FB 422 maart 2013...Frijbûtser side 2 Fan it haadbestjoer Hege funksje FNP’er by de EFA Olrik...

6
Frijbûtser Moanneblêd fan de FNP maart 2013, nûmer 422 Blik op de takomst Der stiet ús in wichtige perioade te wachtsje. Takom jier op 5 maart binne de gemeenteriedsferkiezings en novimber dit jier krije we dêr al in fikse foarpriuw fan mei de ferkiezings yn de weryndielingsgemeenten De Fryske Marren, Ljouwert en Hearrenfean, elk mei in stik(je) Boarnsterhim. De tariedings binne dêr al yn folle gong. Drokte mei sammellisten, listadvyskommisjes, programkommisjes en fansels mei plannen foar de kampanje. Op 4 maart ha we op de jierlikse gearkomste fan it haadbestjoer mei de ôfdielingsbestjoeren ek rom omtinken oan dy ferkiezings jûn. It is altyd goed om fan elkoar te hearren hoe’t saken oanpakt wurde kinne. Wat kinne de ôfdielings mienskiplik dwaan, wat kin it partijhûs foar de ôfdielings betsjutte en hoefolle jild meie de ôfdielings út ‘Ljouwert’ ferwachtsje? As we sjogge nei de maatregels dy’t De Haach foar ús yn petto hat en de wjerstân en lilkens dy’t dat by in soad Friezen opropt, dan ha we positive ferwachtings fan dizze ferkiezings. In stim op de FNP is ommers in stim foar Fryslân. Wurkgroep ‘Takomst Fryslân’ Wat hat de FNP de kiezer te bieden? As haadbestjoer en steatefraksje ha we begjin maart om ’e tafel sitten om te sjen hoe’t de FNP mei al dy Haachske plannen omgean moat. Plannen mei lytse skoallen, provinsjes en mega-gemeenten dy’t út noch yn net by de aard, skaal en unike kultuer fan Fryslân passe. Om op koarte termyn in antwurd en in strategy op de Haachske agresje formulearje te kinnen, ha we in brede wurkgroep ynsteld. Op de ledegearkomste fan 31 maaie dit jier hoopje we mei ús leden yn petear te gean oer in foarstel fan dy Wurkgroep. Nije leden op besite by de partij De takomst fan Fryslân, dêr giet it ús om. Om dêr sa goed mooglik foar stride te kinnen, is in sterke FNP nedich. In partij mei in aktyf kader en in breed skala oan kennis, feardichheden en kreativiteit. Om nije boarnen oan te sprekken, mar ek om minsken waarm te krijen en harren belutsenheid te fersterkjen hat de kaderkommisje dit jier foar it earst nije leden útnoege foar in besite oan de partij. Trettjin fan har kamen begjin febrewaris op in treffen mei as doel om neier mei-elkoar yn ’e kunde te kommen. De partij-foarsitter fertelde de nije FNP’ers hoe’t de partij bestjoerlik ynelkoar stekt, in steatelid die út de doeken hoe’t de provinsjale polityk organisearre is. Dêrnei ûntstie in nijsgjirrige diskusje en koe elkenien oanjaan wêr’t syn of har ambysjes en kwaliteiten lizze. Tenei sil de kaderkommisje alle jierren nije leden útnoegje foar sa’n moeting. De takomst fan Fryslân en de takomst fan de FNP. Twa saken dy’t foar ús net los fan elkoar te sjen binne. Logysk advys oan de kiezer: in stim op de FNP is in stim foar Fryslân! Nynke Beetstra foarsitter

Transcript of FB 422 maart 2013...Frijbûtser side 2 Fan it haadbestjoer Hege funksje FNP’er by de EFA Olrik...

