EACH & EAR - Omrop Fryslân30 MAART 2016 TSIEN FRAGEN OAN FREON OM UTENS UT PLANO TEXAS VOEDSELBANK...

28
UTJEFTE FAN DE FERIENING FREONEN FAN OMROP FRYSLÂN EACH & EAR 32E JIERGONG NR 1 | MAART 2016 DEITOCHT 9 JUNY | JIERGEARKOMSTE 30 MAART YNTERVIEW KLAAS GEERT BAKKER EN JAN KOSTER | FREON YN TEXAS 35 jier

Transcript of EACH & EAR - Omrop Fryslân30 MAART 2016 TSIEN FRAGEN OAN FREON OM UTENS UT PLANO TEXAS VOEDSELBANK...

Page 1: EACH & EAR - Omrop Fryslân30 MAART 2016 TSIEN FRAGEN OAN FREON OM UTENS UT PLANO TEXAS VOEDSELBANK / ITENSBANK AKSJE 2015 NIJS FAN DE OMROP DEITOCHT 9 JUNY 2016 UTSLACH KRYSTPUZEL

UTJEFTE FAN DE FERIENING FREONEN FAN OMROP FRYSLÂN

EACH & EAR

32E JIERGONG NR 1 | MAART 2016

DEITOCHT 9 JUNY | JIERGEARKOMSTE 30 MAARTYNTERVIEW KLAAS GEERT BAKKER EN JAN KOSTER |

FREON YN TEXAS

35 jier

Page 2: EACH & EAR - Omrop Fryslân30 MAART 2016 TSIEN FRAGEN OAN FREON OM UTENS UT PLANO TEXAS VOEDSELBANK / ITENSBANK AKSJE 2015 NIJS FAN DE OMROP DEITOCHT 9 JUNY 2016 UTSLACH KRYSTPUZEL

20

18

42

EACH & EAR

KOLOFON

FREONEN FAN OMROP FRYSLANZuiderkruisweg 2, 8938 AP, Ljouwert

Telefoan 058-2153375(allinnich woansdeis 10.30-14.30 oere)

YNTERNET www.omropfryslan.nl/freonen

e-mail: [email protected]/freonenomrop.fryslan

Ledebydrage min. € 9,00 yn it jierBanknûmer NL09RABO0130551805

(û.f.f. lidnûmer, stiet op adresstikker)

It lidmaatskip wurdt oangien foar minimaal ien (kalinder)jier en

wurdt stilswijend fuortset oant it foar 1 desimber skriftlik opsein wurdt.

OMROP FRYSLANPostbus 7600, 8903 JP, Ljouwert

Telefoan 058-2997799Op ynternet: www.omropfryslan.nl

REDAKSJE EACH & EARNynke Bosgra

Geartsje Fokkema-Elgersma Agatha Hijlkema-Jorna

Doutsje Hoekstra-De Vries

Each & Ear ferskynt 3x yn ‘t jier

UNTWERPAnnika Holtewes

FOTO FOARSIDEJulian Lankhorst

OPMAAK EN OFWURKINGCaparis Grafysk Sintrum

Jagtlustweg 2, It Hearrenfean

FERSTJOERENFRL. post

Zwettestraat 29d, Ljouwert

Page 3: EACH & EAR - Omrop Fryslân30 MAART 2016 TSIEN FRAGEN OAN FREON OM UTENS UT PLANO TEXAS VOEDSELBANK / ITENSBANK AKSJE 2015 NIJS FAN DE OMROP DEITOCHT 9 JUNY 2016 UTSLACH KRYSTPUZEL

17

10

YNHALD3

FOARSITTERSPRAKKESAASJES

FERSLACH JIERGEARKOMSTE

1 APRIL 2015

JIERFERSLACH 2015

BEGRUTTING 2016

EN SIFERS 2015

WURKLIST JIERGEARKOMSTE

30 MAART 2016

TSIEN FRAGEN OAN

FREON OM UTENS

UT PLANO TEXAS

VOEDSELBANK / ITENSBANK

AKSJE 2015

NIJS FAN DE OMROP

DEITOCHT 9 JUNY 2016

UTSLACH KRYSTPUZEL

YNTERVIEW

KLAAS GEERT BAKKER

YNTERVIEW JAN KOSTER

4

6

10

14

16

18

19

20

22

22

23

24

Page 4: EACH & EAR - Omrop Fryslân30 MAART 2016 TSIEN FRAGEN OAN FREON OM UTENS UT PLANO TEXAS VOEDSELBANK / ITENSBANK AKSJE 2015 NIJS FAN DE OMROP DEITOCHT 9 JUNY 2016 UTSLACH KRYSTPUZEL

FOARSITTERSPRAKKESAASJES

Jimme hawwe in ‘nije’ Each & Ear foar jim lizzen. En ik moat sizze: it is in pronkje wurden! As be­stjoer ha wy uteraard al earder in proef­eksimplaar sjoen en dat seach der ék al prachtich út. De redaksje hat, mei help fan Om­ropstazjêre Annika Holtewes (yn gearwurking mei Hugo Bosgraaf fan de ôfdieling Foarmjouwing) in moai stikje wurk levere! Wy fû­nen dat de âlde ferzje wat te fol, te drok, wie. It lettertype wie ek wat te lyts. De konsekwinsje is wol dat we tenei trije kear yn ’t jier útkomme, ek fanwege de kos­ten dy’t sa’n feroaring meibringt. Mar dat hoecht yn ús eagen net sa slim te wêzen. Wy kinne net al­tyd yngean op aktuele sitewaas­jes, dêr binne sels fjouwer boek­jes yn it jier noch te min foar.

4

EACH & EAR

Page 5: EACH & EAR - Omrop Fryslân30 MAART 2016 TSIEN FRAGEN OAN FREON OM UTENS UT PLANO TEXAS VOEDSELBANK / ITENSBANK AKSJE 2015 NIJS FAN DE OMROP DEITOCHT 9 JUNY 2016 UTSLACH KRYSTPUZEL

In aktuele sitewaasje is lykwols wól de striid foar de selsstannigens fan ús Omrop. Op it momint dat ik dit skriuw (heal jannewaris), krijt dy striid yn de Earste Keamer har hichtepunt yn de diskusje oer de nije Mediawet. Hoe’t dat útpakt is, sille jim al wol meikri-gen ha. Wat wy as Freonen bydroe-gen hawwe oan dy striid, ha jim fêst ek wol lêzen of heard. Tegearre mei it Europeesk Buro Lytse Talen en de Ried foar de Fryske Beweging ha wy dien wat we as bestjoer tochten dat wy dwaan moasten. En oft dat fertu-ten dien hat, witte wy no dus. It hat ús in protte jild koste, mar as der íen klup is dy’t opkomme moat foar de Omrop, dan binne wy dat!

Yn myn foarige ‘Prakkesaasjes’ ha ik al oanjûn dat jimme as Freonen ús helpe kinne om de kosten yn ‘e hân te hâlden troch jim e-mailadres oan ús troch te jaan. In mail nei jim ta kostet ús neat, in brief fia de post in hiele protte (twa kear in brief oan jim oer de aksjes: € 4.000).

Dan even wat oer in ‘yntern’ punt. Ferline jier op ús jiergearkomste, ha wy ôfskied naam fan ús skriuwer Sybren van der Vliet. Der wie al in nije kandidaat, mar dy moast yn maaie ferline jier oanjaan dat hy yn ferbân mei syn sûnens ôfheakje moast. In twadde kandidaat moast yn desimber om deselde reden belies jaan! Al dy tiid is, ek mei it each op alle aksjes foar de Omrop, Sybren trochgien mei it skriuwerskip. Dêrfoar is in wurd fan tank en in protte wurdearring hjir wol op syn plak! Mar no is de oplossing der dochs kommen: Doutsje Hoekstra-De Vries, wurdt ús

nije skriuwster. En sadwaande sykje wy no in nij algemien bestjoerslid! Wy hoopje, nei oanlieding fan in oprop yn dizze Each & Ear, him of har op de earstfolgjende jiergearkomste oan jim foarstelle te kinnen!

Ik wol ek noch even koart werom-sjen nei de itensbank-aksje fan ôfrû-ne desimber. Los fan it feit dat dy aksje in tige grut sukses wurden is, (€ 122.000), hulde foar de meiwur-kers fan de Omrop, wol ik de ynset fan jimme, ús Freonen, dochs efkes nei foaren helje. En de rol fan Ans Tamminga, ien fan ús frijwillichsters.

’IN MAIL NEI JIMTA KOS TET USNEAT, IN BRIEFFIA DE POSTIN HIELE PROTTE’

Sy hat der foar soarge dat, ferdield oer twa wiken, sa’n 65 Freonen, in deidiel paraat stiene om al it guod dat binnenbrocht waard, te ferwur k -jen! Myn pet ôf foar jimme en foar Ans!

En sa’t yn dizze Each & Ear op in oar plak ek al oanjûn wurdt: ús jier­gearkomste yn maart is net op de 16de sa’t earder bekend makke is, mar op de 30e! Ik ferwachtsje wer in protte fan jimme dêr te moetsjen. Jimme binne tige wolkom!

Andrys de Blaauw

5

Page 6: EACH & EAR - Omrop Fryslân30 MAART 2016 TSIEN FRAGEN OAN FREON OM UTENS UT PLANO TEXAS VOEDSELBANK / ITENSBANK AKSJE 2015 NIJS FAN DE OMROP DEITOCHT 9 JUNY 2016 UTSLACH KRYSTPUZEL

FERSLACHJIERGEARKOMSTE

en it soe ek wêze kinne dat it blêd in oar formaat kriget. Reaksjes út de enkête oer dat ûnderwerp sille dêr ek yn meinommen wurde.It docht ek bliken dat Freoneleden kollektiviteitskoarting by soarchferse-kerder De Friesland krije kinne. Der hawwe har nije leden opjûn mei de betingst om wol koarting te krijen, oars wolle sy gjin lid wurde. It be-stjoer hat noait witten dat de Freonen op dy list stienen by ‘De Friesland’ en wolle (likemin as mei oare bedriuwen) gjin útwikseling ha fan privee- en saaklike gegevens. Der sil in fersyk nei de soarchfersekerder gean om de Freonen mei yngong fan 1 jannewaris 2016 te skrassen fan dy list. De gear-komste giet dêrmei akkoart.

