Juny 2004 13Spulwikenijs 2006 side 3 - Tiisdei 24 july rjochte en koene we los mei de survival....

8
Kapot. Deawurch. Gjin stim mear oer fan it sjongen en razen. In reade holle fan de ynspanning. En dan dy ekstreme waarmte en dy baarnende sinne. Ferlet fan wetter, in plakje yn it skaad. It hearde der dit jier allegearre by. De Spulwike 2006 yn Littenseradiel is mear as slagge. Mear as 600 Bern en sa’n 140 lieding sjogge werom op in geweldich evenemint. Spultsjes dwaan, tinten bouwe, sjonge, swimme en op de trekker mei wein. Wat in wille. Holle Bolle Tsjing. It wiene echte wiete dagen. Dizze kear net fan de rein, mar fan de wetterspultsjes. En soms wie it sels te hyt om spultsjes te dwaan. Dan waard de túnslang mar wer útrôlle en stiene de bern ûnder de kâlde dûs. Wat wie dat lekker! It koe en mocht allegearre. Fansels barde der wer fan alles. In lyts drama spile him ôf yn Easterlittens, dêr’t Henkie Kola sûnder kola kaam te sitten. Hoe’t dat ôfrint is te lêzen op side trije. Eltsenien hat wer in oar gefoel by de Spulwike. It ultime spulwikegefoel belibbe René Feenstra yn Easterlittens. Hy wie foar de tsiende kear as lieder by de Spulwike belutsen. Wat dat ultime gefoel fan René krekt ynhâldt is te lêzen op side trije fan dizze Spulwikekrant. Op it sportfjild yn Easterwierrum stie in prachtich sels makke swimbad. Wat in wille hiene de bern yn it wetter. En fan de lieding mochten se efkes hiel gek dwaan. Dêr yn Easterwierrum wie ek in Frânske twaling. Hoe’t dy it der fan ôf brocht ha lêze wy op side 6. De bern fan de heechste groepen, dy’t yn Weidum wiene, gongen op de fyts nei Aquazoo en se sliepten fan tongersdei op freed by boer Flapper op de Hegedyk. Dêr waard foar it sliepen gean hiel wat ôf tute. Rients Abma, hy joech trije túten, mar krige der tolve foar werom. Hoe’t er dat klear krige stiet op side 7. En freedtemoarn kaam der in ein oan in tige slagge Spulwike. It reinde doe in bytsje. Mar dat koe dizze kear de wille net bedjêrre. Fan ’e foarsitter Moai waar, bern, in hiel soad ranja, feart, Littens, lieding, trekker en wein, optocht, Weidum, pankoeken, swimbad, survival, feest, pilske jûns, groepkes, Aquazoo, Easterwierrum, under- wetterwrâld, gek sin, ferfe en smink, foto’s meitsje. In moaiere omskriuwing foar in machtige spulwike, dy’t we fan’t jier mei syn allen delsetten hawwe, koe ik my net betin- ke. Mei syn allen, dêr giet it om, want sûnder steun fan al ús stipers, materiaalstipers, frijwilligers, sjauffeurs, haadliedingen, lieding en de bêrn fansels, wie it net mooglik west om de spulwike te organisearjen. Dêrom wol ik alle minsken dy’t dizze spulwike mei mooglik makke hawwe betankje. En oan’t oar jier mar wer, tink? Jos Cartens. Hite Spulwike bêst slagge Spulwike Nijs Spulwike Littenseradiel 2006 • 24 oant en mei 28 July, fjirde jiergong

Transcript of Juny 2004 13Spulwikenijs 2006 side 3 - Tiisdei 24 july rjochte en koene we los mei de survival....

Page 1: Juny 2004 13Spulwikenijs 2006 side 3 - Tiisdei 24 july rjochte en koene we los mei de survival. Albert en Henk djippen nei in drege syktocht kola en in boat op, sûnder dizze mannen

Kapot. Deawurch. Gjin stim mear oer fan it sjongen en razen. In reade holle fan deynspanning. En dan dy ekstreme waarmte en dy baarnende sinne. Ferlet fan wetter, inplakje yn it skaad. It hearde der dit jier allegearre by. De Spulwike 2006 ynLittenseradiel is mear as slagge. Mear as 600 Bern en sa’n 140 lieding sjogge werom opin geweldich evenemint. Spultsjes dwaan, tinten bouwe, sjonge, swimme en op detrekker mei wein. Wat in wille. Holle Bolle Tsjing.It wiene echte wiete dagen. Dizze kear net fan de rein, mar fan de wetterspultsjes. Ensoms wie it sels te hyt om spultsjes te dwaan. Dan waard de túnslang mar wer útrôlle enstiene de bern ûnder de kâlde dûs. Wat wie dat lekker! It koe en mocht allegearre.Fansels barde der wer fan alles. In lyts drama spile him ôf yn Easterlittens, dêr’t HenkieKola sûnder kola kaam te sitten. Hoe’t dat ôfrint is te lêzen op side trije. Eltsenien hatwer in oar gefoel by de Spulwike. It ultime spulwikegefoel belibbe René Feenstra ynEasterlittens. Hy wie foar de tsiende kear as lieder by de Spulwike belutsen. Wat datultime gefoel fan René krekt ynhâldt is te lêzen op side trije fan dizze Spulwikekrant.Op it sportfjild yn Easterwierrum stie in prachtich sels makke swimbad. Wat in willehiene de bern yn it wetter. En fan de lieding mochten se efkes hiel gek dwaan. Dêr ynEasterwierrum wie ek in Frânske twaling. Hoe’t dy it der fan ôf brocht ha lêze wy opside 6. De bern fan de heechste groepen, dy’t yn Weidum wiene, gongen op de fytsnei Aquazoo en se sliepten fan tongersdei op freed by boer Flapper op de Hegedyk.Dêr waard foar it sliepen gean hiel wat ôf tute. Rients Abma, hy joech trije túten, markrige der tolve foar werom. Hoe’t er dat klear krige stiet op side 7. En freedtemoarnkaam der in ein oan in tige slagge Spulwike. It reinde doe in bytsje. Mar dat koe dizzekear de wille net bedjêrre.

