DE FRYSKE AKADEMY YN 2013...22-04-13 09:33 keynote lêzings 5 organisaasje kongres Saken nasjonaal...

1
Jierferslach 2013 Wittenskiplik ûndersyk De Fryske Akademy rjochtet him op it bestudearjen fan feroaringsprosessen yn de Fryske taal, meartaligens, skiednis en regionale identiteit, no en earder. Ynstitúsjonele en maatskiplike ynpassing en gearwurkingsferbannen Yn it foarjier waard de Bestjoersôfspraak foar de Fryske Taal en Kultuer tusken Ryk en Provinsje tekene. Dêrmei is de status fan de Fryske Akademy as oan de KNAW liearre ynstitút oant 2018 helder regele. De wurkferbannen en wurkgroepen spylje in wichtige rol foar de maatskiplike ynpassing fan de Fryske Akademy. Hja rjochtsje har op aktiviteiten dy’t boppe de ûndersyksaginda fan de Akademy útgean. Sa ha hja it drokbesochte sympoasium ‘Hokker takomst foar it Fryske lânskip?’ organisearre. De rige Akademylêzings hat wer sa’n 150 nigethawwers de sessy lutsen. Mei gebrûkmeitsjen fan de NUON-jilden is in gearwurkingsoerienkomst oangien mei Tresoar, Histoarysk Sintrum Ljouwert, Cedin, Partoer, Afûk, University Campus Fryslân en it Frysk Museum, om te kommen ta in deltaplan digitalisearring fan Frysk erfgoed. Yn it NWO-grutte programma Taalportaal wurkje Fryske Akademy, Meertens Instituut, Instituut voor Nederlandse Lexicologie en Universiteit Leiden gear. Taalweb wurdt yn oparbeidzjen mei it Amsterdamske Gridline ûntwikkele. Foar HISGIS wurdt mei gâns wittenskiplike partijen, argyfynstellings en erfgoedorganisaasjes gearwurke, dêrûnder it Nederlands Interdisciplinair Demografisch Instituut (NIDI), Data Archiving and Network Services (DANS), it Centre for Urban History en de Afdeling Geografie fan de Universiteit van Amsterdam (UvA), it Centrum voor Kongressen, lêzings en publyksaktiviteiten oantallen Der hat ek in sa goed as wyklikse publykslêzing west en der binne ûnderskate bydragen yn de media ferskynd. De Akademy-dei yn dit merkeljier – it 75-jierrich bestean – waard mei 650 gasten bûtenwenstich goed besocht. Bedriuwsfiering en eksploitaasjerekken De KNAW hat de lumpsumsubsydzje mei € 21.000 koarte yn ferhâlding ta 2012. Mei tank oan in priiskompinsaasje waard dat beheind ta € 7.100. De lumpsumsubsydzje fan de provinsje berûn € 998.144. Dat wie basearre op it bedrach fan 2012, fermeardere mei € 26.000 troch yndeksaasje. Promoasjeûndersiken Yn oktober promovearre Jelske Dijkstra op Growing up with Frisian and Dutch (sjoch ek: Kearnpublikaasjes). Prof. dr. Folkert Kuiken en prof. dr. René Jorna silger (Fryske Akademy/ Rijksuniversiteit Groningen (RuG)) wiene de promotoaren. Yn desimber hat bûtenpromovendus Otto Roemeling yn Leiden Heiligen en heren, studies over het parochiewezen in het Noorden van Nederland vóór 1600 ferdigene. Promotor wie prof. dr. Hans Mol (Fryske Akademy/ Universiteit Leiden). Stadsontwikkeling fan de Universiteit Antwerpen, it Drents Archief en Kadaster. Yn it Memento Mori-projekt, lutsen troch de RuG, partisipearje partijen fan beide kanten fan de Nederlânsk-Dútske grins, dêrûnder de Ostfriesische Landschaft. Yn it KNAW eHumanities- projekt The Riddle of Literary Quality is de Fryske Akademy partner yn in promoasje- en postdocûndersyk dat ûnder lieding fan it ING-Huygens stiet. Mei de Koninklijke Bibliotheek, it ING-Huygens, de Universiteit Leiden, it Meertens Instituut en it Nationaal Archief wurket de Fryske