In twatal studinten fan Stenden He-geskoalle ha de enkête yn grutte li-nen útwurke en ús op trije spearpun-ten foarsjoen fan advys. Hoe kinne wy mear jongeren by de Freonen belûke?Hoe kinne wy mear Freonen op de jierlikse ledegearkomste krije?Hoe kinne wy Each & Ear ferbetterje?Wy as bestjoer sille no fierder sjen hoe’t wy dat konkreet útwurkje kin-ne.

2. Meidielings/ynkommen stikken Ôfmelding: Jan en Gryt Vonk en JacobBoekholdt.

Ynkommen stikken: foar dizze gear-komste binne der gjin ynkommen stikken.

3. Ynbring fan de kant fan de OmropAs earste kriget Klaas Geert Bakker it wurd. Hy is al drok dwaande om it Frysk ûnder de knibbel te krijen en hy begjint syn petear dan ek yn it Frysk, mar letter skeakelet er oer op it Hol-lânsk. It is hjoed syn earste wurkdei

as haadredakteur by de Omrop en hy kin dus eins noch net wat oer syn wurk fertelle, mar wol it ien en oar oer himsels.Hy is fan Fryske komôf, fynt Fryslân tige moai en hat ek faak yn Fryslân west. Hy wist earst net wat er wur-de woe, mar is letter de sjoernalistike kant útgien, en hat û.o. wurke byRadio Oost, Tros, Wereldomroep, RTV Noord Holland en RTV Rijn-mond. Hy hat der in soad nocht oan om yn Fryslân oan it wurk te gean, in provinsje mei in eigen taal en kul-tuer en ek noch in eigen omrop. Wy winskje him in soad súkses ta en dat wurdt mei applaus ûnderstreke.

Jan Koster wol yn it foarste plak tank sizze foar de stipe dy’t sy altiten krije fan de Freonen. It nijs oer de Omrop wol er graach yn trije punten ta-ljochtsje.Ofrûne jier: it hat bêst wol in dreech jier west wat de hark- en sjochsifers oanbelanget. Benammen de hark-sifers wienen nochal wat sakke, en dêrom is ûnder oaren de program-mearring mei yngong fan maart 2015 oanpast. De earste sinjalen fan dy feroaring binne posityf.Op dit stuit is men drok dwaande om de sjochsifers fan de telefyzje omheech te krijen, en dêr leit fansels in moaie útdaging foar Klaas Geert Bakker.It ynternet fan Omrop Fryslân kri-get al mar mear sjoggers/harkers. It docht bliken dat hjoed-de-dei de minsken net op it nijs wachtsje, mar sels útfine wêr’t se de ynformaasje weihelje kinne.

Jildsaken: ferline jier is der mei fer-lies draaid, der wie sa’n € 500.000 te min, dat jout eins in skeef byld mar dat is te ferklearjen. Yn 2013 wie de subsydzje foar de searje De Keet al ûntfongen, wylst yn 2014 de kosten dêrfan pas konkreet wiene. Sa’t de

1. Wolkom Us foarsitter Andrys de Blaauw hjit eltsenien wolkom en wol graach be-gjinne mei in applaus foar Herman Peenstra, dy’t wer foar wat muzyk soarge hat by it brea-iten.In spesjaal wolkom foar de nije leden dy’t hjir jûn foar de earste kear by de ledegearkomste binne en foar Anneke Sikkema (foarhinne frijwillichster). Dan ek noch in wurd fan wolkom foar Jan Koster, Klaas Geert Bakker en Karen Bies, alle trije fan Omrop Fryslân. Lêstneamde sil nei it skoft in bydrage leverje.De foarsitter wol graach efkes op in oantal saken yngean. De Freonen, en ek oare groepearrings, meitsje harren grutte soargen hoe‘t it komt mei de posysje fan Omrop Fryslân, en dan foaral wat de selsstannichheid oan-belanget. Der is op dit stuit in soad geande by de omroppen, sawol lan-lik as provinsjaal. Der moat in soad besunige wurde en dat is neidielich foar it behâlden fan in selsstannige Fryske Omrop. Op dit stuit binne der ek petearen tusken de lanlike Regionale Omrop-pen (ROOS), mar it is twiveleftich oft de selstannichheid en it Frysktalige dan wol garandearre bliuwe. Sa as altiten steane de Freonen efter Om-rop Fryslân, en sy hawwe doetiids ek mei oaren in petysje oanbean oan it regear yn Den Haach. Oanfoljend dêrop hawwe de Freonen in skriu-wen: ‘FRIEZEN WURD WEKKER’ stjoerd nei de beide Fryske deiblêden, om de mienskip wekker te skodzjen hoe wichtich it is dat Omrop Fryslân selsstannich bliuwt. De measten wit-te dat noch wol fan de sniewinter fan 1979. Troch it grutte ferlet fan kom-munikaasje doetiids is dêrom ek de rop kaam om in eigen Omrop.

Der sil ek besjoen wurde hoe’t Each & Ear ferbettere wurde kin, mooglik wurdt der in grutter lettertype brûkt

6

EACH & EAR

Page 7: EACH & EAR - Omrop Fryslân30 MAART 2016 TSIEN FRAGEN OAN FREON OM UTENS UT PLANO TEXAS VOEDSELBANK / ITENSBANK AKSJE 2015 NIJS FAN DE OMROP DEITOCHT 9 JUNY 2016 UTSLACH KRYSTPUZEL

ferwachtings no binne, sil der oer 2015 in slutende begrutting wêze.

Lanlike ûntwikkelings: der moat 1,3 miljoen euro besunige wurde (lanlik 17 miljoen euro). Mooglik dat Om-rop Fryslân op in wat leger bedrach útkomme kin, mar dat soe dan mei help fan de provinsje ta stân komme moatte. It lanlik regear wol ien orga-nisaasje hawwe mei trettjin regionale omroppen. Yn de mediawet moat der spesjaal omtinken komme foar Om-rop Fryslân (taal/kultuer), mar steats-siktaris Sander Dekker hat neat mei it Frysk. Yn in konvenant moat fêstlein wurde dat der in eigen omrop komt mei in breed útstjoeringsoanbod yn de Fryske taal en kultuer. En der soe mei provinsje en ryk wat ekstra’s dien wurde moatte om mear jild foar de Fryske Omrop frij te meitsjen.In mooglikheid is dat der fiif klusters fan regionale omroppen komme, en dan soene Fryslân, Grinslân en Drin-te ien wurde. Mar dan moat elk wol har eigen redaksje hâlde en dêrby ek har eigen taal brûke meie. Op it mêd fan technyk, personielssaken en finânsjes, soe der yn noardlik ferbân wol wat te fertsjinjen wêze. Mar de funksje fan de direkteur (en ek dy fan de haadredakteur) sil dan tige wich-tich wurde, want sy moatte dan ek it boechbyld wurde fan Omrop Fryslân mei syn eigen taal.

In fraach út de gearkomste: kin der net better ynvestearre wurde yn de Fryske media, want de beide Fryske deiblêden ha it ek dreech. Antwurd: der is op dit stuit jild beskikber fan de provinsje om in plan fan oanpak op te stellen foar dizze gearwurking, en it soe in goede start en praktyske ynfolling wêze om mei syn trijen (OF, LC en FD) ien út-aginda op te stellen.Us foarsitter seit beide hearen tank

foar harren ynbring, se krije in moai bosk blommen út namme fan de Freo nen en in applaus fan de oanwê-zigen.

4. Ferslach jiergearkomste 26 maart 2014 It ferslach wurdt sûnder op/oanmer-kings goedkard en fêststeld.

5. Jierferslach 2014 It ferslach wurdt sûnder op/oanmer-kings goedkard en fêststeld.

6. Finansjeel oersjoch 2014 en begrutting 2015 Ponghâlder Sjerp de Jong ljochtet noch in pear saken ta. It einresultaat lit in moai posityf bedrach sjen. Der hat yn 2013 en 2014 gjin útrikking west fan de Fryske Reklamepriis, sa-dwaande hat der ek gjin bydrage fan ús kant west en hienen wy in meifal-ler. It sjocht der finansjeel goed út, en wy hoege ek net oer te hâlden. Dêrom bliuwt it útstel om Omrop

Fryslân wat taastbers te skinken fan likernôch € 3.000 mar de begrutting bliuwt wol taakstellend.Fraach 1: Wêrom is de opbringst fan it ledejild yn 2015 leger begrutte as yn 2014. Antwurd: der binne leden dy’t ús ûntfalle of om bepaalde reden op-sizze, en der binne ek leden dy’t net betelje, dy wurde dan skrast as lid.Fraach 2: Kin it bedrach fan € 3.000 (sa mooglik oanfolle mei in part fan it resultaat) dat skonken wurdt oan de Omrop, ek yn gearwurking mei de Omrop ynsetten wurde foar in projekt Frysk op de basisskoallen (û.o. Tsjek). Antwurd: dy suggestje wurdt mei-nommen.Fraach 3: Wêrom geane de perso-nielskosten fan € 4.500 nei € 3.000. Antwurd: wy binne no fan trije nei twa frijwillichsters gien.Fierders binne der gjin fragen mear oer it finansjeel ferslach 2014 en ek net oer de begrutting foar 2015, sa-dwaande wurde beide goedkard en fêststeld.

