Spulwike Nijs · 2015. 7. 3. · dernei folget dan toch in stipke op it wang of in streepke yn it...

8
Fan de foarsitter “En daar gaat ie dan weer….” Foar alwer de 42e keer hat de moai- ste wike fan it jier plakfûn: Spulwike 2014. It wie wer in machtich, moaie, fet-cool, gaaf en te gekke wike! Bêrn, wy hoopje dat jimme wer in protte wille hân ha en dat jim en jimme âlders mei alwer de 12de edysje fan de Spulwike-krante yn é hân, neige- nietsje kinne fan de mominten dy’t fan Spulwike elts jier wer in unyk barren meitsje. Wat te tinken fan bygelyks de survival, it schminken, it kampfjoer en “sliepen” by de famylje Flapper, de blaue drek, it pankoek iten, dyn gekke lieder en de nije freonen en freondinnen dysto tiidens Spulwike moete hast. Gean der mar efkes goed foar sitten, want der steane wer in soad hilaryske ferhalen en Spulwike- feitjes yn dizze krante! Dat boppesteande sûnder al ús frijwilligers net ta stân komme kin mei neamd wurde: foar Spulwike 2014 koene wy nammentlik wer rekkenje op de ynset fan sa’n 150 minsken dy’t stik foar stik nei fermogen harren bydrage levere ha en dêrmei de bêrn in ûnferjitlike wike besoarge ha. Yn it bysûn- der wol ik dêrfoar de bestjoeren fan Weidum, Easterwierrum en Easterlittens neame. Troch har- ren ynset, om it ferdwynen fan de trekkers en weintsjes, de drege taak om it programma sa oan te passen dat dit sûnder de tradysjonele manier fan ferfier plakfine koe. En ôf dat noch net genôch wie, moast Spulwike Easterlittens dit jier foar ien kear nei Winsum ferhúze wurde. Mar dat dit alles mear as slagge is, koene wy ûnder oaren opmeitsje út alle moaie reaksjes fan âlders dy’t ús fia de sosjale media berikke mochten, wêrfoar tank. It is in bysûnder gefoel dat Spulwike noch altyd sa libbet yn Littenseradiel en dat oeral wêr ’t wy binne dit evenemint sa op hannen droegen wurdt. De gâstfrijheid dy’t Spulwike yn Winsum dan ek ûnder- fine mocht wie rûnút fantastysk. Fanôf dit plak dan ek in oprjocht wurd fan tank oan de ynwenners, ferienings en middenstân fan Winsum. As lêste, mar dêrom net minder wichtich, wol ik tank sizze oan al ús stipers en de gemeente Littenseradiel. Want sûnder jimme bydrage, op hokker wize dan ek, kin in evenemint as Spulwike net organisearre wurde. Fanôf dit plak winskje ik alle belutsenen by Spulwike noch in moaie simmer ta en hoopje ik dat wy jim takom jier allegear wer wolkom hjitte meie by alwer de 43e edysje fan Spulwike! Holle Bolle Tsjing! Johannes Hazenberg Foarsitter Stichting Spulwike Littenseradiel In winskballon én tútsjeboartsje Sinne is foar mytjes! Bistum giet los It ferhaal fan K. Pokje Side 7 Side 3 Side 2 Side 6 Spulwike Nijs Spulwike Littenseradiel 2014 7 oant en mei 11 july 2014 12 e jiergong

Transcript of Spulwike Nijs · 2015. 7. 3. · dernei folget dan toch in stipke op it wang of in streepke yn it...

  • Fan de foarsitter“En daar gaat ie dan weer….”

    Foar alwer de 42e keer hat de moai-ste wike fan it jier plakfûn: Spulwike 2014. It wie wer in machtich, moaie, fet-cool, gaaf en te gekke wike! Bêrn, wy hoopje dat jimme wer in protte wille hân ha en dat jim en jimme

    âlders mei alwer de 12de edysje fan de Spulwike-krante yn é hân, neige-nietsje kinne fan de mominten dy’t fan Spulwike elts jier wer in unyk barren meitsje. Wat te tinken fan bygelyks de survival, it schminken, it kampfjoer en “sliepen” by de famylje Flapper, de blaue drek, it pankoek iten, dyn gekke lieder en de nije freonen en freondinnen dysto tiidens Spulwike moete hast. Gean der mar efkes goed foar sitten, want der steane wer in soad hilaryske ferhalen en Spulwike-feitjes yn dizze krante!

    Dat boppesteande sûnder al ús frijwilligers net ta stân komme kin mei neamd wurde: foar Spulwike 2014 koene wy nammentlik wer rekkenje op de ynset fan sa’n 150 minsken dy’t stik foar stik nei fermogen harren bydrage levere ha en dêrmei de bêrn in ûnferjitlike wike besoarge ha. Yn it bysûn-der wol ik dêrfoar de bestjoeren fan Weidum,

    Easterwierrum en Easterlittens neame. Troch har-ren ynset, om it ferdwynen fan de trekkers en weintsjes, de drege taak om it programma sa oan te passen dat dit sûnder de tradysjonele manier fan ferfier plakfine koe. En ôf dat noch net genôch wie, moast Spulwike Easterlittens dit jier foar ien kear nei Winsum ferhúze wurde. Mar dat dit alles mear as slagge is, koene wy ûnder oaren opmeitsje út alle moaie reaksjes fan âlders dy’t ús fia de sosjale media berikke mochten, wêrfoar tank.

    It is in bysûnder gefoel dat Spulwike noch altyd sa libbet yn Littenseradiel en dat oeral wêr ’t wy binne dit evenemint sa op hannen droegen wurdt. De gâstfrijheid dy’t Spulwike yn Winsum dan ek ûnder-fine mocht wie rûnút fantastysk. Fanôf dit plak dan ek in oprjocht wurd fan tank oan de ynwenners, ferienings en middenstân fan Winsum.

    As lêste, mar dêrom net minder wichtich, wol ik tank sizze oan al ús stipers en de gemeente Littenseradiel. Want sûnder jimme bydrage, op hokker wize dan ek, kin in evenemint as Spulwike net organisearre wurde.

    Fanôf dit plak winskje ik alle belutsenen by Spulwike noch in moaie simmer ta en hoopje ik dat wy jim takom jier allegear wer wolkom hjitte meie by alwer de 43e edysje fan Spulwike! Holle Bolle Tsjing!

    Johannes HazenbergFoarsitter Stichting Spulwike Littenseradiel

    In winskballon én tútsjeboartsje

    Sinne is foar mytjes!

