Pedagogysk beliedsplan · Web viewPedagogysk beliedsplan De Westereen Ynhâld Foarwurd- 2 Fisy en...

27
Pedagogysk beliedsplan De Westereen

Transcript of Pedagogysk beliedsplan · Web viewPedagogysk beliedsplan De Westereen Ynhâld Foarwurd- 2 Fisy en...

Page 1: Pedagogysk beliedsplan · Web viewPedagogysk beliedsplan De Westereen Ynhâld Foarwurd- 2 Fisy en doelstelling- 3 1.1.Algemien 1.2.Misje 1.3 Fisy Pedagogyske Fisy- 4 2.1.Us basisprinsipes

Pedagogysk beliedsplan

De Westereen

Page 2: Pedagogysk beliedsplan · Web viewPedagogysk beliedsplan De Westereen Ynhâld Foarwurd- 2 Fisy en doelstelling- 3 1.1.Algemien 1.2.Misje 1.3 Fisy Pedagogyske Fisy- 4 2.1.Us basisprinsipes

Ynhâld

Foarwurd - 2

1. Fisy en doelstelling - 31.1.Algemien1.2.Misje1.3 Fisy

2. Pedagogyske Fisy - 42.1.Us basisprinsipes2.2.Pedagogyske prinsipes/hânfetten2.3.Piramidemetoade/VVE

3. Fan fisy nei praktyk - 73.1.It bieden fan feiligens3.2.It ûntwikkeljen fan persoanlike kompetinsjes3.3.Untwikkeling fan sosjale kompetinsjes3.4.Noarmen en wearden

4. Alders - 164.1.Yntroduksje yn in groep4.2.Gearwurking mei âlders4.4.Alderjûn4.5.Alderkommisje4.6.Meidielingenboerd4.7.Bysûnderheden yn ’e ûntwikkeling4.8.Bernemishanneling

Slotwurd - 18

1 | P a g i n a

Page 3: Pedagogysk beliedsplan · Web viewPedagogysk beliedsplan De Westereen Ynhâld Foarwurd- 2 Fisy en doelstelling- 3 1.1.Algemien 1.2.Misje 1.3 Fisy Pedagogyske Fisy- 4 2.1.Us basisprinsipes

Foarwurd

Foar jo leit it pedagogyske beliedsplan fan it Kristlike Pjutteboartersplak ‘t Flinterke mei de regiofunksje fan Noardeast Fryslân en De Westereen. Yn dit beliedsplan ferwurdzje wy de misje, fisy en doelstellingen dy’t wy fertsjintwurdigje. It is yn it ramt dêr’t wy yn wurkje útwurke yn it pedagogysk wurkplan. Utgongspunt is de fisy sa’t wy dy hjirûnder ferwurdzje. ‘t Flinterke wurket út Kristlike wearden en noarmen wei. Us misje is: Kristlik pjutteboartersplakwurk biede mei de útgongspunten identiteit, kwaliteit en tagonklikheid. Yn ’e praktyk betsjut dat dat ús fisy op bern en pjutteboartersplakwurk ynspirearre wurdt troch wat yn ’e Bibel stiet oer hoe’t wy mei elkoar en mei ús omjouwing omgeane. ‘t Flinterke wol graach in feilige en soarchsume omjouwing biede dêr’t bern boartsje, leare en ûntdekke kinne. Der wurde Kristlike noarmen en wearden meijûn sa as leafde en respekt foar elkoar, elkoar helpe, freonlik wêze, ferjaan, earlik wêze, geduldich wêze, myld wêze, trou wêze, sêft wêze en selsbehearsking. Dat is de reade tried troch alle aktiviteiten.

Elk bern is unyk en weardefol; elk bern mei der wêze en mei sjoen wurde. Elk bern hat talinten. De fjouwer opfiedingsdoelen wurde fierder útwurke om in helder byld fan ’e praktyk sjen te litten. In protte lêswille tawinske. Dit belied wurdt alle jierren evaluearre en wêr nedich oanpast. De kwaliteitseasken yn it pjutteboartersplak wurde hieltyd oanskerpe en dêr wolle wy as organisaasje yn meigroeie.

2 | P a g i n a

Page 4: Pedagogysk beliedsplan · Web viewPedagogysk beliedsplan De Westereen Ynhâld Foarwurd- 2 Fisy en doelstelling- 3 1.1.Algemien 1.2.Misje 1.3 Fisy Pedagogyske Fisy- 4 2.1.Us basisprinsipes

1. FISY EN DOELSTELLING

1.1. Algemien

‘t Flinterke biedt profesjoneel pjutteboartersplakwurk oan bern fan 2-4 jier. De measte bern binne 2,5 jier as se komme. Foar de bern wolle wy in fertroud plak en foar de âlders in weardefolle oanfolling op ’e opfieding thús wêze. Wy wolle bern ek stimulearje en begeliede yn harren ûntwikkeling. Bern út net-kristlike famyljes of mei in oare godstsjinst dy’t har thús fiele by ús op it pjutteboartersplak binne fan herte wolkom. Wy wolle bern it besef meijaan dat se unyk en weardefol binne: dat God harren leafhat.

Al boartsjend ûntwikkelje en leare bern. De wille dy’t dêroan belibbe wurdt, fine wy fan grut belang. Liedsters kreëarje in sfear en in omjouwing dêr’t it bern him sawol yndividueel as yn groepsferbân ûntploaie kin. It bern ûntwikkelet him wannear’t it him op syn gemak fielt, wannear’t it in relaasje oangiet mei de opfieders en wannear’t it in plak fûn hat yn ’e groep.

Us wurkjen is altyd op ûntwikkeling rjochte: de liedsters hawwe in brede kennis fan ’e ûntwikkeling fan bern en kinne ynspylje op harren ferlet en se yn harren ûntwikkeling stimulearje.

1.2. Misje

Wy sjogge it as ús misje om in pjut opgroeie te litten yn in feilige en Kristlike omjouwing. Neist it jin ûntwikkeljen en boartsjen wurde de Kristlike ferhalen en lieten yntegrearre yn ’e aktiviteiten. Us hiele maatskippij hantearret de prinsipes út it Kristendom wei. Foar ús as Kristenen hearre de Bibelske ferhalen, gebeden en lieten dêr as in normaal ûnderdiel fan it libben by. Wy sjogge it as ús misje dat wy de leafde dy’t wy fan God ûnderfine trochjouwe oan ’e pjut. Eltsenien hat ferlet fan leafde, in pjut hielendal.

Wy berikke dy misje mei omtinken foar it yndividu, lytsere groepen (12-15 pjutten), kwalitatyf heech oplate liedsters dy’t de fisy diele en útdrage kinne. Motivearre wat âldere frijwilligers en in goed ûnderwiisprogramma. Oan pjutten dy’t bleu binne, wurdt mear omtinken jûn. Pjutten dy’t te entûsjast binne, wurde wat ôfremme om yn balâns te kommen.

As gefolch fan ’e oandacht en leafde dy’t de pjut fielt, sil de pjut him sa gau mooglik thúsfiele op it pjutteboartersplak. Dêrnei kin de pjut pas aktyf begjinne mei learen. As in bern nammentlik yn eangst libbet of him net frij fielt, dan is syn oandacht foaral rjochte op dy prosessen en net op it learen. De enerzjy fan it bern is dwaande mei prosessen mei as gefolch dat it net oan learen takomt.

