K R I T E N I J S...je kunt overal je twijfels over hebben. Dêrom is gjin reden, Maar stap over je...

20
K R I T E N I J S Winterskoft 2019 2020 Nr. 4; maaie 2020 Ôfstj.: Einsteinlaan 20, 9406 BK Assen

Transcript of K R I T E N I J S...je kunt overal je twijfels over hebben. Dêrom is gjin reden, Maar stap over je...

  • K R I T E N I J S

    Winterskoft 2019 – 2020

    Nr. 4; maaie 2020

    Ôfstj.: Einsteinlaan 20, 9406 BK Assen

  • Frysk Folksliet Frysk bloed tsjoch op! 1) Wol no ris brûze en siede, En bûnzje troch ús ieren om! Flean op! Wy sjonge it bêste lân fan d’íerde, It Fryske lân fol eare en rom. Refrein: Klink dan en daverje fier yn it rûn Dyn âlde eare, o Fryske grûn! Klink dan en daverje fier yn it rûn Dyn âlde eare, o Fryske grûn! Hoe ek fan oermacht, need en see betrutsen, 2 ) Oer âlde, leave Fryske grûn, Nea waard dy fêste, taaie bân ferbrutsen, Dy’t Friezen oan har lân ferbûn. Earebyld Grou; Dr. Eeltsje Halbertsma Refrein: Fan bûgjen frjemd, bleau by ’t âld folk yn eare, Syn namme en taal, syn frije sin; Syn wurd wie wet; rjocht, sljocht 3 ) en trou syn leare, En twang, fan wa ek, stie it tsjin. Refrein: Trochloftich 4 ) folk fan dizze âlde namme, Wês jimmer op dy âlders great! Bliuw ivich fan dy grize, hege stamme In grien, in krêftich bloeiend leat! Refrein: 1) tsjoch op = bliuw net stilstean 2) betrutsen = yn gefaar brocht ‘De âlde Friezen’, 3) sljocht = ienfâldich ferzje Halbertsma/ 4) trochloftich: ndl. doorluchtig Van Loon

  • 1

    Kritenijs ’Us Memmetaal’ Assen Nûmer 4 – maaie 2020

    Kolofon

    Gearstalling bestjoer Foarsitter: Teatske Haanstra - Nic. Beetslaan 1 B2, 9405 BB Assen [email protected]

    till. 0592-344920 (fan 18-6-2020 ôf)

    Skriuwer: Hans Groenhof - Broeklaan 56, 9405 AN Assen [email protected]

    till. 0592-352932

    Ponghâlder: Piet Boelens - Planetenlaan 132, 9405 PD Assen [email protected]

    till. 0592-462297

    Bankrekken fan de Krite: NL 78 RABO 0310 1082 33

    Leden: Sjoege Wiersma - Metje Groenhof - Renny Monsma

    Redaksje Kritenijs Redaksje-adres: Anje Hoogland - Rolderdingspillaan 36, 9451 GB Rolde

    [email protected] till. 0592-373555; typwurk en layout

    Jan Toering, [email protected] till. 0592-370102; korreksje- en oersetwurk

    Kontaktpersoanen en/of adressen Meiwurkers oan it Kritenijs (oer it algemien): Jaap Bakker – Piet Boelens – Jan Toering

    – Hans Groenhof – Teatske Haanstra – Sjoukje Jansma – Jeltje Geertsma – Anne Veen-

    stra – Sjoege Wiersma

    Lede-administraasje: Poppe Jansma - Einsteinlaan 20, 9406 BK Assen, till. 0592-354238

    Toanielklup: Teatske Haanstra, till. 0592-344920

    Keatsen: Gerrit Elzenga, till. 06-26688684

    Ferfier nei Hooghalen: Hans Groenhof, till. 0592-352932

    of b.g.g. Teatske Haanstra, till. 0592-344920

    Oare adressen It Frysk Boun om Utens; www.fryskbutenfryslan.frl

    [email protected]

    www.heitelan.nl (stêden en doarpen)

    Ynhâld 1 Nammen en adressen 9 Simmereveneminten Fryslân

    2 Advertinsjes + neitinker 10 Reade flagge op ’e tsjerketoer

    3 Derbûten 11 Ferskaat

    4 Bernebrochjes 12 Utfanhûs by pake en beppe (4)

    5 Oanfolling Kritenijs maart + puzel 13 Utfanhûs by pake en beppe + liet

    6 Oankundiging 9 oktober + liet 14 Dream (gedicht)

    7 Ha jo it al heard + rymkes 15 Advertinsjes

    8 Rymkes fan Joop Visser 16 Berjocht + Bûsboekje

    mailto:[email protected]:[email protected]:[email protected]:[email protected]:[email protected]://www.fryskbutenfryslan.frl/mailto:[email protected]://www.heitelan.nl/

  • 2

    Neitinker:

    Sykje de lytse dingen

    dy’t oan it libben

    freugde en foldwaning jouwe.