    Bistum giet los

    It ferhaal fan K. Pokje

    Side 7

    Side 3

    Side 2

    Side 6

    Spulwike NijsSpulwike Littenseradiel 2014 • 7 oant en mei 11 july 2014 • 12e jiergong

  • side 2 - Spulwikenijs 2014

    Swimme by de iisbaan?!Weidum - De moandei yn Weidum sit der alwer op. In dei mei strieljend moai waar en bliere bern. De dei begûn mei in fos-kejacht, wêrby’t de bern harren eigen lieder sykje moasten. Der binne moaie hutten bouwd, dy’t stevich stean foar felle sinne en mooglike delslach, mar dêr geane wy fansels net fan út! It ferfgefecht wie wer ien grut kleurryk gehiel, wat machtich wie

    om te sjen. De middeis hawwe wy ferskate spultjes dien wêrtroch’t de bern in sterke groep wurde koene foar de rest fan de wike. It wie moai waar, dat wy binne ek noch nei de iisbaan west. In pracht gesicht om te sjen dat der mear as 170 bern yn it wetter drave. Al mei al wer in moaie dei!

    Troch Cor Wouters

    De primeur

    Easterlittens - De lieders sitte senuweftich te wachtsjen op’e bern. Ha se der wer sin yn? Kinne se ús helpe om it probleem op te lossen? Soenen se genoch lûd meitsje kinne en keunskes dwaan om hiel Bistewjirm te feroarjen yn in grut sirkus?

    Neidat alle bern harren lieder fûn ha, kin it earste en machtigste

    ûnderdiel los! De tinten fersiere! En dat is leuk, mar it is fansels nog leuker om de lieders en elkoar ûnder de ferve te smarren! Se binne earst nog wat skyterich, mar dernei folget dan toch in stipke op it wang of in streepke yn it hier. Ferfolgens sjoche se in lieder mei ferve goaien en dan is de hikke fan de daam! De hannen gean yn de fervebakjes en de bern smarre

    elkoar ûnder. Ek de lieders binne net feilich. De kûten fol hanôf-drukken en it hier wurdt ek fol smart. Eltsenien wurdt fersiert! Sels it poadium krijt in nij kleurke.

    Wannear eltsenien der prachtich út sjocht is it tiid foar de foto’s. De gektse bekken wurden lutsen en se sitte sa raar mooglik! Want Spulwike is machtig en gek! De

    foto’s wurde prachtich en sa hat eltsenien oan it ein fan de dagen it leuk oantinken.

    Dan is it tiid foar Acrobevert, de clown en de direktrise fan it sirkus! We sille in dûns leare mei allegeare sirkusbisten. De bisten komme út de koai en de bern sykje hun dûnspartner út. De dûns wurdt leart en dernei

    moatte de bisten fansels wer yn de koai. Mar dan komt der in dief en die docht de koai op slot! Wat no? Hoe moatte we dat slot der ôf krije? Dat moatte de bern troch it dwaan fan spultsjes foar elkoar krije. Mei oare wurden, we binne los! Spulwike machtig moai!

    Troch Lysbeth Koornstra en Jelte Hitzert

    Bistum giet los!

    Winsum - Yn in sinnich Bistum begûn de dei mei in spannend ferhaal oer in gorilla, neame Bokito. De bern fûnen de gorilla wakker ynteressant. Nei in span-nend en muzikaal yntro begûn it spul “Zoek de leider”. Oan de hân fan bistegelûden waard in groep-ke keppele oan harren lieder. Dernei wie it tiid foar it leginda-ryske tintsje bouwen. Machtige

    tinten binne boud troch de bern en derneist hawwe se de tintsjes ek moai fersierd. Nei it iten wie it tiid foar in drok middei programma. It “Fotospul” troch it doarp waard kombinearre mei “Sport en Spul” op it fjild. By it fotospul waarden de opdrach-ten keppele oan de lokaasjes dy’t op de foto’s beskreaun wienen. Der is fel striid levere foar de

    bonuspunten en dizze binne ek in soad útdield oan de fanatike bern. Ûndertusken ûntsnapte de gefaarlike gorilla Bokito út syn koai… Bern, pas op! Hy rint hjir rûn en is libbensgefaarlik!

    Troch Doutsen van der Burg en Fardau Eekma

  • Spulwikenijs 2014 - side 3

    De coolste lieder fan BistewjirmEasterwierrum - Op de twad-de dei fan de Spulwike binne der rein en donkere wolken, mar de glimkjes fan de bern meitsje fan Bistewjirm dochs in sinnich plak. Al dy entûsjaste bern wiene fantastysk om te sjen. Sels mei minder goed waar hawwe se der noch steeds folle sin oan. De sir-kesbisten en -bern dûnsen wer prachtich yn it rûn. Sjonge, sprin-ge, dûnsje en gek dwaan stean foarop. Om’t it tiisdei reinde, hawwe we middeis it minwaarprogramma draaid. We seagen in film, mak-ken ynstruminten en ha lytse oare spultsjes dien. Wy seagen nei de film Snuf de Hond en Kung Fu Panda; twa spannende films.

    In pear bern fûnen de film wol in lyts bytsje té spannend en binne doe nei in oare seal gien. Doe’t sy werom kamen, frege Akrobaat Evert oft it in moaie film west wie. De bern raazden om it lûdst dat it machtich wie. Ik ha in komplimint krigen fan ien fan myn bern, dat ik de coolste lieder oant no ta wie. Prachtich en leaf fansels. Hielendal as je nei gean dat it, krekt as foar my, ek har earste kear Spulwike wie…Foar myn earste kear Spulwike as lieder koe ik op myn twadde dei al sizze: ik wol nea wer oars. Yn ien wurd: geweldich!

    Troch Wouter Appelboom

    Sinne is foar mytjes!Weidum - De tiisdei stiet tradis-joneel yn it teken fan it testen fan de fysike gesteldheid fan de bern. Ofwol; it is tiid foar de survival! Foar in echte fysike útdaging mei it fansels net te moai waar wêze en dat wie dan ek it gefal. Sa as se yn in oar Spulwikedoarp faaks sizze “Sinne is foar mytjes”.

    Op sa’n dei komst derefter wat foar bikkels fan bern oft der yn dyn groepke sitte! Se giene eltse útdaging oan; fan de megafette kabelbaan it wetter yn, oer de ultraestafette de iisbaan op/yn, dy’t spesjaal foar de Spulwike ûnder wetter setten wie. Hoewol’t it kâld waar wie, woe der dochs

    net hielendal ticht frieze. Mar dat makke de útdaging net minder. Bern, bedankt foar in machtige

    survival!

    Troch Klaas Siderius

    It ‘spulwikefirus’ fan Anneke BruinsmaEasterwierrum - Net allinnich foar de bern fan groep trije wie it de earste kear Spulwike, ek ik fûn it tige spannend om dit jier foar it earst mei te dwaan as lieder. It entûsjasme fan de bern, fine de bern it wol moai yn myn groepke? Kinne de wol mei elkoar oerwei?

    Ik hie twa bern yn myn groepke, foar wa’t it ek de earste keer wie dat sy meidwaan mochten. Earst fersichtich de kat út de beam sjen, mar doe’t der in bytsje ferve op’e holle siet, wie it net mear oan te slepen. De bern fûnen it allerallermoaist dat se my hielen-dal ûnder kliderje mochten.