Page 1: FB 422 maart 2013...Frijbûtser side 2 Fan it haadbestjoer Hege funksje FNP’er by de EFA Olrik Bouma fan De Jouwer is mei yngong fan 1 april de nije sekretaris-generaal foar de EFAy,

Frijbûtser Moanneblêd fan de FNP maart 2013, nûmer 422

Blik op de takomst Der stiet ús in wichtige perioade te wachtsje. Takom jier op 5 maart binne de gemeenteriedsferkiezings en novimber dit jier krije we dêr al in fikse foarpriuw fan mei de ferkiezings yn de weryndielingsgemeenten De Fryske Marren, Ljouwert en Hearrenfean, elk mei in stik(je) Boarnsterhim. De tariedings binne dêr al yn folle gong. Drokte mei sammellisten, listadvyskommisjes, programkommisjes en fansels mei plannen foar de kampanje. Op 4 maart ha we op de jierlikse gearkomste fan it haadbestjoer mei de ôfdielingsbestjoeren ek rom omtinken oan dy ferkiezings jûn. It is altyd goed om fan elkoar te hearren hoe’t saken oanpakt wurde kinne. Wat kinne de ôfdielings mienskiplik dwaan, wat kin it partijhûs foar de ôfdielings betsjutte en hoefolle jild meie de ôfdielings út ‘Ljouwert’ ferwachtsje? As we sjogge nei de maatregels dy’t De Haach foar ús yn petto hat en de wjerstân en lilkens dy’t dat by in soad Friezen opropt, dan ha we positive ferwachtings fan dizze ferkiezings. In stim op de FNP is ommers in stim foar Fryslân. Wurkgroep ‘Takomst Fryslân’ Wat hat de FNP de kiezer te bieden? As haadbestjoer en steatefraksje ha we begjin maart om ’e tafel sitten om te sjen hoe’t de FNP mei al dy Haachske plannen omgean moat. Plannen mei lytse skoallen, provinsjes en mega-gemeenten dy’t út noch yn net by de aard, skaal en unike kultuer fan Fryslân passe. Om op koarte termyn in antwurd en in strategy op de Haachske agresje formulearje te kinnen, ha we in brede wurkgroep ynsteld. Op de ledegearkomste fan 31 maaie dit jier hoopje we mei ús leden yn petear te gean oer in foarstel fan dy Wurkgroep. Nije leden op besite by de partij De takomst fan Fryslân, dêr giet it ús om. Om dêr sa goed mooglik foar stride te kinnen, is in sterke FNP nedich. In partij mei in aktyf kader en in breed skala oan kennis, feardichheden en kreativiteit. Om nije boarnen oan te sprekken, mar ek om minsken waarm te krijen en harren belutsenheid te fersterkjen hat de kaderkommisje dit jier foar it earst nije leden útnoege foar in besite oan de partij. Trettjin fan har kamen begjin febrewaris op in treffen mei as doel om neier mei-elkoar yn ’e kunde te kommen. De partij-foarsitter fertelde de nije FNP’ers hoe’t de partij bestjoerlik ynelkoar stekt, in steatelid die út de doeken hoe’t de provinsjale polityk organisearre is. Dêrnei ûntstie in nijsgjirrige diskusje en koe elkenien oanjaan wêr’t syn of har ambysjes en kwaliteiten lizze. Tenei sil de kaderkommisje alle jierren nije leden útnoegje foar sa’n moeting. De takomst fan Fryslân en de takomst fan de FNP. Twa saken dy’t foar ús net los fan elkoar te sjen binne. Logysk advys oan de kiezer: in stim op de FNP is in stim foar Fryslân!

Nynke Beetstra foarsitter

Page 2: FB 422 maart 2013...Frijbûtser side 2 Fan it haadbestjoer Hege funksje FNP’er by de EFA Olrik Bouma fan De Jouwer is mei yngong fan 1 april de nije sekretaris-generaal foar de EFAy,

