Sjuery Lytse Gysbert Japicxpriis 2019 · 2019. 11. 3. · Gysbert Japicxpriis sil ek de Lytse...

1
Yn dizze nijsbrief stiet ynformaasje oer it Gysbert Japicxhûs, de Gysbert Japicxwike en de útrikking fan de (Lytse) Gysbert Japicxpriis 2019. Ut namme fan de Gysbert Japicx Holckema Stichting: frou W.Chr. Vroegindeweij - foarsitter, frou C. Brouwer - skriuwster en ponghâldster, frou L. Flapper - lid, frou G. Schotanus - lid, de hear P. Boersma - lid, de hear H. Kort - lid, de hear A. Looijenga - lid. Dit jier is der op SNEONTEMOARN 16 novimber in prachtich muzikaal en literêr programma yn de tsjerke fan Burchwert. Eeuwe Zijlstra sil it oargel ‘sjonge’ litte en Hindrik van der Meer fersoarget mei û.o. solisten in nijsgjirrich programma! It oargel yn de tsjerke fan Burchwert is skonken troch de famylje Grons- Buwalda, dy’t in streekrjochte famyljebân mei Gysbert Japicx hat. Freonen fan Gysbert hawwe fergees tagong ta dit programma en kinne 1 yntrodusee meinimme. Fan te foaren opjaan by it Gysbert Japicxhûs. tel: 0515- 573990 of op it e-mailadres: [email protected] Losse kaarten foar dit literêre en muzikale programma kostje € 8,75 ynklusyf kofje / tee en koeke. Kaarten te keap by it Gysbert Japicxhûs of telefoanysk reservearje: 0515-573990. Freon fan Gysbert wurde? Dan stypje jo ús foar minimaal € 17,50 it jier. As 'Freon fan Gysbert' krije jo elts jier in Nijsbrief en in útnûging foar in aktiviteit. De tagong foar it museum is foar jo fergees en jo krije 10% koarting op artikels yn de winkel. In skinking oan it museum en oan Stichting Gysbert Japicx Holckema is mooglik op bankrekkennûmer: NL 85 RABO 0128 146 389 Tige tank! Ida Heddema-van Keimpema wurket al sûnt 2007 by de útjouwerij fan de Afûk, dé ynstelling op it mêd Fryske taal en Kultuer. Ida hâldt har û.o. dwaande mei de ferkeap en promoasje fan Fryske (berne)boeken. Ek organisearret en koördinearret sy promoasje- en ferkeapaktiviteiten foar Boeken fan Fryslân. Thijs Meester is akteur, sjonger, poppespiler én hy makket teäter. Hy is bekend fan suksesfolle produksjes lykas Elk Sines, Master Gysbert, Kollumer Oproer, De Wylde Boerinne en Kening Hert & Harry Hazze. Takom jier giet syn solo-foarstelling yn premjêre. In tal ferskes dêrfoar wurde spesjaal skreaun troch Piter Wilkens. Lida Dijkstra skriuwt printeboeken, boeken foar begjinnende lêzers en foar âldere bern. Foar dy lêste kategory lit se har graach ynspirearje troch (Keunst)- skiednis, har eardere fakgebiet. Sy giet faak nei skoallen en biblioteken ta om foar te lêzen en te fertellen oer har wurk. Se wurket as Skoalskriuwer en is koartlyn beneamd ta Berneboeke- ambassadeur fan Fryslân. Wethâlder Stella van Gent is technysk foarsitter fan de sjuery fan de Lytse Gysbert Japicxpriis 2019, dy't op sneontemiddei 16 novimber útrikt wurde sil yn de Martinitsjerke yn Boalsert. Teäter By de útrikking fan de Lytse Gysbert Japicx- priis is der teäter en in Meet & Greet mei Bertje, Jakoba, Juf Gijsje en Billy, nei in idee fan regisseur en teätermakker Tjerk Kooistra. HERTSLACH Doe't Hindrik van der Meer ferline jier 80 jier waard, liet hy witte it dirigearstokje der by del lizze te wollen. As earbetoan oan him hat it Kwartettekoar doe de bondel “Hertslach” meitsje litten. Fan de 170 lieten binne 80 fan syn hân, meast op tekst fan Eppie Dam. Yn 2019 / 2020 binne der noch útfierings fan it Kwartettekoar. It boek Hertslach is te keap yn de winkel fan it Gysbert Japicxhûs. Priis: € 20,- TIP FAN SINTEKLAAS € 7,99 De Fryske Spreukekalinder stiet fol mei gedichten, fersen en siswizen, gearstald troch meiwurkers fan it Gysbert Japicxhûs. € 13,95 It Gysbert Japicxhûs yn Boalsert siket frijwilligers foar de VVV-winkel en it museum oer it libben fan Gysbert Japicx. It is in allround-funksje yn in gesellich team. Wat wurdt der fan dy ferwachte? Datsto goed mei minsken omgean kinst, datsto entûsjast bist en dyn ynset sjen litst, datsto ûnderfining hast mei it wurk yn in winkel en