Akademy gear yn it Prize Papers Network. It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen wurket al jierren yntinsyf gear mei de Baskyske oerheid, dy’t ek yn 2013 in wichtige subsydzje levere hat oan it ferlykjend Frysk-Baskysk taalûndersyk. Foar it netwurkprojekt LangOER koördinearret Mercator de gearwurking tusken Web2learn (Grikelân), European Schoolnet (België), de Universiteit Gothenburg (Sweden), de Jan Dlugosz Universiteit (Poalen), de Mykolas Romeris Universiteit (Litouwen), de International Council for Open and Distance Education (Noarwegen), de European Foundation for Quality in E-learning (België) en de Rezekne Higher Education Institution (Letlân). Websites en social media Oantal unike besikers www.fryske-akademy.nl 48946 www.mercator-network.eu 3919 www.networkofschools.org 4135 www.mercator-research.eu 23611 www.hisgis.nl 88203 Ein 2013 hie de Facebook-side (www.facebook.com/Fryske Akademy) 271 ‘likes’ en Twitter (@FryskeAkademy) telde 450 folgers. Leden Op de Akademy-dei binne ta lid beneamd: dr. Piet Bakker, dr. Ernst Bruinsma, drs. Erik Betten, Nynke Laverman, Pieter Visser, Pieter Winsemius, ir. Nynke-Rixt Jukema, Marten Koopmans en Bennie Huisman. Prof. dr. Reinier Salverda waard by syn ôfskied ferrast mei it lidmaatskip. Op sneon 8 juny waard in lededei foar alle leden hâlden, dêr’t in lytse 40 leden by oanwêzich wiene. Ein 2013 telde de Fryske Akademy 316 leden. Kearnpublikaasjes • Bangma, I. & Riemersma, A.M.J. (2013). Transmission et apprentissage multilingue précoce du point de vue des communautés de langues minoritaires et régionales d’Europe [Early multilingual transmission and learning from the perspective of European regional and minority language communities]. Synergies Europe, 2012(7), 35-52. • Dijkstra, J.E., Growing up with Frisian and Dutch. The role of language input in the early development of Frisian and Dutch among preschool children in Friesland (dissertaasje Ljouwert 2013). • Hoekstra, E. & Koppen, M. van, Holland and Utrecht: Morphology and syntax. Yn: F. Hinskens & J. Taeldeman (Eds.), Language and Space: Dutch (Language and Space. An International Handbook of Linguistic Variation, 3) (Berlin/Boston 2013), pp. 418- 433. Meer, P.L.G. van der & Mol, J.A. (eds.), De Beneficiaalboeken van Friesland, 1543 (Ljouwert 2013). Nijdam, J.A. (2013). Honour and Shame Embodied. The Case of Medieval Frisia. Yn: B. Sère & J. Wettlaufer (Eds.), Shame between Punishment and Penance. The Social Usages of Shame in the Middle Ages and Early Modern Times / La honte entre peine et pénitence – les usages sociaux de la honte au Moyen Âge et aux débuts de lépoque moderne (Micrologus’ Library, 54) (Firenze 2013, pp. 65-88). • Sijens, H. & Dykstra, A., Language Web for Frisian. Yn: I. Kosem, J. Kallas, P. Gantar, S. Krek, M. Langemets & M. Tuulik (Eds.), Electronic lexicography in the 21st century: thinking outside the paper. Proceedings of the eLex 2013 conference (Ljubljana/Tallinn 2013), pp. 93-105. Stapel, R.J. (2013). Layer on layer. ‘Computational archaeology’ in 15th- century Middle Dutch historiography. Yn: Literary & Linguistic Computing, 28(2), 344- 358. Direkteur-bestjoerder Nei sân jier is prof. dr. Reinier Salverda (1948) fan desimber ôf mei pinsjoen. Dr. Hanno Brand (1959) hat de ynstitútslieding oernaam. Brand wie sûnt 15 april al waarnimmend