    (tekst: Confucius, 551 – 479 foar Kristus)

  • 3

    Derbûten

    “Nuvere tiid”

    Dat is it wis en seker. Earst yn Sina, dan Itaalje, dan Eastenryk, mar dan ek yn Brabân en

    stadichoan komt it tichteby en treft it immen yn de strjitte, immen dy’t jo kenne.

    It Covid-19.

    Miskien binne wy der oant no ta noch goed foarwei kaam yn it noarden. Mar it is noch

    net fuort. De 1½ meter-maatskippij, it is sá net myn natuer, mar ik moat my der oan

    hâlde. It is net oars. Goed foar mysels, mar tagelyk seker ek foar in oar.

    Gewoanwei stiet yn it Kritenijs wat der te dwaan is yn Fryslân, “De Eveneminten yn

    Fryslân Simmer 2020”. Mar alle (sport)eveneminten binne oant 1 septimber ta ferbean

    (skande!) op advys fan it RIVM. Jo fine no mar in pear aktiviteiten; dêrfan is it ek net

    seker oft se trochgeane. Ek by ús Krite binne om deselde reden jûnen ôfsein.

    Mar wat bringt it ús foar posityfs?

    Hiel faak geane Max en ik no te fytsen, want bewege is goed en wat treffe wy it ommers

    mei it waar. It sintsje skynt hiel faak. Wy ha op plakken west dêr’t wy nea west ha. En

    wat prachtich allegearre.

    Alle wiken ryd ik lâns de Feanhústerfeart (Veenhuistervaart) nei ús mem yn Drachten

    (gelokkich kin ik har besykje), mar snein ha

    Max en ik te kuierjen west yn Feanhuzen. Wat

    in moai doarp. Hjir en dêr in buordsje mei

    ynformaasje, mar skande dat der gjin fer-

    divedaasje is by de restaurantsjes, ensa, mar …

    nei ôfrin, út de wyn, ha wy in iisko kocht by

    “Piepers en Paupers” (troch de efterdoar der yn

    en troch de foardoar der wer út, ienrjoch-

    tingsferkear).

    Dat is net sa foar elkenien yn Feanhuzen ...

    Wat wurde minsken ek ynventyf! Oeral sjogge jo no drive-ins. Mear ‘drive-outs’, want

    se wolle/meie ús der soms net yn ha. Bestelle troch de tillefoan, ophelje en betelje op

    ôfstân. Boadskippen dy’t thúsbrocht wurde, muzyk op ’e dyk, help fan buorlju, ensa-

    fierder, ensafierder …; sa leaf allegearre.

    Net hingjen bliuwe yn it negative (wat der wis en seker is), mar besykje ek it moaie

    blomke, de leave bernsbern op ’e tillefoan of kompjûter te sjen, de help dy’t jo krije en

    … en …

    Ik hoopje dat jim genietsje yn it oankommende simmerskoft. Wy sille sjen hoe’t de wrâld

    derhinne leit oan it begjin fan ús winterskoft 2020 – 2021.

    Yn it septimbernûmer fan it Kritenijs kinne jim lêze hoe’t it programma der dan útsjocht.

    Hooplik kinne wy elkoar dan yn sûnens wer sjen yn Hooghalen op 9 oktober.

    Pas goed op jimsels en op elkoar.

    Groetnis,

    Teatske

  • 4

    Bernebrochjes

    Goeie allegearre,

    Wat in healwize tiid is it at jim dit bernebrochje ûnder eagen krije.

    Krekt wer nei skoalle, mar miskien mar mei de helte fan de klasse, om’t de oare helte de

    oare dei giet. Jim koenen de juf of de master net iens efkes in stevich krûpke jaan om’t it sa

    moai wie om harren wer te sjen, en oarsom ek foar de masters en juffen, dy mochten it ek

    net. Ja, stikem fûnen jim it miskien wol moai om nei skoalle te gean. Mar dan komt al gau

    de simmerfakânsje. In goekunde fan my, Annie Fabriek, hat my wat moais tastjoerd dat

    jim dwaan kinne yn dy fakânsje, nammentlik in Kuierbingo.

    (www.anniefabriek.nl)

    Kuierbingokaart

    De kuierbingokaart befettet opjeften, sawol foar jim as foar heit, mem, pake, beppe en

    alle oaren. Tink derom: hâld dy oan de regels dy ’t optocht binne yn ferbân mei Corona!