iepen stiest om nije saken oan te learen. Reaksjes of fragen: [email protected] Bekijk de webversie Nijsbrief It Gysbert Japicxhûs, 2 novimber 2019 Muzikaal en literêr programma yn Burchwert... De (Lytse) Gysbert Japicxpriis útrikking - sneontemiddei 16 novimber De (Lytse) Gysbert Japicxpriis is in ûnderdiel fan it programma fan de 'Grutte' Gysbert Japicxpriis, dy't op 16 novimber 2019 útrikt wurde sil yn de Martinitsjerke yn Boalsert. Ynrin: 14.15 oere, start programma 15.00 oere. Opjaan kin by de provinsje: [email protected] Boalsert – Sa’t elkenien miskien heard hat, sil op 16 novimber de literêre Gysbert Japicxpriis útrikt wurde. Aggie van der Meer is de priiswinner en it sil in feestlike dei yn Boalsert wêze. Neist de ‘Grutte’ Gysbert Japicxpriis sil ek de Lytse Gysbert Japicxpriis útrikt wurde. Dit is in priis foar it bêste Fryske gedicht fan bern út de groepen 7 en 8 út it basisûnderwiis. Nei it folgjen fan in edukatyf programma fan de biblioteken Mar & Fean en in pilot-projekt 'Frysk en Gysbert Japicx' troch de Gysbert Japicx Holckema Stichting, hawwe skoallen út Penjum, Mildaam, Sint Jânsgea, Aldehaske, Blauhús, Jobbegea en Boalsert meidien. Der binne 9 gedichten nominearre en troch in faksjuery sil it winnende gedicht op 16 novimber bekend makke wurde. De priiswinner kriget de fûl begearde 'Gouden fear' 2019 13 NOVIMBER Woansdei 13 novimber - Teäterfoarstelling: Master Gysbert, praat mar Frysk! yn de biblioteek fan Boalsert - foar bern fan 5 o/m 8 jier. 15.00-15.45 oere. Tagong: fergees. 16 NOVIMBER Sneontemoarn 16 novimber 10-12 oere. Muzikaal en literêr programma troch û.o. oargelist Eeuwe Zijlstra, Hindrik van der Meer en solisten. Lokaasje: tsjerke fan Burchwert. 10.00 Oere ynrin, 10.30 oere start programma. Freonen fan Gysbert hawwe fergees tagong (wol efkes opjaan by it Gysbert Japicxhûs). Losse kaarten: € 8,75 ynkl. kofje / tee en koeke. Kaartferkeap: it Gysbert Japicxhûs. Lunch foar Freonen fan Gysbert tusken 12.30 en 13.30 oere yn it Gysbert Japicxhûs yn Boalsert. Wol efkes opjaan by it Gysbert Japicxhûs. Ynklusyf 1 yntrodusee. Fergees. Sneontemiddei 16 novimber - Utrikking (Lytse) Gysbert Japicxpriis yn de Martinitsjerke fan Boalsert - foar elkenien. 14.15 Oere ynrin, 15.00 oere start programma. Sneon 16 novimber - Fryske boekferkeap yn de Martinitsjerke fan 12.00 oere - 15.00 oere en nei de útrikking fan de (Lytse) Gysbert Japicxpriis, troch de Afûk. HIELE WIKE Hiele wike: eksposysje en boeken yn de biblioteek / tema: Gysbert Japicx, 10 o/m 16 novimber. In folder fan de Gysbert Japicx-kuiertocht troch de stêd en de fytstocht Wytmarsum - Burchwert - Boalsert mei histoarje oer Gysbert Japicx en State Grons, binne dizze wike fergees te krijen yn it Gysbert Japicxhûs. De tagong fan it museum oer Gysbert Japicx (Wipstrjitte 6 yn Boalsert) is de hiele wike fergees. Sjuery Lytse Gysbert Japicxpriis 2019 Jûnbea Hiske Oosterwijk & Makar Novikov, liet yn- spirearre op Jûnbea fan Gysbert Japicx EDUKATYF PILOT PROJEKT #MG BERTJE & JAKOBA FLOCH... Neist it edukative programma yn de biblioteken oer Gysbert Japicx en de Fryske taal, is der no ek in online lesprogramma. Skoallen yn Boalsert hawwe de pilot fan de lesmetoade dien en foar in takom jier is dit lesprogramma foar elkenien beskikber. De akteurs fan Musical Master Gysbert hawwe flochjes en lesbrieven makke. Nei 4 lessen kinne bern dan in Frysk gedicht skriuwe en kinne sy meidwaan oan de nominaasje foar de Lytse Gysbert Japicxpriis. Aggie van der Meer Aggie van der Meer wint dit jier de Gysbert Japicxpriis foar har hiele oeuvre. De provinsjale priis bestiet sûnt 1947. Aggie van der Meer is skriuwster fan poëzy, romans, novellen, toanielstikken en in berneboek. Jo kinne ús fansels folgje en mear ynformaasje fine op Deze e-mail is verstuurd aan {{email}} .• Als u geen nieuwsbrief meer wilt ontvangen, kunt u zich hier afmelden . • Voor een goede ontvangst voegt u [email protected] toe aan uw adresboek.

