Skoalkamp Y Y Y Y foar Sufferts yn Y9 Y - NMENaturijútsteld om’t master Brent siik waard, fan...

6
Y In nij skoaljier en in nije master mei nije ideeën. It is ein septimber en wy sille, mei dy nije master Niels, op skoallereiske. It reiske wie útsteld om’t master Brent siik waard, fan ’t maaitiid al. Y Y Y Y Y Y Y Y Skoalkamp foar Sufferts yn 9 ûnferjitlike flaters Nee, fansels net, dat wie sarkasme. Sokke skoallen hawwe wy yn Fryslân ommers hielendal net, de measten steane júst, just krekt op omwippen. It reiske wie útsteld om’t master (hjir is wol master brûkt, dêrom ha we dat yn it hiele stik feroare) Brent siik waard, fan ’t maaitiid al. Wat ik dan no eins fertelle wol? Moarn geane, sille wy op skoallereiske, hiel aardich fansels, mar sjoen myn sosjale status is in meardaachs skoallereiske sis mar net myn favorite hobby. Ik sliep leaver thús, yt leaver gjin weake ma- karoany en hâldt net fan stomme stikjes op de bûnte jûn. Om dy fan in freeslik skoalkamp te rêden; lear fan myn ûnferjitlike flaters. 9 Om dy fan in freeslik skoallereiske te rêden; lear fan myn ûnferjitlike flaters # S Moarn sille wy dan dus einliks op skoallereiske, hiel aardich fansels, mar sjoen myn sosjale status is in meardaachs skoallereiske sis mar net myn favorite hobby. Ik sliep leaver thús, yt leaver gjin weake makaroany en hâldt net fan stomme stikjes op de bûnte jûn. Om dy fan in freeslik skoallereiske te rêden; lear fan myn 9 ûnferjitlike flaters.

Transcript of Skoalkamp Y Y Y Y foar Sufferts yn Y9 Y - NMENaturijútsteld om’t master Brent siik waard, fan...

Page 1: Skoalkamp Y Y Y Y foar Sufferts yn Y9 Y - NMENaturijútsteld om’t master Brent siik waard, fan ’t maaitiid al. Y Y Y Y Y Y Y Skoalkamp Y foar Sufferts yn 9 ûnferjitlike flaters

YIn nij skoaljier en in nije master mei nije ideeën. It is ein septimber

en wy sille, mei dy nije master Niels, op skoallereiske. It reiske wie

útsteld om’t master Brent siik waard, fan ’t maaitiid al.

Y

Y Y

Y

Y

Y

YYSkoalkamp

foar Sufferts yn 9 ûnferjitlike flaters

Nee, fansels net, dat wie sarkasme. Sokke skoallen hawwe wy yn Fryslân ommers hielendal

net, de measten steane júst, just krekt op omwippen.

It reiske wie útsteld om’t master (hjir is wol master brûkt, dêrom ha we dat yn it hiele stik

feroare) Brent siik waard, fan ’t maaitiid al. Wat ik dan no eins fertelle wol? Moarn geane,

sille wy op skoallereiske, hiel aardich fansels, mar sjoen myn sosjale status is in meardaachs

skoallereiske sis mar net myn favorite hobby. Ik sliep leaver thús, yt leaver gjin weake ma-

karoany en hâldt net fan stomme stikjes op de bûnte jûn.

Om dy fan in freeslik skoalkamp te rêden; lear fan myn ûnferjitlike flaters.

9Om dy fan in freeslik skoallereiske te

rêden; lear fan myn ûnferjitlike flaters

#

SMoarn sille wy dan dus einliks op skoallereiske, hiel aardich fansels,

mar sjoen myn sosjale status is in meardaachs skoallereiske sis mar net

myn favorite hobby. Ik sliep leaver thús, yt leaver gjin weake makaroany

en hâldt net fan stomme stikjes op de bûnte jûn. Om dy fan in freeslik

skoallereiske te rêden; lear fan myn 9 ûnferjitlike flaters.

