Skille 9 BU 4sitter Stephan Kurpershoek fan de Histoaryske Kommisje. ,,Minsken fi ne sa’n jûn...

1
Keninklijk lintsje foar ‘tûzenpoat’ Aukje Bergwerff-de Boer út Baard wurdt foar har jierrenlange ynset foar it doarp beleane pagina 3> Gjin idee te mâl foar Wolly Prins Nije kostúmûntwerper fan Berne Iepenloftspul makket de moaiste outfits pagina 13> Iepeningsfeest foar swimbad In wike earder wie it fierstente kâld om de start fan it seizoen yn De Klomp te fieren pagina 13> Dy’t net sjen wol, moat de eagen taknipe 4 maaie 2016 51ste jiergong • Nûmer 9 Op ’e Skille is in útjefte fan Utjouwerij Bokma KUIERTOCHT KOM NEI WOMMELS JAARMARKT 13.00 U – 18.00 U 29 MEI 2016 WWW.KOMNEIWOMMELS.NL 6 KM 16 KM 26 KM opgave en info kamstrasteenhandel.nl t. 0515 333 432 Monsamabuorren 1 Hinnaard skilder nedich www.skilder.nl schilder nodig Onder andere: Perkplanten 4 stuks 5. 00 Vrijdag 6 & zaterdag 7 mei Tolsma Meamerterdyk 5 PLANTJESMARKT Zet de bloemetjes buiten met Coop! Faam hat ek foar de spilers noch in ferrassend ein Jorwert - De kapstok hinget fol jassen en yn de repetysjeromte lizze scripts rûnom op ‘e grûn. Yn de repetysjeromte is it in drokte fan komsa: ferspraat yn ‘e romte sitte ferskate groepkes. Dêr sitte de nerds, dêrnjonken de wanna- bees, in eintsje fierderop de jocks en yn harren fermidden sit de queen bee, de kantinekeningin- ne, mei har gefolch. Troch Janneke de Boer Stichting Yn Waar En Wyn bringt, nei de mini iepenloftspullen 756 en Ro&Julya, dit jier Faam. Dit iepenloftspul oer it libben op in fiktive middelbere skoalle is basearre op de Ingelske bestsel- ler Queen Bees and Wannabes fan Rosalind Wiseman. Yn 2004 waard it boek ûnder de titel Mean Girls ferfilme. It Iepenloftspul yn Jorwert wurdt skreaun mei help fan de jonge akteurs. ,,Eins witte we de ein noch net,” seit Jelmer oer Marius Del Grosso syn fernijende wize fan script skriuwen. Bente heakket oan: ,,Wy krigen yn it begjin fan it repetysjeproses opdrachten, om bygelyks in konflikt te betinken. Dizze ideëen wurde wilens it pro- ses sênes en Marius ferwurket dit dan yn it script. Ek al is it ferhaal basearre op in film, op dizze wize wurdt it ferhaal hyltyd mear eigen. Sawol foar ús as foar de regisseur.” App ,,We kinne fia de app ideëen oan- drage en sa spylje wy somtiden in folslein troch ússels betochte sêne” sa fertelt Jelmer entûsjast. Akteurs Berber, Hiske, Hester, Jildou, Sanne, Jelmer, Bente en Willem skowe oan en prate hûndertút. Sanne die yn 2012 mei oan it Berne Iepenloftspul en woe eins wol mear mei toaniel dwaan, sa bedarre se yn 2013 by Studio Blomfish, wêrút twa jier letter Stichting Yn Waar En Wyn ûntstie. Ek Hiske woe nei it BIS graach troch mei toanielspyljen. Se fer- telt dêroer: ,,Foarich jier spile ik Anna yn Friezz. Ik fyn toaniels- pyljen hiel leuk mar bin foar BIS no te âld. Om’t ik hjir yn Jorwert al dûnse wist ik fan it bestean fan it jongeren iepenloftspul en ha ik my oanmeld.” Foar Faam hoegden de jonge akteurs gjin audysje te dwaan. ,,Je moatte der wol op tiid by wêze as je meidwaan wolle, de groep sit samar fol,” seit Hiske. Jelmer follet oan: ,,Marius wol eltsenien in kâns jaan en jout eltsenien in shine stikje. Eltse spiler krijt syn momint, ek al hawwe je in minder grutte rol.” Rjochterhân De njoggentjinjierrige Wietske Bootsma fan Wommels is sûnt trije jier de rjochterhân fan regisseur Del Grosso. Wie har taak earst fan mear praktyske aard, tsjintwurdich foar- met se mei Del Grosso in duo wat de rezjy oanbelanget: ,,Wy kinne elkoar fan it BIS en Marius frege my in pear jier lyn oft ik ek nocht hie yn dizze útdaging by Yn Waar En Wyn. It klikt goed tusken ús. Wy sjogge saken itselfde en wy folje elkoar tagelyk ek oan. Faam bringt mei humor ûnder- werpen as pesten, online pesten en groepsdruk. Ik tink dat it ynsjoch jout oan âlders wat it libben op in middelbere skoalle oanbelanget. Mar ek watfoar plak sosjale media yn it libben fan de jeugd ynnimt. En boppe-al wat dêr allegearre bart.” Faam wurdt spile op it hiem fan in pleats oan de Hesenserreed 3 by Jorwert. De premjêre is op freed 13 maaie. Oare spyldata binne 14, 15, 20 en 21 maaie. Mear ynformaasje is te finen op: www.ynwaarenwyn.frl De jongeren fan Faam tidens de repetysje op de lokaasje oan de Hesenserreed. Foto: Piet Douma Doarpshistoarje libbet bot yn Easterwierrum Easterwierrum – Dat der belang- stelling is foar de doarpshistoarje bewiist de Histoaryske Kommisje Easterwierrum. De kommisje bestiet krapoan fiif jier en hat ûnderwilens in fêst plakje yn de mienskip ynnommen. Kommen- de sneon wurdt troch de kommis- je wer in noflike jûn organisearre. Neist in film út de jierren sechs- tich fan de foarige ieu en de pres- intaasje fan sa’n 250 âlde foto’s wurde dan ek de nije namme en it logo ûntbleate. Net allinne ynwenners fan Easter- wierrum, mar ek âld-Easterwier- rumers komme nei de noflikje jûn. Der binne sels minsken, dy’t spesjaal foar dizze jûn nei Easter- wierrum komme en yn de buert in oernachting yn in bêd en brochje reservearre hawwe, sa fertelt foar- sitter Stephan Kurpershoek fan de Histoaryske Kommisje. ,,Minsken fine sa’n jûn fantastysk.” Om yn de sfear fan it ferline te bliuwen freget de kommisje foar de noflike jûn twa kwartsjes entree De histoaryske kommisje hat yn de ôfrûne jierren tûzenen foto’s fan Easterwierrum en syn ynwenners garre. Ek binne der âlde brieven, notuleboeken en oare objekten. Sa besit de kommisje twa bysûn- dere merklappen út 1885/1886, dêr’t motiven op borduere binne. By it leechheljen fan de roomske tsjerke yn Easterwierrum waard yn de klûs allegearre weardefol spul fûn. It gong bybelyks om âlde rek- kens en doopboekjes. ,,Mei it spul wolle wy besykje de minsken út it ferline wer in gesicht te jaan”, fer- telt Kurpershoek.