    Moandei wie it toarstich waar en wie der in jonkje dy’t graach swimme woe. Dit wie noch net hielendal de bedoeling, dat ik fertelde him dat ik as lieder gjin iten krije soe jûns as AkroBevert him swimmen seach. Syn reaksje hjirop wie: ‘Mar dan meisto fan

    nejûn wol by ús ite’. It begrutte him dochs wol, dat ik dan sûnder iten op bêd moast.

    Tongersdei oan’e ein fan de mid-dei, noch foar it pankoekiten, dienen we mei alle lieders en alle bern van-voor-naar-achter-van-links-naar-rechts. Ien fan myn bern -it koe har net mâl genoch- mocht foar my sitte. Ynienen wie se yn triennen. Se snottere dat se hiel wurrich wie. Doe’t ik frege oft sy it nog wol nei har sin hie, kaam der in oertsjoegjend ‘ja’ út, se hat dizze dei noch genoaten fan de pankoeken, de optocht én it slot fan it ferhaal.

    No’t de wike mei de bern der op sit en ik der oan werom tink, kin ik allinnich mar sizze dat ik genoaten ha. Fan de bern, harren fantasij en alles deromhinne!

    Troch Anneke Bruinsma

    In drokke spultsjesdei

    Winsum - Doe’t de bern tiisdei te moarns binnen kamen, leinen der allegear banaantsjesnoepkes yn ‘e kring. De aap wie moandeis ûntsnapt en mei dizze banaants-jes prebearen wy him te lokken. Dit wurke en tegeare mei de bern koene wy de aap fange en yn ‘e koai sette. Dernei stie “Spul om ‘e piip” op it programma. De lieders stienen ferspried troch it doarp en alle bern krigen in skoarefor-mulier mei en moasten tweintich spultsjes dwaan. Der waard ‘noas ferve’, mei koekjes sjoeld, spiker poept en de stuolledûns. De bern wienen hiel fanatyk en dienen der alles oan om te winnen. Seker as it gie om bonuspunten!

    Yn stee fan de survival ha, wy om it wat minne waar, it ‘pleatsespul’ dien op tiisdei. De bern fûnen it tige spitich, want se hienen har-ren der o sa op ferheuge. Earst ha wy mei syn allen yn de Helling iten en hienen wy wer in pear rondes fan de knockoutshow ‘Myn lie-der is de beste!’. Sa moasten in pear lieders in liter limonade sa hurd mooglik opdrinke en oaren moasten mei blyndoek elkoar fla fuorje. In hiel spektakel! Dêrnei begûn it pleatsespul. Ûntank dat de bern net swimme en survivalje koenen, ha se harren goed fer-makke en wie de dei tige slagge.

    It wie foar ús beide it earste jier as lieder. Yn it begjin wie it efkes wennen, mar wy fielden ús al gau op ús plak. Wy koene it goed mei de oare lieders fine en ek de bern wienen fantastysk! Se koe-nen allegearre goed mei elkoar opsjitte en se dienen altyd leuk en fanatyk mei. It wie in wike fan gekjaaie, mei syn allen sjonge, spultsje dwaan en swimme. Wy ha beide in geweldich moaie wike hân en wy binne der oar jier seker wer by!

    Troch Sjoukje Bakker en Jitske Veldman

  • side 4 - Spulwikenijs 2014

    DE SPULWIKE SPONSORS FAN 2014: Acadis Adler BV Fotografie

    www.acadis.nl Britswert 058-2501028

    Accelent administratie en advies

    www.accelent.nl Wommels 0515-430096

    Accu Service Centrum ASC

    www.accuservicecentrum.nl Leeuwarden 058-2890900

    A.C.R. www.acrwinsum.nl

    Winsum 0517-341556

    Administratiekantoor G. Van Putten

    www.gervanputten.nl Kubaard 0515-331919

    Agrarische Dienstverlening Willem Sloot

    Mantgum 06-27076493

    Architectenburo MA2

    www.ma2.nl Mantgum 058-2501098

    Arjen de Wit Technisch jachtservice

    www.kuiperendewit.nl Hijlaard 06-42966233

    Audio frysk en DAT tekstbureau

    www.dattekstbureau.nl ww.audiofrysk.nl

    Easterwierrum 058-2501465

    Autobedrijf Hoekstra www.autobedrijfhoekstra.nl

    Hijlaard 058-2519216

    Autobedrijf Menno Walinga www.autofit-mennowalinga.nl

    Winsum 0517-342349

    Autobedrijf Sypersma

    www.autobedrijf-sypersma.nl Easterwierrum 058-2501215

    Autobedrijf Wheagan Multicar Service

    www.wheagan.nl Wommels 0515-333121

    Autobedrijf Wielinga Brand Oil Tankstation www.wielinga-wommels.nl

    Wommels 0515-332876

    Autohuis Winsum

    www.autohuiswinsum.nl Winsum 0517-341917

    Autoverkoopbedrijf Van der Wal

    www.autoverkoopbedrijf.nl Wommels 0515-332800

    Architectenbureau syb C. Eldering B.V.

    www.sybeldering.nl Mantgum 058-2501819

    Basis-Groen Boazum 0515-521520

    Boefkes.nl www.boefkes.nl

    Winsum 06-13054466

    Boekhoudburo Van Balen

    www.vanbalenboekhoudburo.nl Jellum 058-2519296

    Bos Advocatuur www.bosadvocatuur.nl Winsum 0517-342800

    Bos Mechanisatie B.V.

    www.bosmech.nl Easterein 0515-332125

    Bosma Bouw www.bosmabouw.nl

    Hijlaard 06-13786944

    Bakkerij Sybesma

    Boksum 058-2541323

    Bouwbedrijf Andree www.bouwbedrijfandree.nl

    Boazum 0515-520984

    Bouwbedrijf Bootsma

    www.bouwbedrijfbootsma.nl Easterwierrum 058-2501325

    BC Weidum [email protected]