    Kuierje mei dyn húshâlding of mei pake en beppe (net mei tefolle minsken). Bliuw op

    1½ meter ofstân at jim guont tsjinkomme of foarbygeane en efteroprinne (foar de âlden:

    sjoch ek op de link). In protte kuierwille tawinske!

    DEI 1. Alternative Fjouwerjûnetocht

    Fyn in bistespoar.

    Fyn sa folle mooglik ferskate

    soarten mos.

    DEI 2. Alternative Fjouwerjûnetocht

    Fyn in bysûndere

    blom mei in pearse

    of reade kleur.

    Fyn sa folle mooglik soarten

    (buorkerij-)bisten.

    DEI 3. Alternative Fjouwerjûnetocht

    Gean op aventoer en

    doar in ûnbekend

    paadsje yn te gean.

    Gean op siik nei in moaie,

    gekke of bysûndere beam.

    DEI 4. Alternative Fjouwerjûnetocht

    Fyn in hoale fan in

    bist.

    Nim wat lekkers mei foar

    ûnderweis om yn de natuer op

    te iten.

    Mear ynformaasje fine jo ek fia de link:

    https://drenthe-beweegt.nl/alternatieve-avond4daagse/

    Oant de oare kear,

    Teatske

    http://www.anniefabriek.nl/https://drenthe-beweegt.nl/alternatieve-avond4daagse/

  • 5

    Oanfolling Kritenijs maart 2020 By it stik “Fjouwer wedstriden op ien middei” yn it foarige Kritenijs stie in moaie foto

    fan reedrydsters, mar eins hiene dizze twa prachtige foto’s der ek by stean moatten.

    Yn de lêste jierren fan Martha Hemminga’s reedriderstiid moast sy it ferlieze fan de doe

    opkommende stjer Janna van der Meulen fan Wergea. Op de riderij yn Wergea op 17

    jannewaris 1924 sei Martha tsjin Janna: “Do moast it hjoed al wat skikke mei my, want

    ik ha de hiele nacht ek al yn ’e baan west yn it bargehok, omdat de sûch bigje moast”…..

    (Anne Veenstra)

    Puzel Mei de klok mei fan bûten nei binnen. De lêste letter = earste letter fan it folgjende

    wurd. De letters yn ’e grize hokjes foarmje in plaknamme.

    1. achter; 2.silinder; 3.teffens; 4.sportich; 5.tear; 6.igge; 7.nommel; 8.keutel;

    9. foarhinne; 10.oerfloedich; 11.tsjep; 12.skitterje; 13.presiis; 14.dúst; 15.eigentlik;

    16.guod op ’e bôle; 17.krûderij; 18.mjitkundige foarm; 19.oangenaam; 20.swarte fûgel.

    1 2 3 4

    10

    11

    15

    19 12 5

    18 16

    14 20

    9 17

    13

    8 7 6

  • 6

    Efkes in “Voortvarende” oankundiging

    Us Miene Ledegearkomste is op freed 9 oktober o.s., at it RIVM ús goed tagedien is.

    It is diskear op de middei, om 14.30 oere

    At de gearkomste ôfrûn is, sil it visvrouwenkoor

    “Voortvarende vrouwen” út De Rottefalle ús mei

    prachtige ferskes en ferklaaierijen fermeitsje.

    As tagongspriis freegje wy € 5,-- de man/frou.

    Fansels komt yn it Kritenijs fan septimber noch in

    útnûging, mar wy woenen jim no alfêst op ’e hichte

    bringe, om’t it op de middei is.

    Wolle jim tsjin dy tiid witte at de gearkomste trochgiet of ha jo oare fragen yn ferbân mei

    Corona, dan kinne jim mei de bestjoersleden kontakt opnimme.

    Groetnis,

    Teatske

    ~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~

    Werom is alles sa’t it is? (liet, songen troch Roel Slofstra)

    Wêrom is alles sa’t it is

    en is neat oars as oars?

    Wêrom bisto sa uterst wis

    en ik sa twivelriedich?

    Wêrom hasto in festing boud

    en ik gjin barrikaden?

    Wêrom? Dêrom! (Je kunt je van alles afvragen,

    Wêrom? Dêrom! je kunt overal je twijfels over hebben.

    Dêrom is gjin reden, Maar stap over je besluiteloosheid

    wêrom is gjin fraach. heen, ga aan het werk,

    Freegje net en sjoch net om, zing een lied, tegen alle vragen in.)

    gean gewoan oan ’e gong.

    Sjong in liet, sjong in liet, sjong in liet! Tekst: Joop Veenstra/Berber van der Geest

  • 7

    Ha jo it al heard …….…..