1.3. Fisy

Elk bern mei him yn feiligens en wille boartsjendewei ûntwikkelje. Eltsenien hat struktuer nedich. Oan ’e hân fan deiritmekaarten wurdt de pjutten struktuer oanbean. Troch belangstellingsûnderwerpen wurde pjutten nijsgjirrich makke. Troch pjutten te observearjen, besykje wy om se de krekte aktiviteiten oan te bieden, sadat it bern him sa optimaal mooglik ûntwikkelje sil. Nei oanlieding fan dy observaasje wurdt romte, in aktiviteit of in learmomint oanbean dêr’t wy yn

3 | P a g i n a

Page 5: Pedagogysk beliedsplan · Web viewPedagogysk beliedsplan De Westereen Ynhâld Foarwurd- 2 Fisy en doelstelling- 3 1.1.Algemien 1.2.Misje 1.3 Fisy Pedagogyske Fisy- 4 2.1.Us basisprinsipes

merke dat dy learaktiviteit oanslacht by de pjut. De learling hat wille, fielt him feilich en it boartsjen is learen en omkeard.

2. PEDAGOGYSKE FISY

Alders binne en bliuwe earst ferantwurdlik foar harren bern: sy drage de opfiedingsferantwurdlikheid. It gesin is it plak dêr’t it opfieden plakfine moat. As pjutteboartersplak kinne wy wol in opfiedingsstypjende rol ferfolje. Wy fersoargje, begeliede en helpe it bern dêr’t it nedich is. Us fisy op ’e soarch en begelieding fan ’e bern wurdt safolle mooglik ûntliend oan ’e prinsipes dy’t de Bibel ús meijout.

2.1. Us basisprinsipes:

Elk bern is weardefol: Bern binne in kostber geskink fan God. Alders fertrouwe de soarch fan har bern oan ús ta. Dat is in bysûndere taak en dêr wolle wy op in goede wize ynfolling oan jaan. Bern binne tige wolkom en wurde sjoen en heard. De meiwurksters bouwe in bân op fan fertrouwen troch in leafdefolle benadering.

Elk bern is unyk en hat talinten: Bern binne unyk makke troch God mei har eigen persoanlikheid en talinten. It bern mei leare om dy talinten te brûken yn tsjinst fan God en de neiste. Op it pjutteboartersplak stiet de ûntwikkeling fan ’e eigen persoanlikheid, talinten en kwaliteiten fan it bern sintraal. Liedsters hawwe dêrom belangstelling, ynteresse en omtinken foar de bern. Sy meie foarkarren hawwe om wat te dwaan. Wy daagje de bern ek út om wat nijs út te probearjen, sadat se har nije feardigens eigen meitsje. It aktiviteite-oanbod is fariearre, sadat bern har breed ûntwikkelje kinne. Tink oan hark- en geurspultsjes, in rollespul, ferklaaien, dûns, muzyk en kreative feardigens.

Elk bern mei sjoen wurde en mei der ‘wêze’: Bern meitsje diel út fan in gesin dêr’t mei elkoar libbe wurdt. Wy libje mei it gesin mei en hawwe belangstelling foar relaasjes en it wol en wee fan ’e famyljeleden. Dat uteret him ûnder oaren troch in kleurplaat foar in sike beppe te meitsjen en wy bidde derfoar. As der in poppe by tante en omke berne is, mei it bern ek in kadoke meitsje, ensafuorthinne. Wy leare om rekkening te hâlden mei elkoar en om elkoar te helpen. De sfear is húslik en lytse sithoekjes noegje út om by elkoar te sitten mei in boek of in pop of puzzel. Wy lêze alle moarnen in ferhaal út ’e Pjuttebibel en libje bewust nei de Kristlike feesten ta. Bern drage by troch mei te helpen mei lytse taken en troch elkoar te helpen, en spontaan sjogge je dat se elkoar treaste as ien ris fertriet hat. Wy hawwe de ferantwurdlikheid om goed op ússels te passen en mei elkoar, ús middelen en ús omjouwing om te gean. Wy wolle bewust omgean mei ús Skepping. Natuer en duorsumens binne belangryk foar ús. Wy wurkje mei tema’s om natuer en seizoenen hinne. Wy wurkje mei kosteleas materiaal en boartsje faak bûten, ek ûnder wikseljende waarsomstannichheden.

2.2. Piramidemetoade/VVE

By Piramide/VVE giet it om it aktyf en kreatyf stimulearjen fan ’e ûntwikkeling fan pjutten. Der wurde aktyf wurden en begripen oanleard. De pjut wurdt aktyf stimulearre om te praten. Mei de tematafel yn ’e hal mei materiaal en skurteboeken wurdt it bern yn kontakt brocht mei boeken. Yn ’e rêstromte wurdt in skurteboek nei kar foarlêzen, wy leare opsisferskes en sjonge ferskes. Ien fan ’e ûnderdielen fan Piramide is it oanbringen fan struktuer yn it programma. Dat soarget foar dúdlikheid troch deiritmekaarten. It programma sjocht der sa út:

4 | P a g i n a

Page 6: Pedagogysk beliedsplan · Web viewPedagogysk beliedsplan De Westereen Ynhâld Foarwurd- 2 Fisy en doelstelling- 3 1.1.Algemien 1.2.Misje 1.3 Fisy Pedagogyske Fisy- 4 2.1.Us basisprinsipes

5 | P a g i n a

Page 7: Pedagogysk beliedsplan · Web viewPedagogysk beliedsplan De Westereen Ynhâld Foarwurd- 2 Fisy en doelstelling- 3 1.1.Algemien 1.2.Misje 1.3 Fisy Pedagogyske Fisy- 4 2.1.Us basisprinsipes

9.00 - 9.30 wolkom mei boartsjen/ ridend materiaal 9.30 - 9.45 earste rûnte, oanwêzigens/ Bibelferhaal en liet 9.45 -10.30 frij boartsjen/ kreative feardigens10.30-10.45 hannen waskje / 2e rûnte/ fruititen / taalaktiviteit10.45-11.00 opromje/ húske11.00-11.25 bûten boartsje/ pjuttegym11.25-11.30 lêste rûnte /ôfsluting / binnen of bûten op ’e bankjes

By elke pjut wurdt ien kear in taaltoets ôfnommen. Wy brûke de toetsmetoade fan ’e Piramidemetoade fan CITO. By twivel bart dat in kear ekstra. As der oanlieding foar is, wurdt in saakkundige ynskeakele.

De tema’s dy’t wy brûke, komme út ’e temaboeken fan Piramide en wurde brûkt yn gearwurking mei de ûnderbou fan “De Boustien” yn De Westereen. Dizze tema’s komme dêryn nei foarren:

o Wolkom/ Feilicho Bistedei/ Skeppingo Hjerst/ Groeien mei blombollen plantsjeno Sinteklaas/ Mozeso Kryst / Krystfeesto Winter/ Keningsliedo Siik en sûn/ Wa bin ik?o Klean/ poppe: grut en lyts o Maitiid => ûnder oaren aaien/pykjes beethâlde/skiepo Keninginnedei/ Feesto Peaske/ Memmedei o Boarterstúno Keunst/ Heitedeio Simmertiid

2.3. Pedagogyske prinsipes/hânfetten:

Yndividuele oandachtAs liedsters soargje wy derfoar dat elk bern yndividuele oandacht krijt. By ynkomst hjitte wy de bern wolkom en meitsje wy in praatsje mei de âlders/fersoargers. Under de moarn soargje wy derfoar dat elk bern yndividuele oandacht krijt. Dat kin wêze troch in boek, in puzzel, in fantasyspul yn ’e húshoeke of duplo, megablocks of littlepeople (ensafuorthinne) yn ’e bouhoeke. Wy stribje dernei om dat mei soarch te dwaan. Elk bern is in belangryk yndividu.

