Meidielingeblêd fan de Sékrite 14 APRIL 2018 … de BOEKEHOEKE. Healslieten boeken: mar 1 euro it...

10
Jiergong 32 Nûmer 5, Maart 2018 Oprjochte 25 novimber 1971 Lid fan it Frysk Boun om Utens Rekkennûmer NL 84 RABO 0348 113 889 RABO-bank Lelystêd Ynskriuwing K.v.K. nûmer 40059396 14 APRIL 2018 - ALGEMIENE GEARKOMSTE en 95-JIERRICH BESTEAN FRYSK BOUN OM UTENS MEI DE FRIEZEDEI Meidielingeblêd fan de Sékrite

Transcript of Meidielingeblêd fan de Sékrite 14 APRIL 2018 … de BOEKEHOEKE. Healslieten boeken: mar 1 euro it...

Page 1: Meidielingeblêd fan de Sékrite 14 APRIL 2018 … de BOEKEHOEKE. Healslieten boeken: mar 1 euro it stik, 5 boeken foar 3 euro!!! Yn ús boekehoekeTeater Posa dizze kear oandacht foar

Jiergong 32

Nûmer 5, Maart 2018

Oprjochte 25 novimber 1971 Lid fan it Frysk Boun om Utens

Rekkennûmer NL 84 RABO 0348 113 889 RABO-bank Lelystêd

Ynskriuwing K.v.K. nûmer 40059396

14 APRIL 2018 - ALGEMIENE GEARKOMSTE en 95-JIERRICH BESTEAN FRYSK BOUN OM UTENS MEI DE FRIEZEDEI

Meidielingeblêd fan de Sékrite

Page 2: Meidielingeblêd fan de Sékrite 14 APRIL 2018 … de BOEKEHOEKE. Healslieten boeken: mar 1 euro it stik, 5 boeken foar 3 euro!!! Yn ús boekehoekeTeater Posa dizze kear oandacht foar
Page 3: Meidielingeblêd fan de Sékrite 14 APRIL 2018 … de BOEKEHOEKE. Healslieten boeken: mar 1 euro it stik, 5 boeken foar 3 euro!!! Yn ús boekehoekeTeater Posa dizze kear oandacht foar

Ynhâld Meidielingeblêd: side

# Foaropwurd fan de foarsitter .................................................. 2 # Anjerfûns (oprop).................................................................... 3 # Kritejûnen 2017-2018, Kritenijs en Troudagen ....................... 4 # Sijke (ferfolch fan jannewaris) ................................................ 5 # Jubileumkonsert Sjongkoar Swol m.m.f. Sjongkoar Sékrite .... 7 # Utnûging toanieljûn 24 maart (Krite Bûtenpost) .................... 8 # Werhelling - Friezedei Ljouwert ............................................. 10 # Ut de Itensiderij ...................................................................... 12 # Ut de Boekehoeke .................................................................. 13 # DE FRIES OM UTENS (gedicht) ................................................ 14 # It Sin fan in Hin (gedicht) ........................................................ 15 # Nijs fan it Frysk Boun om Utens .............................................. 16

1 Maart 2018 Side 1 Side 16 1 Maart 2018

Jiergong 32 Meidielingeblêd Sékrite Maart 2018 Maart 2018 Meidielingeblêd Sékrite Jiergong 32

NIJS FAN IT FRYSK BOUN OM UTENS

De kopij foar it nije krantsje graach ynleverje foar 26 maart 2018.

14 april 2018 Algemiene Gearkomste en Friezedei (95 jier)

yn it Provinsjehûs fan Ljouwert Europeeske Haadstêd 2018

Gast: Kommissaris fan de Kening A. Brok

It programma stiet op de efterside fan ús

meidielingeblêd!! Jimme komme dochs ek!

Opjaan kin by Luit Dijk en graach it jild

oermeitsje nei FBoU.

Sjoch siden 10 en 11.