Page 2: Skoalkamp Y Y Y Y foar Sufferts yn Y9 Y - NMENaturijútsteld om’t master Brent siik waard, fan ’t maaitiid al. Y Y Y Y Y Y Y Skoalkamp Y foar Sufferts yn 9 ûnferjitlike flaters

Y

YFlater 1 Yt noait alle snobbersguod yn 1x opBy it middeisiten de earste dei, eigenwize-Evi-en-dy sitte op 15 meter rjochts en freesli-

ke-Fender sit mei syn kammeraden op 7 meter links fan my, servearret de keukenploech

makaroany. Honger dat ik ha, leppelje ik de panne yn ien kear leech. De weake pasta, de

bleke smek en de lije reade saus misse harren útwurking net; mei’t ik de lêste hap trochslok

fiel ik my de mage kearen. Myn eagen wurde grut as pantsjes, ik hâld de siken yn en koarje

de hiele brot sá oer juf Azra hinne. De fierdere dei oerlibje ik op sûker en e-nûmers; hearlik

kôgjend op fruitmentos en topdrop.

Flater 2 Slach noait dyn rivaal mei in baseball bat tsjin ‘e holleJuf Azra, dy mei de stikjes útkoarre makaroany yn har glânzjende donkerbrune hier, ropt;

“We gaan kastiebal spelen!”

At ik lang om let ek yn in team keazen wurd, kin it spul begjinne. Letter helje ik mei in grut-

te slinger de kneppel út, stoarje krekt wat te lang nei Daantje. Sjoch yn gedachten de bal

troch de blauwe himel snijen en hear ynienen in lûd janken. Fender leit op ‘e grûn, bloed

sipelt him út ‘e wynbrau wei. In dikke bûle dêr’t ik ‘m rekke ha. It is syn kammeraat Pier dy’t

mei syn wiisfinger ûnder myn kin pjukt en seit; “Do bist noch net jierdei, Storm Bouwma.”

WWW#

Page 3: Skoalkamp Y Y Y Y foar Sufferts yn Y9 Y - NMENaturijútsteld om’t master Brent siik waard, fan ’t maaitiid al. Y Y Y Y Y Y Y Skoalkamp Y foar Sufferts yn 9 ûnferjitlike flaters

Y

Y

Y

Y

Flater 3 Kies noait it boppeste steapelbêdIn simmerfakânsje lang fantasearre ik oer it bemachtigjen fan in boppest steapelbêd. Ik soe Fender te snel ôf wêze; The Flash op misje. Ik soe Evi-en-dy wol eefkes sjen litte hoe’t de hiërargy yn elkoar stekt. At ik dan einlings, kompleet mei bloednoas en blau each, triomfant-lik mei de holle tusken de spinreagen boppe-op it steapelbêd sit, kin myn skoallereiske net mear stikken. Who’s the man, tink ik grutsk. Oant ik wekker wurd fan in hysterysk laitsjen; Fender stiet te filmjen, de iPhone lyk boppe myn holle. Ik bin nachts fan ’t hege bêd ôfnukt, 5 seconds of fame op snapchat is myn priis?

Flater 4 Fertrou nimmen (útsein it leafste, moaiste, aardichste en slimste famke fan ‘e klasse)Wat Pier juster eins bedoelde wie: Wy pakke dy noch wol. Vríend.Mei dizze wittenskip sko ik de twadde dei oan tafel. Dy is feestlik dutsen en by it moarns-brochje meie wy ús sêd ite oan lekkers. At Luuk my in sûkerdonut oerlanget, sko ik ‘m tank-ber en sawat yn ien hap nei binnen. Mar dan is it al te let. Fan skrik slik ik de helte troch, spui wat fan de donut mei toksepoetsersguod oer is, yn myn panne. It groepke jonges bolderet fan it laitsjen. Daantje komt op my ta draven, ropt master Niels en tegearre foarmje sy in minsklike barriêre tusken my en de oaren.