Romte jaan/ de pjut mei himsels wêzeWy fine it belangryk om de pjut te akseptearjen sa’t dy is. Wy besykje om it te befêstigjen as se wat posityfs moai fine. In rêstige pjut mei rêstich wêze, alhoewol’t wy him wol útdaagje om him wat mear út ’e skulp komme te litten. In drukke pjut mei wat drokker wêze, sûnder ferfelend te wurden foar oaren. In pjut dy’t graach lêze wol, mei ekstra lêze. Ien dy’t in protte fytse wol, mei fytse, ensafuorthinne. Je binne goed sa’t je binne, je meie dwaan wat je moai fine (binnen grinzen fansels).

Observearje

6 | P a g i n a

Page 8: Pedagogysk beliedsplan · Web viewPedagogysk beliedsplan De Westereen Ynhâld Foarwurd- 2 Fisy en doelstelling- 3 1.1.Algemien 1.2.Misje 1.3 Fisy Pedagogyske Fisy- 4 2.1.Us basisprinsipes

Ien fan ’e belangrykste dissiplines dy’t wy hantearje is it goed observearjen fan ’e pjutten. Hawwe se bygelyks wille, ûntwikkelje se har goed, fertoant de pjut normaal gedrach? Sit de pjut net goed yn syn fel: wat kin de oarsaak dan wêze en hoe kinne je dêr wat oan dwaan? As wy nei it observearjen de krekte oarsaak fêststeld hawwe, dan besykje wy om de pjut troch aksjes wer op it goede spoar te krijen.

Stimulearje/ beleaneWy besykje om normaal en goed gedrach altyd posityf te beneamen. Wy litte oan ’e pjutten merke dat wy it moai fine as se har goed hâlde en drage. Wy besykje om wille mei te bern te belibjen. Troch al dy ferskillende en ôfwikseljende wurkfoarmen slagget dat hiel goed.

Oandacht jaanWy besykje om oan eltsenien op in lykweardige wize omtinken te jaan: wy sjogge dy, wy libje mei dy mei, wy wurdearje dy sa’tst bist.

Grinzen yn ’e gaten hâldeOmdat der altyd gefaar driget en omdat pjutten út en troch noch net goed har grinzen kenne en yn ’e gaten hawwe, binne wy konstant alert op ûnakseptabele situaasjes.

Aktyf ûntdekke litteBy de tema’s of foarfallen dy’t plakfine attindearje wy de pjut dêrop. Foarbylden binne snieklokjes besjen, blombollen plantsje, pykjes op skoalle sjen litte, nei de lamkes gean, in boeketafel ynrjochtsje, as it snijt de kjeld fiele, ensafuorthinne.Alle sintugen wurde dan aktyf ynskeakele. Rûk mar ris oan blommen bygelyks, fiel mar ris oan snie of in pykje, sjoch mar ris nei in ingeltsje, harkje mar nei de muzyk, ensafuorthinne.

Leare om je te konsintrearjenIen fan ’e dreechste ûnderdielen foar pjutten is de konsintraasje opbringe om bygelyks nei in ferhaal te harkjen.Guon pjutten hawwe dêr in soad muoite mei. De keunst is om de ferhalen sa ynteressant te fertellen dat je de pjutten boeie. As it ferhaal net oanslacht, dan geane wy net al te lang troch, om foar te kommen dat de ynteresse foar ferhalen ferdwynt. De lingte fan ferhalen besykje wy hieltyd langer te meitsjen. De maksimale lingte is likernôch tsien minuten.

Leare om yn in groep te funksjonearjenAs tarieding op ’e legere skoalle, dêr’t meastentiids yn groepen wurke wurdt, leare wy de pjutten om yn in groep te funksjonearjen. De presinsje, it fertellen fan ’e ferhalen, de wurkjes en it ôfsluten barre yn in groep.

7 | P a g i n a

Page 9: Pedagogysk beliedsplan · Web viewPedagogysk beliedsplan De Westereen Ynhâld Foarwurd- 2 Fisy en doelstelling- 3 1.1.Algemien 1.2.Misje 1.3 Fisy Pedagogyske Fisy- 4 2.1.Us basisprinsipes

3. FAN FISY NEI PRAKTYK

De fisy op bern is no bekend. Dy liedt ta de doelstellingen en de deistige ynfolling derfan op ‘t Flinterke: yn ’e wet Berne-opfang wurdt oanjûn dat de oerheid ferstiet ûnder kwaliteit: “Ferantwurde berne-opfang en pjutteboartersplakwurk dat bydraacht oan in goede en sûne ûntwikkeling fan it bern yn in feilige omjouwing.” Foar de pedagogyske ûnderbouwing fan ’e wet Berne-opfang is keazen foar de fjouwer opfiedingsdoelen fan professor J.M.A. Riksen-Walraven.

o Emosjonele feiligens biedeo Gelegenheid biede ta it ûntwikkeljen fan persoanlike kompetinsjeso Gelegenheid biede ta it ûntwikkeljen fan sosjale kompetinsjeso De kâns biede om jin de wearden, noarmen en kultuer fan ’e maatskippij eigen te meitsjen

Dy opfiedingsdoelen slute goed oan by de basisprinsipes fan ‘t Flinterke: it bern is kostber en unyk en hat talinten. Elk bern wurdt sjoen en mei der wêze.

3.1 It bieden fan feiligens

’t Flinterke set him aktyf yn foar de feiligens en sûnens. Wy hawwe protokollen dêr’t dúdlik yn beskreaun stiet hoe’t meiwurkers feilich en sûn hearre te hanneljen op ’e groep. Wy sjogge derop ta dat eltsenien dy’t der wurket op ’e hichte is fan ’e protokollen en dat dy op ’e goede wize útfierd wurde. De GGD kontrolearret alle jierren oft de opfanglokaasje foldocht oan alle easken fan feiligens en sûnens.

De groepsyndieling: de bern sitte yn fêste groepen mei deselde liedsters en frijwillichsters. De ferhâlding tusken it tal liedsters en it tal bern is sa dat der meastentiids twa of trije liedsters op ’e groep oanwêzich binne.

Efterwacht: as der yn gefal fan kalamiteiten in ekstra krêft nedich is, kin in liedster belle wurde dy’t dan yn minder as fiif minuten oanwêzich is.