-------- K O L O F O N ---------- Gearstalling fan it bestjoer fan ús Krite: Foarsitter: Jan Bijkerk, Schoener 43-02, 8243 VZ Lelystêd til: 06-53766061 e-mail: [email protected] Fice-foarsitter: Johannes Fransen, Griend 30-25, 8225 SR Lelystêd til: 0320-253749 / 06-36581238 e-mail: [email protected] Ponghâlder: Jan Koopman, Zwanenwater 42, 8245 BV Lelystêd til: 06-33159859 e-mail: [email protected] Skriuwer: Luut Dijk, Saerdam 143, 8242 JD Lelystêd til: 0320-412444 e-mail: [email protected] Lid: Yvonne Nederpel, Beemster 111, 8244 CG, Lelystêd til: 06-44286833 e-mail: [email protected] Lid: Annie Noppers, Zwanenwater 56, 8245 BW Lelystêd til: 0320-256363 e-mail: [email protected] Lid: Jantsje Meijer, Horst 27-63, 8225 MT Lelystêd til: 0320-242895

e-mail: [email protected] Koar: Fetsje Meijer, til: 0320-226317, e-mail: [email protected] Kosten: it lidmaatskip is € 12,-- yn it jier De redaksje en opsmûk fan it boekje: Jan en Sjoerdtsje Bijkerk. Kopij opstjoere nei: [email protected]

Eareleden fan de krite: Sijke Glas - v.d. Veen , Albert Postma en Gerrit Kingma.

Page 4: Meidielingeblêd fan de Sékrite 14 APRIL 2018 … de BOEKEHOEKE. Healslieten boeken: mar 1 euro it stik, 5 boeken foar 3 euro!!! Yn ús boekehoekeTeater Posa dizze kear oandacht foar

1 Maart 2018 Side 15 Side 2 1 Maart 2018

Jiergong 32 Meidielingeblêd Sékrite Maart 2018 Maart 2018 Meidielingeblêd Sékrite Jiergong 32

FAN DE FOARSITTER.

Bêste freonen fan de Sékrite,

Doe’t ik fannemoarn fan’t bêd kaam, hie it al wer in bytsje ferzen. Der lei al wer wat iis yn de fiver, mar in âlvestêdetocht sit der dit winter-skoft net mear yn. As it mar wat droech is, want wetter hawwe al by’t soad hân. Hoewol, as men it ûndersteande leauwe wol, dan kinne wy better in protte wetter ha.

Amerikaanske wittenskippers hawwe nammentlik befêstige dat by waarm en droech waar der mear oarloggen en oproeren binne as by koel en fochtich waar. Dat fermoeden bestie al langer. Undersikers fan Columbia University yn New York hawwe besjoen oft der in relaasje is tusken geweld en it El Niño-effekt. Troch dat effekt kin it waarme oer-flaktewetter fan de oseanen net goed minge mei it kâldere wetter dat djipper leit. Dat soarget derfoar dat grutte parten fan de ierde dan in bysûnder waarme en droege simmer hawwe. It El Niño-effekt oppenearret him ûnregel-mjittich en komt likernôch ien kear yn de trije oant sân jier foar. It is it dúdlikst te merken yn tropyske gebieten. De ûndersi-kers hawwe yn dy tropyske ge-bieten besjoen oft der yn El- Niñojierren mear geweld foar-kaam as yn oare jierren. Dat bliek yndied it gefal te wêzen. It effekt fan it waar is sels opfallend sterk: de kâns op geweld ferdûbelet as it hjit en droech is. Foar harren ûndersyk hawwe de wittenskippers alle bewape-ne konflikten yn tropyske streken tusken 1950 en 2004 besjoen. De ûn-dersikers tinke dat sosjale spannings makliker ta ûntlading komme as it waarm is. Se suggerearje dat de waarmte en droechte mei in oarsaak wiene fan 21% fan de striderijen yn de ûndersochte perioade. No, lit it dan sa no en dan mar flink reine, soe ik sizze!

Page 5: Meidielingeblêd fan de Sékrite 14 APRIL 2018 … de BOEKEHOEKE. Healslieten boeken: mar 1 euro it stik, 5 boeken foar 3 euro!!! Yn ús boekehoekeTeater Posa dizze kear oandacht foar

As ik dit foaropwurd skriuw, dan hawwe wy krekt ús toanieljûn mei it Akkrumer DreamTheater hân. Wat koene die froulju spylje. Somtiden koene jo in spjelde fallen hearre, sa oandachtich siet elkenien te lúster-jen. Oan de oare kant koe men der faaks ek wol wer hiel hertlik om leit-sje. Der wiene sa’n lytse sechstich minsken, in moai ploegje. Yn it kom-mende en al wer lêste kriteboekje fan it winterskoft stiet it ferslach fan de jûn.

