MATTHAUS earste part wol ik lykas har foar Jo myn hite triennen streame litte, as salve oer Jo holle...

30
MATTHAUS earste part 1 Koar I en II: Kom, o dochters, help my kleien Sjoch dan – Wa? – de Brêgeman Sjoch Him – Hoe? – as wie ‘r in Laam Sjoch dan – Wat? – sjoch it geduld Sjoch – Wêrhinn'? – sjoch op ús skuld Sjoch nei Him, Hy leavet ús hat it Krúshout sels te dragen Sopr.: O Laam fan God, ûnskuldich oan 't Krúshout waarden Jo slachte Jo wien' altyd geduldich ek al hat men Jo ferachte Ús sûnden ha Jo nommen oars wie der gjin ûntkommen Ûntferm' Jo oer ús, O Jezus, O Jezus 2 Ev: Doe 't Jezus ta 't beslút kaam fan dizze rede sei Hy tsjin Syn dissip' len: Jezus: Jim witte, dat it mei twa dagen Peaske is en de Minskesoan sil oerlev're wurde moatte dat se Him krúsigje sille 3 Koar I en II: O leave Jezus, wat ha Jo ferbrutsen Dat Sy dit skerpe oardiel oer Jo sprutsen? Wat is Jo skuld? Mei hokfoar minne setten brekk' Jo de wetten? 4a. Ev: En doe kamen de hegepreesters gear mei de skriftgelearden en de âldsten fan it folk yn it paleis fan 'e hegepreester dy't neamd waard Kajafas en holden rie* hoe 't se Jezus mei mûklist fange en deadzje koen' Se seine lykwols: *Noot voor Ernst : rie hâlde = beraadslagen

Transcript of MATTHAUS earste part wol ik lykas har foar Jo myn hite triennen streame litte, as salve oer Jo holle...

Page 1: MATTHAUS earste part wol ik lykas har foar Jo myn hite triennen streame litte, as salve oer Jo holle jitte 6 Aria (Alt): Boet’ en smert brek midstwa it sûnd’ge hert Dat myn triennen

MATTHAUS earste part

1

Koar I en II:Kom, o dochters, help my kleien Sjoch dan – Wa? – de BrêgemanSjoch Him – Hoe? – as wie ‘r in Laam Sjoch dan – Wat? – sjoch it geduld Sjoch – Wêrhinn'? – sjoch op ús skuldSjoch nei Him, Hy leavet ús hat it Krúshout sels te dragen

Sopr.:O Laam fan God, ûnskuldichoan 't Krúshout waarden Jo slachteJo wien' altyd geduldichek al hat men Jo ferachteÚs sûnden ha Jo nommenoars wie der gjin ûntkommenÛntferm' Jo oer ús, O Jezus, O Jezus

2

Ev:Doe 't Jezus ta 't beslút kaam fan dizze redesei Hy tsjin Syn dissip' len:

Jezus:Jim witte, dat it mei twa dagen Peaske isen de Minskesoan sil oerlev're wurde moatte dat se Him krúsigje sille

3

Koar I en II:O leave Jezus, wat ha Jo ferbrutsenDat Sy dit skerpe oardiel oer Jo sprutsen?Wat is Jo skuld? Mei hokfoar minne settenbrekk' Jo de wetten?

4a.

Ev:En doe kamen de hegepreesters gear mei de skriftgeleardenen de âldsten fan it folk yn it paleis fan 'e hegepreester dy't neamd waard Kajafasen holden rie* hoe 't se Jezus mei mûklist fange en deadzje koen' Se seine lykwols:

*Noot voor Ernst : rie hâlde = beraadslagen

Page 2: MATTHAUS earste part wol ik lykas har foar Jo myn hite triennen streame litte, as salve oer Jo holle jitte 6 Aria (Alt): Boet’ en smert brek midstwa it sûnd’ge hert Dat myn triennen

4b.

Koar I en II:Ja, net op it feest, dan kin der reboelje kommedan komt der reboelje ûnder 't folk*

*vanaf maat 12

4c.

Ev.:Doe‘t no Jezus kaam yn Bethanië, yn ‘t hûs dat fan Simon de melaatske wie*kaam in frou ta Him, en hja hie in glês mei kostlike salveen geat dat oer Syn holle wylst Er oan tafel sietmar doe ‘t syn dissip’ len ‘t seagen makken dy harren** lilk*** en se seinen:

*maat 2 : 4e tel → vier 16e noten b-b-a-g Simon de me-

maat 3 : 8e noot gepuncteerd : -laats- 16e noot :-ke OF -laats- over 8e Cis en 16e E

**harren over twee noten

** *lilk dus NIET over twee noten...

4d.

Koar I:Wêrom soest it sa fergrieme?Dizze salve hiest ferkocht foar in goeie priis en de earmen dy hiest it jild jûn

4e.

Ev.:En doe ‘t Jezus dat fernaam, sei Er tsjin harren:

Jezus:Wêrom komst har op ‘e hûd? Se hat in goed wurk* dien oan MyDe earmen ha jim altiten om jim tamar Ik bin hjir mar even by jimen doe’t se My dy salve oer it lichem útgeat, dat hat se dien dat se My begrave sille Wierlik, ik sis it jim:Wêr‘t dit evangeelje preke wurdt wêr ek mar yn ‘e hiele wrâld dêr wurdt ta har neitins oan wat se My dien hat fan har ferhelle

*wurk wur-k over twee noten

Page 3: MATTHAUS earste part wol ik lykas har foar Jo myn hite triennen streame litte, as salve oer Jo holle jitte 6 Aria (Alt): Boet’ en smert brek midstwa it sûnd’ge hert Dat myn triennen

5

Resitatyf (Alt):Do leave Heilân, Doas Jo dissipel dwaas misachtet wa ‘t from it goede die dy‘t salve foar Jo hiefoar ‘t grêf dat Jo ferwachtet dan wol ik lykas har foar Jomyn hite triennen streame litte, as salve oer Jo holle jitte

6

Aria (Alt):Boet’ en smertbrek midstwa it sûnd’ge hert Dat myn triennen foar Jo rinne'n Salve dy't Jo tabeheart trouwe Jezus, Jo allinne

7

Ev.:En doe gong ien fan de tolve dy't hiet fan Judas Iskarioth nei de hegepreesters en sei:

Judas:Wat kin ‘k der foar barre? Ik wol Him wol ferriede

Ev:En se beanen him tritich sulverlingenEn fandat socht hy om in gelegenheid en kin him ferriede

8

Aria (Sopr.):Blied no mar, o memmehertAch! In bern dat út dy tein wieoan dyn boarst te drinken lein wiewol hy no syn fiedster dea dwaanen as wie 'r in slang, har kwea dwaan?