‘IN MOAIE UTDAGING FOAR KLAAS GEERT BAKKER’

7

Page 8: EACH & EAR - Omrop Fryslân30 MAART 2016 TSIEN FRAGEN OAN FREON OM UTENS UT PLANO TEXAS VOEDSELBANK / ITENSBANK AKSJE 2015 NIJS FAN DE OMROP DEITOCHT 9 JUNY 2016 UTSLACH KRYSTPUZEL

7. Ferslach kaskommisje Dhr. J. Meulman docht út namme fan de kaskommisje ferslach. Hy hat mei dhr. R. Valk (dhr. H. van der Meer wie siik) kontrôle fan de boekhâlding dien, alles wie dúdlik en kompleet en hy stelt foar om ús ponghâlder desjarzje te ferlienen. Dat wurdt mei applaus ûnderstreke.

8. Beneaming nije kaskommisjeleden Dhr. J. Meulman ferlit de kaskommis-je, en wurdt tank sein foar syn wurk. Dhr. H. van der Meer út Drachten

draait noch in jier mei, en it twadde kaskommisjelid wurdt dhr. R. Valk út Ljouwert. As reserve wurdt be-neamd mefr. A. Lindeboom-Jager fan De Rottefalle.

9. BestjoerswikselDit jier is ôfgeand ús skriuwer Sybren van der Vliet. De foarsitter betanket him foar de tolve jier dat er him yn-set hat foar de Freonen, wêrfan de lêste tsien jier as skriuwer. As tank kriget hy in moai bosk blommen en in kadobon, en boppedat kriget hy noch in bliuwend oantinken (pinne

OF) en in applaus út de seal.Der is op dit stuit gjin kandidaat-be-stjoerslid om de fakatuere yn te fol-jen, wol hat dhr. J. Boekholdt (jûn net oanwêzich) út Bûtenpost him oanmelde as kandidaat, mar sa as gebrûklik sil hy earst in oantal be-stjoersgearkomsten meidraaie, sadat wy oer en wer sjen kinne hoe’t dat foldocht. Mooglik dat hy takomme jier beneamd wurde kin.

10. OmfreegjenDer binne gjin fragen foar it om-freegjen.

8

EACH & EAR

Page 9: EACH & EAR - Omrop Fryslân30 MAART 2016 TSIEN FRAGEN OAN FREON OM UTENS UT PLANO TEXAS VOEDSELBANK / ITENSBANK AKSJE 2015 NIJS FAN DE OMROP DEITOCHT 9 JUNY 2016 UTSLACH KRYSTPUZEL

11. Sluting saaklik part fan de gearkomsteDe foarsitter freget noch efkes Anne-ke Sikkema (fijwillichster) nei foaren. Op âldjiersdei is al fia de radio ôfskie fan har naam, mar it is moai dat se foar de oanwêzige Freonen dêr’t se altiten foar wurke hat, jûn ek noch efkes yn it sintsje set wurdt. Sy wurdt betanke foar har jierrenlange ynset en kriget noch blommen, in kadobon en in grut applaus fan de gearkom-ste.Ek ús beide oare frijwillichsters Ans en Gea wurde betanke foar harren ynset en krije ek in blomke oerlange, ûnderstreke mei applaus út de seal.De foarsitter slút dêrnei it saaklike part fan de gearkomste ôf.

SKOFT

‘SY WURKET AL WER SA’N 21 JIER BY DE OMROP’

Karen Bies (Omrop Fryslân)Sy fertelt op in flotte wize wat oer har eigen persoanlike libben en har karriêre.Sy hat bygelyks wurke by Omrop Skarsterlân en Radio Grins. Boppedat hat se Russysk studearre om dêr mei de tiid korrespondint yn te wurden, mar dat is net trochgien.Dêrnei giet se der fierder op yn hoe’t se by de Omrop dwaande is mei it meitsjen fan radio en telefyzjepro-gramma’s. Sy wurket al wer sa’n 21 jier by de Omrop, wêrfan de lêste trije jier by de telefyzje. In pear fan har oansprekkende programma’s wie-nen: ‘Koperen Tún’, ‘Buro de Vries’ en ‘Omnium’. Der is in soad feroare, hjoed-de-dei moat it fluch gean (yn-ternet, facebook, twitter), oars binne je al te let mei de berjochtjouwing.

Ut de seal komme noch in oantal suggestjes; mear oer Wetterskip, ef-tergrûnprogramma oer it nijs (Fryske Jeroen Pauw), it Drintske TV-pro-gramma Op ’e Struun (en dan yn de Fryske ferzje), gemeentepolityk en programma’s mei publyk.Oan de ein fan har ferhaal wol Karen elkenien noch tanksizze foar de ynset by de itensbankaksje.De foarsitter betanket Karen foar har ynbring, oerlanget har in presintsje en in blomke en de gearkomste jout har noch in grut applaus.

De foarsitter slút de jûn, winsket ús wol thús en graach oant sjen.

Sybren van der Vlietskriuwer

9

Page 10: EACH & EAR - Omrop Fryslân30 MAART 2016 TSIEN FRAGEN OAN FREON OM UTENS UT PLANO TEXAS VOEDSELBANK / ITENSBANK AKSJE 2015 NIJS FAN DE OMROP DEITOCHT 9 JUNY 2016 UTSLACH KRYSTPUZEL

JIERFERSLACH 2015

Hoe kinne wy mear jongeren by de Freonen belûke:Yn de praktyk docht bliken dat de jongerein nei oare stjoerders harket as Omrop Fryslân. En troch de mo-derne technyk geane de jongeren hiel oars om mei de (multi) media. Wy sille ús dan ek mear rjochtsje moatte op de 40 en 50-plussers, dy’t wól mear nei de Omrop harkje. Wy wolle de leden fan no fêsthâl-de en nije Freone-leden sykje yn dy doelgroep (nei ferrin fan tiid wurdt de jongerein ek wol 40-plus).

Hoe kinne wy mear Freonen op ’e ledegearkomste krije:As wy nei ús doelgroep sjogge, is it dochs wol goed om it brea-iten yn stân te hâlden, de leden komme dan mei elkoar yn kontakt, wat wol op priis steld wurdt. It saaklike part fan de gearkomste sil eins net folle oars kinne, mar it ûnderwerp/de ynbring nei it skoft sil wichtich bliuwe. In sprek(st)er mei in boeiend ûnderwerp en, sa mooglik mei wat muzikale yn-bring, binne hooplik mooglikheden om mear leden op dizze jûn te krijen.

Hoe kinne wy Each & Ear ferbet-terje:De mooglikheden dêrta sille yn de redaksjekommisje nochris besjoen wurde. Suggestjes binne: In oar let-tertype, in oar formaat, fan fjouwer nei trije nûmers yn it jier of miskien starte mei in nijsbrief. De redaksje-kommisje komt meikoarten mei út-stellen.

KONTAKTEN MEI DE OMROPDit jier wie der faker as oars it gefal is, in soad kontakt tusken fertsjintwur-digers fan de Freonen en de Omrop. Dat hie foaral te krijen mei it fuort-

bestean fan in selsstannig Omrop Fryslân. Los fan dy kontakten hat Jan Koster yn oktober ek wer yn ús be-stjoersgearkomste west. Dêrmei kin-ne wy inoar fan beide kanten goed op ’e hichte hâlde fan de ûntwikkelings. En yn de wiken fan de itensbank-ak-sje is de bân tusken de Freonen en de meiwurkers fan de Omrop ferstevige. De Omrop is altyd drok dwaande mei de programmearring om de hark/sjochsifers te ferbetterjen en hâldt ús dêr altyd goed fan op ‘e hichte.As Freonen wolle wy de Omrop ek dizze kear graach wer tanksizze foar it brûken fan harren romten foar ús gearkomsten en foar alle oare fasili-teiten dy’t dêrmei te krijen hawwe. Sa kinne wy elkoar oer en wer ta tsjinst wêze.

OMROP FRYSLAN SELSSTANNICH (OFS)Steatssekretaris Sander Dekker is drok dwaande mei in nije mediawet. Der soe dan ien lanlike organisaasje komme moatte wêryn’t de trettjin re-gionale omroppen ûnderbrocht wur-de. Yn ús ledegearkomste hie direk-teur Jan Koster al oanjûn dat der in grutte besuniging en reorganisaasje by de regionale omroppen oankomt. Lêstneamden hawwe dêr op ynspile en kamen ein maaie sels mei in rap-port nei bûten. Dat rapport is bekend wurden ûnder de namme ROOS (Re-gionale Omroep Overleg en Samen-werking). Dy stichting behartiget de belangen fan de trettjin publike regi-onale omroppen yn Nederlân. Yn dat rapport wie der sprake fan in fiiftal klusters, en dêryn soene de regiona-le omroppen fan Fryslân, Grinslân en Drinte, ien kluster foarmje moatte. In tal fasilitêre en bestjoerlike funksjes soene gearfoege wurde, mar eltse

YNLIEDINGIt jier 2015 hat nochal heftich west foar de Freonen. Yn ferbân mei it fuortbestean fan Omrop Fryslân as in selsstannig omrop kaam der in soad drokte op ús ôf. Fierderop lêze jo dêr wat mear oer. Dit ferslachjier hat it bestjoer njoggen kear by-elkoar west, dat wiene de sân reguliere be-stjoersgearkomsten, mar it bestjoer hat dêrneist twa kear ekstra oerlis hân yn ferbân mei de aktiviteiten foar Omrop Fryslân-selsstannich.Yn april ha wy wer ús jierlikse lede-gearkomste hân. Dêryn ha wy ôfskie nommen fan ús bestjoerslid Sybren van der Vliet. Hy hat tolve jier mei-draaid yn it bestjoer fan de Freonen, wêrfan de lêste tsien jier as skriuwer. Sa as gebrûklik wiene der moaie wur-den en in tal presintsjes. Fanwegen it feit dat der gjin nije kandidaat wie, hat Sybren oanjûn om foarearst noch efkes as waarnimmend skriuwer/ no-tulist troch te gean.Yn dit ferslachjier hawwe wy mei twa kandidaten fiergeande kontakten hân om it skriuwerskip yn te foljen, mar yn beide gefallen hat dat neat definityfs ta gefolch hân. Sadwaande is de fakatuere noch fakant. It be-stjoer hat wol besluten om tenei mei ien bestjoerslid minder te wurkjen, sadat de twadde fakatuere (algemien bestjoerslid) dêrmei ferfallen is.Wy hawwe yn dizze ledegearkomste offisjeel ôfskie nommen fan ús frijwil-lichster Anneke Sikkema. Jierrenlang hat Anneke har mei fleur en faasje ynsetten foar de Freonen.Yn dit jier hawwe wy ek in enkête hâlden ûnder ús leden. Understeand trije wichtige fragen út dy enkête.