Transcript of Sjuery Lytse Gysbert Japicxpriis 2019 · 2019. 11. 3. · Gysbert Japicxpriis sil ek de Lytse...

Page 1: Sjuery Lytse Gysbert Japicxpriis 2019 · 2019. 11. 3. · Gysbert Japicxpriis sil ek de Lytse Gysbert Japicxpriis útrikt wurde. Dit is in priis foar it bêste Fryske gedicht fan

YndizzenijsbriefstietynformaasjeoeritGysbertJapicxhûs,deGysbertJapicxwikeendeútrikkingfande(Lytse)GysbertJapicxpriis2019.

UtnammefandeGysbertJapicxHolckemaStichting:frouW.Chr.Vroegindeweij-foarsitter,frouC.Brouwer-skriuwsterenponghâldster,frouL.Flapper-lid,frouG.Schotanus-lid,dehearP.Boersma-lid,dehearH.Kort-lid,dehearA.Looijenga-lid.

DitjierisderopSNEONTEMOARN16novimberinprachtichmuzikaalenliterêrprogrammayndetsjerkefanBurchwert.EeuweZijlstrasilitoargel‘sjonge’litteenHindrikvanderMeerfersoargetmeiû.o.solisteninnijsgjirrichprogramma!ItoargelyndetsjerkefanBurchwertisskonkentrochdefamyljeGrons-Buwalda,dy’tinstreekrjochtefamyljebânmeiGysbertJapicxhat.

FreonenfanGysberthawwefergeestagongtaditprogrammaenkinne1yntroduseemeinimme.FantefoarenopjaanbyitGysbertJapicxhûs.tel:0515-573990ofopite-mailadres:[email protected]

Lossekaartenfoarditliterêreenmuzikaleprogrammakostje€8,75ynklusyfkofje/teeenkoeke.KaartentekeapbyitGysbertJapicxhûsoftelefoanyskreservearje:0515-573990.

