Swingel 35

28
Swingel Nûmer 35 – septimber 2012 Ried fan de Fryske Beweging

description

De Swingel is it blêd fan de Ried fan de Fryske Beweging.

Transcript of Swingel 35

Page 1: Swingel 35

Swingel Nûmer 35 – septimber 2012

Ried fan de Fryske Beweging

Page 2: Swingel 35

Ynhâldnûmer 35 – septimber 2012

Swingel 35 - septimber 2012 2

Fan de redaksjeWurdearre lêzer,

•Dit hjerstnûmer begjint mei in ferslach fan it FUEN-kongres dat okkerdeis yn Moskou plakhie. De letters steane foar Federal Union of European Nationalities, net-gûvernemintale organisaasjes mei 94 lid-organisaasjes yn 32 Europeeske lannen. FUEN is de oerkoepeljende organisaasje fan autochtoane minderheden, in ferbûn fan organisaasjes dy’t etnyske groepen fertsjintwurdigje mei it doel harren identiteit, taal, kultuer en skiednis te beskermjen.

•Skûtsjesilen ferlykje mei Tour de France. Hoe no? It media-omtinken foar ús bekende simmersport is moai en soarget derfoar, dat de ynteresse ek bûten de provinsje tanimt, sa seit de skriuwer. Lykwols, komt de neidruk te bot op it sportive elemint te lizzen, dan giet it ta skea fan de autentisiteit, is syn soarch.

•Frysk ûnderwiis: De skriuwer ferhellet fan syn kweek-skoalletiid en de earste jierren fan de twatalige skoal-len, nei de oarloch. Hy hellet dêrby it boek oan fan K. Zondag: ‘Lange oanrin, koarte sprong’. De krityk fan Zondag op de gong fan saken yn it twatalige en ek it trijetalige ûnderwiis is net om ‘e nocht! Is it dan allege-arre negatyf?

•It Frysklêzen befoarderje mei Donald Duck, yes! Jawis, wêrom net, seit de skriuwer. O, it is gjin literatuer? Skytmerakels! Men moat alles oangripe wat liede kin ta ynspiraasje ta Frysklêzen, is de skriuwer fan betinken. Hy wiist ús op in skat dy’t wy al lang yn hannen ha, mar net sjogge yn dit ferbân: it Fryske Toaniel.

•Omrop Fryslân moat faak krityk ferneare as it om geef taalgebrûk giet, mar wurdt yn dit artikel foar de feroaring ris yn it sintsje set. Hja dogge dêr nammers ek in soad dingen goed, en dat mei ek wolris sein wurde!

•It Frysk koe likegoed ôfskaft wurde – wy binne it net nedich om te oerlibjen. Dat taal lykwols mear is as al-linne in saaklik kommunikaasjemiddel, mar ek in fer-binend elemint is mei it ferline, it lânskip en de minsken, fertsjutsket ús dit boekbesprek.

•De romrofte Olympyske Spullen binne foarearst wer útlet. Wy wolle dizze jefte einigje mei in huldebetoan oan ús Fryske sporthelden, benammen Epke Zonderland.Ik winskje jimme in moaie hjerst ta.Lútsen Bakker

Moskou FUEN 2012Pier Bergsma 3

Samar in suggestjeJabik van der Bij 8

De Skûtsjetoer Nanne Hoekstra 9

Alles was reeds van verre tijdenJabik van der Bij 12

Sille wy de buorren ris wat opfryskje? 15

Selskip Euregua 16

It Frysklêzen befoarderje fia it toanielEric Hoekstra 17

Omrop Fryslân docht it geweldich!Meindert Tjerkstra 18

De gebrûkswearde fan taalPier Bergsma 20

Koart Nijs út it bûtenlân 23

SlingeraapPier Bergsma 24

Frysk en FierderWillem Schoorstra 25

Kopij foar de Swingel 36 (novimber 2012) moat foar 15 oktober nei de redaksje stjoerd wurde: [email protected]

Page 3: Swingel 35

Ynhâldnûmer 35 – septimber 2012

Moskou FUEN 2012 Pier Bergsma

It jierlikse FUEN-kongres waard dit jier holden yn Moskou fan woansdeitejûn 16 oant en mei sneintemoarn 20 maaie. De Ried is lid fan dizze grutte Europeeske minderheidsorganisaasje en wie fertsjintwurdige. Der falt in soad te fertellen.

Neist ús hotel Yunost leit metrostasjon Sportivnaja. Omdat it offisjele FUEN-kongres pas op tongers-deitemoarn om healwei tsienen begjint, like it my in goede gelegenheid om yn de kunde te kommen mei de Moskouse metro. Justerjûn, nei de feestlike ûntfangst, koe dat net mear. Dy metro skynt in hiele ûnderfining te wêzen. Sa is it! De yngong fan it stas-jon sjocht der net út. Oan it kaartsjeloket is de lêste fyftich jier neat feroare, liket it wol, mar de automaat wurket perfekt en foar omrekkene sa’n tachtich eurosinten kinst de hiele stêd troch reizgje, want oan sônes lykas yn Rotterdam, Parys of al dy oare stêden dogge se net. Ik stean noch mar krekt op it perron dat fyftich meter ûnder de grûn leit, of de metro is der al. In tige ienfâldich systeem. Oan de iene kant fan it perron in trein de iene kant op, oan de oare kant fan itselde perron de trein de oare kant op. Ik kin gjin wurd Russysk lêze. Dus goed op it skema sjen dat ik der twa stasjons fierder der wer út wol by Park Kulturi en dan werom. Wier, dy metro fan Moskou blykt yndie in wûnder te wêzen. Prachtige stasjons, ûnder de grûn de iene noch moaier as de oare en hast om de minút in trein. Eltse line hat in kleur en eigen stasjons en ast oerstappe wolste dan kinst ûnder de grûn nei in oare line en in oar stasjon rinne.

Mar ik bin fansels net yn Moskou om wat mei de metro hinne en wer te fleanen. Dus nei in board waarme rizen- of hjouwermoutbrij en in kop tee – en myn eigen músly dy’t ik meinommen haw fan de C1000 yn Hurdegaryp en myn yochert dy’t ik yn in supermerk kocht haw doe’t ik út de metro kaam – op

wei nei it Deutsch Russisches Haus, want dêre is it FUEN-kongres dit jier. Lykas altyd in soad moaie wurden by de iepening fan it kongres. Der is sels in fertsjintwurdiger fan Poetin dy’t ús koart tasprekt, en út wenst is der muzyk. In kreaze Russyske frou mei reade skuontsjes en fleurige klean sjongt ûnder oare ûnder begelieding fan in harmoanika it bekende “Kalinka”. Justerjûn haw ik op it fleanfjild op ‘e nij Shiva moete út Skopje, dy’t der ek foarich jier wie yn Eisenstadt. Fierders binne der noch in pear bek-enden út Dútslân en Denemarken en fansels Frank de Boer, noch wol in Fries út Oerterp dy’t yn tsjinst is fan de FUEN.

Identiteit yn in tige kompleks lânDe kwaliteit fan de sprekkers op kongressen wikse-let, sa’t eltsenien wit. Dat is yn Moskou gjin útsûn-dering. Guon witte fan gjin ophâlden, binne hast net te folgjen en binne droech as âlde bôle. Sa as bygel-yks de bydragen fan in pear minderheden yn Ruslân. Der is gjin tou oan fêst te knoopjen. De oersetters nei it Dútsk en Ingelsk hawwe der klauwen oan om der wat fan te meitsjen. Dan sa no en dan mar bûten-doar sjen of nei it húske. Gelokkich binne der oaren. De sitewaasje fan minderheden yn Ruslân is ien fan de ûnderwerpen dy’t dit jier sintraal stiet. De mid-deislêzing hjiroer wurdt holden troch Walery Tisch-kow fan de Russyske Akademy fan Wittenskippen. Hy sprekt út de holle en it is neffens my ien fan de bêste bydragen oan it kongres. Hy hat it benammen oer identiteit. Wa bepaalt de identiteit fan in groep. Dogge de minsken dat sels of docht in oar dat en hoe fier giet it allegearre? Fansels is it sa dat minsken diel útmeitsje fan ferskate identiteiten. Foar steaten is it net maklik om der mei om te gean. Opfallend is dat Tischkow ek religieuze groepearringen neamt lykas de moslims. Fansels hawwe dy rjocht om moslim te wêzen, mar - en dat fûn ik opfallend – moslims

3 Swingel 35 - septimber 2012

Page 4: Swingel 35

Identiteiten ferdwine. Tischkow neamt as foar-byld de oarspronklike befolking fan Australië en Kanada, dêr’t hast neat mear fan oer is. Troch de migraasje fan de lêste tsientallen jier-ren binne in soad min of mear monokulturele steaten feroare. Dy mondialisearring bringt tsjinbewegingen op gong. Dat is yn Ruslân net oars as op oare plakken. Se hawwe ek yn dit grutte lân in soad te krijen mei opkommend nasjonalisme. Dat jout problemen en span-ningen dêr’t net oan te ûntkommen is. Mar de steat sil bliuwe en sil der op in ferstannige wize mei omgean moatte. Dat freget fan eltse-nien stipe foar de steat. Oare sprekkers, fertsjinwurdigers fan minderheden, ûnderstreekje wat Tischkow nei foaren brocht, miskien sûnder bedoelingen. Der binne yn Ruslân, de Russyske Federaasje 194 folken. De Sovjet Uny hat yn it ferline be-socht der ien gehiel fan te meitsjen. Nei 1917 waard der in soad enerzjy yn it ûnderwiis stutsen, fan beukerskoalle oant en mei de uni-versiteit. Se hawwe der sels oer neitocht om it Syrillyske skrift net mear te brûken en oer te gean nei it Latynske alfabet. Dat soe nef-fens Trotsky better west ha foar de promoasje fan de wrâldrevolúsje, dat de Sovjet Uny staljaan moast. (Mar Trotsky waard yn 1929 troch Stalin it lân út set en yn 1940 fermoarde. It liket in werhelling fan de skiednis oange-ande de niisneamde Jakobinen, want harren foarman Robespierre kaam sels yn it lêst yn Parys. Op de Place de la Concorde waard syn kop derôf slein ûnder de guillotine. Sa giet it somtiden mei trochdriuwers. P.B) Doe’t hja yn 1938 neigyngen wat alle ynspanningen om ta ien taal te kommen opsmiten hiene, wiene de effekten minder grut as ferwachte wie. In soad jonges dy’t yn militêre tsjinst kamen, praten noch altyd gjin Russysk. Nei 1945 waard op ‘e nij besocht de Russyske taal troch te fieren yn alle regio’s, mar fan 1992 ôf kaam der mear romte foar de minderheden. Op mear as njoggentûzen skoallen wurdt tsjintwurdich omtinken jûn oan de regionale taal en kultuer.

