sigridkingma.files.wordpress.com  · Web view2019-11-28 · Rin by de learlingen del om te sjen...

22
Lessen by Wurdsnack

Transcript of sigridkingma.files.wordpress.com  · Web view2019-11-28 · Rin by de learlingen del om te sjen...

Page 1: sigridkingma.files.wordpress.com  · Web view2019-11-28 · Rin by de learlingen del om te sjen hoe’t it giet, en moedigje se oan as se al wat rymwurden betocht ha. Help learlingen

Lessen by

Wurdsnack

‘Meartalige gedichten’ û.l.f. Sigrid Kingma

Utfierd binnen projekt 3M, NHL Stenden

Page 2: sigridkingma.files.wordpress.com  · Web view2019-11-28 · Rin by de learlingen del om te sjen hoe’t it giet, en moedigje se oan as se al wat rymwurden betocht ha. Help learlingen

Lesopset: Rympearkes

Doel It learen oer rym op ynteraktive wize.Leeftyd 7-9 jierTiidsdoer 30 minutenArk gedicht ‘Wurdsnack’, wurdkaartsjes mei plaatsjesTarieding Knip de kaartsjes út en steapelje se yn fertikale folchoarder.

Yntroduksje

Lês it gedicht foar.

Klassepetear

Gean nei wat learlingen al witte. Stel bygelyks de ûndersteande fragen.Fertel ris watst allegear sjochst? Iepen fraach om los te kommen.Wat sit der allegear foar iten yn it gedicht?Wat foar iten yn it gedicht hast sels wolris hânWa hat alris wat yn it bûtenlân iten en dronken? Wat wie dat?Rimet dit gedicht ek? Wiis ris twa wurden oan dy’t rymje.

Aktyf klassikaal behannelje

Learlingen gean stean as se it iten lekker fine, gean sitten as se it net lekker fine. Neam al it iten en drinken út it gedicht ien foar ien op. By guon wurden in learling freegje om te omskriuwen wat it is. Sa kontrolearrest oft learlingen de wurden kenne.

Groepkes meitsje

Learlingen krije allegear in kaartsje mei in wurd derop. Se moatte in twatal meitsje mei de learling dy’t in wurd hat dat rimet op har eigen. Se gean by mekoar sitten as se inoar fûn ha. Diel de dreechste wurden út oan learlingen dy’t goed yn talen binne. As elkenien sit, litst de learlingen yn pearen inoars wurd foarlêze.

Opdracht

Learlingen betinke yn twatallen in sin dêr’t beide wurden yn foarkomme. Se meie sels witte oft it in lange of koarte sin wurdt en se meie sels witte yn wat foar taal.

Presintaasje

De twatallen presintearje harren sin foar de klasse.

Neisoarch

Meitsje in kompilaasje fan de moaiste sinnen op in fel papier en hingje dy yn de klasse.

Page 3: sigridkingma.files.wordpress.com  · Web view2019-11-28 · Rin by de learlingen del om te sjen hoe’t it giet, en moedigje se oan as se al wat rymwurden betocht ha. Help learlingen

Lesopset: Iten en drinken sorteare

Doel Ynformaasje út de tekst helje en oarderje.Leeftyd 9-13 jierTiidsdoer 30 minutenArk gedicht ‘Wurdsnack’, opdrachtblêdenTarieding -

Yntroduksje

Lês it gedicht foar. Yntrodusearje de opdracht.

Klassepetear

Gean nei wat learlingen al witte fan gedichten. Stel bygelyks de ûndersteande fragen.Wat falt dy op? Iepen fraach om te oriïntearjen. Learlingen sjogge hiele oare dingen as wy. Hokker talen komme foar yn it gedicht?Wat foar iten yn it gedicht hast sels wolris hân? Ut wat foar lân komt dat, tinkst?Wa hat alris wat yn it bûtenlân iten en dronken? Wat wie dat?Hjit dat iten ek oars yn in oare taal?Kinne we noch mear bûtenlânsk iten en drinken betinke?

We binne eins al hiel meartalich sûnder dat we it merke.

Opdracht útdiele

Learlingen krije allegear in opdrachtblêd. Dêr kinne se selsstandich mei oan de slach.

Begelieding

Guon fragen sille beäntwurde wêze yn it klassepetear. Grutte fragen klassikaal beäntwurdzje, oars individueel. Hâld yn de gaten wannear’t learlingen hast klear binne.

Neisjen

1 Basmatirys bliuwt mooglik oer. Basmatirys komt út Pakistan, mar is skreaun op syn Frysk.

2 Italjaansk.

3 Latyn. Dy sit deryn om’t it rimet op ‘yn’. De oare talen einigje allegear op –sk, Latyn net.

4 ham, cake, steak, snack, croissant en lasagna wurde sa faak brûkt dat se ek ta it Nederlânsk rekkene wurde. Biscuit ek. Dat is ek in Ingelsk wurd, dan sprekst it oars út.