    - dat in drabbelkoeke in rûne, brosse koeke is en bekend stiet as in spesjaliteit út Snits. Se

    wurde makke fan weitenmoal, molke, sûker en bûter. De koeken wurde yn tradisjonele

    koekeblikken mei in Fryske sjeas en de Wetterpoarte derop ferkocht.

    - dat wa’t oankomt op stasjon Mantgum, wit dat er goed sit; it is neffens reizgers ien fan

    de bêste stasjons fan it lân. Allinne Klimmen-Ransdaal skoart heger. Op it twadde plak

    dûkt dus Mantgum op. Treinstasjons yn Fryslân dogge it blykber goed.

    - dat tusken 2014 en 2018 frijwillichsters út 50 lannen sa’n twa miljoen lapkes ta de

    Grutste Haakte Tekken fan de Wrâld haakt hawwe. Yn de simmer fan 2018 leine dy

    10.841 tekkens fan 25.750 fjouwerkante meter útspraat yn Park Vijversburg by Tytsjerk.

    No fynt it haakte spul it paad fierder yn ’e wrâld.

    - dat der hiel wat frjemde Fryske nammen fan doarpkes, delsettings en buorskippen

    binne, lykas bygelyks: Abbegeaster Ketting, De Bargebek, Betterwurd, De Blynse, De

    Blokken, De Grits, Kommisjepôle, De Hel, De Falom, Fiskersbuorren, Kie, Galhoeke,

    Keatlingwier, Kletterbuorren, Krabburen, Moddergat, Moskou, Petersburch, Nij

    Amearika, Onland, De Pôle, Reahel, Reaskuorre, Sopsum, Utein, Wammert, Swarte

    Haan, ensfh.

    Der komme no noch wat rymkes fan Joop Visser:

    De earrebarre hat de namme,

    omdat de minske him faaks skamme

    om syn neiteam te fertellen,

    dat heit en mem de berntsjes hellen,

    sels, út de grize hege stamme!

    Lit troch al it grutte om ús hinne Bûtenfries dochs net de grutskens ús berinne. It is en bliuwt in wûnd’re boel

    As hiene wy it skepen, alles wat is, mei ’t Fryske oeral-thús-gefoel:

    sadat eins alles samar uzes is. hast elke Fries om utens wit

    Lit ús beseffe wa’t wy binne. dat djip yn ’t hert dochs ’t langstme sit

    nei ’t wide lân mei gaast en poel!

  • 8

    It libben

    It libben is in rige fan mominten

    guon mei in trien, guon mei de fleur fan linten

    guon brâne yn en skrine withoelang noch nei.

    Sa fynt it libben troch de tiden syn wei

    mei argewaasje faak fan ’t spul om sinten.

    Memmetaal – winsk

    Dat Friezen, dy’t yn Fryslân bliuwe

    geef Frysk prate en geef Frysk skriuwe

    en net samar har taal ferniele

    of om it jild troch ’t spuigat spiele Tseard syn hinnen leine bêst;

    en dan op frjemde weagen driuwe. trettjin aaien soms yn ’t nêst. Dy’t net mear lei kaam yn it sop Dat Friezen, dy’t om utens sitte sûnder fear en sûnder kop; dochs noait in kear de skat ferjitte dat joech rêst yn ’t hok op ’t lêst.

    wurd foar wurd as bern har tafertroud

    mei de eigen klanken, geef as goud,

    ús memmetaal noait farre litte!

    In skries, werom út Afrika,

    striek del yn ’t lân by Steggerda.

    Mei op ’e hikkepeal in plaat:

    “Tagong ferbean: Briedreservaat.”

    Hoe soe in skries ’t ea better ha!

    In tsjeppe faam út Fryske Peallen

    hie skjin har nocht fan amers, waai en keallen.

    Se fytste nei de Grinzer Pein

    en bestege har by in kastlein.

    Dêr boarnt se no en past goed op har tellen.

    Ik ha wer in mannich stikjes byinoar socht en hoopje dat jim der wat oan hawwe.

    Jan en ik woene it mar net oer it Coronafirus ha, want alle nijs dêroer is te finen yn ’e

    krante en op ’e telefyzje. It moat earst op it slimst, ear’t it betteret.

    Jaap fan Bantegea en Jan fan Beets winskje de minsken dy’t der mei te kampen ha,in

    soad moed en sterkte ta!