FreonfanGysbertwurde?Danstypjejoúsfoarminimaal€17,50itjier.As'FreonfanGysbert'krijejoeltsjierinNijsbriefeninútnûgingfoarinaktiviteit.Detagongfoaritmuseumisfoarjofergeesenjokrije10%koartingopartikelsyndewinkel.

InskinkingoanitmuseumenoanStichtingGysbertJapicxHolckemaismooglikopbankrekkennûmer:NL85RABO0128146389

Tigetank!

IdaHeddema-vanKeimpemawurketalsûnt2007bydeútjouwerijfandeAfûk,déynstellingopitmêdFrysketaalenKultuer.Idahâldtharû.o.dwaandemeideferkeapenpromoasjefanFryske(berne)boeken.Ekorganisearretenkoördinearretsypromoasje-enferkeapaktiviteitenfoarBoekenfanFryslân.

Thijs

Meesterisakteur,sjonger,poppespilerénhymakketteäter.HyisbekendfansuksesfolleproduksjeslykasElkSines,MasterGysbert,KollumerOproer,DeWyldeBoerinneenKeningHert&HarryHazze.Takomjiergietsynsolo-foarstellingynpremjêre.IntalferskesdêrfoarwurdespesjaalskreauntrochPiterWilkens.

LidaDijkstraskriuwtprinteboeken,boekenfoarbegjinnendelêzersenfoarâlderebern.Foardylêstekategorylitsehargraachynspirearjetroch(Keunst)-skiednis,harearderefakgebiet.Sygietfaakneiskoallenenbibliotekentaomfoartelêzenentefertellenoerharwurk.SewurketasSkoalskriuwereniskoartlynbeneamdtaBerneboeke-ambassadeurfanFryslân.

WethâlderStellavanGentistechnyskfoarsitterfandesjueryfandeLytseGysbertJapicxpriis2019,dy'topsneontemiddei16novimberútriktwurdesilyndeMartinitsjerkeynBoalsert.

TeäterBydeútrikkingfandeLytseGysbertJapicx-priisisderteätereninMeet&GreetmeiBertje,Jakoba,JufGijsjeenBilly,neiinideefanregisseurenteätermakkerTjerkKooistra.

HERTSLACHDoe'tHindrikvanderMeerferlinejier80jierwaard,liethywitteitdirigearstokjederbydellizzetewollen.AsearbetoanoanhimhatitKwartettekoardoedebondel“Hertslach”meitsje

litten.Fande170lietenbinne80fansynhân,meastoptekstfanEppieDam.Yn2019/2020binnedernochútfieringsfanitKwartettekoar.

ItboekHertslachistekeapyndewinkelfanitGysbertJapicxhûs.Priis:€20,-

TIPFAN

SINTEKLAAS

€7,99

DeFryskeSpreukekalinderstietfolmeigedichten,fersenensiswizen,gearstaldtrochmeiwurkersfanitGysbertJapicxhûs.

€13,95

ItGysbertJapicxhûsynBoalsertsiketfrijwilligersfoardeVVV-winkelenitmuseumoeritlibbenfanGysbertJapicx.Itisinallround-funksjeynin

gesellichteam.

Watwurdtderfandyferwachte?

Datstogoedmeiminskenomgeankinst,datstoentûsjastbistendynynsetsjenlitst,datstoûnderfininghastmeiitwurkyninwinkeleniepenstiestomnijesakenoantelearen.

Reaksjesoffragen:[email protected]

Bekijkdewebversie

NijsbriefItGysbertJapicxhûs,2novimber2019

MuzikaalenliterêrprogrammaynBurchwert...

De(Lytse)GysbertJapicxpriisútrikking-sneontemiddei16novimber

De(Lytse)GysbertJapicxpriisisinûnderdielfanitprogrammafande'Grutte'GysbertJapicxpriis,dy'top16novimber2019útriktwurdesilyndeMartinitsjerkeynBoalsert.

