Ferfolchprojekt “Sertifisearring Frysk en twatalichheid sfbo 2012 webstek.pdf · 1 Ynkl....

28
0 Ferfolchprojekt “Sertifisearring Frysk en twatalichheid fan pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen” Perioade 2011 – 2014 Ferslach 2012 Stifting Frysktalige Berne-opfang Ljouwert

Transcript of Ferfolchprojekt “Sertifisearring Frysk en twatalichheid sfbo 2012 webstek.pdf · 1 Ynkl....

Page 1: Ferfolchprojekt “Sertifisearring Frysk en twatalichheid sfbo 2012 webstek.pdf · 1 Ynkl. lokaasjes dy’t yn of foar 2012 de ... yn oantallen en yn útkearde subsydzje-bedragen.

0

Ferfolchprojekt “Sertifisearring Frysk en twatalichheid

fan pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen” Perioade 2011 – 2014

Ferslach 2012

Stifting Frysktalige Berne-opfang

Ljouwert

Page 2: Ferfolchprojekt “Sertifisearring Frysk en twatalichheid sfbo 2012 webstek.pdf · 1 Ynkl. lokaasjes dy’t yn of foar 2012 de ... yn oantallen en yn útkearde subsydzje-bedragen.

1

Ynhâld:

1. Ynlieding 2

2. Utwreiding tal plakken: akwysje, begelieding en fisitaasje 3

2.1. Akwisysje en begeliedingsaktiviteiten

2.2 Kursussen

2.3 Kontakt mei tredden

2.4. Subsydzjes foar de plakken

2.6. Fisitaasjes

2.7. Bestjoersaktiviteiten St. FBO

3. De Helpdesk. 8

4. Meiwurkers 11

5. Finansjele paragraaf 12

Taheakke

Klantûndersyk SFBO

Page 3: Ferfolchprojekt “Sertifisearring Frysk en twatalichheid sfbo 2012 webstek.pdf · 1 Ynkl. lokaasjes dy’t yn of foar 2012 de ... yn oantallen en yn útkearde subsydzje-bedragen.

2

1. YNLIEDING

Yn 2006 presintearre de Provinsje Fryslân de ûnderwiisnota Boppeslach. De haaddoelen

fan Boppeslach binne rjochte op it fergrutsjen fan de kwaliteit fan it ûnderwiis yn Fryslân

en it ûntwikkeljen fan in yntegraal en longitudinaal taalbelied dat rekken hâldt mei de

meartalige achtergrûn fan de learlingenpopulaasje en dat de foardielen fan dy

meartaligens brûkt. Yn de praktyk slute beide doelen op inoar oan en fersterkje se inoar.

De doelstellings en wurkwize fan de St. FBO slute folslein oan by de fisy en doelen fan

Boppeslach. De stifting wurket aktyf oan it fergrutsjen fan it oanpart Frysk/twataligens

yn en de didaktyske kwaliteit fan ynstellings yn de foarskoalske sektor troch in systeem

fan ynformaasjefersprieding, begelieding en sertifisearring. Yn 2007 hat de St. FBO in

fisystik oan de Provinsje presintearre hoe’t hja bydrage wol en kin oan de realisearring

fan in grut tal aksjepunten út Boppeslach oangeande de foarskoalske perioade. Yn

haadlinen giet it dêrby om it beheljen fan de folgjende doelstellings:

- It ûntwikkeljen en begelieden fan sertifisearre Frysktalige of twatalige

pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen.

- In taname fan it tal pjutteboartersplakken en berneiferbliuwen mei Frysktalige dan

wol twatalige groepen oant 200 yn 2015.

- It ûntwikkeljen en ymplemintearjen fan in profesjoneel systeem fan

selsevaluaasje, fisitaasje en sertifisearring

- It fierder ûntwikkeljen fan in dúdlike Helpdesk

- Aktiviteiten op it mêd fan de trochgeande line tusken de foarskoalske perioade en

it primêr ûnderwiis.

Yn oerlis mei de Provinsje freget de St. FBO op basis fan it fisystik út 2007 alle jierren in

subsydzje foar de útfiering fan in tal aktiviteiten dy’t oanslute by boppesteande

doelstellings. Nei ôfrin wurdt ferslach dien fan de behelle risseltaten. By dizzen fine jo it

ferslach fan de ûndernommen aktiviteiten en behelle risseltaten oer it jier 2012.

It ferslach is as folget yndield:

Haadstik 2 jout ferslach fan de aktiviteiten op it mêd fan de taname, begelieding en

sertifisearring fan Frysk- of meartalige foarskoalske ynstellings, haadstik 3 oer

aktiviteiten fan de helpdesk op it mêd fan kennisfersprieding en de trochgeande learline.

Yn haadstik 4 fine jo de meiwurkers en yn haadstik 5 de finansjele paragraaf.

Yn de taheakke folget dat it klanttefredenheidsûndersyk dat it SFBO yn 2012 en 2013

útfierd hat om har tsjinsten sa goed as mooglik oanslute te litten by it ferlet fan de

oanbieders fan berne-opfang en pjuttewurk.

Page 4: Ferfolchprojekt “Sertifisearring Frysk en twatalichheid sfbo 2012 webstek.pdf · 1 Ynkl. lokaasjes dy’t yn of foar 2012 de ... yn oantallen en yn útkearde subsydzje-bedragen.

3

2. UTWREIDING TAL PLAKKEN: AKWYSJE, BEGELIEDING EN FISITAASJE

2.1 Akwisysje en begeliedingsgaktiviteiten

Doelstelling

It Sintrum Frysktalige Berne-opfang hat fan de Provinsje Fryslân de opdracht krigen

derfoar te soargjen dat ein 2012 yn Fryslân 125 pjutteboartersplakken en

bernedeiferbliuwen wurkje mei in Frysk- of twatalich belied. Op 1 jannewaris 2012 wiene

der 110 fan sokke Frysk- of twatalige ynstellings.

In grut part fan it wurk fan it SFBO is rjochte op it entûsjasmearjen fan foarskoalske

ynstellings om in Frysk- of twatalich belied te ûntwikkeljen en it stypjen fan de

ynstellings by de ynfiering dêrfan. De plakken dogge mei oan in trajekt om sertifisearre

te wurden as Frysktalige of twatalige ynstelling. It SFBO begeliedt har dêryn. Yn it trajekt

wurde 4 fazen trochrûn, dit binne achterienfolgens:

Faze 0: De akwisysje: It SFBO siket kontakt mei en jout ynformaasje oan

gemeenten, ynstellings, bestjoeren en liedsters. Ek wurdt ynformaasje

levere oan âlden (skriftlik en fia âlderjûnen).

Faze 1: De begelieding op de wurkflier begjint. De fêste begelieder komt

geregeldwei op it boartersplak/bernedeiferbliuw om stapsgewiis it

taalbelied te ûntwikkeljen en yn te fieren yn ‘e praktyk. Dêrby wurdt

útdruklik sjoen nei de kwaliteit fan it (taal) pedagogysk hanneljen. Dizze

faze wurdt ôfsletten mei in fisitaasje op it earste nivo.

Faze 2. Op basis fan de risseltaten fan de earste fisitaasje wurdt de begelieding

kontinuearre. Yn dizze faze wurdt it taalbelied skriftlik fêstlein.

Faze 3. Begelieding oant en mei de sertifisearring. De puntsjes wurde op de “i” set.

Risseltaat: it taalbelied is ferankere yn it pedagogyske en personielsbelied

fan de ynstelling. De oerlanging fan it sertifikaat wurdt feestlik regele.

Faze 4: In plak is sertifisearre. Foar it wenstige strukturele ûnderhâld hâldt it SBO

kontakt mei it plak. Om ‘e trije jier folget in wersertifisearring.

Risseltaten:

De doelstelling foar 2012 wie set op 125 Frysktalige en twatalige lokaasjes, ferdield oer

de ferskate nivo’s. Ein 2012 stiet de teller yndie op 125 plakken, dat de doelstelling is

helle.

De ynstellings dy’t foar 2012 begûn wiene mei it trajekt binne dêr mei stipe fan de

begelieding yn foardere. Yn totaal hawwe 821 ynstellings it trajekt ôfrûne, 43 wiene dêr

yn 2012 noch mei dwaande.

We binne der hiel wiis mei melde te kinnen dat oant no ta mar ien lokaasje healwei it

trajekt besletten hat dêr net mei troch te gean. Dat jout oan dat op alle oare plakken der

ûnder âlden, nei de nedige foarljochting, draachflak is foar ús taalbelied en dat liedsters

en koördinatoaren ús stipe dêryn op priis stelle. Wol binne de gefolgen fan krimp,

besunigingen (yn kombinaasje mei strangere foarskriften) yn de foarskoalske sektor

fielber. Oant en mei 2012 hawwe 5 lokaasjes dy’t al sertifisearre wiene, of op nivo 2

sieten, de doarren slute moatten. Dizze 5 lokaasjes binne neffens ôfspraak wol meiteld.

Ek is der in lokaasje tichtgien dy’t noch op nivo 1 fan it sertifisearringstrajekt siet

(bernedeiferbliuw Makkum). Dy lokaasje is net opnommen yn de list.

De behelle risseltaten oer 2012 en de prognoaze foar it jier 2013 binne yn ûndersteand

skema opnommen. Der is in ûnderskied makke yn de stân op 1 jannewaris 2012 en op

31 desimber 2012. Foar de folsleinens binne ek de oantallen fermeld sa’t dy’t opnommen

1 Ynkl. lokaasjes dy’t yn of foar 2012 de doarren sletten hawwe.

Page 5: Ferfolchprojekt “Sertifisearring Frysk en twatalichheid sfbo 2012 webstek.pdf · 1 Ynkl. lokaasjes dy’t yn of foar 2012 de ... yn oantallen en yn útkearde subsydzje-bedragen.