    Weidum 06-25571618

    Bouwbedrijf Frankena

    www.frankenabouw.nl Wommels 0515-331263

    Bouwberijf Kooistra Kubaard 0515-331330

    Bouwbedrijf N. Scharringa www.bouwbedrijfscharringa.nl

    Wjelsryp 0517-342806

    Bouwbedrijf Van der Sloot

    www.bouwbedrijfvdsloot.nl Winsum 0517-341630

    Bouw en Restauratiebedrijf Sytse Douwe van der Vegt

    www.sdvandervegt.nl Weidum 058-2519247

    Bouwe Jan Bouma Horecaspecialiteiten Boazum 0515-521351

    Bouw-Tekenburo Wietse B. Ligthart

    www.bouw-tekenburo.nl Wommels 0515-333075

    Brandenburgh Administratie & Advies kantoor

    Easterwierrum 058-2501628

    Bloemkamp Bolsward bolsward

    Cafe het Wapen van Baarderadeel

    www.horecafriesland.nl/ baarderadeel.nl

    Jorwert 058-2519223

    Café ’t Skipperke

    www.skipperke.nl Baard 0517-342288

    Café-Restaurant It Reade Hynder

    www.itreadehynder.nl Wommels 0515-331224

    Cafe-Restaurant Noflik Easterein

    www.noflikeasterein.nl Easterein 0515-331290

    Comfort Koe www.comfortkoe.nl

    Wjelsryp 06-10521322

    Coop Supermarkt Tolsma

    www.coop.nl Winsum 0517-341669

    Couperus Hydrauliek B.v. www.couperushydrauliek.nl

    Easterein 0515-332288 Dorpshuis Yn é Mande

    Wjeslrijp 06-22768474 Dorpshuis Weidum

    Dyntas Consultancy BV www.dyntas.nl

    Leeuwarden 058-2519524

    De Twadde Tak

    Mantgum www.detwaddetak.nl

    058-2501219 / 06-28455004

    Dierenartspraktijk It Griene Hert

    www.dap-wommels .uwdierenartsonline.nl

    Wommels 0515-331387

    Doede De Vries Bouwbedrijf

    Boazum 0517-342325

    Dorant Installatie werk Weidum 06-53579103

    Drukkerij-Grafische groep Van der Eems

    www.vandereems.nl Easterein :0515-331306

    Elephant Off Road Equipment

    www.elephantoffroad.nl Easterein 0515-331250

    Eppeie Veenstra Schilderwerken

    Baard 0517-342077

    F. de Boer Schilderwerken

    Bears 058-2519478

    Folkertsma Metsel- en

    Klusbedrijf Wjelsryp 0517-341942

    Echtebakker Posthuma Wommels

    www.echtebakkerposthuma.nl 0515-331406

    F.S. Andela/Belarus-NL Wommels 06-18960853

    Gaardenier Tuincentrum www.tuincentrumgardenier.nl

    Wommels 0515 332900

    Gerbrandy State B&B Groeps Accommodatie www.gerbrandy-state.nl Boazum 0515-521110

    Gebr. Dijkstra International

    Livestock Services www.gebroedersdijkstra.nl

    Hilaard 058-2519798

    Fratsaria www.fratsaria.nl

    Weidum 06-13457082

    Gebr. Swierstra VOF, Tuinaanleg en Loonwerk

    www.gebswierstra.nl Weidum 06-23102848

    Geskikt www.geskikt.nl

    Weidum 058-2895930

    G. Grasman

    Onderhoudsbedrijf Boazum 06-20805443

    Greidanus Winsum Winsum 0517-341347

    Gebr. Vellinga B.V. Int. Handels-& Transportbedrijf

    www.gebrvellinga.nl Easterein 0515-331565

    Hankel’s Technisch bedrijf

    www.hankels.nl Wommels 0515-333800

    H.B. Bergwerff Apotheekhoudend Huisarts

    Baard 0517-341272

    H.B.W. Montage Systeemwanden / Plafonds

    www.hbwmontage.nl Baaium 0517-341758

    Heibedrijf / Funderingstechniek Gerbrandy

    www.gerbrandyheibedrijf.nl Wommels 0515-333337

    Henk de Boer Melktechniek

    www.henkdeboermelktechniek.nl Jellum 058-2519488

    De Helling Winsum

    Herberg het wapen van Friesland

    www.hetwapenvanfriesland.nl Easterlittens 0517-342996

    Hessel’s Toiletwagenverhuur

    Stiens 058-2574539

    Installatiebedrijf D. van Wieren

    Wommels 06-22786867

    HK Bandenservice www.hkbandenservice.nl

    Jellum 06-28326896

    Holiday ice B.V. www.holidayice.nl

    Sint Nicolasga 0513-433000

    Hotel Restaurant Camping Weidumer Hout

    www.weidumerhout.nl Weidum 058-2519888

    Hoveniersbedrijf T. Melein

    Easterwierrum 058-2501568 / 06-19692904

    H. Rispens Metsel, Lijm & Tegewerken

    Wjelsryp 06-30981596

    Installatiebedrijf De Jong

    Easterein 0515-331512

    Jan de Groot Schilderwerken

    Jorwert 06-13010464 Joustra Branje

    Easterein 0515-331279 Jansma Drachten BV

    www.jansma.biz Drachten 0512-334070

    Jant Evenementen www.jantvandijk.nl

    Mantum 06-20494345

    Op hokker wize dan ek ......... tige tank

    DE SPULWIKE SPONSORS FAN 2014: JC Bouw

    Wjelsrijp 0517-341284 J.P. Walda Bouwsupport

    Wjelsryp 06-52344044 Klaversma

    Bouwbedrijf Mantgum 058-2501619

    Kapsolon Rommy

    Weidum 058-2519049

    Kaspers & Schirgenga Makelaars en advies www.omnyvastgoed.nl Ljouwert 058-2941633

    Kinderopvang ‘Bij Maaike’ Weidum 058-2519841

    Kinderopvang ‘Ons Plakky’

    www.onsplakky.nl Weidum 058-2159686

    Koning installatie techniek www.koninginstallatietechniek.nl

    Jellum 06-30858815

    Koelwagenverhuur Wiersma

    Itens 0515-332198

    Klussenbedriuw "It Wiel"

