Listlûkersdebat - It Nijs...it trijtalige ûnderwiis. D66 – Margreet Mulder D66 is grut...

7
1 Listlûkersdebat oer de wearde fan it Frysk op 15 -1 - 15 yn Tresoar Ferslach: Antje Postma – http://www.ventoux-org.com / Foarumleden: Jacob van der Hoek (SP), Klaas Kielstra (VVD), Jannewietske de Vries (PvdA), Sander de Rouwe (CDA), Johannes Kramer (FNP), Margreet Mulder (D66). Willem Verf, siktaris fan FmF, wie net by dizze debatjûn oanwêzich. Hy moast tydlik opnommen wurde yn it MCL. Willem is wer thús! Mailadres: [email protected]. 1. Frâns Kuipers, foarsitter Fierder mei Frysk (FmF), iepenet en sjongt de gearkomste iepen mei in sankje: It Frysk moat libben bliuwe Musyk en tekst: Frâns Kuipers Frysk is mar in sútrich taaltsje, Provinsjebreed yn grutte need Sa fine ek Bertus-Jans en Jabiks Aaltsje ‘t Frysk moat better op it kleed Ús memmetaal hat slim te lijen Skiepen, koeien, lopen in het lân Hertetaal fan alle kontreien Foar ‘t Heitelân de sterkste bân De Fryske taal mei net fersmoargje Libben Frysk is har behâld Elkenien moat d’r foar soargje, Want it Frysk lit ús net kâld Is ús Frysk in sútrich taaltsje? Is it Frysk in fallite boel? Lit ús fernimme yn dit sealtsje! Fryske taal is ús mienskiplik doel? 2. Pieter de Groot, bestjoerslid FmF, liedt it debat yn mei in ‘sprutsen kollum’!! (Sjoch de gearfetting DWERS - bylage 2) Debat mei de seal Jelle Bangma nimt de lieding fan it debat tusken de listlûkers op him. Dat wie alteast de opset, mar … dêr is net folle fan op ’e hispel kommen. Underinoar ha de listlûkers net diskusjearre, se reagearren mear opmerkingen út de seal, troch Jelle útlokke. Letter hat er sels mear fragen oan de listlûkers steld, mar fan in diskusje tusken de politike partijen hat eins gjin sprake west. Lûden út it ûnderwiisfjild: Yn de seal sieten noch al wat minsken dy’t yn it fuortset ûnderwiis wurkje. Derút docht bliken dat yn it ûnderwiis de Fryske taal dochs wol wichtich is, oars wiene se net nei dit debat gien. Alex Riemersma (lektor NHL) neamt himsels ‘beropsfries’. Hy hat ûndersyk dien ûnder takomstige leararen Frysk. Hij hat harren frege wat se wolle. It antwurd wie dúdlik: alle skoallen yn it it fuortset ûnderwiis moatte it Frysk as ekstra eksamenfak oanbiede. Ut de seal komt in dosinte (D66) mei de opmerking dat bern hielendal gjin ynspiraasje hawwe om Frysk te learen. Sy tinkt dat trijetalich ûnderwiis fan jongsôf oan better wurket.

Transcript of Listlûkersdebat - It Nijs...it trijtalige ûnderwiis. D66 – Margreet Mulder D66 is grut...

Page 1: Listlûkersdebat - It Nijs...it trijtalige ûnderwiis. D66 – Margreet Mulder D66 is grut foarstanner fan it meartalige ûnderwiis. Der moat goed Frysk ûnderwiis beskikber wêze.

1

Listlûkersdebat oer de wearde fan it Frysk op 15 -1 - 15 yn Tresoar

Ferslach: Antje Postma – http://www.ventoux-org.com /

Foarumleden: Jacob van der Hoek (SP), Klaas Kielstra (VVD), Jannewietske de Vries (PvdA), Sander de Rouwe (CDA), Johannes Kramer (FNP), Margreet Mulder (D66).