Frijbûtser side 2

Fan it haadbestjoer

Hege funksje FNP’er by de EFA Olrik Bouma fan De Jouwer is mei yngong fan 1 april de nije sekretaris-generaal foar de EFAy, de jeugd-organisaasje fan de EFA, yn Brussel. De EFA fertsjintwurdiget fjirtich regionale minderheidspartijen út Europa, wêrûnder de FNP. De jeugdôfdieling is in oerkoepeling fan alle jeugdorganisaasjes fan dy

partijen. Olrik wurke earder al in healjier as trainee by de EFA en is dus goed bekend mei de organisaasje. Hy sit ek yn de EFA-kommisje fan de FNP en is skriuwer fan de FNP-ôfdieling Skarsterlân/De Fryske Marren. Yn Brussel is Olrik ferantwurdlik foar de finânsjes fan de jeugdôfdieling, de parsekontakten, webside en sosjale media en it organisearjen fan gearkomsten. Olrik, fan herte lokwinske mei dyn nije baan en in soad súkses dêr yn Brussel! Wa organisearret nijjiersgearsit 2014? De tige slagge nijjiersgearsit 2013 op ’e Lemmer leit noch net iens sa fier achter ús, mar dochs sjogge we al wer foarút nei de folgjende. Op de nijjiersgearsit 2014 sil nei alle gedachten ek it startskot foar de kampanje foar de gemeenteriedsferkiezings jûn wurde. Dy binne op 5 maart fan dat jier. In nijjiersgearsit mei in spesjaal tintsje dus. Hokker ôfdieling grypt dy kâns om himsels yn de skynwerpers te setten? Jim kinne jim mei de mail oanmelde by de skriuwer fan it haadbestjoer, Aeltjse de Groot-Zantema, e-post-adres: [email protected].

Wy sykje in nije HB’er Fanwege te folle oare drokte giet Gea Iedema 31 maaie út it haadbestjoer. Gea soarget derfoar dat de FNP op it mêd fan sosjale media altyd goed by de tiid is, ek yn de pr-kommisje. Dat is wichtich, want in politike partij kin hjoed-de-dei net mear sûnder twitter en facebook. Wy sykje in opfolger foar Gea. Wa fan jim liket it wat om yn it haadbestjoer te kommen, is goed thús yn de wrâld fan de sosjale media en hat foldwaande tiid? In útdaagjende en tige learsume funksje! Liket it jim wat of witte jim ien dy’t dêr geskikt foar is, jou it troch oan foarsitter Nynke Beetstra ([email protected], 06-5047 1910). Dêr kinne jim ek te plak foar mear ynformaasje oer de funksje fan haadbestjoerslid. Wolle jim mear witte oer wat it wurk mei de sosjale media krekt ynhâldt, nim dan kontakt op mei Gea Iedema ([email protected], 0517-39 71 68 (jûns) of 06-4600 3336). OSF-blêd Locomotie nei alle FNP-leden De OSF (Onafhankelijke Senaatsfractie) jout it blêd Locomotie út. Krektlyn foel de 50ste útjefte fan dat blêd by it FNP-kader op de matte. It is in moai blêd, mei nijsgjirrige saken oangeande de gong fan saken binnen de OSF en binnen de ferskillende ûnôfhinklike partijen dy’t dêr lid fan binne. Foarsitter fan de OSF is FNP’er Jaap van der Bij. In oare FNP’er, Hindrik ten Hoeve, is foarsitter fan it Witten-skiplik Buro fan de OSF. Doel is dat Locomotie yn de takomst ûnder in breder publyk ferspraat wurdt. Elk FNP-lid is automatysk lid fan de OSF en Locomtie sil tenei nei alle FNP-leden gean. Wy hoopje dat ús leden it blêd mei nocht lêze sille. It lit ús sjen dat oer de provinsjegrinzen hinne ek saken spylje, dy’t ús reitsje.

Fan de steatefraksje

Wizige portefúljeferdieling steatefraksje Trochdat yn de steatefraksje Auke Bijlsma it plak fan Anna Martha van der Mei ynnommen hat en Liskje Flapper de earste opfolger wurden is, binne yn de portefúljeferdieling wat feroarings kommen. Hjirûnder de ferdieling sa’t dy no jildt. Dan witte jim by wa’t jim wêze moatte as jim fragen of opmerkings hawwe. De e-mailadressen en telefoannû-mers fan de minsken stean achter op de Frijbûtser en op de webside.