    www.itwiel.nl Weidum 06-22385802

    Landbouwmechanisatie Bedrijf D. Kuipers

    www.dkuipers.nl Greonterp 0515-579357

    Landbouwmechanisatie Bedrijf Wijbe J. Durksz Easterlittens 06-25236112

    Leanbedriuw en Kraanferhier Okkema

    www.okkema.nl Easterein 0515-331366

    Manege De Welle

    www.manegedewelle.nl Wjelsryp 06-15838948

    Folkertsma Metsel- en klusbedrijf

    Wjelsryp 0517-341942

    Marnecs Management en Bedrijfsadvies BV www.marnecs.com

    Spannum 0517-342926

    Mannen van Staal www.mannenvanstaal.nl

    Leeuwarden 058-7676400

    Meester Show- en Theatertechniek

    www.meesterlijktheater.nl Grouw 0566-620791

    Modeschoenen Rutten

    www.rutten4shoes.nl Sneek 0515-414584

    Minicamping de Greidhoeke

    www.minicampingdegreidhoeke.nl Britswerd 058-2501827

    Murk Slagerij www.murksslagerij.nl

    Wommels 0515-331340

    Muzikant Sytse Haima 058-2519674

    Notariskantoor Mr. G.S. van der Hem www.notarisvanderhem.nl

    Jorwert 058-2519441

    NNRD Drachten 0512-334334

    www.nnrd.nl

    Now Cars www.nowcars.nl

    Wommels 06-20217985

    Op 'e Skille www.skille.nl

    Wommels 0515-332880

    Peter Zijlstra Timmerbedrijf Easterwierrum 06-34504259

    Patrick kramer www.patrickkramer.nl Weidum 06-53488868

    P. Huitema Administratie en Automatisering

    Wommels 0515-333100

    Plattelands vakantie op Nij Wybranda

    www.nijwybranda.com Boazum 0515-521344

    Poiesz Supermarkten

    www.poiesz-supermarkten.nl Mantgum

    Praktijk voor Klassieke Homeopathie

    Hiltsje Jonkman Boazum 0515-521724

    Peugeot Haaima www.autohaaima.nl

    Leeuwarden – Wirdum Franeker - Burgum

    Roelofs Cateringservice

    www.roelofscatering.nl Weidum 06-30393688

    Rabobank Leeuwarden- Noordwest Frisland

    Rabobank Sneek- Zuidwest Friesland

    www.rabobank.nl

    Rijplaten verhuur Deinum Dronrijp 06-53595921

    Schildersbedrijf Lanting

    Boazum 0515-521645

    Schroevenkopen.nl www.schroevenkopen.nl Winsum 06-22768513

    Sietse Jorna Agri-service www.sietsejorna.nl

    Wirdum 058-2552129

    Sita Recycling Services www.sita.nl

    Nijhaske 0515-613960

    Sijperda verhuur www.sijperdaverhuur.nl

    Leeuwarden 058-2848383

    Smids Design Studio

    www.smidsdesignstudio.nl Leeuwarden 058-2136052

    Sonnema BV www.sonnema.nl

    Bolsward

    Sloepenstalling Fabriek

    Weidum www.bcweidum.nl

    Weidum 06-25571618

    Straal en coatingbedrijf T. van der Wal

    Boazum 0515-521019

    Studio Dyk Mantgum 058-2519371

    Studio Haaima

    www.studiohaaima.nl Bears 058-8795538

    Studio Roscher www.roscher.nl

    Weidum 058-2159686

    Timmer & Onderhouds bedrijf Jan Pieter De Boer Bears 06-10949013

    Tandartsenpraktijk Mantgum

    Mantgum 058-2501781

    Stienstra Houtimport

    Boazum 0515-521264

    T. Bergsma Bouwservice Wjelsryp 06-22740359

    Tegelhandel Julius Van Der Werf

    Sneek 0515-413148

    De Tysker Easterwierrum

    Talsma Bouwkundig advies, ontwerp & Tekenbureau www.albertdirktalsma.nl weidum 058-2130793

    Timmerbedrijf René Dijkstra

    Mantgum 06-12051015

    T.M.B. De Jong B.V.

    www.tmbdejongbv.nl Wommels 0515-331201

    Tweewielers De Jong www.tweewielersdejong.nl

    Wommels 0515-332565

    TIB D.A. Reekers B.V.

    www.dareekers.nl Easterlittens 0517-341458

    Van Asperen Bouw www.van-asperen.com

    Sneek 0515-520611

    Tichelaar Startmotoren www.startmotoren.nl

    Winsum 0517-341065

    Veenstra Constructie & Installatiebedrijf

    www.veenstrawelsrijp.nl welsrijp 0517-341201

    Videoscherm.com www.videoscherm.com Bolsward 06-18121242

    VDL Stud & Sporthorses

    www.vdlstud.com Bears 058-2519473

    Woonvaria Colors@home www.woonvaria.nl

    Wommels 0515-332605

    W.B. Wiersma Tentenverhuur

    www.wbw-tentenverhuur.nl Leeuwarden 058-2519202

    W. Fopma Milieuadvisering B.V. Mantgum 058-2501797

    Zand – en grindhandel Jaap

    Hoekstra Easterwierrum 06-51509280

    Zeinstra Mediaton training en coaching

    www.trukezeinstra.nl Bears 058-2519724

    foar al jim stipe ....... GEWELDICH !!!

    Sponsers

  • Spulwikenijs 2014 - side 5

    DE SPULWIKE SPONSORS FAN 2014: JC Bouw

    Wjelsrijp 0517-341284 J.P. Walda Bouwsupport

    Wjelsryp 06-52344044 Klaversma

    Bouwbedrijf Mantgum 058-2501619

    Kapsolon Rommy

    Weidum 058-2519049

    Kaspers & Schirgenga Makelaars en advies www.omnyvastgoed.nl Ljouwert 058-2941633

    Kinderopvang ‘Bij Maaike’ Weidum 058-2519841

    Kinderopvang ‘Ons Plakky’

    www.onsplakky.nl Weidum 058-2159686

    Koning installatie techniek www.koninginstallatietechniek.nl

    Jellum 06-30858815

    Koelwagenverhuur Wiersma

    Itens 0515-332198

    Klussenbedriuw "It Wiel"

    www.itwiel.nl Weidum 06-22385802

    Landbouwmechanisatie Bedrijf D. Kuipers

    www.dkuipers.nl Greonterp 0515-579357

    Landbouwmechanisatie Bedrijf Wijbe J. Durksz Easterlittens 06-25236112

    Leanbedriuw en Kraanferhier Okkema

    www.okkema.nl Easterein 0515-331366

    Manege De Welle

    www.manegedewelle.nl Wjelsryp 06-15838948

    Folkertsma Metsel- en klusbedrijf

    Wjelsryp 0517-341942

    Marnecs Management en Bedrijfsadvies BV www.marnecs.com

    Spannum 0517-342926

    Mannen van Staal www.mannenvanstaal.nl

    Leeuwarden 058-7676400

    Meester Show- en Theatertechniek

    www.meesterlijktheater.nl Grouw 0566-620791

    Modeschoenen Rutten

    www.rutten4shoes.nl Sneek 0515-414584

    Minicamping de Greidhoeke

    www.minicampingdegreidhoeke.nl Britswerd 058-2501827

    Murk Slagerij www.murksslagerij.nl

    Wommels 0515-331340

    Muzikant Sytse Haima 058-2519674

    Notariskantoor Mr. G.S. van der Hem www.notarisvanderhem.nl

    Jorwert 058-2519441

    NNRD Drachten 0512-334334

    www.nnrd.nl

    Now Cars www.nowcars.nl

    Wommels 06-20217985

    Op 'e Skille www.skille.nl

    Wommels 0515-332880

    Peter Zijlstra Timmerbedrijf Easterwierrum 06-34504259

    Patrick kramer www.patrickkramer.nl Weidum 06-53488868

    P. Huitema Administratie en Automatisering

    Wommels 0515-333100

    Plattelands vakantie op Nij Wybranda

    www.nijwybranda.com Boazum 0515-521344

    Poiesz Supermarkten

    www.poiesz-supermarkten.nl Mantgum

    Praktijk voor Klassieke Homeopathie

    Hiltsje Jonkman Boazum 0515-521724

    Peugeot Haaima www.autohaaima.nl

    Leeuwarden – Wirdum Franeker - Burgum

    Roelofs Cateringservice

    www.roelofscatering.nl Weidum 06-30393688

    Rabobank Leeuwarden- Noordwest Frisland

    Rabobank Sneek- Zuidwest Friesland

    www.rabobank.nl

    Rijplaten verhuur Deinum Dronrijp 06-53595921

    Schildersbedrijf Lanting

    Boazum 0515-521645

    Schroevenkopen.nl www.schroevenkopen.nl Winsum 06-22768513

    Sietse Jorna Agri-service www.sietsejorna.nl

    Wirdum 058-2552129

    Sita Recycling Services www.sita.nl

    Nijhaske 0515-613960

    Sijperda verhuur www.sijperdaverhuur.nl

    Leeuwarden 058-2848383

    Smids Design Studio

    www.smidsdesignstudio.nl Leeuwarden 058-2136052

    Sonnema BV www.sonnema.nl

    Bolsward

    Sloepenstalling Fabriek

    Weidum www.bcweidum.nl

    Weidum 06-25571618

    Straal en coatingbedrijf T. van der Wal

    Boazum 0515-521019

    Studio Dyk Mantgum 058-2519371

    Studio Haaima

    www.studiohaaima.nl Bears 058-8795538

    Studio Roscher www.roscher.nl

    Weidum 058-2159686

    Timmer & Onderhouds bedrijf Jan Pieter De Boer Bears 06-10949013

    Tandartsenpraktijk Mantgum

    Mantgum 058-2501781

    Stienstra Houtimport

    Boazum 0515-521264

    T. Bergsma Bouwservice Wjelsryp 06-22740359

    Tegelhandel Julius Van Der Werf

    Sneek 0515-413148

    De Tysker Easterwierrum

    Talsma Bouwkundig advies, ontwerp & Tekenbureau www.albertdirktalsma.nl weidum 058-2130793