4

binne yn de oanfraach foar 2013. Dy wike hjir en dêr ôf fan de stân fan saken op 31-12-

2013. Reden dêrfoar is dat dy oanfraach al foar 1 oktober 2012 ynlevere wurde moast,

mei dêryn in prognoaze fan it tal dielnimmende plakken yn de ferskate fazen. Tusken 1

oktober 2012 en 31 desimber 2012 hawwe der noch in tal net foarsjoene wizigingen

west.

Tal plakken Begrutte 2012

(neffens

oanfraach)

Werklik 2012 Begrutte 2013

(neffens

oanfraach)

Stân 1-1-

2012

Stân 31-12-

2012

Faze 0 15 0 0 25

Faze 1 18 19 17 19

Faze 2 6 5 8 6

Faze 3 12 15 16 15

Faze 4 71 71 79 82

Faze x 3 5 3

Totaal 125 110 125 150

De list mei plakken op 31 desimber 2012 is taheakke.

2.2 Kursussen

Doelstelling:

It SFBO organisearret alle jierren in tal kursussen foar liedsters fan dielnimmende

lokaasjes en organisaasjes. It oanbod slút oan by it ferlet út de praktyk, sa’t it SFBO dat

ynventarisearret. De kursussen binne in oanfolling op de begelieding op de wurkflier.

Risseltaten

Yn 2012 waarden de folgjende kursussen organisearre:

Frysk foar NL-talige liedsters.

Doel: liedsters tariede op it foarlêzen fan Fryske boekjes, it sjongen fan Fryske ferskes.

Twa deidielen oefenje mei útspraak.

Dizze kursus is yn oanpaste foarm jûn op lokaasje Bloemenkind yn ‘e maaityd fan 2012.

Dosint: Marike Elsinga mei stipe fan Rixt Vijlbrief (liedster)

Kursus Frysk: Stavering en Taalbonkjes.

Doel: liedsters op wei helpe mei it Frysk skriuwen en bewust meitsje fan ynslûpsels en

motivearje om gever Frysk te brûken. De kursus beslacht twa deidielen.

Dizze kursus is twa kear oanbean en beide kearen trochgongen mei maksimaal tal

dielnimsters (16): in kear yn ‘e maityd en in kear yn ‘e hjerst fan 2012.

Kursus en kursusboek binne mei de Afûk ûntwikkele.

Evaluaasje dielnimmers: Kursus foldocht goed, mar is ek wol hiel koart foar drege

matearje. Der wurdt om ferfolch / ferdjipping frege.

Dosint: Marike Elsinga mei stipe fan Rixt Vijlbrief (liedster)

2.3 Kontakt mei tredden

Doelstelling en risseltaten:

De St. FBO hat wurkrelaasjes mei in tal organisaasjes yn it Fryske fjild. Dat binne bgl:

Cedin, de Afûk, Partoer, Mercator, Calibris, EBLT. Foar it byhâlden fan dizze kontakten

wurdt jierliks in tal oeren opnommen. It giet dan om it bywenjen fan algemiene

gearkomste (bgl Goofy, regulier oerlis mei Afûk). Wannear’t in oerlis in projektmjittige

Page 6: Ferfolchprojekt “Sertifisearring Frysk en twatalichheid sfbo 2012 webstek.pdf · 1 Ynkl. lokaasjes dy’t yn of foar 2012 de ... yn oantallen en yn útkearde subsydzje-bedragen.

5

foarm kriget falt it net mear ûnder kontakt mei tredden mar bgl ûnder de Helpdesk, of

wurdt om eksterne finansiering socht.

Yn 2012 is mei fanwegen it útkommen fan it SFBO wurkplan 2012-2016 en it skriuwen

fan de fuortgongsnotysje fan de KAG (Taalryk Foarskoalsk Fryslân) it kontakt mei de

Afûk yntensivearre.

2.5. Subsydzjes foar de plakken

Doelstelling:

In wichtich ûnderdiel fan it sertifisearringstrajekt is dat dielnimmende plakken in

(beheinde) fergoeding krije foar de kosten dy’t se meitsje foar it ynfieren fan it

taalbelied. By kosten moat men tinke oan boeken of oare oankeapen foar de ferbettering

fan de taalomjouwing, kosten foar âlderjûnen, oanpassen printwurk en ekstra oeren

(oerlis, kursussen). De fergoeding wurdt yn de foarm fan in stimulearringssubsydzje

keppele oan it beheljen fan in folgjend nivo yn it sertifisearringstrajekt. Yn 2007 is mei de

Provinsje ôfpraat dat folslein sertifisearre plakken nochris in lytse

stimulearringssubsydzje fan

€ 225,= krije op it momint dat sy op ‘e nij fisitearre wurde (ienris yn de 3 jier).

By de subsydzjes giet it om de folgjende bedragen.

Nivo 1 = € 900

Nivo 2 = € 900

Nivo 3 = € 450

Faze 4 = € 75 jiers (€ 225 foar elke wersertifisearring, 1x yn de 3 jier)

Mei de Provinsje is ôfpraat dat de bedragen mei yngong fan 2010 (foar it earst sûnt

2003) foar ien kear yndeksearre wurde mei 2,5 prosint. It bedrach dat ûntstiet troch de

yndeksaasje wurdt brûkt om de dielnimmende plakken, neist de bonus, ek in pakket mei

materiaal te jaan (cd’s, boeken), sadat op alle plakken yn alle gefallen it basismateriaal

oanwêzich is. Dat bedrach is net yn de ôfrekken fan de fisitaasjes meinommen, it is te

finen by de post materiaalkosten.

Risseltaten

Hjirûnder stiet in oersicht fan de subsydzjes, ûnderferdield yn nivo’s, dy’t útkeard binne

oan de dielnimmende plakken, yn oantallen en yn útkearde subsydzje-bedragen. NB:

Oars as yn it skema yn paragraaf 2.2 giet it yn it ûndersteande skema dus net om it tal

plakken dat him yn in bepaalde faze befynt.

Yn plakken BEGRUTTE WERKLIK

2012 2012

Nivo 1, behelle yn 2012 23 18

Nivo 2, behelle yn 2012 6 13

Nivo 3, behelle yn 2012 12 10

Totaal fisitaasjes nivo 1, 2 en 3 41 40

Nivo 3, behelle yn 2011 of earder 71 71

Wêrfan wersertifisearre yn 2012 23,7 20

Yn euro's BEGRUTTE WERKLIK

2012 2012

Nivo 1 20.700 16.200

Nivo 2 5.400 11.700

Nivo 3 5.400 4.500

Faze 4 (wersertifisearring) 5.325 4.500

Totaal 36.825 36.900

Page 7: Ferfolchprojekt “Sertifisearring Frysk en twatalichheid sfbo 2012 webstek.pdf · 1 Ynkl. lokaasjes dy’t yn of foar 2012 de ... yn oantallen en yn útkearde subsydzje-bedragen.

6

Der binne it tal útfierde fisitaasjes neffens de prognoaze. Der sit lykas ferline jierren in

lyts ferskil (2) yn it tal wersertifisearringen. Formeel hearre dy ien kear yn de 3 jier

hâlden te wurden. Lykwols, yn de praktyk skood sa’n wersertifisearring wolris in heal jier

of in jier op, bgl om’t der krekt personele wiksels west hawwe.

2.6. Fisitaasjes

Doelstelling:

Nije plakken misse de kennis om sels de kwaliteit fan harren taalbelied te hifkjen. Dêrom

wurket de St. FBO al sûnt 2000 mei in ûnôfhinklike fisitaasjekommisje, dy’t by de

plakken del giet om nei te gean oft hja yn oanmerking komme foar it sertifikaat. De

easken dêrfoar binne troch de St. FBO fêstlein yn in kwaliteitsramt.

Om de kontinuïteit fan it taalbelied te garandearjen, wurde sertifisearre plakken ienris yn

de trije jier op ‘e nij fisitearre. By de wersertifisearring wurdt mei klam omtinken jûn oan

it fierder ferankerjen fan it taalbelied yn de organisaasje. Bygelyks: Hoe wurdt it

taalbelied oerdroegen oan nije meiwurkers, hoe jout de organisaasje yntern en ekstern

útstrieling oan it taalbelied en hoe wurdt – yn relaasje ta it taalbelied - ynspile op

feroarings lykas fúzjes?

De fisitaasjes wurde dien troch leden fan de fisitaasje kommisje, yn ûngefear de helte fan

de gefallen yn kombinaasje mei in begelieder fan it SFBO. De fisitatoaren krije in

frijwilligers/ûnkostefergoeding foar harren ynset. Dizze bedragen falle binnen de wetlike

tastiene fergoeding fan frijwilligers.

Risseltaten:

Der ha yn totaal 55 fisitaasjes west, alle 55 mei in positive útslach.

Nivo 1: 12

Nivo 2: 7

Nivo 1 en 2: 6

Nivo 3: 10

Wersert.: 20

It tal fisitaasjes wykt yn guon gefallen ôf fan it bedrach oan útkearde subsydzjes om’t der

bytiden proeffisitaasjes dien wurde, of de útbetelling fan de subsydzje oer it kalinderjier

hinne falt.

Der hat yn 2012 ien gearkomste west fan de fisitaasjekommisje. De besprekpunten

dêryn wiene:

de ûnôfhinklikheid fan de fisitaasjekommisje

kwaliteitseasken y.r.t. krisis en krimp

de balâns tusken praktyk en belied by it hifkjen fan de kwaliteit fan it twatalich

belied

ûntwikkeling fan in nij kwaliteitsramt. (it fisitaasje-ynstrumint)

De leden fan de fisitaasjekommisje yn 2012 wiene:

Sikko de Jong (foarsitter)

Ageeth Zijlstra

Annigje Toering

Janny Bottema

Riemkje Hoogland

Anne Piebenga

Gerda Fokkema

Pytsje Cuperus

Hilly Brouwers

Luky van der Wal

Page 8: Ferfolchprojekt “Sertifisearring Frysk en twatalichheid sfbo 2012 webstek.pdf · 1 Ynkl. lokaasjes dy’t yn of foar 2012 de ... yn oantallen en yn útkearde subsydzje-bedragen.