Ik hie yn it krantsje fan jannewaris noch sein dat der in spesjale Slach-temaraton organisearre wurde soe. It idee foar de alternative Slach-temarathon waard oer it generaal posityf ûntfongen. Spitigernôch hat dat net resultearre yn in grutte kaartferkeap. De organisaasje hat dan ek beslute moatten om gjin Slachtemarathon 2018 te organisearjen. It dielnimmersfjild soe te lyts wurden wêze. De earstfolgjende Slachtema-raton fynt op sneon 13 juny 2020 plak. In gewoane Slachtemarathon, oer de Slachtedyk, fan Raerd nei Easterbierrum.

No, minsken, ik sjoch jimme graach wer yn teater Posa op 24 maart by it moaie toanielstik ‘Wat in gekke man ....… en syn frou dan’.

Groetnis, Jimme foarsitter, Jan Bijkerk.

Om te witten wat der allegearre te dwaan is yn Fryslân sjoch webside:

https://www.friesland.nl/fy/kulturele-haadsted/programma

1 Maart 2018 Side 3 Side 14 1 Maart 2018

Jiergong 32 Meidielingeblêd Sékrite Maart 2018 Maart 2018 Meidielingeblêd Sékrite Jiergong 32

- Minskrotten Rotminsken (Nachtboek) - De moardner komt werom

Anne Wadman (Langweer 1919 – Snits 1997).

Wadman wie in Nederlânsk (toaniel)skriuwer, dichter, literatuerkritikus, letterkundige dy't yn it Frysk en it Nederlânsk skreau. Hy wurdt alge-mien erkend as ien fan de grutste figueren yn de Fryske literatuer fan de twintichste ieu.

- In Adams harnas - Yn bolle yn’e reak - De feestgongers - Fioele en faem - De frou yn’e flesse - Hoe moat dat no, Marijke? - Yn’e lytse loege - Het rammeljen fan de pels - De smearlappen - In ûnbetelle rekken en foar de “niet-friestaligen”: - De terechtstelling - De verkrachting

Johanna en Luit.

Anjerfûns.

De wike fan it Anjerfûns, wer’t in oantal leden fan ús krite foar by de

duorren lâns geane, is fan 27 maaie oant en mei 2 juny.

It bestjoer siket noch mear Kollektanten.

As jimme yn dy wike twa jûnen rinne wolle foar it Anjerfûns, helpt dat

de kas fan ús krite wer oan te foljen - de helte fan it ophelle jild meie

wy as krite hâlde. Graach opjaan bij Annie Noppers 0320 - 256 363

DE FRIES OM UTENS De Fries om Utens is een man, hy tinkt goed nei en lûkt syn plan. Gejeuzel stiet net yn syn boek hy is rjochtút, aktyf en kloek. De Fries om Utens is in frou, hja docht har plicht en hja is trou Har man en bern stean boppe-oan en 'leafde' prykt heech op har troan.

De Fries om Utens is in minsk, hy dreamt syn dream en docht syn winsk . Hy fielt noch stees dy hechte bân mei memmetaal en heitelân. De Fries om utens bliuwt in bern, dy gûlt as hy wat hat ferlern. Djip yn syn hert mist er syn jeugd syn knyn, syn geit, syn bernefreugd.

Page 6: Meidielingeblêd fan de Sékrite 14 APRIL 2018 … de BOEKEHOEKE. Healslieten boeken: mar 1 euro it stik, 5 boeken foar 3 euro!!! Yn ús boekehoekeTeater Posa dizze kear oandacht foar

Ut de BOEKEHOEKE.

Healslieten boeken: mar 1 euro it stik, 5 boeken foar 3 euro!!!

Yn ús boekehoeke dizze kear oandacht foar ús grutte kolleksje healslieten boe-ken wer jo hearlik yn sneupe kinne! Jo fine der boeken by dy noch as nij binne en boeken fan no noch bekende skri-uwers.

Hjirûnder dêrom ekstra oandacht foar dizze kolleksje mei in trijetal skriu-wers en harren boeken:

Reinder Brolsma (Stiens 1882 – Ljouwert 1953).

Yn syn romans, ferhalen, sketsen en toanielstikken toant hy him in skerp waarnimmer fan it libben op it plattelân en fan de lytse boarger en efter-ôfbuertbewenner út de stêd. Syn wurk is realistysk, mei in milde sjoch op syn meiminske.