9a

Ev.:Mar op ‘e earste dei fan ‘t ûnsuorre brea kaam’ de dissip’ len by Jezus en seinen tsjin Him:

Page 4: MATTHAUS earste part wol ik lykas har foar Jo myn hite triennen streame litte, as salve oer Jo holle jitte 6 Aria (Alt): Boet’ en smert brek midstwa it sûnd’ge hert Dat myn triennen

9b

Wêr woll’ Jo, dat wy meielkoar oan it Peaskemiel ús sette?

9c

Ev.:Hy sei:

Jezus:Gean dat út nei de stêd nei him dy ‘t ik neam en sis:De Master lit jo witte: Myn tiid is nei-oan yn dyn hûs sil Ik Peaske hâlde mei Myn dissip’ len

Ev.:De dissip ‘len harken, diene wat Jezus oan har gebean hieen se makken dêr it Peaske reeEn dy jûn naam Hy in sit oan ‘e tafel mei de tolveen ûnder ‘t iten sei Er:Wierlik, ik sis it jim: ien fan jimme hjir sil my ferriede

9d

En se waarden o sa tryst, en fongen oan de ien’ nei de oare, mei dit te sizzen tsjin Him:

9e

Koar:Hear, ik net!

10

Koar I en II:Ik bin 't dy't boete dwaan moastmen yn 'e boeien slaan moasten suchtsje yn 'e hel Al wa 't Jo gis'l' en sloegen Al wat Jo foar my droegendat alles weaget op my del

11

Ev.:Hy antwurde har en sei:

Jezus:Hy dy ‘t de hân mei My yn ‘e skûtel stippet dy sil My ferriedeDe Minskesoan sil wol hinnegeanlykas hoe ‘t it oer him skreaun stiet

Page 5: MATTHAUS earste part wol ik lykas har foar Jo myn hite triennen streame litte, as salve oer Jo holle jitte 6 Aria (Alt): Boet’ en smert brek midstwa it sûnd’ge hert Dat myn triennen

Mar wee de** minske, dejinge dy‘t dan de Minskesoan ferriedtFoar him wie it better, dat er nea berne wie, it libbensljocht nea sjoen hie***

**Zou hier toch kiezen voor -wee- over drie 8e noten; andere opties onbevredigend

***Het Duitse origineel is zeer wijdlopig; dat verklaart ook de Engelse “oplossing” met

de herhaling fan “better” ; deze optie vermijdt herhaling maar blijft omstandig

Ev.:En doe and' re Him Judas, yn syn ferrie, hy sei:

Judas:Hear, bin ik it?

Ev.:Hy sei tsjin him:

Jezus:Do seist it

Ev.:En doe ‘t sy dan ieten, bruts Jezus it brea spruts de tankbea út joech dat Syn dissip’ len en sei:

Jezus:Nim it, yt it, dat is myn liif

Ev.:En Hy naam de tsjelkHy tanke dan, joech harren dizz’ en sei:

Jezus:Drink no allegearre* hjirútDit is Myn bloed fan ‘t Nije Testamintdat wurdt fergetten** foar mannichien ta ferjouwing fan har*** sûndenIk sis it jim : ‘k Sil wierlik fan no oan net mear fan dizze**** frucht fan ‘e wynstôk drinke oant op ‘e dei dat ik mei jimme drinke sil yn myn Heite keninkryk

*mt.24 6e tel 8e f-e : -le mt.25 4e D : gear- 4e G : -re**mt.28 -wurdt- over twee 8e noten; -fer- over twee 8e noten; -get- over 4e gepuncteerd en 8e noot*** mt.30 “fan har” op de eerste twee 8e noten (A-F#)**** mt.33 “dizze” : di- over 4e noot f# 4e noot g ; -zze over 4e noot a

Page 6: MATTHAUS earste part wol ik lykas har foar Jo myn hite triennen streame litte, as salve oer Jo holle jitte 6 Aria (Alt): Boet’ en smert brek midstwa it sûnd’ge hert Dat myn triennen

12

Resitatyf (Sopr.): Hoewol't myn hert yn triennen swimtdat Jezus ôfskie fan my nimtwat bliidskip jout my dochs Syn testamint: Syn fleis en bloed, o djoer presintis wat Er hjir oan my fersein hatHoe ‘t Hy op ierde altyd trou en goed wiefoar wa ‘t Him leave noed stiesa leaf, yn leafde dy‘t gjin ein hat

13.

Aria (Sopr.):Ik wol Jo myn herte skinkeskink it Jo, ta myn behâldIk wol my yn Jo fersinkeis 't foar Jo in lytse wrâld O, wês Jo dan foar my altyd mear as ierd’ en himel, Hear

14

Ev.:En doe‘t se dêrnei de lofsang songen hienengongen se op wei nei de Oliv’ berch Doe sei Jezus tsjin harren:

Jezus:Yn dizze nacht sille jimme oanstjit nimme oan mywant sa stiet it te lêzen, dat Ik dan de hoeder slaan silen de skiep yn 'e keppel sille all' gear fertoarkjemar wannear 't Ik wer ferriizjedan sil Ik jimme foargean nei Galilea

15

Koar I en II:Erken my, yn Jo hoede, myn harder, nim my oanDo, boarne fan it goedewiest my sa gol en skoanJo mûle hat my dwêste mei molk' en spizen swietJo Geast joech my it bêstefan 't himelske geniet

Page 7: MATTHAUS earste part wol ik lykas har foar Jo myn hite triennen streame litte, as salve oer Jo holle jitte 6 Aria (Alt): Boet’ en smert brek midstwa it sûnd’ge hert Dat myn triennen

16

Ev.:Petrus joech Him in antwurd en sei tsjin Him:

Petrus:Al soenen alle oaren har ergerje, nea jout myn Hear my argewaasje

Ev.:Jezus sei tsjin him:

Jezus:Wierlik, ik sis it dy:Yn dizze nacht, noch foar 't de hoanne kraait* silsto my trij'ris ferleag'nje

Ev.:Petrus sei tsjin him:

Petrus:Al soe ik mei Jo stjerre moattedan noch soe 'k Jo net ferleag' nje

Ev.:En alle oaren dy seinen itselde

* kraa-aait → E-D#

17

Koar I en II:Wol my dochs net ferdriuweFerachtsje my dochs netIk wol hjir by Jo bliuwesoe brekke Jo it hertDan sil ik Jo omearmjeyn' oere fan 'e deaJo yn it lêst beskermjebehoedzje mei myn lea

18

Ev.:Doe kaam Jezus mei harren al by in hôf oandat hiet Getsemaneen sei tsjin syn dissip' len:

Jezus:Set jim hjir del, dan sil ik dêr no hinne en bidde

Ev.:Hy naam mei him Petrus

Page 8: MATTHAUS earste part wol ik lykas har foar Jo myn hite triennen streame litte, as salve oer Jo holle jitte 6 Aria (Alt): Boet’ en smert brek midstwa it sûnd’ge hert Dat myn triennen

en Sebedeus* syn soannen en doe waard Hy tryst en hiel ûnrêstich doe sei Jezus tsjin harren:Ach, myn siel is sa yndrôf, tryst oant de dea wol no by my bliuwe en weitsje

*mt.8 -de- :over twee 16e noten(g-as) -us 16e (bes)

19

Ten.:O smert! Hjir trillet it tramtearre hert.O, hoe 't it krimpt, hoe bleek as Hy no sjocht

Koar:Wat is de oarsaak dan fan sokke pleagen?

Ten.:De rjochter sleept Him foar 't gerjochtDêr wurdt gjin treast of help Him brocht

Koar:O, om myn sûnden leit men Jezus leagen*

Ten.:In helske pine moat Hy lijede oaren fan har skuld befrije

Koar:Ach, om myn skulden moatte Jo, O Heare, dit lot ferneare

Ten.:Ach, koe ik Jo myn stipe jaan, myn hoeder,yn leafd' en moederaasje, fersêftsje foar Jo dizze tamtaasjeHoe jerne, hoe jerne, hoe jerne soe ‘k it dwaan

* immen leagen lizze : gemeen tegen iem. handelen

20

Ten.:Ik wol hjir by myn Jezus weitsje

Koar II:Sa komm' ús sûnden ta de sliep

Ten.:Foar myn dea boet Hy mei Syn sieleneed Syn drôvens komt my ten goede *

Page 9: MATTHAUS earste part wol ik lykas har foar Jo myn hite triennen streame litte, as salve oer Jo holle jitte 6 Aria (Alt): Boet’ en smert brek midstwa it sûnd’ge hert Dat myn triennen

Koar II:Sa is it lijen fan de hoeder rjocht bitter en doch swiet foar ‘t skiep

*komt zelfde lengte als “machet”

21

Ev.:En Hy gong wat fierderen foel dan del op it gesicht en bea ta God en sei:

Jezus:O, Abba, is 't moogliknim dizze tsjelk dan no fan myMar net om myn wilLykwols om Jo wil

22

Resitatyf (Bas):De Heilân falt hjir om Syn Heite wille dat ik en oaren om my hinnedy 't fallen binnewer yn genede opstean silleEn hat Er aanstde tsjelk fol fan de dea syn bitter dronkenmei alle sûnden fan 'e wrâld yn fûle stank en haat fersonken It wie Gods wil en ús behâld

23

Aria (Bas):Jerne soe 'k mei ta te stimmenkrús en beker oan te nimmenfolgje dêr 't myn Heilân gietKin troch Jo ‘t as molk’ en huning genieteDrink ik no, de bittere smaak wurdt swiettroch Jo earste swolch ferswiete

24.

Ev.:En Hy kaam by syn dissip' lendy 't all' gear slieptenen sei tsjin harren:

Jezus:Koene jimme dan net in oere mei my weitsje? Weitsje en bidde, reitsje jim net yn ‘e fersikingDe geast is feardich, lykwols it fleis is swak

Page 10: MATTHAUS earste part wol ik lykas har foar Jo myn hite triennen streame litte, as salve oer Jo holle jitte 6 Aria (Alt): Boet’ en smert brek midstwa it sûnd’ge hert Dat myn triennen

Ev.:En op 'e nij gong Er fuort, bea dan wer en sei:

Jezus:O, Abba, moat it wêzedat dizze tsjelk net foarbygietdan drink ik him út't Is Jo wil dat it dien wurdt.

25

Koar I en II:Sa 't God it wol, sa sil it geanSyn wil komt ús ten goedeWa 't leaut, dêr sil Hy boarch foar steandy nimt Hy yn syn hoede En wa 't yn needhim keart ta Godhoecht net yn noed te sittenWa 't God fertroutfêst op him boutwurdt net fan Him ferlitten

26

Ev.:En Hy kaam werom by har dy 't slieptenhar wien' de eagen swier fan 'e sliepen Hy liet se, en gong noch in kear hinn' en bidde foar de trêdde kearen spruts deselde wurden en bidde:Doe kaam Er by syn dissip' len en sei tsjin harren: Jezus:Ach! Noch altyd djip yn 'e sliep hjir?Sjoch dan! De oer' is nei-oan dat de Minskesoan oan 'e hannen fan 'e sûnders oerleev' re wurdtKom oerein, lit ús hjirwei geanSjoch dan! Hy is hjir, dy 't my ferriedt

Ev.:En wylst Er noch prate, kaam Judas,hy wie ien fan 'e tolv' dissip' len,en mei him kaam in skare oan mei swurden en mei stokkentroch de hegepreesters en âldsten dêrta stjoerden dy ferrieder fan in Judas hie harren in teken jûn en sein:“Ien fan har sil ik patsje, hy is 't, dy 'tst ha moatst” Fuortdaliks gong er nei Jezus en sei:

Judas:“Ik groetsje dy, myn Master”

Page 11: MATTHAUS earste part wol ik lykas har foar Jo myn hite triennen streame litte, as salve oer Jo holle jitte 6 Aria (Alt): Boet’ en smert brek midstwa it sûnd’ge hert Dat myn triennen

Ev.:en patte Him doeJezus lykwols sei tsjin him:

Jezus:Myn freon, wêrom bisto kommen?