Fan ’e foarsitter

Moai waar, bern, in hiel

soad ranja, feart,

Littens, lieding, trekker

en wein, optocht,

Weidum, pankoeken,

swimbad, survival,

feest, pilske jûns,

groepkes, Aquazoo,

Easterwierrum, under-

wetterwrâld, gek sin,

ferfe en smink, foto’s

meitsje.

In moaiere omskriuwing foar in machtige spulwike, dy’t we

fan’t jier mei syn allen delsetten hawwe, koe ik my net betin-

ke. Mei syn allen, dêr giet it om, want sûnder steun fan al ús

stipers, materiaalstipers, frijwilligers, sjauffeurs, haadliedingen,

lieding en de bêrn fansels, wie it net mooglik west om de

spulwike te organisearjen. Dêrom wol ik alle minsken dy’t

dizze spulwike mei mooglik makke hawwe betankje. En oan’t

oar jier mar wer, tink?

Jos Cartens.

Hite Spulwike bêst slagge

Spulwike NijsSpulwike Littenseradiel 2006 • 24 oant en mei 28 July, fjirde jiergong

Page 2: Juny 2004 13Spulwikenijs 2006 side 3 - Tiisdei 24 july rjochte en koene we los mei de survival. Albert en Henk djippen nei in drege syktocht kola en in boat op, sûnder dizze mannen

Special Weidum Special Weidum Special Weidum

sinne makken de bern middeisSeewierrum ûnfeilich mei despultsjes troch it doarp.Nei it racen mei brancards, fleaneop skippybollen en kwallenslaanfersammelen hja harren op itkeatsfjild. De âlders hellen hja open dan wurdt wol dúdlik dat deNemo’s , de Orka’s en al dy oarensin hawwe oan de twadde spulwi-kedei.De tropyske temperatueren soar-gen ek by de lieders foar in poer-beste stimming. Ek sy kin hast netwachtsje mei foarútsichten foarnoch sa’n dei. Sa as liedster HiskeLandman seit: ’Ik gean mar gau opbed, des te earder is it moarn.’

Flink wat jierren lyn koene debern yn Easterwierrum harrenfoar it lêst ferniefelje oan dizzewetterwille. Mikrofoanman Nat(Ytzen van der Meij) besochttegearre mei syn maat Klets(Jantine Reijenga) de chaos nogwat yn te damjen:’efkes yn badsitte’. Alles behalve sitte barde.Glydzje, stoeie, raze, gille en gekdwaan like de bern folle leuker ta.Moarns nei dat de bern tradysje-

getrou op de earste dei nog watskrutel oankamen, gongen alleremmen los by it barskowen, fles-fuotbal, sjippebaan en it machtichmooie skomkanon. Mei it skom om ‘e lippen en deklean alwer healdroech fan ’e

side 2 - Moandei 24 july Spulwikenijs 2006

Gek dwaan mei wetterwille en swimbadTroch lieders Jurre-Jan Travaille en Bas Molenberg

ten en derby waard de lieding netûntsjoen. Dit alles soarge foar in gesellichbegjin fan dizze wike. Nei it itenwie der in seiskamp troch itdoarp.De dei waard ôfsluten meiit spektakulaire glibberspektakel.Dit wie mei folle griene sjippe datsoarge foar in glêde glibberbaan.De bern hawwe harren hjoedgoed fermakke en wy as liedingbinne klear foar in sinnige en foar-al gesellige wike!

It earste ûnderdiel fan it moarns-programma wie it bouwen fan tin-ten ûnder de titel fan “Pimp mynPlakje”. Yn in healoere stiene dertolve prachtich boude en fersierdetinten. Wat je mei in pear panlat-ten en dekseiltsjes wol net meits-je kinne!Omdat it bouwen fan de tintenrap dien wie, wie der genôch tiidoer foar wetterfertier. Troch de grutste boeven waardende earste bern yn it swimbad smi-

“Pimp myn Plakje”Troch liedsters Hester Adema en Jelly Flapper

wetter brûkt, wat mei dit hitewaar foar de nedige ôfkuollingsoarge. Mar it meast nijsgjirrigefoar de bêrn (en miskien ek wolfoar de lieders) wie wol it ympro-visearre swimbad op it fjild. Winsten/of ferlies leine somtiden tichtbyelkoar. Der waard striden foarelts puntsje en ek al wie der fer-lies, de lieders strutsen sa no endan de hân oer it hert en sa no endan waard der foar ferlies in gelyk-spul opskreaun. Neffens …. wiedat fanselssprekkend, want as semei harren groepke goed harrenbêst dienen fertsjinnen je it netom te ferliezen.Nei noch efkes sjonge en oprom-jen wie de earste ‘wiete’ dei fan’eûnderwetter-Spulwike samar werfoarby...

Nei de roeiende opkomst fan itmikrofoankoppel en it skoalswim-men, moasten de bern nei hun lie-ders fiskje yn it doarp. Mei de lie-ders gongen de groepkes bern itdoarp yn. Mei in heale fisk yn ’ebûse gongen se op syk nei de lie-der dy’t harren fisk kompleetmeitsje koe. Neidat eltsenienferienige wie, koene de tintenopboud wurde.Yn’e baarnende sinne waardenmei alle beskikbere kennis demoaiste tinten boud. By it fersie-ren fan de tinten mei ferve waar-den ek de lieders en bern netoerslein. Nei in stikje bôle en inbeker molke wie it tiid om spul-tsjes te dwaan. Op it fjild wienender ferskate spultsjes útsetten. Byin protte spultsjes waard in soad

Earste dûk yn ‘ûnderwetter’ spulwike tige slagge

hearlik oan it swimmen west bij deKleine Wielen. In ynspannendedei.