Goede kontakten.De kongressen fan de FUEN jouwe de moo-glikheid om goede kontakten te lizzen mei oare minderheden. Dit jier wiene de Bretons nei in jiermannich wer fertsjintwurdige en sadwaande haw ik in pear kear praat mei

Jean-Pierre Levesque fan it Bretonske ynstitút SUAV en tasein yn ‘e hjerst kontakt mei him te sykjen. Fansels binne der as fan âlds go-ede kontakten mei de Noardfriezen yn Den-emarken en de Eastfriezen yn Dútslân. Jörgen Jensen hat in lyts skoaltsje yn Denemarken dêr’t it Noardfrysk op it programma stiet. Der sitte mar sa’n tweintich bern op en it is de iennige basisskoalle dêr’t noch Noardfrysk jûn wurdt; dat sjocht der net sa bêst út. Wat my oars opfalt yn de kontakten mei de Friezen yn it easten en noarden is fansels de freonlikheid en in gefoel fan ferbyntenis. Wy wenje allege-arre tsjin it Waad oan en hawwe in soad mien-skipliks yn skiednis en ûntjouwing. Mar dôchs bekrûpt my ek de fraach – en ik wol net ien op it sear komme – wat wy eins noch mienskiplik hawwe yn dizze tiid. Prate mei in mienskiplike eigen taal, dat giet net. Prate moat yn it Dútsk. Om op it ferhaal fan de Russyske wittenskip-per Tischkow werom te kommen: bestiet der eins wol in Fryske identiteit dy’t oer de lâns-grinzen hinne giet? Ik freegje my dat ôf.

Hawar. Hjir wol ik it foar dizze kear by litte. Yn kommende Swingels folgje grif noch in pear bydragen oer dit kongres. Der falt mear te fertellen. Sa frege Frank de Boer my op freedtemoarn oft ik efkes meikomme woe, want der wie in âld man fan tachtich, in Rus, dy’t mei my prate woe. No ken ik gjin minske yn Ruslân. It blykte om Joeri Steyn te gean, in Russyske atoomwittenskipper. Ik haw in healoere mei him praat en dêrnei mailkontakt mei him hân. Mar dêroer in oare kear.

Swingel 35 - septimber 2012 4

Page 5: Swingel 35

In wichtige organisaasje.De FUEN hat goede kontakten mei it Europeeske Parlemint en de Ried fan Europa. Wol men wat berikke op it mêd fan de belangen foar minder-heden dan hat dat yn it foarste plak te krijen mei de regio’s en lannen dêr’t dy minderheden wenje. Mar de Europeeske regel- en wetjouwing is net fan minder belang. Sadwaande binne der op de kon-gressen fan de FUEN altyd fertsjintwurdigers fan dizze beide Europeeske Organisaasjes. Sa kaam Csaba Tabajdi op de earste moarn al oan it wurd. Hja is lid fan it Europeeske parlemint en foarsit-ter – yn it Ingelsk hawwe se in moaie omskriuwing: gjin chairman of chairwomen, mar “chair” – fan de “Intergroup for National Minorities”. Hja hold har taspraak yn it Ingelsk en ûnderstreke, dat de FUEN de bêste en wichtichste organisaasje foar de mind-erheden yn Europa is. Der moat neffens har noch in soad barre en dat sil ek yn oerlis wêze mei de Ried fan Europa. Men hat mear as yn it ferline sicht op wat der telâne komt fan alle wetten en ôfspraken. Der is by dit soarte fan kongressen tiid genôch om ek ynformeel minsken oan te sjitten. Dêr haw ik in soad gebrûk fan makke. De problemen dêr’t wy yn Fryslân tsjinoan rinne, blike foar in part itselde te wêzen as op oare plakken. Dat jout treast.

In dea hynder. De saterdeitemoarn wie ynromme foar de delege-arden. Dat binne de leden fan de FUEN dy’t har-ren kontribúsje betelje en sadwaande meiprate en meistimme meie oer it takomstich belied. Neist in mienskiplik petear wurde der resolúsjes oannom-men. Meastentiids giet it derom om it regear fan in lân oan te trunen om ôfspraken nei te kommen of wetten te tekenjen. Ik sil hjir net in folslein ferslach jaan fan alles wat der oan bar kaam, mar ik wol der ien resolúsje út helje. Yn Grikelân is in Turkske minderheid. Dy hat op it stuit net folle rjochten en it Grykske regear docht neat foar har, wylst der op dat mêd Europeeske ôfspraken makke binne. Fan ús waard frege om in resolúsje te stypjen foar dy Turken. De Ried fan de Fryske Beweging hat stimrjocht en ik haw foar stimd. Benammen om net ûnfreonlik te wêzen en wa wit, hat it skielk in geunstich resultaat. Mar om earlik te wêzen fûn ik it in sinleaze ûndernimming om hjir op dit stuit mei te kommen, sjoen de problemen dêr’t Grikelân mei wrakselet. Ommers, mear rjochten betsjut dat der jild op ‘e tafel komme moat om dat rjocht stal te jaan. Grikelân hat wol wat oars oan ‘e holle. De FUEN moat neffens my net oan in dea hynder lûke.

5 Swingel 35 - septimber 2012

Page 6: Swingel 35

Swingel 35 - septimber 2012 6

Mear oandacht foar sukses. It is te begripen dat minderheden besykje har-ren rjochten te ferdigenjen. De FUEN is der-foar oprjochte. Der binne in soad problemen dy’t somtiden gearhingje mei de ekonomyske omstannichheden fan in lân of de omfang fan de minderheidsgroep. It betsjut dat it op de FUEN-kongressen altyd en ivich oer proble-men giet. Mar problemen binne net op te lossen troch wetjouwing en resolúsjes. Sjoch “It deade hynder”. Ik haw der yn de gearkomste, mar ek bûten de offisjele rûnten foar pleite om folle mear as no omtinken te jaan oan suksessen, ek al binne dy lyts. Dat kin oaren op in spoar sette en ynspiraasje jaan om troch te setten. Sa fyn ik dat wy yn Fryslân mei “Swingel” en “It Nijs” op de goede wei binne mei de promoasje fan it Frysk. In oar aardich foarbyld is de Fryske Donald Duck dy’t dit jier foar de twadde kear útjûn is troch de AFÛK. In binne mar in pear foarbylden, dy’t it wurdich binne om nei te folgjen. Ik haw dêrom foarslein – en ik sil dat ynkoarten skriuwe oan de organisaasje – om in part fan it kongres yn te romjen foar sukses-ferhalen en net allinne mar stil te stean by wat allegearre net slagget en misbeteart.

De Ynternasjonale Kontakten Kommisje.De Ried fan de Fryske Beweging hat in Ynter-nasjonale Kontakten Kommisje. De doelstell-

ing fan de kommisje is ynformaasje útwikselje en oerlizze mei ferlykbere kulturele minder-heden as de Fryske, yn Europa bûten Nederlân, om elkoar te helpen en te stypjen by it útfieren en opsetten fan plannen ta it yn stân hâlden fan de taal en de kultuer en it fuortsterkjen fan de materiële betingsten dêr foar. De kommisje ûnderhâldt foar de Ried de kontakten mei it FUEN/FUEV en de YEN. Dêrneist wol de kommisje de kennis oer en de kontakten tusken taalminderheden propagearje en popularisearje en it brûken fan minderheidstalen yn de fer-skate gebieten fan Europa stimulearje. Dat moat liede ta de folgjende produkten:*It regeljen en opsetten fan útwikselingen mei ferlykbere taalminderheden yn Europa op it mêd fan ûnderwiis, kultuer en toerisme.* It meiwurkjen en dielnimmen oan ynternas-jonale kongressen (û.o. FUEN) symposia en gearkomsten op it mêd fan regionale en mind-erheidstalen en mei taalgebieten mei taalmind-erheden yn Europa.Yn it produktplan 2012 is € 5000,- opnommen foar de ynternasjonale kontakten. Der wurdt rekkene op in subsydzje fan de provinsje fan € 2500,- en in bydrage fan de Ried sels, ek ta in wearde fan € 2500,-.

Page 7: Swingel 35

7 Swingel 35 - septimber 2012

Bomoanslach yn Park Kulturi.De metro fan Moskou is ien fan de drokste fan de wrâld. Alle dagen meitsje 5½ miljoen min-sken der gebrûk fan. Op moandeitemoarn 29 maart 2010 ûntplofte der om in pear minuten nei healwei njoggenen in bom yn metrostasjon Park Kulturi. Fyftjin deaden en in mannich ferwûne persoanen. Earder op dyselde moarn wie der al in bom ôfgien yn in oar metrostasjon. Neffens ûndersyk beide it wurk fan Tsjetsjeenske froulju, islamityske selsmoardterroristen. De Russyske Federaasje wrakselet al jierren mei separatistyske groepearringen yn de Kaukasus. Ruslân is dermei oan. De healwize straf mids augustus foar de trije Russyske froulju fan “Pussy Riot” moatte neffens my sjoen wurde as in tige oerdreaune reaksje op it bewarjen fan de ienheid fan de steat. Eltse ‘oanfal’ dêrop yn parse of media wurdt ôfstraft. Mar twa jier wurkkamp foar in pear jonge froulju dy’t yn in tsjerke in liderlik ferske sjonge oer Poetin liket net de bêste manier om de ien-heid yn it lân te bewarjen. Der is noch in lange wei te gean. Mar dat de FUEN as organisaasje útnoege waard om harren kongres yn Moskou te hâlden, soe dôchs betsjutte kinne dat se each hawwe foar ferskaat. Dat is winst.

Page 8: Swingel 35

Swingel 35 - septimber 2012 8

Samar in suggestje Koartlyn krigen wy fan Rob Faltin (artystenamme) de fraach om 20 plakkers mei de tekst “Wy prate hjir graach Frysk”. Hy hie ien op syn fioelkiste plakt en dêrtroch kaam hy maklik yn ‘e kunde mei oare Fryskpraters, benammen bûten de provinsje. No like it him ek wol handich om dy plakkers op syn koffers te plakken. As de kof-fers op it fleanfjild dan op de bân foarby komme dan pikke jo de eigen koffer der makliker út. It is faak in hiele toer om de eigen koffer wer te finen. En ek dan snijt it mes oan twa kanten: oare Fryskpraters sprekke jo fuort yn it Frysk oan. In war-skôging: wy hiene okkerdeis itselde betocht as Rob, mar de plakkers bliuwe net allegearre likegoed op de koffers sitten en plak se fuort op twa kanten want as de kof-fer op ‘e kop leit dan sjogge jo de tekst net mear.O ja, de Ried hat noch wol wat plakkers.

Jabik van der Bij

Page 9: Swingel 35

9 Swingel 35 - septimber 2012

De skûtsjetoerNanne Hoekstra

De ToerAs ik op myn wurk it skûtsjesilen ris op it aljemint bring, wurdt dêr meastentiids frijwat lytsachtsjend op reagearre. No wurkje ik bûten Fryslân, dat sa’n reaksje is faaks wol skoan te begripen, sizze jo? Tsja, ik bin der fansels al oan wend, mar hoe logysk is sok hâlden en dragen no einliks? Want nei’t ik ús besteklik kofjepraatsje sadwaande fakbekwaam nei gy-chem gean litten haw, giet it stûkjend praat net selden al ringen wer troch oer in oar simmersk sportfestyn: de Tour de France. Dêr wurde pools foar organisearre en der binne sels kol-lega’s dy’t middeis frijôf nimme om de skrep-pende hurdriders streekrjocht op ‘e televyzje folgje te kinnen. Fansels is dy heroyske tocht troch it bytiden prachtige Frânske lânskip in o sa oantreklik skouspul. Lykwols spilet it him allegearre fier fuort ôf, sette Nederlanners dêr net safolle by út ‘e wei en is it yn essinsje oars net as om sa hurd mooglik traapjen te rêden.