Willem Verf, siktaris fan FmF, wie net by dizze debatjûn oanwêzich. Hy moast tydlik opnommen wurde yn it MCL. Willem is wer thús! Mailadres: [email protected].

1. Frâns Kuipers, foarsitter Fierder mei Frysk (FmF), iepenet en sjongt de gearkomste iepen mei in sankje:

It Frysk moat libben bliuwe

Musyk en tekst: Frâns Kuipers

Frysk is mar in sútrich taaltsje,

Provinsjebreed yn grutte need

Sa fine ek Bertus-Jans en Jabiks Aaltsje

‘t Frysk moat better op it kleed

Ús memmetaal hat slim te lijen

Skiepen, koeien, lopen in het lân

Hertetaal fan alle kontreien

Foar ‘t Heitelân de sterkste bân

De Fryske taal mei net fersmoargje

Libben Frysk is har behâld

Elkenien moat d’r foar soargje,

Want it Frysk lit ús net kâld

Is ús Frysk in sútrich taaltsje?

Is it Frysk in fallite boel?

Lit ús fernimme yn dit sealtsje!

Fryske taal is ús mienskiplik doel?

2. Pieter de Groot, bestjoerslid FmF, liedt it debat yn mei in ‘sprutsen kollum’!! (Sjoch de gearfetting DWERS - bylage 2)

Debat mei de seal Jelle Bangma nimt de lieding fan it debat tusken de listlûkers op him. Dat wie alteast de opset, mar … dêr is net folle fan op ’e hispel kommen. Underinoar ha de listlûkers net diskusjearre, se reagearren mear opmerkingen út de seal, troch Jelle útlokke. Letter hat er sels mear fragen oan de listlûkers steld, mar fan in diskusje tusken de politike partijen hat eins gjin sprake west.

Lûden út it ûnderwiisfjild: Yn de seal sieten noch al wat minsken dy’t yn it fuortset ûnderwiis wurkje. Derút docht bliken dat yn it ûnderwiis de Fryske taal dochs wol wichtich is, oars wiene se net nei dit debat gien. Alex Riemersma (lektor NHL) neamt himsels ‘beropsfries’. Hy hat ûndersyk dien ûnder takomstige leararen Frysk. Hij hat harren frege wat se wolle. It antwurd wie dúdlik: alle skoallen yn it it fuortset ûnderwiis moatte it Frysk as ekstra eksamenfak oanbiede. Ut de seal komt in dosinte (D66) mei de opmerking dat bern hielendal gjin ynspiraasje hawwe om Frysk te learen. Sy tinkt dat trijetalich ûnderwiis fan jongsôf oan better wurket.

Page 2: Listlûkersdebat - It Nijs...it trijtalige ûnderwiis. D66 – Margreet Mulder D66 is grut foarstanner fan it meartalige ûnderwiis. Der moat goed Frysk ûnderwiis beskikber wêze.

2

Koen Eekma (Afûk) bringt der tsjinyn dat bern op it middelber ûnderwiis neat oan de Fryske lessen fine, mar ek net oan wiskunde, ensafh. Dat leit net oan it lesmateriaal mar oan de leeftyd.

Ek Froukje de Jong (foarfrou fan it Biltsk) bestriidt dat it Frysk net goed oanbean wurdt. Se hat erfaring mei trijetalich ûnerwiis en dêr wurdt neist it Engels hiel goed it Frysk oppakt. In protte MBO-ers bliuwe yn de gemeente dêr’t se berne binne, se geane hjir oan it wurk en it Frysk is dan ek belangryk foar harren takomst. Under de jeugd libbet it Biltsk as in hert, it is wer ‘cult’. Jabik van de Bij fynt dat wy mear minsken waarm meitsje moatte foar de taal. Hoe giet de mienskip mei it Frysk om. We moatte de bewustwurding oanwakkerje troch mear aksjes.