Tongersdei: Spul en Fertier.Grutte spultsjes wêrby at alle bernde spultsjes útfiere moasten. Ingeweldige striid hawwe de bernlevere. Fansels wie der ek noch it

pannekoeken iten bij Flapper,komplimint foar de pannekoekmemmen! Hearlik wienen se. Jûnsde disko. Stoer ranja drinkend útbierfleskes gongen de bern út har-ren dak. Weromrinnend nei itsliepplak nei Flapper waard lûdHollebollestjong ropt en songen.Nei in broadsje knak en fansels denachttút wienen de bern ferrektewurch, en hawwe neffens ús eknet raar sliept.De oare moarns wienen de bern

wer like aktyf as de hiele wike,Earst hawwe wy in hearlik moarns-iten hân by de tsjerke. Derneihawwe we mei syn allen tegelykús tosken poetst en dan moarnsgymnastyk. Dan rest ús noch depuntentelling en dan komme deearste heiten en memmen al omde hoeke. Wat gong dizze wikeferrekte rap!

Mar in suksesfolle wike is ekôfhanklik fan tawide frijwilligers.Want ferjit net dat der in soad tiidyn sitten giet. Ik woe bij dizze danek alle frijwilligers, sponsors enWeidum tige danke foar alleynspanningen en omballingenensafuorthinne.

Mei de waarmte is in soad rekkenhâlden. In soad wetter elemintenyn spultsjes, wettertonnen op itfjild, in grutte parasjute foar itskaad en fansels de smar sesjes meisinnebrân. We hiene dizze Spulwike in soadnije eleminten. Troch de ynset fande minsken dy foar elke dei oan-wezen binne, binne dizze elemin-ten organisearre. Sa ha we op moan-dei in geweldige dei hân mei seis-kamp, dit om ûnder de bern it sa-neamde “Spulwike gefoel” te krijen. De tiisdeis hie as tema “Wrakseljeen Wrotte”, mei as hichtepunt degrutte helling, wer at de bern yn inbak de kanohaven yn skettenwaard. Super! Woansdei, it haad-tema. Mei syn allen op de fyts neiAquazoo, in hiele operaasje. Debern hienen eagen te koart om allegekke bisten te besjen tidens despeurtocht. Hjirnei hawwe we

Underwetterwrâld, spulwike 2006 yn WeidumTroch Hindrik Kingma, Foarsitter Spulwike Weidum

Weidum - We binne los! De Spulwike is begûn op dizzeprachtige, sinnige dei! Moarns om kertier oer njoggen strún-den de earste bern al op it fjild om, de ien wat foarsichtich,ôfwachtsjend wat der hjoed allegearre barre soe. Oare bernstoden it fjild op om harren lieders fan ferline jier tebegroetsjen. Nei dat de lieding op bjusterbaarlike wize foar-steld waard troch Sjoerd van Beem, wie de earste toan set.

Easterwierrum - Wetter is de kurk dêr’t dizze Spulwike ynSeewierrum op driuwt. Gjin ûntkommen oan. Mei it swim-bad moandei as onmiskenbaar hichtepunt. It wie in gespet-ter en gespater fan jewelste.

Weidum - “Geweldich!, hege temperatueren, moai waar,bliere bern. It koe net stikken!” Spulwike is yn Littensera-diel in fenomeen. Sa ek yn Weidum. Eins hat it noch al watom ‘e hakken, mar mei in soad wille is it dit jier ek sa weromflein. Der binne wer geweldige spultsjes boppe tafel kom-men, en de bern hawwe der neffens my ek tige fan genoten.

Easterlittens - Nei alle tarieding en wer in jier wachtsjenwie it dan safier. De Spulwike 2006 wie los. Dit jier mei astema ‘ûnderwetterwrâld’ en dat kaam hiel moai út mei ithite waar. Mei alle lieders enthousiast yn’e kring kamen debern om healwei tsienen it fjild op. Eltsenien fol spanning,mei hokker lieder en hokker bern we dizze wike wille meit-sje sille.

In byt fan in haai?

Weidum -Under syn bontetúnbroek is noch krekt instikje fan Edwin syn geha-vende kút te sjen. De ûnder-wetterwrald is dúdlik netsûnder gefaren…Wy fertin-ke de Haaiensnaaiers.

Page 3: Juny 2004 13Spulwikenijs 2006 side 3 - Tiisdei 24 july rjochte en koene we los mei de survival. Albert en Henk djippen nei in drege syktocht kola en in boat op, sûnder dizze mannen

Spulwikenijs 2006 side 3 - Tiisdei 24 july

rjochte en koene we los mei desurvival. Albert en Henk djippennei in drege syktocht kola en inboat op, sûnder dizze mannen gjinSpulwike. Hulde! Der waard slin-gerape, kabelbaand, doolhofd, pols-stokfiersprongen en foaral plonst.In hiele soad plonst. Myn bern finemy te gek en sjonge sels al ferskesfoar my. Dit is sels moaier as deFeanhoop… Fergelike by de Spul-wike is de Feanhoop foar MIET-JES!

