Frijbûtser - FNP FryslânMontesquieu (1689-1775), dy’t de trias politicas, de skieding fan de...

6
Frijbûtser Moanneblêd fan de FNP juny 2017, nûmer 452 Fan it haadbestjoer Yntreerede nije foarsitter HB útsprutsen op de Algemiene Ledegearkomste fan 19 maaie 2017 Hjoed nimme wy ôfskied fan Ultsje Hosper, in markante foarsitter, dy’t oanjûn hat, it nei ien tiidrek spitigernôch moai te finen en it foarsitterskip oerdrage te wollen. Wy tankje him foar alles wat er foar de partij dien hat en winskje him it alderbêste foar de takomst. Jimme hawwe my keazen as syn opfolger. Ik tankje jimme foar dat fertrouwen en sil besykje in goede foarsitter te wêzen. Mar wa bin ik? Koartsein: hikke te Snits, tein te Ferwert, op skoalle gien yn Moarrewâld en Dokkum. Doe nei Dútslân foar in oplieding yn de hynstesport. Nei in ûngemak Dútsk en Marketing studearre yn Grins, in pear jier learaar, doe yn it heger beropsûnderwiis manager fan it Ynstitút foar Dútsk-Nederlânske Hannel en sûnt 1996 selsstannich ûndernimmer yn fragen oer marketing en management. Sûnt in pear jier doch ik it wat rêstiger oan en haw no tiid foar dit soarte fan frijwilligerswurk. Ik haw altiten al frijwilligerswurk dien, ûnder oare in soad yn in Nederlânsk-Dútske setting. Dat betelle net, mar ik haw der in hege ûnderskieding foar krige: it Dútske ekwifalint fan Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Doe’t de foarsitterskommisje by my kaam, tocht ik dat it wie om my te freegjen oft ik ek in goede kandidaat wist. Dat bliek net sa te wêzen. Se kamen om my. Yn in hiel stil momint hie ik it my ôffrege, oft it net wêze koe, dat se om my…, mar nee, dat soe dochs net sa wêze. Mar dochs, as it no ris dochs, wat sis ik dan? Doe tocht ik, as ik it doch, dan mei mediatrening en foar twa jier. Wêrom dat alles? Dêr past in wat wiidweidiger antwurd op. As earste komt de fraach op, ik bin wol lid fan de FNP, mar wol ik my der ek foar ynsette en wêrom dan? Dat antwurd is ja, ik bin net lid om allinnich kontribúsje te beteljen, mar wol dan ek wat dwaan. Mar wêrom dan? Dêrom: Fryslân is in prachtich lân, mei in grut ferskaat oan lânskippen, minsken en talen. As jo derop ferge wurde om in bydrage te leverjen om dat yn stân te hâlden, kinne jo gjin nee sizze. Oft it no giet om it lânskip, de ynfrastruktuer of de selsstannichheid, wy FNP’ers wolle ússels bliuwe en goed op Fryslân passe. De FNP is in politike partij. Wat wol in politike partij? As je it negatyf formulearje, dan sis ik: macht, macht om grutter te wurden. Posityf sein: as partij wolle wy graach dat ús idealen breder bekend wurde en dat mear minsken dy mei ús diele. Dus op ús stimme en lid wurde fan ús partij. Yn de kommende twa jier binne der earst ferkiezingen yn trije grutte gemeenten, dêrnei ferkiezingen yn de oare gemeenten en dan de ferkiezingen foar de Provinsjale Steaten. As wy it by dy wichtige ferkiezingen net goed dogge, treed ik ôf, want dan haw ik it net goed dien. Ik bin gjin plúsplakker, dy’t dan gewoan sitten bliuwt as ûnder syn ferantwurdlikheid ferkiezingen min beteare. Dêrom dy twa jier. Wat kinne jimme fan my ferwachtsje? Trije dingen binne wichtich foar my, kommunikaasje mei de leden, mei de ôfdielingen en kommunikaasje mei de politisy. Earst de kommunikaasje mei de leden, mei jimme, dy’t hjir hjoed binne en mei de leden, dy’t hjir net binne. Us partijblêd, de Frijbûtser, hie oant no ta as fêst ûnderdiel, de kollum fan de foarsitter. No’t my meidield is, dat der fan my ferwachte wurdt, dat ik ek redakteur fan de Frijbûtser bin, qualitate qua sil ik

Transcript of Frijbûtser - FNP FryslânMontesquieu (1689-1775), dy’t de trias politicas, de skieding fan de...