Transcript of Skille 9 BU 4sitter Stephan Kurpershoek fan de Histoaryske Kommisje. ,,Minsken fi ne sa’n jûn...

Page 1: Skille 9 BU 4sitter Stephan Kurpershoek fan de Histoaryske Kommisje. ,,Minsken fi ne sa’n jûn fantastysk.” Om yn de sfear fan it ferline te bliuwen freget de kommisje foar de

Keninklijk lintsjefoar ‘tûzenpoat’Aukje Bergwerff-de Boer út Baard wurdt foar har jierrenlange ynset foar it doarp beleane

pagina 3>

Gjin idee te mâlfoar Wolly PrinsNije kostúmûntwerper fan Berne Iepenloftspul makket de moaiste outfi ts

pagina 13>

Iepeningsfeestfoar swimbadIn wike earder wie it fi erstente kâld om de start fan it seizoen yn De Klomp te fi eren

pagina 13>

Dy’t net sjen wol, moat de eagen

taknipe

4 maaie 2016 • 51ste jiergong • Nûmer 9Op ’e Skille is in útjefte fan Utjouwerij Bokma

KUIERTOCHT

KOM NEI WOMMELS

JAARMARKT 13.00 U – 18.00 U

29 MEI 2016

WWW.KOMNEIWOMMELS.NL

6 KM 16 KM 26 KM opgave en info

kamstrasteenhandel.nl

t. 0515 333 432

Monsamabuorren 1Hinnaard

skilder nedichwww.skilder.nlschilder nodig

Onder andere:

Perkplanten4 stuks 5.00PerkplantenPerkplanten4 stuks4 stuks 55. Vrijdag 6 &

zaterdag 7 mei

TolsmaMeamerterdyk 5

PLANTJESMARKTZet de bloemetjes buiten met Coop!

Faam hat ek foar de spilers noch in ferrassend einJorwert - De kapstok hinget fol jassen en yn de repetysjeromte lizze scripts rûnom op ‘e grûn. Yn de repetysjeromte is it in drokte fan komsa: ferspraat yn ‘e romte sitte ferskate groepkes. Dêr sitte de nerds, dêrnjonken de wanna-bees, in eintsje fi erderop de jocks en yn harren fermidden sit de queen bee, de kantinekeningin-ne, mei har gefolch.