Sybren Posthumus * Ekonomy, Rekreaasje en Toerisme * Finânsjes

Jan Visser * Wetter * Romte en Mynbousaken

Auke Bijlsma * Ferkear en Ferfier * Miljeu * Lanlik Gebiet, Natuer en Lânbou

Liskje Flapper, 1ste opfolger * Ferkear en Ferfier * Wetter * Miljeu * Lanlik Gebiet, Natuer en Lânbou * Romte en Mynbousaken

Annigje Toering, fraksjefoarsitter * Bestjoer en Feiligens * Sosjaal belied en Soarch * Taal, Kultuer en Ûnderwiis

Page 3: FB 422 maart 2013...Frijbûtser side 2 Fan it haadbestjoer Hege funksje FNP’er by de EFA Olrik Bouma fan De Jouwer is mei yngong fan 1 april de nije sekretaris-generaal foar de EFAy,

Frijbûtser side 3 maart 2013, nûmer 422

Op 14 febrewaris 2013 skreau de Onderwijsraad dat oan skoallen yn tinbefolke gebieten grinzen steld wurde moatte. De rie die trije oanbefellings. De earste hâldt yn dat de noarm foar opheffing fan basisskoallen fan 23 nei 100 learlingen moat. De twadde dat eksperimintele inisjativen fan skoallen stipe wurde moatte en de tredde dat skoallen mei-inoar in goed oanbod organisearje kinne moatte. Mei de twadde en tredde oanbefelling is net safolle mis. Se twinge skoallen om goed nei harren oanbod en organisaasje te sjen. Dat is in goede saak. It is de earste oanbefelling dy’t grutte gefolgen hawwe sil foar Fryske (en Grinslanner, Drintske, Sieuske en Limboarchske) basisskoallen. Dy oanbefellings komme foaral fuort út de eangst foar krimp. It is in feit dat oant 2020 it learlinge-oantal lanlik mei 100.000 sakje sil. Minder bern betsjut lytsere skoallen en dat betsjut mear ‘swakke’ skoallen. Alteast sa wurdt dat gewoan oannaam, mar de measte lytse skoallen steane by de ûnderwiisynspeksje net as ‘swak’ bekend. Lanlik steane de measte lytse skoallen sels as ‘goed’ oanskreaun. Foaral skoallen yn tinbefolke gebieten sille it slachtoffer wurde fan dy ‘100-learlingen’noarm. As dy no ynfierd wurde soe, soe yn Fryslân mear as de helte fan alle 465 basisskoallen ticht moatte! It sluten fan de skoalle yn in doarp is in grutte oantaasting fan de leefberens yn dat doarp. Ommers, hokker jonge minsken wolle noch yn in doarp wenje dêr’t hielendal gjin foarsjennings mear binne? Hokker âlder wol earst fiif kilometer ride om de bern nei skoalle te bringen, om dêrnei troch te riden nei it wurk? Basisskoallen binne ek in moetingsplak foar alle doarpsbewenners. In skoalle fungearret ek faak as doarpshûs. Lytse doarpen sille, mei troch it sluten fan skoallen, mear en mear telâne komme yn in delgeande spiraal, wat liedt ta mear leechstân, fergrizing fan de ynwenners (en dus ek de deastek foar ferienings) ensafuorhinne. Dan haw ik it noch net iens oer de bedriging fan it

Frysk yn it ûnderwiis. Ommers, op dit stuit giet it yn de doarpen al faak sa-sa mei it ûnderwiis yn it Frysk, mar yn de grutte plakken is it wier om te gûlen. Yn dy grutte

