

54.59

120 121 122 123 124 125 126 127 128 129 130 131 132 133 134 135 136 137 138 139 140 141 142 143 144 145 146 147 148 149 150

55.64 55,72 55,80 55,88 55,96 56.04 56,11 56,19 56,27 56,35 56.42 56,50 56,57 56,65 56.72 56,79 56,87 56,94 57.01 57.08 57,15 57,22 57.28 57,35 57,42 57,49 57,55 57,61 57,68 57,74 57,81

55.06

55,49

55,90

56.29

56.67

57.03

57,39

278

wumkes.nl

Nijsfrxsk

TAHEAKKE C: top-40 fan haadwurden út it radionijs. de getallen slagge op it tal kea-ren dat de wurden foarkomme.

jier gemeente gûne man plysje miljoen minsken provinsje jild ried wike wyn auto plannen B en W ûndersyk plak waar graden tal bedriuw frou boargemaster oere doel ton bestjoer wurk brân stuit káns kolleezje deputearre temperatuer gemeenten dyk kosten bedrach wethâlder plan

1857 1600 1434 768 683 593 587 525 457 453 424 381 371 370

± 366 359 355 340 335 317 309 296 289 285 266 264 253 253 243 243 241 236 234 233 224 222 222 221 216 215

279

wumkes.nl

Anne Dxkslra

TAHEAKKE D: Part fan in list mei flaters of minder moaie konstruksjes dy't by Omrop Fryslân sels sinjalearre binne, mei alternativen om it in oare kear better te dwaan.

TAALGEBRUK OMROP FRYSLAN RADIO/TV

MAAIE/JUNY 1994

heard yn programma

op ien hoop feegd

priis waard útrikke

iepening ferrjochte

út it ûndersyk blykt

is it iets nijs?

even snel troch

tiid om rûn te sjen

foei nei beneden

tal pasjinten is daald

sa snel mooglik

neffens de rigels

net oeral siet it even soed

better is

op ien bulte fage

útrikt, oerlange (iel is rikkc)

hat ... iepene

út ... docht bliken it ... wiist út

is it wat nijs?

gau fierder mei (even is ferfelend stopwurd: even it ANP, even muzyk: net moai)

om jin hinne te sjen

nei ûnderen

sakke. minder wurden

sa gau mooglik

... de regels

... like sioed

280

wumkes.nl