Flater 5 Sjoch altyd goed om dy hinne, sadatst net yn in wepsenêst pissestNimmen kin sizze dat ik út ‘e mûle stjonk at it dûanespul begjint. Tusken ‘e beammen hat master Niels my (wat in gelok!) yndield by Daantje. Sûnder de bazige Evi njonken har, in skat fan in famke. Tegearre soargje wy foar it iene nei it oare súkses. Mei Evi as keninginne en Fender, Luuk en Pier as bijen om’e huning hinne dûnsjend, ferliest de dûanegroep glorieus. BAM! Oant ik hege need krij, gau-gau in plakje sykje en sûnder kâns in nêst wepsen oer de lulke kopkes pisje. Ik tink dat ik it wrâldrekôrd hurdrinnen op de 5000 meter ferbrutsen ha.

Flater 6 Wês wis dat dyn ferklaaiklean foar de bûnte jûn passeMei mar 1 wepsestek, stiet it gelok oan myn kant. Fol fertrouwen stap ik troch de romtes fan de kampearbuorkerij. It moaiste is, dat Daantje it hyltyd faker foar my opnimt en har ôfkeart fan de keninginne. Dy is not amused en docht der alles oan om Daantje wer yn it pestkoppe-kamp te krijen. Mei Sytse en Bo ferklaai ik my foar de bûnte jûn. At ik my yn it pak hysje sil, blykt it net te passen. Mei de rits ticht lykje ik ynstee fan in moardsuchtige rôt op in mislear-re mûs en sa begjin ik oan de histoarysk hilaryske jûn.

#

Page 4: Skoalkamp Y Y Y Y foar Sufferts yn Y9 Y - NMENaturijútsteld om’t master Brent siik waard, fan ’t maaitiid al. Y Y Y Y Y Y Y Skoalkamp Y foar Sufferts yn 9 ûnferjitlike flaters

Y

Y

YFlater 7 Gûle mei, ast yn mearkes leaust. Mar snokkerje net te lûd Master Niels ropt de klasse by elkoar at der werris in rûzje is. Ien wêrby’t ik it bokje bin. Master ferblikt net at er rêstich begjint te fertellen: “Er waren eens drie broers. Beide oud-ste vernielzuchtig en egoïstisch, de jongste met aandacht voor mens en dier.” Hy fertelt oer de âldste bruorren, dy’t de jongste ‘domoor’ neamden. Oer in ûnfertúnlike betsjoening dy’t beide âldsten ferstienne en oer domoor dy’t alles die om syn gemiene bruorren te rêden: “Mieren, eenden en bijen hielpen de jongeman, als dank voor zijn eerdere bescherming tegen de oudste, wrede koningszonen. Gezamenlijk verbraken ze de betovering. Gekroond tot Koning Domoor trouwde de jongste prins met het liefste meisje van het land, zijn broers berooid achterlatend.” At master útferteld is, sjocht er benammen Fender en Evi ynkringend oan en seit: “Eén ding staat voorop; alleen ga je sneller, maar samen kom je verder. Duw niet weg maar zeg juist; kom erbij.” Fender slacht syn eagen nei beneden. Of tenminsten, sa liket it. At alles stilfalt, hearst myn lûde ‘SNOOAARK’ dúdlik at ik myn noas ophelje en in trien fan myn boppelippe fei.

Flater 8 Pak noait sels dyn tas ynDaantje is in held, se hat de hiele bûnte jûn fêstlein yn in vlog. Boppedat hat se my dêr profi útknipt sadat master Brent myn bespotlike pakje net te sjen krijt. Master is siik, wat er krekt hat, hawwe se net ferteld. Dan sil ’t wol wat slims wêze, tocht ik doedestiids. Juf Azra stjoert de fideo troch. “Ik weet zeker dat masterrr het geweldig zal vinden!” brouket se.Mei de buken fol, fytse we nei de mar. Beachfollybal en swimme. Hie heit myn tas no mar ynpakt; ik bin de swimbroek glêd fergetten. Luuk hat it troch en wannear’t ik tink ‘dêr komt gesoademiter fan…’ komt er op my tarinnen en troppet my in swimbroek yn ‘e hân: “Dy ha ‘k oer, meist wol liene,” seit er koartôf.