plakken binne skoaldirekteuren dy’t sizze: ‘Mar fyftjin persint fan de bern praat hjir Frysk, dat wêrom moatte wy dan oan Frysk dwaan? Wy moatte al oan safolle easken foldwaan.’ Se ferjitte dan dat it Frysk op de basisskoalle in ferplicht fak is. It is spitich dat earst sjoen wurdt nei de sinten. Lytse skoallen binne djoerder as gruttere skoallen. Logysk, der binne minder bern, wol in gebou, learkrêften en oare kosten. Mar as de oanbefelling fan de Onderwijsraad dertroch komt, betsjut dat dat der wol oare kosten bykomme! De bedriuwsfiering fan stiftingen en ienpitters (skoalbestjoeren mei ien skoalle) moat oars (en dat kostet jild) en der sille skoalbussen ride moatte. Dy moatte ek betelle wurde. Learkrêften, ek in soad ‘djoere’ âldere learkrêften, sille ûntslach krije. Dy moatte earst yn de ww en dan nei alle gedachten yn de bystân. Wy witte allegear dat soks

net fergees is. Dus lit ús der mei-elkoar plat foar gean! Foar alle bern goed ûnderwiis berikber en beskikber, it leafst sa lang mooglik in

skoalle yn eigen doarp of mienskip.

Saapke Voolstra foarsitter FNPj en learkrêft basisûnderwiis

In link nei de oanbefellings fan de Onderwijsraad: http://www.onderwijsraad.nl/publicaties/2013/grenzen-aan-

kleine-scholen/item5050

Plannen Onderwijsraad grutte bedriging foar Frysk basisûnderwiis

Page 4: FB 422 maart 2013...Frijbûtser side 2 Fan it haadbestjoer Hege funksje FNP’er by de EFA Olrik Bouma fan De Jouwer is mei yngong fan 1 april de nije sekretaris-generaal foar de EFAy,

Frijbûtser side 4

Gouden tiden Al yn it jier 754 komt de namme Colleheim foar yn de skiedskriuwing oer de gemeente. En wol yn dy sin dat ‘eenige belangrijke mensen uit Colleheim, Reginhard en Wolfgartis eenige hunner landerijen aan het klooster Fulda schenken na de moord op de Christenprediker Bonifatius’. Yn de midsieuwen waard mei Colmerlant faak net mear bedoeld as Kollum mei omkriten. It westlik part fan de hjoeddeiske gemeente, mei de doarpen Aldwâld, Westergeast en Kollumersweach, waard dan oantsjut as Eastbroeksterlân. Dat lêste liket in ôfsplitsing fan Dantumadiel te wêzen. Mar soms waard ûnder dat Eastbroeksterlân ek Kollum beflapt. It doarp Boerum hie in ‘status aparte’ omdat it bot ûnder de ynfloed fan it Gerkeskleaster stie. Nei 1508 ûntstie de gritenij Kollumerlân. Yn 1543 wurdt sprutsen oer sân seehavens yn Fryslân: Collum, Dockum, Harlingen, Makkum, Workum, Stavoren en De Lemmer. Dêrmei is ek oanjûn dat Collum doe, troch in brede stream, oan de Lauwerssee lei en neist de stêden Dokkum en Grins in wichtich plak wie foar de hannel yn foaral bûter en tsiis. Benammen yn de 16e en in diel fan de 17e ieu wie dat sa. In byld dêrfan is werom te finen yn de Foarstrjitte dy’t fan west nei east troch it doarp rint. Oan ferskate moaie wenningen yn de Foarstrjitte is dat noch te sjen. Cum annexis Colleheim is yn de rin fan de jierren feroare yn Kollum en dy namme is de basis wurden foar de namme Kollumerlân en Nijkrúslân; dat lêste moat it gebiet oanjaan dat yn de 16e ieu troch ynpoldering by de gemeente kaam is. Hjoed-de-dei wurdt der praat fan de ‘Gemeente Kollumerlân c.a.’ (cum annexis).