Fêste beropskrêften en frijwillichsters

Bern binne hechte oan har âlders en oare famyljeleden. Op it pjutteboartersplak kinne de bern in bân opbouwe mei de liedster en mei de bern ûnderling. De oanwêzigens fan ’e fêste beropskrêft is befoarderlik foar de fearkrêft fan bern en is de basis om in goede relaasje tusken dy twa ûntstean litte te kinnen. Wy sjogge nei in lykwichtige gearstalling fan it team, sadat de bern altyd de kâns hawwe op in goede oansluting mei de liedster. Der wurdt letten op ’e wize hoe’t it bern benadere, oansprutsen, treasten, befêstige, oanmoedige en útlein wurdt as it nedich is. De meiwurksters lette op in goede fersoarging fan it bern, boartsje mei de bern en meitsje wille.De dei-yndieling: wy hâlde in fêste dei-yndieling oan mei fêste ûnderdielen dy’t troch de bern folge wurde op ’e deiritmekaarten. Fêste rituelen binne ek ûnderdiel fan it programma, sa as bidde, wachtsje op elkoar mei iten en drinken, it fieren fan in jierdei en it wolkomhjitten fan in nij bern yn ’e groep. Der wurdt rekkenhâlden mei it yndividuele ferlet fan âlders en bern, dat bepraat wurdt by it yntakepetear. De moarnsyndieling is fierder útwurke yn it Pedagogysk Wurkplan.

8 | P a g i n a

Page 10: Pedagogysk beliedsplan · Web viewPedagogysk beliedsplan De Westereen Ynhâld Foarwurd- 2 Fisy en doelstelling- 3 1.1.Algemien 1.2.Misje 1.3 Fisy Pedagogyske Fisy- 4 2.1.Us basisprinsipes

3.2 Untwikkeljen fan persoanlike kompetinsjes

De ûntwikkeling fan persoanlike kompetinsjes is it befoarderjen fan persoansskaaimerken sa as: fleksibiliteit, kreativiteit, selsbetrouwen, selsstannichheid, fearkrêft en it probleemoplossend fermogen. Bern moatte har dy skaaimerken eigen meitsje, lykas it praten, tinken en bewegen. Troch it nei te dwaan, út te probearjen en útdage te wurden, wurde al dy aktiviteiten ûntwikkele. Elk bern is unyk en ûntwikkelet him op syn eigen wize en tempo. Pedagogyske meiwurkers besykje om dy ûntwikkelingen te stimulearjen. Hjirûnder wurde ferskate ûntwikkelingsmêden fan in bern wiidweidich beskreaun.

Hokker ûntwikkelingsmêden binne der by de pjutten

1 Sosjaal-emosjonele ûntwikkeling

Foardwaan/neidwaanIn part ûntwikkelet him trochdat je mei elkoar yn in romte binne mei meardere persoanen, pjutten en âlders. De âlders en de wat âldere pjutten hawwe ûnder oaren de rol om foarbyld te wêzen yn sosjaal gedrach foar de jongere pjutten. Pjutten (eins alle minsken) observearje in oar en dogge de oar, faak ûnbewust, nei.Bygelyks: As der in rûnte-aktiviteit is, dan wol in part fan ’e nije pjutten noch net yn ’e rûnte sitte. Nei in oantal kearen dogge de measte pjutten út harsels mei yn ’e rûnte. Foarbylden dogge se nei. Eltsenien sit yn in rûnte en harket; sa ûntstiet der troch it foardwaan/neidwaan yn dit gefal sosjaal groepsgedrach.

Priizgje/oanmoedigjeHast alle pjutten reagearje hiel posityf op komplimintsjes. As se earne mei dwaande binne en se wurde priizge as se wat goed dogge, dan befoarderet dat harren selsbetrouwen en it sosjale gedrach enoarm. “Wat kinsto goed harkje”, “wat hasto dat moai makke”, “wat moai datsto der wer bist”, ensafuorthinne. De pjut sil de oare kear allinne al troch it komplimint noch better harkje, eat noch moaier meitsje, him noch entûsjaster oanmelde, ensafuorthinne.

StruktuerTroch de oanbieding fan struktuer leart de pjut wat der fan him ferwachte wurdt. Dêr ûntstiet ek sosjaal gedrach troch. De pjut wit wat der fan him/har ferwachte wurdt en sil dêr neffens hannelje.

Unakseptabel hâlden en dragenBy guon pjutten sjogge je ûnakseptabel hâlden en dragen, sa as klauwen, slaan, skreauwen, net harkjen, fernielen, ensafuorthinne.By dat ûnakseptabele hâlden en dragen wurdt de pjut direkt, mei eachkontakt, persoanlik oansprutsen op syn gedrach. Der wurdt dúdlik makke dat soks net kin. Salang’t de pjut derûnder útkomme wol, wurdt de pjut op skoat nommen en op skoat hâlden oant it stuit der is dat de pjut it boadskip oernimt. Wy fertelle dan dúdlik wat wy net goed fine. Dan mei hy/sy wer fierder gean mei syn/har aktiviteit.

Dêrnei wurdt de pjut aktyf folge om him der direkt op oansprekke te kinnen as er wer in flater makket. Dus, direkt nei de pjut ta om him/har wer op skoat te nimmen en it ferkearde hâlden en dragen wer dúdlik te meitsjen.It is belangryk om dan ek posityf foar de pjut oer te bliuwen. Wy bliuwe posityf foar de pjut oer, mar karre in hanneling of beskaat hâlden en dragen ôf.

9 | P a g i n a

Page 11: Pedagogysk beliedsplan · Web viewPedagogysk beliedsplan De Westereen Ynhâld Foarwurd- 2 Fisy en doelstelling- 3 1.1.Algemien 1.2.Misje 1.3 Fisy Pedagogyske Fisy- 4 2.1.Us basisprinsipes

Minder ekstreem ûnakseptabel hâlden en dragen wurdt bewust negearre. Meastentiids lost it him dan fansels op.

2 Persoanlikheidsûntwikkeling en redsumens

Trochdat de pjut yn in omjouwing komt dêr’t er mei oare pjutten omgiet en meinommen wurdt yn lêzen, boartsjen en nifeljen, sil er him persoanlik ûntwikkelje. Trochdat de pjut stimulearre wurdt yn ’e dingen dy’t hy/sy goed docht en dêryn wurdearre wurdt, sil de pjut mear selsbetrouwen krije. Us oertsjûging is dat er selsbetrouwen ûntwikkelet troch him kompliminten te jaan by in posityf hâlden en dragen. Trochdat de pjut yn kontakt komt mei bern fan ’e selde âldens, sil de pjut leare om dêr op in goede wize mei om te gean.Der binne tiden dat de pjut sels kieze moat wat hy/sy dwaan sil.De pjut sil letterlik falle, mar hy/sy sil leare dat je dêrnei ek gewoan wer oereinkomme kinne. De pjut leart om te ynkassearjen en wurdt dêrtroch striidberder.

3 Kreative ûntwikkeling

Kreativiteit wurdt oanleard troch it oefenjen fan wurkjes. Dêr hearre it knippen, plakken, tekenjen, fervjen, mei klaai boartsjen, yn ‘e sânbak boartsjen, sântaartsjes bakken en sa by. Dêrneist is der romte foar de pjut om syn eigen kreativiteit (fantasy) te uterjen en te belibjen yn ’e frije romte.