10

EACH & EAR

Page 11: EACH & EAR - Omrop Fryslân30 MAART 2016 TSIEN FRAGEN OAN FREON OM UTENS UT PLANO TEXAS VOEDSELBANK / ITENSBANK AKSJE 2015 NIJS FAN DE OMROP DEITOCHT 9 JUNY 2016 UTSLACH KRYSTPUZEL

omrop soe wol syn eigen redaksje hâlde. Mar de selsstannichheid fan Omrop Fryslân en it gebrûk fan de Fryske taal wie dêryn net boarge.Doe kamen Freonen, Omrop Frys-lân-meiwurkers en oare ynstânsjes yn aksje. Dat woenen wy yn Fryslân net. Der kaam in aksjekomitee wêryn’t de Freonen ek fertsjintwurdige wiene. It bestjoer fan de Freonen hat doe besluten om dêr ek jild (maksimaal € 10.000) foar út te lûken. Der moast no wat barre, letter kin it miskien net mear. De Freoneleden waarden by de aksjes belutsen en op ‘e hichte hâl-den troch de aksjegroep. Hjirby de wichtichste saken en aksjes dy’t der west hawwe yn de twadde helte fan 2015:Ferskate gearkomsten fan it aksje-komitee, ekstra bestjoersgearkom-sten, oerlis mei de Omrop en syn meiwurkers, oerlis mei oare Fryske organisaasjes, korrespondinsje nei de provinsjale en lanlike polityk, aksje fiere en in petysje oanbiede by de gearkomste fan Provinsjale Steaten, de ‘Dei fan it Fryske Wurd’, ynsprek-ke by de ‘Slach by Warns’, it bywen-jen fan de gearkomste oer de media-wet yn de Twadde Keamer, ensfh.Oan de ein fan dit ferslachjier wie noch net dúdlik hoe’t it ôfrinne sil. It wachtsjen is no earst hoe’t de Earste Keamer der oer tinkt. Dat lêste hat syn beslach net mear krigen yn 2015, dus ek yn 2016 moatte wy wer op ús iepenst wêze. Wy sille de mouwen wer opstrûpe moatte.

EACH & EARDe redaksjeleden fan Each & Ear bin-ne wer mei faasje út einset om ús in

moai blêd te besoargjen. Nynke Bos-gra hat mei har redaksjekollega’s der foar soarge dat we dit jier wer fjou-wer kear op ’e tiid Each & Ear yn ’e brievebus krigen. Nei oanlieding fan de reaksjes yn de enkête binne se ek op syk gien nei nije foarmen foar it blêd.Dêr is út fuortkommen dat der ta-komme jier (2016) in oare Each & Ear by jo yn ’e bus falle sil. It formaat wurdt grutter (A-4 formaat), en de ynfolling en fjoarmjouwing sille ek fernijd wurde. Boppedat is der ek besluten om tenei trije kear yn it jier in Each & Ear útkomme te litten. Dat lêste hat te krijen mei it feit dat it hiel-titen mear muoite kostet om in aktu-eel blêd te meitsjen. Al it nijs fljocht hjoed-de-dei fia de moderne media yn in pear tellen de hiele wrâld oer. Fia in blêd as Each & Ear sille je nea it nijste nijs by de minsken thús bringe kinne, mar wol de mear algemiene ynformaasje oer de Freonen en de Omrop. De besoarchkosten sille op ‘e nij ûnder de loep nommen wur-de, sadat wy hooplik ek noch wat op dy kosten besparje kinne. Boppedat wurdt it blêd tenei wer yn in papie-ren slûf ferstjoerd. Wy wachtsje yn spanning it earste nije nûmer ôf.

JILDSAKENDe finânsjes fan de Freonen steane der goed foar, en dêrom doarsten wy as bestjoer ek wol jild út te lûken foar de aksje foar Omrop Fryslân-selsstan-nich. De lede-administraasje is no goed op streek en soarget der foar dat sawol de registraasje op him sels, as ek it ynbarren fan it ledejild goed ferrint. De stân fan saken is sadwaan-

de op alle mominten direkt yn byld te krijen. It is wol it doel om yn 2016 de ynkasso fan it ledejild út te fieren yn jannewaris (yn stee fan maart), dat slút better oan by de lederegistraasje.De sifers fan de jildsaken fine jo wer-om yn it finansjeel oersjoch 2015 en de begrutting foar 2016.

LEDEN EN AKTIVITEITENDer is dit jier wer in soad wurk ferset troch ús frijwillichsters. Anneke Sikkema is ophâlden mei har wurk en Ans en Gea hawwe no de taken te-gearre ferdield. Der binne wer boat-reiskes organisearre en ek de kultu-rele jûn mei ‘Klún en Knoffelhakke’ foel yn goede ierde by de oanwêzige Freoneleden. Ek ha de frijwillichsters mei bestjoersleden en oare Freonen,

‘DERMEI KINNE WY INOAR FAN BEIDE KANTEN GOED OP ’E HICHTE HALDE FAN DE UNTWIKKELINGS’

11

Page 12: EACH & EAR - Omrop Fryslân30 MAART 2016 TSIEN FRAGEN OAN FREON OM UTENS UT PLANO TEXAS VOEDSELBANK / ITENSBANK AKSJE 2015 NIJS FAN DE OMROP DEITOCHT 9 JUNY 2016 UTSLACH KRYSTPUZEL

har wer ynset foar de itensbank-aksje by de Omrop. Net allinnich op kream-kemerken en eveneminten binne fan ‘t simmer nije leden binnen helle, mar ek de aksjes foar ‘Omrop Fryslân selsstannich’ hawwe nije leden op-smiten. Oan de ein fan dit jier hienen we 3488 Freone-leden. Der hawwe yn it ôfrûne jier ek wer petearen west tusken fertsjintwurdigers út it be-stjoer en de frijwillichsters. Wy wolle

Ans en Gea graach wer tank sizze foar al it wurk dat sy foar de Freonen dogge.

OARE SAKENDe Freonen binne fertsjintwurdige yn in oantal kommisjes, twa dêrfan binne de Ried fan de Fryske Bewe-ging en de NK-EBLT (Nederlânske Kommisje-Europeesk Buro foar Lytse Talen).

Boppesteande ynstellings sette har-ren yn foar de Fryske taal en kultuer, mar hâlde ek omtinken foar it be-steansrjocht fan Omrop Fryslân.Beide kommisjes hawwe ek belutsen west by de aksjes foar de Omrop. Mei de Freonen binne der in tal goe-de ôfspraken en aksjes út fuortkaam.Der is út it bestjoer fan de Freonen wei in sit yn it PBO (Programma Be-liedsbepalend Orgaan). Sa wurdt

‘SA WURDT DER MEI-INOAR TAFERSJOCH HALDEN OP IT FUNKSJONEARJEN FAN US OMROP’

12

EACH & EAR

Page 13: EACH & EAR - Omrop Fryslân30 MAART 2016 TSIEN FRAGEN OAN FREON OM UTENS UT PLANO TEXAS VOEDSELBANK / ITENSBANK AKSJE 2015 NIJS FAN DE OMROP DEITOCHT 9 JUNY 2016 UTSLACH KRYSTPUZEL

der meiinoar tafersjoch hâlden op it funksjonearjen fan ús Omrop, en wurde troch harren de program-mearring en hark/sjochsifers tsjin it ljocht hâlden. Yn de ‘Kommisje Fryske Reklame-priis’ binne wy net mear fertsjint-wurdige. Neidat de kommisje yn 2014 opdûkt wie, ûnder oaren troch jildgebrek, hawwe sy letter wer in trochstart makke sûnder ús as Freo-nen, dy’t yn it ferline mei harren de oprjochters fan dat inisjatyf wiene, der wer by te belûken. Oer en wer hat der neitiid wat harsensskrabjen west, mar alle plannen wiene al yn kalk en semint. De fraach oan ús om noch wol foar in finansjele bydrage garant te stean, ha wy sadwaande oan ús foarby gean litten.It besjoer hat ek besluten om yn de neisimmer fan 2016, yn gearwurking mei de Omrop, wer in Freonefestival te organisearjen. Yn dat jier hawwe de Freonen 35 jier bestien, en dat wolle wy fiere. Dat hâldt wol yn dat der kom-mend jier net in kulturele jûn wêze sil. Doel is om dan yn 2017 ris in kulturele middei te hâlden, dat wie ek ien fan de suggestjes út de enkête wei.

BESTJOER FOFIt bestjoer bestie yn 2015 út de fol-gjende leden:

- Dhr. A. de Blaauw, foarsitter/lid PBO

- fakatuere skriuwer

- Dhr. Sjerp de Jong ponghâlder

- Mefr. Nynke Bosgra einredaksje Each & Ear

- Mefr. Geartsje Fokkema-Elgersma redaksje Each & Ear/twadde lid Ried

fan de Fryske Beweging

- Mefr. Agatha Hijlkema-Jorna redaksje Each & Ear/kontaktpersoan

frijwillichsters

- Dhr. Klaas Annema twadde foarsitter/NK-EBLT/Ried fan

de Fryske Beweging

- Mefr. Doutsje Hoekstra-de Vries redaksje Each & Ear

Sybren van der Vliet, wrnd. skriuwer/notulist

Efter:Klaas Annema,Andrys de Blaauw,Geartsje Fokkema-Elgersma,Sjerp de Jong.Foar:Doutsje Hoekstra-De Vries,Nynke Bosgra enAgatha Hijlkema-Jorna.

