Hoe komt de folchoarder yn de tiidwurdkloft mei 3 tiidwurden yn Ynterferinsjefrysk ta stân ?
description
Transcript of Hoe komt de folchoarder yn de tiidwurdkloft mei 3 tiidwurden yn Ynterferinsjefrysk ta stân ?
Hoe komt de folchoarder yn de tiidwurdkloft mei 3 tiidwurden yn
Ynterferinsjefrysk ta stân?
Eric HoekstraArjen Versloot
Sneak preview: dy komt ta stân ûnder ynfloed fan kloften mei 2 en 3 tiidwurden yn Frysk en Hollânsk.
2. Wat is in tiidwurdkloft?
De groep fan tiidwurden (‘werkwoorden’) efteryn de sin:
(1) Omdat er laitsje wollen hie. (Frysk)
Tiidwurden: laitsje, wolle, hawwe
3. Tiidwurdkloften
Hollânsk begjint mei de Persoansfoarm (yn Posysje 1 dus):Omdat hij had willen lachen.
Frysk begjint mei it Haadtiidwurd (yn Posysje 1 dus):Omdat er laitsje wollen hie.
4. Fjouwer folchoarders wurde goedkard troch sprekkers fan Ynterferinsjefrysk
(1a) Omdat er laitsje wollen hie. (F)(1b) Omdat er laitsje hie wollen. (F-mingd)(2a) Omdat er hie wollen laitsje. (Nl)
‘had willen lachen’(2b) Omdat er hie laitsje wollen. (N-mingd)
=> Mar de persintaazjes fan sprekkers dy’t sokke sinnen goed fine, binne wakker ûngelyk!
5. Twa fan de fjouwer begjinne mei it Haadtiidwurd:
(1a) Omdat er laitsje wollen hie. 28,4%(1b) Omdat er laitsje hie wollen. 15,7%
Yn totaal begjint 44,1% fan de tiidwurdkloften yn Ynterferinsjefrysk mei it haadtiidwurd, krekt as yn it Frysk. Sis mar de helte.
6. Twa fan de fjouwer begjinne mei de Persoansfoarm
(2a) Omdat er hie wollen laitsje. 32,4%‘had willen lachen’
(2b) Omdat er hie laitsje wollen. 15,7%
Yn totaal begjint 48,1 % fan de kloften yn it Ynterferinsjefrysk mei it haadtiidwurd, krekt as yn it Hollânsk. Sis mar de helte.
7. Wat stiet der yn posysje 1?
Haadtiidwurd 44,1 % Persoansfoarm 48,1 %
Rûchwei begjint de helte fan de kloften yn it YF mei de Persoansfoarm (Hollânsk), de helte mei it Haadtiidwurd, (Frysk).
8. Sprekkers ha kloften mei 3 tiidwurden net yn ‘e macht.
Se wurde beynfloede troch (‘gokke’):
1. Fryske kloften mei 3 tiidwurden2. Fryske kloften mei 2 tiidwurden3. Hollânske kloften mei 3 tiidwurden4. Hollânske kloften mei 2 tiidwurden
9. Betizing mei it Hollânsk en mei 2-kloften
Sin Posysje 1 Posysje 2
Fry-2 … lake hie … laitsje woe
Haad-tiidwurd
Persoans-foarm
Fry-3 … laitsje wollen hie Haad-tiidwurd
Helptiid-wurd
Nl-2 … had gelachen… wou lachen
Persoans-foarm
Haadtiid-wurd
Nl-3 … had willen lachen Persoans-foarm
Helptiid-wurd
10. De kar foar posysje 1 as in kânsetabel.
Foarbylden Posysje 1 Kâns
Fry-2 … lake hie … laitsje woe
Haad-tiidwurd
25%
Fry-3 … laitsje wollen hie Haad-tiidwurd
25%
Nl-2 … wou lachen… had gelachen
Persoans-foarm
25%
Nl-3 … had willen lachen Persoans-foarm
25%
Kâns Haadtw = 50 %, kâns Persf = 50 %, sjoch 7.
11. Posysje 2 as in kânsetabel
Sin Posysje 1 Kâns Pos 2 Kâns
… laitsje woe Haadtw. 25% Persf. 0/33%
… laitsje wollen hie Haadtw 25% Helptw 33%
… had gelachen Pers.foarm 25% Haadtw 0/33%
… had willen lachen Pers.foarm 25% Helptw 33%
Kâns Helptw. yn pos2 = 2/3;kâns pers.foarm of haadtw yn pos2 = 1/3.
12. Berekkenjen fan de kâns op de 4 folchoarders
Sin “Omdat er …” Type Kâns
laitsje wollen hie ‘Frysk’ 1/2*2/3 = 33%
hie wollen laitsje ‘Hollânsk’ 1/2*2/3 = 33%
laitsje hie wollen F-mingd 1/2*1/3 = 17%
hie laitsje wollen Nl-mingd 1/2*1/3 = 17%
13. Ferliking fan ús model mei wurklikheid
Sin “Omdat er …” Type Kâns Echt
1. laitsje wollen hie Frysk 33% 28,4%
2. hie wollen laitsje Hollânsk 33% 32,4%
3. laitsje hie wollen F-mingd 17% 15,7%
4. hie laitsje wollen Nl-mingd 17% 15,7%
NB. Ferliking fan ús model mei wurklikheid: foar 98% korrekt! (‘explained variance’).
Eric en Arjen sizze:
Tige tank foar jo oandacht!