Boartsje en ûndertusken ûntdekke

Moarns komt de pjut yn ’e grutte seal en dêr steane allegear boarters- en learattributen klear. De pjut is frij om se te ûntdekken. De liedsters besteegje foaral tiid oan ’e ûntfangst fan ’e pjutten, sadat se har op har gemak fiele. Dêrneist helpe se de pjutten om in aktiviteit út te kiezen as se it gefoel hawwe dat in pjut dat nedich hat. De liedster kin bygelyks mei de pjut mei klaai begjinne te boartsjen, se kin knikkerje, bouwe, itensiede, lêze of puzzelje.

Der is in:o Keukenhoeke mei keuken, boarden, kopkes, fruit, etazjêre met taartsjes, poppebedsje,

poppen en klean, bernewein, in poppebadsje, dokterskoffer en noch folle mear.o Bouhoeke met blokken, boartersguodauto’s en in garaazje, boartershûs, buorkerij en in

sitkesseno Lêshoeke mei boeken en in krûpbist en eventueel puzzelso Groepstafel dêr’t mei in liedster mei klaai boarte en puzzele wurde kin en dêr’t kralen rige

wurde kinne, ensafuorthinne.o In boerd mei magneten en in krytboerdo Der steane trijetsjillers, in glydbaan en in wipein klear

As it moai waar is, dan wurdt der bûten boarte op it plein.

o Der binne twa sânbakken mei in lid derop, skeppen, harken, amers en bakjeso Wettertafel (yn ’e simmer)o Trijetsjiller, rinauto’s, trekker mei karre, frachtwein en in kroadeo Hobbelwipo Sântafel om koekjes en oar iten op te bakkeno Sêfte ballen

10 | P a g i n a

Page 12: Pedagogysk beliedsplan · Web viewPedagogysk beliedsplan De Westereen Ynhâld Foarwurd- 2 Fisy en doelstelling- 3 1.1.Algemien 1.2.Misje 1.3 Fisy Pedagogyske Fisy- 4 2.1.Us basisprinsipes

11 | P a g i n a

Page 13: Pedagogysk beliedsplan · Web viewPedagogysk beliedsplan De Westereen Ynhâld Foarwurd- 2 Fisy en doelstelling- 3 1.1.Algemien 1.2.Misje 1.3 Fisy Pedagogyske Fisy- 4 2.1.Us basisprinsipes

Foar de gymnastyk brûke wy:o Toutsjeso Sêfte balleno Linteno Tamboeryno Cd-spilero De spegelmuorre

Der is alle dagen in part ynrjochte foar it wurkjen mei ûntwikkelingsmateriaal. Dan leare wy de pjutten om om te gean mei it kleurjen en fervjen en mei materialen as lym, klaai en skjirren. Omdat dêr begelieding foar nedich is, wurdt dat yn lytse groepkes útfierd.

It bern komt yn oanrekking mei materialen dy’t noch net foarme binne, sa as ferve, klaai, sân en wetter. It bern kin dy materialen ûntdekke en dermei eksperimintearje. Se ûntdekke troch mei materiaal te eksperimintearjen en mei lytse en grutte romtes om te gean. Sa wurdt it bern troch de ûnderfining dy’t it al boartsjend opdocht wizer.

Dêrneist binne der wurkfoarmen sa as it frije boartsjen, it rollespul, it fantasyspul, ekspressive spul en kreative spul.

4 Motoaryske sintúchlike ûntwikkeling

De fine motoryk wurdt foaral oefene troch it meitsjen fan ’e ferskate wurkjes. Dêrneist is der ek romte om te boartsjen: te puzzeljen, poppen oan te klaaien, te bouwen yn ’e bouhoeke en te boartsjen mei de keuken.Omdat der in grutte boartersromte is, binne der ek genôch mooglikheden om ienfâldich te gymnastykjen en te riden op boartersguodtrekkers.

Hoe’t de romtes brûkt wurdeYn ’e grutte seal is der romte om te boartsjen. Dêr wurdt mei elkoar de dei begûn en ôfsletten. De grutte seal is ideaal troch har romte. Bern hawwe dêr de frijheid en leare om sels te kiezen wat se dwaan wolle. As liedsters hawwe wy oersjoch en is der faak ien dy’t oan ’e tafel sit mei wurkjes/puzzels foar yndividuele oandacht.Dêrneist is der in keammerke dêr’t de bern hinne geane foar it fruititen, boeklêzen en nifeljen. Dêr kinne de bern rêstich oan in tafel sitte. Dy romte is dan ek bedoeld om in rêstich plakje te kreëarjen dêr’t in boek lêzen wurde kin of dêr’t bern in nifelwurkje meitsje kinne.De romtes wurde spesifyk brûkt by dy beskate aktiviteiten, mar tuskentroch hawwe de bern sels de frijheid om te kiezen wêr’t se hinne geane. Der is altyd in liedster/helpliedster by de bern oanwêzich.

5 Untwikkeling fan waarnimming

Troch de ferskate wurkfoarmen en de ferskate tema’s wurdt de waarnimming aktyf aktivearre. De pjutten wurde ek meinommen om bygelyks bisten en planten te besjen.Dan wurde de sintugen faak bewust prikkele troch te fielen, sjen, rûken, harkjen en priuwen. Eins wurdt mei alle aktiviteiten de waarnimming ûntwikkele.

12 | P a g i n a

Page 14: Pedagogysk beliedsplan · Web viewPedagogysk beliedsplan De Westereen Ynhâld Foarwurd- 2 Fisy en doelstelling- 3 1.1.Algemien 1.2.Misje 1.3 Fisy Pedagogyske Fisy- 4 2.1.Us basisprinsipes

6 Taalûntwikkeling en kommunikaasje

Taalûntwikkeling is ien fan ’e spearpunten yn ’e ûntwikkeling fan ’e pjut. De haadsprektaal is it Frysk. De haadlêstaal is Nederlânsk. Beide talen wurde neist elkoar brûkt. Wy besykje bewust om de talen neist elkoar te brûken. De jiskefetamer Kikkert praat bygelyks Nederlânsk. In ferhaal wurdt út en troch yn it Nederlânsk ferteld en út en troch yn it Frysk. De pjutten leare sa yn earste ynstânsje om beide talen te folgjen en foar de measte pjutten om yn in letter stadium beide talen te praten. Se leare om te harkjen yn in groep. Se leare te praten yn in groep. Se leare begripen oan.

Wy dogge mei oan it Tomkeprojekt yn ’e wike fan juny. Wy krije tastimming fan ’e beliedsmeiwurker fan gemeente Dantumadiel, frou Akky Visser, om it trajekt “Twataligens” te begjinnen. Yn juny 2012 binne wy mei dat trajekt begûn. Dat wurdt yn opdracht fan Provinsje Fryslân troch SFBO útfierd. Wy krije begelieding op ’e wurkflier om sa offisjeel sertifisearre twatalich te wurden. By beskate ûnderdielen wurdt bewust Nederlânsk praat, lykas by it foarlêzen of mei in hânpop. Ferskes en opsisferskes binne yn allebeide talen. Frou Janny Posthumus begeliedt ús dêryn. Se beoardielet ús as tige talich mei in skat oan ferskes en ferhalen en opsisferskes.

7 Tinkûntwikkeling

Troch alderhande aktiviteiten oan te bieden, sjogge je dat it tinken him ûntwikkelet. Se hearre ferhalen, se meitsje wurkjes, se eksperimintearje mei boartsjen, se komme yn kontakt mei âlderen, mar ek mei bern dy’t like âld binne. Troch iepen fragen te stellen en te freegjen nei it hoe en wêrom wurdt it tinken ûntwikkele en leart it bern om syn tinzen ûnder wurden te bringen.