Ek in toerDan it skûtsjesilen. Fansels is it in suver folsein Frysk fenomeen, al sile der by de IFKS in Rotterdamsk en in Amsterdamsk skûtsje mei. Mar Friezen binne op it lêst ek Nederlanners. En krekt as by de Frânske Toer kin de natoer by de toer fan de skûtsjes troch it Fryske lân wol besjen lije. Mar dêr komt by dat silerij technysk en taktysk folle mear om ‘e hakken hat as hurdfytsen. En dêroerhinne komt nochris it – neffens my sels fierwei wichtichste – aspekt fan de yn in romrofte histoarje bewoartele knoarre kultuer. Dat wy no alle simmers fan de skûtsjes genietsje, is perfoarst gjin fanselssprekkendheid. De measte fan dy âlde strontskippen hienen ommers al lang ta âldizer ferarbeide wurde moatten, wylst in pear yn it museum bedarren om te tsjûgjen fan in lyts haadstikje yn ‘e skipfearthistoarje. Doe’t nei de oarloch de motorisearre frachtfeart foar master opsloech, like dat in logyske ôfrin fan it skûtsjestiidrek. Mar troch it krewearjen fan in tal fisionêre figueren is it allegearre oars beteard: nei myn betinken in foarbyld foar it hoedzjen en noedzjen fan oare weardefolle mar kwetsbere saken lykas ús natuer- en kultuerlânskippen en de Fryske taal. It is bekend dat al ier yn ‘e njoggentjinde ieu skûtsjewedstriden útskreaun waarden, fakentiden fan kastleins. Jildprizen wienen destiden in oantreklike byfertsjinste foar de skippers. Om dy tradisjonele hurdsilerij mei de âlde frachtskippen, dy’t eartiids bygelyks dong, terpierde en jirpels ferfierden, foar it neiteam te behâlden is yn 1945 de SKS oprjochte. Nei in wiffe begjintiid woeks it skûtsjesilen stadichoan út ta ien fan de sportive en rekreative hichtepunten fan de simmer, dat fia de moderne media troch hieltyd mear minsken folge wurdt. Gjin niget: benammen by de SKS sjogge we in autentike skipfarderskultuer en in fûle striid tsjin de eleminten en de konkurrinten; dat is noch ris wat oars as in statyske útstalling yn in skipfeartmuseum. Soks is it bedriuwslib-ben blykber ek opfallen, want de reklameblokken by Omrop Fryslân binne mei de skûtsjewedstriden gauris aardich langer as dy op de lanlike stjoerders. Posityf oan de noch hieltyd beheinde ynteresse út de rest fan de Nederlân foar dit bjusterbaarlike barren is oars faaks, dat it makliker is de kommersje yn de stokken te hâlden. Mar neffens my moatte wy der ek o sa om tinke dat it net te sportyf wurdt. It bysûndere sit him ommers yn dy âlde boaten en dy moatte wol sa orizjineel mooglik bliuwe.

Page 10: Swingel 35

Swingel 35 - septimber 2012 10

In hiele toerIt is in hiele in toer fansels om dy beide saken te kombinearjen. Yn it lêst fan de foar-rige ieu bin ik foar in jiermannich as skûtsjesjogger ôfheakke doe’t de SKS de katoenen seilen oerjoech. Foar in likebroer lykas my wie it katoenen túch ien fan de meast sichtbere skaaimerken fan de skûtsjes en mei de oergong nei keunststoffen seilen wie it my oer. Doe’t ik in skûtsje mei it nije túch op ‘e Snitsermar trappearre, gie my de grize oer de grouwe en klom ik poerrazend yn de pinne foar in ynstjoerd stik yn ‘e Ljouwerter Krante (july 1998):‘Oer fjirtjin dagen fljocht alles wer nei ús Grou. Mar dêr wachtet dizze kear in jam-merdearlike fertoaning: in ferblikke brune float mei nijmoadrige sniewite seilen dy’t sear dogge oan de eagen’. No’t ik it eartiidske kranteknipseltsje wer opdold haw, realisearje ik my dat ik it, hoewol’t ik fansels al lang wer wend bin oan de nije situaasje, winliks mei myn eardere sels foar in aardich part noch hieltyd lykfine kin. Dit is wat ik doedestiids yn in kûgelske rite opskreau:‘It skûtsjesilen wie altyd in unike kombinaasje fan sportive en tradisjonele eleminten. No’t it in toer blykt te wêzen om noch oan de tradisjonele seilen te kommen, kiest de SKS foar de sportive kant. Mei dizze kar makket de SKS in histoaryske flater omdat it no dien is mei it unike fan it skûtsjesilen. It âlderwetske túch is sa’n wêzent-lik part fan in skûtsje dat it kant noch wâl roait dat op te jaan. No’t it safier kaam is, kinne se ek wol de rompen fan de skûtsjes fan polyester meitsje (en dan daliks yn ‘e goeie maat, hoege se ek net mear trochseage te wurden).’ Dat lêste wie doe wakker yn ‘e swang om de skûtsjes op te fieren.‘No seit de SKS dat der, omdat der gjin fraach mear nei is, op de hiele wrâld gjin seilen fan wedstriidkwaliteit mear makke wurde. In nuver ferhaal. De SKS is dochs net de iennichste klub dy’t mei âlde boaten sile wol? As der dan wier gjin goeie katoenen seilen mear te krijen binne, moat de SKS mei oare konsuminten fan âlde seilen dochs wat berikke kinne. By need organisearje se mei-inoar de produksje fan it âlde túch sels. Jild hoecht gjin probleem te wêzen want dêr sit noch wol romte yn: de tagongspriis foar de wedstriden is ommers wol âlderwetsk bleaun. Ik flean dit jier net nei Grou: foar my is de aardichheid der ôf.’ Myn boykot haw ik in jier as wat folholden. Doe moast ik tajaan dat ik oan it skûtsjesilen ferslave bin en die my boppedat bliken dat de SKS in donker grutseil en in wite fok foarskreau, wat dochs net iens sa’n raar plaatsje opsmiet. Lykwols, autentyk is hiel wat oars en dat bliuwt tige spitich.

Page 11: Swingel 35

11 Swingel 35 - septimber 2012

Op dy toerHjoed-de-dei is oan it skûtsjesilen skraach noch te ûntkommen, sa fier is it hinne. De ferslachjouwing is nei krante, radio en televyzje ek al útwreide mei twitterberjochten en kompjûtersimulaasjes. Dat is al-legearre prachtich, want it docht neat ôf oan de orizjinaliteit fan it evenemint sels. Efkes tuskentroch: de entûsjaste ferslachjouwing fan Omrop Fryslân fyn ik – ûnder oaren troch it saakkundige kommentaar fan Klaas Jansma en Sippy Tigchelaar (spitigernôch dit jier foar it lêst) en it brede omtinken foar alle skûtsjes, ynklusyf de minder prestearjende – yn ien wurd fantastysk! Mar de kearn fan al dy niget moat wol yntakt bliuwe. En no’t de nije seilformule – nei allegearre heech-technologysk ûndersyk en tûke rekkenerij, ek neat op tsjin – dit jier syn beslach krigen hat, soe om my wol wer ris op ‘e nij neitocht wurde meie oer in formule mei it autentike katoenen túch. As de SKS en de IFKS dêr no ris yn ‘e mande mei teset gienen, dan moat soks mei al dy skûtsjes byelkoar dochs wol renda-bel te organisearjen wêze? Net realistysk? Dat tochten de measten nei alle gedachten ek oer it fuortsetten fan de skûtsjesilerij nei de oarloch. En sjoch der mar net raar fan op as sa’n orizjinaliteitsslach in fiks tanimmende ynteresse fan bûten de provinsje blykt op te smiten.

Page 12: Swingel 35

Alles was reeds van verre tijdenÛnder dizze titel skreau W. C. van der Waal, ús pedalearaar fan de Kweek yn Dokkum, yn de jierren fyftich syn skiednis fan de opfiedkunde. Wy neamden him Húske fanwegen syn foarletters. In wat goedkeape by-namme. Ik haw in protte fan de man opstutsen en hy hat derfoar soarge dat ik letter in stúdzje Pedagogyk oan de universiteit fan Amsterdam oppakt haw yn stee fan wiskunde dat eins myn bedoeling wie. Dochs haw ik it de man jierren letter wol kwea ôf nommen dat er him der net om bekroade dat hy ûnderwizers oplate foar skoallen mei doe noch foar it grutste part Frysktalige bern. It kaam wer boppedriuwen doe’t wy okkerdeis as klassegenoaten fan de Dokkummer Kweek mei in réuny fierden, dat wy 50 jier lyn ús ûnderwiisfoech hellen.

Der waard ús in protte wiisheid oanpraat yn dy kweekskoalletiid. Wy moasten “aanschouwelijk” ûnderwiis jaan waard ús foarholden, mar sels diene ús leararen dêr net oan. Wy waarden warskôge foar ferbalisme en dêrom moasten wy de bern safolle mooglik sjen, fiele en rûke litte. Ús ûnderwiis moast oanslute by it fermidden fan de bern. Âlde wiisheden neffens Van der Waal, mar sels fergeat hy dat wy yn in Fryske mienskip libben mei in eigen taal, eigen ferskes, in eigen skiednis, eigen nammen fan planten ensfh. Stoefer noch: doe’t se my fregen om yn te fallen yn Nes (WD) en dêr de earste en twadde klasse op myn noed krige, kaam ik foar it earst yn oanrek-king mei it twatalige ûnderwiis. Miskien dat it wolris neamd wie op de Kweek, mar hoe’t it krekt ynelkoar stuts wie ús net ferteld, lit stean dat wy ús dêryn ‘be-kwame’ koene. Doe’t ik in jier letter oan de twatalige skoalle fan Boarnwird beneamd waard, wie it frjemde der al wat ôf mar noch altyd wie it in oare wrâld. As ik op dy tiid werom sjoch dan tink ik, dat it tige ûnfer-antwurde wie wat der doe barde. Ik moast de seisjier-rigen it lêzen leare yn it Frysk: Jaap en Lys. Dat gie mei fallen en opstean. Trial and error hjitte dat neffens Van der Waal. Op de Kweek wie de Fryske lêsme-toade ûnbekend. Sa net, taaldidaktyk diene se doe op de oplieding noch net oan. Ik haw it dan ek faak op in pypfol as minsken roppe dat dy âlde kweekskoalle sa’n goede oplieding wie. Wy moasten wol in protte sinleaze weetsjes, dy’t wy no al lang wer kwyt binne, yn ‘e holle stampe, mar it fak ha wy der yn alle ge-fallen net leard. Jo waarden yn it djippe smiten en jo moasten mar sjen hoe’t jo it driuwende holden; alteast sa wie dat mei twatalich ûnderwiis. Foar ús as kwekelingen wie twataligens sadwaande in frjemde wrâld, mar wol in eilân dêr’t it brûze fan fernijing lykas ik letter gewaar waard. It konsept sa’t dat úttocht wie en útfierd waard joech in stevige ûndergrûn om de Fryske bern net as analfabeten yn har memmetaal de wrâld yn te stjoeren. De earste twa jier (no groep trije en fjouwer) wie it ûnderwiis eins folslein yn it Frysk. De basisfeardichheden lêzen en skriuwen waarden yn it Frysk oanleard en de fier-taal by de oare lessen wie Frysk. Yn de tredde klasse