Ev.:Se kamen op Him ta en strutsen de hân út nei Jezus en krigen Him

27a

Sop/Alt: Koar II:Sa ha se Jezus finzen nommen Lit Him! Ho dêr! Byn Him net!Alle ljocht is ta tsjusterens ferkommen,Ach, myn Jezus finzen nommenSe fier’ Him fuort al yn ‘e boeien

27b

Koar I en II:Bin bliksem en tonger ferdwûn yn 'e wolken?Skuor iepen dyn fjurrige ôfgrûn, o hel!* Fergrúzje, ferdjer him, ferslyn him, ferpletsjeyn razende gloedde falske ferrieder, it moardzjende bloed!

* hel over twee lettergrepen

28

Ev.:Doe krige ien fan 'e dissip' len dy 't by Jezus wien' it swurd al út 'e fuorreen joech in feint sa op 'e bealchHy snie him in ear ôfDoe sei Jezus tsjin him:

Jezus:Stek no dyn swurd wer yn 'e skiewant wa 't it swurd nimtsil troch it swurd ferkommeWat hiesto dan tocht?Soe ‘k net myn Heit om ingelen fersykje, dat ik freegje Him om mear as tolve legioenen?

Hoe waard dan lykwols de Skrift ferfolleIt giet sa 't it gean moat

Page 12: MATTHAUS earste part wol ik lykas har foar Jo myn hite triennen streame litte, as salve oer Jo holle jitte 6 Aria (Alt): Boet’ en smert brek midstwa it sûnd’ge hert Dat myn triennen

Ev.:Tagelyk sei Jezus tsjin de skare:

Jezus:Jimme stean my hjir foaroer as wie 'k in moardnermei swurd en stok en nimme my hjir finzenWie ik dan net alle dagen by jimha jim ûnderwiisd yn 'e timpelen doe wie der neat te rêdenMar dat alles giet sa 't it gean moatwant sa wurdt ferfollede Skrift fan 'e Profeten

Ev.:De dissipelen flechten, lieten Him sitte..

29

Koar I en II:O mins, beskriem dyn sûnde grut wêrfoar Kristus syn Heit syn skurt'ferliet en kom op ierde;Dy 't út in sêfte, reine Faamús berne waard en ta ús kaamús heinde en ús fierdeDe deaden hat Hy 't libben jûnfertriet en kwaal en pin' oerwûnmar dan kaam dochs de dagedat sy Him ha en hâld Him fêstLykas Hy draacht ús sûndelêstsil Hy it krúshout drage

Page 13: MATTHAUS earste part wol ik lykas har foar Jo myn hite triennen streame litte, as salve oer Jo holle jitte 6 Aria (Alt): Boet’ en smert brek midstwa it sûnd’ge hert Dat myn triennen

MATTHAUS twadde part

30

Alt:Ach, no is myn Jezus hinne

Koar:Wêr dan is jo freon hinnegongen?O, jo moaiste ûnder de froulju?

Alt:Kin 't net oansjen yn myn rouwen

Koar:Wêr dan is jo freon hinnerûn?

Alt:Ach, myn Laam yn tigerklauwenAch, wêr is myn Jezus hinne?

Koar:Dan sille wy mei dy om him sykje

Alt:Ach, wat hat myn siel te ferdragenIk swij op har bange fragen Ach, wêr is myn Jezus hinne?

31

Ev.:En sy dy 't Jezus dêr oppakt hienen brochten Him no by de hegepreester Kajafas,dy ‘t mei de skriftgelearden en âldsten in gearkomste belein hie Petrus lykwols folge har op koarte ôfstânoant yn 't paleis fan 'e hegepreestersen gong deryn en naam dêr in sit by 't tsjinstfolkdat hy de ôfrin fan alles goed sjen koe De hegepreesters en alle âldsten eken de Hege Rie woen' in falske tsjûgenis tsjin Jezusdat men Him dan deadzje koe, mar fûn’n net ien

Page 14: MATTHAUS earste part wol ik lykas har foar Jo myn hite triennen streame litte, as salve oer Jo holle jitte 6 Aria (Alt): Boet’ en smert brek midstwa it sûnd’ge hert Dat myn triennen

32

Koar I en II:My hat de wrâld grut ûnrjocht dienMei ligerij ûnrjocht begien en strik my yn har nettenHear, hoedzje doch my foar 't bedroch,en foar har falske setten

33

Ev.:Hiel wat falske tsjûgen diene har ferhaal,it smiet net folle opOp 't lêst wiene dêr dan twa falske tsjûgen, dy 't seine:

Tsjûgen:Dit hat er sein: Ik kin sa God Syn timpel ôfbrekke en yn trije dagen op' nij wer bouwe

Ev.:En de hegepreester stie op en sei tsjin Him:

Hegepreester:Jo wolle gjin antwurd jaan oan har dy 't hjir tsjin Jo tsjûgje?

Ev.:Lykwols, Jezus sei neat

34

Resitatyf (Ten.):Myn Jezus swijt hjir op in falske oanklacht Hy leart ús yn Syn lijendat Hy mei leafdefolle oandachtfoar ús út eigen wille lijtdat wy it lijen ûndergean,de pine út te steantroch by ferfolging stil te swijen

35

Aria (Ten.):Geduld! As de skerpe tongen stekkeLij ik hjirre sûnder skuld skimp en spot, lij ik skimp en spotai, dan mei de goede Godmyn ûnskuldig' herte wrekke

Page 15: MATTHAUS earste part wol ik lykas har foar Jo myn hite triennen streame litte, as salve oer Jo holle jitte 6 Aria (Alt): Boet’ en smert brek midstwa it sûnd’ge hert Dat myn triennen

36a.

Ev.:En de hegepreester antwurde Him en sei tsjin Him:

Pontifex:Ik beswar Jo hjirre by de libbene Goddat Jo ús sizze, binn' Jo dan de Kristus, Soan fan God?

Ev.:Jezus sei tsjin Him:

Jezus:Jo sizze 't.Mar dit sis ik jim:Hjirnei sil it sa kommedat jim sitten sjogge de Minskesoanrjochts fan 'e Majes*teit en kommend' op 'e himelske wolken

Ev.:Doe ferskuorde Kajafas him dêr de klean en sei:

Pontifex:Sa wurdt God hjir lastere! Wat tsjûgenis wolst noch hearre?Sjoch dan! Jim ha hjir doch syn Gods**lastering fernommen.Wat tinke jim?

Ev.:Se antwurden him en seine:

36b.

Koar:Hy hat de dea fertsjinne!

* mt.10: -ten der → je-s ** Got-tes- : 8e 8e → Go-ods

36c.