8 Oriïntaasje op romte

Se ûntdekke de lytse romtes sa as it bouwen mei blokken. Mar ek de grutte romtes. Tink oan besites oan skiep yn it lân. Se ûntdekke it pjutteboartersplak, mei in boartersseal, mar ek in keammerke dêr’t se wurkjes meitsje of fruit ite. De bûtenromte ûntdekke se ek.

9 Morele ûntwikkeling

Bern wolle der graach by hearre en hawwe ferlet fan goedkarring. Se binne ûntfanklik foar regels en rituelen dy’t je mei elkoar hawwe. Se leare om sizzen te jaan en om har te behearskjen. Foarbylden binne:

o Emoasjes op in akseptabele wize uterjeo It besef dat it eigen hanneljen wat feroarsaakje kino Ferantwurdlikheid en skuldbesef toaneo It om sizzen jaano Respekt foar de oar

13 | P a g i n a

Page 15: Pedagogysk beliedsplan · Web viewPedagogysk beliedsplan De Westereen Ynhâld Foarwurd- 2 Fisy en doelstelling- 3 1.1.Algemien 1.2.Misje 1.3 Fisy Pedagogyske Fisy- 4 2.1.Us basisprinsipes

Sinjalearjen fan pjutten

De probleemleaze pjutWy stribje dernei om de pjutten sa natuerlik mooglik ta in gedrach en ûntwikkeling komme te litten, sadat se probleemleas de oerstap nei de legere skoalle meitsje kinne. Der binne pjutten dy’t maklik en meigeand binne. Se binne sosjaal feardich. Seker genôch, net te drok en sindlik. Dy pjutten kinne groeie yn it harkjen, taalfeardigens, begripekennis, konsintraasje, sosjaal groepsgedrach, it praten, de motoaryske feardigens, ensafuorthinne.

De ûnwisse/skruten/weromlutsen pjutDe pjut dy’t te skruten is, sil ekstra stimulearre wurde, sûnder optwingerich te wurden. Foaral as se wat goed dogge, sille se dêrfoar priizge wurde. Wy besykje om se dêrtroch wisser te meitsjen en selsbetrouwen te jaan.Yn ’e groep wurde se bygelyks ek útdage om wat yn ’e groep te sizzen, hoe ienfâldich ek. Der wurdt op tasjoen dat de druk net te grut wurdt, om foar te kommen dat je it doel foarbysjitte en dat it bern him just wer ûnwisser fiele sil.

De te frije/drokke pjutDe te frije/drokke pjut sil foaral sterk begelaat wurde moatte op ’e punten dêr’t syn hâlden en dragen ûnakseptabel is/wurdt. Meastentiids is dy pjut direkt te werkennen en dêr wurdt direkt dúdlik op stjoerd, sadat de pjut sa gau mooglik leart om himsels te betwingen.Alles dat ûnakseptabel is, wurdt direkt rêstich dúdlik makke oan ’e pjut. By it net trochkringen fan ’e boadskip wurdt de pjut op skoat nommen. Sadree’t de pjut rêstich is, mei de pjut wer fierder boartsje of wer yn ’e rûnte sitte by in groepsbarren. Eventueel wurdt op skoat noch in kear dúdlik makke wat wy fan ’e pjut ferwachtsje.

Egosintryske pjutPjutten dy’t nij binne, kinne behoarlik ik-rjochte wêze. Troch alle boarters- en karmooglikheden leart de pjut om minder ik-rjochte te wêzen. As ien earne mei boartet, dan mei it net ôfpakt wurde. In egosintryske pjut wol dan nochal ris ûnakseptabel hâlden en dragen fertoane sa as slaan, klauwen, fjochtsjen, skreauwen, kriten, ensafuorthinne. By sok hâlden en dragen wurdt op ’e selde wize as by de te drokke pjut reagearre. Wy binne dêr hiel alert op.

De net-sindlike pjutIen fan ’e earste trainingen dy’t oppakt wurdt, is de sindlikheidstraining. Mei de âlder wurdt trochnommen hoe’t dat thús ek it bêste oanpakt wurde kin. Wy advisearje om dêr tiid foar frij te meitsjen en de pjut skerp te observearjen. Yn in petear kin de pjut al dúdlik makke wurde dat er op it húske pisje moat. Der kin alfêst oefene wurde op it húske. It is belangryk dat dêr gjin stres ûntstiet. Dan sjitte je je doel nammentlik foarby. Fierder is it it handichste om thús eventueel allinne in ûnderbroekje oan te hawwen. Op it stuit fan pisjen, merkt de pjut dat it oars fielt. As je skerp oplette, dan kinne je dan direkt yngripe en nei it húske gean. As it bern dan foar it earst op it húske pisset, is it stimulearjend om de pjut te priizgjen foar dat resultaat.Op it pjutteboartersplak wurdt de pjut dy’t noch net sindlik is ekstra yn ’e gaten hâlden; der is nei it fruititen standert in tiid dat eltsenien efkes nei it húske gean kin. As der in skjinne broek nedich is, dan wurdt de pjut ferskjinne. De pjut krijt ferklaaiklean mei fan thús.

14 | P a g i n a

Page 16: Pedagogysk beliedsplan · Web viewPedagogysk beliedsplan De Westereen Ynhâld Foarwurd- 2 Fisy en doelstelling- 3 1.1.Algemien 1.2.Misje 1.3 Fisy Pedagogyske Fisy- 4 2.1.Us basisprinsipes

3.3 Untwikkeling fan sosjale kompetinsjes

By de sosjale ûntwikkeling giet it derom hoe’t it bern mei oaren omgiet en hoe’t it bern himsels sjocht yn relaasje ta oaren. Jonge bern binne mear op har âlders of fersoargers rjochte. Pas yn ’e pjutte- en beukertiid ûntstiet mear omtinken foar bern fan ’e selde âldens. Harren wrâld wurdt hieltyd grutter en dat liedt derta dat se har sosjaal hieltyd fierder ûntwikkelje kinne. Sy leare harsels better kennen, ek as persoan, los fan it gesin dêr’t se útkomme. Under it boartsjen mei bern fan ’e selde âldens leare sy om har te ferpleatsen yn oaren, rûzjes op te lossen en ferskillen te oerbrêgjen.Foarbylden fan sosjale kompetinsjes:

o Help freegje en ûntfangeo Gefoel fan derby hearren en it ferbûn wêzen mei oareno It mei elkoar boartsjeno Leare om in oar te sjen as in persoan mei gefoelenso Bydrage oan it gehiel, helpe: it behelpsum wêzen wurdt stimulearre, net optwong

De sosjale ûntwikkeling fan pjutten Pjutten binne noch op harsels rjochte. Se kinne noch net goed mei oaren boartsje. Dat komt omdat har ynlevingsfermogen noch net ûntwikkele is. Se begripe net dat in bern pine hat as je him triuwe of fertriet hat as je syn boartersguod ôfpakke. Fan sa’n trije jier ôf rjochtsje sy harren blik hieltyd mear op bern dy’t like âld as harren binne. Se ûntdekke dat it moai is om mei oaren op te lûken en krije wille yn it mei oaren boartsjen. Se sykje noch wol in soad stipe en treast by fertroude folwoeksenen.