direkteur-bestjoerder. Kolofon © Fryske Akademy 2014, Ljouwert | Opmaak: GPNo, De Jouwer Fotografy: Fryske Akademy, Erikjan Koopmans, Hindrik Sijens en Julius Visser >>> >>> lês hjir fierder 1 Sympoasium Hokker takomst foar it Fryske lânskip? PROGRAMMA SYMPOASIUM Hokker takomst foar it Fryske lânskip? Woansdei 24 april 2013, 10.00 - 17.00 oere Yn kongres- en stúdzjesintrum It Aljemint, Ljouwert 22-04-13 09:33 keynote lêzings 5 organisaasje kongres nasjonaal 10 ynternasjonaal 10 wittenskiplike lêzings 52 Personiel Njoggen nije meiwurkers binne yn tsjinst kaam. Fan trije wurknimmers rûn it kontrakt ôf en twa meiwurkers binne mei pinsjoen gien. Ta syn grutte spyt moast de Fryske Akademy ôfskied nimme fan prof. dr. René Jorna (haad Sosjale Witenskippen), dy’t stoarn is oan de gefolgen fan in slopende sykte. De Akademy hat plak bean oan sân gastûndersikers en twa stazjêres. artikels refereed 4 net-refereed 7 hdst. yn bondels refereed 8 net-refereed 9 hdst. net-witt. bondels 2 rapporten 4 boarne-edysjes 1 proefskriften 1 en ekstern 1 wurdboeken 1 boekbesprekken 8 redaksje tydskriften 11 redaksje bondels 2 databases bestannen en tekstbydragen 18 Nijbou en renovaasje Yn febrewaris is de omjouwingsfergunning ferliend, ynklusyf sloopfergunning foar de gebouwen oan de Grienewei. Provinsje Fryslân en de KNAW ha de definitive subsydzje-oanfragen goedkard en jild beskikber steld. Project- en Bouwmanagement Giezen waard oansteld as bouprojektlieder. In ynrjochtingskommisje is úteinset om advys te jaan oer de ynrjochting fan de gebouwen en (wer)brûken fan de ynboel. Fierder begûn yn desimber in ûndersyk nei it oarspronklik ynterieur fan it Coulonhûs en de notiidske technyske tastân dêrfan. Opbou neffens leeftyd (31.12.2013) Gearstalling personiel (31.12.2013) Manlju Prof. dr. René Jorna † Leden Rie fan Tafersjoch Marten Koopmans (1939), foarsitter oant 1 july Prof. dr. Eric Reuland (1944), oant 1 july Mr. Douwe de Vries (1942) Drs. Jan-Meinte Postma (1947), vice-foarsitter Drs. Houkje Rijpstra (1963) fan 1 febrewaris ôf Prof. dr. ir. Jacob Fokkema (1948), foarsitter fan 1 oktober ôf Prof. dr. Fred Weerman (1957), fan 1 oktober ôf DE FRYSKE AKADEMY YN 2013 Publikaasjes oantallen Jelke Bloem Learner modelling and language contact in syntax: word order in verbal clusters in the Dutch-Frisian continuum Matthijs Gerrits Schieringers en Vetkopers: vetemaatschappij in Fryslân Rombert Stapel Croniken van der Duytscher Orden Nienke Boomstra Meer taal, meer kans: een Papiaments- Nederlands taalontwikkelings- project Mirjam Günther- van der Meij De Engelse taalontwikkeling van vloeiend en niet- vloeiend tweetalige jongvolwassenen Nika Stefan Language preservation and language loss in Frisian: a socio- linguistic profile Evelyn Bosma Tweetaligheid en cognitief voordeel Dennis Worst Middeleeuwse agrarische veenontginningen in Zuid-Friesland en de kop van Overijssel (1000-1400) Marrit Jansma Communicatieve vaardigheden van de Friese basisschoolleerlingen Rinnende promoasjetrajekten wiene: 2013 Realisaasje Begrutting Baten € 4.126.845 € 3.848.623 Lêsten € 4.002.665 € 3.844.857 Resultaat € 124.180 € 3.766 Froulju wittenskiplike stêf Algemiene Saken promovendy stypjend wittenskip 56 TOTAAL 37,27 HISGIS Amsterdam Jelske Dijkstra prof. dr. Reinier Salverda dr. Hanno Brand Lededei Lêzing Pieter Winsemius op de Akademy-dei