De trilogie: - Het Âldlân – Het Heechhôf – Rjochtet en it boek - Neisimmer

Trinus Riemersma (Ferwert 1938 – Ljouwert 2011).

Trinus Riemersma stiet bekend as in tsjin de tried yn skriuwer. Yn de jier-ren 60 en 70 keas hy foar kontroversjele temas en in soms rûch taal-gebrûk yn syn romans. Nei de nije stavering fan 1980 besleat hy in eigen stavering foar it Frysk te brûken. Yn de jierren 80 makke hy dochs oer-stappe nei de offisjele stavering.

- Bretagne libre - Fabryk

1 Maart 2018 Side 13 Side 4 1 Maart 2018

Jiergong 32 Meidielingeblêd Sékrite Maart 2018 Maart 2018 Meidielingeblêd Sékrite Jiergong 32

KRITEJÛNEN winterskoft 2017-2018.

KRITENIJS.

• It ‘Moai en mâl’ (Lief en leed): As jimme heard ha fan leden dy’t siik

binne, as oare saken dy’t fan belang binne, graach efkes in berjocht-

sje fia e-mail nei: [email protected]

• As der leden binne dy’t oar kritenijs hawwe, graach efkes stjoere nei

[email protected] . Yn’t foar tige tank.

• Jou jimme troudatums troch oan ien fan it bestjoer of mail efkes nei

[email protected]

• Wy hawwe as bestjoer no fan sa’n 60 leden de email-adressen. Dy

leden stjoere wy nei in kritejûn faaks in linkje om de, op de jûn makke

foto’s te besjen op Onedrive. As der leden binne dy’t gjin mailtsje fan

us krije, graach jimme e-mailadres trochjaan troch in mailtsje te

stjoeren nei: [email protected] .

TROUDAGEN 2018:

• Lieuwe en Doet Wiersma, Ravelijn 2-334, 8233 BV Lelystêd, binne 24

maart 60 jier troud.

• Gijs en Anneke Noort, Horst 32-11, 8225 NG Lelystêd, binne 26

augustus 35 jier troud.

• Watze en Jannie Watzema, Karveel 12-10, 8231 AS Lelystêd, binne 7

septimber 45 jier troud.

• Keimpe en Jantsje Meijer, Horst 27-63, 8224 MT Lelystêd, binne 28

oktober 35 jier troud.

Datum Ynhâld fan de jûn

24 maart 2017

20 oere - Posa

Toanieljûn - Krite Bûtenpost mei it toanielstik "Wat in gekke man ... en syn frou dan?" yn Teater Posa

Page 7: Meidielingeblêd fan de Sékrite 14 APRIL 2018 … de BOEKEHOEKE. Healslieten boeken: mar 1 euro it stik, 5 boeken foar 3 euro!!! Yn ús boekehoekeTeater Posa dizze kear oandacht foar