Om tolve oere soe de survivalbegjinne. Mar Easterlittens sietsûnder kola. In ramp fan wrâld-omfang foar my. PonghâlderAlbert en Haad Sponsoring Henkwaarden nei Snits tastjoerd om innije foarrie. Yn alle kommoasjewiene sy lykwols ferjitten de bene-digde boat foar de survival teregeljen… Hoe moast dit fierder?In lunch sûnder kola en in survivalsûnder boat? Uteinlik kaam tochalles noch op syn poatsjes te-

Hoe de kola ferdwûn út Littens…Troch Henkie Kola, lieder Kolapiranja’s (de mâlsten yn Littens!)

tiid fêststeld. It bakje is hiel watkearen hinne en wer west foardatalle bern de skâns of wienen. Itwie de bedoeling dat se allegearreop’e kant wachtsje soenen oant seoan’e beurt wienen. Mar it waardsa waarm der yn it sintsje, dat deral gau in protte bern yn it wetterbedarren. Dit wie net hielendal saat it soe, mar dôchs waard it ekwol in moai wetterspektakel. Enfansels moast ek de lieding der oanleauwe, it bakje wie hjir net opberekkene en sloech dan ek oerde kop. De bern gongen mei inwiet pak mar ek mei in goed sinnei hûs ta. Dat is fansels de moais-te ôfsluter foar in dei spulwike.

Dêrnei binne we ôfset nei de iis-baan. Der wiene seis spultsjesorganisearre dit kear net allinnichfoar de bern, nee, de lieding moastdizze kear ek harren ynset toane.It wie wol belangryk om hjir derfol tsjinoan te gean. Hjir koe nam-lik foardiel fertsjinne wurde foar itfolgjende spul, it “glydzje en derynspul”. Om in oere as ien binne weder dan ek úteinlik mei útein set-ten. Der wie in skâns opset dy’tútkaam yn de kanohaven. De bernmoasten soarchje dat se yn bakjeby de skâns del rekken en dan fer-folgens de wâl op oan’e oare kant.Der hong in bel by it bushokje, byit berikken fan dizze bel waar de

Wrakselje en wrotte yn WeidumTroch lieders Margriet Feenstra en Pier de Vries

bêst dogge giet dy hielendal fol enkrije hja in ferrassing. Al it enthûs-jasme en de ynset fan de jongsteSpulwikedielnimmers waard be-leane. De wettermjitter gong folnei twa dagen en ynienen kamengrutte dolfinen in skatkiste brin-gen mei fotolistjes foar de bern. Ien fan de dolfinen blykt Hidde

Jonker te wezen. De rossige mate-riaalman en ranjaskinker, troch debern leafdefol omdoopt ta ‘me-neer ranja’, hie it waarm. “Ik swit-te as in otter yn dat pak. Foar derest wie it in tige slagge dei.”

De hiele klút gong tiisdei meitrekker en wein lûd “We bin fanEasterwille” sjongend nei Jorwertta foar in foksejacht en spul op itfjild. Moarns lieten de heiten enmemmen harren bern foar detwadde kear los op de lieders. Hjamoasten sels noch efkes flinkHolle Bolle Tsjing raze. ‘Bytsjesuterich’, fine se op de tribune.“De bern sels hienen wol in primavolume hjoed”, seit mikrofoan-frou Klets. Har maat Nat smyt sa no en dan

in beste amer mei wetter yn inmjitter. As de bern goed harren

Klets en Nat smite wettermjittersfol foar fanatike bern

memmen yn’t spier west, 35 trek-kers op paad om alle bern nei deDoarpsstrjitte te ferfieren en safier ast sjen koest wiene bern oantpankoekiten. Ien grut feest. Ab-soluut in hichtepunt yn de ôfrûne10 jier!’Aha, dat wie dus it ‘PKIE’ op mynlistje! Pan Koek Ite Easterwier-rum. “Ik ha trije Spulwike-foto’syn ’e wenkeamer hingjen. Ien dêr-fan is dy mei de pankoekitendebern. Derneist noch ien mei Sybvan der Ploeg, dy’t foar it 30-jier-rich jubileum in spesjale útfieringfan ‘Geef mij een teken van leven’makke (‘Jou my in sportfjild meitintsjes’) en ien dêr’t ik as liederopstean by de spultsjes ynWinsum.”

Ha we noch twa riedseleftigeôfkoartings oer… ‘HBT’ blykt testean foar Holle Bolle Tsjing, watRené noch regelmjittich yn ’e hol-le neigalmt, sels tot wiken nei deSpulwike. “Dan bin ik allinne yn ’ehûs, en dan mien ik echt dat ikbern hear. En moarns wekkerwurde sûnder as earste in kessen

fan Sietse op ‘e holle te krijen is ekwol wer even wennen”. En ’SMT’dan? Sels hie ik tocht dat it hjirmiskyn om myn foargongers gie, itSpulwike Mediateam, mar nee.’SMT’ stiet foar ‘Sportfjild MeiTintsjes’.En René, op nei de folgjende tsienjier lieding? “Nee, ik bliuw nochien jier. Dêrnei is it wer tiid foarfris bloed!’ Noch ien jier… dan isit it 35ste jubileum. Trije lustrumsyn syn Spulwike-lieding-karrière.Mar noait haadlieding wurde wol-len? “Nee, ik wol perfoarst ingroepke mei bern meiha!”Mei oare wurden, ‘we dogge it

foar de bern’ is ek absoluut fantapassing op René! Ynkoarten meihy it sierraad ophelje dat him oan-bean wurdt foar syn jierrenlangeynset.