Transcript of DE FRYSKE AKADEMY YN 2013...22-04-13 09:33 keynote lêzings 5 organisaasje kongres Saken nasjonaal...

Page 1: DE FRYSKE AKADEMY YN 2013...22-04-13 09:33 keynote lêzings 5 organisaasje kongres Saken nasjonaal 10 ynternasjonaal 10 wittenskiplike lêzings Froulju 52 Personiel Njoggen nije meiwurkers

Jierferslach2013

Wittenskiplik ûndersykDe Fryske Akademy rjochtet him op it bestudearjen fan feroaringsprosessen yn de Fryske taal, meartaligens, skiednis en regionale identiteit, no en earder.

Ynstitúsjonele en maatskiplike ynpassing en gearwurkingsferbannenYn it foarjier waard de Bestjoersôfspraak foar de Fryske Taal en Kultuer tusken Ryk en Provinsje tekene. Dêrmei is de status fan de Fryske Akademy as oan de KNAW liearre ynstitút oant 2018 helder regele.

De wurkferbannen en wurkgroepen spylje in wichtige rol foar de maatskiplike ynpassing fan de Fryske Akademy. Hja rjochtsje har op aktiviteiten dy’t boppe de

ûndersyksaginda fan de Akademy útgean. Sa ha hja it drokbesochte sympoasium ‘Hokker takomst foar it Fryske lânskip?’ organisearre. De rige Akademylêzings hat wer sa’n 150 nigethawwers de sessy lutsen.

Mei gebrûkmeitsjen fan de NUON-jilden is in gearwurkingsoerienkomst oangien mei Tresoar, Histoarysk Sintrum Ljouwert, Cedin, Partoer, Afûk, University Campus Fryslân en it Frysk Museum, om te kommen ta in deltaplan digitalisearring fan Frysk erfgoed.

Yn it NWO-grutte programma Taalportaal wurkje Fryske Akademy, Meertens Instituut, Instituut voor Nederlandse Lexicologie en Universiteit Leiden gear. Taalweb wurdt yn oparbeidzjen mei it Amsterdamske Gridline ûntwikkele. Foar HISGIS wurdt mei gâns wittenskiplike partijen, argyfynstellings en erfgoedorganisaasjes gearwurke, dêrûnder it Nederlands Interdisciplinair Demografisch Instituut (NIDI), Data Archiving and Network Services (DANS), it Centre for Urban History en de Afdeling Geografie fan de Universiteit van Amsterdam (UvA), it Centrum voor

Kongressen, lêzings en publyksaktiviteiten oantallen

Der hat ek in sa goed as wyklikse publykslêzing west en der binne ûnderskate bydragen yn de media ferskynd. De Akademy-dei yn dit merkeljier – it 75-jierrich bestean – waard mei 650 gasten bûtenwenstich goed besocht.

Bedriuwsfiering en eksploitaasjerekkenDe KNAW hat de lumpsumsubsydzje mei € 21.000 koarte yn ferhâlding ta 2012. Mei tank oan in priiskompinsaasje waard dat beheind ta € 7.100. De lumpsumsubsydzje fan de provinsje berûn € 998.144. Dat wie basearre op it bedrach fan 2012, fermeardere mei € 26.000 troch yndeksaasje.

PromoasjeûndersikenYn oktober promovearre Jelske Dijkstra op Growing up with Frisian and Dutch (sjoch

ek: Kearnpublikaasjes). Prof. dr. Folkert Kuiken en prof. dr. René Jorna silger (Fryske Akademy/Rijksuniversiteit Groningen (RuG)) wiene de promotoaren.Yn desimber hat bûtenpromovendus Otto Roemeling yn Leiden Heiligen en heren,

studies over het parochiewezen in het Noorden van Nederland vóór 1600 ferdigene. Promotor wie prof. dr. Hans Mol (Fryske Akademy/Universiteit Leiden).

Stadsontwikkeling fan de Universiteit Antwerpen,

it Drents Archief en Kadaster. Yn it Memento Mori-projekt, lutsen troch de RuG, partisipearje partijen

fan beide kanten fan de Nederlânsk-Dútske grins,

dêrûnder de Ostfriesische Landschaft. Yn it KNAW eHumanities-projekt The Riddle of Literary Quality is de Fryske Akademy partner yn in promoasje- en postdocûndersyk dat ûnder lieding fan it ING-Huygens stiet. Mei de Koninklijke Bibliotheek, it ING-Huygens, de Universiteit Leiden, it Meertens Instituut en it Nationaal

Archief wurket de Fryske Akademy gear yn it Prize Papers Network.

