Programmaboekje In leafde, The Bridges of Madison County
description
Transcript of Programmaboekje In leafde, The Bridges of Madison County
PERSONAAZJESFrancesca Johnson, boerinne, earder learares, stoarnMichael, har soan, troudCarolyn, har dochter, troud
NET OP IT TOANIEL TE SJENTom Johnson, boer, ferstoarne man fan Francesca en heit fan Michael en CarolynRobert Kincaid, fotograaf by û.o. National Geographic, ferstoarne grutte leafde fan Francesca
PLAK FAN HANNELING1989, Iowa (USA), yn ’e keuken fan it hûs fan de famylje Johnson. Koart nei it ferstjerren fan Francesca.
Werom yn it hûs fan harren jeugd op it plattelân
ûntdekke broer en suster in ûngewoan leafdesferhaal.
Michael en Carolyn reitsje hieltyd fierder ferdjippe yn
it libben fan harren mem. Har grutte geheim, in
romantyske leafdesrelaasje yn har houlik, komt
boppe tafel. Natuerfotograaf Robert Kincaid, ‘de
lêste cowboy’, reizget nei it plattelân om de oerkape
brêgen te fotografearjen dy’t de provinsje Madison
sa ferneamd meitsje. Hy moetet Francesca Johnson.
Man en bern binne in midwike fuort en se is allinne
thús. Fan dat momint ôf bloeit der in leafde op dy’t
sterker is as sy beide oait foar mooglik hâlden hiene.
Michael en Carolyn wurde konfrontearre mei de pynlike
fraach oft wy de minsken dy’t ús nei stean eins wol
echt kenne. Beide bern raffelje in leafde dy’t alles te
boppe giet út inoar en jouwe it in plak yn de rasjonele
wrâld fan hjoed-de-dei dêr’t minsken net maklik mear
leauwe yn magy. Tryater nimt it publyk mei yn in
ferhaal oer langstme, dreamen en romantyk, en realiteit
en opoffering.
‘The Bridges of Madison County is een belangrijk en mooi verhaal, omdat het een vertelling is over een grote, allesverzengende liefde, waarvoor geen ruimte is in het leven van de hoofdpersoon.’
‘Francesca Johnson maakt de keuze om niet op die liefde in te gaan, ze kiest voor haar gezin. Je kunt je afvragen of dat een goede keuze is. Van binnen koestert ze die grote liefde. Die blijft daar-door een bron van hoop en levenslust die altijd blijft bestaan. In haar verbeelding en fantasie.’
‘Daarnaast stelt het verhaal vragen over de rela-tie tussen ouders en kinderen. Welk beeld willen ouders eigenlijk dat hun kinderen van hen hebben, in relatie tot liefde en seksualiteit, en wat willen kinderen wel en niet weten op dit gebied?’
Jos van Kan, regisseurfoto: Jan Glas
‘It is dreech om dit oan myn bern te skriuwen, mar it moat. Der is wat, dat te sterk en te moai is om mei it grêf yn te nimmen.’
‘Hoewol’t we noait wer mei mekoar praat ha, binne we sa sterk mei inoar ferbûn bleaun as twa minsken mar mei inoar ferbûn wêze kinne.’
‘Ik wist dat it foar in part kaam troch de ferlamjende wurking fan ynsliten gewoantes.’
‘As Robert Kincaid der net west hie, bin ik der net wis fan oft ik it al dy jierren op ’e pleats wol útholden hie.’
‘Yn in universum fan ûndúdlikens komt dit soarte fan wissichheid mar ien kear foarby, noait wer, hoe faak ast it libben ek libje meist.’
TEKST:
R.J. Waller
REGY:
Jos van Kan
SPUL:
Nynke Heeg
Joke Tjalsma
Eelco Venema
OERSETTING:
Nynke Laverman
BEGELIEDING OERSETTING:
Romke Toering
DEKÔRÛNTWERP:
Jan Ros
KOSTÚMÛNTWERP:
Linda Eijssen
LJOCHTÛNTWERP:
Stefan Dijkman
MUZYK:
Wiebe Gotink
DRAMATURGY:
Berthe Spoelstra
REGYASSISTINSJE:
Tim Verbeek
FOARSTELLINGSLIEDING:
Gerard Jorna
TECHNYK:
Henk van der Kooi
Bart Schurer
Ben Vrielink
Hendrik van der Zee
DEKÔRBOU:
Jan Bruinsma
Pieter-Jilles Tjoelker
Berber van der Werk
KOSTÚMÚTFIERING:
Jikke van den Berg
ADVYS KAP EN GRIME:
Arjen van der Grijn
UTFIERING KAP EN GRIME:
Rita Bloo
BOPPETITELING:
Ytsje van der Meulen
SÊNEFOTOGRAFY:
Sanne Peper
TRAILER:
Herman Zeilstra
PRODUKSJE:
Jojanneke Braam
EDUKAASJE:
Anne Graswinckel
PUBLISITEIT:
Grietje Deinum
Kom ek nei:
BREKBER 14 jannewaris oant en mei 8 febrewaris yn Keramiekmuseum Princessehof
THÚSFRONT10 febrewaris oant en mei 11 april rûnom yn de provinsje
50 JIER! Yn 2015 bestiet Tryater 50 jier! It wurdt in jier mei jubileumproduksjes en tal fan jubileum-aktiviteiten.
yn ús wurden wennet in oare wrâld
it doarp is de dream en it lân it toaniel
kom deryn en sjoch wat wy sizze
Albertina Soepboer
grafysk ûntwerp: Jelle F. Post - DTP: Martha Dijkstra - korreksjes: Marijke de Boer - fotografy: Sanne Peper, Jan Glas, Tryntsje Nauta - druk: CSL
2014 - www.tryater.nl