waard stadichoan oergien op it Hollânsk, neidat yn de twadde klasse al ferskes en ferhaaltsjes yn dy taal brûkt waarden. Yn de hegere klassen krige it Frysk syn gerak troch de “faklessen” Frysk. Sa wie it úttocht yn de jierren foar en nei de oarloch. Yn 1950 mochten de earste njoggen proefskoallen mei it konsept út ein sette. Doe’t wy ús akte hellen yn 1962, wiene der al 80 twatalige skoallen. Frjemd dat de Kweek yn Dokkum him der ôfmakke mei in oerke Frysk op de sneontemoarn. (Der waard noch fiif en in heale dei lesjûn.) Dy oere gie dan ek noch foar it grut-ste part op oan it meitsjen fan in diktee en it neisjen dêrfan. It hoe en wêrom fan it Frysk kaam net oan bod en wy libben fierder as “echte Friezen” mei de mien-ing, lykas elkenien, dat it Frysk in aardichheidsje is en net folle te betsjutten hat. Neidat ik yn Alkmaar wurke hie en as learaar oan de Kweekskoalle fan Snits weromkaam, waard ik (my) bewust (makke) fan de posysje fan it Frysk en de Frysktaligen. Op dy skoalle, dy’t letter de namme De Him krige, waard stribbe nei in twatalige oplied-ing. Net allinne dat it Frysk troch alle fakken hinne in foarname rol spile, der waard ek oan wurke om de stu-dinten fiele te litten dat wêr’t hja ek wurken, de eigen talige en kulturele eftergrûn fan de bern rom omtinken krije moast. It wie mar seis jier letter mar der siet in himelsbreed ferskil tusken de Dokkumer en de Snitser Kweek. Zondag syn konklúzje dat de opliedingss-koallen “oer it generaal in Hollânsktalich bolwurk” wie giet wol foar de earste op mar net foar de twadde skoalle. Ik bin it ek net iens mei syn útspraak yn syn fierders treflike beskriuwing fan de twatalige skoalle, dat it Frysk op de Pedagogyske Akademys “in skroed-sje bleaun is” .

Swingel 35 - septimber 2012 12

Page 13: Swingel 35

13 Swingel 35 - septimber 2012

De Him wie fierhinne mei in opliedingsmodel foar meartalige situaasjes. Dy oanset is presintearre op de ynternasjonale konferinsje yn Ljouwert yn 1982 . Dat it dêrby bleaun is wie te witen oan de fúzjes fan 1987 yn it HBÛ. Doe’t de skoalle yn Snits ûnder de fatale opheffinsgrins fan 250 sakke, siet der neat oars op as op te gean yn in gruttere skoalle: de CHN. De ûntjouwing yn Snits waard dêrmei ôfbrutsen. Der kin in ferliking makke wurde tusken wat der yn it legere ûnderwiis barde en yn de opliedings. It hat, om mei Zondag te sprekken, in lange oanrin west mei in koarte sprong. Mear as fyftich jier wie der op it Frysk yn it ûnderwiis ompraat. Yn de sechtiger jierren like it doel tichtby. It tal twatalige skoallen kaam op 84, mar it wie ek tagelyk it begjin fan de delgong. De skoal-len hiene oare saken oan ‘e holle: de yntegraasje fan beuker- en leger ûnderwiis moast foarm krije. Dochs tink ik dat de wichtichste oarsaak leit yn wat Zondag skriuwt dat: “it Frysk by de measte bewenners fan Fryslân gjin wezentlik part fan har bestean útmak-ket”.

Ik haw my letter faak ôffrege wêrtroch’t dat ferskil ûntstie tusken de Snitser skoalle en de oare oplied-ings, want yn de twadde helte fan de foarige ieu koe it omtinken foar Frysk op de learare-opliedings gjin sprekken lije. It ferskil siet him neffens my yn de lie-dende persoanen oan de skoalle. Dat wiene net allinne de direkteuren, hoewol’t de earste direkteur yn Snits (1920-1946) Wytzes fansels in wichtige rol spile. Hy hat û.o. in lêsmetoade foar it leger ûnderwiis skreaun. Yn de sechtiger en santiger jierren wie it tafal dat de opinylieders ûnder de Snitser leararen mei hert en siel har belutsen fielden by de eigen provinsje en it Frysk. Fan skiednis oant muzyk: it Frysk en Fryslân spilen in foarname rol yn de lessen. Nije leararen waarden der ek op befrege en wat bot sein: men koe jin mar oan-passe oan de opdracht dy’t de skoalle himsels steld hie. Zondag syn skiednis fan de twatalige skoalle lit dat ek sjen: it leit faak oan in pear persoanen dy’t net bang binne om de karre te lûken. Hoe’t it twatalige

konsept stadichoan yn de mist ferdwûn, hat Zondag kreas op papier setten. Feit is dat de skoallen nei 1980 aloan tebeksakken yn de situ-aasje fan foar de oarloch: de skoalle is Hollânsk. It pikante is dat 1980 it jier wie dat it Frysk in ferplichte fak waard

yn it leger ûnderwiis. Út de ynspeksjerap-porten docht bliken, dat dát net de rêding fan it Frysk wie.

Hoe stiet it der no foar? Hjir ek wol ik eltsenien oanriede om it achtste haadstik fan Zondag syn Lange oanrin, koarte sprong ris te lêzen. Mei in fariant op Van der Waal syn titel soene jo sizze kinne: der is neat nijs ûnder de sinne: noch altyd sit it Frysk op de twadde rang. Ek al is der wetlik gjin inkele behindering mear: it Frysk sit noch altyd op it janpo-epsplak. Of om mei Pieter de Groot te sprekken yn Swingel 33 ”dêr hoecht net mear oan dien te wurden as it breanedige”. Der binne twa grutte ferskillen mei eartiids: de taalkaart sjocht der no folslein oars út as 60 jier lyn, omdat it Hollânsk foar de bern gjin fr-jemde taal mear is en wy ha gjin pommeranten mear yn it ûnderwiis dy’t mei elkoar de skouders derûnder sette wolle. Boppedat is der gjin platfoarm mear dêr’t foarstanners fan Frysk ûnderwiis elkoar moetsje kinne om plannen út te brieden. De FFÛ spilet dêryn spitigernôch gjin inkele rol. De trijetalige skoalle mist it ûnderwiiskundich foarum dat der 60 jier lyn wol wie. Der is gjin Provinsjale Ûnderwiisried mear dêr’t men jin opwaarmje koe. It Pedagogysk Ad-vysburo is opgien yn it MSU, no it Cedin. Dêr moat men jin kommersjeel opstelle. De skoallen ha har eigen ynterne begelieders, minsken dy’t har eigen ikkerke bewurkje en amper tiid ha om by in oar op de bou te sjen. En dan is der noch de ynspeksje dy’t allinne mar belang skynt te hawwen yn de mjitbere saken fan (Hollânske) taal en rekkenjen. En sa ferli-est de skoalle stadichoan syn kulturele, pedagogyske, kreative taken. De opliedings ha tasein dat se wat oan it trijetalich ûnderwiis dwaan sille, mar dat is noch gâns wat oars as wat De Him okkerjiers neistribbe: it Frysk wie soerdaai yn it programma. It grutte prob-leem is dat it him wer earne yn in isolearre herntsje fan de oplieding ôfspilet en gjin inkele rol spilet yn it totale opliedingskonsept en de dêrmei gearhingjende programma’s.

Page 14: Swingel 35

Yn sechstich jier in soad berikt 1951, it jier fan Kneppelfreed en ek it berte-jier fan ús advys- en yngenieursburo. Yn de seis desennia dêrnei hawwe wy ússels, mar ek de wrâld feroarjen sjoen. Op it mêd fan miljeu, feiligens, ferkear en ynfrastruktuer kamen in soad útdagings op ús paad. Us doel bleau altyd itselde: derfoar soargje dat minsken noflik wenje, wurkje, reizgje en rekreëarje kinne. Yn Fryslân, Nederlân mar ek fier dêrbûten.

Yn sechstich jier tiid groeiden wy út ta in buro dat oeral yn de wrâld aktyf is. Dochs binne wy ús Fryske woartels nea kwytrekke. En lykas in soad Friezen sille wy it jier 1951 net ferjitte. It hat net alinne ús, mar ek Fryslân brocht dêr't wy no steane. Dêr binne wy grutsk op. Doe, no en yn de takomst.

Oranjewoud: Wurkje yn in wrâld fol mooglikheden

Swingel 35 - septimber 2012 14

Is it ferhaal dan allinne mar negatyf? Jo soene it hast tinke. Oan alle Frysktalige sjonggroepen te oardieljen falt it noch wol wat ta. It Frysk hat de simpaty wol, mar men kin der noch te mak-lik omhinne. Wa’t neat mei it Frysk te krijen ha wol, kin him der noch simpel foar wei wine. De Frysktaligen lizze sokken meastal gjin strie oerdwers. Dochs lizze der kânsen yn it trijetal-ich ûnderwiis, mar dan sil der mear minskkrêft beskikber komme moatte foar de ymplemintaas-je. Der moat foldwaande romte en tiid frijmakke wurde kinne foar ûntwikkeling en ûndersyk. In skoandere taak foar de Fryske Akademy yn de mande mei de nije Universitêre poat. Mar dan

sil der ek in oplieding komme moatte dêr’t de twataligens, foar myn part de trijetaligens, prak-tisearre wurdt. Ik soe der foar pleitsje wolle dat soks bart yn in kategoriale oplieding foar min-sken dy’t wurkje mei bern fan twa oant fyftjin jier. Yn Swingel 29 haw ik dêr alris earder wat oer skreaun ûnder de titel “Lit de iene hân de oare waskje”. Dêr soe yn de provinsje sels de rezjy oer fierd wurde moatte, sûnder bemuoienis fan Haachske amtners.