Page 1: Frijbûtser - FNP FryslânMontesquieu (1689-1775), dy’t de trias politicas, de skieding fan de machten foar it earst beskreaun hat. Dy trias politicas, dy skieding fan de machten,

Frijbûtser Moanneblêd fan de FNP juny 2017, nûmer 452

Fan it haadbestjoer

Yntreerede nije foarsitter HB útsprutsen op de Algemiene Ledegearkomste fan 19 maaie 2017

Hjoed nimme wy ôfskied fan Ultsje Hosper, in markante foarsitter, dy’t oanjûn hat, it nei ien tiidrek

spitigernôch moai te finen en it foarsitterskip oerdrage te wollen. Wy tankje him foar alles wat er foar de

partij dien hat en winskje him it alderbêste foar de takomst.

Jimme hawwe my keazen as syn opfolger. Ik tankje jimme foar dat fertrouwen en

sil besykje in goede foarsitter te wêzen. Mar wa bin ik? Koartsein: hikke te Snits,

tein te Ferwert, op skoalle gien yn Moarrewâld en Dokkum. Doe nei Dútslân foar in

oplieding yn de hynstesport. Nei in ûngemak Dútsk en Marketing studearre yn

Grins, in pear jier learaar, doe yn it heger beropsûnderwiis manager fan it Ynstitút

foar Dútsk-Nederlânske Hannel en sûnt 1996 selsstannich ûndernimmer yn fragen

oer marketing en management. Sûnt in pear jier doch ik it wat rêstiger oan en haw

no tiid foar dit soarte fan frijwilligerswurk. Ik haw altiten al frijwilligerswurk dien,

ûnder oare in soad yn in Nederlânsk-Dútske setting. Dat betelle net, mar ik haw der

in hege ûnderskieding foar krige: it Dútske ekwifalint fan Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Doe’t de foarsitterskommisje by my kaam, tocht ik dat it wie om my te freegjen oft ik ek in goede

kandidaat wist. Dat bliek net sa te wêzen. Se kamen om my. Yn in hiel stil momint hie ik it my ôffrege,

oft it net wêze koe, dat se om my…, mar nee, dat soe dochs net sa wêze. Mar dochs, as it no ris dochs,

wat sis ik dan? Doe tocht ik, as ik it doch, dan mei mediatrening en foar twa jier. Wêrom dat alles? Dêr

past in wat wiidweidiger antwurd op.

As earste komt de fraach op, ik bin wol lid fan de FNP, mar wol ik my der ek foar ynsette en wêrom

dan? Dat antwurd is ja, ik bin net lid om allinnich kontribúsje te beteljen, mar wol dan ek wat dwaan.

Mar wêrom dan? Dêrom: Fryslân is in prachtich lân, mei in grut ferskaat oan lânskippen, minsken en

talen. As jo derop ferge wurde om in bydrage te leverjen om dat yn stân te hâlden, kinne jo gjin nee

sizze. Oft it no giet om it lânskip, de ynfrastruktuer of de selsstannichheid, wy FNP’ers wolle ússels

bliuwe en goed op Fryslân passe.

De FNP is in politike partij. Wat wol in politike partij? As je it negatyf formulearje, dan sis ik: macht,

macht om grutter te wurden. Posityf sein: as partij wolle wy graach dat ús idealen breder bekend wurde

en dat mear minsken dy mei ús diele. Dus op ús stimme en lid wurde fan ús partij. Yn de kommende twa

jier binne der earst ferkiezingen yn trije grutte gemeenten, dêrnei ferkiezingen yn de oare gemeenten en

dan de ferkiezingen foar de Provinsjale Steaten. As wy it by dy wichtige ferkiezingen net goed dogge,

treed ik ôf, want dan haw ik it net goed dien. Ik bin gjin plúsplakker, dy’t dan gewoan sitten bliuwt as

ûnder syn ferantwurdlikheid ferkiezingen min beteare. Dêrom dy twa jier.

Wat kinne jimme fan my ferwachtsje? Trije dingen binne wichtich foar my, kommunikaasje mei de

leden, mei de ôfdielingen en kommunikaasje mei de politisy.