  • 9

    Simmereveneminten yn Fryslân – oars as oars De measte aktiviteiten en eveneminten binne oan 1 septimber ta net tastien dit jier. Wat

    wol kin, kinne jo (mei help) opsykje op ynternet, ensfh. Yn de Asser Courant, dy’t alle

    wiken hûs oan hûs besoarge wurdt, sit in side “Wat zijn we van plan?”. Dêr steane ek

    ûnderdielen by, dy’t yn Fryslân plakhawwe. Mooglik is by it VVV ek wer in krantsje te

    krijen mei in soad ynformaasje …

    Jo begripe, it is behelpen diskear, mar jo fine fêst wol wat ferdivedaasje!

    Fierljeppen

    It Frysk kampioenskip yn Winsum sil heve op sneon 5 septimber, ûnder foarbehâld.

    It Nederlânsk kampioenskip is pland op sneon 19 septimber.

    Keatsen De PC yn Frjentsjer sil op woansdei 30 septimber 2020 keatst wurde.

    Skûtsjesilen

    It SKS en IFKS binne beide ôfsein.

    Iepenlofspul: is allegear ôfsein. De spilers ha ommers net repetearje kinnen.

    Musea In lytse kar, en jo kinne it bêste fan tefoaren reservearje.

    Jopie Huismanmuseum, Warkum

    Fan 1 juny ôf binne jo wer wolkom (nei 10.00 oere).

    Museum Belvédère, ’Hearrenfean-Oranjewâld

    Iepen fan 1 juny ôf, moandei o/m snein fan 11.00 - 17.00 oere.

    Fries Landbouwmuseum, Goutum/Ljouwert

    Fan tiisdei o/m freed fan 11.00 - 17.00 oere. Sneon en snein fan 13.00 - 17.00 oere

    Nationaal Vlechtmuseum, Noordwâlde

    Fan 2 juny ôf iepen fan tiisdei o/m sneon fan 10.30 – 17.00 oere.

    Observeum Burgum

    Mooglik giet dit museum yn juny wer iepen. It is in tige nijsgjirrige en unike

    kombinaasje fan streekmuseum en stjerrewacht.

    It Damshûs, Nij Beets

    Op 1 juny wer iepen.

    En oars mar noflik thúsbliuwe en: kuierje, fytse, puzelje, lêze, túnkje, autoritsje meitsje,

    spultsjes dwaan, kofjedrinke, opromje, kleurje, fervje, nifelje, bûten sitte, hantwurkje,

    timmerje, wille meitsje, kompjûterje, praatsje oer de hage meitsje, ien belje, ien helpe of

    selskip hâlde of sels om help freegje.

    De kop der wol by hâlde!… Anje

  • 10

    Reade flagge op ’e tsjerketoer

    1. 2.

    Doe’t Harry Blokzijl dizze foto (1) makke, wennen Tsjibbe Veenstra en syn frou noch yn

    dat hûs, in oerbliuwsel fan de tweintich hûzen oan de Langewal yn Koartsweagen, dy’t

    wy de Finkebuert (2) neamden.

    Timmerman Jan Ruurd Eisenga boude yn ’t begjin fan de 20ste iuw tweintich goedkeape

    hûzen njonken syn wurkpleats oan de Langewâl. By dy hûzen kaam in gearkomstelokaal,

    want folksoplieding stie heech yn it findel fan de sosjalisten fan dy tiid en Eisenga wie in

    echte!

    Om’t Veenstra net akkoart gie mei in ferfangende wenromte by de sanearring, bleau syn

    wente stean en dy wente wie earder it boppeneamde gearkomstelokaal.

    Doetiids protestearren de boeren noch net mei harren trekkers op it Malieveld yn De

    Haach, mar de sosjalisten lutsen de oandacht oan de ein fan de 19de en it begjin fan de

    20ste iuw. Ferdinand Domela Nieuwenhuis wie harren foarman. Hy hat fjouwer kear op

    ’e Gordyk oan ’t wurd west.

    Yn novimber 1882 hold hy in flamjende redenearring yn de grôtfolle De Koornbeurs, yn

    1883 en ein 1885 yn Flora, efter de iepenbiere skoalle (“Zonder socialisme geen red-

    ding”) en op 26 jannewaris 1889 op ’e nij yn De Koornbeurs.

    Yn maart 1888 falt safolle snie dat it de strjitten yn de Fryske súdeasthoeke blokkearret

    en Domela op ’e Gordyk syn propagandatoernee ôfbrekt. Hy útfanhûzet dan by de

    famylje Jan Eisenga oan de Langewâl.