7

Tettie Offenga

Elske Roorda

Annet Bouma

Nynke Zijlstra

Fetsje Anema (nij yn 2012)

Japke Kornelis (idem)

Jetske Miedema (idem)

De meiwurkers fan it SFBO dy’t yn 2012 fisitaasjes útfierd hawwe binne:

Johanna Zaagmans

Jitske Krol

Janny Posthuma

Mirjam van der Hoek

Marike Elsinga

Petra Renema

Sietske de Roos

Chantal van Sluys

De kosten fan de frijwillige leden fan de fisitaasjekommisje binne € 2.411,19. It giet

dêrby om de kilometerkosten en it presinsjejild foar de fisitaasjes en de gearkomsten.

De kosten foar fisitaasjes útfierd troch meiwurkers fan it SFBO binne as folget:

29 fisitaasjes à € 282 = € 8.178

Kosten bywenjen gearkomsten fisitaasjekommisje: € 850

Totaal kosten SFBO-meiwurkers: € 9.028

2.7 Bestjoersaktiviteiten St. FBO

Doelstelling en risseltaten

De taak fan it bestjoer is om de rânebetingsten sa optimaal mooglik te meitsjen sadat de

aktiviteiten fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang goed ferinne kinne. Yn dat ramt hat it

bestjoer te krijen mei personielsbelied, finansjeel belied en oare saken dy’t mei it útfiere

kinnen fan it belied te meitsjen hawwe.

It giet te fier om alle saken dy’t yn de bestjoersgearkomsten oan de oarder west hawwe

wiidweidich te beskriuwen. Wy beheine ús hjir dan ek ta in pear spesifike saken dêr’t it

bestjoer him mei dwaande hâlden hat.

Bestjoersgearstalling

Yn 2012 is de bestjoersgearstalling fan St. FBO feroare. Twa bestjoersleden, de hearen

Valk en Kamminga binne ôftreden. Beide hawwe hja har fanôf it begjin ynset foar de St.

FBO. Op in bestoersgearkomste yn desimber is fan harren ôfskied naam.

Lokkich koene wy in nij bestjoerslid fine. De hear Henk Vriesema, haad van pcbs De Arke

yn Burgum, is ree fûn om in sit yn it bestjoer te nimmen.

Wurkplan 2012-2015

Troch de direksje is in konsept wurkplan foar de jierren 2012-2015 opsteld. Dit is yn in

bestjoersgearkomste bepraat en troch it bestjoer fêststeld.

Undersyk

Hoewol’t ûndersyk net de earste taak fan it SFBO is hat yn it bestjoer in pear kear oan de

oarder west oft it net goed is om ûndersyk te dwaan nei taaloerdracht by jonge bern. It

SFBO murk op de wurkflier en út petearen mei âlden dat it faak foarkomst dat bern –

nettsjinsteande in Frysktalige op twatalige opfieding – it Frysk net aktyf behearskje.

Oant no ta is dêr mar in bytsje literatuer oer dit fenomeen. De literatuer dy’t beskiber is,

Page 9: Ferfolchprojekt “Sertifisearring Frysk en twatalichheid sfbo 2012 webstek.pdf · 1 Ynkl. lokaasjes dy’t yn of foar 2012 de ... yn oantallen en yn útkearde subsydzje-bedragen.

8

is meast út oare lannen wei en oer de Fryske situaasje is eins dit aspekt nea ûndersocht2.

It bestjoer hat op foarstel fan de direksje besletten in ûndersyk op dit mêd út te fieren en

hat hjiroer kontakt socht mei de NHL. Yn de rin fan 2012 is it ûndersyk útfierd troch twa

studintes fan de NHL. De earste risseltaten binne bepraat yn ien fan de lêste

bestjoersgearkomsten yn 2012.

Yn 2012 binne earste oriëntearende petearen west tusken de direksje en it bestjoer oer

in ferfolchûndersyk dat útfierd wurde kin yn gearwurking mei de UFC, de RUG en mooglik

noch oare partijen. It bestjoer hat besletten dat yn 2012 fierder wurke wurde kin oan de

útwurking fan in projektfoarstel.

KAG- Foarskoalsk

It bestjoer is ferstjintwurdige yn it oerlis fan de Koördinaasje Advys Groep Foarskoalsk.

Yn 2012 binne der in tal gearkomsten west dêr’t besocht is in nij plan foar aktiviteiten

foar de kommende jierren op te stellen. SFBO (Sytske) en Afûk (Carolien Hoekstra) ha yn

opdracht fan de KAG tegearre in plan fan oanpak skreaun dêr ’t de plannen mei it Frysk

yn de foarskoalske perioade yn beskreaun wurde

Oerlis Provinsje Fryslân

Sa no en dan is der oerlis tusken de beliedsmeiwurkers fan de Provinsje Fryslân en de

direksje en in ôffurdiging fan it bestjoer fan SFBO. Dizze petearen binne diels om de

Provinsje te ynformearjen oer de fuortgong en dêr njonken wurde nije útstellen mei

inoar besprutsen.

3. DE HELPDESK

Doelstelling

Yn it plan “Meertaligheid/Fries in de voorschoolse voorzieningen 2007-2010” fan de

provinsjale Koördinaasje Advys Groep (KAG) Foarskoalsk is as wurkdoel de realisaasje

fan in “helpdesk” oanjûn. De Provinsje hat de útfiering dêrfan dellein by it SFBO. De

helpdesk is rjochte op it fersprieden fan kennis oer meartaligens yn de foarskoalske

perioade troch presintaasjes, leechdrompelich advys en foarljochting. Doelgroepen binne

bgl oerheden mar ek de ROC’s.

De helpdesk biedt dêrneist begelieding op it mêd fan taalbelied yn sitewaasjes dêr’t in

bysûndere problematyk spilet (bgl fúzjes). Wichtich ûnderdiel fan de helpdesk is ek it

bieden fan ûndersteuning by trajekten foar in trochgeande learline meartaligens

foarskoals-basisûnderwiis.

Risseltaten:

Yn de begrutting binne de aktiviteiten dy’t útfierd wurde yn it ramt fan de helpdesk

kategorisearre. Hjirûnder wurdt per kategory oanjûn watfoar aktiviteiten it SFBO

ûndernommen hat.

a) Fersprieden fan kennis troch presintaasjes en workshops, advys en foarljochting,

salang’t dit net yn it teken falt fan akwisysje fan nije plakken.

It SFBO hat sit yn de Tomke-wurkgroep mei as taak it ferlet fan taal-pedagogysk

materiaal op de pjutteboartersplak te ynventarisearjen en in bydrage te leverjen

oan de ûntwikkeling dêrfan. We leverje ynhâldlik in bydrage oan de Tomke-dei en

steane dêr mei in ynformaasjediske. (30 oeren)

It SFBO hat mei de Afûk en Cedin meiwurke oan in fertaling fan ûnderdielen fan

Boekenpret, sadat dit ek yn Frysktalige- en twatalige pjutteboartersplakken brûkt

2 It SFBO hat it foarkommen fan it ferskynsel en it ferlet oan ynformaasje dêroer ferskate

kearen oan ‘e oarder steld yn petearen mei de Fryske Akademy, dy organisaasje hat it

oant no ta net spesifyk meinommen yn har ûndersyksprojekten.

Page 10: Ferfolchprojekt “Sertifisearring Frysk en twatalichheid sfbo 2012 webstek.pdf · 1 Ynkl. lokaasjes dy’t yn of foar 2012 de ... yn oantallen en yn útkearde subsydzje-bedragen.

9

wurde kin. Yn 2012 hat it SFBO de opmaak en distribúsje regele mei de

Biliotheekservice. Foar it útfieren fan fertalingen beskikt it SFBO oer in pool fan

frijwilligers. (25 oeren3)

Yn 2012 hat it SFBO ek wurke oan de oersetting fan de âlderbrieven hearrende by

Uk&Puk. It giet yn totaal om goed 30 brieven. Ek dêrby is gebrûk makke fan de

frijwillige oersetters, wylst de kantoarfrijwilligers de opmaak foar har rekken

nommen hawwe (15 oeren4).

It SFBO hat meiwurke oan de Harksitting fan it Konsultatyf Orgaan foar de

rapportaazje oangeande it Europeesk Hânfêst foar Minderheidstalen. (6 oeren)

Ek hat it SFBO dielnommen oann de expertmeeting oer de nije nota Taal, Kultuer

en Underwiis fan de Provinsje (8 oeren).

Der is in workshop jûn oer meartaligens oan studinten Toegepaste

Taalwetenschappen oan de RUG (8 oeren).

It SFBO hat meiwurke oan it plan fan Gemeente Skarsterlân en berne-

opfangorganisaasje SKIK om twataligens in yntegraal plak te jaan yn it nije VVE-

belied. It measte wurk dêrfoar is dien yn 2011, yn 2012 is noch oanskood by 3

trainingen fan Uk & Puk (12 oeren). Ek hat it SFBO meiwurke oan de wurkbesite

fan Deputearre De Vries yn Skarsterlân (6 oeren).

Yn 2012 hat it SFBO in ûndersyk dwaan litten troch 2 NHL-studinten nei faktoaren

dy’t in rol spylje by it al dan net slagjen fan in aktive oerdracht fan it Frysk yn

húshâldingen. It SFBO hat it projekt ynhâldlik yntensyf begelaat en in rol spile yn

it fersprieden fan de enkêtes fia pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen. (40

oeren)5

Der wurdt geregeldwei tillefoanysk advys jûn oan organisaasjes, bgl oer it Frysk

yn de nije wet OKE, wêr fan tapassing wurdt ynformaasje tastjoerd (60 oeren).