Earst de kommunikaasje mei de leden, mei jimme, dy’t hjir hjoed binne en mei de leden, dy’t hjir net

binne. Us partijblêd, de Frijbûtser, hie oant no ta as fêst ûnderdiel, de kollum fan de foarsitter. No’t my

meidield is, dat der fan my ferwachte wurdt, dat ik ek redakteur fan de Frijbûtser bin, qualitate qua sil ik

Page 2: Frijbûtser - FNP FryslânMontesquieu (1689-1775), dy’t de trias politicas, de skieding fan de machten foar it earst beskreaun hat. Dy trias politicas, dy skieding fan de machten,

Frijbûtser side 2

mar sizze, feroarje wy dat yn in kollum foar alle leden. In miening, faaks ôfwikend, dwers of ergerlik, is

wol de miening fan in lid fan ús partij en is it dus it lêzen wurdich. Wy wolle ek in diskusjepartij wêze

en ideeën binne wolkom. Stjoer jo miening nei de redaksje en mocht dy wat al te mâl wêze, dan prate

wy dêr mei jo oer.

Fierders lizze wy oan de leden ferantwurding ôf foar wat wy dien hawwe en freegje om tastimming as

dat nedich is, foar nij belied.

Dan de kommunikaasje mei de ôfdielingen. Dy foarmje de rêchbonke fan ús partij en binne dus

wichtich. Der wurdt as it goed giet, prachtich wurk dien, bestjoerlik en polityk. Dêrtroch binne wy in

fêste krêft yn it bestjoer fan ús prachtige Fryslân. Mocht der in kear earne in kwestje wêze, dan geane

wy der hinne, beprate de saak en komme der mei-inoar út. It HB stipet de ôfdielingen en springt by as it

derop ferge wurde.

Dan de kommunikaasje mei de politisy. Ik bin in oanhinger fan de Frânske filosoof Charles baron de

Montesquieu (1689-1775), dy’t de trias politicas, de skieding fan de machten foar it earst beskreaun hat.

Dy trias politicas, dy skieding fan de machten, hie as doel de frijheid fan de boargers te hoedzjen en te

noedzjen. Mar yn Nederlân en in soad oare Europeeske lannen is eins gjin sprake fan folsleine skieding

fan machten, mar kinne we better prate fan sprieding fan machten.

Wat wol ik dêrmei sizze? Jimme, de leden, kieze in bestjoer oan wa’t jimme it behear fan de partij en it

beweitsjen fan ús idealen, oerdroegen hawwe, it HB. It HB beneamt yn tiden fan ferkiezingen in

kommisje, dy’t op syk giet nei geskikte gadingmakkers foar in plak op de list foar de Steaten, lykas de

ôfdielingen dat dogge by de gemeenteriedsferkiezingen . Ut de sittende fraksje komt in earste skets fan

in ferkiezingsprogram, om’t dy it bêste wit wat der spilet, wat mooglik is, en hokker ôfspraken der binne

mei oare partijen. Dy earste skets wurdt bepraat mei it HB en mei-inoar lizze HB en fraksje it program

foar oan jimme, de leden. Dan kinne jimme de fraksje en ús befreegje, hoesa dit en hoesa dat. Dat kin ta

te oanpassingen liede en dêrnei is it ferkiezingsprogram klear.

Dan komt de listkommisje mei in kandidatelist by it HB, dy’t wy mei-inoar beprate. Dat kin liede ta

oanpassingen, mar dat hoecht net. Dan wurdt de list oan jimme, de leden foarlein. Jimme stimme deroer

en dan is de list fêststeld.

Dan binne der ferkiezingen en set, nei de formaasje, it politike wurk útein. Dat docht de fraksje. It HB –

tink oan wat ik sei oer de skieding fan de machten – kin freegje om útlis, omdat it minder kennis fan de

politike werklikheid hat, mar it HB wol gjin ynfloed op de fraksje. De fraksje docht de polityk, is as

sadanich it boechbyld fan de partij en it HB stiet derefter en stipet en helpt wêr’t dat frege wurdt. It HB

bestjoert de partij, beheart, kontrolearret en rapportearret oan de jimme, de leden, bygelyks op it mêd fan

de bydragen. Wol nimme fraksje en HB kennis fan wat der geande is, troch it tastjoeren fan de

oantekens fan de gearkomsten. Der sit gjin politikus by it HB en oarsom hoecht eins ek net. Elk syn

eigen wurk en mei-inoar de partij ta mear sukses bringe, dat is de bedoeling.

Meikoarten sil ik fraksje en HB útnûgje foar in mienskiplike gearkomste, earne op ’e heide of oan it

wetter. Dêr wurdt de nije wurkwize bepraat en plannen smeid foar de takomst, bygelyks plannen en

ideeën foar it nije ferkiezingsprogram. Dat bart mei help fan twa leden, trochkrûpt yn polityk en

bestjoer, Hindrik ten Hoeve, ús senator en Jabik van der Bij, langjierrich foarsitter fan it HB en de OSF.