    Polityk wie der in soad te dwaan yn de lettere jierren ’80 fan de 19de iuw, mar wa hie sa

    dryst west om de reade flagge op de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke fan De Gordyk te

    pleatsen? Dat bleau hiel lang ûndúdlik, oant yn it wykblêd “Sljocht en Rjocht” yn

    febrewaris 1887 de reade oannimmer Rindert van Zinderen Bakker skreau:

    “Doe’t se dy moarns as fan âlds de nasjonale trijekleur oan ’e toer hingje soene,

    hoegde dat net, want der hong al ien en wol in readenien. Soks die de minsken tige nij,

    om ’t it de hiele nacht snijd hie en doe noch snijde, mei stoarmwaar. Se woene dat teken

    fan oproer derwei helje, mar der wie net ien te finen, dy’t by sok waar dat akkefysje oan-

    doarde en sa moast er wol oan ’e jûn ta hingjen bliuwe, wat in bulte Oranjeklanten as in

    pikbal yn ’e mage wie. Doe bekaam it waar wat en hellen se de reade lape nei ûnderen.

  • 11

    Mar … wa soe him dat lapt ha, by neare nacht mei sok wreed waar?, sa frege elts him ôf.

    Der rûnen dochs nachtwachten troch it doarp!? Yn ’e herbergen wiene se noch let. Hie

    dan gjinien wat sjoen? Nee, nimmen en hoe’t se ek dagen dêrnei yn aksje wiene mei

    plysje en justysje oan it sykjen, gjinien koe de skobbejakken op it spoar komme. Dat wie

    in gelok foar myn beide feinten en my, dy ’t it halsbrekkende weachstik útfierd hienen,

    om’t der nei alle gedachten in heal jier of mear finzenisstraf foar ús opsitten hie.” Anne

    Ferskaat

    Foar de siken Lytse Gurbe sit sa wyt as in doek neist mem yn ’e tsjerke. Sy sjocht it en freget kjel wat

    der is. Gurbe: “Ik bin sa mislik” en hy kokhalzet deroer. “Gean mar fluch even nei bûten

    yn de frisse lucht”, seit mem. Efkes letter komt Gurbe ferromme werom. “Hast wol bûten

    west?” freget mem. “Dat wie net nedich”, antwurdet lytse Gurbe. “Yn it portaal stie in

    skaal mei in buordsje ‘Foar de siken’.”

    Jierdei It wie Douwe syn jierdei. Hij waard fjouwer jier. Mem frege oft se op skoalle ek

    in ferske foar him songen ha. “Ja”, seit Douwe, “U alleen, U loven wij!”

    Fryske útdrukkingen (dy’t jo net wurdlik oersette kinne) Dat hat net folle om ’e hakken - Dat hat neat te betsjutten.

    Dat ferrifelet my - Dat komt my oer ’t mad.

    It rint my oer de fûst - it wurdt my tefolle, ik kin it net oan.

    Dat wiist mâl - Dat sjocht der net bêst út.

    Dat docht gjin fertuten - Dat bringt neat op, dat hat gjin nut.

    It naait derút as âld smoar - Men makket in soad drokte, it giet mâl.

    Dat liket my safolle as fleanen - Dêr wol ik neat fan witte.

    Dat komt net klear - Dat rint net goed ôf, dat komt ferkeard.

    Namme In pear âlde minsken freegje de buorlju om ris meielkoar te iten. En dat giet oan. Alle

    kearen as de âld man syn ald wyfke wat freget, neamt er har ‘leave’, ‘wyfke’, ‘popke’

    ensfh. It makket in djippe yndruk op de buorlju, benammen omdat de âlde minsken al 60

    jier troud binne. As de froulju efkes yn de keuken ompiele, seit de buorman: “Wat moai

    dat jo de frou nei safolle jierren noch hieltiten flaainammen jouwe.” De âld man jout as

    antwurd: “Om earlik te wêzen, ik kin al sa’n tsien jier net mear op har namme komme ...”

    Moarn net ferjitte dat ik juster Wa’t in Fries ienkear

    goede foarnimmens hie yn it hert sluten hat,

    om hjoed mei te begjinnen … is der min wer út te krijen.

    (Ytsje Hettinga)

  • 12

    Utfanhûs by pake en beppe (4)

    1. 2. 3.

    Om de pleats hinne

    It dearinnend wykje einiget presys foar de foarkant fan de pleats fan pake en beppe oer. It

    sânpaad, dat neist it wykje leit, rint fierder tusken de stille sydkant fan de pleats en de

    dongbult of rûchskerne troch. Dat moat ek wol, want de doarren nei de heaskuorre binne

    dêr ek. Op de dongbult lizze in pear planken en der stiet ek in planke tsjin de bult. As

    pake geregeld in pear kroadfollen stront út de groppe leegje moat, dan set er tichteby de

    bult de stap deryn en draaft hast by de bult op. Je kinne hearre dat it muoite kostet om

    derby op te kommen. Eins koene je by pake alles goed hearre. Oar (grien) ôffal komt ek

    op ’e rûchskerne.