Der hat 2x in oerlis west mei de UCF om te praten oer mooglike dielname fan it

SFBO yn de ûndersyksprojekten fan de UCF. Ek is in projektplan útwurke (20

oeren).

Om gemeenten en kollega organisaasjes goed te ynformearjen oer ús aktiviteiten

en doelstellings is in wurkplan skreaun foar de perioade 2012-2015 en is de

distribúsje dêrfan regele. (30 oeren)

It SFBO hat mei Carolien Hoekstra fan de Afûk en mei ynbring fan oare KAG-leden

de fuortgongsnotysje Taalryk Foarskoalsk Fryslân skreaun foar de Koördinaasje

Advys-groep Foarskoals. (16 oeren + 2 kag-gearkomsten, ynkl tarieding = 8

oeren).

Totaal oantal oeren ûnderdiel a: 284 oeren

b) Begelieding yn sitewaasjes mei bysûndere problematyk.

Dizze begelieding is yn 2012 ferliend oan fiif grutte koepelorganisaasjes, benammen

y.f.m. problematyk om de harmonisaasje, krimp en de yntroduksje fan VVE hinne.

Totaal oantal oeren ûnderdiel b: 76.

3 Dit is ekslusyf de oeren fan de frijwilligers

4 Idem

5 Plus 40 oeren eigen tiid fan direksje. Ofrûning en presintaasje ûndersyk falle yn 2013.

Page 11: Ferfolchprojekt “Sertifisearring Frysk en twatalichheid sfbo 2012 webstek.pdf · 1 Ynkl. lokaasjes dy’t yn of foar 2012 de ... yn oantallen en yn útkearde subsydzje-bedragen.

10

c) Trajekten trochgeande line

It SFBO hat it jierlikse oerlis foarskoalsk-ûnderbou koördinearre yn Feanwâlden,

as ûnderdiel fan it troch de gemeente Dantumadiel inisjearre projekt trochgeande

line meartaligens = 8 oeren

Yn 2012 hat fiif kear oerlis west mei it Taalsintrum Frysk fan Cedin y.f.m.

projektplan Poppe-Puber. Fia dit projektplan wurde foarskoalske ynstellings dy’t

wurkje mei in Frysk- of meartalich belied en 3-talige skoallen stimulearre om

meiïnoar in trochgeande learline meartaligens te ûntwikkeljen. Yn de gearwurking

tusken SFBO en Cedin besykje de partijen ek oer en wer yngongen foar inoars

begeliedingsstruktuer te finen. Mei troch yntervinsje fan de Provinsje Fryslân is de

gearwurking tusken de beide organisaasjes oanskerpe. (32 oeren)

Yn 2012 hat it SFBO fierder wurke oan de pilot “Trochgeande line meartaligens yn

stedske sitewaasjes”. Dy pilot is yn septimber 2010 úteinset op 4 foarskoalske

ynstellings en twa basisskoallen oan de westkant fan Ljouwert (Vosseparkwyk,

Westeinde en Valeriuskwartier). Yn 2011 is de lokaasje Transvaal fan de KWS

oanheakke by de pilot. Mei troch de troch it SFBO organisearre wurkbesite fan

wethâlder Koster yn 2011 hat de gemeente Ljouwert meartaligens beneamd ta

spearpunt fan it VVE-belied. As ien fan de ûnderdielen is it ûnderwerp

meartaligens opnommen yn de VVE-trainingen.

Foar de ymplemintaasje is yn 2012 2x oerlis west mei de gemeente, 1x mei de

VVE-trainers en is 4x oanskood by de trainingen fan Uk & Puk (6 oeren plus 4x4

oeren = 18 oeren). Dêrneist is twa kear in oerlis west mei dielnimmende skoallen

en 1 kear mei in koepel foar basisûnderwiis. (9 oeren)

Yn 2012 hat SFBO yntensyf meiwurke oan it ûntwikkeljen fan in trijetalich model

dat geskikt is foar skoallen yn stedske sitewaasjes (32 oeren).

Yn 2012 is in plan ûntwikkele foar in Frysktalich aktiviteite-oanbod foar BSO’s yn

brede skoallen yn dominant Nederlânsktalige gebieten, mei as doel om yn

oparbeidzjen mei ús partners yn de berne-opfang draachfalk te kreëarjen foar it

Frysk op de basisskoallen. It plan is yn 2013 útfierd. (Tarieding 2012: 30 oeren)

Totaal tal oeren ûnderdiel c: 124 oeren

d) Advys en foarljochting oan de inisjele opliedings (ROC’s):

It SFBO hat in module “meartaligens” ûntwikkele foar de PW-opliedingen oan de ROC’s

yn Fryslân. Mei de lokaasjes is ôfpraat dat hja de module ynpasse yn it kurrikulum.

Ynhâldlik slút it ûnderwerp yn it kurrikulum oan by ûntwikkelingspsychology, by it fak

Nederlânsk, of by “Beroepsvaardigheden taal”.

De module bestiet út in yntroduksjeles, in blok praktykopdrachten dy’t op ‘e webstek fan

SFBO te finen binne, en dy’t ûnder lieding fan de “eigen” dosint útfierd wurde, én

(meastal) in ôfslutende les dêr’t dy opdrachten, en de staazje-ûnderfiningen mei

foarskoalsk taalbelied yn neibepraat wurde. De yntroduksjeles en de ôfslutende les wurde

fersoarge troch it SFBO.

Yn 2012 is de module 9 kear útfierd wurden.

(http://www.sfbo.nl/frysk/meartaligens_roc.php)

- ROC de Friese Poort, Drachten – 4 x 20 dielnimmers

- ROC Friesland College, ‘t Hearrenfean – 3 x, oan resp. in groep fan 30, in groep

fan 10 en in groep fan 14 dielnimmers

- ROC De Friese Poort, Snits – 1 x 16 dielnimmers

- ROC De Friese Poort, Ljouwert - 1 x 25 dielnimmers

Yn totaal foar 175 dielnimmers - ROC Friesland College yn Ljouwert en ROC De Friese Poort yn Dokkum ha de

module meartalichheid dit jier net oanfrege.

Totaal tal oeren tarieding, foaroerlis en útfiering module meartalichheid: 56 oeren.

Page 12: Ferfolchprojekt “Sertifisearring Frysk en twatalichheid sfbo 2012 webstek.pdf · 1 Ynkl. lokaasjes dy’t yn of foar 2012 de ... yn oantallen en yn útkearde subsydzje-bedragen.

11

e) Webstek

It SFBO hat sûnt 2010 in webstek, www.sfbo.nl, yn 2012 is bywurke. Alden of

fersoargers dy’t in Frysk- of twatalich pjutteboartersplak of bernedeiferbliuw sykje kinne

dat op www.sfbo.nl fine. Op de webstek is ek ynformaasje te finen oer meartaligens yn it

algemien, twatalich belied yn de foarskoalske perioade en relevante ynformaasje oer de

SFBO-organisaasje sels.

De dvd Talen kleurje dyn libben is online fia www.sfbo.nl te sjen. De dvd rjochtet him op

wichtige eftergrûnynformaasje oer meartalich grutbringen. De dvd Troch mei talen, dy’t

ek fia www.sfbo.nl te sjen is, jout in dúdlik byld fan de oanpak fan in trochgeande line

meartaligens. Foar de ROC’s is in aparte knop makke mei ynfo oer de gastlessen dy’t it

SFBO fersoarget.

Totaal tal oeren ûnderdiel e: 10 oeren

Totaal: 550 oeren

Kosten helpdesk BEGRUTTE OFREKKEN

2011 2012

Oeren 720 550

Oerepriis 73,03 73,03

Yn euro's 52.5812 40.166,50

Materiaal en aktiviteiten (ynkl trochgeande line) 7500 1913.67

Totaal yn euro's 60.082 42.080

4. MEIWURKERS

De meiwurkers fan it SFBO wiene yn 2012:

Direksje

Sytske de Boer (fan 1 jannewaris 2003 ôf)

Marike Elsinga (fan 1 septimber 2004 ôf, oant 31 desimber 2007 detasjearre fanút

Partoer)

Begelieders

Sjoeke Kampen (fan 10 maaie 2004 ôf)

Mirjam van der Hoek (fan 1 maart 2007 ôf)

Sietske de Roos (fan 1 septimber 2012 ôf)

Johanna Zaagmans (fan 16 oktober 2008 ôf)

Janny Posthumus (fan 1 febrewaris 2010 ôf)

Sietske de Roos (fan 1 sep 2012 ôf)

Koördinaasje fisitaasjes en begelieding:

Jitske Krol (fan 16 oktober 2008 ôf)

Akwysysje, foarljochting en beheinde begelieding

Petra Renema (fan 1 jannewaris 2012 ôf)

Fierder kin it SFBO in berop dwaan op in groep frijwilligers foar fertaal- en

materiaalwurksumheden. Yn 2012 hawwe benammen Gerda Fokkema, Anita Overal en

Tine Schrama in wichtige bydrage levere oan it SFBO.

Page 13: Ferfolchprojekt “Sertifisearring Frysk en twatalichheid sfbo 2012 webstek.pdf · 1 Ynkl. lokaasjes dy’t yn of foar 2012 de ... yn oantallen en yn útkearde subsydzje-bedragen.

12

5. Finansjele paragraaf

Hjirûnder fine jo it oersjoch fan de kosten foar de ferskate aktiviteiten.

Resumearjend BEGRUTTE Ofrekken

2012 2012

Utwreiding tal plakken

(akwisysje en begelieding) 285.547 249.822

Subsydzje foar de plakken

Totaal 37.746 36.900

Kosten fisitaasjes 17.769 11.439

Bestjoerskosten 1.955 511

Helpdesk 60.082 42.080

Reservearringen:

- Algemiene reserve 40.310

Totaal 403.099 381.062

Mei de Provinsje is ôfpraat dat St. FBO by in posityf eksploitaasjesaldo tenei op syn

meast 10% fan de subsydzje foar in perioade fan op syn meast 3 jier reservearje mei. It

giet dêrby om in algemiene reserve.