13

Page 14: EACH & EAR - Omrop Fryslân30 MAART 2016 TSIEN FRAGEN OAN FREON OM UTENS UT PLANO TEXAS VOEDSELBANK / ITENSBANK AKSJE 2015 NIJS FAN DE OMROP DEITOCHT 9 JUNY 2016 UTSLACH KRYSTPUZEL

Balâns 1­1­2015

Resultaat

31­12­2015

Banken Rabo Betelrekken 82 201 ***)

Rabo Leden 380 1890 ***)

Rabo Aktiviteiten 77 85 ***)

Rabo Bedriuwssparrekken 51.200 55.288 ***)

Banken 51.739 57.464 ***)

Foarderings 415 283 ***)

Skulden- 888 4.066 *)**

Eigen fermogen 51.266 2.414 53.680 ***)

Oersjoch ynkomsten en útjeften Begrutting

2015

Resultaat

2015

Begrutting

2016

Ynkomsten Ledejild 33.000 33.489**) 33.000 ***)

legaat 1862**)

Utjeften E & E printsjen 9.700 9.572**) 8.500 ***)

E & E besoargjen 7.000 6.807**) 6.000 ***)

Bestjoerskosten 2.000 2.065**) 2.000 ***)

Jiergearkomste 1.800 2.013**) 2.000 ***)

Personielskosten 3.000 2.855**) 3.000 ***)

Portokosten 1.500 480**) 500 ***)

Lidmaatskippen 150 150**) 150 ***)

PR kosten 1.500 863**) 1.500 ***)

Algemiene kosten 1.000 342**) 350 ***)

Unfoarsjoen 1.500 0**) 500 ***)

Rinte/bankkosten 850 375**) 500 ***)

Bydrage Omrop 3.000 0**) - ***)

Freonefestival - 8.000 ***)

Aksjekosten - 6.866**) 2.000 ***)

33.000 32.388**) 35.000 ***)

33.000 35.351**) 33.000 ***)

0 2963**) ­2 000 ***)

Aktiviteiten Boatreiske -152 **) -500 ***)

Kulturele jûn -397 **)

­549 **) ­ 500 ***)

Resultaat 0 2.414 **) ­2.500 ***)

*) It giet û.m. om in rekken fan de Omrop, (€ 1633) dy’t troch fersin op ús rekken byskreaun wie en in rekken foar it ferstjoeren fan Each & Ear yn desimber (skatting € 1900)

**) Hjir giet it om it saldo fan de ynkomsten en de útjeften fan de aktiviteiten. ***) Rinte sparrekken

FINANSJEEL OERSJOCH 2015 EN BEGRUTTING 2016

14

EACH & EAR

Page 15: EACH & EAR - Omrop Fryslân30 MAART 2016 TSIEN FRAGEN OAN FREON OM UTENS UT PLANO TEXAS VOEDSELBANK / ITENSBANK AKSJE 2015 NIJS FAN DE OMROP DEITOCHT 9 JUNY 2016 UTSLACH KRYSTPUZEL

TALJOCHTING FINANSJEEL OERSJOCH2015 wie in drok jier foar de Freo-nen. Der is wer in tal saken útfierd troch de frijwillichsters en it be-stjoer. Dat hat betiden ek finansje-le gefolgen. Foaral de aksje foar it selstannich bestean fan de Omrop hat nochal wat aksje meibrocht. De oarspronklike begrutting fan 2015 waard tige ûnder druk setten. Yn juny hat it besjoer besletten om foar de aksje in budzjet fan € 10.000 út te lûken. De reguliere saken waarden beheind. Dat hie te krijen mei it be- grutte bedrach foar in kado foar de Omrop, dat is net trochgien. It bêste

kado dat de Omrop krije kin is it ei-gen fuortbestean. Ek yn 2016 giet de aksje dêromhinne troch. De aksje wurdt fierd yn ‘e mande mei it Euro-peesk Buro fan de Lytse Talen (EBLT) en de Ried fan de Fryske Beweging. Mar de kosten wurden folslein droe-gen troch de Freonen. De minimale ledebydrage is ek it ôfrûne jier wer gelyk bleaun, nammentlik € 9. In protte leden betelje wol mear, dat wurdt troch ús tige wurdearre. De bydrage kin ek yn 2016 gelyk bliu-we. Sawat 60 persint fan it ledetal hat der mei ynstimd om it ledejild fia in ynkasso-opdracht te beteljen. Dat skeelt yn de kosten en nimt gâns

minder tiid fan ús frjwillichsters yn beslach. Us reserve/fermogen is aar-dich heech sadat op langere termyn gjin ferheging fan de kontribúsje te ferwachtsjen is. By de ûntfangsten wie ek in legaat. Mar ek bûten dat om is it bestjoer deryn slagge om bin-nen de begrutting te bliuwen.

Wat de útjeften oanbelanget: De kosten foar Each & Ear binne in grut-te post yn de begrutting. Lyk as it foarige jier is der in splitsing fan de kosten fan printsjen en besoargjen makke. Yn it nije jier komt E & E yn in nij formaat en mar trije kear, yn stee fan fjouwer kear yn it jier. Wol is by it besoargjen besletten gebrûk te meitsjen fan FRL.post. De ferwach-ting is dat soks € 1.000 minder kostje sil. By de post bestjoerskosten hear-re ek de kosten fan de redaksje fan Each & Ear. As it kin, wurde de gear-komsten fan bestjoer en redaksje op deselde middei hâlden.

De post rinte/bankkosten (baten en lesten) wurdt alle jierren lytser. Krekt as by josels thús wurde de bank-kosten (lesten) heger, wylst de rinte (baten) leger wurdt. De troch de frij-willichsters organisearre aktiviteiten joegen in lyts finansjeel negatyf re-sultaat, foaral by de kulturele jûn. It tal beteljende dielnimmers wie 82. It bestjoer is fan betinken dat dizze ak-tiviteiten wol wat kostje meie, neist de eigen bydrage fan de leden. De ledebydrage dy’t foar reiskes en de kulturele jûn frege waard, wie lyk-wols tige skaplik mar it tal leden dat úteinlik meidocht oan in aktiviteit is fan te foaren dreech yn te skatten. Yn 2016 is der gjin kulturele jûn om-dat der in Freonefestival komme sil.

Yn de begrutting foar 2016 is rekken hâlden mei sa’n 3300 leden dy’t yn trochsneed € 10 de man/frou betel-je. Oare posten binne op grûn fan de kosten fan it ôfrûne jier sa goed as mooglik is, ynskatten.

Sjerp de Jongskathâlder

15

Page 16: EACH & EAR - Omrop Fryslân30 MAART 2016 TSIEN FRAGEN OAN FREON OM UTENS UT PLANO TEXAS VOEDSELBANK / ITENSBANK AKSJE 2015 NIJS FAN DE OMROP DEITOCHT 9 JUNY 2016 UTSLACH KRYSTPUZEL

IN JIERKOMSTE OM NET TE FERSITTEN!WOL OPJAAN FOAR 23 MAART O.S.

(SJOCH BON OP SIDE 27)

PROGRAMMA JIERGEARKOMSTE30 MAART 2016

(NIM DIZZE EACH & EAR MEI NEI DE GEARKOMSTE)

Om 19.30 oere begjint it saaklik part fan de jiergearkomste mei ûndersteande wurklist:

1. Iepening en wolkom.

2. Meidielings en ynkommen stikken.

3. Ynbring fan de direksje fan Omrop Fryslân.

4. Ferslach jiergearkomste fan 1 april 2015 (stiet yn dizze Each & Ear).

5. Jierferslach 2015 (stiet yn dizze Each & Ear).

6. Finansjeel oersjoch 2015 en begrutting 2016 (stiet yn dizze Each & Ear).

7. Ferslach fan de kaskommisje.

8. Beneaming nije kaskommisjeleden.

9. Bestjoerswiksel: - Ofgeand en werkiesber foar in twadde termyn: Nynke Bosgra en Andrys de Blaauw.- Ofgeand en werkiesber foar in tredde termyn: Agatha Hijlkema-Jorna en Geartsje Fokkema-Elgersma.- Foar skriuwer: Doutsje Hoekstra-de Vries

(Tsjin)kandidaten kinne harren opjaan by de foarsitter oant 30 maart 19.30 oere.

10. Omfreegjen.

11. Sluting saaklik part fan de gearkomste.

SKOFT

Nei it saaklike part sil René Koster in bydrage leverje.

16

EACH & EAR

Page 17: EACH & EAR - Omrop Fryslân30 MAART 2016 TSIEN FRAGEN OAN FREON OM UTENS UT PLANO TEXAS VOEDSELBANK / ITENSBANK AKSJE 2015 NIJS FAN DE OMROP DEITOCHT 9 JUNY 2016 UTSLACH KRYSTPUZEL

René Koster (61) wurket no goed fyf-tjin jier by Omrop Fryslân. Hy begûn as nijsferslachjouwer by de radio, mar folge oardel jier letter Eric Ennema al op as presintator fan it programma Omnium. ‘Omnium’ waard oant twa jier lyn alle dagen tusken 11.00 en 12.00 oere útstjoerd op de radio mei in ferskaat oan ûnderwerpen. René: “Dat paste my as in jas. Ik omskriuw mysels as in echte generalist en der binne in soad saken dy’t myn ynte-resse hawwe. De Fryske aktualiteit,

de skiednis, it plattelân, de polityk, it ûnderwiis, de ekonomy, neam mar op. En krekt dy ûnderwerpen sieten yn ‘Omnium’.”Hjoed-de-dei wurket hy fjouwer da-gen wyks; twa foar it radionijs en twa foar ‘Buro de Vries’, it eftergrûn- en dokumintêreprogramma dat sneins op de radio útstjoerd wurdt. “It is machtich om ek ris wat djipper op saken yn te gean, sfearfolle repor-taazjes te meitsjen of in goede dis-kusje op te setten.” Foar it nijs is hy

meastentiids moandeis en freeds op ‘en paad om live-ferslach te dwaan fan aktiviteiten yn de provinsje. René is hikke en tein yn Dokkum, mar wennet sûnt in jier of sân yn Ljou-wert. Foar syn komst nei de Omrop wurke hy mear as tweintich jier yn it ûnderwiis, earst as learaar en letter as kommunikaasjemeiwurker.