Ev.:Doe spuiden se Him yn it oangesicht mt.26 spei-e 16e 16e → spui- 8e en sloegen Him mei fûstenYtlike oaren sloegen him yn 't oangesicht en seinen:

36d.

Koar I en II:No wytgje ús, Kristus, Wa wie 't dy't dy sloech!

Page 16: MATTHAUS earste part wol ik lykas har foar Jo myn hite triennen streame litte, as salve oer Jo holle jitte 6 Aria (Alt): Boet’ en smert brek midstwa it sûnd’ge hert Dat myn triennen

37

Koar I en II:Wa joech Jo sa 'n wan bruien, myn Hear, foel Jo mei spuien en spotten op 'e lea?Jo binn' hjir net de sûnderdat lot lije wy ûnderJo dienen net in grissel kwea

38a.

Ev.:Petrus siet yn 'e foarhôf fan 't paleisen in tsjinstfaam kaam op him ta en sei:

Ancilla I:Mar do wiest toch ek by dy Jezus fan Galilea

Ev.:Hy leagene wylst elkenien it hearde, en sei:

Petrus:Ik wit net watsto seiste

Ev.:As er dan út 'e foarhôf fuort woe, waard er sjoen troch in oare faamdy 't sei tsjin har dy 't dêr krekt wienen:

Ancilla II:Dizze wie ek by dy Jezus fan Nazareth

Ev.:En hy leagene noch in kear en sward' in eed:

Petrus:Ik ken dizze minske net

Ev.:It duorre mar hiel even foar 't it folk dat dêr wie op him takaam, se seinen tsjin Petrus:

38b. Koar:Ja hear, do bist perfoarst in dissipel, want hoesto praatst, dat ferriedt dy

Page 17: MATTHAUS earste part wol ik lykas har foar Jo myn hite triennen streame litte, as salve oer Jo holle jitte 6 Aria (Alt): Boet’ en smert brek midstwa it sûnd’ge hert Dat myn triennen

38c.

Ev.:Doe leagene hy dat mei flokken en mei swarren

Petrus: Ik ken dizze minske net

Ev.:De hoanne kraaide fuort dêrneiEn Petrus tocht oan Jezus Syn foarsizzing dat Dy tsjin him sein hie: Eardat de hoann' kraaie sil silsto my trije kear leag' njeHy gong derút en skriemde* bitt're triennen *(mt. 32 : 8e Dis/16e Eis : Hi- / 16e Fis : te/ 8e Fis-Cis : Trien-nen)

39

Aria (Alt):Erbarmje Jo Myn GodOh, meie myn triennen streame Sjoch my no, hert en each, it skriemt foar Jo, bitter no.

40

Koar I en II:Ha ik, nei my ôf te kearendochs it paad nei Jo wer fûn?Hat Jo soan yn it fernearenfan Syn lijen ús ferjûn?Ik ûntken hjir net de skuldJo genede, Jo geduld,is sa grut mei wa ‘t ferkeard die,dy’t yn sûnde fan Jo keard wie

41a.

Ev.:De oare moarn doe kamen alle hegepreesters ende âldsten fan it folk ta in oardiel oer Jezus, dat se Him deadzje Se boeiden Him, fierden Him dan fuort, en lev’ren Him út oan ‘e lânfâd, hy hjitte Pontius PilatusEn Judas dy seach it, dy’t Him ommers ferret hie,dat Hy de deastraffe krige No fielde hy berou en joech fuortendalik de tritich sulverlingenoan de hegepreesters en âldsten en hy sei:

Page 18: MATTHAUS earste part wol ik lykas har foar Jo myn hite triennen streame litte, as salve oer Jo holle jitte 6 Aria (Alt): Boet’ en smert brek midstwa it sûnd’ge hert Dat myn triennen

Judas:Ik ha wat freesliks dien, omreden dat ik ûnskuldich bloed ferret ha

Ev:Se seinen:

41b.

Preesters:En wat giet ús dat oan? Dat komt op jo del

41c.

Ev.:En hy smiet de sulverlingen yn ‘e timpeldraaide him om, gong hinneen doe hat er him ferhongenEn dizze hegepreesters garren de sulverlingen en seinen:

Preesters:It doocht net om dit jild yn ‘e offerkist’ te lizzenwant it is bloedjild

42

Aria (Bas):Ach, hoe graach hie ‘k Jezus wersjoen Sjoch dit jild, lean fan ‘t ferrie Hy no, dy ‘t dit nommen hie hat it bloedjild werjûn

GEHEEL:

Ach hoe graach hie 'k Jezus wersjoenAch hoe graach, hoe graach hie 'k Jezus wersjoenSjoch dit jild, lean fan ‘t ferrie Hy no, dy ‘t it nommen hie hat dit bloedjild werjûnSjoch dit jild, lean fan 't ferrieSjoch dit jild, lean fan 't ferrie Hy no, dy ‘t it nommen hie hat dit bloedjild werjûn Sjoch dit jild, lean fan 't ferrie Hy no, dy ‘t it nommen hie hat dit bloedjild werjûn Sjoch dit jild, lean fan 't ferrie Hy no, dy ‘t it nommen hie hat dit bloedjild werjûn Ach hoe graach hie 'k Jezus, Jezus wersjoenAch hoe graach hie 'k Jezus wersjoen

Page 19: MATTHAUS earste part wol ik lykas har foar Jo myn hite triennen streame litte, as salve oer Jo holle jitte 6 Aria (Alt): Boet’ en smert brek midstwa it sûnd’ge hert Dat myn triennen

hie ik Jezus, Jezus wersjoenAch hoe graach hie 'k Jezus wersjoenAch hoe graach hie 'k Jezus wersjoengraach hie 'k Jezus wersjoen

43

Ev.:En mei elkoar holden se rieen kochten fan it jild in eker om pylgers begrave te kinnenDêrom neamde men dizze eker fan doe ôf de bloedeker en sa hjit dy noch altydSa is ferfolle wat foarsein is troch de profeet neamd Jeremiasas er sei:Se hawwe de tritich sulverlingen nommenom dizze keappenskip te beteljen Dêrmei betellen sy de bern fan IsraelDyselden joegen har der in eker foar weromlykas de Hear befellen hatJezus lykwols stie no foar de lânfâden de lânfâd befrege Him en sei:

Pontius Pilatus:Bist kening fan de Joaden?