Flater 9 Keapje noait in fingerdopke fan diggelguod as sûvenirFoar’t wy wer op hûs oangeane, meie wy yn groepen it stedsje yn. Ik sjoch Daantje helpleas oan at Fender-en-dy my winke en freechje: “Kom, Storm! Giest mei ús mei?”At ik begjin te hakkeljen, sjoch ik de fertroude gesichten fan Sytse en Bo feskinen; we gea-ne mei ús allen de stêd yn en strune alle winkels bydel. It liket hast as hat master Niels se betsjoene mei syn mearke, as hat er de angel út de groep lutsen. We hawwe it noch noait sá freeslik gesellich hân! Mei de sliepsek oprôle, de smoarge wask yn ‘e tas, in klasse fol nije freonen en boppe-al ferkearing mei it moaiste, leafste, aardichste en slimste famke fan skoalle gean ik wer op hûs oan: dit is werklik it moaiste skoallereiske ever.

O, en keapje noait in fingerdopke fan diggelguod, mei read-swarte wapens en in gouden rântsje as sûvenir foar dyn mem. Se sil sizze ‘Ach, wat leaf fan dy’ mar se bedoelt ‘Wat in ûnsjoch ding!’

Page 5: Skoalkamp Y Y Y Y foar Sufferts yn Y9 Y - NMENaturijútsteld om’t master Brent siik waard, fan ’t maaitiid al. Y Y Y Y Y Y Y Skoalkamp Y foar Sufferts yn 9 ûnferjitlike flaters

Y

Y

Fragen/Stellingen:1. Storm sil de famkes wolris sjen litte hoe’t de hiërargy yn elkoar stekt at hy

it boppeste steapelbêd bemachtigje sil. Wat betsjut dit wurd? Hoe is de hiërargy yn dit ferhaal en hoe is dat yn in bijenkoloanje of by eamelders?

Foarbylden:a. Gearwurkingb. Selsredsumc. Giet it goed mei it folk, dan giet it goed mei de bijd. It wurk is goed ferdielt e. Dudlike kommunikaasje

2. Yn it ferhaal is Evi, sis mar, de bijekeninginne en binne de trije jonges Fender, Luuk en Pier eins de fereale darren. Fan bijefolken kinst in protte leare, ek witten- skippers. Biomimicry is in wittenskip wêrby’t sjoen wurd nei prosessen yn de natoer. Tink bygelyks oan de sterke en enerzjysunige seishoekige konstruksje fan in huningraat. Kinne jimme mear foarbylden betinke?

Foarbylden:a. Aerodynamica (ôfsjoen fan fûgels en fisken)b. Klittebân (ôfsjoen fan de kladdebosk - of klis)c. Sensoaren (tink oan brânmelders of bygelyks oan flearmûzen)d. Reflektoaren (tink oan saneamde katte-eagen yn it fytspaad,

ôfsjoen fan? Jawol, katte-eagen)

Page 6: Skoalkamp Y Y Y Y foar Sufferts yn Y9 Y - NMENaturijútsteld om’t master Brent siik waard, fan ’t maaitiid al. Y Y Y Y Y Y Y Skoalkamp Y foar Sufferts yn 9 ûnferjitlike flaters

Y

Y

Wesp / ealjebij

Honingbij / huningbij

Y

Y

Y

Y

Y

3. Yn it mearke wolle de beide âldste bruorren bisten dea meitsje. Ut ûndersyk docht bliken dat 2/3e fan de ynsekten yn Nederlân ferdwûn is. Witte jimme hoe’t dit komt? En wat kinne we der oan dwaan om ynsekten werom te krijen.

4. Minsken binne faakris benaud foar wepsen en bijen, Storm wurdt sels stutsen. Wêrom binne dizze bisten dochs sa nuttich foar ús, minsken?

5. It mearke ‘De Bijekeninginne’ skoddet Fender-en-dy wekker, hokker les soene se fan it mearke opstutsen hawwe?

6. Oan de ein fan it skoallereiske seit Storm: “Dit is werklik it moaiste skoallereiske ever!” Hasto ek wolris sa'n omslach meimakke?

7. Yt noait alle snobbersguod yn ien kear op: Wier/Of net wier

8. Fertrou gjin minsken: Wier/Of net wier

9. Fertrou gjin bisten: Wier/Of net wier

WWW