Skreaun troch Jabik van der Bij

* K. Zondag “Lange oanrin, koarte sprong”, Afuk 2011.* D.T.E. van der Ploeg en J. van der Bij, Role and function of a teachers training college in a bilingual province. Yn: K. Zondag Bilingual education in Friesland

Page 15: Swingel 35

Sille wy de buorren ris wat opfryskje?Ferline hjerst waaiden yn sechtich doarpen rûnom yn Fryslân sechtich flaggen mei Fryske dichtrigels. Dy doarpen dienen entûsjast mei oan it Keppelfeest, om te betinken dat it sechtich jier dêrfoar Kneppelfreed wie: it opskuor oer it rjocht om it Frysk te brûken, op strjitte by it útsuteljen fan suvel en yn ‘e rjochtseal. Dat entûsjasme passet by de hjoeddeistige opbloeiende niget oan ús taal. Fansels meie wy dy graach prate en yn ús doarpen wurdt dat ek omraak dien. Boppedat wurdt it Frysk hjoed-de-dei wakker brûkt yn ‘e nije sosjale media; lêsten wie dêr mei in tige slagge Fryske twitterdei noch spesjaal omtinken foar. Lyksa fljocht op it heden de Frysktalige Donald Duck de boekwinkels út. En wy steane net allinnich yn ús omtinken foar ús moaie âlde taal: sjoch mar nei hoefolle Frysk oft de lanlike media ynienen brûkten, doe’t der ôfrûne winter praat waard oer in Alvestêdetocht. Mar spitich foar de toeristen dy’t fan’t simmer dit út komme om dy Fryske sfear op te snuven: de measte Keppelfeestflaggen binne no wol ynhelle en de Fryske teksten dus net mear te sjen.

Ynformaasjejûnen oer it FryskDe Ried fan de Fryske Beweging siket no mei inkele doarpsbelangen nei wegen om dat elemint fan it Keppelfeest en de Alvestêdetocht te fersterkjen. Op doarpsgearkomsten sil ûnder oaren praat wurde oer de mooglikheden om it Frysk mei syn streektalen better sichtber te meitsjen yn it strjitbyld. De oankommende moannen wurdt dêr al in stikmannich ynformaasjejûnen foar ynplend en yn dizze nijsbrief komme we skielk werom op de earste ûnderfi -ûnderfi-nings. Mar oare doarpsbelangen dy’t der no ek al gading oan meitsje wolle, kinne alfêst kontakt opnimme mei:

Ried fan de Fryske Beweging, Keetwaltje 1 , 8921 EV Ljouwert, 058-2138913, [email protected]

15 Swingel 35 - septimber 2012

Page 16: Swingel 35

Selskipsspul Euregua

Alle skoallen yn Fryslân binne drok dwaande om sa goed mooglik Frysk te jaan. Der binne prachtige boekjes en moaie learmetoaden.

Euregua is in moaie oanfolling

Op in boartlike wize Frysk praten leare en ek noch wat leare oer de skiednis en de

natoer yn Fryslân!

It spul is geskikt foar folwoek-senen en foar bern dy’t yn

groep 7/8 sitte!

Wy litte jo it spul graach [email protected] of

belje nei 0629167582. Om te bestellen kinne jo ek maile nei

[email protected]

Page 17: Swingel 35

It Frysklêzen befoarderje fia it toaniel Eric Hoekstra

Op it Frysk Filologekongres okkerdeis te Ljouwert sei sprekker Piter Boersma: inisjativen om it Frysklêzen te befoarderjen hiene amper wat opsmiten.

Dêr binne mear as ien oarsaken foar. De minsken lêze no hieltyd minder, ek yn it Hollânsk. Dêr hat it Frysk like-goed as oare talen fan te lijen; en de ûngewoante fan it Frysklêzen fansels. De Hollânske skriuwtaal wurdt de Friezen mei de brijleppel ynjûn op skoalle. Friezen wurde net kjel fan drege Hollânske wurden, want dy ha se op skoalle heard en op ‘e televyzje beharke, en sa mear. Mar by in Frysk wurd dat de lju net kenne, is it al gau, ‘dat sizze wy net, wat is dat foar nuver Frysk’. En it boek wurdt oan kant smiten.

Doch is der ek genôch posityfs te melden. De ûndergong fan it Frysk wurdt al twa ieuwen oankundige, mar it bestiet noch altiten. En der binne ek suksesfolle inisjativen. Tink ris om de Fryske Donald Duck, dêr’t mear as 30.000 fan ferkocht binne, and counting. Op de thússide fan it literêre tydskrift ENSAFH merkt Tryntsje van der Steege op, dat de literêre Friezen delsjogge op it sukses fan Donald Duck. Donald Duck is ommers gjin literatuer. Mar ik bin der wol wis fan, elkenien dy’t literatuer lêst, hat ek earder yn syn libben of noch hieltyd de Donald Duck lêzen. Dêrom soe men yn alle rûnten, ek yn de literêre fermiddens, it sukses fan Donald Duck as ynspiraasje foar nije projekten fan taalbefoardering wurdearje moatte.

Der is lykwols noch in oar plak yn ús Fryske kultuer dat as ynspiraasje foar lêsbefoardering tsjinje kin. Grutte klibers folk kloftsje nammentlik alle wiken gear om har mei-inoar oan in utering fan Fryske kultuer, faak sels literatuer, te wijen. Dochs wurdt dêr kwa lêsbefoardering nea wat mei dien. It folk, dêrmei dwaande, wurdt foar it meastepart skoudere en negeard troch sawol de lêsbefoarderers as troch de literêre fermiddens. Sprek ik yn riedsels?

Ik haw it fansels oer it Fryske toaniel. Hast alle Fryske doarpen ha wol in toanielferiening. Dêr wurdt alle wiken krewearre om yn ‘e winter in Frysk toanielstik op ‘e planken te krijen, of yn ‘e simmer in iepenloftspul. Dêr steane se posityf foar de Fryske taal oer. Wêrom soe de heechste klasse fan de legere skoalle de tekst fan it toanielstik net lêze kinne? Lit se der by de tekenles mar yllustraasjes by meitsje. Lit se der mar muzyk by útkieze. Of sjoch oft se ek in praktyske bydrage oan ‘e opfiering fan it stik jaan kinne. Lit se sels in stik skriuwe en opfiere. Mooglikheden genôch. It toaniel is in tige gaadlike manier om better mei it skreaune Frysk yn ‘e kunde te kommen.

It moaie oan it doarpstoaniel is dat de lju út it doarp yn alle fasetten fan ‘e opfiering behelle binne. Hja binne de akteurs, mar binne ek de taharkers. Hja meitsje de kûlissen, hja meitsje de kostúms, hja regelje it parkearen, hja fer-keapje de kaartsjes en hja dogge de beljochting. Se fiere gauris stikken op fan kwaliteitstoanielskriuwers út binnen- en bûtenlân. En krekt dizze foarm fan kultuer, miskien wol de wichtichste dy’t der is, wurdt net subsidiearre, wurdt net benut om it Frysklêzen te befoarderjen. Miskien haw ik it mis, mar it liket my ta dat dêr kânsen lizze.

(Eric Hoekstra is publisist, en hy wurket as taalkundige by de Fryske Akademy.)

Page 18: Swingel 35

Swingel 35 - septimber 2012 18

Omrop Fryslân docht it geweldich! Meindert Tjerkstra

Yn in protte fermiddens wurdt minder Frysk praat. It hinget der fansels wol fan ôf yn hokker fermiddens oft jo binne. Mar oer it algemien is de tendins dat it efterútbuorket mei it Frysk. Lokkich binne der ek dingen dy’t goed geane. Dat moat neamd wurde, omdat wy der fan leare kinne.

Ien grut ljochtpunt is Omrop Fryslân Televyzje. Guon djipfriezen steure har oan it praat dat de presintators útslaan wat it Frysk oanbelanget. Tiidwurden wurde omkeard en der wurdt net altyd geef Frysk praat, dat is hjirby no sein en dus klear. Omrop Fryslân docht in protte dingen goed. It liket derop dat Omrop Fryslân in alsidige stjoerder wurdt. Der is in nijsprogramma, in sportprogramma en der binne programma’s foar bern. Dat is net allinnich op de radio sa, mar ek op ‘e televyzje. It alsidige komt ek werom yn de nijsfoarsjenning. Yn ‘Hjoed’, it nijsprogramma op ‘e televyzje, wurdt bygelyks omtinken jûn oan de Olympyske Spullen, rampen yn de wrâld en mear. De ynstek bliuwt wol, dat it altyd oer Friezen gean moat. Dit is fansels in diskusjepunt. As Omrop Fryslân folslein alsi-dich wêze wol, dan bringt it ek nijs út it bûtenlân wei dêr’t Friezen gjin rol yn spylje. Dochs sjogge in protte minsken graach nei ‘Hjoed’. Lokaal nijs dat ticht by de minsken stiet, wurdt wurdearre.

Omrop Fryslân en sportFoaral yn de simmer is Omrop Fryslân wichtich. It fierljeppen, keatsen en skûtsjesilen wurdt wiidweidich fer-slein. Dat hat derfoar soarge dat dy sporten oansjen krigen hawwe. Dêrneist hat it bekende Friezen opsmiten. Wa kent Sippy Tichelaar en Klaas Jansma net, twa presintators dy’t ferneamd binne yn Fryslân. Alle simmers stiet twa wiken lang by in protte minsken de radio oan. Klaas Jansma kin troch syn manier fan fertellen it sa bringe, dat de wedstriid altyd spannend is, ek al is it in spultsje fan driuwen en dobberjen. No is dit duo dit jier foar it lêst, mar der komt fêst in goede ferfanging. Hie it skûtsjesilen wol sa populêr west sûnder Omrop Fryslan?

Foar it fierljeppen is Omrop Fryslân ek wichtich. De nammen Bart Helmholt en Thewis Hobma binne bekende nammen wurden. Dat hat fansels te krijen mei de petearen dy’t yn it programma ‘Boppeslach’ holden wurde. Dy petearen binne weardefol. De sjoggers komme yn ‘e kunde mei de sporters troch de losse, soms net te glêd profesjonele wize fan ynterviewen. Al hâlde jo totaal net fan fierljeppen, dochs is it aardich te witten wat de man of frou driuwt en de emoasjes mei te fielen, dy’t dêr by frijkomme. Boppedat dogge de live-útstjoerings fan it Frysk kampioenskip de sport goed. De ferslachjouwers meitsje it spannend en de petearen mei de sport-ers binne hiel aardich. Yn hiel Fryslân is respekt ûntstien foar dizze sport, omdat yn byld brocht wurdt hoe hurdt oft dizze minsken traine moatte om mear as 20 meter ljeppe te kinnen. Fierljeppers wurde hjoeddeis sjoen as profesjonele sporters; it binne gjin boeresleatsjespringers mear. Omrop Fryslân hat dêr in grut oandiel yn.

Itselde kin sein wurde fan it keatsen. It omtinken dat Omrop Fryslân jout oan it keatsen is geweldich foar de sport. Sporters krije in gesicht en krije dêrtroch fans. It jierlikse barren fan de PC yn Frjentsjer is it hich-tepunt. Sawol de sporters as de Omrop meitsje der in prachtich feest fan. De presintaasje fan Simone Scheffer is geweldich. Hja lit sjen dat se wat fan de sport wit en stelt goede fragen. Alles is live en dat makket it dan wol moai as net alles hielendal goed giet. Dit jier wie der ek wer in momint by de PC 2012. Hendrik Tolsma hie kramp yn de kûten en moast fan it fjild. Hast in healoere waard der net spile. En dan is it prachtich as de redaksje fan alles útfynt om de tiid mar te foljen. Foar de keatssport is it geweldich, dat de Omrop safolle om-tinken jout oan dy sport.