Ev.:Jezus lykwols sei tsjin him: Jezus:Jo sizze ‘t

Ev.:En dan op ‘e oanklacht troch de hegepreesters en âldsten diensei Jezus net in wurdDoe sei Pilatus tsjin Him:

Pontius Pilatus:Hearsto dan net hoe bot se dy ferkleie?

Ev.:Mar Hy antwurde op gjin inkelde fraach, dêrom fernuvere de lânfâd him dêr tige

Page 20: MATTHAUS earste part wol ik lykas har foar Jo myn hite triennen streame litte, as salve oer Jo holle jitte 6 Aria (Alt): Boet’ en smert brek midstwa it sûnd’ge hert Dat myn triennen

44

Koar I en II:Wa‘t God as fêste boarch hatjout Him syn pine oerFoar al wa‘t noed en soarch hatbiedt Hy in feilich stjoerWa‘t wolken, loft en winenyn goede banen laat wit ek foar dy te finenin fêst en feilich paad

45a.

Ev.:Op dy feestdei hie dizze lânfâd foar de gewoantein finzene de frijheid werom te jaanen ‘t folk mocht ien kieze No hie er krekt op dat stuit ien dy ‘t kwea ferneamd wie dy ‘t de minsken allegearr’ koene, dat wie Barabbasen doe ‘t hy it folk by 'lkoar hie sei Pilatus tsjin harren:

Pontius Pilatus:No, wa wolle jim dat ik foar jim frijlit? Barabbas of dy Jezus, fan wa‘t der sein wurdt Hy is de Kristus?

Ev.:Want hy wist hiel goed dat se Jezus oerlev’ re hienen út oergeunstPilatus op ‘e rjochterstoel krige fan syn frou berjochtse liet him witte:

Frou fan Pilatus:Lit him gewurde, dizze rjochtfeardige minskeHjoed hie ‘k sa folle út te stean yn in dream, dat wie om Him!

Ev.:Lykwols, de hegepreesters en de âldsten dy fiteren de minsken oan dat sy foar Barabbas kieze moasten dat Jezus oan 't krús komt en doe antwurde de lânfâd, frege oan al dat folk dêr:

Pontius Pilatus:Hokker fan de twa moat it no wêze, lit ik hjir frij foar jimme?

Ev.:Se rôpen:

Koar:Barabbas!

Page 21: MATTHAUS earste part wol ik lykas har foar Jo myn hite triennen streame litte, as salve oer Jo holle jitte 6 Aria (Alt): Boet’ en smert brek midstwa it sûnd’ge hert Dat myn triennen

Ev.:Pilatus sei tsjin harren:

Pontius Pilatus:En wat moat gebeure mei Jezusfan wa‘t se sizze: Hy is Kristus?

Ev.:Itselde antwurd:

45b.

Koar:Lit Him krúsigje!

46

Koar I en II:Hoe wûnderbaarlik kin it dochs ferkeare Wat moat de hoeder om syn skiep ferneareÚs skuld wurdt op in goeien-ien ferhelle troch Him betelle

47

Ev.:Doe frege de lânfâd:

Pontius Pilatus:Wat hat dizze minske misdien?

48

Resitatyf (Sopr.)Hy hat ús al it goede dien De bline seach troch Him it ljocht De lamme koe wer rinne Hy brocht oan ús it Wurd fan God de duvel dreau Er fuort wa‘t tryst wie sette Hy wer rjocht hat neist en foar de sûnder stien en oars hat Jezus wier net dien!

49

Aria (Sopr.):Út leafde wol myn Heilân stjerremar fan de sûnde wit Er neat, neat'k Sil net ivich mear ferdjerreno 't de straf troch Him ferneardmy net op 'e siele weaget

Page 22: MATTHAUS earste part wol ik lykas har foar Jo myn hite triennen streame litte, as salve oer Jo holle jitte 6 Aria (Alt): Boet’ en smert brek midstwa it sûnd’ge hert Dat myn triennen

50a.

Ev.:Doe rôp it folk lykwols namste lûder:

50b.

Koar:Lit him krúsigje!

50c.

Ev.:En doe’t it Pilatus dúdlik waard dat it oer wiedat hjir mear argewaasje fan komme koenaam er wetter, wosk er de hannen foar it folk en sei:

Pontius Pilatus:Ik bin ûnskuldich oan it bloed fan dizze minske‘t Is oan jimme

Ev.:En doe antwurde it hiele folk en rôp:

50d.

Koar:Syn bloed komt as 't moat oer ús en oer ús neiteam

50e.

Ev.:Dêr makke hy doe Barabbas los lykwols Jezus liet er gis’lje en levere Him dêrnei út, dat se Him krúsigje koene

51

Resitatyf (At):Fernear it, Godhoe‘t sy Jo Soan, de Heilân bûnenO giseling, o slach, o wûnenO boalen, net dwaan! hal-tet 16e → net 8e Ferskroeit jim dan de siele net by ‘t oansjen fan syn lijensweiFansels! Jim is it hert noch hurder as in martelpealom ien sa hurd te slaanHa begrutsjen! Net dwaan! Er 16e 2x 32e → Ha be 2x 16e

Page 23: MATTHAUS earste part wol ik lykas har foar Jo myn hite triennen streame litte, as salve oer Jo holle jitte 6 Aria (Alt): Boet’ en smert brek midstwa it sûnd’ge hert Dat myn triennen

52

Aria (alt):As myn gûlen dan omdôch isnet genôch isO, nim dan myn hert dêrbyAch, mei 't Jo ferlichting biedeas de wûnen súntsjes bliedeMeitsje 'n offerskaal fan my

53a.

Ev.:Soldaten yn tsjinst fan ‘e lânfâdnamen Jezus mei har yn it rjochtshûsen sammelen om Him hinne gâns wat folken klaaiden Him úten diene Him dêrnei in poarp’ ren mantel oanen flechten Him in kroan fan toarnenen setten Him dy dan op, treaun' in reid yn Syn rjochterhân en knibbelen dêr foar Him delbespotten Him sa en seinen:

53b.

Koar I en II:Wy groetsje dy no, Joadekening!

53c.