Taal Iten en drinkenFrysk sjem, koekeNederlânsk

rauwkost

Ingelsk cheese, ham, bun, Earl Grey, cake, steak, snackDútsk Ostfriezentee, schnitzelFrânsk croissant, biscuit, pommes frites, quicheLatynSpaansk ciabattaItaljaansk lasagna

Page 4: sigridkingma.files.wordpress.com  · Web view2019-11-28 · Rin by de learlingen del om te sjen hoe’t it giet, en moedigje se oan as se al wat rymwurden betocht ha. Help learlingen

Lesopset: Dichtfoarm

Doel It leare lêzen en wurdearjen fan in rymjend gedicht.Leeftyd 9-13 jierTiidsdoer 30 minutenArk gedicht ‘Wurdsnack’, opdrachtblêdenTarieding -

Yntroduksje

Lês it gedicht foar. Yntrodusearje de opdracht.

Klassepetear

Gean nei wat learlingen al witte fan gedichten. Stel bygelyks de ûndersteande fragen:

Wat fynst in sterke/aparte sin? It is goed om earst stil te stean by de belibbing fan it gedicht sûnder yn goed of fout te tinken.Hoe sjocht in gedicht derút? (rigelskieding, faak rym, ritme (metrum), boartsje mei taalfoarm)Steane der ek rymwurden yn it gedicht? (lit in pear learlingen twa neame of oanwize)Wêr is in gedicht foar bedoeld? (foar fermaak, oars sjen nei taal, tekst makliker ûnthâlde, spesjale gelegenheden, gefoelens útdrukke)Is in sjongtekst fan in ferske ek in gedicht? (ja)In gedicht wurdt opdield yn strofes. Wit ien wat in strofe is? (oanwize litte op ‘Wurdsnack’)

Opdracht útdiele

Learlingen krije allegear in opdrachtblêd. Dêr kinne se selsstandich mei oan de slach.

Begelieding

De measte fragen sille beäntwurde wêze yn it klassepetear. Grutte fragen klassikaal beäntwurdzje, oars individueel. Hâld yn de gaten wannear’t learlingen hast klear binne.

Neisjen

1. 7 strofen.

2. Der binne 6 strofen mei 4 rigels. De lêste strofe hat 2 rigels.

3. It lêste wurd fan de rigel rimet hieltyd mei de it lêste wurd fan de rigel dêrnei. Ien kear is der sprake fan dûbelrym: ‘gau wolst’ en ‘rauwkost’. Neam it eventueel by it klassepetear as learlingen dy rymwurden oanwize.

4. Eigen keuze. Lit in soad learlingen fertelle hokker wurd oft se it moaist fine. In belangryk ûnderdiel fan in gedicht is belibbing, dus meitsje der ek in belangryk punt fan yn it besprekken.

5. Meardere antwurden mooglik. ‘ham’ en sjem’: It rimet allinnich ast ‘ham’ op syn Ingelsk seist.‘quiche’ en ‘basmatirys’: rymje net op papier, mar wol ast it útsprekst. Dat komt trochdat it ferskillende talen binne. ‘Quiche’ is in Frânsk wurd (Kuchen yn it Dútsk) en ‘rys’ is Frysk. ‘steak’ en ‘cake’: Wurden dy’t yn it Ingelsk rymje, skriuwst hiel faak op ferskillende manieren. ‘gewoan’ en ‘moarn’: beide Frysk, mar skriuwst se oars. De ‘r’ yn ‘moarn’ is stom.Der binne noch mear mooglikheden, learlingen kinne har keuze faak sels ferantwurdzje.

Page 5: sigridkingma.files.wordpress.com  · Web view2019-11-28 · Rin by de learlingen del om te sjen hoe’t it giet, en moedigje se oan as se al wat rymwurden betocht ha. Help learlingen

Lesopset: Sels in strofe skriuwe

Doel Systematysk kreatyf skriuwen leare.Leeftyd 9-13 jierTiidsdoer 60 minutenArk gedicht ‘Wurdsnack’, opdrachtblêdenTarieding Behannelje earst it gedicht mei ien fan de oare opdrachten yn in eardere les.

Yntroduksje

Lês it gedicht nochris foar. Helje op wat yn de foarige les dien is. Yntrodusearje de opdracht.

Breinstoarmje

Lit learlingen iten en drinken opskriuwe mei in bûtenlânske namme. Garje de wurden op it (digi)boerd. Dat tsjinnet as mienskiplik ynspiraasjeboerd om dalik sels in strofe te skriuwen.

Groepkes meitsje (opsjoneel)

Yn groep 5 en 6 is de opdracht it moaiste yn twatallen. It kreative proses komt better op gong yn oerlis, en learlingen ynspirearje inoar. Groep 7 en 8 kinne eventueel selsstannich wurkje.