    Timmerbedrijf René Dijkstra

    Mantgum 06-12051015

    T.M.B. De Jong B.V.

    www.tmbdejongbv.nl Wommels 0515-331201

    Tweewielers De Jong www.tweewielersdejong.nl

    Wommels 0515-332565

    TIB D.A. Reekers B.V.

    www.dareekers.nl Easterlittens 0517-341458

    Van Asperen Bouw www.van-asperen.com

    Sneek 0515-520611

    Tichelaar Startmotoren www.startmotoren.nl

    Winsum 0517-341065

    Veenstra Constructie & Installatiebedrijf

    www.veenstrawelsrijp.nl welsrijp 0517-341201

    Videoscherm.com www.videoscherm.com Bolsward 06-18121242

    VDL Stud & Sporthorses

    www.vdlstud.com Bears 058-2519473

    Woonvaria Colors@home www.woonvaria.nl

    Wommels 0515-332605

    W.B. Wiersma Tentenverhuur

    www.wbw-tentenverhuur.nl Leeuwarden 058-2519202

    W. Fopma Milieuadvisering B.V. Mantgum 058-2501797

    Zand – en grindhandel Jaap

    Hoekstra Easterwierrum 06-51509280

    Zeinstra Mediaton training en coaching

    www.trukezeinstra.nl Bears 058-2519724

    foar al jim stipe ....... GEWELDICH !!!

    Sponsers

  • side 6 - Spulwikenijs 2014

    Hintsje fange

    Weidum - Hjoed kamen de bern wer om een oer as njoggen oan yn de arena. De bern binne yn twa spulwikegroepkes lâns sân pleat-sen rûn yn Weidum. Op eltse pleats wiene ferskate spultsjes te dwaan, dy’t allegear mei bisten te krijen hienen. In pear spultsjes yn it koart: heafoarke goaie, de rups-rees en it sissende slangespul. De bern ha harren goed fermakke en it wie hjoed gelokkich net kâld bûten. Samar ynienen kamen de

    bern de hin wer tsjin, dy’t ûnt-kommen wie út de arena! De bern ha besocht de hin wer te fangen, omt sy fansels wol graach woene dat de hin in gouden aai lizze soe. Spitigernoch is it fangen net slagge. Alle bern hoopje no fan-sels dat de hin wol werom komt.. Al mei al wie it wer in slagge dei mei moaie spultsjes!

    Troch Janneke Blanke en Sjoukje Dijkstra

    It ferhaal fan K. Pokje

    Easterwierrum - Fet entûsjast, want it sirkes is yn Bistewjirm oankaam! De sirkesartysten en de bern binne der ek. De artysten liede de bern nei de grutte eindûns mei de bisten. Akrobevert, Sirkesdirektrice Marlou en de clowns ha der sin oan om de bern de eindûns te learen. Mar samar opiens sit der in slot op de koai. Wa hat dit dien???Der komt in brief binnen by de sirkesdirectrice. Yn dy brief wurdt útlein dat de bern de eindûns hielendal net dwaan meie mei de bisten. K. Pokje, dejinge dy’t it slot op’e koai dien hat, fynt dat de bern net nei it sirkes meie. Hy hat doe’t er lyts wie noait nei it sirkes mocht fan syn mem. Yn de brief omskriuwt K. Pokje dat de bern hiel goed harren bêst dwaan moatte, wol hy de trije-hoekjes fan de koai oan harren jaan. Hy hat gjin fertrouen yn de bern, want sy binne net sa slim. Mar de bern binne just hiel goed mei de spultsjes, fertsjinje trije-hoekjes en blike dochs goed by de tiid te wêzen. Alle ynsammele trijhoekjes foarmje mei-inoar ien grut trijehoek. Mei fjouwer tri-

    jehoekjes giet it slot fan de koai. Nei de optocht sjogge de bern dat der noch ien stikje út de lêste grutte trijehoek mist. Dan komt K. Pokje sels yn it sirkes. Hy fer-telt de bern dat er eins wol in bytsje spyt hat fan wat er de bern oan dien hat. Mei in ekskuus jout er it hoekje oan de bern. It slot komt fan de koai! Mei in soad wille dûnsje de bern de einsjo mei de bisten, akrobevert, de clown, de sirkesdirectrice, de lieders en fansels K. Pokje. Alle bern krije harren fotoliske mei in foto fan it groepke, nimme ôfskied en it sirkes lûkt wer fierd-er.

    Troch Marrichje Abma en Lidewij de Boer Omelet goaie en

    beverdammen bouweWeidum - Tongersdei, de dei dy’t ek wolris de “dei sûnder ein” neamt wurdt, begûn mei de opkomst fan de grutste freon fan de spulwike; de sinne! De bern troffen it mar, want se moch-ten hielendal op de fyts fan it pittoreske Weidum, nei it sinne oerjitten Wommels fytse. Troch twa ferskillende rûtes fytsten de

    bern nei swimbad “De Klomp”. Healwei de rûte wie in “rust-momint” mei ranja en fansels spultsjes. De ranja en de spults-jes wienen op de rêstige lokaasjes Jeth en Easterlittens, dy’t al gau net mear rêstich wienen troch de lûde “Hollebolletsjings” fan bern. De bern sieten yn groepkes dy’t troch it tema “Bisteboel”nammen hienen as “Beunhazen”

    “Chicks”, “Skiepekoppen” en “Superseehunen”. Oan it begjin fan de dei wie der noch in hiele striid om it earste plak, want de “Pink Panthers” stienen nekke-oan- nekke mei de “Blije Múskes” en de gefaarlike outsi-der “de Oelewappers”. Yn Jeth koenen de bern punten fertsjinje mei spultsjes as it pinguineilân (stuolledûns), in oaljefantenrace en it altyd spannende omelet goaien (frisbee). Yn Easterlittens wienen spultsjes te dwaan sa as “Beverdammen bouwe”(in hege toer bouwe mei stokjes), in altyd spannende “Mollenrace” (blyn in parkoers ôflizze), en de hersens fan ‘e bern wurden oan it wurk set mei de muoilike Bistequiz. Nei dat de earste rûte dien wie, koenen de bern harren útlibje yn swimbad De Klomp. Dat wie troch it waar al in grut sukses. De bern hawwe harren optimaal fermakke.Doe’t de bern útswommen wie-nen, gienen sy troch de rûte dy’t se noch net fytst hienen nei Weidum, wêr’t de bern wachtsje moasten oant de oerhearlike pannekoeken der wienen. De bern hawwe lûd smakkend opi-ten, dus it wie in grut sukses.