Ynrin:14.15oere,startprogramma15.00oere.Opjaankinbydeprovinsje:[email protected]

Boalsert–Sa’telkenienmiskienheardhat,silop16novimberdeliterêreGysbertJapicxpriisútriktwurde.AggievanderMeerisdepriiswinnerenitsilinfeestlikedeiynBoalsertwêze.Neistde‘Grutte’GysbertJapicxpriissilekdeLytseGysbertJapicxpriisútriktwurde.DitisinpriisfoaritbêsteFryskegedichtfanbernútdegroepen7en8útitbasisûnderwiis.NeiitfolgjenfaninedukatyfprogrammafandebibliotekenMar&Feaneninpilot-projekt'FryskenGysbertJapicx'trochdeGysbertJapicxHolckemaStichting,hawweskoallenútPenjum,Mildaam,SintJânsgea,Aldehaske,Blauhús,JobbegeaenBoalsertmeidien.Derbinne9gedichtennominearreentrochinfaksjuerysilitwinnendegedichtop16novimberbekendmakkewurde.Depriiswinnerkrigetdefûlbegearde'Goudenfear'2019

13NOVIMBERWoansdei13novimber-Teäterfoarstelling:MasterGysbert,praatmarFrysk!yndebiblioteekfanBoalsert-foarbernfan5o/m8jier.15.00-15.45oere.Tagong:fergees.

16NOVIMBERSneontemoarn16novimber10-12oere.Muzikaalenliterêrprogrammatrochû.o.oargelistEeuweZijlstra,HindrikvanderMeerensolisten.Lokaasje:tsjerkefanBurchwert.10.00Oereynrin,10.30oerestartprogramma.FreonenfanGysberthawwefergeestagong(wolefkesopjaanbyitGysbertJapicxhûs).Lossekaarten:€8,75ynkl.kofje/teeenkoeke.Kaartferkeap:itGysbertJapicxhûs.

LunchfoarFreonenfanGysberttusken12.30en13.30oereynitGysbertJapicxhûsynBoalsert.WolefkesopjaanbyitGysbertJapicxhûs.Ynklusyf1yntrodusee.Fergees.

Sneontemiddei16novimber-Utrikking(Lytse)GysbertJapicxpriisyndeMartinitsjerkefanBoalsert-foarelkenien.14.15Oereynrin,15.00oerestartprogramma.

Sneon16novimber-FryskeboekferkeapyndeMartinitsjerkefan12.00oere-15.00oereenneideútrikkingfande(Lytse)GysbertJapicxpriis,trochdeAfûk.

HIELEWIKEHielewike:eksposysjeenboekenyndebiblioteek/tema:GysbertJapicx,10o/m16novimber.

InfolderfandeGysbertJapicx-kuiertochttrochdestêdendefytstochtWytmarsum-Burchwert-BoalsertmeihistoarjeoerGysbertJapicxenStateGrons,binnedizzewikefergeestekrijenynitGysbertJapicxhûs.

DetagongfanitmuseumoerGysbertJapicx(Wipstrjitte6ynBoalsert)isdehielewikefergees.

SjueryLytseGysbertJapicxpriis2019

JûnbeaHiskeOosterwijk&MakarNovikov,lietyn-spirearreopJûnbeafanGysbertJapicx

EDUKATYFPILOTPROJEKT#MG

BERTJE&JAKOBAFLOCH...

NeistitedukativeprogrammayndebibliotekenoerGysbertJapicxendeFrysketaal,isdernoekinonlinelesprogramma.SkoallenynBoalserthawwedepilotfandelesmetoadedienenfoarintakomjierisditlesprogrammafoarelkenienbeskikber.DeakteursfanMusicalMasterGysberthawweflochjesenlesbrievenmakke.Nei4lessenkinneberndaninFryskgedichtskriuweenkinnesymeidwaanoandenominaasjefoardeLytseGysbertJapicxpriis.

AggievanderMeerAggievanderMeerwintditjierdeGysbertJapicxpriisfoarharhieleoeuvre.Deprovinsjalepriisbestietsûnt1947.AggievanderMeerisskriuwsterfanpoëzy,romans,novellen,toanielstikkeneninberneboek.

Jokinneúsfanselsfolgjeenmearynformaasjefineop

Dezee-mailisverstuurdaan{{email}}.•Alsugeennieuwsbriefmeerwiltontvangen,kuntuzichhierafmelden.•[email protected]

uwadresboek.