Sijke (Ferhaal fan Jehannes) (ferfolch fan it boekje fan jannewaris) ‘Hipkes?’ ‘Ja, se springt sa no en dan ris in eintsje yn ’e loft. Dat is net sa slim, mar it kin wol tige ferfelend wêze. Moatst witte, ús Sijke sjongt graach en se wie by it tsjerkekoar, mar dat hat net salang duorre, om’t se sa no en dan ris hipkes makke ûnder it sjongen. No wie sa’n hipke it slimste net, mar har lûd ferskeat dan ek. Se stie altyd wol yn ’e achterste rigele, om’t dan de minsken har hipkes net sjen koenen, mar as der in gjalp boppe it ferske út kaam, dan wisten de minsken wol dat ús Sijke wer in hipke makke. Dat koe sa net fansels en ús Sijke waard frege om net wer te kommen.’ ‘En dy poatleaden en balpinnen?’ ‘No jong, dat sil ik dy sizze. Doe’t se trouden joech de amtner har in balpinne om te tekenjen. En moatst tinke, brekt dat fanke dat ding net midstwa! Se hie him wol ferteld fan har hipkes, mar net fan dy poatleaden en balpinnen. Un-der it ferhaal fan de amtner hie se in kear as wat in hipke dien, mar hy wie gewoan fierder gien. Mar doe’t ús Sijke de balpinne yn twa helten hie, wie de man al in bytsje fan slach. Ik hie gelokkich myn folpinne yn ’e bûse en sa koe dien wurk makke wurde. ‘En wêrom moast Doekle nei de psychiater?’ ‘Foar syn winterdepresje. Dat seit er, mar ik leau der neat fan, hy liicht as in almenak. Dy jonge komt út in wat frjemde húshâlding. Neffens my spoare se dêr allegearre net hielendal. In jier as wat tebek hat de plysje der oan ’e doar west om’t de bern harren mem oan in beam bûn hienen. Har man, Hindrik, wie der ek by. Se hienen har bekûgele mei snieballen en tsjin de plysjemannen sein dat se der allegearre wille om hân hienen, mem ek. As se raak smieten, hienen hjá wille en as se mis goaiden hie mém wille. Snoad fansels, mar it earme minske hie der al hie-lendal foarwei west. Miskien is se dêrom wol útnaaid. ‘En Doekle?’ ‘Dy doocht dus foar gjin meter. Hy docht noait in bek iepen, ja, om te sûpen en te flokken. Dêr sit sa njonkelytsen mear konservearringsguod yn as yn Napoaleon. Us Sijke hat der wat mei. Hy stekt net in hân út en sit de godgânske dei mei treintsjeguod om te pielen. ‘Hat er gjin wurk?’ ‘Ja, dat hie er, mar se hawwe him dien jûn.’ ‘Hoedatsa?’ ‘Hy wurke yn in houtsjefabryk en dêr waard er hiel bot opjage om syn taks te heljen. En dat moatst by Doekle net dwaan. Hy is krekt as dy âld sûch hjir ach-ter yn ’t kot, ast dy in klap op ’e kont joust, rint er achterút. Doekle krige al

1 Maart 2018 Side 5 Side 12 1 Maart 2018

Jiergong 32 Meidielingeblêd Sékrite Maart 2018 Maart 2018 Meidielingeblêd Sékrite Jiergong 32

Ut de ITENSIDERIJ.

Reade koal - potiten foar 4 persoanen

• 1 kg ierappels • 400 gr reade koal • 1 boskje basilikum • 150 gr geitetsiis • 1 dl sieders rjemme • 2 rauwe rikke woarsten • 1 griene paprika • 2 tomaten • 1 sipel • 1 teantsje knyflok • boskje piterseelje • olive-oalje • piper en sâlt.

Oan de slach .

1. skyl en sied de ierappels 2. snij de koal yn reepkes en bak dizze mei wat bûter sêft 3. as de ierappels gear binne, stamp se fyn en rier se troch de rea-

de koal hinne 4. snij de basilikum fyn en rier it, tegearre mei de geitetsiis, sieders

rjemme en wat piper nei smaak troch de ierappels 5. snij de rikke woarsten yn plakjes en de sipel yn heale ringen –

snij de paprika yn reepkes en de tomaatsjes yn partsjes 6. bak de rikke woarsten yn wat bûter goudbrún knapperich. 7. hak ûnderwilens de knyflok en piterseelje fyn 8. bak de paprika, sipel, knyflok en de tomaten 2 minuten mei mei

de rikke woarsten

Yt lekker.

Page 8: Meidielingeblêd fan de Sékrite 14 APRIL 2018 … de BOEKEHOEKE. Healslieten boeken: mar 1 euro it stik, 5 boeken foar 3 euro!!! Yn ús boekehoekeTeater Posa dizze kear oandacht foar

In rûnrit troch Ljouwert mei in toeristetreintsje, mar ek …

In trochrinnende dia-presintaasje oer de skiednis fan Friezedagen fan it Boun stean op it programma.

As kers op ‘e taart wurde de dielnimmers fermakke troch Jelmar Hoekstra en Fokke Plantinga – better bekend as HYMPHAMP – en twa muzikanten. Foar dizze gelegenheid komme de sjongkoaren fan Boadegraven, Lelystêd, Swol en Twente ek nei Ljouwert om foar eltsenien te sjongen.

Foar neat giet de sinne op … en dus freget it Boun in bydrage yn de kosten: Wa’t de hiele dei komt en mei-ite wol, moat € 30.-- betelje. Wa’t allinnich de middeis komt mar earst mei-ite wol, betellet ek € 30.--. Wa’t allinnich de middeis komt en NET mei-yt, betellet € 17,50.