RENE KOSTER17

Page 18: EACH & EAR - Omrop Fryslân30 MAART 2016 TSIEN FRAGEN OAN FREON OM UTENS UT PLANO TEXAS VOEDSELBANK / ITENSBANK AKSJE 2015 NIJS FAN DE OMROP DEITOCHT 9 JUNY 2016 UTSLACH KRYSTPUZEL

Wannear binne jo út Fryslân weigongen en wêrom?Nei’t ik op de legere skoalle yn Ald-hoarne en de VGLO yn Ljouwert west ha, bin ik yn 1961 ferhuze nei Amea-rika. Myn broer Sjoerd en inkelde oare famyljeleden wennen dêr doe al. Us heit stoar yn 1953; syn dream wie dat ús hiele famylje emigrearje soe. Uteinlik barde dat mei fjouwer fan myn alve broers en susters. Doedes - tiids wiene der yn Amearika ek mear mooglikheden as yn Neder-lân. De earste tiid wenne ik by myn broer Sjoerd op de pleats yn Sussex. Yn 1963 krige ik wurk by de ‘Holland American Bakery’, letter moast ik yn it leger yn Colorado Springs. Sûnt dy tiid ha ik wenne yn Pennsylvania, New York, Massachusetts en New Hampshire.

Wenje jo al lang yn Plano, Texas?Fan 1980 ôf fersoarge ik de taleve-ring oan McDonald’s, dit ha ik twein-tich jier dien. Yn 2001 hawwe wy ús settele yn Plano, Texas.

Wannear binne jo Freon fan Omrop Fryslân wurden en wêrom?Tanksij it ynternet bin ik al 20 jier Freon fan Omrop Fryslân. It begong mei de fuotbalútslaggen, letter ka-men dêr mear ynteressante program-ma’s by, foaral it nijs út it heitelân folgje ik graach.

Wolle jo wat oer josels fertelle?Myn frou Ellen en ik binne al 46 jier troud. Ellen is berne en opgroeid yn New Jersey. Fanwege myn wurk reizgje ik in soad, allinnich al it ôfrû-ne jier wiene dat 70.000 miles. Op dy reizen sykje ik dan ek ús fjouwer bern en tsien bernsbern op, dy’t rûn-om wenje. As ik net wurkje of by de famylje bin, mei ik graach golf spylje.

Hokker programma’s fan de Omrop wolle jo net graach misse?Myn favorite programma is ‘Fryslân DOK’.

Wat misse jo fan Fryslân it meast? Ik mis myn famylje út Fryslân, de Frie-zen, it boerelibben en -lân, de geur fan de Fryske loft. Ek mis ik ‘SC Hee-renveen’. In tal jierren lyn ha ik noch in wedstryd meimakke. Net ien sil it

sjoen ha, mar doe’t it Frysk folksliet spile waard, rûnen de triennen my by de wangen del en wist ik, dat ik altyd in Fries bliuwe sil.

Soene jo wol werom wolle nei Fryslân?Dat soe mei al myn famylje hjir yn de ‘States’ net in maklike kar wêze. Us bern hawwe alle fjouwer ferskate kea ren yn Fryslân west en sy sizze al-tyd dat ik hjir bliuwe moat.

Prate jo noch Frysk?Ik tink dat ik noch ridlik goed Frysk prate kin, mar ik miks it wol mei wat Ingelske wurden fansels. Wol praat ik folle better Frysk as Nederlânsk. In Frysk boek lêze slagget ek noch wol, mar dat nimt wol wat mear tiid.

Wêr moat Fryslân sunich op wêze?It Fryske erfgoed, sa as âlde stêden en doarpen, âlde pleatsen, de Fryske taal. En de greidefûgels lykas de ljip en de skries.

Wat kin yn Fryslân ferbettere wurde?Men moat sunich wêze op de taal en mear Frysk prate.

Harry Peereboom

TSIEN FRAGEN OAN

IN FREON OM UTENS

Harry en syn frou Ellen

It hûs fan Harry yn Texas.

18

EACH & EAR

Page 19: EACH & EAR - Omrop Fryslân30 MAART 2016 TSIEN FRAGEN OAN FREON OM UTENS UT PLANO TEXAS VOEDSELBANK / ITENSBANK AKSJE 2015 NIJS FAN DE OMROP DEITOCHT 9 JUNY 2016 UTSLACH KRYSTPUZEL

ITENSBANK-AKSJEFan moandei 7 oant en mei freed 18 desimber wie der folop drokte yn it gebou fan Omrop Fryslân. De Omrop die wer mei oan de lanlike Voedselbank­aksje.

It is net allinne dizze twa wiken dat de Omrop dêr mei dwaande is. Al in hiel skoft dêrfoar wurdt der hurd wurke om dizze aksje slagje te litten. Der moatte bananedoazen komme om al it guod yn op te slaan, mar hoefolle moatte dat der wurde? En wêr moat it guod allegear opslein wurde, kinne wy it yn it Omropge-bou hâlde? Alle supermerken moat-te in skriuwen hawwe mei de fraach oft se meidwaan wolle. Hoe komme wy oan genôch frijwilligers om ús te helpen? Dat binne samar in pear sa-ken dêr’t oer fergadere wurdt, al fier foar’t de aksje losgiet.

Fia de frijwillichsters is der in mail út-gien mei de fraach: Wa wol mei -helpe mei de aksje foar de itens-bank? Wie it ferline jier noch wat in ûnwennige boel, no, dit jier net! Der melden har samar 66 frijwilligers oan dy’t meihelpe woene. Mar dan komt it dreechste noch, de minsken moat-te yndield wurde. Se hawwe alle-gearre trochjûn op hokker dei se wol, en wannear’t se net meihelpe kinne. Uteinlik is it skema klear en kin it ferstjoerd wurde. Nei noch in pear kear wat feroaringen ynpast te haw-wen, stiet it goed op papier en kin 7 desimber mar komme.

Fol moed begjint elts dy dei oan syn taak. De earste wike rint it noch net sa’t wy hope hiene mei it bringen fan produkten. Wy kinne it mei gemak sortearje en yn de goede doazen dwaan. Yn it wykein hiene wy wol graach wat mear aksje ha wollen. Mar dat wie úteinlik de stilte foar de stoarm want de twadde wike gie it los. Wat in minsken dy’t yn aksje kamen en wat kaam der in protte guod binnen. Lokkich wisten wy fan ferline jier dat it de lêste trije dagen wolris hielendal stoarm rinne koe en sa kaam it ek.Ekstra frijwilligers wiene ynroastere en dat wie mar goed ek. Wy koene it no hiel moai byhâlde en freedte-middei doe’t it resultaat bekend makke wurde soe, wiene wy hast klear mei it sortearjen. Wat in gewel-dich bedrach oan produkten is der ophelle. Rom € 122.000.

It wiene tolve tige drokke, mar troch al dy frijwilligers dy’t meiholpen ha, waarden it ek prachtige dagen.

Tank oan alle frijwilligers.

Ans Tamminga

19

Page 20: EACH & EAR - Omrop Fryslân30 MAART 2016 TSIEN FRAGEN OAN FREON OM UTENS UT PLANO TEXAS VOEDSELBANK / ITENSBANK AKSJE 2015 NIJS FAN DE OMROP DEITOCHT 9 JUNY 2016 UTSLACH KRYSTPUZEL

DE OMROP OP LOKAASJE! WER BINNE WY TE FINEN YN DE KOMMENDE MOANNEN?

Netwurkje, ynspirearje, kennis diele, saken dwaan: it kin allegear by de de ‘Business Contact Dagen Noord’. Op tiisdei 22 en woansdei 23 maart wurdt dat sakenevenemint holden yn it WTC Expo yn Ljouwert. Doel fan de dagen is kontakten lizze mei oare bedriuwen en ûndernimmers útNoard-Nederlân. Yn radioprogram-ma’s ‘De middei fan Fryslân’ en ‘Weistra op wei’ is der folop omtin-ken foar de BCDN, beide program-ma’s komme live út it WTC Expo wei. Mar ek bûten de programma’s om is Omrop Fryslân oanwêzich op it eve-nemint en hat dêr omtinken foar.

Tûzenen fytsers dy’t mei it swit op ‘e rêch mear as twahûndert kilometers ûnder harren trochtraapje, Pinkster-moandei stiet al desennialang yn it teken fan de Fytsalvestêdetocht. Ek dit jier binne alle beskikbere 15.000 stimpelkaarten alwer fersein. Nei it startskot yn Boalsert stiet al dy dielnimmers in tocht fan 235 km te wachtsjen om úteinlik wer te finishen yn dyselde stêd Boalsert. Omrop Frys-lân docht live ferslach fan de Fyts-alvestêdetocht op alle kanalen. Jûns is der in kompilaasje mei de hichte-punten fan de dei te sjen op Omrop Fryslân Telefyzje.