Ev.:Doe spuiden se op Himen namen it reiden sloegen Him op ‘e holle*

* Haupt 4e met voorslag → Holle 8e

54

Koar I en II:O holle, bloed en wûnen beklaaie dy mei smert O holle dat se bûnen mei ‘n kroan fan toarnen set O holle, ea bekroane mei heechste rom en ear’al wat sy no betoane is skimp en grou gebear

Sa eal Jo oangesicht wie, yn freze acht op slein troch wa ‘t ek fan gewicht wie, no wurdt der op Jo speinHoe earm is no Jo holle, Jo eagen sûnder ‘t ljochtdat skynde gol en folle, mar no ta dwêsten brocht

Page 24: MATTHAUS earste part wol ik lykas har foar Jo myn hite triennen streame litte, as salve oer Jo holle jitte 6 Aria (Alt): Boet’ en smert brek midstwa it sûnd’ge hert Dat myn triennen

55

Ev.:En nei ‘t se Him dêr sa bespottenlutsen se Him de mantel úten diene se Him Syn klean wer oanen fierden Him dan fuortom Him te krusigjenBy ‘t ferlitten fan it rjochtshûsfûnen se in man út Kyrene * Hy hjitte SimonDy twongen se it krús fan Him te dragen* (mede gebaseerd op de Engelse versie : man 4e noot)

56

Resitatyf (Bas):Jawis, wy wije graach ús fleis en bloedoan ‘t dragen fan it krúsWat swierder lêst en grutter noedwat lichter 't fielt foar ús

57

Aria(Bas):Kom, leaflik krús silst my net deare,Myn Jezus, jou it mar oan myWurdt my myn lijen ea te swier O, help' Jo my en 'k sil 't ferneare

58a.

Ev.:En doe ‘t se by de oarde kamen dy ‘t neamd wurdt Golgothawat oerset wurdt as Hollekrún joegen sy Him jittik* te drinken mei galle dêr troch mingd doe ‘t Hy dat priuwke hie woe Er dat net drinke. Nei ‘t de soldaten Him krúsige hienennamen se al Syn klean

en lotten om wa wat krijtEn sa waard dêr ferfollelykas de profeet it foarsein hat: “Se hawwe dêr myn klean ferdield ûnder elkoarren myn boppeklaad dat hawwe sy ûn'd'rinoar ferlotte” En dêr sieten se gear, bewekken Him dêren boppe Syn holle brochten sy in ynskripsje oan dy‘tseit wat Him oan it krús brocht, nammentlik: maat 20: näm- 8e → nam-ment- 2x 16e “Dit is Jezus, De Joadekening” en der waarden twa moardners mei Him dêr krusige,Rjochts hong de ien en links hong de oare

Page 25: MATTHAUS earste part wol ik lykas har foar Jo myn hite triennen streame litte, as salve oer Jo holle jitte 6 Aria (Alt): Boet’ en smert brek midstwa it sûnd’ge hert Dat myn triennen

Al wa ‘t dêr foarbykaam skold en lastere HimSe skodhollen allegearre en seinen:

58b.

Folk:Asto de timpel ôfbrekke kinst en bou him op yn trije dagenHelp dysels dan! Bist de Soan fan God?Dan komst no del fan ‘t krús!

58c.

Ev.:En krektallyk, de hegepreesters lasteren Himmei de skriftgelearden en âldsten dêr en seinen:

58d.

Koar:Oaren, dy hat Er rêdenKin Hy himsels dan net rêde?Is Hy de Kening Israëls, dan komt Hy no del fan ‘t krúsdan woll’ wy yn Him leauweHy hat God fertroud, dy ferlost Him dan wol, as Hy it wol maat 60 : stets → Hy itWant hat Er net sein : Ik bin Soan fan God

*zure wijn, hier toch “Essig” letterlijk

58e.

Ev.:Lyksa bespotten Him dan ek de moardnersdy't mei Him dêr krúsige waarden

59

Resitatyf (Alt):Ach Golgotha, ûnsillich Golgotha!De Hear fan Hearlikheidmoat hjir yn skimp ferdjerrewa ‘t heil en seine wie foar úswurdt as in flok hjir neil’ oan ‘t krúsDe Skepper sa tenei te kommen, Syn ierde en himel fan Him nommenDe ûnskuld moat hjir skuldich stjerreKoe ea myn siel it dreger ha?Ach Golgotha, ûnsillich Golgotha!

Page 26: MATTHAUS earste part wol ik lykas har foar Jo myn hite triennen streame litte, as salve oer Jo holle jitte 6 Aria (Alt): Boet’ en smert brek midstwa it sûnd’ge hert Dat myn triennen

60

Aria mei koar:Sjoch dan! Jezus noeget ús yn syn earms, in feilich thúsKom! Wêr dan? Yn Jezus' earmen fynst ferlossing, bist beskermeNo dan! Wêr? Yn Jezus' earmen Libje, stjerre, rêst mar útby Wa ‘t jim yn ‘e earmen slútBliuw mar – Wêr?- Yn Jezus' earmen

61a.

Ev.:En fan ‘e seisde oere ôf wie der in tsjusterensoer hiel de krite kaam, al oant de njoggend' oere Om njoggen oere hinne raasde Jezus lûd, en sei:

Jezus:Eli, Eli, lama, lama sabachthani?

Ev.:Dat is: Myn God, myn God,wêrom ha Jo my ferlitten?Ytlike minsken dy‘t dêr stienen, hearden wat Jezus rôp, seinen doe:

61b.

Koar:No ropt Er om Elias!

61c.

Ev.:Al gau kaam ien fan harren oanrûn, en naam in spûns, en drinzge dy yn ‘e jittiken stuts dy dêrnei op in reid en joech Him te drinkenDe oaren seinen lykwols:

61d.

Koar:Ho! Ho! Ris sjen no of Elias komt om Him te helpen

61e.

Ev.:En doe raasde Jezus it nochris út en ferstoar

Page 27: MATTHAUS earste part wol ik lykas har foar Jo myn hite triennen streame litte, as salve oer Jo holle jitte 6 Aria (Alt): Boet’ en smert brek midstwa it sûnd’ge hert Dat myn triennen

62

Koar I en II:Moat ik ienkear ferskiedegean dan net fan my weimei Jo my dan ek liedebliuw yn dy oere neiSil 'k eangens ûnderfine om wat myn herte lijtdan wurd ik troch Jo pinefan pin’ en eangst befrijd

63a.