Ik bin der o sa wiis mei dat beide tasein hawwe om dy dei mei stâl te jaan.

Kollega HB-leden, ik fertrou op in goede gearwurking. Mei-inoar meitsje wy der wat moais en in sukses

fan!

En dan ta eintsjebeslút, leden, nochris tank foar it fertrouwen. Jimme kinne derop rekkenje dat ik my

mei alle krêft en enerzjy foar jimme, foar ús ynsette sil.

Ik tankje jimme foar jimme oandacht! Tankjewol!

Cees van Mourik, De Gaastmar

Page 3: Frijbûtser - FNP FryslânMontesquieu (1689-1775), dy’t de trias politicas, de skieding fan de machten foar it earst beskreaun hat. Dy trias politicas, dy skieding fan de machten,

Frijbûtser side 3 juny 2017, nûmer 452

It is in memorabele ledegearkomste fanwege grutte

bestjoerlike feroaringen. Ultsje Hosper nimt ôfskie

nimt as foarsitter fan it haadbestjoer nei fjouwer jier

warber west te hawwen foar de FNP en Cees van

Mourik wurdt keazen as syn opfolger. Tagelyk nimme

Jan Lammers en Hylke Heidstra tuskentiids ôfskied as

HB-bestjoerslid. Cees Nieboer betanket út namme fan

it HB Ultsje foar syn krewearjen. Ultsje kriget as

presintsje in tige tapaslik kado, sjoen syn passy foar

fûgels: in byld fan in kraanfûgel. Alle ôfgeande

bestjoersleden krije as tank in bôlekoer fan de bakkerij

fan ús eardere skriuwer Aeltsje de Groot út Stiens. Oan

’e ein fan de AL hâldt Cees van Mourik syn yntreerede.

Hy leit út dat hy foarearst beneamd wurdt foar twa jier.

It hinget fan de ferkiezingsútslaggen ôf oft de termyn

langer wurdt. De nije foarsitter leit út hoe’t er de

kommunikaasje mei leden, ôfdielingen en politisy

sjocht. HB en fraksje krije in oare wurkwize.

De opkomst op de gearkomste, dy’t foar de lêste kear

laat wurdt troch Ultsje, is goed mei 75 leden. Ultsje lit

witte dat der betizing wie oer it lidmaatskip fan Fryslân

Fossyl Frij. De FNP sels wurdt gjin lid mar de wurk-

groep Enerzjy wol. By it wurklistpunt Finânsjes is

ponghâlder Eddie de Vries ôfwêzich, mar Jan Hiemstra

fan de finansjele kommisje ferfangt him. Jan jout op

humoristyske wize in taljochting op de balâns, de

ferkoarte jierrekken en de mearjierrebegruttting. Ut

namme fan de kaskommisje, dy’t bestiet út Pytsje de

Graaf en Bram Bonnema, meldt Pytsje dat de

boekhâlding oant op de lêste sint doogde. Hulde oan

Tjibbe as administrateur en Eddie as ponghâlder! De

begrutting wurdt goedkard. De ponghâlder wurdt

ûntlêstige. Ta nij reservelid fan de kaskommisje wurdt

Rommert Dyk beneamd.

Wichtich polityk punt op de wurklist is in twajierlikse

evaluaasje fan it provinsjale partij- en kolleezje-

program (‘midterm review’). Fraksjefoarsitter

Corlienke de Jong jout yn in flitsende powerpoint-

presintaasje oan wêr’t wy no polityk steane. Spesjaal

omtinken krije leefberens yn de regio en it Deltaplan

Frysk. Johannes Kramer koe sels net komme. Hy jout

in taljochting op it kolleezjeprogram yn in brûzende

fideopresintaasje. Omdat Sake van der Meer ek

behindere is, jout Jan van der Kooi útlis oer de

taakferdieling yn de wetterskipsfraksje en wat de lêste

twa jier yn it wetterskip beskrept is.

By it punt Bestjoersferkiezingen wurdt Cees van

Mourik ûnder applaus fan it omsittend laach beneamd

ta nije foarsitter fan de FNP. Lyksa wurde Jehannes

Elzinga en Jaap Cuperus by akklamaasje beneamd foar

in twadde perioade. De riedsferkiezingen yn de trije

fúzjegemeenten op 22 novimber komme hurd tichterby.