Ús doarpen en it bedike lân Yn de gemeente binne tolve doarpen: Aldwâld, Lytsewâld (Augsbuurt), Boerum, Feankleaster, Kollum, Kollumersweach, Sweagerbosk, De Trieme, Westergeast, Kollumerpomp, Mûntsjesyl en Warfstermûne. De lêste trije binne ûntstien troch lânoanwinning. It totale oerflak is 11.635 hektare. In grut diel dêrfan, 2.700 ha., is mei it ôfsluten fan de Lauwerssee yn 1969 oan it grûngebiet taheakke. By ús provinsje is soks net bekend, want daliks nei Dokkumer Nije Silen al stiet yn it wetter foar de boatsjefarders in, op himsels kreas, boerd mei de tekst ‘Oant sjen’, wylst in grut rekreaasje- en natoergebiet fan it Lauwersmargebiet yn Kollumerlân dan noch komt. Skonken oan Grins sa’t it liket. Hawar, de see-earn lûkt it him net oan en bout dêr syn nêst. Rûchwei alle grûn noardlik en eastlik fan de line Westergeast-Âldwâld-Kollum-Bûtenpost is op de see wûn en bedike. It noardlik en eastlik diel fan de gemeente is dan ek klaai, en it westlik en súdlik diel is sânich (Geast en Wâld). De gemeente hat likernôch 13.000 ynwenners. De lêste jierren rint dat tal elts jier mei in pear persinten werom. Lytsskalige yndustry is te finen yn Kollum en Kollumersweach. Fierder is der nochal wat wurkgelegenheid yn tsjinstferliening en hannel, mar yn haadsaak is ús gemeente in wengemeente. Rekreaasje Om de ynwenners oan it wurk te hâlden wurdt de lêste jierren mear en mear ynset op de rekreaasje, benammen op de wettersport. It hat derta laat dat de provinsje dat foarnimmen yn 2012 stipe mei it takennen fan twa miljoen euro om de plannen fierder hannen en fuotten te jaan. De fêste brêge yn de Lauwersmarwei oer de Sylsterryd is yn april 2007 in klapbrêge wurden. Dêrmei is Kollum foar alle (syl-)skippen – as se net mear stekke as sa’n 1.40 meter – fan Waad, Dokkumer Grutdjip, Reitdiep (Zoutkamp-Grins) en Lauwersmar ôf wer te berikken. Neist de wettersport draacht ek Feankleaster by as lûker fan de rekreaasje mei û.o. Fogelsanghstate, It Lytse Slot en it Lânboumuseum. Rêst en romte is hjir te finen foar de minsken dy’t der efkes út wolle. Taalgrins Ús gemeente hat in taalgrins dy’t net lykop rint mei de gemeente-/provinsjegrins, mar de ferhâldingen binne hjir gâns nofliker as yn bygelyks België. Mooglik is it dêrtroch dat de gemeente de grutte Fryske mearderheid behannelet as in minderheid. Dochs is de omgongstaal yn de riedsseal foar it grutste part Frysk. Kollum hat, as âld hannelssintrum, in eigen foarm fan ‘steds’-Frysk, it Kollumers. De easthoeke hat dialekten mei Grinslânske en Fryske ynfloeden. Op himsels is dat net sa nuver.

De FNP-ôfdieling yn Kollumerlân c.a. In gemeente op klaai en sân

Fan de ôfdielings

Page 5: FB 422 maart 2013...Frijbûtser side 2 Fan it haadbestjoer Hege funksje FNP’er by de EFA Olrik Bouma fan De Jouwer is mei yngong fan 1 april de nije sekretaris-generaal foar de EFAy,

maart 2013, nûmer 422 Frijbûtser side 5

‘Oestbroecksterlande’, dêr’t doe ek Kollum mei bedoeld waard, sleat yn 1443 in ferbûn mei de stêd Grins om yn it gebiet foar mear feilichheid te soargjen. De easthoeke fan Kollumerlân hat eins altiten al op Grinslân oriïntearre west en de doarpen Mûntsjesyl en Warfstermûne binne dat foar tal fan saken, lykas middelber ûnderwiis, noch. Oarsom dogge in soad Grinslanners harren boadskippen yn Kollum. De winkelfoarsjenningen steane dêr troch de ynterprovinsjale regiofunksje op in heech peil. FNP-ôfdieling Kollumerlân c.a. Ús ôfdieling is yn 1982 oprjochte en krige yn 1986 de