As ik ienris tsjinoer him sit, isRene net riedseleftich mear. Hyfertelt hûndert út oer syn Spul-wike-erfarings. “Ik besefte my jus-ter dat ik bern yn ‘e groep ha dy’tnoch floeiber wiene doe’t ik as lie-ding begûn …” René is dit jier foar de tsiende (!)

kear as lieding belutsen by deSpulwike, mei as standplak synwenplak Easterlittens. Underwi-lens is hy 27 jier, en dus al sûnt syn17e lieder. Wat wit er noch fan dyearste kear?“Fia fuotbal en keatsen wie ik wolgauris yn Easterlittens. Andre vander Kooi sei op in dei tsjin my:Soest it ek wat fine om Spulwike-lieder te wurden?” Der hoechdeer net lang oer nei te tinken.It befoel. En it befalt noch hielti-

ten. René waard frege sitting tenimmen yn ‘e jubileumkommisjefoar de 30e jierdei fan ‘e Spulwike.En dat waard in hiele spesjale. “Prachtich! Net te leauwen, we

hiene alle keatsbanken út Litten-seradiel sammele yn Easterwier-rum, der wiene 150 pankoek-

Easterlittens - Ik mep myn wekker út mei myn kolaflesse enwreau my yn ’e eagen. De earste dei fan myn Spulwike-liederbestean! Myn dei begjint mei in hearlik kâld gleskekola. By oankomst yn ’e kring, dy’t neffens my gjin kring is,mar in hoefizerfoarm hat, binne der al wat bern oanwêzich.Mei Moaie Marianne, Jolige Jopie en myn alter ego HenkieKola ha ik de bern der earst wat fermakke mei wat HolleBolle Tsjing geraas, wat soarge hat foar in abonnemint op deStrepsils dy jûns. Mar even werom nei fan ‘e moarn.

Foar de tsiende kear aktyf as lieder It ultime Spulwike-gefoel fan Réne FeenstraTroch Grietje Deinum

Easterlittens - Wylts ik my taried op in pittich fraach-petear, hat René myn fragebryfke fûn… Hy hat sels al ynôfkoartings antwurd jûn op in pear fragen. Sa stiet der bymyn fraach wat syn moaiste Spulwike-erfaring is ‘PKIE’ enby syn ultime Spulwike-gefoel ‘HBT’ en ’SMT’. Dat mochtRené even utlizze.

Easterwierrum: “Dit is wol grizelich,” seit in mantsje fan DeInktfisken yn in smelle, tsjustere steech yn Jorwert. Sykje neiin fokse yn it doarp is soms wat spannend yn it begjin, marbringt fanatike speurders yn de bern nei boppen.

Weidum - Trije dingen op it programma hjoed, we binne fanstart gongen mei it kaartsjerinspul. Hjir moasten fragenbeäntwurde wurde oer films as “Sharktale” en “FindingNemo”. Foar eltse goeie fraach krigen de bern in wurd, at sealle fragen goed hiene koene se in sin fan dizze wurdenmeitsje. It wie gjin makkie foar de bern, in lange sin namlik:“de onderwaterwereld van de spulwike wordt bewoond doorde 140 fanatieke basisschoolkinderen van groep 7 en 8 uit degemeente Littenseradiel.” It duorre efkes mar úteinlik kri-gen dôchs alle groepkes de goeie sin te pakken.

Special Easterlittens Special Easterlittens Special

It pealtsje fan Littens

Easterlittens - Tidens it‘testrûntsje’ survivaljen optiisdeitemiddei yn Littensbinne ferskate lieders enliedsters wat gehavend út ’efeart weikommen. Der stienammentlik in houtenpealtsje yn, dat fan de kantôf net te sjen wie, mar yn itwetter des te hurder oan-kaam. Inkelen besochtenharren liedingsgenoaten tebehoedzjen foar in sear bil,seare foet of skaafd inkel,mar sa’t letter op ’e dei ekbliken die is it kwaad faaks algeschied as jo noch middenyn jo ‘Tink om it….’-sinbinne.

Page 4: Juny 2004 13Spulwikenijs 2006 side 3 - Tiisdei 24 july rjochte en koene we los mei de survival. Albert en Henk djippen nei in drege syktocht kola en in boat op, sûnder dizze mannen

side 4 Spulwikenijs 2006

Page 5: Juny 2004 13Spulwikenijs 2006 side 3 - Tiisdei 24 july rjochte en koene we los mei de survival. Albert en Henk djippen nei in drege syktocht kola en in boat op, sûnder dizze mannen

Spulwikenijs 2006 side 5

Page 6: Juny 2004 13Spulwikenijs 2006 side 3 - Tiisdei 24 july rjochte en koene we los mei de survival. Albert en Henk djippen nei in drege syktocht kola en in boat op, sûnder dizze mannen

fanatyk dat er ek in frou it wetteryn treaun dy’t neat mei deSpulwike te meitsjen hie. Mar sesiet ek wol hiel moai op de rânefan it swimbad. De bern mochtenek graach de lieders en liedsters asklimpeal brûke. De lieders binnedan ek faak ûnderwetter west.Troch de waarmte waard it rúntsjetroch Wommels fan it programmahelle. Mar de bern hiene in gewel-dige wiete dei!

Yn Wommels waard noch gauefkes goed iten en dronken sa dateltsenien gau it wetter yn koe.Twahûndert Spulwike bern yn itwetter is net echt oersichtlik. Itswimbad personiel hie it der danek mar drok mei. De lieders hâl-den natuerlik ek de eagen iepen.Teminsten, as se net troch sommi-ge bern it wetter yntreaun waar-den. De bern wienen net te hâl-den. Jeffrey Brand út Littens wie sa

side 6 - Woansdei 24 july Spulwikenijs 2006

Underwetter, ek yn Wommels

in bân’. Dêrneist is der foaral insoad ranja dronken, net ûnfer-standich as je betinke dat it sa’n33 graden wie. ‘De wetterspults-jes wiene inderdaad ek erch yntrek. En kaam der gjin wetter oanin spultsje te pas, dan waard derwol in fariaasje betocht weryn’ttoch de kraan iepen koe’.Foar twa bern wie dizze Spul-

wikedei hielendal feestlik: Sy wie-ne jierdei. Marco en Niels waar-den beide acht jier. Der is foar har-ren songen, en se ha in luchtigefeestmutse krigen.