Dorothea Deelstra jout oan wêr’t de nije gemeente

Ljouwert mei dwaande is, Cees van Mourik jout de

stân fan saken oan yn Súdwest-Fryslân en Jehannes

Elzinga jout dat út namme fan foarsitter Sietze de Haan

(behindere) fan de FNP-ôfdieling Waadhoeke oan foar

dy nije gemeente.

Wat de wurkgroepen oangiet, jout Henk de Vries in

yngreven presintaasje oer de tapassing fan duorsume

enerzjy. Oan de TU Twente wurdt ûndersyk dien. Der

binne kontakten lein mei oare partijen yn EFA om ein

2017/begjin 2018 in ynternasjonale konferinsje yn

Ljouwert op poaten te setten. Doel is dat de FNP him

profilearret as gongmakker op it mêd fan duorsume

enerzjy. Cees Nieboer presintearret in resolúsje op dat

gebiet, dy’t mei grutte mearderheid troch de leden

oannommen wurdt.

Oanslutend dielt Sybren Posthumus mei dat der in

wurkgroep opset wurdt om de fyzje “Nij perspektyf

foar Fryslân” fierder út te wurkjen. De FNP wol dat

Fryslân fiergeand sizzenskip kriget op tal fan mêden,

mei finansjele middels dêrby. Dêr heart ek it foech by

dat Fryslân eigen wetten makket. Doel is dat op de AL

fan maaie 2018 it útstel foar de nije fyzje oan de leden

foarlein wurdt.

Tjibbe Brinkman (notulist) en

Jehannes Elzinga (skriuwer)

Ferslach Algemiene Ledegearkomste op 19 maaie 2017

Kollum fan de foarsitter wurdt kollum fan de leden

Oant foar koart skreau de foarsitter op eigen titel en namme in stik, der’t er syn miening yn utere oer beskate

saken. Lykas sein yn de yntreerede fan de nije foarsitter, op side 1 en 2 fan yn dizze Frijbûtser, wol de

redaksje dêr in kollum foar alle leden fan meitsje. Hawwe jo wat op it hert dat de FNP of de Fryske polityk

oanbelanget, dan kinne jo it hjir publyk meitsje. Tal wurden graach net mear as 500 à 550.

Sitte der (taal)bonkjes yn, dan ûntfermet de redaksje him dêr wol oer, dy’t him ek it rjocht foarbehâldt om der

wat yn te skrassen as jo it te mâl opsizze, mar dat giet yn oerlis mei jo.

Goed idee?

Page 4: Frijbûtser - FNP FryslânMontesquieu (1689-1775), dy’t de trias politicas, de skieding fan de machten foar it earst beskreaun hat. Dy trias politicas, dy skieding fan de machten,

Frijbûtser side 4

It Frysk op skoalle

De steatefraksje fan de FNP wol fan deputearre

Poepjes witte oft goed meartalich ûnderwiis berikber

en beskikber makke wurdt. De fraksje hat skriftlike

fragen steld nei oanlieding fan de spriedingsplannen

dêr’t op dit stuit oan wurke wurdt. Dat wie net de

earste kear: fan begjin 2015 ôf hat de nije fraksje de

deputearre kontinu efter de broek sitten oer dit

ûnderwerp. De FNP is oars wol de iennichste partij yn

PS dy’t hjir konsekwint wurk fan makket: de oaren

hâlde harren stil.

Troch gemeentlike weryndielingen en skoalfúzjes

feroaret der in soad yn ûnderwiislân. It allinnich mar

tellen fan it tal meartalige skoallen hat dêrom net

safolle doel mear. De FNP hat klear krige dat de

Provinsje fan 2017 ôf (ek) rapportearret oer it tal

learlingen en harren foarútgong mei it Frysk. Fierder

hat de Provinsje op oanstean fan Corlienke de Jong de

rapportaazje oer ûntheffingen fan de earste 115

skoallen iepenbier makke.

Westergoawei fertsjinnet feilige oplossing

Wat is der te rêden mei de lêste trije tunnels dy’t yn de

N359 tusken Boalsert en Wommels tasein binne? De

FNP hat skriftlike fragen steld oan Deputearre Steaten

oer de kwestje. Wurdfierder Klaas Fokkinga fan de

FNP wol útlis oer de fertraging by de oanlis fan taseine

tunnels yn de krusingen Boalsert-Noard, Wommels-

Noard en Burchwert.