Page 14: Ferfolchprojekt “Sertifisearring Frysk en twatalichheid sfbo 2012 webstek.pdf · 1 Ynkl. lokaasjes dy’t yn of foar 2012 de ... yn oantallen en yn útkearde subsydzje-bedragen.

13

RISSELTATEN KLANTTEFREDENHEIDSUNDERSYK

SINTRUM FRYSKTALIGE BERNE-OPFANG (SFBO)

Ljouwert, maaie 2013

Page 15: Ferfolchprojekt “Sertifisearring Frysk en twatalichheid sfbo 2012 webstek.pdf · 1 Ynkl. lokaasjes dy’t yn of foar 2012 de ... yn oantallen en yn útkearde subsydzje-bedragen.

14

1. ACHTERGRÛN EN OPSET

Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) hat yn har wurkplan 2012 – 2015 oanjûn de

gearwurking mei útfierende organisaasjes fersterkje te wollen.

Dêrta hawwe wy in klanttefredenheidsûndersyk hâlden ûnder de oanbieders fan berne-opfang

en pjuttewurk dêr’t it SFBO mei gearwurket. Yn in telefoanyske enkête is frege wat sy oant

no ta fine fan de oanpak en tsjinstferliening fan SFBO. De organisaasjes binne ek útnoege om

ferbetterpunten, tips en ferlet fan nije tsjinsten oan te jaan.

De respondinten fan it klanttefredenheidsûndersyk.

SFBO wurket gear mei fyftjin koepels en acht selsstannige (partikuliere) organisaasjes foar

berne-opfang op 125 lokaasjes om twatalich belied yn te fieren.

By tolve fan de fyftjin koepels is mei ien of mear liedingjaanden (meast telefoanysk, soms

mûnling) in fraachpetear hâlden. By seis fan de acht partikuliere organisaasjes is praat mei de

eigner. Mei de oare organisaasjes is ek kontakt opnommen mar is it net slagge om binnen it

tiidsbestek fan it ûndersyk in petear te hawwen mei de ferantwudlik funksjonaris (bgl troch

sykte of personiele feroarings).

De ynterviews binne ôfnommen troch Marike Elsinga, direksjelid fan SFBO.

De ynhâld fan de enkête

De enkêtefragen wiene rjochte op de folgjende ûnderwerpen:

1. Begelieding op ‘e wurkflier, mei ferslachlizzing en weromkeppeling nei liedingjaanden

en/of direksje

2. Liedsterkursussen, ferskaat/oanbod, kwaliteit, frekwinsje

3. Oanskowe by tiimoerlizzen om (in stikje fan) foarljochting oer meartaligens en oer it

wurkjen oan de meartalige ûntwikkeling ta te ljochtsjen

4. Stipe by it skriuwen fan teksten oer twatalich belied en it skriuwen en oersetten fan

teksten yn it Frysk

5. Advisearring SFBO oer it ynrjochtsjen fan taalbelied yn relaasje ta wet OKE, VVE

6. Materiaalfoarsjenning foar it taaloanbod foar de bern

7. Foarljochting meartaligens op âlderjûnen

8. Fisitaasjes, de tarieding, de fisitaasjebesite mei it neipetear, de ferslaggen, de neisoarch

9. Sertifisearring, PR en advizen oer feestlikheden

10. Beskikberens foarljochtingsmateriaal oer meartalich opgroeien

11. Beskikberens systeem foar it folgjen fan de meartalige ûntwikkeling

12. SFBO wol witte oft der noch oar ferlet is by de foarskoalske ynstellingen. Dêrom is frege

oft der ferlet is fan folgjende saken:

a. Stúdzjemiddeis foar lokaasjehaden oer twatalich belied

b. Wurkwinkel foar pedagogysk meiwurkers oer twatalich wurkjen

c. Nije kursussen: wurkje mei poppen, poppekast, ôfbeakene taalaktiviteiten

d. Digitale ynformaasje

e. Digitale kursussen

f. Oars

13. Wat fierder noch op it aljemint komt

Page 16: Ferfolchprojekt “Sertifisearring Frysk en twatalichheid sfbo 2012 webstek.pdf · 1 Ynkl. lokaasjes dy’t yn of foar 2012 de ... yn oantallen en yn útkearde subsydzje-bedragen.

15

2. FERSLACH ENKÊTE TSJINSTFERLIENING SFBO

In earste ympresje

Yn alle fraachpetearen wurdt oanjûn dat de gearwurking mei SFBO foaral sa op priis steld

wurdt fanwegen it praktyske karakter fan de begelieding en de goede oansluting by it ferlet

fan de minsken op ‘e wurkflier. De flotte tsjinstferliening, de foarljochting en it meitinken op

it mêd fan taalbeliedsfoarming wurde bot wurdearre. De gearwurking mei SFBO makket dat

organisaasjes har taalbelied yntegraal útfiere kinne, yn in tempo en op in manier dy’t by har

past. Ek by it oanpassen fan dat belied oan nije ûntwikkelingen (tink bgl. oan nije

wetjouwing) wurdt de begelieding fan SFBO op priis steld.

Yn de paragrafen 2.1 o/m 2.13 wurdt ferslach jûn fan de reaksjes op de yn paragraaf 1 neamde

enkêtefragen.

2.1 BEGELIEDING LOKAASJES

It begelieden fan de minsken op ‘e wurkflier yn de foarskoalske foarsjenningen is in grut en

wichtich part fan it wurk fan SFBO. Om it taalbelied stapsgewiis te ûntwikkeljen en yn te fieren yn ‘e praktyk komt der

geregeld in fêste begelieder fan SFBO op it boartersplak/bernedeiferbliuw. Dêrby wurdt

útdruklik sjoen nei de kwaliteit fan it (taal) pedagogysk hanneljen. De begeliedster

advisearret oer it taaloanbod yn it Frysk en it Nederlânsk, jout praktyske tips, biedt

meast Frysk (mar ek Nederlânsk)-talich temamateriaal oan en stipet de minsken op ‘e

wurkflier by it wennen oan har nije taalhâlding: it sa konsekwint mooglik brûken fan ien

fêste taal per persoan.

Reaksjes

De begelieding op ‘e wurkflier wurdt rûnom wurdearre. Liedingjaanden jouwe oan dat sy it

maatwurk fan SFBO bot op priis stelle en dat de liedsters wiis binne mei de begelieding. Sy

hearre ek fan liedsters dat de SFBO-begeliedsters har hiel bot ynspirearje en motivearje foar it

twatalich belied. De praktyske tips helpe minsken om it twatalich belied yn praktyk te

bringen.

Liedingjaanden fertelle dat sy sjogge dat de SFBO-begelieding in positive útstrieling hat op

saken dy’t net hiel drekt te krijen hawwe mei twataligens, mar wol yn brede sin mei it

taaloanbod en it taalpedagogysk hanneljen. Sa sjocht de SFBO-begeliedster mei de liedster

opnij en mei in oare fokus nei it deiprogramma en nei de taal- en ynteraksjefeardichheden. De

liedingjaanden jouwe oan dat sy dêr wiis mei binne.

In pear sitaten:

- Wat jim dogge hoege wy net te dwaan!

- Jim hawwe as SFBO in tagonklike oanpak en slute goed oan by de liedster en har ferlet.

Sadwaande kinne jim in protte foar inoar krije op ‘e plakken.

- Foaral de stipe en advisearring fan SFBO by it “hannen en fuotten jaan” oan twatalich

belied stel ik bot op priis. De tips, de foarljochting, it materiaal, én de trajektbegelieding

soargje derfoar dat de minsken dy’t it dwaan moatte it goed yn praktyk bringe kinne.”

- De begeliedsters fan SFBO dogge hiel goed wurk.

- Fijn om mei in begeliedster oerlizze te kinnen, bgl. oer de yndieling fan de romte, en it

ynrjochtsjen fan de hoeken sadat de taalûntwikkeling ekstra stimulearre wurdt.

Page 17: Ferfolchprojekt “Sertifisearring Frysk en twatalichheid sfbo 2012 webstek.pdf · 1 Ynkl. lokaasjes dy’t yn of foar 2012 de ... yn oantallen en yn útkearde subsydzje-bedragen.

16

- Hiel goed hoe’t jim oanslute by de mooglikheden fan elk yndividueel plak, en de minsken

oeral hanfetten jouwe.

- Ferslaggen binne, krekt as besites, altyd posityf en opbouwend.

- Liedsters wurde troch de positive en praktyske begelieding hiel entûsjast oer it twatalich

wurkjen.

- Ik sjoch nei in pear besites fan SFBO al ferskil yn it talich hanneljen fan de liedsters.

- Moaie ferslaggen, hiel dúdlik, tapasber en mei goede tips. Ik sjoch dat de tips fan SFBO

flot yn praktyk brocht wurde. Wy binne hiel tefreden, sawol de liedsters as de

liedingjaanden.

Ferbetterpunten & ferlet

By dit punt binne gjin ferbetterpunten en ferlet oanjûn.

Aksje

Ut de reaksjes makket it SFBO op dat de besteande tsjinstferliening op dit punt foldocht en it

bêste sa kontinuearre wurde kin.

2.2 KURSUSSEN It Sintrum organisearret alle jierren in tal kursussen foar liedsters fan dielnimmende

foarskoalske foarsjenningen. It oanbod slút oan by it ferlet fan de praktyk, sa’t it Sintrum dat

ynventarisearret. De kursussen binne in oanfolling op de begelieding op de wurkflier en

hawwe altyd in ferbining mei taal/taalûntwikkeling. Foar de enkête binne de ferskate

kursussen dy’t it SFBO organisearre hat bydelrûn.