Page 19: Swingel 35

19 Swingel 35 - septimber 2012

Omrop Fryslân en oare programma’s It hynder Derek is no al legindarysk. It hynder brocht hast neat mear op, it hie gjin takomst mear. De slacht soe it einstasjon wêze foar Derek. Omrop Fryslân hat it hynder doe opkocht en soarge foar in stâl en foar in trainer. It is de bedoeling dat Derek skielk wedstriden ride sil. Net dat Derek in goed draafhynder wurdt en dat er tûzenen euro’s fertsjinje sil, mar it ferhaal is prachtich en soarget derfoar, dat Omrop Fryslân in oar gesicht kriget. Omrop Fryslân lit ek sjen, dat se kreatyf binne en sels ek foar ferhalen soargje. In oar grut sukses is it programma: ‘Doch it foar dyn doarp’. Yn dat programma jout Omrop Fryslân fiif kear in healoere rjochtstreekse stjoertiid op ‘e televyzje wei oan trettjin doarpen yn Fryslân. Trije moannen lang, fan tiisdeis oant en mei sneons, stiet de kamera alle wiken yn in oar doarp. Yn dy wike moat it doarp besykje de televyzje-útstjoerings sa orizjineel mooglik yn te foljen. De doarpsbewenners krije sadwaande in unike moog-likheid om harren doarp yn de skynwerpers te setten en kinne dêrmei ek noch ris moaie jildprizen winne. De win-

ner wurdt it doarp, dat neffens de saakkundige sjuery de meast kreative televyzje wit te meitsjen. Dat winnende doarp kriget in bedrach fan € 7.500,-. De twadde priis is € 5.000,- en de tredde priis € 2.500,-. It jild moat ornearre wurde oan doelen dêr’t it hiele doarp wat oan hat. In hiel simpel konsept, mar it hat derfoar soarge dat de doarpen manmachtich kreatyf oan de slach gien binne. De resultaten wienen net altyd fan it heechste nivo. Mar it wie dúdlik te sjen, dat de minsken yn de doarpen in protte wille hienen mei it meitsjen fan it programma. De nuverste dingen binne útstjoerd. Itt wie goed te sjen, dat elts doarp syn bêst dien hat om der wat fan te meitsjen.

Omrop Fryslân en de presintatorsAlles stiet of falt by de presintaasje fan de programma’s. Somtiden is it freeslik om oan te sjen. De earste útstjo-erings fan ‘Need op Freed’ wienen bygelyks dramatysk. Ek oan de ein fan it seizoen is it noch altyd net sûnder wryt of slyt. Mar oan de oare kant hat dat ek wer syn sjarme. It falt Omrop Fryslân ek te priizgjen, dat se Roelof Lousma de kâns jouwe om dit te dwaan. En troch alle útstjoerings hinne wurdt it respekt foar de presintator grut-ter. Simone Scheffer en Arjen de Boer wurde hieltyd bekender yn Fryslân. Dat soe Omrop Fryslân noch mear

Page 20: Swingel 35

Swingel 35 - septimber 2012 20

Omrop Fryslân en de takomstDe konklúzje is, dat Omrop Fryslân it goed docht. Mei de fyftjin miljoen dy’t se alle jierren krije, is dat in hiele prestaasje. It liket gâns in bedrach, mar der wurkje mear as hûndert minsken by Omrop Fryslân. Benammen televyzjemeitsjen is rottekrûddjoer. Troch besunigings by it regear moat de Omrop it mei minder jild dwaan. Dat is no krekt in minne ûntwikkeling. Dêr komme noch oare bedrigings by. Sa wol de minister ien stjoerder meitsje foar alle regionale omroppen. Dat soe betsjutte, dat Omrop Fryslân ien oere deis útstjoere kin. Foar de Omrop, mar ek foar de Fryske sporten, tige spitich wêze. De PC, it Frysk Kampioenskip Fierljeppen en it skûtsjesilen wurde live útstjoerd. Dat koe oant no ta sa lang duorje as de Omrop sels wol, en dat soe allegear ferdwine. It lêste wurd is der noch net oer sein. De Omrop sels hat protest oantekene mei goede arguminten. De Ried fan de Fryske Beweging sil ek lûd jaan, mocht it plan fan de minister útfierd wurde troch in nij kabinet. De Omrop hat in breed takepakket, dat rjocht docht oan de posysje fan it Frysk as twadde rykstaal en yn oerienstimming is mei it troch Nederlân ûndertekene Europeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen.

Ynternet sil de kommende jierren wichtiger wurde. De Omrop spilet dêr op yn troch ferskillende apps út te bringen. Dêrnjonken is sûnt 2011 it jongereinprogramma Tsjek op ynternet te besjen. Dat is handich foar skoal-len, dy’t no op elts momint fan de dei it digitale skoalboerd oansette kinne om it programma te besjen. It is te hoopjen, dat de Omrop de kommende jierren genôch finansjele mooglikheden hawwe sil om soksoarte aktivit-eiten út te wreidzjen. Berneprogramma’s binne wichtich om de Fryske taal troch te jaan. De Omrop kin dat folle mear as taak op him nimme. Berneprogramma’s fan fjouwer oere ôf op ‘e televyzje en frij te besjen op ynternet soe in tsjinwicht biede kinne foar de Hollânske berneprogramma’s. Âlden wolle de bern ornaris Frysktalich grut-bringe. Mar op ‘e televyzje en it ynternet is sljochtwei mear Hollânsk te besjen en te beharkjen. Miskien moat Omrop Fryslân tekenfilms ynkeapje en op ‘e nij ynsprekke of Frysk ûndertitelje. Der binne genôch stimmen by Omrop Fryslân dy’t gaadlik binne foar it ynsprekken fan in tekenfilm. De mannen Reitze Spanninga en Klaas Jansma kinne ôfgryslik roppe en raze.

Mei sûn ferstân en kreativiteit moat de Omrop dizze besunigingstiid trochkomme. Dêrnei moat der fierder ûntwikkele wurde. Dat is net allinnich goed foar de Fryske taal, mar wy belibje der ek allegearre in protte nocht oan. Moaie programma’s en nijsgjirrige dokumintêres en útstjoerings binne foar eltsenien prachtich!

Page 21: Swingel 35

21 Swingel 35 - septimber 2012

De gebrûkswearde fan taal. Somtiden sjitte wurden te koart. Dan mar plaatsjes lykas op Schiphol. Dat is net nij. Ek yn de iere stien-tiid makken se der gebrûk fan. De gebrûkswearde is wichtich foar it oerlibjen fan in taal. Mar taal is mear as gebrûk.

Pier Bergsma

In jiermannich lyn wie ik op in kâlde febrewarismid-dei yn Valon Pont d’Arc. In soad Friezen sille it plak kenne. Yn de simmer is it der smoardrok en dat is te begripen, want dit toeristeplak oan de Ardèche hat in soad te bieden. It waar is dêr yn it suden fan Frankryk altyd better as yn Fryslân; jo kinne der swimme of rinne by de rivier lâns, mar folle moaier is it om mei in kano de rivier ôf te sakjen. Spannend ek, want it giet bytiden need yn de streamfersnellings, en hâld dan de kano mar ris oerein. Tajûn: jo farre op drokke tiden yn de file, mar as jo moarns betiid fuortgeane, dan falt it ta. Ik wie foar stúdzje yn Auvergne en op dizze dizige en kâlde wintermiddei wie Valon totaal útstoarn en sa stil as ik noch nea sjoen hie. Wy hienen in ekskurzje nei de “Grotte Chauvet”. Dizze grot is yn 1994 ûnt-dutsen en hat mear as trijehûndert ôfbyldings fan bisten lykas bearen en oare bisten, dêr’t yn de stientiid – tsientûzenen jierren lyn – op jage waard. No moat ik derby sizze, datst de grot sels net yn meiste, mar der is in part neiboud mei in film en tentoanstelling. Wat gelearden benammen dwaande hâldt, is wat dizze minsken bedoelden mei harren tekeningen. It sil grif net allinne ferdivedaasje west hawwe. Woenen se mei harren skilderingen de bisten betsjoene? Wat woenen se sizze? Want it hat fansels mei kommunikaasje te meitsjen. Gelearden geane derfan út dat fan de betide stientiid ôf minsken mei-inoar begûnen te praten sa as wy dat no dogge. Yn hokker taal, dat witte wy net. Miskien binne de min-skesoarten dy’t der al earder wienen – want dy wienen der grif – útstoarn troch in tekoart oan taal. De Neandertalers hienen in grutte holle, mar wy witte net wat der yn siet. Taal en kom-munikaasje binne needsaaklik foar minslik oerlibjen. Taal yn de brede sin fan it wurd. Op Schiphol komme jo net fier mei de Nederlânske taal. Dêrom wurdt it Ingelsk brûkt, mar ek mei dy wrâldtaal kin it net ta. Sadwaande wurdt der op de moaiste “airport” fan Europa op in hiele tûke manier gebrûk makke fan piktogrammen. It is benammen de gebrûkswearde fan taal dy’t de oerlib-

bingskrêft oanjout. Dy piktogrammen hawwe in grutte oerlibbingswearde. Der wurdt in soad skreaun oer meartaligens en it oerlibjen fan talen. Net alle talen sille oerlibje. Op in bepaald stuit komt der in omslachpunt, dêrnei giet it allinne noch mar efterút. Meartaligen hawwe in streekje foar. Dat jildt benammen foar minsken dy’t mear as twa talen prate. Hoewol: dat moat relativearre wurde. Mear talen prate. Hoe bedoele jo dat? Bedoele jo dat jo yn it Spaansk telle en betelje kinne, of wat yn it Spaansk bestelle yn in restaurant: “Quisiera probar el vino local” of bedoele jo, dat jo yn Andalusië in pypfol prate mei in geiteboer oer syn bestean? Dat makket fri-jwat út. Sa’n geiteboer, dat doar ik net oan. Ik haw dus net folle fertrouwen yn minsken dy’t sizze, dat se har mei in frjemde taal rêde kinne. Meartaligens giet altyd oer in mjitte fan behearsking fan in oare taal. Sels ien-taligen binne net by steat, ek net nei jierren fan stúdzje, om alle wurden fan harren eigen taal te kennen. Hoe soenen jo al dy wurden dan kenne yn in oare taal? In oar punt dat oer de holle sjoen wurdt, is dat der ek yn de eigen, earste taal meartaligens bestiet, dat men mear “talen” brûkt. Yn it wurk of op kantoar wurdt oars praat as tsjin in beuker of tsjin de kat en by in begraffenis wurde oare wurden brûkt as in praatsje yn de garaazje oer de reparaasje fan de auto. Dizze as-pekten fan taal is de lêste jierren in soad ûndersyk nei-dien. De útkomsten fan psycholinguistyk oer it oanlear-en en brûken fan taal en sosjolinguistyk oer it ferbân tusken taal, kultuer en maatskippij toane oan dat mear talen elkoar net yn de wei hoege te sitten. Mar minsken litte har net stjoere troch wittenskiplike útkomsten. Op ‘en heechsten kin soks brûkt wurde yn belied en kinne beliedsmakkers en politisy der gebrûk fan meitsje.