Nije groepkes, nije bern, dat be-tsjut hjir en dêr ek in wat oareoanpak. Berber de Wolff (20 jier,foar it earst liedster) hie yn de ear-ste helte fan dizze wike in watmear ôfwachtsjend groepke, wyltshar nije ‘kikkerfiskjes’ hast netwachtsje kinne om los te gean.Cilia Witteveen (ek 20, en ek foarit earst liedster) fertelt oer har dei.‘Moarns ha we in circuitspul op itfjild dien. De bern wiene earstnoch wat ferlegen, mar mei synallen gnize as de liedster underútgiet op ’e sjippebaan skept al gau

De earste dei mei de nije groepkes ynEasterwille ‘Lekker blijven plakken’Troch Grietje Deinum

de bush bush om it paad werwerom te finen.Tuskentiids fûnen de bern de rôf

fûgel show hiel yndrukwekkend.Dernêst kamen ek de oare wet-terbisten fan blauwe kikkert oantflamingo oan bod. Middeis namenwy in ferkuoljende dûk yn de fiverpartij fan de Griene Stjer. Dit hiefoar sawol de bern as de lieding inrevitaliserend effekt. Doe ‘t dekrokodil it wetter yn slûpte roptemikrofoanman Sjoerd alle bern útit wetter om harren klear temeitsjen foar in boeiende tochtwer werom. Lieder Pier prestear-re it om syn groep mei fyts ûnderit treinspoar fan Cammingaburentroch te loatsen (trep del, trepop). Op oandringen fan liedsterMargriet sette Pier syn manneliketrots oan de kant om oan in foar-bygonger it juste paad nei Wei-blub werom te freegjen. Nei hjiren der wat bânplakkerei kamenalle 150 bern wer feilich werom ynWeiblub.

De foarspellingen joegen al oandat it in hite dei wurde soe en datkaam út. Lokkich joech it brieskewyn dat der stie dôchs foldwaan-de kuolling foar in oangenamereis. Goed healwei tsienen stap-ten de earsten op de fyts foar intocht fan noch gjin 20 km (19,4km).Foar Wybrand Boersma út groep8 wie it in leabrekkende tocht. Nei9 kilometer makke hy mei denedige kracht termen kenber dat‘r gjin gelsadel hie. Hoe dan ekarrivearen de letste bern rûn 12oere by AquaZoo. Hjir stiene debern in broeierige puzzeltocht tewachtsjen dy ‘t harren langs allebisten yn it otterpark liede. Wêr ‘tde bern de tocht netsjes mei inplattegrûn diene besocht de haad-lieding it sûnder te dwaan. By decapebari’s (soart fan Turbo Kavia)moasten se dôchs tajaan dat se itpaad bjuster wienen. Sy marsjear-den op eigen wize ûnder liedingfan kommando Henk Ernst troch

Op de fyts nei AquazooTroch lieders Anja de Vries, Elske de Wolff, Gerlof Veldstra,

Wytske Vermeulen en Andrys Weitenberg

Harren liedster krige in persoan-like serenade fan Dylan. By desjongestafette yn de hollebolle-tsjingtinte wie it him wat te drok.“Foar dy allinnich wol ik wol watsjonge sei hy. Hy gong yn it tent-sje stean en hat foar my in ferskefan Linkin Park hielendal útsongen.” De flage foar de optocht moast

fan de jongkjes sa folle moochlik

By de earste lûden fan de liedingmoarns om healwei njoggenenstiene de jonkjes al yn de spul-wikeshirts klear om nei it sport-fjild te sprinten. De Frânske broersbinne trije wiken te gast by defamylje Drent yn Easterwierrumdy’t tichtby it fjild wenje. Hja binneop útwikseling mei stifting EuropaKinderhulp dy’t bern dy’t it thúsnet maklik hawwe hjir ûnderbringt.

“Tres bien!! Tres bien” roptElizabeth van der Meij oer it fjild.De liedster fan de Wetterrattensprekt har talen en hat in prottewille fan Dylan en Jordan. “It gietsuper. Hja rêde harren hiel besttusken de oare bern.” Dy oarenfûnen it duo mar wakker nijsgjir-rich. Wêrom prate die sa? Hoe âldis hy? Elizabeth wie eins net allin-nich lieder mar ek tolk.Spultsjes kinne de twa bêst mei-

dwaan neidat hja earst fan de oa-ren seagen hoe’t it moast. En ekmeisjonge koenen hja somtiden.

Vive le Spulwike Twaling út Parys fermakket harren ‘tres bien’

Easterwierrum - Woansdei yn Easterwierrum, en de liedingplakt foar de twadde kear dizze wike foto’s fan harrengroepke yn in moai listje. De ‘nije’ groepkes binne fan ‘emoarn oan harren Spulwike begûn, neidat justerjûn de ear-ste groepkes ‘útswaaid binne.

Easterlittens/Wommels - Wat kinne je it bêste dwaan as detemperatuer nei de 30 graden rint? Krekt, op trekker enwein nei it swimbad yn Wommels ta! Moar foardat de bernrjochting Wommels giene ha se earst yn Littens op Fokse-jacht west. De bern hienen noch net sa folle lêst fan it waar-me waar want hast alle groepkes ha mei de letters dy se fanelke foks krigen de puzzel oplost. De bern hienen wol muoi-te om foks Nico te herkennen. Nico stie in túntsje te skof-feljen wêrtroch mar 7 fan de 36 groepkes begrepen dat Niconet in túnman wie. Om ûngefear alve oere baarnde de sinneal aardich en it waard tiid om de trekkers en weinen te fer-sieren om sa hurd mogelik nei Wommels te kinnen.