Opdracht útdiele

Tusken strofe 5 en 6 fan it gedicht ‘Wurdsnack’ is noch wol romte foar in ekstra strofe fan fjouwer rigels. De learlingen skriuwe fjouwer rigels by it gedicht mei meartalich iten en drinken deryn. Dêrta folgje se de fiif stappen. De earste twa stappen binne al mei de klasse dien by it breinstoarmjen.

Begelieding

Rin by de learlingen del om te sjen hoe’t it giet, en moedigje se oan as se al wat rymwurden betocht ha. Help learlingen dy’t fêstsitte mei it finen fan rympearen. Meastal sitte se fêst op in wurd dat net goed rymje wol. Stel dan foar om in oar wurd te kiezen, of doch in foarset.

Presintaasje

Elk (groepke) komt foar de klasse en draacht de pearkes foar.

Neisoarch

Meitsje in kompilaasje fan de moaiste strofes op in fel papier en hingje dy yn de klasse.

Page 6: sigridkingma.files.wordpress.com  · Web view2019-11-28 · Rin by de learlingen del om te sjen hoe’t it giet, en moedigje se oan as se al wat rymwurden betocht ha. Help learlingen

Lesopset: Gedicht skriuwe yn gearwurking

Doel Systematysk kreatyf skriuwen leare.Leeftyd 9-13 jierTiidsdoer 60 minutenArk gedicht ‘Wurdsnack’, skriuwark, wurdboeken, opdrachtblêden, nifelspulTarieding Behannelje earst it gedicht mei ien fan de oare opdrachten yn in eardere les.

Meitsje groepkes fan fjouwer learlingen, ien út eltse klasse.

Yntroduksje

Lês it gedicht nochris foar. Lit learlingen meilêze. Helje op wat yn de foarige les dien is. Yntrodusearje de opdracht.

Klassikale ynstruksje

Groep 8 krijt útlis oer harren rol as groepslieder. Se krije it opdrachtblêd as rjochtline, mar binne frij om derfan ôf te wiken. It doel is om as groep in gedicht te skriuwen oer iten en drinken. Dat kin koart of lang wêze. De taal is frij, mar der moatte meardere talen yn foarkomme. De jongste learlingen út de groep kieze it iten en drinken dêr’t de groep mei dichtsje moat. De groepslieder soarget dat elkenien hieltyd wat te dwaan hat.

Groepkes meitsje

Alle learlingen fan groep 3 oant en mei groep 8 wurde yndield yn groepkes fan fjouwer learlingen. De learlingen wurde ferdield oer de lokalen dêr’t se skriuwark, kleurpotleaden, stiften, wurdboeken en evt. tydskriften om yn te knippen ta harren beskikking hawwe.

Opdracht útdiele

De groepslieders lizze de opdracht út oan de groep. Sy ferdiele de taken. De learlingen skriuwe in gedicht mei meartalich iten en drinken deryn. Earst yn klad en dêrnei netsjes op A3 papier.

Begelieding

Rin by de learlingen del om te sjen hoe’t it giet, en moedigje se oan as se al wat rymwurden betocht ha. Help learlingen dy’t fêstsitte mei it finen fan rympearen. Meastal sitte se fêst op in wurd dat net goed rymje wol. Stel dan foar om in oar wurd te kiezen, of doch in foarset. Lit se ek neitinke oer in tema, bygelyks in snoepwinkeltsje, of meartalige grientesop, of wat se júst net lekker fine.

Presintaasje

Elk (groepke) komt foar de klasse en draacht it gedicht foar.

Neisoarch

Hingje de gedichten yn de klasse.

Page 7: sigridkingma.files.wordpress.com  · Web view2019-11-28 · Rin by de learlingen del om te sjen hoe’t it giet, en moedigje se oan as se al wat rymwurden betocht ha. Help learlingen

Opdrachtblêden

Page 8: sigridkingma.files.wordpress.com  · Web view2019-11-28 · Rin by de learlingen del om te sjen hoe’t it giet, en moedigje se oan as se al wat rymwurden betocht ha. Help learlingen

Ham Steak Meel

Rys Happy meal Toast

Quiche Saté Kroepoek

Rookworst Rikke iel Broodkorst

Cake Patat Gemberthee

Page 9: sigridkingma.files.wordpress.com  · Web view2019-11-28 · Rin by de learlingen del om te sjen hoe’t it giet, en moedigje se oan as se al wat rymwurden betocht ha. Help learlingen

Krat Spek Reepkoek

Snack Pork ‘Bakje troost’

Vork Kaas Sjem

Cocktail Prei Varkenshaas

Sûpenbrij Lasagna Ranja

Page 10: sigridkingma.files.wordpress.com  · Web view2019-11-28 · Rin by de learlingen del om te sjen hoe’t it giet, en moedigje se oan as se al wat rymwurden betocht ha. Help learlingen

Iten en drinken sorteare Set de talen út it gedicht yn de kolommen. Set it iten en drinken út it gedicht by de taal. Soms stiet de taal fan it iten of drinken net yn it gedicht. Ast de taal witst, set him der dan by.