    Troch Rients Schrijver

    Ús lêste Spulwike

    Winsum - Dizze wike is in spesjale wike foar ús, want nei tsien en acht jier Spulwike jouwe wy it stokje oer oan de nije gene-raasje. Alle jierren ha wy genoa-ten fan de bern, de blauwe drek, de spulwikeranja en gean sa mar troch. Dizze wike genietsje wy ekstra fan dizze dingen, want soks belibje wy fêst net gau wer!

    Woansdei hiene wy foar it earst net Spulwike Littens of Spulwike Winsum, mar Spulwike Wommels. Om healwei tsienen ûntfangst fan’e bern op it keats-fjild. Fuort dernei allegear yn aksje, want de gorilla is wer ûnt-kommen út syn koai. Gelokkich

    koene de bern hurd drave en siet de aap gau wer fêst. Hjirnei krige elts groepke in teepûdsje foar it grutte ruilspul. Yn it doarp mochten wy it teepûdsje ruilje foar oare dingen. It doel wie om uteinlik mei in tillevyzje werom te kommen. De bern wienen hiel fanatyk en kamen mei geweldige spullen werom, sa as in swim-bad, fytsen, in túnbank en sels in brommer! Al dizze dingen brûke wy no foar de Spulwike.

    Nei in stikje bôle binne we, sjon-gend en yn in lange rige, mei ús allen nei it swimbad ta rûn. Bûten wie it net al te waarm, mar it wetter wie hearlik. In oantal bern

    wie net út it bad wei te slaan. Dit kaam mei troch in geweldige bad-master fan swimbad De Klomp! Hy learde de bêrn hoe’t se rinne kinne oer it wetter mei help fan in rinmatte en liet de bêrn munt-sjes op dûke. Der wie ek noch in badjuf en de bêrn koene bonus-punten fertsjinje as se dizze juf yn it wetter goaiden. Mei 230 bêrn is dat echt gjin probleem, hear! Gelokkich koe sy der ek wol om laitsje.

    It wie in super leuke dei, Spulwike Wommels kin wol faker!

    Troch Femke Gerbrandy en Karin Ebbinge

  • Spulwikenijs 2014 - side 7

    In winskballon én tútsjeboartsjenWeidum - Tongersdeitejûn binne de bern sliepen bleaun, mar earst wie de disko natuerlik. De spilers fan BIS hawwe dûnse op it poadium. Dit wie it begjin fan in prachtige jûn. De muzyk wie goed; wy hawwe noch nea sa folle bern dûnsjen sjoen! Nei de disko binne wy lûd sjon-gend yn optocht nei Flapper ta rûn. By oankomst koe elts groep-ke in winskballon op litte, dat wie in prachtich gesicht. De bern mochten allegear in winsk dwaan. De bern winsken bygelyks dat Spulwike foar altyd bestean bli-uwe mei en dat se sels letter ek lieder wurde kinne.

    Dernei wie it tiid foar in broadsje knak by it kampfjoer en fansels it tútsjeboartsjen. Freedtemoarn mochten de bern harren eigen bôle bakke by it moarnsbrochje. Dernei spilen wy it opromspul en doe wie de Spulwike spi-tigernôch wer ôfrûn. It wie in prachtige wike!

    Troch Sjoerd Theo van der Hem

    Rekke troch de Spulwike KupidoEasterwierrum - “Moast mei dwaan jong, is geweldich” wiene de wurden van Johan Koornstra, foarsitter yn Easterwierrum. Foarich jier soe it al barre, mar tot myn spyt wurke it wurk der net oan mei en dus moast ik Spulwike sjitte litte. Yn desimber doe mar fêst frij frege om dit jier mei dwaan te kinnen. Sa sein sa dien. Ik soe dit jier foar it earst mei dwaan oan Spulwike. Sels sit ik in soad yn’e handel en ekonomy, dus ik frege mysels ôf oft it wol wat foar my wie mei al dy bern. Mar ik nim al myn twifels werom nei dizze prachtige wike. De bern binne werkelik wier geweldich en ek de lieders om it komplete

    gebeuren hinne binne super!It moaie oan de leeftyd yn Easterwierrum is dast de bern noch in protte wiis meitsje kinst op natuerlik in positive manier. Tou om’e beam en lûke mar, promt falt der in diel fan de op te lossen puzzel út de beam wei. De kopkes wienen ûnbeskriuwber. De dief koe knap klimme, om sa in diel fan’e puzzel dêr yn de beam del te lizzen. Sels it elekt-risiteitshokje fan Easterwierrum wie omtsjoene ta it hûs fan de dief, yn de fantasy fan de bern.

    De tongersdei wie in prachtige dei. We hienen skitterend waar en de bern wienen allegearre

    wakker entûsjast. Ideaal om in bult wetterspultsjes mei de bern te dwaan en foar oaren it ide-ale waar om te “chillen” mei de bern. It hat my fernúvere hoefolle enerzjy in bern ha kin. Ôfslúting fan de dei wie lyk as tiisdei wer in lûdroftiche optocht troch it doarp mei een protte minksen oan’e dyk. Werklik: ik ha wier in prachtige wike han.

    “Mast mei dwaan jong, is gewel-dich “ dizze wurden binne wier makke: Spulwike is geweldich!Betanke bern, lieders, en orga-nisaasje. Oan’t takom jier!

    Troch Broer Greidanus

    De ôfslúter yn BistumWinsum - Hjoed wie it alwer de lêste dei fan‘e Spulwike. Wy binne tradisjoneel begûn mei de “foksejacht”. Yn it tema Bisteboel like it dit jier wol as wie der in hiele bistetún ûntkommen

    en telâne kaam yn Bistum. De stropers hienen hjir ek lucht fan krigen en wienen mei grut mate-riaal útrukt om de bern fan har-ren sturten te berôvjen. De bern hiene allegeare in sturt krigen,

    mei it doel om dy oan de ein fan de foksejacht wer yn te leverjen foar bonuspunten.

    Fanút de foksejacht giene wy troch mei de “survival”. It waar

    fan hjoed wie enoarm yn kontrast mei dat fan tiisdei. De kar om de survival fan tiisdei nei tongersdei te fersetten, wie dan ek in kar dy’t alderferskuorrenst goed útpakte. Foar ús is de survival dochs wol it hichtepunt fan de hiele wike. Mei in strak blauwe loft en in strieljend sintsje binne ek de bern hielendal yn ekstaze foar dit ûnderdiel fan it program. De sur-vival bestiet eins út twa gedieltes. It iene gedielte bestiet út ‘attraks-jes’, sa as de kabelbaan en de toubrêge. It oare gedielte bestiet út it goaien fan blauwe drek en as er ien ding is wat de bern goed kinne, is dat it goaien fan blauwe drek. Fan holle oant teannen sie-ten se ûnder de blauwe drek en de bern joenen er neat om.