Page 22: Swingel 35

Swingel 35 - septimber 2012 22

Jierrenlang is it brûken fan it Frysk beheind bleaun ta eigen doarp of famylje. Pas yn de rin fan de foar-ige ieu koene de wjukken wider útslein wurde yn ûnderwiis, rjocht en bestjoer. Mar benammen troch de tsjinwurdige migraasje en ek troch ekonomyske faktoaren wurdt it Frysk bedrige. Ommers, it Frysk is net needsaaklik om te oerlibjen. Wetten kinne helpe, mar hâlde in úteinlike tebekgong net tsjin. It is foar de Ried fan de Fryske Beweging jier út jier yn in útdag-ing om yn dizze ûntjouwingen dingen te dwaan dy’t der ta dogge. Gelokkich steane wy der net allinne yn. De minsken fan de moderne tiid hawwe gjin ôfbyld-ings fan bearen ensafuorthinne mear nedich om oan fleis te kommen. As jo lêze kinne hoe’t in sjitmasker wurket, dan kin eltsenien yn de slachterije de grutste ko yn de koartste tiid omlizze. Mar taal hat no ienris mear wearde as de taal fan it gebrûk. Alle Friezen

kinne har rêde mei it Nederlânsk. Wat dat oanbelan-get kin it Frysk wol ôfskaft wurde. Mar taal hat ek te krijen mei it ferline, mei ferbining, mei lânskip en minsken. It is just dy ferbining dy’t der foar soarget dat der sa’n soad talen brûkt wurde. Taal is no ienris mear as saaklike kommunikaasje. Oars hie Esperanto it wol rêden. It Frysk sil net ferdwine, alteast net yn de kommende hûndert jier. De gebrûkswearde is grut genôch. Wy sille grif yn de fiere takomst net fersyld reitsje yn in filmke en tentoanstelling oer in útstoarne taal en ûnbegryplike kommunikaasje lykas de taal fan de skilders fan de “Grotte Chauvet”.

In nijsgjirrich boek oer it ûnstean fan taal is: Rik Smits Dageraad. Hoe taal de mens maakte. Amster-dam 2009

Page 23: Swingel 35

23 Swingel 35 - septimber 2012

Koart Nijs út it bûtenlân Koart Nijs

Russysk no offisjele taal Oekraïne

KIEV – De Oekraynske presidint Viktor Janoekovitsj hat woansdei de omstriden wet ûnderskreaun dy’t it Russysk ta de twadde offisjele taal fan it lân makket. It Russysk wurdt benammen yn it Oekraynske noarden en suden in soad praat. It is ek in wichtige taal yn it sakelibben. Hast de helte fan de befolking kin Russysk prate. Foar in fearn-spart fan de ynwenners is it de memmetaal.

Utwikseling Aaipop en festival Wales

Nei 25 jier Aaipop giet it Frysktalige festival de grinzen oer. De band ‘Ljoubjr’ hat yn it earste wykein fan septimber 2012 de primeur, spylje op in lytsskalich festival yn Wales, dêr’t oant no ta allinne bands spile ha yn it Welsk. Nea earder yn de skiednis fan it Aaipop-festival hat der in ynternasjonale útwiksel plak fûn. Dêrmei ûnderskriuwt de organisaasje nochris syn stribjen om in mearwearde foar de Frysktalige popmuzyk te bliuwen. It jout in Fryske band de kâns om in optreden te jaan op it festival mei de Welske namme: ‘Gwyl Pen Draw Byd’. Oersetten yn it Frysk: ‘It festival op it ein fan de wrâld’.

Op de 26ste edysje fan it Aaipop-festival yn 2013 is dêrnei fuort in dûbele primeur: foar de earste kear in optreden fan in band út Wales. Dy band hat de namme: ‘Helyntion Jos y Ficar’ (oerset betsjut dat: ‘De swier-richheiden fan Jos de Preker’). De band spilet yn it Welsk, lykas it Frysk in taal fan in regio mei in sterke eigen kultuer. De band spilet ska-reggae, in sjenre dat de ôfrûne jierren mist is op Aaipop, it jierlikse festival op Peaskemoandei. Fia de Afûk is Aaipop yn kontakt kommen mei it festival yn Wales. De organisaasje hopet der in strukturele gearwurking fan te meitsjen.

De lokaasje fan it festival yn Wales is mear as unyk te neamen. It sil wêze yn in hotel yn it pittoreske Aberda-ron, it meast eastlike kustdoarpke yn it noarden fan Wales.

Page 24: Swingel 35

Swingel 35 - septimber 2012 24

SlingeraapPier Bergsma

Yn Westergeast hawwe hja al yn july in wedstriid slingeraap holden, mar it echte en iennige Fryske Iepen Kampioenskip wurdt fansels jierliks holden yn Akkrum, ûnder lieding fan de bruorren Anker. Sling-eraap is in moaie sport, moaier as bygelyks simultaan-swimmen of de dressuer fan hynders. Ien fan de meast frjemde sporten is dat simultaanswimmen. It betsjut dat twa swimmers beide presiis itselde dogge. As it iene frommis ûnderstboppe yn it wetter hinget en de rjochterskonk omheech stekt, docht dy oare dat tage-lyk. It liket my net sûn ta. In soad minsken tinke, dat sport bydraacht ta sûnens, mar dat jildt net foar mara-tonrinners dy’t harren twa oeren út de liken drave of foar boksers dy’t harren in harsenskodding slaan litte, en likemin foar manlju dy’t mear as 260 kilo risse, en alhiel net foar al dy lju dy’t de ôfrûne moannen dagen-lang foar de televyzje hongen mei in pot bier, om mar neat te missen fan de fuotballerij, de Tour de France, it skûtsjesilen en de Olympyske Simmerspullen yn Londen. Sport sûn? Hoe bedoele jo?

Spitigernôch wie it simultaanswimmen gjin ûnderdiel fan Londen, want ik mei graach nei sinleaze aktivit-eiten sjen, lykas twa frouljusskonken dy’t út it wet-ter omheechstutsen wurde. It fierljeppen, it keatsen en it skûtsjesilen stie ek net op it programma. Fan dy skûtsjes, dat kin ik begripe, mar it fierljeppen en keatsen hienen der goed by kinnen. Boppedat hiene de Friezen dan noch mear goud en sulver helle as no. Wy binne grutsk op ús Marrit út Warten mei har sulveren medalje. Ik haw

ek lêzen, dat der in Frysk hynder belutsen wie by in medalje, mar ik bin fergetten hoe en wat. No fyn ik, dat hynders dy’t dressearre binne, net thúshearre op de Olympyske aktiviteiten en as der al in medalje helle wurdt dan foar it hynder en net foar dyjinge dy’t der wat eptich op sit en gewoan meidocht mei wat it hynder docht. As jo mei hynders begjinne, dan soene ek oaljefanten, bargen of hûnen dy’t troch in hoep springe, meidwaan kinne en wêr bliuwe wy dan?De sportive prestaasjes fan lannen ûntrinne inoar tige. Sina hat mear as 1,3 miljard ynwenners. It is dêrom gjin wûnder, dat hja mei 104 medaljes nei hûs gyngen. Dat jildt ek foar oare grutte lannen lykas Amearika. Ús lân einige op it tredde plak. As wy dat ôfsette tsjin it tal ynwenners dan hat Nederlân it knap dien. Wy binne grutsk op Ranomi Kromowidjojo en op al dy oaren dy’t medaljes wûn ha, mar it meast fansels op ús eigen Epke. Net allinne de Nederlânske ferslach-jouwer wie út de skroeven, ek de bûtenlanners. Femke Halsema moast derfan gûle, en dan ek noch de froulju: hja fine it sa’n himmele jongfeint.

Der wurdt grute, dat pake Zonderland sa linich wie, om net te sizzen akrobatysk, dat er op ‘e hannen oer de naal fan syn pleats rinne koe. Hy wie leaver sirkusartyst as boer wurden. Se hawwe Epke frege om it nei te dwaan, mar hy hat him der net ta oerhelje lit-ten. Stel dat er fan boppen knoffele wie. Myn frou en ik hawwe mei tanimmende ferbjustering sitten te sjen nei de endo healy, de cassina, de kovacs, de kolman, stadler, adler, gaylord, quast en de watanabe oan de rekstôk. Ik hie fan dy nammen noch nea heard, mar de sjuery hat se nedich foar harren oersjoch en it tellen fan punten. Dizze Olympyske Spullen sille grif de skiednis yn gean as de Simmerspullen fan Epke. Hy is de bêste slingeraap fan de wrâld. Fryslân boppe!

Page 25: Swingel 35

Frysk en FierderWillem Schoorstra

It publisearjen fan it pamflet Oer Erfskip en Nasjona-liteit hat, neist dat it opskuor joech, ek dúdlik makke dat der ferlet fan mear en eksplisiter ynformaasje wie. Net sasear technise ynformaasje as wol in eachweid op in takomst út Frysk perspektyf wei. Fierders hat it ek bleatlein dat emoasjes in beskate rol spylje sadree’t it oer identiteit en komôf giet. Op himsels hoecht dat net slim te wêzen. Foar in hiele protte minsken is it nij om serieus nei jins identiteit te sjen, om út te finen wat dat seit en betsjutte kin foar jins posysje yn de maatskippij en, yn grutter ferbân, de wrâld. Sjenant wurdt it lykwols wannear’t lju, dy’t ta de kulturele elite rekkene wurde, net allinne blyk jouwe fan harren naïvens, reaksjonêrens en konformisme, mar fral opsichtich besykje sa’n ûnderwerp fertocht te meitsjen en in smet oan te wriuwen. Yn it foarste plak is soks beskamsum – tagelyk ûnderstreket dat it nivo fan wat te uzes foar analytisy trochgiet op pynlike wize. Yn it twadde plak bes-modzget dat in diskusje dy’t dêrtroch ûnnoadich yngewikkeld wurdt. Spitich, want dy diskusje is needsaaklik om ta in heldere fisy op de takomst fan Fryslân te kommen. En mei sa’n diskusje doel ik net op it jûnspraten fan in pear stoffige salonfriezen dy’t ûnder it geniet fan in oliif en in glês wyn miene dat it mei harren sizzen te dwaan is, mar in iepen diskusje dy’t liede sil ta aksjes en nije inisjativen.Foar’t it safier is moat minsken lykwols alle ynformaasje ha dy’t noadich is foar it hâlden fan sa’n diskusje. Lit my dêr dan in begjin mei meitsje.