Fokkinga fernuveret him

deroer dat de Steaten út de

krante en fan wethâlders

hearre moatte dat der

problemen binne. Hy freget

nei de oarsaken fan it boppe

de begrutting útkommen fan

de kosten lykas summier yn

de provinsjale Jierrekken

2016 suggerearre wurdt. De

FNP hat ûnderwilens in

brief krige. Der wurdt noch

hieltyd yn ûnderhannele oer

in oplossing.

Nije ‘stroomwei’ Ljouwert-Snits opkeard

Neist de Westergoawei wie der ek in soad te rêden oer

it idee fan boargemaster Hayo Apotheker foar in nije

provinsjale wei by it spoar lâns fan Ljouwert nei Snits.

50PLUS, FNP en oare partijen hawwe in moasje

yntsjinne dy’t dat opkeard hat. De Steaten hawwe gjin

ferlet fan in nije wei as ferfanger fan de besteande

N354 (Snitserdyk). Der komt ek gjin djoer ûndersyk,

sa’t de deputearre en it CDA earst woene. Yn

oerienstimming mei it koälysjeakkoart wurdt der al in

soad ynvestearre yn it feiliger meitsjen fan de

Snitserdyk, by û.o. Dearsum, Tsienzerbuorren.

Yngripende plannen farwegen fan ’e tafel

Opluchting foar de ynwenners fan Terherne en

Earnewâld. Mar ek foar de gemeenten oan it PM-

kanaal dy’t ynvestearre hawwe yn wiete

bedriuweterreinen lykas Skûlenboarch. De fiergeande

plannen om as Provinsje de besteande farwegen oan te

pakken binne foarearst fan ’e tafel.

Nei in slagge amendemint fan de FNP wie der earst al

in bredere maatskiplike koste-bate-analyze makke. Nei

oanlieding dêrfan hawwe de Steaten no de útstelde

‘lapmiddels’ ôfwiisd bygelyks foar in klasse-V-farwei

dwers troch it wettersportdoarp Terherne hinne. Der

komt no in yntegrale fyzje fan de Provinsje, sa is

tasein. Dêr moatte de belangen fan leefberens, lânskip,

rekreaasje, feangreide en wetterhúshâlding folle better

yn meiwoegen wurde. Krektlyk sa’t de FNP al jierren

bepleite hat.

Corlienke de Jong: “Grutte ynbring fan FNP yn

Kadernota”

Wy binne o sa tefreden oer

de provinsjale Kadernota

foar de Begrutting 2018

dy’t op 9 maaie presintearre

is. In soad fan de punten

dy’t de FNP ynbrocht hat

kinne no fersulvere wurde.

Der is in grut tal útstellen

fan de FNP dêr’t de

Provinsje oan meibetellet.

“Wy binne tefreden dat de

rûnwei Warns der no

komme kin (1 mln.), lyksa

it fytspaad Leechlân Grou-

Warten (0,8 mln.). Us

deputearre Johannes Kramer kin oan ’e slach mei

ekstra jild foar de greidefûgels (1,4 mln.) en de

gebietsûntwikkeling, de ‘plus op de Sintrale As’ (2,5

mln.). Der is op ús oanstean ek rekken holden mei

ekstra jild oant 2022 om it iepenbier ferfier yn Fryslân

op peil te hâlden (3,7 mln. jiers).”

Enerzjyneutraal

Op it mêd fan enerzjy is de FNP ek tige te sprekken oer

de behelle 1 mln. ekstra foar lokale duorsume

enerzjyprojekten mei Duorsume Doarpen, en de

saneamde ‘Fryske Deal’ om mei in ympuls fan 3,5 mln.

op termyn 50.000 Fryske wenningen enerzjyneutraal te

meitsjen.

Bliid is de fraksje ek mei it honorearjen fan in breed

droegen útstel foar de transformaasje fan de fysike

leefomjouwing (‘oanpak rotte kiezzen') yn de

krimpgebieten (3 mln.), en 1 mln. foar de takomst fan

Wetsus yn Ljouwert, in punt dat de FNP mei de VVD

oandroegen hat.

Fan de steatefraksje

Page 5: Frijbûtser - FNP FryslânMontesquieu (1689-1775), dy’t de trias politicas, de skieding fan de machten foar it earst beskreaun hat. Dy trias politicas, dy skieding fan de machten,

Frijbûtser side 5 juny 2017, nûmer 452

Duorsume lânbou

Fierder noch saken op it mêd fan de FNP-deputearre: 3

mln. foar in fûns foar de beliedsbrief oangeande de

transformaasje nei in duorsume lânbou en 1 mln. foar it

stedhûs fan Boalsert en oare monuminten.