Taal Iten en drinken

1. Bliuwt der iten oer?

…………………………………………………………………………………..

2. Hast noch ekstra talen fine kind?

…………………………………………………………………………………..

3. Stiet der in taal yn it gedicht dêr’t gjin iten by past? Wêrom soe dy yn it gedicht stean?

…………………………………………………………………………………..

4. Binne der ek wurden dy’t by meardere talen passe? En by meardere lannen?

…………………………………………………………………………………..

Page 11: sigridkingma.files.wordpress.com  · Web view2019-11-28 · Rin by de learlingen del om te sjen hoe’t it giet, en moedigje se oan as se al wat rymwurden betocht ha. Help learlingen

Dichtfoarm

1. Ut hoefolle strofen bestiet it gedicht?

…………………………………………………………………………………..

2. Hoefolle rigels hat ien strofe? Binne alle strofen like grut?

…………………………………………………………………………………..

3. Yn it gedicht steane rymwurden. Wêr steane de rymwurden?

…………………………………………………………………………………..

4. Hokker wurden fynst it moaist?

…………………………………………………………………………………..

5. Binne der ek wurden dy’t neffens dy net sa goed rymje? Hoe kin dat?

…………………………………………………………………………………..

Page 12: sigridkingma.files.wordpress.com  · Web view2019-11-28 · Rin by de learlingen del om te sjen hoe’t it giet, en moedigje se oan as se al wat rymwurden betocht ha. Help learlingen

Sels in strofe skriuwe

1. Betink 5 gerjochten út it bûtenlân of nammen fan produkten. Foarbylden: ratatouille, bratwurst

…………………………………………………………………………………..

…………………………………………………………………………………..

2. Betink 5 drankjes út it bûtenlân of nammen fan produkten.Foarbylden: jus d’orange, cocktail

…………………………………………………………………………………..

…………………………………………………………………………………..

3. Betink wurden dy’t rymje op de gerjochten en drankjes dy’tst betocht hast. Dat meie wurden út alle talen wêze. It hoecht net presys te rymjen, as it mar itselde klinkt. Foarbyld: ratatouille – boeie – stoeie – bemoeie – skroeie

Foarbyld: jus d’orange – Frâns – kâns – gâns – bûtenlâns

…………………………………………………………………………………..

…………………………………………………………………………………..

4. Betink sinnen dy’t einigje op dyn selsmakke rymwurden. Foarbyld: Op it terras in jus d’orange

Ik drink hearlik bûtenlâns

…………………………………………………………………………………..

…………………………………………………………………………………..

…………………………………………………………………………………..

…………………………………………………………………………………..

5. Kies de bêste twa pearkes út en set se yn de moaiste folchoarder.Foarbyld: Ik drink hearlik bûtenlâns

Op it terras in jus d’orange

…………………………………………………………………………………..

…………………………………………………………………………………..

…………………………………………………………………………………..

…………………………………………………………………………………..

Page 13: sigridkingma.files.wordpress.com  · Web view2019-11-28 · Rin by de learlingen del om te sjen hoe’t it giet, en moedigje se oan as se al wat rymwurden betocht ha. Help learlingen

Gedicht skriuwe yn gearwurking

Skriuw in gedicht lykas Wurdsnack oer iten en drinken yn meardere talen. Jim bepale as groep sels hoe lang’t it gedicht wurdt en hoe’t it derút sjocht.

Taken Wa docht wat?Iten en drinken betinkeOersette yn oare talen Talen kiezeRymwurden betinke

Rigels yn folchoarder setteYllustraasjes meitsje

Tema of ferhaal bepaleLieding en koördinaasje

Stappenplan

1. Betink gerjochten en drankjes of nammen fan produkten.Foarbyld: boterham, jus d’orange, lasagna

2. Set de gerjochten en drankjes oer yn oare talen sadat se better rymje wolle. Breinstoarmje mei mekoar en meitsje rychjes of wurdspinnen.Foarbyld:

3. Betink wurden dy’t rymje op de gerjochten en drankjes dy’tst betocht hast.Foarbyld: sandwich – switch – rits sinaasappelsap – pap – klap lasagna – ranja

4. Meitsje sinnen dy’t einigje op dyn selsmakke rymwurden. Foarbyld: Ik yt lekker lasagna En drink in gleske ranja

5. Kies de bêste rigels en set de rigels yn de moaiste folchoarder.