earste riedssit. Minne van Wieren wist it riedswurk tweintich jier mei sukses fol te hâlden. Hoe’t it fierder rûn, is te finen ûnder it tapke Skiednis op www.fnp-kollumerlan.nl. Op dit stuit besette Wieger Rekker, Tineke Bosgraaf en Frâns Boersma foar de FNP trije fan de fyftjin riedssitten. Wy binne mei 23% fan de stimmen de twadde partij en hawwe krekt gjin fjouwer sitten. Oant no ta altiten yn de opposysje. Ús klup wurdt droegen troch de 1235 stimmers

yn 2010, in dikke 50 leden en 250 sympatisanten. Dy lêsten krije ús FNP-Nijsblêd mei in adresstikker besoarge. Lang hat der gjin skieding west tusken bestjoersfunksjes en riedssitten. No is dat wol sa en is der ek aardich lykwicht tusken froulju en manlju. Wy hawwe in grutte en trouwe stipefraksje dy’t ienris yn ’e moanne de riedsstikken besprekt mei wat fierder op tafel komt. Dochs fine we net dat it oerhâldt mei it tal minsken dat de organisaasje draacht; lykwols hat dat nea oars west. In beheinde kearn fan minsken rêdt dermei, om mar in wâldterm te brûken. Weryndieling Yn desimber is riedsbreed, mar sûnder de FNP, de yntinsje útsprutsen dat Kollumerlân fusearret mei Dongeradiel en mooglik ynteresseare oare gemeenten. De FNP hat jierrenlang oanhâldend ynset op oare foarmen fan skaalfergrutting as fúzje, mar gjin poat oan de grûn krigen. Dêr wie by it kolleezje en alle oare

partijen nea romte en ynset foar; wol foar in lange rige fan ûndersyksrapporten. Dus wat moasten se yn Achtkarspelen ek mei Kollumerlân, as Tytsjerksteradiel dat al goed fûn hie; hja woenen ommers gearwurkje. En yn Dongeradiel gong ús eigen FNP al ier en betiid mei yn de fúzjeplannen. Dat folle wie yn Kollumerlân foar ús op dit mêd net te winnen. Noch efkes wachtsje oant Dantumadiel en mooglik

Ferwerderadiel ek gear sean binne, dan kin de boel oer de hage smiten wurde. Der falt lykwols net folle mear te smiten, oars as skulden en oardel gemeentehûs: in nij en in âld dat foar de helte weromkocht is fanwege betingsten fan in projektûntwikkelder dy’t dêr in moaie takomst meitsje soe. Soe ja... In skoandere reserve is hjir jier oan jier slonken en slonken; it is no sa goed as op. De FNP hat der al dy jierren eltse kear kanttekeningen by makke. Yn Dokkum wisten se midden 1600 al hoe’t soks moast en giene se fallyt troch it graven fan de Trekfeart nei... ja krekt, nei Westergeast, Âldwâld en Kollum. De trekfeart fan Kollum nei Strobos lei der doe al. Les út de skiednis? Begjin 1500 ûntstie de gritenij Kollumerlân. Pas in trijehûndert jier fierder wurdt it, mei tank oan Napoaleon, de gemeente Kollumerlân. Dy liket nei twahûndert jier ferdwine te moatten. Koartsein, in streek ûnder in bestjoerlike ienheid fan 500 jier. Mei de foargonger Eastbroeksterlân, dat yn yn 1389 al bestiet, is it sels mear as 600 jier. Yn 1811 waard Kollumerlân ferdield yn trije gemeenten. Yn 1816 is dat er weromskroefd. Wa wit meitsje we soks de kommende jierren wer mei, mar dan oarsom. De organisaasjestruktuer is net hillich. Alles hinget ôf fan minsken dy’t har ynsette wolle. Sa sil it by it takomstige Nij Grut Noardeast-Fryslân ek wêze. De FNP yn Súdwest-Fryslân hat wer trije regio’s makke ‘om de boel te oersjen en te bespyljen’. Dat wy dûke de boel hjir noch mar net op. Kollum, maart 2013