Ev.:En sjoch dit oan, de foarhang fan ‘e timpel dy skuorde midstwa maat 2 : foar-hang fan ‘e 4x 16e bes-a-g-f

fan boppe ôf nei ûnd'ren ta en de ierde dy beve doe maat 5 : be-be-te 16e noot valt weg → be-ve en de rotsen dy brutsenen de grêven iepenen har derút ferrizen lichems fan hilligen, dy't dêr rêsten dy kamen út ‘e grêven nei Jezus syn ferrizen en kamen yn ‘e Hillige Stêd, wêr’t in soad har seagenEn doe ‘t de haadman en dy ‘t by him wienen, de bewekkers fan Jezusdizze ierdbeving seagen en alles dêr op tadoe skrokken se bot en seinen:

63b.

Koar:Wierlik, Hy moat de Soan fan God wis west ha 63c.

Ev.:En der wien’ in soad froulju dêr dy’t dit allegear seagenwant dy wienen Jezus folge út Galilea se hienen Jezus tsjinneûnder harren wie Maria Magdalenaen Maria, de mem fan Jakob en Jozef maat 27 : -ter Ja- 16e noten (a b) → fan 8e noot (b)en de mem fan ‘e bern fan SebedeusEn doe ‘t de jûn foel kaam in riken-ien út Arimathea, dat wie Jozefdy ‘t ek ien fan ‘e dissip’ len wieDy gong nei Pilatus en frege om it lyk fan JezusDoe befoel Pilatus: Jou dizze man it lichem.

Page 28: MATTHAUS earste part wol ik lykas har foar Jo myn hite triennen streame litte, as salve oer Jo holle jitte 6 Aria (Alt): Boet’ en smert brek midstwa it sûnd’ge hert Dat myn triennen

64

Resitatyf (Bas):It jûntiidsljocht wie sêft en koeldoe ‘t Adam dêr yn sûnde foelDe jûntiids is de Heilân fan it krús naam* De do is jûntiids wer by ús kaamhat in oliveblêd de jûns brochtO swiete tiid, sa tear it jûnsljocht De frede slút Hy dy’t ús skuld foldocht want Jezus hat it krús folbrochtSyn lichem komt ta rêst Ach, leave siele, sûnder lêstGean, lit dy no de deade Jezus skinkeO, heilsumens, hoe ryk sil ‘t dy betinke** * Deze regel volgt de Engelse vertaling “At even ends the Saviour's cross and pain”**betekenis betinke hier : begiftigen → hoe rijk is deze nalatenschap

65

Aria (Bas):Meitsje no, myn hert, dy reinIk Wol Jezus sels begrave, ik wol Jezus sels begravewant Hy rêst tenei yn my foar altyd, wier in swiete offergave Wrâld, derút! 't Is Him fersein!

* offerjefte gebruikelijk, maar gave (in de betekenis aalmoes) kan in het Fries, dus kies ik voor offergave.

66a.

Ev.:En Jozef krige ‘t lyk en wikkele dat doe yn fyn linnenen hat him lein yn it nije grêfdat hie er dolle litten dêr yn ‘e rotsenen nei ‘t er in hiele grutte stien foar de yngong skood hiegong er wer fuortEfterbleaun wienen dêr Maria Magdalena en de oare Mariady namen in sit by it grêfDe oare moarne, op ‘e dei nei de Tarieding,besochten de hegepreesters en Farizeeërs Pontius Pilatusen seinen:

66b.

Koar:Hear, wy hiene sa tocht, de skelmer hat ommers seindoe ‘t hy noch hjirre wieIk sil nei trije dagen út it grêf wer opsteanHjit it dêrom, dat se it grêf beweitsjeoant op ‘e tredde dei, oars kinne syn dissip’len komme en stelle Him

Page 29: MATTHAUS earste part wol ik lykas har foar Jo myn hite triennen streame litte, as salve oer Jo holle jitte 6 Aria (Alt): Boet’ en smert brek midstwa it sûnd’ge hert Dat myn triennen

en sizze tsjin it folk : Hy is wier nei trije dagen opstien,Dit wie wol in lêste bedroch, slimmer as it earste

66c.

Ev.:Pilatus sei tsjin harren:

Pontius Pilatus:Hjir ha jim bewaking. No beweitsje it grêf sa as ‘t jim goedtinkt

Ev.:Se gongen hinne maat 43: hin 4e → hinne 8e 8e ffen bewekken no it grêf mei wachtersen fersigelen de stien

67

Bas:No leit ús hear yn fred’ en rêst

Koar:Myn Jezus, goenacht *

Tenor:Jo pin’ is oer, sa ha Jo tild ús sûndelêst

Koar:Myn Jezus, goenacht

Alt:O, biente rein en seinesjoch, ik ferjit yn boet’ en rou myn triennen‘t Is om myn fal dat Jo dit lot beslacht

Koar:Myn Jezus, goenacht

Sopraan:Myn libben lang foar wat Jo lijd ha grutte tank Myn sieleheil wie ‘t earste yn Jo acht

Koar:Myn Jezus, goenacht

* “Myn Jezus, goenacht” geniet mijn voorkeur. (En dan “goe-” over de noten van “gu-te” verdelen) Met “goede nacht” doe ik het Fries geweld aan. Hertaling, zoals in de Engelse versie, vind ik onbevredigend

Page 30: MATTHAUS earste part wol ik lykas har foar Jo myn hite triennen streame litte, as salve oer Jo holle jitte 6 Aria (Alt): Boet’ en smert brek midstwa it sûnd’ge hert Dat myn triennen

68

Koar I en II:Wy sitte yn triennen fersonkenen roppe Jo ta yn it grêfSêftkes rêste, rêst no sêftRêst mar út, tramtearre bonkenRêst no sêftkes, rêst hjir goedDat it grêf dat Jo beskutom de eangstme dy ‘t ús pleageten ‘t fertriet dat yn ús reagetek myn siel in rêstplak wurdtHa gjin noed, slomje feilich yn Jo hoed*Wy sitte yn triennen fersonkenen roppe Jo ta yn it grêfSêftkes rêste, rêst no sêft

*Het Engelse rijmschema. De keuze voor “Ha gjin noed” is fonetisch, want dicht bij “Hochst vergnügd”

Earste ferzy oersetting Peter Sijbenga, 27 april 2017

Twadde ferzy oersetting Peter Sijbenga, juni-juli 2017

Tredde ferzy oersetting Peter Sijbenga, juli 2017

Fjirde ferzy oersetting Peter Sijbenga, 11 augustus 2017

Fyfde ferzy oersetting Peter Sijbenga, 17 augustus 2017

Seisde ferzy oersetting Peter Sijbenga, 28 augustus 2017

Sânde ferzy oersetting Peter Sijbenga, 13 september 2017