It jier 2016 wie noch mar krekt in feit doe’t Omrop Fryslân trije dagen lang alle nijs nei bûten brocht om de glêdens hinne. We binne no al wer in skoftke fierder yn de tiid en der binne meikoar­ten wer genôch nijsgjirrige eve­neminten dêr’t de Omrop bop­pe­op sit. Op radio, telefyzje en fansels online, docht Omrop Frys­lân ferslach, jout omtinken yn de fêste programma’s en heakket nije eleminten ta. Dit jier ha wy in protte sportevemeninten yn it foarútsicht. Mar ek fêste, werom­kommende en nije eveneminten krije ús oandacht. Nim no de ie­pen dagen fan de fleanbasis yn Ljouwert, ien fan de grutste fêste eveneminten yn Fryslân dat ien kear yn de fjouwer jier holden wurdt. Mar fansels is der mear.

20

EACH & EAR

Page 21: EACH & EAR - Omrop Fryslân30 MAART 2016 TSIEN FRAGEN OAN FREON OM UTENS UT PLANO TEXAS VOEDSELBANK / ITENSBANK AKSJE 2015 NIJS FAN DE OMROP DEITOCHT 9 JUNY 2016 UTSLACH KRYSTPUZEL

Neist fytsen is it yn 2016 ek wer tiid foar de ferneamde Slachtemaraton dy’t no al foar de fiifde kear organi-searre wurdt. Dizze kear fan it Waad oant yn it hert fan Fryslân, Raerd. Op sneon 4 juny sille 15.000 diel-nimmers de kronkeljende Slachtedyk bedrave of berinne. Fan start oant finish, Omrop Fryslân docht ferslach fan alles dat der bart mei kuierders en dravers op de 42 kilometer lange rûte fan Easterbierrum oant Raerd.

In alle jierren weromkommend ele-mint is it grut Frysk Diktee. Foarich jier wie de winner fan it diktee Jan Ybma fan Grins, mar in nij diktee betsjut foar elkenien in nije kâns op de titel. Wurdt it dit jier wer sa span-nend? Dat is op 11 maaie te sjen op it Cedin, en Omrop Fryslân Telefyzje. In oare wedstriid yn it teken fan de Fryske taal is de Ferhalewedstriid. Dy wurdt foar de fjirde kear organi-searre troch it Frysk Skriuwersboun, it Friesch Dagblad en Omrop Frys-lân. Elkenien koe in ferhaal fan 775 wurden ynstjoere, mei it tema ‘Oars’, foar 1 maart 2016. De bêste trije fer-halen fan de junior- én seniorwinners wurde be leanne mei in priis en pu-blisearre yn it Friesch Dagblad. Ut de beide winners fan de twa kategoryen kiest de sjuery boppedat ien ferhaal

dêr’t in ferfilming fan makke wurdt troch Omrop Fryslân. Dy koarte film wurdt yn juny yn fjouwer dielen útst-joerd yn it telefyzjeprogramma Bynt. De priisútrikking sil op tongersdei 7 april plakfine yn datselde program-ma.

5 maaie betsjut fansels Befrijdingsdei. Mar dit jier betsjut 5 maaie ek Himel-feartsdei. Op dy dei nûget presinta-tor Willem de Vries wer ferskate Frys-ke artysten út om in feestje te bouwen op it Noardewyn-poadium by de Prinsetún yn Ljouwert. Lykas foarich jier sil der op tongersdei 5 maaie swingend iepene wurde mei in koar. Dêrnei sille artysten sa as ûnder oaren De Hûnekop, Magnetic Space-men en Marcel Smit & De Hiele Han-nel nei optrede.

Grutte gefaartes dy’t jo allinnich heech yn de loft, op telefyzje of wannear’t jo sels op fakânsje geane sjogge, de Nederlânske loftfloat is be hoarlik ûnberikber fanwege fei lich- heids redenen. Mar wilens de Loft-machtdagen is dat hiel oars. Op freed 10 en 11 juny binne der iepen dagen by de fleanbasis yn Ljouwert. Besikers kinne dêr genietsje fan fleanshows, demonstraasjes, in blik efter de skermen en noch folle mear. Mar ek

by Omrop Fryslân kinne minsken genietsje fan de Loft macht dagen. De Omrop sit der boppe-op en hat rom omtinken foar it barren op alle kanalen.

Foar de tolfde kear wurdt der op ‘Landgoed Lauswolt’ by Beetster-sweach in simmerkonsert organi-searre yn gearwurking mei it Noord Nederlands Orkest. In unyk barren dêr’t Omrop Fryslân wer by belutsen is. It konsert fynt plak op snein 3 july fan 14.00 oere ôf. Omrop Fryslân stjoert it konsert in skoftke letter út, sadat jo thús ek meigenietsje kinne fan de muzyk fan it NNO mei as dekôr de bosken fan Beetstersweach en op de eftergrûn it lûd fan klepper-jende earrebarren.

Mar Omrop Fryslân giet net allinnich nei eveneminten ta, wy hawwe sels ek wat moais yn ‘e hûs dat it besjen seker wurdich is! Fan begjin maaie ôf hinget der wer in nije keunstgear-stalling troch it gebou oan de Zuider-kruisweg nr 2. De gastkonservator fan dy gearstalling is Gerk Koopmans, direkteur fan it Natuurmuseum Frys-lân. Hokker keunststream en hokker keunstners dêrfoar frege wurde, is op dit stuit noch net bekend.

21

Page 22: EACH & EAR - Omrop Fryslân30 MAART 2016 TSIEN FRAGEN OAN FREON OM UTENS UT PLANO TEXAS VOEDSELBANK / ITENSBANK AKSJE 2015 NIJS FAN DE OMROP DEITOCHT 9 JUNY 2016 UTSLACH KRYSTPUZEL

DEITOCHT 9 JUNYFARTOCHT FAN LJOUWERT NEI DOKKUM EN WER WEROM

Wy woene dizze kear mar ris in hiele dei mei de Freonen it wetter op. Wy farre in stik fan de âlvestêderûte yn in part fan Fryslân dêr’t jo mei in boat net al te faak komme.Yn Dokkum kinne wy fan board om in slach troch de stêd te meitsjen. Wolle jo leaver oan board bliuwe? Dat mei fansels ek.

De priis is ynklusyf:2 x kofje/tee mei wat lekkers2 x drankje, woarst en tsiisFryske kofjetafelFoar € 30,00 per persoan

Programma op 9 juny 2016:09.15 Sammelje op it FEC parkear-

terrein09.30 Farre út Ljouwert wei fia

Bartlehiem, Burdaard oer de Dokkumer Ie

Nei de kofjetafel meitsje wy in tuskenstop yn Dokkum

17.30 Werom yn Ljouwert

UTSLACH KRYSTPUZEL226 Freonen hawwe de puzel út it krystnûmer fan ‘Each & Ear’ makke en ynstjoerd. Diskear hat de ôfdieling Marketing en Kom­munikaasje de lotting ferrjochte.

De gelokkigen binne:1e priis: In abonnemint fan in jier op

de ‘Friesland Post’ (beskikber steld troch Van der Let & Partners fan It Hearrenfean):

Klaske Straathof­Westerhof, Ljouwert.

2e priis: 2 kaarten foar ‘Berg en Bos’ foar woansdei 2 maart (beskikber steld troch ‘De Lawei’, Drachten):

H. van Dijk, Feanwâlden.3e priis: 2 entreekaartsjes foar it ‘Ke-

ramiekmuseum Princessehof’ (be-skikber steld troch it Keramiekmu-seum Princessehof yn Ljouwert):

B. Zijlstra, Heech.

De oplossing fan de puzel wie ‘Omrop Fryslân moat baasyn eigen hûs bliuwe’.

Us lokwinsken foar de winners, dy’t ûnderwilens harren priis krigen haw-we.

22

EACH & EAR

Page 23: EACH & EAR - Omrop Fryslân30 MAART 2016 TSIEN FRAGEN OAN FREON OM UTENS UT PLANO TEXAS VOEDSELBANK / ITENSBANK AKSJE 2015 NIJS FAN DE OMROP DEITOCHT 9 JUNY 2016 UTSLACH KRYSTPUZEL

23

HAADREDAKTEUR KLAAS GEERT BAKKER

‘WY MOATTE IN BASISBEHOEFTE WURDE FOAR DE FRIEZEN: HUS, ITEN, OMROP’2016 wurdt foar de Omrop in span-nend jier. De striid foar in selsstannich Omrop Fryslân is noch hieltyd gean-de en ûndertusken riede de regio-nale omroppen harren ta op foarse besunigen mei yngong fan 2017. Yntern is de Omrop dwaande mei in fernijingsslach. “Dy is hurd nedich”, seit haadredakteur Klaas Geert Bak-ker: “Feroaringen folgje inoar yn heech tempo op. Der wurdt byge-lyks hieltyd minder op de tradisjonele wize telefyzje sjoen en mobile appa-raten, lykas smartphones wurde hiel-tyd wichtiger. Us publyk is der wol, mar sjocht faak op in oar momint,

nammentlik online. Fierder hawwe we folle mear konkurrinsje fan oare oanbieders as eartiids.”

Omrop BoppeOm de fernijing foarm te jaan is der in plan foar de redaksje makke mei de titel ‘Omrop Boppe’. Kearn fan it plan is om de Friezen mei ús programma’s en online nei te fredenheid kontint te berikken op de tiid dy’t har it bêste út-komt, fia it dêrfoar meast geskikte me-dium. Bygelyks it ‘flugge’ nijs fia de ra-dio en de apps, ynteraksje mei it publyk fia Facebook en ferdjipping en efter-grûn fia telefyzje en omropfryslan.nl.

Oer it algemien wurdt de fokus fer-lein fan tradisjonele kanalen as radio en telefyzje nei online. “Dat betsjut net dat we ophâlde mei radio en te-lefyzje”, seit Bakker, “krektoarsom, wy bliuwe in hiel soad radio- en te-lefyzjeprogramma’s meitsjen. Mar ek radio en telefyzje wurdt hieltyd faker online beharke en besjoen. Om ek yn de takomst relevant te bliuwen, moat-te we gebrûk meitsje fan nije foarmen en techniken”.