Wieger Rekker, fraksjefoarsitter Johannes Samplonius, wnd. foarsitter bestjoer mei tank oan ferskate leden fan de stipefraksje

Wieger Rekker

Tineke Bosgraaf-de Jong

Frâns Boersma

Page 6: FB 422 maart 2013...Frijbûtser side 2 Fan it haadbestjoer Hege funksje FNP’er by de EFA Olrik Bouma fan De Jouwer is mei yngong fan 1 april de nije sekretaris-generaal foar de EFAy,

Frijbûtser

Ynhâld fan dit nûmer Side 1 - Blik op de takomst

Side 2 - Fan it haadbestjoer - Fan de steatefraksje

Side 3 - Plannen Onderwijsraad grutte bedriging foar Frysk ûnderwiis

Side 4 - De FNP-ôfdieling yn Kollumerlân c.a.

Side 6 - Kolofon - Bûsboekje

FNP-adressen FNP-Hûs, Obrechtstrjitte 32, 8916 EN Ljouwert Antwurdnûmer 5034, 8900 VB Ljouwert (058) 213 14 22, [email protected] Buro: Tjibbe Brinkman, Twizel (0511) 54 22 73, [email protected] It FNP-hûs is iepen op tiisdeis en tongersdeis fan 9.00 oant 13.00 oere Rabobank: 30 50 14 528 / Fryslân Bank: 29 80 05 867 Ynternet: www.fnp.nl

HAADBESTJOER Nynke Beetstra, foarsitter, Grou (0566) 62 24 85, [email protected] Aeltsje de Groot-Zantema, skriuwer, Stiens (058) 257 38 33, [email protected] Gerrit Idsardi, ponghâlder, Twizelerheide (0511) 44 35 23, [email protected] Sjoerdtsje Veenstra-Paulusma, Oerterp (0512) 30 36 47, [email protected] Jannes van der Velde, De Rottefalle (0512) 34 25 92, [email protected] Gea Iedema-Zondervan, Frjentsjer (0517) 39 71 68, [email protected] Cees Nieboer, Tsjerkwert (0515) 57 96 57, [email protected] Rommert Dyk, Burgum (0511) 46 27 30, [email protected] Miriam van der Veen, Sumar (06) 47 49 47 20, [email protected]

REDAKSJE FRIJBÛTSER Willem Tjerkstra, Snits, Nynke Beetstra, Grou, Jitske Zaadstra, Turns, Jan Breimer, Grou.

Kopij: p/a FNP-hûs; e-post: [email protected]

STEATEFRAKSJE p/a Provinsjehûs (058) 292 58 03, [email protected]

Janke de Vries, fraksjemeiwurkster Yde Dijkstra, beliedsmeiwurker

Annigje Toering-Schuurmans, Mantgum, foarsitter (06) 5124 7182, [email protected] Sybren Posthumus, Reduzum (0566) 60 29 28/(06) 3022 6684, [email protected] Jan Visser, Waaksens (D) (06) 4662 7973, [email protected] Auke Bijlsma, Terherne (06) 5059 0080, [email protected] Liskje Flapper, Burchwert, kommisjelid (06) 2323 3036, [email protected]

DEPUTEARRE Johannes Kramer, Sibrandabuorren (06) 1561 2055, [email protected]

WETTERSKIPSFRAKSJE Lolke Folkertsma, Dokkum, foarsitter (0519) 22 16 60, [email protected] Wopke Veenstra, Boelensloane (0512) 34 27 70, [email protected]

EARSTE KEAMER (OSF) Kees de Lange, Monnickendam (0299) 653507, [email protected]

FNP-JONGEREIN – Ynternet: www.fnpj.nl Saapke Voolstra, Drachten, foarsitter (06) 5081 3896, [email protected]

Bûsboekje

Maart 25 Deistich bestjoer

26 HB – Steatefraksje

April 8 Haadbestjoer

16 Kopij Frijbûtser 423

19 HB – politisy

By ferkeard adres, werom nei

Obrechtstrjitte 32, 8916 EN LJOUWERT

Post NL Port betelle