It jild moat oermakke wurde nei de ponghâlder fan it Frysk Boun om Utens te Hoarn op IBAN-rekkennûmer: NL94 INGB0 0003 200 77 m.f.f.: AG / Friezedei 2018 Namme(n) Krite En ……. ….. wer’t men oan meidwaan wol: AG Middeisiten Allinnich middeis Friezedei Blokhúspoarte of Treintsje Lid sjongkoar

Opjefte moat foar 12 maart 2018 !!

Ek moatte jimme jim efkes opjaan by Luit Dijk ( [email protected] ) want

Luit hâldt it foar ús krite by wa’t nei de Friezedei gean.

As it jild op’e rekken fan it Boun stiet, dan lizze dy dei by de yngong de ta-gongskaart, it programmaboekje en konsumpsjebonnen klear. Sjoch ek: https://www.fryskbutenfryslan.frl/FRIEZEDEI 2018/FRIEZEDEI 2018.html

1 Maart 2018 Side 11 Side 6 1 Maart 2018

Jiergong 32 Meidielingeblêd Sékrite Maart 2018 Maart 2018 Meidielingeblêd Sékrite Jiergong 32

gau skjin syn nocht fan dat oanfiterjen en doe hawwe se de baas tusken de houtsjes weifandelje moatten, om’t Doekle him allemachtich neisjoen hie. Soks roaide fansels nergens nei en se hawwe him fuortdaliks nei hûs stjoerd. Sûnt dy tiid toarket er thús om en boartet er mei syn treintsjes.’ ‘Hawwe se ek bern? ‘Dat sil ik dy sizze. Dêr is neat mis mei, eins binne se dêrom ek troud. Us Sijke kaam op in dei thús mei it boadskip dat se miskien wolris swier wêze koe en se woe nei de dokter foar syn oardiel. En ja hear, in mûs achter it behang. Se tochten dat se it keunstke noch leare moasten, mar se koenen it al. Hea-regodskes, wy wienen der sljocht mei oan.’ ‘Ja, in pear hipkes en jo binne yn ferwachting, is ’t net sa?’ Ik tocht dat der wol in grapke tuskentroch koe, mar it koe net lije. ‘Jo moatte de gek der net mei slaan, oars haw ik it leafst dat jo opsoademiterje, it is allegearre slim genôch.’ Ik tocht dat ik it bedoarn hie, mar de man prate fierder en fertelde dat alles op ’e non rûn wie (ferkeard gong is). In pear dagen nei de trouwerij wie it mis gien en no wist er net oft er der wol of net bliid om wêze moast, mar eins hie er wol graach in pakesizzer ha wollen. ‘Mar ús Sijke is ek net sa noflik hear. In bek as in skjirre, sil ik dy fertelle, en nergens benaud foar, de blinder, in fjoerfretter. Bliksekater, wat kin dy feni-nich wêze! ’Hawwe jo it lêste gedicht fan Hugo Claus wolris heard?’ Samar ynienen begûn de man te deklamearjen:

Beminde Gelovigen, Er was eens een pastoor, een heel grote vent, Eén die kon spreken met heel veel talent! Beste gelovigen, sprak hij, Ik ben wat hees Maar vandaag wil ik u spreken over een heel klein stukje vlees. Het is langwerpig en stijf, Volgens velen het koddigste aan het lijf. Hiermee kan de mens zo veel goeds verrichten, Helaas menigeen onder u dien ik te betichten Misbruik gemaakt te hebben van dit wonderding. Mocht men weten hoeveel bloed er is vergoten, Hoeveel rampen en ongelukken uit dit kleine stukje vlees zijn ontsproten, Ja voorwaar, zeg ik, men zou het afsnijden met een schaar.

Page 9: Meidielingeblêd fan de Sékrite 14 APRIL 2018 … de BOEKEHOEKE. Healslieten boeken: mar 1 euro it stik, 5 boeken foar 3 euro!!! Yn ús boekehoekeTeater Posa dizze kear oandacht foar

Beste gelovigen, Ik zal u zeggen wat het is, Want alleen zal je het nooit vinden, Dat kleine stukje vlees, langwerpig en stijf, Het koddigste ding van een menselijk lijf, dat is en blijft... De tong van een venijnig wijf!

‘Sa is ús Sijke.’