    It paad rint fierder troch de greiden fan pake en beppe en dêrom binne der nochal wat

    hikken. As pake en beppe te melken geane en ik der útfanhûs bin, dan sit ik by pake foar-

    op de wein en beppe sit efterop efter de molkbussen. As pake “Jantsje!” ropt, dan springt

    beppe fan de wein, rint foarút en iepenet en slút de hikke. Pake rint ûnderwylst ûnbe-

    kommere mei kedde en wein troch, beppe set de stap deryn en springt wer efterop de

    wein. By de oare hikke itselde ritueel!

    It molkersplakje op in sânhichte oan de Earste Wyk, foar it plantsoen oan it Fochteler-

    fean oer (foto 1) wie prachtich moai om te boartsjen.

    Nei it melken moasten de bussen noch mei de molkkarre (foto 2) nei de dyk brocht

    wurde, dêr’t de molkauto se weihelle. As pake in goed sin hie, mocht ik wolris mei op ’e

    karre.

    In pear meter bûten de doar wiene de pomp, it bjinstap en it potrak (foto 2).

    Simmers en maitiids wosk pake him ûnder de pomp en beppe himmele dêr de potten,

    pannen, bussen, tjemzen of sokssawat. De overals waarden der ek mei griene sjippe op it

    bjinstap ôfboarstele.

    Tichteby it hûs wie ek noch in reinwetterbak, dy’t mei de pomp de iennichste drink-

    wetterfoarsjenningen wiene yn dy earste nei-oarlochske tiden.

    Neist it potrak stie noch in houten skuorke, dat krekt as de houten heaskuorre kreas yn de

    swarte tar siet. Dêr stiene de fytsen, fytspomp, it drûchrak, de wasktobbe en noch wat

    mear lyts ark, dat foar it gripen lizze moast.

  • 13

    Efter de stâl is de jarrekolk en dy leget pake mei in grutte skepamer. De jarre wurdt yn de

    jarrebak smiten en as dy fol is, komt de kedde derfoar om dy nei de greide te lûken en dêr

    wurdt it spul as bedonging oer it lân struid. Dat docht pake mei deselde skepamer en mei

    in linige earmslach ferstruit er it guodsje hiel sekuer oer de greide. Letter hie er in

    sproeier oan de bak.

    Efkes fierder as de jarrekolk is it hinnehok mei in grutte loop, dêr’t pake en beppe in stik

    of tsien hinnen yn hawwe. Sy ite net allinne fan de aaien, mar ferkeapje se ek wolris,

    krekt as mei in pear mingel molke. Jûns foar it melken fuorret beppe de hinnen en nimt

    sy yn ’e skelk de aaien út de nêsten mei en bewarret se dan yn in kûm yn ’e kelder. Ik ha

    ek wolris in hin sûnder kop troch de loop rinnen sjoen, trochdat pake him slachte hie foar

    it hinnesop. Efter it hinnehok lei in bulte wyt sân, dat saterdeis brûkt waard om it sân-

    paadsje en de giele strjitstientsjes foar de doar wat op te fleurjen.

    Nettsjinsteande de primitive libbensomstannichheden op ’e wiken, fûn ik (foto 3) it dêr

    yn myn jongste libbensjierren dochs in paradys op ierde!

    As Sytske en ik no mei de auto thúskomme, dan sis ik faak “Jantsje” en dan stapt Sytske

    út om de doar fan de garaazje te iepenjen; moai net?! Pake en beppe wurde sa noait mear

    fergetten. Anne

    Fries om utens (liet; oarspr.: Caledonia, fan John Wright. Fûn op Youtube; moai!)

    1. O ja, ’t is wier, ik fiel my hjoed 3. O Fryske grûn, do joechst my brea,

    hiel oars as oars, begryp my goed. dyn griene greiden, de lucht fan hea,

    Myn hûs stie oeral op ’e wrâld, dyn loften wyld, dyn marren wiid,

    gjin plak dêr’t ik sa fan hâld. dat is myn byld fan dy tiid.

    2. Ik stiel herten, die oaren sear, 4. ’k Fertel ferhalen, ’k sjong fan dyn grûn,

    ik makke freonen, ferlear in pear; it is dêr’t eartiids myn libben begûn.

    de lêste dagen bin ik bang ’t Ferwûndert my, hoe as it kin

    dat ik sa nei dy ferlang. – Refrein - dat ik mysels hjoed net bin. – Refrein -

    Refrein: ’k Sil dy sizze dat ik grutsk bin

    en myn tinzen stean hiel ticht by dy,

    Fryslân, do ropst my, ja ik wol nei hûs.