Neffens De Jong leit der mei dizze Kadernota, sa

healwei de koälysjeperioade, in goede basis foar de

begrutting fan 2018. “Der bliuwe fansels wol finansjele

punten fan soarch foar de takomst, lykas de

guozzeskea, de djoere plannen foar de farwegen, de

kultuerpartisipaasje en KH2018 en de oanpak fan de

feangreideproblematyk. Mar oer it algemien liket it

goed.”

Tekoart ‘Waddenglas’

De steatefraksje fan de FNP

is ferbjustere oer in grut

tekoart fan leafst € 11,1 mln.

by it projekt ‘Waddenglas’.

Dat tekoart is oan de Steaten

fan Fryslân presintearre yn

de jierrekken 2016 fan de Provinsje. Dêrom frege de

FNP yn de Steaten

opheldering oer de oarsaken

fan de finansjele ôffallers by

it projekt en de mooglikheden

om it ferlies safolle mooglik

te beheinen. It projekt is al

jierren in belofte fan

wurkgelegenheid oan

Noardwest-Fryslân, dy’t mar

net fan ’e grûn komt.

De FNP is der min oer te

sprekken dat sa’n grut tekoart yn in bylage by de

Jierrekken fermeld wurdt. Benammen as ek sjoen

wurdt nei de grutte fan it bedrach. “Wie de ynformaasje

net earder bekend by it Kolleezje fan DS?”, frege

wurdfierder Sybren Posthumus. Deputearre De Rouwe

hat nei in lytse wrakseling fan wurden tasein om de

Steaten by te praten oer de aktuele situaasje. Der soe no

dochs wer ûnderhannele wurde mei in gadingmakker

om te ynvestearjen.

Fan de ôfdielingen

Op in bysûndere algemiene ledegearkomste by hotel

Duhoux yn Wurdum hawwe de FNP-leden fan de

fúzjegemeenten Ljouwert, Ljouwerteradiel en

Littenseradiel-Noard (Lyts Baarderadiel) woansdei

31 maaie de definitive kandidatelist fêststeld foar de

weryndielingsferkiezingen op 22 novimber dit jier.

Der is ek in kandidaat-wethâlder oanwiisd.

Kandidaten út trije gemeenten yn top-5

Mar leafst 86 leden wiene nei Wurdum kommen om

oer de advys-kandidatelist te stimmen. Dat tsjûget fan

in grutte belutsenheid by de takomst fan de partij yn de

nije grutte gemeente Ljouwert.

Yn de top fan de list hawwe de leden in pear

wizigingen oanbrocht. Wichtich is dat alle trije

gemeenten fertsjintwurdige binne by de earste fiif

plakken: Ljouwert en Ljouwerteradiel mei elk twa

kandidaten en Littenseradiel mei ien. De man-

frouferhâlding sjocht der ek goed út: twa froulju en

trije manlju.

De top-5 wurdt foarme troch:

1 Jan-Willem Tuininga, Stiens

2 Lyda Veldstra-Lantinga, Grou

3 Folkert Dijkstra, Stiens

4 Hinke Roorda, Jellum

5 Auke Kleefstra, Reduzum

By de gearstalling fan de list

is, neist kwaliteit en

ûnderfining, rekken holden

mei de regionale sprieding en

de man-frouferdieling. De

FNP hopet mei dizze list en it

wurk dat ús riedsleden de

ôfrûne jierren yn de trije

gemeenten út de wei set

hawwe, op in soad stimmen,

sadat we mei op syn minst

fjouwer sitten yn de nije Ljouwerter ried de belangen

fan ús ynwenners behertigje kinne.

Kandidaat-wethâlder

Rikus Sinnema út Stiens is

troch de leden oanwiisd as

kandidaat-wethâlder. It soe

samar kinne dat de FNP aanst

frege wurdt om diel út te

meitsjen fan in nij te foarmjen

kolleezje fan B&W. Mei

Rikus Sinnema as

poergeskikte kandidaat is de

FNP der klear foar.