***

Stânpunten fan politike partijen en listlûkers:

Omdat der eins gjin echte diskusje plak fûn hat, binne de opmerkings en útspraken fan de listlûkers per listlûker by mekoar set. PvdA - Jannewietske de Vries De PvdA fynt dat we mei it Frysk op de goede wei sitte. Niks gjin pielen yn de marzje. Der komme mear trijetalige skoallen. We moatte fan pjut oant en mei promovendus Frysk ûnderwiis oanbiede. Kulturele Haadsted 2018 set it Frysk ynternasjonaal op de kaart. De útstalling ‘Lan fan taal’ reizget troch Europa om meartaligens te promoatsjen. KH18 is in unike kans foar meartaligens. PvdA set dúdlik yn op meartaligens. Yn Europa rinne we foarop mei ús trijtalige ûnderwiis. ‘Dingtiid’ giet oan ´e slach meit it bewustmeitsjen fan it belang fan de Fryske taal. It is de taal fan de minsken. Fan ûnderen op moat it proses fan bewustwurding op gong komme, dit is de funksje fan it Taal Lab. PvdA is it iens mei it ekstra eksamenfak Frysk (Alex Riemersma) , mar fynt dat de skoallen it sels regelje moatte, mei elkoar oanbiede, gearwurking sykje. Jannewietske de Vries fynt dat de provinsje dêr beslist wol in rol by spylje kin. Se ropt op om te sykjen nei mooglikheden. Der sit al struktureel €2,7 miljoen yn de begrutting foar Frysk ûnderwiis, dêr kinne we in protte fan dwaan. As der ekstra jild by moat, dan moat de provinsje lesoeren fergoedzje. FNP – Johannes Kramer Johannes Kramer is fan miening dat it Frysk de taal fan de strjitte, it folk is. It brûken fan it Frysk kin net oplein wurde. It moat út de minsken sels komme. Wol tinkt it FNP dat der in deltaplan foar it Frysk komme moat, mar hoe’t hy dit sjocht wurdt net ferteld. Mear stipe foar it Frysk ûnderwiis is winsklik en as der dan jild by moat, dan moat de polityk deryn meigean. Kramer stelt foar dit mei jongeren fierder út te wurkjen. De status fan de taal is foar de jongerein ek wichtich. Yn it formele domein is al in soad beskrept, mar de erfaring is dat minsken it sels faak sitte litte. VVD – Klaas Kielstra Klaas Kielstra fynt, krekt as Sander de Rouwe (CDA) dat it belangryk is dat der foarbyldfigueren binne, soks ‘triggert’ om Frysk te praten. De jeugd is net bewust mei it Frysk dwaande. Kielstra fynt ek dat it bedriuwslibben in rol hat en sjocht mooglikheden it Frysk mear te brûken by de marketing. Ek de VVD is foarstanner fan trijetalich ûnderwiis. CDA - Sander de Rouwe Sander de Rouwe fynt ek dat de jonge âlden Frysk prate moatte mei harren bern. Fierder is it brûken fan it Frysk in kwestje fan ferliede en oanslute by de belibbingswrâld fan de bern. Allinich mei Tomke rêde we it net, der moat mear dien wurde. De Rouwe fynt dat in film as Skrek, dy yn it Frysk Sjirk hjitte kin, oerset wurde moat nei it Frysk. Mear suksesfolle útjeften en searjes yn it Frysk is wichtich. SP – Jacob van der Hoek Jacob van der Hoek tinkt dochs dat it mei it Frysk wol de goede kant op giet en fynt dat der trochset wurde moat mei it trijtalige ûnderwiis. D66 – Margreet Mulder D66 is grut foarstanner fan it meartalige ûnderwiis. Der moat goed Frysk ûnderwiis beskikber wêze. Mulder is benijd wat de Friezen der sels fan fine. It Ingelsk nimt in hieltyd grutter plak yn by de jongerein. Frysk as

Page 3: Listlûkersdebat - It Nijs...it trijtalige ûnderwiis. D66 – Margreet Mulder D66 is grut foarstanner fan it meartalige ûnderwiis. Der moat goed Frysk ûnderwiis beskikber wêze.