    Nei de survival hiene de bern en de lieders fansels wol sin oan wat iten. Lokkich wienen de pan-koekheiten, -memmen, -pakes, en -beppes al de hiele middei yn it spier om foar eltsenien wat lek-kers te meitsjen. De bern pochten

    dat se wol tsien (!) pankoeken op koenen, mar ien kear begûn, die bliken dat dat dochs wol wat grutsprekken wie. Lykwols smak-ken de pankoeken der net minder om. Wer’t de survival foar ús it hichtepunt is, is it ferfgefecht ek altyd in grut spektakel. Mei in aaidoaske fol ferve meitsje bern en lieders elkoar ûnwerkenber. It ferfgefecht is eins in survival op himsels, mei it doel om de oar sa folle mooglik ûnder te fervjen. Dat slagget altyd aardich! It is de lieders en bern net frjemd om in oantal dagen letter noch in plak-aat ferve yn it ear oan te treffen. Neidat de bern hielendal ûnder de ferve sieten, mochten se mei harren selsmakke ynstruminten yn de optocht rinne. De ôfsluting fan in wike fol fertier, wetter, spultsjes, sjongen en draven.

    Mei oare wurden: de ôfsluting fan in geweldige Spulwike!

    Troch Jitske Veldman en Age Scheper

  • side 8 - Spulwikenijs 2014

    Trije kear Willem, trije kear tsien jierSawat els jier binne der binnen de Spulwike wol in oantal lieders dy’t it Spulwike kettinkje krije, de ûnderskieding foar tsien jier Spulwike. Dit jier binne der 4 kettinkjes útdielt; Klaas Siderius, Femke Gebrandy, Willem Visser en Willem Frankena. Se wis-ten de 10 jier sûnder muoite te folbringen. Ik hie in petear mei Willem Visser, Willem Frankena en Willem Sloot oer harren tsien jier by de Spulwike.

    Willem Frankena is op syn 18de troch Jansien Kamstra foar de Spulwike frege, de earste seis jier as lieder yn Weidum. Hjirnei kaam hy yn de sponsorkommisje en waard hy haad-materiaalman foar de stichting. Dêrnei hat hy twa jier de kampkommisje dien yn Easterwierrum en ôfrûne jier wie hy ranjafamke en wer lieder yn ‘Wierrum’.

    Willem Visser is yn Easterlittens begûn as kampkommisje en dit hat hy njoggen jier dien, meastentiids yn kombinaasje mei in oare funks-je. Sa liede hy twa jier in groepke bern, wie hy fiif kear mikrofoan-man en it leatste jier fersoarche hy in part fan de omballingen.

    Willem Sloot hat eins mar trije jier lieder west fan in groepke bêrn. Dochs is ek hy dit jier foar it tsien-de jier belutsen by Spulwike yn Easterwierrum. Jier op jier brocht hy de bern en lieders mei trekker en wein fan doarp nei doarp,

    fersoarge hy de ûntgriening foar de lieders foarôfgeand oan de Spulwike en organiseare hy in pear kear de mienskiplike jûn en it slot-feest foar de lieders.

    Op de fraach hoe oft jo it tsien jier folhâlde, antwurdsje de man-nen ienstimmich; jo moatte in kear meidien ha as lieder, oars begripe jo net wat it ‘Spulwike Firus’ is, dat sit jo yn it bloed! De mannen omskruiwe it sa: gekjeie mei de bern, de survival, ferje en blauwe drek, pankoek ite, mei de bern

    op trekker en wein en de bern fan alles wiis meitsje. Minstens san belangryk ûnderdiel fan it ‘Spulwike Firus’ is de oerdoasis oan sosjaal kontakt mei de oare lie-

    ders. Net allinich yn de Spulwike, mar it hiele jier troch libbet de Spulwike, relaasjes en freonskip-pen ûntstean en wêr’t jo ek op in (tint)feest komme; jo treffe altiid Spulwike minsken. Willem Sloot fertelt oer it pankoek iten: de bern ha it moarns betiid al oer de ‘Spulwike-pankoeken’;

    de hiele dei sjoche se hjir nei út. Om 17.00 oere pakke alle bern keurich harren bestek út de tas, mar dit is fansels net nedich want ‘Spulwike-pankoeken’ ite jo mei

    de hânnen! Safolle mooglik pan-koeken ite mei hiel soad sjerp en

    poeiersûker. Fan te foaren poche de bern dat se wol 9 op kinne, faaks bluiwt it by 3 of 4. De sjerp raant de bern betieden tusken de fingers troch, mar (hast) alles mei op de Spulwike dus dat heart der gewoan by!

    In oar ferhaal wat boppe komt is oer in jonkje dat de twadde dei yn Easterwierum oan syn lieder fer-telt dat hy fan mem net wer ûnder de blaue ferve thús komme mei. Mem is lykwols fergetten dat op de Spulwike alles mei wat thús net mei en dêr heart smoarch wurde wol by! It jonkje fertelt dat hy sels eins wol graach ûnder de ferve wol, krekt as alle oare bern, en dat mem it allinich oer blaue ferve hân hat. Jo kinne it wol riede; it jonkje is jûns troch syn mem hielendal ûnder de griene ferve mei naam nei hûs, want mem hie it allinich oer blauwe ferfe hân!

    Willem Frankena en Willem Visser ha dit jier ôfskie naam fan de Spulwike, nei tsien jier is it moai west. “No’t der lieders by binne dy’t jo eartiids as bern yn jo groepke hân ha, dan witte jo dat jo te âld wurde foar de Spulwike”, sa sisse de mannen. It Spulwike firus sil hja altiid by harren drage; it is in diel fan harren libben wurden. De mannen sille nog wol ris mei in trien yn it each by de optocht of survival stean te sjen en wy as lieders sille harren misse yn de Spulwike! Willems: tige, tige tank foar jimme wurk foar de Spulwike!

    Johan Koornstra, foarsitter Easterwierrum

    Spulwike quotes:“Ik hearde dat Spulwike leuk wie, mar dat it sa vet is…”

    “Een lama is een aparte variant van een paard”, in bern fan de flybjende lama’s

    “Ik doch letter ek yn Weidum mei, want ik ha heard dat je dan mei in famke túte meie!”

    “Zo, die kan wel een bad gebruiken”, doe’t sirkusdirektrise Marlou yn it bad goaid waard

    Akrobaat Evert: “Jim moatte goed jim bêst dwaan”

    Bern: “ Ja hallo! We binne hjir net op skoalle, it is Spulwike”

    De foto’s yn dizze krante binne makke troch Annamarie Eldering, Johan Koornstra, Tietie Molenaar, Sietske Okkema en Boukje Kuipers. Tige tank hjir foar!