MienskipssinBern meitsje yn it earste plak diel út fan in gesin. Dêr leare se om mei elkoar ferbûnens te fielen en foar elkoar te soargjen en wurde mei elkoar noarmen en wearden dield. It pjutteboartersplak is in groep bûten it gesin. Se meitsje ten’lêsten ek diel út fan ’e maatskippij. Wy fine de mienskipssin hiel belangryk; dêrom wurde bern yn fêste groepen pleatst mei in fêste liedster. Dêrtroch krije de bern de kâns om freonskippen mei elkoar oan te gean. De skoften dat se yn ’e rûnte sitte, binne in belangryk mei elkoar wêzen. Bern kinne har ferhaal kwyt en kontakt mei elkoar meitsje. Jierdeis wurde echt fierd en dat befoarderet de ienichheid.

De rol fan ’e liedsterIn goede relaasje tusken bern en liedster leit oan ’e basis fan in goede pjutteboartersplaktiid. Elk bern hat hechtingsfigueren yn syn of har libben nedich om him of har goed ûntwikkelje te kinnen. Us meiwurkers binne har bewust fan hechting by bern en geane dêr mei soarch mei om. Bern brûke har lichem by it uterjen en ferwurkjen fan har gefoelens; dat is lichemstaal of nonferbale kommunikaasje. De liedsters binne dêr alert op; se kenne de bern goed en reagearje derop. Dy lytse bern kinne har gefoelens noch net ûnder wurden bringe. De liedster helpt it bern troch te beneamen wat se by it bern sjocht: “Bist fertrietlik? Wat kinne wy foar dy dwaan?” De liedster hâldt de groepssfear sa yn ’e gaten dat elk bern ta syn rjocht komt.

15 | P a g i n a

Page 17: Pedagogysk beliedsplan · Web viewPedagogysk beliedsplan De Westereen Ynhâld Foarwurd- 2 Fisy en doelstelling- 3 1.1.Algemien 1.2.Misje 1.3 Fisy Pedagogyske Fisy- 4 2.1.Us basisprinsipes

3.4 Noarmen en wearden

Wearden binne grûnbegjinsels dy’t ús fertelle wat wol of net belangryk is yn ús libben, wat wol of net winsklik is en wat wol of net goed is. Noarmen binne de skreaune of net-skreaune regels en ôfspraken dy’t basearre binne op wearden. Der wurde Kristlike noarmen en wearden meijûn oan bern sa as leafde en respekt foar elkoar, it helpen fan elkoar, freonlikheid, ferjaan, selsbehearsking en dat je earlik, geduldich, myld, trou en sêft wêze moatte. Gjin leagentsje út goederbêstens is tastien.

Morele ûntwikkelingDe perioade dat de pjutten tusken de trije en fjouwer jier binne, is belangryk foar it ûntwikkeljen fan it morele besef. Se witte wat goed is en folgje noarmen fan ’e omjouwing. Bern kinne noch net goed beredenearje wêrom’t de regels binne sa’t se binne. Se rjochtsje har mear op ’e regel sels en op ’e persoan dy’t se stelt. Se binne gefoelich foar straf en beleaning. Se witte as se earne straf foar krije, dat wat net goed is en dat it dus net mei. Krije se in beleaning, dan is it goed en mei it dus wol.Op dy leeftyd is it dus hiel belangryk om dúdlikheid te bieden: net te folle regels, mar wol dúdlike regels en se der konsekwint op oansprekke as in regel oertreden wurdt. Dêrneist just priizgje en beleane as se it goed dogge.Wannear’t de noarmen en wearden fan âlders ôfwike fan dy fan ús organisaasje, besykje wy om dêr rekken mei te hâlden en om se yn te passen yn ’e regels fan it pjutteboartersplak. Bygelyks gjin K3 of kabouters.

Beleane en korrizjearjeJust omdat it moreel besef noch yn ûntwikkeling is, hawwe bern in protte ferlet fan dúdlikheid oer wat wol en net mei. Dy dúdlikheid wurdt bean troch it beleanen en korrizjearjen. Bern wurde priizge as se wat goed dogge. Kompliminten fergrutsje it selsbetrouwen fan it bern. Dúdlikheid biede hâldt ek yn it korrizjearjen fan negatyf hâlden en dragen. Je sykje nei de oarsaak fan it hâlden en dragen. Ut en troch wit in bern sels de oarsaak net en uteret it syn ûntefredenheid troch efkes dwers te wêzen. Wy sykje dan nei de oarsaak fan it hâlden en dragen. Ferfeelt in bern him of slagget wat net en rekket it bern dêrtroch frustrearre of hat it gewoan syn dei net? Faak helpt it om efkes te praten mei it bern en it wat ekstra oandacht te jaan. Der binne lykwols situaasjes dy’t freegje om in strangere oanpak as in bern mei syn hâlden en dragen in gefaar foarmet foar himsels of oaren, as it oaren kwetst of respektleas behannelet. De liedster grypt dan sa yn:

o It bern wurdt út ’e situaasje apart nommeno It bern mei fertelle wat der bard iso De liedster makket dúdlik dat net it bern sels ôfwiisd wurdt, mar dat it gedrach net

akseptearre wurdt en wêrom’t dat sa iso It bern wurdt frege om syn ekskúsjes oan te biedeno De liedster lit witte dat sy net mear “lilk” is en dat it bern wer fierder boartsje mei

Dat is by pjutten op ús pjutteboartersplak lokkich hast net/mar in inkelde kear nedich.

By de oerdracht lit de liedster oan ’e âlders witte wat der bard is en hoe’t de situaasje oanpakt is. By gedrachsproblemen dy’t langer duorje sil de liedster in petear mei de âlders oangean om it probleem te bepraten en nei in goede oplossing te sykjen. Ien fan ’e mooglikheden is om it bern observearje te litten troch in ortopedagooch. Dy kin it hâlden en dragen yn kaart bringe en oanwizingen jaan oer hoe’t je mei it bern omgean moatte. Ut en troch kin it nedich wêze om de âlders te advisearjen om har bern nei in spesjalist te stjoeren of thúshelp oan te freegjen.

16 | P a g i n a

Page 18: Pedagogysk beliedsplan · Web viewPedagogysk beliedsplan De Westereen Ynhâld Foarwurd- 2 Fisy en doelstelling- 3 1.1.Algemien 1.2.Misje 1.3 Fisy Pedagogyske Fisy- 4 2.1.Us basisprinsipes

Hâlding foar de natuer oer

Omdat ’t Flinterke him profilearret as in griene en duorsume organisaasje, wolle wy efkes apart omtinken jaan oan ús hâlding foar de natuer oer. Wy fine it belangryk dat de bern bûten boartsje en it bûtenwêzen belibje. Dat se de kâns krije om nije ûnderfiningen op te dwaan bûten yn ’e natuer. Se meie lekker harren gong gean en har ferwûnderje oer Gods Skepping. De tema’s wurde faak ûntliend oan ’e seizoenen en de natuer mei materialen út dy natuer: sân, stiennen, tûkjes, skulpen en dinne-appels. Wy sykje de natuer ek op troch in kuiertocht troch de bosk te meitsjen of yn in stik lân by de boer de lamkes te aaien. Mei learzens oan yn in stik lân rinne, is in echte natuerbeleving. Troch as organisaasje ferantwurde om te gean mei natuer en miljeu leare wy de bern ek dat se in bydrage leverje kinne oan it behâld fan ’e natuer. Stikjes plestik, resten fjoerwurk op ’e stoepe en blikjes romje wy op.

