· Web viewDan is it krek echt.'Nei in skoftsje is er klear, en it liket yndie sprekend op de...

4
Stan en Jelle en de keunstroof Stan en Jelle sitte oan de tafel te tekenjen as op de radio it nijs klinkt: 'Fan 'e moarn is der in skilderij fan Mondriaan út it Kröller Müllermuseum weistellen. It wurk wurdt skatten op 44 miljoen euro..' Stan heart it, en wylst de radiostim mear ynformaasje jout, tikket er 'Mondriaan' yn op de tablet en siket er op ôfbylding. 'Hokjes' seit er ferheard. '44 miljoen foar read-giel- blauhokjes. Sjochris Jelle.' 'Ik wit wat,' seit Jelle. 'Dat kinne wy ek.' Binnen in pear minuten ha se har earste Mondriaan klear en al gau folgje der mear. 'Soenen we hjir echt jild mei fertsjinje?' Freget Stan. 'Wol as we ien meitsje dy't presys op it orzjineel liket,' seit Jelle stellich. 'Ik meitsje him yn paint. Dan is it krek echt.' Nei in skoftsje is er klear, en it liket yndie sprekend op de echte. 'Sille we sjen oft it wurket?' Stan is no ek entûsjast. 'Kom, we sette de tekening op marktplaats, ús mem hat in account.' 'Goed idee!' Ropt Jelle. 'Titel: 'Mondriaan'. Wat sette we as fraachpriis?' Stan tinkt efkes nei. 'Bieden.' Hy stiet derop, de tekening fan Jelle, as in echte Mondriaan. Hy wurdt al rillegau besjoen. It duorret net lang foar't it earste bod der is: €100.000 'Fierste min!' baltet Jelle stoer, mar stikem sit er

Transcript of · Web viewDan is it krek echt.'Nei in skoftsje is er klear, en it liket yndie sprekend op de...

Page 1: · Web viewDan is it krek echt.'Nei in skoftsje is er klear, en it liket yndie sprekend op de echte.'Sille we sjen oft it wurket?' Stan is no ek entûsjast. 'Kom, we sette de tekening

Stan en Jelle en de keunstroof

Stan en Jelle sitte oan de tafel te tekenjen as op de radio it nijs klinkt: 'Fan 'e moarn is der in skilderij fan Mondriaan út it Kröller Müllermuseum weistellen. It wurk wurdt skatten op 44 miljoen euro..'Stan heart it, en wylst de radiostim mear ynformaasje jout, tikket er 'Mondriaan' yn op de tablet en siket er op ôfbylding.'Hokjes' seit er ferheard. '44 miljoen foar read-giel-blauhokjes. Sjochris Jelle.''Ik wit wat,' seit Jelle. 'Dat kinne wy ek.'Binnen in pear minuten ha se har earste Mondriaan klear en al gau folgje der mear.'Soenen we hjir echt jild mei fertsjinje?' Freget Stan.'Wol as we ien meitsje dy't presys op it orzjineel liket,' seit Jelle stellich. 'Ik meitsje him yn paint. Dan is it krek echt.'Nei in skoftsje is er klear, en it liket yndie sprekend op de echte.'Sille we sjen oft it wurket?' Stan is no ek entûsjast. 'Kom, we sette de tekening op marktplaats, ús mem hat in account.''Goed idee!' Ropt Jelle. 'Titel: 'Mondriaan'. Wat sette we as fraachpriis?'Stan tinkt efkes nei. 'Bieden.'Hy stiet derop, de tekening fan Jelle, as in echte Mondriaan. Hy wurdt al rillegau besjoen. It duorret net lang foar't it earste bod der is: €100.000'Fierste min!' baltet Jelle stoer, mar stikem sit er fol fan adrenaline. In hiel skoft bliuwt it stean. Mar dan feroaret it!€150.000! €160.000! De jonges binne der stil fan. It wurket echt, de tekening wurdt as in echte mondriaan sjoen!

Dan wurdt der oanbelle. Troch de fitraazjes kinne se sjen wa't der stiet. De plysje! Stan en Jelle sjogge inoar oan en wurde lykbleek. 'Net iependwaan!' Ropt Jelle. Hy sit as ferstive op de stoel'Dalik moatte wy it gefang yn!' Flusteret Stan. 'Wy moatte fuortkomme.'De jonges besykje om fia it balkon fuort te slûpen. Se klimme fluch oer it stek sadat se by de buorman op it balkon steane. Dat dogge se wol faker. Buorman is net faak thús, it hûs is altyd tsjuster en de gerdinen binne ticht. By de foardoar hearre se de plysje op de doar rammen. No moatte se sjen dat se fan it balkon ôf komme.

Page 2: · Web viewDan is it krek echt.'Nei in skoftsje is er klear, en it liket yndie sprekend op de echte.'Sille we sjen oft it wurket?' Stan is no ek entûsjast. 'Kom, we sette de tekening

Dan sjogge se dat it rút fan de buorman net goed ticht sit. As se efkes yn buormans hûs ûnderdûke dan fynt er dat grif net slim. Se flippe de skoattel omheech en drukke it rút hielendal iepen. Jelle klimt as earste oer it kezyn de keamer fan de buorman yn. Stan twifelet efkes, mar folget dan ek.

It is tsjuster binnen, de eagen moatte efkes wenne oan de rûmte. Wat hat de buorman in aparte ynrjochting! Oeral steane doazen, krekt as sil er ferhûzje. Der hingje ek kleden oer meubels hinne. Stadich, foarsichtich rinnend ferkenne Stan en Jelle de keamer. Se besykje net te stroffeljen oer loshingjende stikken plestik.'Hee!' Ropt Jelle ynienen, ferjittend dat de plysje noch foar stean kin. 'Kom ris hjir Stan, sjoch!''Sssst!' Stan is daliks by Jelle en sjocht wêr't er op doelt. 'In Mondriaan!' flústeret er. It skilderij stiet mei de goede kant nei de muorre ta, mar it kin net misse.Dan hearre se lûden op de boppeferdjipping. Der is ien thús! Gau krûpe se achter in steapel doazen. 'Wat no?' Flusteret Jelle. 'Soe de plysje noch foar stean?'

Foardat Jelle noch wat sizze kin, komt der ien by de trep del. Hy moat fluch tinke. Dan winkt er Stan en wiist er nei it rút. Stan begrypt wat er bedoelt. Hy klimt troch it rút werom op it balkon. Hy makket lykwols sa'n leven dat dejinge op de trep fuort de hûskeamer ynkomt. Jelle hâldt him deastil. De stappen komme tichterby. Jelle sit stiif achter de doaze. Hy byt de kiezzen hurd op inoar. De stappen rinne him foarby nei it rút en docht it ticht. As de man him omdraait, dan kin er Jelle sa sitten sjen.

Dan giet de belle. De man skrikt. Hy docht dalik it rút wer iepen om út te naaien fia it balkon. Hy stiet al mei ien foet bûten, as Jelle ynienen de moed sammelet en nei de foardoar fljocht. Tagelyk stiet Stan op it balkon dy't it rút tichtdrukt sadat de foet fan de man der tusken sit. Foar de doar stiet de plysje, dy't foar Stan en Jelle komt, mar Jelle lit him graach binnen. 'Hjir is de dief!' ropt er. De plysje sjocht ferbjustere, mar dan laket er. 'Jim ha in bysûndere styl.'