Special Easterwierrum Special Easterwierrum Special

Easterwierrum - Dylan en Jordan fan De Wetterrattenmakken fan Seewierrum in spulwikedoarp mei in eksoatysktintsje. De twaling út Parys wie al útfanhûs yn in frjemdewrâld en belânen ek nog yn de ûnderwetterwrald fanSpulwike.

Weidum/Ljouwert - Op dizze dei stie it haadtema sintraal. Itlike ús leuk om mei de fyts nei AquaZoo te gean. En dat hienoch al wat fuotten yn ’e ierde. Mei tank oan ús warberesponsorman Henk Ernst krigen wy de lêste finansjele ein-tsjes by elkoar.

lykje op dy fan harren lan. In gruts-ke Jordan hat de kreaasje de hieletocht droegen. Spulwike wie de ôfsluting fan har-ren ferbliuw yn Fryslân. Elizabeth:“Hja hawwe it nei’t sin hân. Deglinsterjende eagen fertelden fol-dwaande.” Tiisdeitejuns hawwede bern nog efkes op t sportfjildstean om ôfskie te nimmen fantwa dagen dy’t hja yn de Paryskebûtenwiken net gau meimeitsje.Yn de bus mei de oare Kinderhulpútfanhûzers hienen de twa degrutste ferhalen.

De Frânske twaling folgje de knock-out show.

De Casanova fan Littens

Easterlittens - Dizze stoerefint ûnder op ’e foto hat opdei 2 fan ’e Spulwike ynLittens al ferkearing mei marleafst njoggen fan de lied-sters… Syn namme is Sytsede Boer, hy wennet ynWeidum, en fielt him al hie-lendal thús yn syn rol fanCasanova. De knipeagenrôlje oer it fjild of oer debalke oer de feart, mei Sytseoan ’e iene kant en in moaiedame oan de oare…

Page 7: Juny 2004 13Spulwikenijs 2006 side 3 - Tiisdei 24 july rjochte en koene we los mei de survival. Albert en Henk djippen nei in drege syktocht kola en in boat op, sûnder dizze mannen

Spulwikenijs 2006 side 7 - Tongersdei/Freed 24 july

in stik as wat tige leuke spultsjes,komme we úteinlik wer yn Littensom dêr ynstruminten te meitsjenen ús ta te rieden op de optocht.En neidat de bern sawat alle pan-koeken dy’t bakt binne op hawwe,is it dan safier. In grutte stoet fanûnderferve lieders, bern en dit jierek in ferve auto raast letterliktroch it doarp. Wat de auto oan-belanget, Marktplaats is ynkoar-tent wer in adfertinsje riker. (wabiedt…?) It ein fan in machtigewike is yn sicht. It wie prachtichwaar! Hyt!!! De bern binkapot…..wy ek!

Rûn healwei tsienen begjinne wemei wat opwaarmdûnskes enyells, hoewol dat mei dit gleonewaar eins net nedich is. Dêrneisille we de trekkers mei weinenWER fersiere omdat de jûns der-foar in pear fan de lieding te fana-tiek oant opromjen west binne endus ek mar gelyk de hiele karrenôftúgd ha! (anno beker?!) Uteindelik bedarje we dochs meisa’n 200 bern op de weinen efterde trekkers en gean we lûd sjon-gend ûnderweis nei Baard, Húnsen Winsum om it trije doarpenspul te spyljen. Nei een pear holle-bolletsjingerige trekker reizen en

ten letter is dêr in groepke berndat tinkt dat ik in keninginne foksbin. Ik haw yn elk gefal wol watpromoasje makke.In oere letter haw ik al de noadi-ge groepkes bern by my hân. Sefine my wol in bytsje frjemd. Marwa bin ik dan wol, as ik gjin yn-wenner fan Jorwert bin. ‘Skjin-makker?’, ‘Skuonpoetser?’, ‘Betsjin-ner?’, roppe se troch elkoar hinne.Oant dat der in jonkje my al efkesrustich observearre hat en einlikslûd op seit: ‘Do bist Assepoester’.

Noch gien tsien minuten letterkomt dêr al in groepke bern opmy ôf. Wat ferlegen stean se ommy hinne. ‘Mei ik it freechje?’, seitien fan de foarste famkes. Mei ta-stimming fan de lieder komt degrutte fraach der dan út. ‘Bisto inprinsessen foks?’ Wat soe ik graach in prinseske

wêze wolle. Ik haw dan wol inmoaie jurk oan, mar ik moat altydsa hurd wurkje fan myn styfmem.Miskien lykje ik net wurch en út-put genôch. Want tweintich minu-

‘Bisto Skjinmakker? Skuonpoetser?Betsjinner?’ Troch haadlieder Trees van der Werf

dei fûn plak op it skopfjild krektnjonken de arena. In prachtigefariant op trefbal waard dêr spile.Fjouwer teams strieden tsjinelko-ar en waarden ôfbeakene trochdranghekken en keatslinen. Yn itmidden stie in soartefan piramide,wêrop bern trede foar trede detop berikke koene. It spul wieyngewikkeld, mar de snoade bernop de Weidumer spulwike hieneit gau yn de gaten. Hja spile it safanatyk dat de skiedsrjochter oanit ein troch de ‘losers’ bedrigewaard en ûnder begelieding fanhaadlieders nei hûs ta moast.Om fiif oere wie alles klear enkoenen de bern útputten rjoch-ting de pankoeken rinne.