Troch Janneke de Boer

Stichting Yn Waar En Wyn bringt, nei de mini iepenloftspullen 756 en Ro&Julya, dit jier Faam. Dit iepenloftspul oer it libben op in fi ktive middelbere skoalle is basearre op de Ingelske bestsel-ler Queen Bees and Wannabes fan Rosalind Wiseman. Yn 2004 waard it boek ûnder de titel Mean Girls ferfi lme. It Iepenloftspul yn Jorwert wurdt skreaun mei help fan de jonge akteurs. ,,Eins witte we de ein noch net,” seit Jelmer oer Marius Del Grosso syn fernijende wize fan script skriuwen. Bente heakket oan: ,,Wy krigen yn it begjin fan it repetysjeproses opdrachten, om bygelyks in konfl ikt te betinken. Dizze ideëen wurde wilens it pro-ses sênes en Marius ferwurket dit dan yn it script. Ek al is it ferhaal basearre op in fi lm, op dizze wize wurdt it ferhaal hyltyd mear eigen. Sawol foar ús as foar de regisseur.”

App,,We kinne fi a de app ideëen oan-drage en sa spylje wy somtiden in folslein troch ússels betochte sêne” sa fertelt Jelmer entûsjast. Akteurs Berber, Hiske, Hester, Jildou, Sanne, Jelmer, Bente en Willem skowe oan en prate hûndertút. Sanne die yn 2012 mei oan it Berne

Iepenloftspul en woe eins wol mear mei toaniel dwaan, sa bedarre se yn 2013 by Studio Blomfi sh, wêrút twa jier letter Stichting Yn Waar En Wyn ûntstie.Ek Hiske woe nei it BIS graach troch mei toanielspyljen. Se fer-telt dêroer: ,,Foarich jier spile ik Anna yn Friezz. Ik fyn toaniels-pyljen hiel leuk mar bin foar BIS no te âld. Om’t ik hjir yn Jorwert al dûnse wist ik fan it bestean fan it jongeren iepenloftspul en ha ik my oanmeld.”Foar Faam hoegden de jonge akteurs gjin audysje te dwaan. ,,Je moatte der wol op tiid by wêze

as je meidwaan wolle, de groep sit samar fol,” seit Hiske. Jelmer follet oan: ,,Marius wol eltsenien in kâns jaan en jout eltsenien in shine stikje. Eltse spiler krijt syn momint, ek al hawwe je in minder grutte rol.”

RjochterhânDe njoggentjinjierrige Wietske Bootsma fan Wommels is sûnt trije jier de rjochterhân fan regisseur Del Grosso. Wie har taak earst fan mear praktyske aard, tsjintwurdich foar-met se mei Del Grosso in duo wat de rezjy oanbelanget: ,,Wy kinne elkoar fan it BIS en Marius frege my in pear jier lyn oft ik ek nocht hie yn dizze

útdaging by Yn Waar En Wyn. It klikt goed tusken ús. Wy sjogge saken itselfde en wy folje elkoar tagelyk ek oan. Faam bringt mei humor ûnder-werpen as pesten, online pesten en groepsdruk. Ik tink dat it ynsjoch jout oan âlders wat it libben op in middelbere skoalle oanbelanget. Mar ek watfoar plak sosjale media yn it libben fan de jeugd ynnimt. En boppe-al wat dêr allegearre bart.”Faam wurdt spile op it hiem fan in pleats oan de Hesenserreed 3 by Jorwert. De premjêre is op freed 13 maaie. Oare spyldata binne 14, 15, 20 en 21 maaie. Mear ynformaasje is te fi nen op: www.ynwaarenwyn.frl

De jongeren fan Faam tidens de repetysje op de lokaasje oan de Hesenserreed. Foto: Piet Douma

Doarpshistoarjelibbet bot ynEasterwierrumEasterwierrum – Dat der belang-stelling is foar de doarpshistoarje bewiist de Histoaryske Kommisje Easterwierrum. De kommisje bestiet krapoan fi if jier en hat ûnderwilens in fêst plakje yn de mienskip ynnommen. Kommen-de sneon wurdt troch de kommis-je wer in nofl ike jûn organisearre. Neist in fi lm út de jierren sechs-tich fan de foarige ieu en de pres-intaasje fan sa’n 250 âlde foto’s wurde dan ek de nije namme en it logo ûntbleate.

Net allinne ynwenners fan Easter-wierrum, mar ek âld-Easterwier-rumers komme nei de nofl ikje jûn. Der binne sels minsken, dy’t spesjaal foar dizze jûn nei Easter-wierrum komme en yn de buert in oernachting yn in bêd en brochje reservearre hawwe, sa fertelt foar-sitter Stephan Kurpershoek fan de Histoaryske Kommisje. ,,Minsken fi ne sa’n jûn fantastysk.” Om yn de sfear fan it ferline te bliuwen freget de kommisje foar de nofl ike jûn twa kwartsjes entreeDe histoaryske kommisje hat yn de ôfrûne jierren tûzenen foto’s fan Easterwierrum en syn ynwenners garre. Ek binne der âlde brieven, notuleboeken en oare objekten. Sa besit de kommisje twa bysûn-dere merklappen út 1885/1886, dêr’t motiven op borduere binne. By it leechheljen fan de roomske tsjerke yn Easterwierrum waard yn de klûs allegearre weardefol spul fûn. It gong bybelyks om âlde rek-kens en doopboekjes. ,,Mei it spul wolle wy besykje de minsken út it ferline wer in gesicht te jaan”, fer-telt Kurpershoek.