3

memmetaal moat oanmoedige wurde. Mulder is fan miening dat it Frysk de taal is fan kultuer en sport. Yn de krante sjochst ek dat dêr it Frysk funksjonearret as de taal fan de emoasje.

Referindum oer it Frysk? Geart Benedictus (foarsitter Ried Fryske Beweging) reagearret op dit punt mei de opmerking dat wy as Friezen ús taalrjochten hawwe en dêrom hawwe wy gjin referindum nedich. In negative útkomst soe it Frysk skea dwaan.

Ut de seal wei stelt PvdA-steatelid Ingrid Wagenaar dat wy minder frijbliuwend mei it Frysk omgean moatte. Alles draait om macht, status en jild. Bouwe Schroor (D66) fynt it Frysk de taal fan it hert. Ut de seal komt ek de opmerking (fan FNP’er Jan Hettinga fan Aldehaske) dat gemeenten it Fryskpraten en skriuwen toch amtners ferplichte stelle moat. Mar hjir is syn listlûker Johannes Kramer it net mei iens. Fryskprate moat út de minsken sels komme.

In reaksje fan taalkundeheechlearear Van Heuven: Jonge âlden binne de kaai foar it fuortbestean fan it Frysk. Bern moatte yn ’e húshâlding al yn oanrekken komme mei it Frysk. Ien fan de problemen is dat it Frysk en it Nederlânsk net sa bot fan inoar ferskille as bg. it Welsh en it Ingelsk en it Baskysk en it Spaansk. Onno Falkena: Yn it Baskelân binne se folle fierder mei taalbefoardering as yn Fryslân.

Opmerkings:

Oer’t generaal in prachtige jûn en goed en moai dat stifting Fierder mei Frysk dit debat organisearre hat. Wat guon minsken in bytsje tsjinfoel is dat de ferskillen tusken de partijen net goed nei foaren kamen. Men wie it eins allegear iens en follen elkoar oan. Op ien of oare manier soene der foar de ferkiezings fan 18 maart 2015, noch in tal fragen steld wurde moatte oan de polityk. De fragen moatte dan gean oer dúdlike Fryske taalprojekten mei dêroan keppele bepaalde jildbedraggen. Nei 2 jier en nei 4 jier moatte taseine projekten evaluearre wurde!!

De referinsjegroep wol graach dat der sa gau as mooglik in fergadering mei har belein wurdt! Doel is om risseltaten en oer de mooglikheid fan oanfoljende aksjes, brieven of sokssawat te praten. In NIJSBRIEF fan FMF waard op priis steld. It banknûmer fan FmF wol men ek wol graach ha. Dat is: NL57 RABO 0150 207 506. In gift fan € 10,00 -15,00 per emailadres soe hiel moai wêze, want dan is de rekken fan FMF wer in bytsje op oarder. Frans Kuipers, foarsitter/ponghâlder Fierder mei Frysk.

Page 4: Listlûkersdebat - It Nijs...it trijtalige ûnderwiis. D66 – Margreet Mulder D66 is grut foarstanner fan it meartalige ûnderwiis. Der moat goed Frysk ûnderwiis beskikber wêze.

4

Listlûkersdebat 15 jannewaris 2015 Bylage 1 (oernommen fan ‘ItNijs’ / digitaal nijsblêd)

De listlûkers, flnr Jacob v.d. Hoek (SP), Klaas Kielstra (VVD), Jannewietske de Vries

(PvdA), Sander de Rouwe (CDA), Johannes Kramer (FNP) en Margreet Mulder (D66)

By de diskusje oer de takomst fan it Frysk die bliken dat de koalysjepartijen CDA, FNP en de PvdA en dêrneist de SP it meast

warber binne foar it Frysk. Dêrfoaroer stienen D66, Partij voor de Dieren en de VVD dy’t net in sterk eigen taalbelied fan de

provinsje Fryslân foar eagen hawwe. De ferkiezingsjûn wie útskreaun troch de stifting ‘Fierder mei Frysk’ en de seal siet grô tfol

(sa’n 60 oanwêzigen).