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen wurket al jierren yntinsyf gear mei de Baskyske oerheid, dy’t ek yn 2013 in wichtige subsydzje levere hat oan it ferlykjend Frysk-Baskysk taalûndersyk. Foar it netwurkprojekt LangOER koördinearret Mercator de gearwurking tusken Web2learn (Grikelân), European Schoolnet (België), de Universiteit Gothenburg (Sweden), de Jan Dlugosz Universiteit (Poalen), de Mykolas Romeris Universiteit (Litouwen), de International Council for Open and Distance Education (Noarwegen), de European Foundation for Quality in E-learning (België) en de Rezekne Higher Education Institution (Letlân).

Websites en social mediaOantal unike

besikerswww.fryske-akademy.nl 48946www.mercator-network.eu 3919www.networkofschools.org 4135www.mercator-research.eu 23611www.hisgis.nl 88203

Ein 2013 hie de Facebook-side (www.facebook.com/FryskeAkademy) 271 ‘likes’ en Twitter (@FryskeAkademy) telde 450 folgers.

LedenOp de Akademy-dei binne ta lid beneamd: dr. Piet Bakker, dr. Ernst Bruinsma, drs. Erik Betten, Nynke Laverman, Pieter Visser, Pieter Winsemius, ir. Nynke-Rixt Jukema, Marten Koopmans en Bennie Huisman. Prof. dr. Reinier Salverda waard by syn ôfskied ferrast mei it lidmaatskip. Op sneon 8 juny waard in lededei foar alle leden hâlden, dêr’t in lytse 40 leden by oanwêzich wiene. Ein 2013 telde de Fryske Akademy 316 leden.

Kearnpublikaasjes• Bangma, I. & Riemersma, A.M.J.

(2013). Transmission et apprentissage multilingue précoce du point de vue des communautés de langues minoritaires et régionales d’Europe [Early multilingual transmission and learning from the perspective of European regional and minority language communities]. Synergies Europe, 2012(7), 35-52.

• Dijkstra, J.E., Growing up with Frisian and Dutch. The role of language input in the early development of Frisian and Dutch among preschool children in Friesland (dissertaasje Ljouwert 2013).

• Hoekstra, E. & Koppen, M. van, Holland and Utrecht: Morphology and syntax. Yn: F. Hinskens & J. Taeldeman (Eds.), Language and Space: Dutch (Language and Space. An International Handbook of Linguistic Variation, 3) (Berlin/Boston 2013), pp. 418-433.

• Meer, P.L.G. van der & Mol, J.A. (eds.), De Beneficiaalboeken van Friesland, 1543 (Ljouwert 2013).

• Nijdam, J.A. (2013). Honour and Shame Embodied. The Case of Medieval Frisia. Yn: B. Sère & J. Wettlaufer (Eds.), Shame between Punishment and Penance. The Social Usages of Shame in the Middle Ages and Early Modern Times / La honte entre peine

et pénitence – les usages sociaux de la honte au Moyen Âge et aux débuts de lépoque moderne (Micrologus’ Library, 54) (Firenze 2013, pp. 65-88).

• Sijens, H. & Dykstra, A., Language Web for Frisian. Yn: I. Kosem, J. Kallas, P. Gantar, S. Krek, M. Langemets & M. Tuulik (Eds.), Electronic lexicography in the 21st century: thinking outside the paper. Proceedings of the eLex 2013 conference (Ljubljana/Tallinn 2013), pp. 93-105.

• Stapel, R.J. (2013). Layer on layer. ‘Computational archaeology’ in 15th-century Middle Dutch historiography. Yn: Literary & Linguistic Computing, 28(2), 344-358.

Direkteur-bestjoerderNei sân jier is prof. dr. Reinier Salverda (1948) fan desimber ôf mei pinsjoen. Dr. Hanno Brand (1959) hat de ynstitútslieding oernaam. Brand wie sûnt 15 april al waarnimmend direkteur-bestjoerder.

Kolofon © Fryske Akademy 2014, Ljouwert | Opmaak: GPNo, De JouwerFotografy: Fryske Akademy, Erikjan Koopmans, Hindrik Sijens en Julius Visser

>>>

>>> lês hjir fierder

1 Sympoasium Hokker takomst foar it Fryske lânskip?

P r o g r a m m a

S y m P o a S i u m

Hokker takomst foar it Fryske lânskip?