Jubileumkonsert Sjongkoar Swol m.m.f. Sjongkoar fan de Sékrite

Op sneon 17 maart 2018 de jûns om acht (20.00) oere

Yn De Hoofdhof, Kerkweg 26, Zwolle (Berkum)

ta gelegenheid fan it jierrich bestean fan it Sjongkoar Swol

en yn gearwurking mei

it Sjongkoar fan de Sékrite

en ferhalenferteller Mindert Wijnstra

Tagong € 10.--. Kaarten reservearje fia [email protected]

1 Maart 2018 Side 7 Side 10 1 Maart 2018

Jiergong 32 Meidielingeblêd Sékrite Maart 2018 Maart 2018 Meidielingeblêd Sékrite Jiergong 32

WERHELLING - FRIEZEDEI LJOUWERT op 14 APRIL 2018.

Om de fiif jier organisearret it Frysk Boun om Utens in Friezedei. Oant no ta barde dat meastal yn gearwurking mei ien fan de kriten om utens, mar dit jier net. Op sneon 14 april 2018 wurdt de Friezedei yn Ljouwert hâlden, om’t Ljou-wert-Fryslân yn 2018 kulturele haadstêd fan Europa is. Earst wurdt fan 10.30 oant 12.00 oere de Algemiene Gearkomste fan it Boun hâlden. Kriteleden binne fan 10.00 oere ôf wolkom. Kofje en oranjekoeke stean klear.

Om 12.00 oere is it tiid foar it middeisiten yn it restaurant fan it Provinsjehûs.

Om 13.00 oere wurdt de Friezedei iepene troch de foarsitter Jan Bijkerk. Nei it sjongen fan it Frysk folksliet en inkelde oare Fryske ferskes kriget de Kom-missaris fan de Kening yn Fryslân, Arno Brok, it wurd. Dêrnei is der rom tiid foar ferdivedaasje:

In rûnlieding yn de Blokhúspoarte, de eardere finzenis yn Ljouwert en/of …

Page 10: Meidielingeblêd fan de Sékrite 14 APRIL 2018 … de BOEKEHOEKE. Healslieten boeken: mar 1 euro it stik, 5 boeken foar 3 euro!!! Yn ús boekehoekeTeater Posa dizze kear oandacht foar

1 Maart 2018 Side 9 Side 8 1 Maart 2018

Jiergong 32 Meidielingeblêd Sékrite Maart 2018 Maart 2018 Meidielingeblêd Sékrite Jiergong 32

troch heart nimmen

mear wat der sein

wurdt. It is in wrange

komeedzje, mar wol in

bysûndere. Fermaaklik

en skerp skreaun mei

doldryste situaasjes.

Rolferdieling: Sidney Boersma Klaas Jansma Jane Boersma Anneke Nieuwenhuis Geoffrey Zwart Dictus Benedictus Eva Zwart Ria Krist Ronald Ferwerda Andries Hovinga Marion Ferwerda Wiesje Kloosterman Rezjy Henk Roskammer Produksjelieder Reinold Paauw Grime Diete Paauw Lûd & Ljocht Jan Dijkstra & Jonas Reitsma Dekor Harrie Nieuwenhuis, Menze Stiksma en Arnold Jan Ruisch

It bestjoer fan de Sékrite nûget jimme út op sneon 24 maart yn Teater Posa foar de Toanieljûn mei

‘Krite Bûtenpost’ Sy spylje it toanielstik

’ Wat in gekke man ....… en syn frou dan ’

In blijspul, “Absurd personal Singular”, fan Alan Ayckbourn yn in Fryske oersetting fan Baukje Stavinga

Seal iepen om 19:15 oere en it begjint om 20:00 oere

Tagong: leden € 10,= en net-leden € 15,=

It stik: Trije echtpearen. Trije ferskillende keukens. Trije kear in Krystjûn,

elk jier by in oar. Foarich jier, dit jier en oar jier. Kostlike dialogen,

misferstannen en teloar-

stellingen. Seis minsken

mislearre yn it libben en

karikatueren fan harren

sels wurden, trochdat el-

kenien mei eachkleppen

op rint.

Foar de bûtewrâld liket

alles perfekt, mar as de

maskers ôffalle sjogge

wy de echte wrâld. Hjir-

Der wurdt ek wer bakkersguod út Snits helle. As jimme wat yn foarrie ha wolle, graach in wike foarôf in tillefoantsje nei Johannes Fransen (0320 - 253749 of 06 - 36 581 238). Hy kin soargje foar sûkerbôle, oranjekoeke, fryske dúmkes en sûkerlatten.