2.2.1 Untwikkelingspsychology

Yn dizze kursus wurdt út psychologyske hoeke wei omtinken jûn oan in tal wichtige saken

dêr’t de liedster mei konfrontearre wurdt. De deistige praktyk stiet sintraal by de behanneling

fan de tema’s waarnimmen en observearjen, de kognitive- en taalûntwikkeling en de sosjaal-

emosjonele ûntwikkeling. Der is rom gelegenheid foar útwikseling fan erfaringen.

Reaksjes

Dielnimmers wurdearren de praktysk tapasbere en oersichtlike presintaasje fan de teory. Sy

joegen oan no wer mei oare eagen nei de bern en har gedrach te sjen. Dielnimmers joegen oan

dat der in hiele goede keppeling fan de teory oan de deistige praktyk wie.

In pear sitaten:

- Teory oer waarnimmen en observearjen jouwe my goede hanfetten.

- De kursus wie foar my in opfrisser, ik sjoch no wer folle better dat in bern in soad leart en

hoe’t ik dêr mei myn oanbod by oanlsute kin.

- Fijn dat der yn ‘e kursus sa’n goeie ôfwikseling is fan teory en praktyk, ek mei filmkes en

gelegenheid foar útwikseling.

- Ik kin al myn kollega’s dizze kursus oanrikkemendearje.

Ferbetterpunten & ferlet

In inkelde liedster frege om in ferdjipping/ferfolch op ‘e kursus ûntwikkelingspsychology.

Aksje

Page 18: Ferfolchprojekt “Sertifisearring Frysk en twatalichheid sfbo 2012 webstek.pdf · 1 Ynkl. lokaasjes dy’t yn of foar 2012 de ... yn oantallen en yn útkearde subsydzje-bedragen.

17

SFBO sil it ferlet fan in ferdjippingskursus ûntwikkelingspsychology ûndersykje. De

besteande kursus sil wer oanbean wurde.

2.2.2. Frysk

De kursus Frysk jout ynstruksje foar it útein setten mei Frysk skriuwen (regels foar it

skriuwen fan lytse briefkes) en behannelet in tal saneamde “taalbonkjes”: ynslûpsels út it

Nederlânsk wei. Yn de kursus fan 2 deidielen wurdt ynstruksje ôfwiksele mei ferskillende

soarten skriuwopdrachten: ynfoloefeningen, diktee’s.

Page 19: Ferfolchprojekt “Sertifisearring Frysk en twatalichheid sfbo 2012 webstek.pdf · 1 Ynkl. lokaasjes dy’t yn of foar 2012 de ... yn oantallen en yn útkearde subsydzje-bedragen.

18

Reaksjes

De dielnimmers jouwe oan dat dizze kursus harren helpt om har sekerder te fielen yn it Frysk

skriuwen.

In pear sitaten:

- Goed om de staveringsregels te behanneljen. Ik kin my no aardich rêde mei Frysk

skriuwen.

- Ik bin my bewuster wurden fan it belang fan geef Frysk.

- De kursus hat makke dat ik it in sport fyn om de ‘taalbonkjes” der út te krijen.

- Goed kursusboek en oar oefenmateriaal.

Ferbetterpunten & ferlet

Twa minsken jouwe oan leaver allinnich ik kursus stavering te hawwen, sy ha gjin ferlet fan

in kursus oer geef Frysk.

Oer de kursus Frysk wurdt twa kear opmurken dat dy te dreech en te fol is en te min útlis jout

oer staveringsregels. Der soe mear gelegenheid/tiid komme moatte om te oefenjen mei de

lesstof.

Aksje

SFBO sil de kursus Frysk dúdliker strukturearje, troch de ûnderdielen stavering en taalbonkjes

skieden (bgl. yn deidielen) oan te bieden. SFBO sil ûndersykje oft der mear differinsjaasje

fan ynstruksje en oefenstof yn de kursus oanbrocht wurde kin.

2.2.3. Muzyk foar lytskes Yn de kursus Muzyk foar lytskes stiet de fraach sintraal hoe’t liedsters mei ienfâldige middels

bern mear meijaan kinne yn harren ûntdekkingsreis yn ’e wrâld fan muzyk en lûd. Oan bod

komt ek hoe’t je muzykaktiviteiten yn ‘e groep organisearje kinne. Fragen út ‘e praktyk wurde

yngeand behannele.

Tsjin de gewoante fan it SFBO yn waard dizze kursus jûn troch in Nederlânsktalige

kursusliedster (de oanbeane ferskes wiene wol foar in grut part Frysktalich).

Reaksjes

De liedsters jouwe oan dat de kursus har op ideeën brocht hat om mear mei muzyk te dwaan.

In pear reaksjes:

- Ik doch no folle mear mei muzyk en mei lûd én mei stilte. Ik ha folle mear wille mei muzyk

en sjongen, en neffens my de bern ek.

- De kursus hat my stimulearre om faker spontaan te sjongen.

- Sachtsjes sjonge wurket hiel goed by baby’s dy’t oerstjoer binne, dat ha ‘k yn ‘e kursus

leard.

Ferbetterpunten & ferlet

Guon liedsters bliuwe har ûnwennich fielen by muzyk en dûns, sa wurdt in pear kear

opmurken, om’t sy in hiaat yn muzikale feardichheden (noatlêze, ferskerepertoire, kennis fan

de muzikale ûntwikkeling by bern) by harsels konstatearje. Sy fûnen de kursus hiel

ynspirearjend om mei te meitsjen, mar ha it gefoel der op ‘e lange duer net genôch fan yn

praktyk bringe te kinnen, úteinlik sakket it fuort.

Twa dielnimmers ha oanjûn it dochs wol beswierlik te finen dat de kursus yn it Nederlânsk

oanbean waard.

Page 20: Ferfolchprojekt “Sertifisearring Frysk en twatalichheid sfbo 2012 webstek.pdf · 1 Ynkl. lokaasjes dy’t yn of foar 2012 de ... yn oantallen en yn útkearde subsydzje-bedragen.

19

Aksje

SFBO sil yn folgjende kursussen Muzyk foar lytskes noch mear gelegenheid jaan om te

oefenjen mei sjongen en om nije ferskes oan te learen.

SFBO siket in Frysktalige muzykpedagooch.

Page 21: Ferfolchprojekt “Sertifisearring Frysk en twatalichheid sfbo 2012 webstek.pdf · 1 Ynkl. lokaasjes dy’t yn of foar 2012 de ... yn oantallen en yn útkearde subsydzje-bedragen.

20

2.2.4. Ferlet fan oare kursussen

Ut de petearen kaam it folgjende ferlet nei foaren:

- Der is fraach nei in ferdjipjende kursus oer it wurkjen mei twatalichheid. In “opfriskursus”

dêr’t de teoretyske achtergrûn wiidweidich behannele wurdt, dêr’t praktyske tips jûn

wurde, en dêr’t romte is foar útwikseling fan ûnderfiningen. De fraach komt fuort út

tiimoerlizzen en út VVE-kursussen dêr’t SFBO it ûnderdiel meartalichheid fersoarget.

- Guon liedsters soene in kursus folgje wolle oer it wurkjen mei hânpoppen, en oare

ôfbeakene taalaktiviteiten dêr’t de liedster de oare taal as har fêste taal yn oanbiede kin.

- Guon liedsters binne benijd nei in wurkwinkel oer it twatalich ynrjochtsjen fan de romte.

Aksje

SFBO komt mei in kursusoanbod rjochte op it ferlet en de sinjalen dy’t mei de enkête

sammele binne.

2.3 OANSKOWE BY TIIMOERLIZZEN

As oanfolling op ‘e begelieding op ‘e wurkflier skowe de begeliedsters fan SFBO ek geregeld

oan by tiimoerlizzen. Dêr is faak wat mear tiid foar it bepraten fan it twatalich belied, foar it

jaan fan achtergrûnynformaasje en teory, en foar tips foar âlderfoarljochting.

Boppedat riedt SFBO organisaasjes oan om it twatalich belied fan it begjin fan it

sertifisearringstrajekt ôf in fêst plak op ‘e wurklist fan de tiimoerlizzen te jaan. Sy biedt

organisaasjes dêr listjes mei fragen en oandachtspunten foar oan.

Reaksjes

It oanskowen by tiimoerlizzen wurdt tige wurdearre. It wurket ynspirearjend en effisjint as der

immen fan SFBO drekt reagearje kin op fragen út ‘e praktyk. Want, sa wurdt opmurken, by

twatalichheid bliuwt it sa no en dan nedich om der in saakkundige by te hawwen.

Organisaasjes binne tefreden oer de rjochtlinen dy’t sy krigen hawwe foar it struktureel

agindearjen fan de twatalichheid. It geregeld oandacht jaan oan twatalichheid op tiimoerlizzen

is goed om it libben en aktueel te hâlden, en om meiwurkers inoar stypje te litten. Utwikseling

fan ûnderfining en tips makket en hâldt de minsken entûsjast.

Ferbetterpunten & ferlet

Guon organisaasjes litte witte dat sy mear gebrûk meitsje kinne soenen fan dit oanbod.

Blykber is it oanbod om by tiimoerlizzen oan te skowen net bekend genôch: guon

liedingjaanden wisten der noch net fan.

Aksje

SFBO sil it oanbod om by tiimoerlizzen oan te skowen better ûnder de oandacht bringe.

2.4 STIPE BY IT SKRIUWEN FAN TEKSTEN OER TWATALICH BELIED EN IT

OERSETTEN EN SKRIUWEN FAN TEKSTEN YN IT FRYSK

Page 22: Ferfolchprojekt “Sertifisearring Frysk en twatalichheid sfbo 2012 webstek.pdf · 1 Ynkl. lokaasjes dy’t yn of foar 2012 de ... yn oantallen en yn útkearde subsydzje-bedragen.