17 | P a g i n a

Page 19: Pedagogysk beliedsplan · Web viewPedagogysk beliedsplan De Westereen Ynhâld Foarwurd- 2 Fisy en doelstelling- 3 1.1.Algemien 1.2.Misje 1.3 Fisy Pedagogyske Fisy- 4 2.1.Us basisprinsipes

4. ALDERS

4.1. Yntroduksje yn ’e groep

De pjut wurdt aktyf yntrodusearre yn ’e groep.De earste moanne hawwe de measte pjutten nedich om harren draai te finen.

De stappen dêryn binne: In petear om yn ’e kunde te kommen; dan komt de pjut alfêst mei de liedster yn ’e kunde.

Neist de ynformaasje-útwikseling, mei meastentiids de mem, giet it der foaral om dat de liedster yntrodusearre wurdt as feilich. Efkes in spultsje dwaan, in ferhaaltsje fertelle of efkes by de juf sitte, binne metoaden om by de pjut fertrouwen te winnen.

De earste kear op it pjutteboartersplak mei de âlder de tiid nimme om by de pjut te bliuwen. De âlder, of as it slagget de liedster, boartet in skoftke mei de pjut. It hinget dan fan ’e âlder en de situaasje ôf wannear’t/oft der ôfskied nommen wurdt troch de pjut fan ’e âlder.

It omslachpunt is meastentiids it ôfskiednimmen fan ’e âlder. De âlder nimt dan ôfskied en de pjut mei swaaie foar it rút, wylst dúdlik ferteld wurdt dat de âlder it bern wer ophelje sil.

As it bern gûlt, wurdt it op skoat nommen (fertroud), oant dat it bern wer rêstich is. As it gûlen by fertriet heart, dan besykje wy om de pjut troch mei him te boartsjen en him ôf te lieden sa gau mooglik op syn gemak te stellen. As er nei tsien minuten noch altyd gûlt, belje wy de âlder op om it bern op te heljen. Dat is yn it foar ôfpraat mei de âlder. Dêrnei wurdt yn oerlis mei de âlder besjoen wannear’t wy it in twadde kear besykje.

4.2. Gearwurkjen mei de âlders

Wy hechtsje in soad wearde oan goede kontakten, sawol ekstern as yntern, om sa ta in optimale gearwurking te kommen. Mei ús webside www.flinterke.weebly.com wurde âlders op ’e hichte hâlden fan it nijs, ferskes, formulieren, beliedsplannen, de âlderkommisje en foto’s dêr’t je mei in wachtwurd tagong ta hawwe. Untwikkelingen en oare praktyske saken kinne wy sa kenber meitsje. Alders kinne as se dat wolle kontakt sykje troch in e-mail te stjoeren of te beljen.

It pjutteboartersplak hat ek in Facebookside mei aktueel nijs en aktuele foto’s. As âlders net wolle dat de foto fan harren bern dêrop komt, dan jouwe se dat by de yntake oan.

4.3. Alderjûn

Op syn minst ien kear yn ’e twa jierren wurdt in âlderjûn organisearre troch de lieding of yn gearwurking mei de âlderkommisje.

4.4. Alderkommisje

Om it útbringen fan advizen troch âlders te regeljen, hat ‘t Flinterke in âlderkommisje. Mei dy kommisje beskikke wy oer in goede petearpartner. It foech fan dy kommisje en de prosedueres dêr’t de organisaasje en kommisje har oan hâlde moatte, binne fêstlein yn it Húshâldlik Reglemint Alderkommisje.

18 | P a g i n a

Page 20: Pedagogysk beliedsplan · Web viewPedagogysk beliedsplan De Westereen Ynhâld Foarwurd- 2 Fisy en doelstelling- 3 1.1.Algemien 1.2.Misje 1.3 Fisy Pedagogyske Fisy- 4 2.1.Us basisprinsipes

4.5. MeidielingeboerdYn ’e hal op ’e lokaasje hinget in meidielingeboerd mei ynformaasje foar âlders. Alle kearen as âlders op it pjutteboartersplak komme, kinne se dêr efkes op sjen. Sa bliuwe se op ’e hichte fan it lêste nijs. Dat is de ferantwurdlikheid fan ’e âlders sels.

4.6. Bysûnderheden yn ’e ûntwikkeling en problemen fan of by bern De liedsters observearje de bern. By opfallend of ôfwikend hâlden en dragen yn ’e ûntwikkeling fan it bern nimt de liedster kontakt op mei de âlders/fersoargers fan it bern en advisearret om fia it konsultaasjeburo in ortopedagooch yn te skeakeljen foar observaasje. By twivel oer de spraakûntwikkeling advisearje wy âlders om in logopedist yn te skeakeljen.It is belangryk dat wy earst âlders ynljochtsje foar’t wy sels help ynroppe. Dat bart altyd yn oerlis en mei goedkarring fan âlders/fersoargers.

4.7. BernemishannelingWannear’t der sinjalen binne fan bernemishanneling of húslik geweld, dan hantearje wy de Fryske Meldkoade. De fiif stappen dy’t dêryn nommen wurde, binne by de liedsters ûnder de oandacht brocht; se binne op ’e hichte.

4.8. KlachteproseduereRegels, ôfspraken en prosedueres kinne spitigernôch net foarkomme dat âlders út en troch in klacht hawwe. Klachten binne altyd besprekber, sille profesjoneel behannele wurde en, as dat mooglik is, ferholpen wurde. ‘t Flinterke hat in reglemint klachtôfhanneling dêr’t de fierdere ôfhanneling yn útlein wurdt en wy binne oansletten by Zckk yn Gouda (www.zckk.nl). It reglemint foldocht oan ‘e Wet Klachtenrecht Cliënten Zorgsector.

19 | P a g i n a

Page 21: Pedagogysk beliedsplan · Web viewPedagogysk beliedsplan De Westereen Ynhâld Foarwurd- 2 Fisy en doelstelling- 3 1.1.Algemien 1.2.Misje 1.3 Fisy Pedagogyske Fisy- 4 2.1.Us basisprinsipes

SLOTWURD

Dit plan beskriuwt it pedagogysk belied foar it pjutteboartersplakwurk dat ‘t Flinterke biedt. It wurkjen yn it pjutteboartersplak is altyd yn beweging en dêrom wurdt dit pedagogysk beliedsplan ien kear yn ‘t jier evaluearre en wêr nedich wersjoen. Dit beliedsplan en praktysk útwurke wurkplan binne oanwêzich op ’e lokaasje. Yn ’e âldermap op kantoar. As der noch fragen of ûndúdlikheden binne nei it lêzen fan dit beliedsstik, kinne jo kontakt opnimme mei de direksje fan it pjutteboartersplak ‘t Flinterke.

Froukje de WildeKontaktadres:Boskwei Noard 119299VC SweagerboskTelefoannûmer: 0511-444173Webside: www.flinterke.weebly.com

20 | P a g i n a