Ynterim-bestjoer Ljouwert, Ljouwerteradiel en

Littenseradiel-Noard

Ofdieling Ljouwert: kandidatelist foar 22 novimber stiet fêst

Jan-Willem Tuininga

Rikus Sinnema

Page 6: Frijbûtser - FNP FryslânMontesquieu (1689-1775), dy’t de trias politicas, de skieding fan de machten foar it earst beskreaun hat. Dy trias politicas, dy skieding fan de machten,

Frijbûtser

Ynhâld fan dit nûmer

Side 1 Fan it haadbestjoer

- Yntreerede nije foarsitter HB

Side 3 - Ferslach Algemiene Ledegearkomste op

19 maaie 2017

- Kollum fan de foarsitter wurdt kollum fan de

leden

Side 4 Fan de steatefraksje

- It Frysk op skoalle

- Westergoawei fertsjinnet feilige oplossing

- Yngripende plannen farwegen fan ’e tafel

- Corliende de Jong: “Grutte ynbring fan FNP

yn Kadernota”

- Tekoart ‘Waddenglas’

Side 5 Fan de ôfdielingen

- Ofdieling Ljouwert: kandidatelist foar

22 novimber stiet fêst

Side 6 - Kolofon

- Bûsboekje

FNP-adressen

FNP-Hûs, Obrechtstrjitte 32, 8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034, 8900 VB Ljouwert

(058) 213 14 22, [email protected]

Buro: Tjibbe Brinkman, Twizel

(0511) 54 22 73, [email protected]

It FNP-hûs is iepen op tiisdeis en tongersdeis

fan 10.00 oant 14.00 oere

Bankrekken: NL21 RABO 0305 0145 28

Ynternet: www.fnp.frl

HAADBESTJOER

Cees van Mourik, De Gaastmar (foarsitter)

(0515) 46 93 93, [email protected]

Jehannes Elzinga, Frjentsjer (skriuwer )

(0517) 23 45 24, [email protected]

Eddie de Vries, Drachten (ponghâlder)

(0512) 52 53 92/(06) 5533 1717, [email protected]

Jaap Cuperus, Dokkum

(06) 2245 8322, [email protected]

Jetske Lysbeth de Groot, Drachten

(0512) 52 19 92, [email protected]

Cees Nieboer, Tsjerkwert

(0515) 57 96 57, [email protected]

REDAKSJE FRIJBÛTSER

Harry van Borkulo, Hurdegaryp; Jan Breimer, Grou;

Cees van Mourik, De Gaastmar; Jitske Zaadstra, Turns

Kopij: p/a FNP-hûs; e-post: [email protected]

STEATEFRAKSJE

p/a Provinsjehûs, (058) 292 58 03, [email protected]

Wietske Poelman, fraksjemeiwurkster

Yde Dijkstra, beliedsmeiwurker

Corlienke de Jong, Jutryp (foarsitter)

(06) 2201 9066, [email protected]

Sybren Posthumus, Reduzum

(0566) 60 29 28/(06) 3022 6684, [email protected]

Wopke Veenstra, Boelensloane

(0512) 34 27 70, w.veenstra@fryslân.frl

Klaas Fokkinga, Nes (D)

(06) 2003 3581, [email protected]

Rein van der Wal, It Surhústerfean (earste opfolger)

(06) 1591 2231, [email protected]

DEPUTEARRE

Johannes Kramer, Sibrandabuorren

(06) 1561 2055, [email protected]

WETTERSKIPSFRAKSJE

Sake van der Meer, Koatstertille (foarsitter)

(06) 2325 0619, [email protected]

Jan van der Kooi, Ryptsjerk

(06) 2862 5813, [email protected]

EARSTE KEAMER (OSF)

Hindrik ten Hoeve, Stiens

(058) 257 34 47, [email protected]

FNP-JONGEREIN – Ynternet: www.fnpj.frl

Sytze Kobus, Garyp, kontaktpersoan

(06) 4631 8234, [email protected]

Bûsboekje

July

3 Haadbestjoer

Septimber

1 Start nije seizoen

5 Kopij Frijbûtser 453 ynleverje

11 Haadbestjoer

15 Frijbûtser 453 komt út.

Ek te sjen op www.fnp.frl/Organisaasje - kontakt ▼

N.B. It Deistich bestjoer komt alle wiken op moandeitemoarn gear.

Retoeradres: FRL Post, Swettestrjitte 31, 8912 AV LJOUWERT

Fan 24 july oant en mei 3 septimber is it

Partijhûs ticht.

Buromeiwurkers, haadbestjoer,

steatefraksje en redaksje Frijbûtser winskje

elkenien in moaie simmer(fakânsje!