CDA’er Sander de Rouwe (dy’t syn debút makke mei it Frysk praten) pleite foar it útbringen fan de film ‘Shrek’ yn it Frysk en in mear aktyf belied troch de gemeenten. It CDA wol mei de FNP dat it budzjet foar it Frysk (no € 2,7 miljoen) omheech giet. Johannes Kramer fan de FNP wol in deltaplan foar it Frysk, de trochgeande meartalige learline yn it ûnderwiis trochsette en hy wiisde nochris op it belang fan de provinsje Fryslân as bestjoersienheid en de foarbyldfunksje dêrfan. Jannewietske de Vries fan de PvdA sei dat it belied oant no ta hiel súksesfol west hat mei folle mear meartalige pjutteboartersplakken en it tal trijetalige skoallen dat omheech gongen is fan 17 nei hast 80 de ôfrûne perioade. Se wol dêr noch mear op ynsette en seach fierder kânsen mei Kulturele Haadstêd 2018. De SP wol ek yn de kommende perioade apart budzjet frijmeitsje foar it Frysk en wie it fierder fierhinne iens mei de PvdA. D66 wie wol in foarstanner fan meartalige skoallen (‘befoarderet it learfermogen fan bern’) en it opsetten fan in ‘Voice of Friesland’ mar neamde alhiel net dat de provinsje dêr mei belied of middels mei dwaande moat. De Partij voor de Dieren neamde it wichtich dat de taal oerdroegen wurdt fan âlden op bern mar kaam fierder net mei ideeën. De VVD stelde de rol fan de oerheid yn twivel en neamde it brûken fan it Frysk yn it bedriuwslibben en by kwalitatyf goede produkten. Alex Riemersma (lektor Frysk en meartaligens) kaam mei it útstel om Frysk as fak op alle skoallen foar fuortset ûnderwiis oan te bieden, in idee dat suver troch alle partijen omearme waard. Piter de Groot fan de stifting ‘Fierder mei Frysk’ kaam nochris mei har idee om in brede maatskiplike diskusje te hâlden oer de Fryske taal mei oanslutend in referindum foar alle Friezen om har dêr oer út te sprekken. Geart Benedictus (foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging) reagearre dêr op troch te sizzen dat it Frysk in rjocht is en dat jo de taal as minderheid altyd brûke kinne moatte en dat dêrom in referindum net op syn plak is. Dêrnei hawwe de fraksjefoarsitters har dêr ek net wer oer útsprutsen.

----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

Ljouwerter - 16 jannewaris 2015

Bijlage 3

Page 5: Listlûkersdebat - It Nijs...it trijtalige ûnderwiis. D66 – Margreet Mulder D66 is grut foarstanner fan it meartalige ûnderwiis. Der moat goed Frysk ûnderwiis beskikber wêze.

5

Ljouwerter- 16 jannewaris 2015 Bylage 2

Dr. Alex Riemersma, lektor fan Stenden en de NHL organisearret foar de UCF

in kongres oer minderheidstalen.

Hy wol dit graach fia dizze NIJSBRIEF ûnder de oandacht bringe.

Sjoch attachment.

Mailadres: [email protected]

Page 6: Listlûkersdebat - It Nijs...it trijtalige ûnderwiis. D66 – Margreet Mulder D66 is grut foarstanner fan it meartalige ûnderwiis. Der moat goed Frysk ûnderwiis beskikber wêze.

6

Page 7: Listlûkersdebat - It Nijs...it trijtalige ûnderwiis. D66 – Margreet Mulder D66 is grut foarstanner fan it meartalige ûnderwiis. Der moat goed Frysk ûnderwiis beskikber wêze.

7