21

SFBO advisearret organisaasjes by it beskriuwen fan har twatalich belied yn bgl. har

pedagogysk beliedsplan, op har webstek, en yn har akwisysje- en foarljochtingsteksten. Foar

it oersetten fan teksten kin it SFBO berop dwaan op in pool fan frijwilligers.

Page 23: Ferfolchprojekt “Sertifisearring Frysk en twatalichheid sfbo 2012 webstek.pdf · 1 Ynkl. lokaasjes dy’t yn of foar 2012 de ... yn oantallen en yn útkearde subsydzje-bedragen.

22

Reaksjes

Oer dizze ûnderdielen fan de tsjinstferliening fan SFBO binne organisaasjes hiel tefreden; it

oanbod is goed bekend en der wurdt omraak gebrûk fan makke.

In pear sitaten:

- Ik fiel my by lange net fertroud genôch mei it Frysk skriuwen, jim soargje foar moaie geve

teksten, prachtich. Ik soe net witte hoe’t ik dat oars ha moast.

- Fijn dat der in linige Fryske pinne oer myn teksten hinne giet, ik fyn it wichtich dat ús

Frysktalige skriftlike materiaal der goed útsjocht.

- Dizze “service” fan SFBO makket it sertifisearringstrajekt sa’n stik nofliker.

Ferbetterpunten & ferlet

By dit punt binne gjin ferbetterpunten en ferlet oanjûn.

Aksje

Ut de reaksjes makket it SFBO op dat de besteande tsjinstferliening op dit punt foldocht en it

bêste sa kontinuearre wurde kin.

2.5 ADVISEARRING OER IT YNRJOCHTSJEN FAN TAALBELIED YN RELAASJE

TA DE WET OKE EN IT VVE-BELIED

Doe’t de wet OKE kommendewei wie en VVE-belied yn hieltyd mear gemeenten ynfierd

waard, hat SFBO gemeenten en organisaasjes advisearre oer it kombinearjen fan twatalich

belied mei de nije wetlike easken. De VVE-metoaden Puk&Ko en Uk&Puk binne foar in part

oerset yn it Frysk troch ynset fan de frijwilligers fan SFBO. Boekenpret is gedieltlik oerset yn

‘e mande mei Cedin en de Afûk.

Reaksjes

Organisaasjes jouwe oan dat sy goeie en wurkbere advizen fan SFBO krigen hawwe. De

oersettingen fan de VVE-metoaden wurde tige op priis steld.

Ferbetterpunten & ferlet

By dit punt binne gjin ferbetterpunten en ferlet oanjûn.

Aksje

Ut de reaksjes makket it SFBO op dat de besteande tsjinstferliening op dit punt foldocht en it

bêste sa kontinuearre wurde kin.

2.6 FRYSKTALICH TEMAMATERIAAL

SFBO jout in protte Frysk temamateriaal oan har plakken. Om’t it ynfieren fan

twatalichbelied taastber te meitsjen, en begjinnende plakken dêrfoar faak net foldwaande

Frysktalich (tema)materiaal hawwe, hat SFBO in materialebank oprjochte. It temamateriaal

slút oan by besteande tema’s sa as hjerst, feest, maityd, bisten, nei skoalle; tema’s dy’t rûnom

brûkt wurde, en dy’t bygelyks ek yn de temasiklus fan (VVE)metoaden sa as Puk & Ko,

Piramide/Sânglêsrige hearre.

Page 24: Ferfolchprojekt “Sertifisearring Frysk en twatalichheid sfbo 2012 webstek.pdf · 1 Ynkl. lokaasjes dy’t yn of foar 2012 de ... yn oantallen en yn útkearde subsydzje-bedragen.

23

Reaksjes

De reaksjes op it Frysktalich temamateriaal fan SFBO binne ienriedich posityf.

It materiaal slút goed oan by de tema’s, en by de temasiklus dêr’t in protte liedsters mei

wurkje. Liedsters jouwe oan it fijn te finen om geregeld wer wat nijs te krijen.

In pear sitaten:

- It materiaal sjocht der goed út en je pakke it der maklik by.

- Foaral de fertelplaten stimulearje my om myn Frysk taaloanbod goed stâl te jaan. Ik fiel

my ek wisser mei it Frysk as ik der goed Frysk temamateriaal by brûk.

- Goed dat SFBO ek soarget foar temamateriaal foar NL-liedsters. Wy witte wol dat der

genôch NL–materiaal is, mar as blyk fan wurdearring is it fan grut belang.

Ferbetterpunten & ferlet

By dit punt binne gjin ferbetterpunten en ferlet oanjûn.

Aksje

Ut de reaksjes makket it SFBO op dat de besteande tsjinstferliening op dit punt foldocht en it

bêste sa kontinuearre wurde kin.

2.7 FOARLJOCHTING OER MEARTALIGENS OP ÂLDERJÛNEN

SFBO biedt alle lokaasjes dêr’t út ein setten wurdt mei twatalich wurkjen oan om de

foarljochting oan âlders oer meartalich opgroeien te fersoargjen. Lokaasjes dy’t dwaande

binne mei it ynfieren fan twatalich belied, en plakken dy’t al (langer) sertifisearre binne, kinne

geregeld in berop dwaan op SFBO om foarljochting te fersoargjen.

Reaksjes

De organisaasjes foar berne-opfang binne goed te sprekken oer de foarljochting fan SFBO oer

meartalich opgroeien op âlderjûnen. De foarljochting is goed tasnijd op ‘e fragen fan âlders.

Aardich wat organisaasjes freegje geregeld, om de pear jier, wer om in bydrage fan SFBO oan

in âlderjûn.

Organisaasjes jouwe oan dat it hiel goed is foar âlders om achtergrûnynformaasje oer

meartalichheid te krijen en om de misferstannen en foaroardielen dêroer út ‘e wrâld te helpen.

Foar de meiwurkers dy’t it twatalich belied útfiere is in slagge âlderjûn in opstekker.

Praktyske foarbylden en tips oer de oanpak thús wurde tige wurdearre.

Ferbetterpunten & ferlet

Guon organisaasjes witte net dat sy opnij in berop op SFBO dwaan kinne foar foarljochting

oan nije âlders.

Inkeld foldocht in âlderjûn net alhiel oan de ferwachtings: âlders hienen dan bgl. krekt wat

mear teory of oarsom, praktykfoarbylden ha wollen.

Sa no en dan wurdt it idee oppere om âlderjûnen oer meartalich opgroeien mei de basisskoalle

te organisearjen: as organisaasjes de foardielen fan meartalich belied sels erfare, wolle sy ek

graach dat de bern yn it basisûnderwiis fierder stimulearre wurde yn har meartalige

ûntwikkeling.

Aksje

Page 25: Ferfolchprojekt “Sertifisearring Frysk en twatalichheid sfbo 2012 webstek.pdf · 1 Ynkl. lokaasjes dy’t yn of foar 2012 de ... yn oantallen en yn útkearde subsydzje-bedragen.

24

SFBO hat altyd foaroerlis oer de foarm en de ynhâld fan âlderjûnen, by dat foaroerlis sil noch

better nei ferwachtings en ferlet frege wurde. As soks gaadlik liket, wurket SFBO mei oan

mienskiplike âlderjûnen mei basisskoallen.

2.8 FISITAASJES De kwaliteit fan it twatalich belied fan plakken wurdt hifke troch in ûnôfhinklike

fisitaasjekommisje. De kritearia dêr’t neffens hifke wurdt, binne troch Stifting FBO

fêstlein yn in kwaliteitsramt.

Lokaasjes wurde yn it sertifisearringstrajekt trije kear fisitearre: foar nivo 1 o/m 3. Om

de kontinuïteit fan it taalbelied te garandearjen, wurde sertifisearre plakken ienris yn de

trije jier op ‘e nij fisitearre.

In fisitaasje bestiet út de folgjende ûnderdielen:

- it ynfoljen fan de sels-analyze fan it Kwaliteitsramt Frysk yn ‘e Berne-opfang

- it presintearjen fan oanbelangjende (belieds-)stikken oan de fisitaasjekommisje

- in besite fan ien of twa leden fan de fisitaasjekommisje (soms ferfongen troch of

oanfolle mei in meiwurker fan Sintrum FBO) - in neipetear mei ien of mear fisitearre pedagogysk meiwurkers, soms oanfolle mei

in liedingjaande - in fisitaasjeferslach mei útslach oer it hifke nivo - it útkearen fan in subsydzje

Reaksjes

Organisaasjes binne meast hiel tefreden oer de advisearring en stipe dy’t SFBO jout by it

tarieden fan fisitaasjes.

Liedsters fine it meast spannend om fisitaasjebesite te krijen. Geregeld wurdt opmurken dat in

fisitaasje it bewustwêzen oer it twatalich wurkjen hiel bot fersterket.

De organisaasjes foar berne-opfang ha rûnom har wurdearring útsprutsen foar de fisitaasjes

fan Stifting FBO. Liedingjaanden melde dat sy murken hawwe dat fisitaasjes erkenning en

befêstiging jouwe oan it twatalich belied, by meiwurkers en by âlders.

Underfiningen mei de neipetearen binne posityf. Pedagogysk meiwurkers wurde graach

befrege en krije graach drekt weromkeppeling oer it wurk dat sy sjen litten hawwe. De

fisitaasjeferslaggen binne stimulearjend om’t sy sekuer beskriuwe wat de meiwurkers dogge

en wêr’t dat goed foar is. Dat helpt by it bewuster wurden fan de wichtige bydrage dy’t

meiwurkers leverje oan de twatalige ûntwikkeling fan de bern.

Ferbetterpunten & ferlet

Fan de tarieding fan fisitaasjes soenen minsken wolle dat dy minder tiid fan har nimt.

Inkeld fiele minsken har yn it neipetear “ter ferantwurding roppen”. By trochfreegjen hearre

wy dat dit gefoel te meitsjen hat mei ûndúdlikens oer de achtergrûn of de kontekst fan de

fragen. (Foarbyld: de direksje koe in fraach nei har staazjebelied net pleatse; útlis: de

fisitaasjekommisje is benijd nei de foarljochting oan en de ynset fan stazjêres by it twatalich

wurkjen.)

