Gysbert Japicx

16

description

Gysbert Japicx. Sljocht & Rjocht. Fryske Literator. It dichterskip fan Gysbert Japicx is in riedsel. Gjin oare Fryske literator hat sa’n soad ynfloed op de Fryske literatuer en kultuer as dizze Boalsterter dichter. Wat is de reden?. Riedsel. As iennige skriuwer út de Gouden Ieu liet er - PowerPoint PPT Presentation

Transcript of Gysbert Japicx

Page 1: Gysbert Japicx
Page 2: Gysbert Japicx

GysbeGysbert rt

JapicxJapicxSljocht & Rjocht

Page 3: Gysbert Japicx

Fryske LiteratorFryske LiteratorIt dichterskip fan Gysbert Japicx is in riedsel. Gjin oare Fryske literator hat sa’n soadynfloed op de Fryske literatuer en kultuer asdizze Boalsterter dichter.

Wat is de reden?

Page 4: Gysbert Japicx

RiedselRiedselAs iennige skriuwer út de Gouden Ieu liet erin literêr oeuvre fan grut ferskaat neidat yn it Frysk skreaun wie.

Mar wêrom’t er dat die, bliuwt in riedsel.

Page 5: Gysbert Japicx

Fryske taalFryske taal• Frysk hat yn de Midsieuwen in hiel skoft

as skriuwtaal fungearre.• Mar yn de 16e ieu waard troch

machtwiksels it Nederlânsk de hearskjende taal.

• Pas nei 1800 soe troch de Fryske beweging it Frysk as skriuwtaal wer opkomme.

Page 6: Gysbert Japicx
Page 7: Gysbert Japicx

ÛnderwizerÛnderwizerGysbert Japicx waard berne yn 1603.As soan fan in Boalserter Belesting-kollekteur. Gysbert folge de Latynske skoalle en waardûnderwizer, earst yn Wytmarsum en letteryn Boalsert.

Page 8: Gysbert Japicx

DichterDichterEk koe de beste man goed dichtsje. Ynspirearre troch predikant Johan van Hichtum skeakele er as dichter oer fan it Nederlânsk yn it Frysk.Yn 1640 ferskynde ‘Friesche Tjerne’, in bliere klucht oer in boer dy’t de pacht opbringe sil op in dei dat syn lânhearre krekt syn brulloftsfeest fiert.

Page 9: Gysbert Japicx

Poëzij & ProazaPoëzij & ProazaYn de jierren dêrnei gie er troch meiskriuwen fan poëzij en proaza yn it Frysk.• Leafdespoëzij• Gedichten bij gelegenheid fan polityk

barren• Psalmberimings.

Page 10: Gysbert Japicx

Friesche Friesche RymleryeRymlerye

Page 11: Gysbert Japicx

Bysûnder dat in dichter as him it Frysk brûkte foar serieuze literêre sjenres. Syn poëzy wie fan heech nivo, hy sammele syn wurk yn in boek dat er de Friesche Rymlerye neamde. Skriuwendewei tocht er ek nei oer de krekte stavering fan it Frysk en lei dat fêst.

Page 12: Gysbert Japicx

Frysk Frysk ynternasjonaal?ynternasjonaal?

Gysbert hie by syn libben in namme as kenner fan it Frysk. It wie dan ek gjin wûnder dat er besite krige fan Franciscus Junius, in taalgelearde dy’t as gûverneur yn Ingelske tsjinst wie. Hy wurke oan in trijetalich wurdboek dêr’t er Aldingelsk, Nederlânsk en Frysk mei-inoar yn ferlykje woe. Gysbert ûnderwiisde him 2 jier it Frysk. It wurk kaam yn Oxford telâne. Ynternasjonale belangstelling foar it Frysk!

Page 13: Gysbert Japicx

Wichtige Wichtige FreonskipFreonskip

Gysbert syn freonskip mei Fryske skiedskriuwer Simon Abbes Gabbema wie fan grut belang. Gysbert stoar yn 1666 oan de pest, sawat tagelyk mei syn frou Sijcke Salves en syn soan Salves. Yn 1681, fyftjin jier nei syn stjêrren, fersoarge syn freon Gabbema in twadde printinge fan de Friesche Rymlerye. Gabbema beklamme yn de foarredes it belang en de gruttens fan Fryslân.

Page 14: Gysbert Japicx

Sljocht & RjochtSljocht & RjochtGysbert Japicx koe sa yn de 19e en 20e ieu útgroeie ta in boechbyld fan Fryske kultuer. Hy wie de ynfâldige skoalmaster dy’t syn klassiken koe, mar der likegoed foar keas om yn de folkstaal te dichtsjen. Sljocht en rjocht, krekt sa’t syn selskeazen biedwurd seit.

Page 15: Gysbert Japicx
Page 16: Gysbert Japicx

Japicx libbet noch!Japicx libbet noch! (yn ús hert)

Syn ferzen wurde song, der binne cd’s,konserten en foarstellingen fan syn wurk opmuzyk.It Gysbert Japicxhûs yn Boalsert.Syn stânbyld dat stiet by de Martini Tsjerke.De skatkist fan Tresoar yn Ljouwert dêr’t synWurk te finen is.Syn wurk dat hieltyd op’e nij bondele en útjûnwurdt en as ynspiraasjeboarne tsjinnet. De Fryske Kanon fan de Skiednis fan Fryslân.