Moarns wie der in ôfgriislik dregehindernisbaan, dêr’t seis teams ittsjininoar opnimme moasten. Elkteam wraksele en wrotte sa’n sânminuten: in útputtingslach.In folgjende spektakel wie op itbegjin fan de middei. De bern kri-gen op de iisbaan in pakketsjehout en in nust spikers en d6ermeimoasten se in sa heech, stevich,moai mooglike fjoertoer meitsje.Tagelyk wiene der spultsjes wêrbyde bern fiif minuten in echte bou-fakker winne koene. As je tinkedat bern net bouwe kinne, binneje goed generzen as je dit sjoenhawwe. Wat in hege, stevige,moaie bouwurken.De ôfslúting fan de spultsjes oer-

In bom freedtemoarn

Troch lieders Elske en Anje

er goed! Dat kin wol út. ‘Mar derwie ek lieding by hjer’, nuansear-ret er. Giet Rients syn groepke en syn

lieders ek missen? ‘We ha e-mail-adressen útwikseld, dus dan kinnewe mei inoar MSN’ne. It sil earstwol wer even wennen wêze omnet mear eltse dei mei syn allen tewêzen.’ En fierder, dizze fakânsje,sil hy noch wat leuks dwaan? ‘Ja,we gean noch op fakânsje en ik silek noch útfanhúzje’. Rients komtde simmer wol troch.Nei de fakânsje giet Rients nei it

VMBO op it AMS yn Frjentsjer.Dit is dus syn allerlêste Spulwikeas dielnimmer. Mar as it oan Rientsleit, komt er werom. As lieding! En wa koe no it sachtste túte?(Sûnder twifel): ‘Nynke!’

Kapot, de akku is leechTroch lieder Doete Stenekes

Baard/Húns/Winsum - Yn Littens begjint de dei mei16 ôfmeldings. Oftewol, sa as de âlders trochbelden: ’Sebinne út’e liken, de akku is leech.’ Wy beskôgje dat as inkomplimint, it betsjut dat se harren dus net ferfeeld hawwe.

Easterwierrum - It is al healwei twaën en ik mei wol opsjitte.Al dy tsientallen skuon moatte noch poetst wurde. It is sokmoai waar dus sit ik lekker bûtendoar. Sittend op in âlde wet-terput mei in prachtige moaie giel gouden jurk oan poets ik deskuon. Eins bin ik suver wat in frjemd objekt hjir yn Jorwert.

Weidum - Nei fjouwerdagen moai waar stienebern en lieding freedte-moarn noch wat slûchyn’e rein te moarns iten.Hearlik!! Mei lúkse bro-adsjes, sûkerpofkes, krin-tebôle en as hichtepunt,sels in stikje bôle bakkebij it kampfjoer.

hiel leuk hjer’.De jongens en de famkes slieptenfannacht elts oan in kant fan ’e stâlfan boer Flapper. De famkes yn ’eskieppestal, de jongens dêr’t oarsde kij stiene. Mar der kin fanselsnet sliept wurde sûnder noch evenoer te rinnen en miskien sels in tútte bringen of te ynkassearjen.

Rients, hoefolle túten hastútdield? ’Moah, trije ofsa’. En oanwa? Of, kin dat net yn ‘e krante?‘Jawol hjer! Oan Martzen, Tytskeen oan Mirjam’. ‘Martzen kin ik fanit BIS, Tietske komt by my út itdoarp en Mirjam kin ik fan sport-dei.’ Aha. Enne…hoefolle hast derkrigen? ‘Fyftjin!’ Wauw, dat docht

Sa ek Rients Abma. Hy is 12 jierâld, wennet yn Wjelsryp en rintom yn syn griene Octopussy-shirt. Hoewol, shirt… Rients hatsyn kreativiteit wol hiel fanatykloslitten op wat oan it begjin fan ‘ewike in kreas mouhimd wie.‘Rients, wêr is it begjin en wêr is itein fan dyn shirt?’ Oandwaan gietdan ek net mear sa maklik.Dit is Rients syn fyfde spulwike.Foar de twadde kear op rige is defigurant-pizzabakker / aapke fan itBIS te gast yn Weidum, dit jierûnder de besielende lieding fanAndrys, Nynke en Sjoukje.‘Andrys is it strengst! Foaral by itwachtrinnen nachts. Mar hy is wol

In goeie ruil: 3 tuten jaan, 15 werom krijeTroch Grietje Deinum

Weidum - Tradysjoneel bliuwe de bern yn Weidum fan ton-gersdei op freed sliepen. Nei de fjirde dei mei spultsjes meisyn allen pankoekite, dan nei de disko yn it doarpshûs, der-nei lekker sliepe op ‘e pleats by Flapper oan ‘e Hegedyk.

Nei sa’n moarns iten moat dernatuerlik toskepoetst wurden.Mei in flitsende nije toskeboar-stel waard fanatyk poetst. Meiin pears piltsje koene de bernsjen at se goed poetst hienen.Sa net, dan krigest lila toskenen moast noch ris. In moarn isnet kompleet sûnder in bytsjemoarnsgymnastyk. Goedemor-gen Spulwike! Troch twa en-thousiaste BOMmers (Bewe-gen Op Muzyk) waarden bernen lieding flink oanpakt. Nochefkes fjild opromje, ôfskie nim-me en dan útteld nei hûs. Inmoaie lêste moarn fan in ge-weldige wike!!!

“It ein yn sicht”Troch lieder Tsjerk Kooistra

Weidum - De tongersdeis oerdeis yn Weidum stiet tradisjo-neel yn it teken fan útputting. Sa ek dit jier. De bern moch-ten wat letter moarns komme, dêr’t se de deis derfoar pastsjin seisen werom wienen.

Page 8: Juny 2004 13Spulwikenijs 2006 side 3 - Tiisdei 24 july rjochte en koene we los mei de survival. Albert en Henk djippen nei in drege syktocht kola en in boat op, sûnder dizze mannen

side 8 Spulwikenijs 2006

SPULWIKE 2006 IN IMPRESSIE

OANT OAR JIER IT WIE GEWELDICH

SPULWIKE 2006 IN IMPRESSIE

OANT OAR JIER IT WIE GEWELDICH