Woansdei 24 april 2013, 10.00 - 17.00 oere

Yn kongres- en stúdzjesintrum It Aljemint, Ljouwert

FA Symp prog.indd 1

22-04-13 09:33

keynote lêzings 5organisaasje kongres nasjonaal 10 ynternasjonaal 10wittenskiplike lêzings 52 Personiel

Njoggen nije meiwurkers binne yn tsjinst kaam. Fan trije wurknimmers rûn it kontrakt ôf en twa meiwurkers binne mei pinsjoen gien. Ta syn grutte spyt moast de Fryske Akademy ôfskied nimme fan prof. dr. René Jorna (haad Sosjale Witenskippen), dy’t stoarn is oan de gefolgen fan in slopende sykte.De Akademy hat plak bean oan sân gastûndersikers en twa stazjêres.

artikels refereed 4 net-refereed 7 hdst. yn bondels refereed 8 net-refereed 9 hdst. net-witt. bondels 2 rapporten 4

boarne-edysjes 1 proefskriften 1 en ekstern 1wurdboeken 1

boekbesprekken 8 redaksje tydskriften 11 redaksje bondels 2 databases bestannen en tekstbydragen 18

Nijbou en renovaasjeYn febrewaris is de omjouwingsfergunning ferliend, ynklusyf sloopfergunning foar de gebouwen oan de Grienewei. Provinsje Fryslân en de KNAW ha de definitive subsydzje-oanfragen goedkard en jild beskikber steld. Project- en Bouwmanagement Giezen waard oansteld as bouprojektlieder. In ynrjochtingskommisje is úteinset om advys te jaan oer de ynrjochting fan de gebouwen en (wer)brûken fan de ynboel. Fierder begûn yn desimber in ûndersyk nei it oarspronklik ynterieur fan it Coulonhûs en de notiidske technyske tastân dêrfan.

Opbou neffens leeftyd (31.12.2013)

Gearstalling personiel (31.12.2013)

Manlju

Prof. dr. René Jorna †

Leden Rie fan Tafersjoch• Marten Koopmans (1939),

foarsitter oant 1 july• Prof. dr. Eric Reuland (1944),

oant 1 july• Mr. Douwe de Vries (1942) • Drs. Jan-Meinte Postma (1947),

vice-foarsitter• Drs. Houkje Rijpstra (1963) fan

1 febrewaris ôf• Prof. dr. ir. Jacob Fokkema (1948),

foarsitter fan 1 oktober ôf• Prof. dr. Fred Weerman (1957),

fan 1 oktober ôf

D E F R Y S K E A K A D E M Y Y N 2 0 1 3

Publikaasjes oantallen

Jelke Bloem

Learner modelling and language contact in syntax: word order in verbal clusters in the Dutch-Frisian continuum

Matthijs Gerrits

Schieringers en Vetkopers: vetemaatschappij in Fryslân

Rombert Stapel

Croniken van der Duytscher Orden

Nienke Boomstra

Meer taal, meer kans: een Papiaments-Nederlands taalontwikkelings-project

Mirjam Günther-van der Meij

De Engelse taalontwikkeling van vloeiend en niet-vloeiend tweetalige jongvolwassenen

Nika Stefan

Language preservation and language loss in Frisian: a socio-linguistic profile

Evelyn Bosma

Tweetaligheid en cognitief voordeel

Dennis Worst

Middeleeuwse agrarische veenontginningen in Zuid-Friesland en de kop van Overijssel (1000-1400)

Marrit Jansma

Communicatieve vaardigheden van de Friese basisschoolleerlingen

Rinnende promoasjetrajekten wiene:

2013 Realisaasje BegruttingBaten € 4.126.845 € 3.848.623

Lêsten € 4.002.665 € 3.844.857

Resultaat € 124.180 € 3.766

Froulju

wittenskiplike stêf

Algemiene Saken

promovendy

stypjend wittenskip

56 T

OTA

AL

37,2

7

HISGIS Amsterdam

Jelske Dijkstra

prof. dr. Reinier Salverda dr. Hanno Brand

Lededei

Lêzing Pieter Winsemius op de Akademy-dei