Doe’t de Steat der Nederlannen yn 2005 de Friezen as folk en nasjonale minderheid erkende, wie dat in belangryk momint. Dêrmei waard oanjûn dat it plak dat Fryslân en syn bewenners ynnimt, oars is as dat fan oare gewesten. Ut histoarys eachpunt korrekt en folslein terjochte. Mar hat sa’n erkenning ek konsekwinsjes, bygelyks op kultureel, bestjoerlik en polityk mêd? Sa’t it him sûnt oansjen lit net. Sterker: de wyn dy’t út De Haach rjochting Fryslân waait is in koloniale wyn, sa skreau Geart Benedictus, earder lid fan de Earste Ke-amer foar it CDA, noch op 29 april 2012. En Benedictus kin it witte, want dy siet ticht by it fjoer. Spitigernôch befêstige it Earste Keamerlid dêrmei it gelyk fan André Gorz, dy’t yn de sechtiger jierren fêststelde dat der yn heechûntwikkele yndustrylannen sprake wie fan yntern kolonialisme. As foarbyld helle er Frankryk oan:

‘Troch de sintralistise polityk fan de steat is gjin inkele regio, Parys en it Rhônegebiet útsûndere, langer by steat wurk te bieden oan in ridlik persintaazje fan jonge minsken. Der bin gebieten dy’t in ieu lang brûkt wur-den bin as leverânsiers fan strategise grûnstoffen, wylst noait tocht is oan it opbouwen fan in yndustry dy’t de eigen grûnstoffen ferwurkje kinne soe. (In punt dêr’t ik letter op werom kom – WS.)’

De geografise konsintraasje fan ekonomise macht en jild hat yn it rike part fan de wrâld in betrekklike fere-arming ta gefolch hân fan regio’s, dy’t foar it grutste part troch politike omstannichheden ta perifery wurden bin. Dy gebieten ‘bin troch de yndustriële en finansjele poalen brûkt as reservoir fan hantwurkslju, grûnstof-fen en lânbouprodukten. Krekt as de koloanjes fan Europese grutmachten ha dy ôfsidich leine streken oan de metropoalen har sparjild, har wurkkrêft, har minsken levere, sûnder dat hja der rjocht op hiene de kapitalen, dy’t tanksij har wurk by elkoar brocht wiene, op it plak sels te ynvestearjen.’Grutte gebieten, sa sei Gorz, koene sa ta kriten fan wurkleazens en achterstân wurde, ‘of streken dy’t sa út-brûkt (útkloarke) wiene dat in point of no return berikt waard, dat wol sizze dat se op in punt kommen wiene dat se by in tekoart oan in ridlik persintaazje jonge ynwenners, en by in tekoart oan yndustriële en kulturele sintra, ûnmooglik ta ûntjouwing brocht wurde koene. Somtiden waarden sokke streken ûnbewenber.’

Swingel 35 - septimber 2012 25

Page 26: Swingel 35

Begjint it al wat bekend yn de earen te klinken? Sûnder de hiele skiednis oer te eidzjen fan it ûntstean fan sintral-istise polityk en yntern kolonialisme, kin fêststeld wurde dat it model fan Gorz yndie realiteit is. Noch net yn syn uterste konsekwinsje, mar de útwurking fan dat proses kin wy om ús hinne sjen. De leechstân, krimp en ferskral-ing fan doarpen (yn guon rapporten al as spookdoarpen omskreaun), de achterstân fan skoallen, de wurkleazens (dy’t foar de krises al grut wie), de braindrain fan jongerein. As it oer it útbrûken fan it perifeare gebiet Fryslân giet, is it point of no return noch net berikt. Mar te uzes wurdt gas en sâlt wûn, sil meikoarten boarrings nei dji-ppe ierdwaarmte (4 km!) dien wurde, krekt as it boarjen nei it saneamde ‘natuerlike gas’ mei behelp fan de slim kontroversjele fracking-metoade. (By fracking wurdt earst in fertikale en dêrnei in hoarizontale boarring yn in stienkoal of klaaistienlaach dien. Dêr wurdt ûnder hege druk fracking-floeistof yn pompt om it ‘natuerlike gas’ frij te meitsjen. Alle kearen as in boarne fracked wurdt, wurdt der sawat 4 miljoen liter wetter, mongen mei op syn minst 20.000 liter giftige gemikaliën en sân yn de gongen jage om de klaailagen of stienkoal iepen te brek-ken om it gas frij te meitsjen. In part fan de fracking-floeistof bliuwt ûndergrûns, mar op syn minst de helte komt wer boppe mei de oarspronklike gemikaliën der noch yn, mongen mei allegear oare giftige stoffen dy’t ûnderweis nei boppe ta oppikt wurden bin. De steat New York hat fracking wilens ferbean, mar by Blije en Kollumerpomp wurdt it as we speak krekt sa fleurich dien, krekt as yn Eastfryslân, ek in tin befolke en perifear gebiet.)Mei oare wurden: it yntern kolonialisme soarget derfoar dat der oer ús en sûnder ús beslist wurdt, en dat dêr raar wat achter weikomme kin.

Foar dyjingen dy’t miene dat it allegear wol in slach tafalt mei dy sintralistise polityk en dat yntern kolonialisme, fan betinken bin dat de steat in symboal fan praktise rjochtfeardigens is: Wurdt wekker. Ut in berjocht mei de kop Noorden kan fluiten naar extra geld, LC 2011:

Het Noorden krijgt geen cent uit de stimuleringspot van 1,5 miljard voor topgebieden. Minister Maxime Verha-gen van economische zaken ziet vooral brood in de Randstad en Eindhoven. ‘Je moet de euro inzetten waar hij het meeste oplevert’ aldus Verhagen. De minister maakte ook nog een sneer naar de aanwezige commissaris der koningin in Groningen Max van den Berg. ‘Als Groningen CO2-opslag afwijst, heeft dat natuurlijk wel als con-sequentie dat de investeringen ergens anders terecht komen. Daar mag je dan niet over klagen.’

Verhagen fertolket hjir rjochtstreeks wat bygelyks it kabinet Balkenende 2 ek woe: it saneamde ‘regionaal beleid’ ôfskaffe en it sa frijkommende jild yn de Rânestêd pompe omdat it dêr echt wurkje soe. It is dy masinaasje dy’t mar ta ien konklúzje liedt: de periferisearring fan it Noarden is troch de Nederlânse steat, sûnt de foarming dêr-fan, feroarsake.

Behalven in ekonomise periferisearring is der ek sprake fan in kulturele periferisearring. (Miskien moat ik op dit plak dúdlik meitsje dat alles dat op it aljemint komt, mutatis mutandis ek jildt foar East- en Noardfryslân. Net ûnbelangryk.) Sitaat út Top of Holland fan wurkgroep Foarum:

‘De kulturele sitewaasje fan de Fryslannen is in gefolch fan it ekonomys en polityk-planologys opgean yn de Nederlânse en Dútse steat. Dat proses fan opgean yn dy steaten hat oer it generaal in saak west fan ienrjochtings-ferkear, dêr’t de Fryslannen folle mear ôfstien ha as weromkrigen. Dêrom kin de Fryske kulturele sitewaasje om-skreaun wurde as ien fan hast folsleine oerhearsking troch de Nederlânse en Dútse steatskulturen- talen. De lytse diken dy’t de Fryske Beweging dêr tsjinoer opsmiten hat yn Westerlauwers Fryslân en Noard- en Eastfryslân sil net by steat wêze, dy Nederlânse en Dútse kultuerorkanen op ‘en doer te wjerstean. Dat komt omdat de Fryske taal en kultuer en út it Frysk fuortkommen talen en kultueren lykas dy fan Grinslân en Eastfryslân eins foar waar en wyn lizze en gjin feilige haven ha om op werom te fallen.’

Lês fierder op www.itnijs.nl : http://itnijs.nl/2012/09/frysk-en-fierder/

26 Swingel 35 - septimber 2012

Page 27: Swingel 35

Swingel is in útjefte fan de Ried fan de Fryske Bewe-ging, dy’t fjouwer kear yn it jier ferskynt: yn maart, july, septimber en desimber.

Redaksje- en administraasjeadresKeetwâltsje 1, 8921 EV LjouwertE-post: [email protected] en faks: 058-213 89 13

Meiwurkers oan dit nûmerPier Bergsma, Meindert Tjerkstra, Eric Hoekstra, Jabik van der Bij, Renze Valk, Nanne Hoekstra

RedaksjeLútsen Bakker, [email protected]

RedaksjeriedGeartsje Fokkema, Sytze T. Hiemstra, Ed Knotter, Hâns Weijer

FoarmjouwingMeindert Tjerkstra

PrinterDrukkerij Weissenbach BV, Snits

Advertinsjeprizenop oanfraach by de administraasje, [email protected]

Stipersskip/lêsjildStipers fan de Ried fan de Fryske Beweging krije Swingel fergees yn ’e bus.Stipersjild: € 20,00 jiers.

Rekken 1123454 o.n.f. Ried fan de Fryske Beweging,Ljouwert

ISSN-nûmer: 15679632

Wolle jo it wurk fan de Ried stypje?Jou jo dan oan as stiper!

It stipersskip kin op elk stuit yngean. Wa’t stiper wurde wol kin har/him skriftlik ek fia e-mail oanjaan by de administraasje fan de Ried fan de Fryske Bewe-ging, Keetwâltsje 1, 8921 EV Ljouwert, [email protected].

It lêst útkommen nûmer fan Swingel wurdt jo as befêstiging tastjoerd. Foar it beteljen fan it stipersjild wurdt ien kear it jier in akseptgiro stjoerd.

De Ried fan de Fryske Beweging yn it koart Kolofon

27 Swingel 35 - septimber 2012

Page 28: Swingel 35

Rinsma HiFi = Muzyk = GenietsjeAl 48 jier lang spant Rinsma HiFi him yn om opnommen muzyk sa geef mooglik wer te jaan. Yn ’t earstoan waard dat probearre mei Japanske merken. Oriïntaasje yn Ingelân wiisde lyk-

wols út, dat it Ingelske HiFi wurde moast.

As jo der nocht oan hawwe om thús nei muzyk te harkjen, dan komme jo by Rinsma HiFi oan jo gerak. Dêr giet it yn ‘t foarste plak om de muzyk en benammen om de lûdskwaliteit en net sa lyk om de technyk of de namme fan it guod. Jo kinne jo dêr noflik deljaan en harkje nei in

ferskaat oan audio-apparatuer. Jo hawwe kar-út.

Doch it jo oan tiid, dan komme jo grif út ‘e rie. It is Rinsma HiFi nammentlik allinnich nei ’t sin, as jo tefreden binne.

Rin efkes by ús oan. Dan sille jo in HiFi-saak fine sûnder wjergea. Pinigje jo earen net langer en stin der net mear oer, want…

IT BÊSTE STIK HÚSRIE IS IN GOEDE LÛDSYNSTALLAASJE FAN... RINSMA HIFI !!

Rinsma HiFiDe Buorren 27, 8408 HG LIPPENHUZENtelefoan (0513) 46 15 54e-post: [email protected]