    En soe ik oait in frjemdling wurde

    en dyn grûn fielt net mear as fan my,

    Fryslân, o Fryslân, ’k langje nei dy.

  • 14

    Dream (Hester Holwerda)

    Wat soe ik graach

    it lânskip fan dyn libben kleurje wolle,

    de tearen yn dyn holle

    de tinten jaan fan hope,

    dy’t earder stoar yn ’t djipste fan dyn hert;

    en ’t grize yn dyn hier

    ferfange troch it flamjend brún

    fan beammebledsjes yn in moaie hjerst.

    Wat soe ik graach

    myn skilderij mei ’t lânskip fan dyn libben:

    de machtich hege bergen, wetterfallen

    en wegen sûnder buordsje ‘dit rint dea’,

    foar dy ta libben roppe

    en blommen bloeie litte

    yn de waarmte fan in lange

    simmerdei.

    Wat soe ik graach

    foar dy yn loften, blau, as stiel

    boppe in wrâld fan farske snie,

    it lânskip fan dyn libben sketse wolle,

    dêr’t blydskip dûnset mei de wille

    en ’t lôgjend fjoer fan libben

    dy lokket mei syn flammen, dyn wêzen

    yn in reinbôge fan kleuren set.

    Wa wit sil ienris op in moaie maitiidsdei

    myn dream de wurklikheid berikke.

    yll. Marius van Dokkum

  • 15

    Dorpshuis ’t Haolerhoes is bij uitstek geschikt voor:

    - feesten en partijen,

    - vergaderen (beamer en laptop aanwezig),

    - bijeenkomsten.

    Zaalruimten groot en klein naar keuze.

    Ruime parkeergelegenheid. Praktisch alles is mogelijk.

    Vraag vrijblijvend inlichtingen bij de beheerder. Tel. 0593 – 592340 - b.g.g. 06 – 10144987

    Stengelinstraat 18, 9414 AV Hooghalen

  • 16

    Famyljeberjocht Fan de famylje Bakker (Eelde) krigen wy it útdruklik fersyk om oan alle kriteleden witte

    te litten, dat op 11 maaie hommels ferstoarn is: Jitske Bakker-Dijkstra (86 jier).

    Korrespondinsje-adres: Molkampen 47, 9761 BK Eelde

    Om yn jo bûsboekje te setten

    Snein 27 septimber 2020

    Doarpshûs, Paterswolde (Bähler Boermalaan 4), 11.00 oere: Fryske ferskes sjonge mei

    pianobegelieding; fan 10.30 oere ôf kofje/tee. Ynformaasje by Anje, til. 0592 - 373555.

    Freed 9 oktober 2020, de middeis ’t Haolerhoes Hooghalen, 14.30 oere: Miene Gearkomste Us Memmetaal en

    “Voortvarende vrouwen”.

    Sneon 7 novimber 2020

    De Schalle, Nijeveen, Krite Waling Dykstra/Meppel: hjerstjûn (program noch net

    bekend).

    Sneon 14 novimber 2020

    De Kiekmure, Hurderwyk: 96ste Algemiene Gearkomste én Moetings- en Ynspiraasjedei

    FBoU.

    27 novimber 2020

    ’t Haolerhoes Hooghalen: in moaie muzikale jûn met Bauke Kooiker.

    Freed 18 desimber 2020

    Urbana, Swol, Frysk Selskip Swol: krystmiel

    (Mear yn it septimbernûmer)

    - Tinke jo ek om ús advertearders? -

    Kopij foar it septimbernûmer kin oant

    en mei moandei 7 septimber 2020

    ynlevere wurde by de redaksje

  • SPESJAALSAAK

    H. Witting & Zn

    - sûnt 1876 - Huodden - Petten - Moade-aksessoires

    Oosterstraat 51 Grins 050 3121180

    Fakman

    Yn in kroech, dêr’t steefêst boeven byinoar komme, is in bûskesteller (zakkenroller) op ’e sneup yn in moadeblêd. “Do bist al in echte snob wurden!” is de miening fan ien fan syn maten. “Hoe komst dêrby?” is it antwurd, “dit is ommers in fakblêd. Ik moat dochs witte wêr’t yn dit seizoen de bûsen sitte …!”

  • Jo binne no dochs wol sa wiis,

    foar alle soarten broadsjes, slaadsjes,

    frisdrinken, wyn en tsiis:

    ’De Kaaswaag’ hat de fine fleur.

    Dêr kinne jo te kust en ek te keur! Singelpassage 20, Assen Tel. 0592 – 311154 www.dekaaswaag.nl

    http://www.dekaaswaag.nl/