It neipetear fan in fisitaasje nimt wolris in bytsje tefolle tiid yn beslach.

Aksje

SFBO sil organisaasjes noch better ynformearje en tariede op fisitaasjes, en seker ek op it

neipetear. Mei in noch sekuerdere tarieding wol SFBO der op ta dat neipetearen sa koart

mooglik binne. SFBO ûntwikkelet in nij fisitaasjeformulier dat minder tariedingstiid fan

organisaasjes freget.

Page 26: Ferfolchprojekt “Sertifisearring Frysk en twatalichheid sfbo 2012 webstek.pdf · 1 Ynkl. lokaasjes dy’t yn of foar 2012 de ... yn oantallen en yn útkearde subsydzje-bedragen.

25

2.9 SERTIFISEARRING, PR EN ADVIZEN OER FEESTLIKHEDEN

SFBO jout advys oan organisaasjes oer it organisearjen fan feestjes by sertifisearring. SFBO

fersoarget op fersyk en yn oerlis (in diel fan) de PR fan dy feestjes. Parseberjochten wurde

faak troch SFBO fersoarge. SFBO kin in oanpart hawwe yn it programma fan de feestjes, bgl.

troch kontakt te sykjen mei immen dy’t it sertifikaat oerlangje kin.

Reaksjes

De ynset fan it SFBO op dit mêd wurdt tige wurdearre. Der wurdt organisaasjes in protte

wurk út hannen nommen troch de help fan SFBO by sertifisearring.

In pear sitaten:

- Kompliminten foar SFBO. Fijn dat der altyd ien fan jim by it feestje oanwêzich is en

dat der faak ek in bydrage levere wurdt, in koart praatsje of sa.

- De help fan SFBO by PR is noflik en tûk.

Ferbetterpunten & ferlet

SFBO publisearret op har webstek in list mei lokaasjes dy’t twatalich wurkje. Der wurdt ek

troch SFBO yn blêden sa as Heit en mem advertearre, mei de list fan oansletten lokaasjes.

Organisaasjes stelle dizze aksjes fan SFBO op priis en sjogge de PR fan SFBO as in goeie

oanfolling op har eigen PR. Sy soenen wolle dat SFBO mear oan ditsoarte fan PR docht.

Aksje

SFBO sil har PR-aktiviteiten ynsetten bliuwe foar twatalige foarskoalske foarsjenningen en dy

aktiviteiten wêr mooglik útwreidzje.

2.10 BESKIKBERENS FOARLJOCHTINGSMATERIAAL (FOAR ÂLDERS) OER

MEARTALICH OPGROEIEN

SFBO leveret organisaasjes foarljochtingsteksten oer meartalich opgroeien en oer it twatalich

belied dat sy fiere. Der is algemien foarljochtingsmateriaal foar âlders (brosjuere “Talen

kleuren je leven!”, in útjefte fan de Afûk) beskikber. SFBO makket ek lokaasje-spesifike

folders dy’t it twatalige belied op in bepaalde lokaasje beskriuwe en ferklearje.

Reaksjes De brosjuere “Talen kleuren je leven!” foldocht goed.

Spesifyk troch SFBO foar de organisaasje of lokaasje skreaune foarljochtingsfolders krije alle

wurdearring en wurde op in protte lokaasjes brûkt.

Ferbetterpunten & ferlet

By dit punt binne gjin ferbetterpunten en ferlet oanjûn.

Aksje

Ut de reaksjes makket it SFBO op dat de besteande tsjinstferliening op dit punt foldocht en it

bêste sa kontinuearre wurde kin.

Page 27: Ferfolchprojekt “Sertifisearring Frysk en twatalichheid sfbo 2012 webstek.pdf · 1 Ynkl. lokaasjes dy’t yn of foar 2012 de ... yn oantallen en yn útkearde subsydzje-bedragen.

26

2.11 YNFORMAASJE OER EN RJOCHTLINEN FOAR IT FOLGJEN FAN DE

MEARTALIGE ÛNTWIKKELING

It SFBO advisearret organisaasjes hoe’t it troch har brûkte bernefolchsysteem oanfolle wurde

kin mei fragen oer meartaligens en wêr’t je om tinke moatte by it toetsen of observearjen fan

twatalige bern.

Reaksjes

Ferskillende organisaasjes jouwe oan wiis te wêzen mei de ynformaasje foar it folgjen fan de

meartalige ûntwikkeling en de konkrete foarbylden dy’t dêrfoar oanlevere wurde.

Ferbetterpunten & ferlet

Ut de enkête wurdt dúdlik dat der by de minsken op ‘e wurkflier ferlet is fan mear

ynformaasje oer en rjochtlinen foar it folgjen fan de meartalige ûntwikkeling. It jaan fan goeie

foarljochting oer meartalichheid, ek yn reaksje op insidintele fragen fan âlders, wurdt sjoen as

in spannend ûnderdiel fan it twatalich belied. Minsken fiele har der faak net goed genôch op

taret.

Aksje

SFBO is dwaande om in “groeikalinder meartalich opgroeien” te ûntwikkeljen. Dizze

groeikalinder moat in byldzjend oersjoch jaan fan de fazen en ferskynsels yn de iere twatalige

ûntwikkeling, ferskillen tusken de ien- en meartalige ûntwikkeling beskriuwe, en fragen en

antwurden en tips behannelje, teory en yllustraasjes biede.

Fierder sil SFBO in rubryk FAQ op de webstek sette. Dêryn wurdt yngongen op faak

foarkommende fragen fan liedsters oer de meartalige ûntwikkeling en it omgean dêrmei.

2.12 UTWREIDING TSJINSTFERLIENING

Yn it fraachpetear is it ferlet nei útwreiding fan de tsjinstferliening hifke. It SFBO hat dêrfoar

de folgjende mooglike aktiviteiten nei foaren brocht.

1. Stúdzjemiddeis foar lokaasjehaden oer twatalich belied

2. Wurkwinkel foar pedagogysk meiwurkers oer twatalich wurkjen

3. Nije kursussen: wurkje mei hânpoppen, poppekast, ôfbeakene taalaktiviteiten

4. Digitale ynformaasje

5. Digitale kursussen

6. Oars

By it punt liedsterkursussen ha guon organisaasjes al ferlet oan ferdjipping oanjûn (Frysk en

ûntwikkelingspsychology).

Alle organisaasjes jouwe oan fierder gjin ferlet fan útwreiding fan de tsjinstferliening fan

SFBO te hawwen. Men kin it SFBO wol fine as der fragen binne.

2.13 WAT FIERDER NOCH OP IT ALJEMINT KOMT

Page 28: Ferfolchprojekt “Sertifisearring Frysk en twatalichheid sfbo 2012 webstek.pdf · 1 Ynkl. lokaasjes dy’t yn of foar 2012 de ... yn oantallen en yn útkearde subsydzje-bedragen.

27

Ta einbeslút binne de folgjende trije saken nei foaren brocht troch de gearwurkingspartners

fan it SFBO.

2.13.1 Foarljochting meartalich opgroeien op ROC’s yn Fryslân

SFBO fersoarget in module oer meartalich opgroeien op alle lokaasjes fan ROC Friese Poort

en ROC Friesland College dy’t in ôfdieling Pedagogysk Wurk hawwe. Soks yn opdracht fan

provinsje Fryslân en op fersyk fan de wurkjouwers yn de berne-opfang yn Fryslân6.

Guon organisaasjes freegje har lykwols ôf oft alle learlingen dy module wol folgje: sy hawwe

de ûnderfining dat nije stazjêres net ynformearre binne oer meartalich opgroeien. De

organisaasjes fine dat lestich: de foarljochting is wichtich, sy fine it dreech om it der sels “by

te dwaan” en fine dat ynformaasje oer meartalichheid troch saakkundigen jûn wurde moat.

Reaksje SFBO

SFBO hat der net folslein sicht op oft altyd de folsleine doelgroep PW-ers yn oplieding berikt

wurdt. As de foarlochting net systematysk ynpland wurdt, kin it barre dat guon groepen

oerslein wurde. Boppedat hat it SFBO de ûnderfining dat de ynformaasje net altyd goed

hingjen bliuwt. It momint wêrop’t de module jûn wurdt is ek wichtich: as dielnimmers al in

staazje dien ha en goed om har hinne sjen kinnen hawwe yn de berne-opfang, sil it tema

twatalichheid mear begjinne te libjen en sille de dielnimmers der yn de lessen ek mear fan

meinimme.

It positive effekt fan staazje-opdrachten jout wol oan dat der in dúdlike ferbining tusken teory

en praktyk wêze moat foar dizze doelgroep.

2.13.2 VVE yn it kurrikulum fan PW-ôfdielingen fan ROC’s

Fraach fan organisaasjes is oft SFBO de ROC’s ek oantrune kin om har learlingen ta te rieden

op wurkjen mei VVE-metoaden. Men fynt dat ROC’s kwa VVE “achter de muzyk oanrinne”.

Reaksje SFBO

Yn de kontakten mei learkrêften sil SFBO dit punt meinimme.

2.14.3 Oer SFBO en oer twatalich wurkjen

Noch 2 opmerkingen út de telefoanyske fraachpetearen.

- Alle meiwurkers fan SFBO ha as skaaimerk dat sy har wurk mei it hert útdrage. Dat

wurket!

- Mei twatalich wurkjen foegje wy wat ta oan ús wurkjen mei jonge bern. Dat fine wy

aardich en wichtich.

6 Yn it “Convenant curriculum Kinderopvang” dat ûnder lieding fan Calibris sletten is tusken

wurkjouwers en de beide ROC’s yn Fryslân is opnommen dat alle dielnimmers oan PW-

opliedingen yn Fryslân in module folgje oer meartalich opgroeien.