Omrop ûnmisberIn oar wichtich punt út it plan ‘Om-rop Boppe’ is de ambysje om Omrop

Page 24: EACH & EAR - Omrop Fryslân30 MAART 2016 TSIEN FRAGEN OAN FREON OM UTENS UT PLANO TEXAS VOEDSELBANK / ITENSBANK AKSJE 2015 NIJS FAN DE OMROP DEITOCHT 9 JUNY 2016 UTSLACH KRYSTPUZEL

24

EACH & EAR

JAN KOSTER SET SAKEN YN PERSPEKTYF

‘DE FRYSKE TAAL HAT US AL HIEL WAT BROCHT’

Fryslân in ûnmisber ûnderdiel fan de Fryske mienskip te meitsjen. Friezen moatte de Omrop oeral tsjinkom-me, op radio, telefyzje en ynternet, mar ek yn de provinsje. Der komme mear lokaasje-útstjoeringen, wêrby’t it publyk de Omrop ‘live’ oan it wurk sjocht. Fierder wurdt de sichtberens fergrutte troch bygelyks grutte buor-den by de sneldyk lâns. Fansels is wat de Omrop makket it wichtichst, it moat oanslute by de belibbingswrâld fan de Friezen en it moat makke wur-de mei leafde foar Fryslân. Sadat de bân tusken de Omrop en de Friezen noch hechter wurdt. Bakker: “Tsjin de redaksje ha ik sein, we moatte in basisbehoefte wurde foar de Friezen: Hûs, iten, Omrop...”

TelefyzjeOp telefyzje sil der yn de rin fan it jier it nedige feroarje. Sa sil de tra-disjonele manier fan nijs bringen yn ‘Hjoed’ plak meitsje foar in program-ma dat mear biedt as allinnich nijs. Bakker: “De measte minsken hawwe yn de rin fan de dei it nijs al meikri-gen fia de apps op harren telefoan of fia de radio. Dus wolle we jûns wat tafoegje: eftergrûnen en útlis, sadat jo ek as je it nijs al witte, dochs wat nijs jo sjogge en hearre.”

Fryske muzykDe nije radioprogrammearing dy’t yn maart fan start gong, slacht ûn-dertusken goed oan, sa blykt út de harksifers. Dat is ûnder oare te tan k-jen oan in wat oare muzykyndieling,

dêr’t sûnt april hurd oan wurke is. Mei werkenbere muzyk, in bettere ferdie-ling en rjochte op ferjonging, sûnder fan it âlde publyk te ferfrjemdzjen. In wichtich ûnderdiel is de Frysktalige muzyk, want dat makket de Omrop unyk. Bakker: “We draaie no alle oe-ren Fryske muzyk, earder wie dat net sa. We draaie no op ús toptiid tusken 6.00 en 18.00 oere 30% mear Frysk-talige muzyk as yn jannewaris 2015. Ek jûns draaie we mear Frysktalich. Fierder wurdt it streektaalprogram-ma Radio Froskepôle in wichtich pro-gramma foar ús identiteit, fan 0.00 oere jûns ôf wurdt it werhelle. Yn de nacht stjoere wy net mear allinnich Frysktalige muzyk út, mar in miks dy’t better oanslút by ús lûd fan de rest fan de dei”.

It like sa moai út te kommen: de Each & Ear soe ferskine, flak nei it media-debat dêr’t foar Omrop Fryslân oer wichtige saken besletten wurde soe. It rûn oars, it mediadebat waard út-steld, steatssekretaris Sander Dekker krige oant 1 maart de tiid wizigingen yn syn plannen foar in mediawet oan te bringen. Op 1 maart soe dan it folgjende debat wêze, dêrnei soe

der op 8 maart stimd wurde troch de leden fan de Earste Keamer. Dizze edysje fan Each & Ear komt dan wol krekt nei dy data, de ynhâld wie al foar ein febrewaris klear en dus kin-ne wy it net hawwe oer de lêste stân fan saken en de definitive útkomst fan it debat. Wy prate wol mei Jan Koster yn de tuskentiid en hy fertelt nochris hoe spannend it west hat én

hy sjocht tagelyk wat werom yn de tiid.

“It hat in hiele spannende perioade west. It hat hiel dreech yn te skatten west oft de mediawet wol oannom-men wurde soe of net. Twa moan-ne lyn wienen de sinjalen noch dat it wol trochgean soe. Stadichoan heardest mear en mear krityk. Ik wie

‘WAT IT EK WURDT, DER KOMT IN ‘HIEL SOAD OARE UNREST EN ‘UNWISSICHHEID FOAR WEROM’

Page 25: EACH & EAR - Omrop Fryslân30 MAART 2016 TSIEN FRAGEN OAN FREON OM UTENS UT PLANO TEXAS VOEDSELBANK / ITENSBANK AKSJE 2015 NIJS FAN DE OMROP DEITOCHT 9 JUNY 2016 UTSLACH KRYSTPUZEL

25

wol ferrast dat de krityk fan de Earste Keamer yn it debat fan febrewaris sa swier en sa breed wie, dat hie ik net ferwachte. Ik kin my net in wet heug-je dêr’t safolle krityk fan safolle kan-ten op west hat. It waard noch mar wer ris dúdlik dat de Earste Keamer hiel oars toetst as de Twadde Kea-mer. De Twadde Keamer sjocht folle mear nei de politike boadskip dy’t efter sa’n plan as bygelyks de media-wet sit. De Earste Keamer sjocht nei de juridyske kant fan it ferhaal, oft de wet wol in tafoege wearde hat oan dat wat der leit. Past it wol yn de Europeeske wetjouwing, is it ek yn striid mei de grûnwet, dat soart fan saken. Beslissend dêryn is de po-sysje fan Omrop Fryslân. It komt der no op oan dat dat goed regele wurdt yn it bestjoersakkoart tusken ryk en provinsje.

Der liket in stikje helderheid te wê-zen as der in beslút nommen wurdt oer wol of gjin mediawet, mar wat it ek wurdt, der komt in hiel soad oare ûnrest en ûnwissichheid foar wer-om. Want dy besuniging fan 17 mil-joen euro, dy komt der. Komt der in

mediawet, dan wurdt it grutste diel besunige troch de klustering en gear-wurking fan de ferskillende omrop-pen. Komt der gjin mediawet, dan komt it op de omroppen sels oan om dat jild te besunigjen. Foar Omrop Fryslân betsjut dat in besuniging fan likernôch 1,3 miljoen euro. En dat is ek noch in hiele opjefte, want dat is wol hast 10% fan us hiele begrut-ting. Dy 1,3 miljoen is net te besunig-jen sûnder dat der ûntslaggen falle, dat is in feit.

Tagelyk moatte je de saken soms yn perspektyf sette om te sjen wêr’t je steane. Want it is net sa dat der de ôfrûne jierren neat bard is. Trije jier lyn soenen wy ûnder de NPO falle en wie der gjin inkele útsûndering mooglik foar Omrop Fryslân. Yntus-ken hawwe wy de tasizzings fan de steatssekretaris hân dat wy altyd in eigen stjoerder hâlde, dat wy in bre-de programmearring hâlde, dat it jild fan de NOS foar dokumintêres en skoaltelefyzje wetlik boarge wurdt, dat dat eksklusyf foar Omrop Fryslân bestean bliuwt. Wy binne wol in issue wurden, polityk sjoen. Persoanlik bin

ik derfan oertsjûge dat it feit dat wy op wichtige mominten yn Den Haach wienen mei in kameraploech, dat de freonen der sieten, dat de deputear-re mei wie, dat dat seker ynfloed hân hat op it hiele proses. Sy sjogge ús ek sitten en úteinlik binne it ek mar gewoan minsken. It is no oan de pro-vinsje en it ryk, mar dúdlik is dat de Fryske taal ús al hiel wat brocht hat.”

’OMROP ’FRYSLÂN’IS WOL’IN ISSUE’WURDEN’

Page 26: EACH & EAR - Omrop Fryslân30 MAART 2016 TSIEN FRAGEN OAN FREON OM UTENS UT PLANO TEXAS VOEDSELBANK / ITENSBANK AKSJE 2015 NIJS FAN DE OMROP DEITOCHT 9 JUNY 2016 UTSLACH KRYSTPUZEL

GOED OM TE WITTENpostbesoarging en de oaren fia de mail. Jo bepale oan de hân fan dy rekkening sadwaande sels it momint fan beteljen.

Sels automatysk ôfskriuweDer binne ek freonen dy’t sels in op-dracht oan harren bank jûn hawwe om de kontribúsje op in troch harsels keazen momint ôfskriuwe te litten. Graach net yn desimber betelje foar it jier derop. Dat jout betizing yn de administraasje. It momint fan betel-jen is uteraard net by ús bekend! Dy freonen krije sadwaande ek in rekke-ning tastjoerd omdat dat foar ús wat effisjinter wurkjen is.

Mocht it no foarkomme dat jo dêr-troch by fersin twa kear betelje, dan is dat gjin probleem. Dat wurdt auto-matysk wer oanpast. Jo meie ús dêr fansels ek oer belje of in mail stjoere nei: [email protected]

Wy beäntwurdzje jo fraach sa gau as mooglik en it bedrach wurdt wer by-skreaun op jo bankrekken.It mei dúdlik wêze: Us foarkar giet út nei beteljen fia de automatyske yn-kasso en oars fia de rekkening dy’t jo thúskrigen hawwe.

HerinneringNei 1 april stjoere wy jo in herinne-ring. Mar wy stelle it tige op priis dat jo foar dy datum jo lidmaatskipsjild betelle hawwe. Dat skeelt ús, neist in soad tiid, ék papier en portokosten.Wy tankje jo alfêst foar de meiwur-king.

It bestjoer.

Understeand fine jo wat neiere ynformaasje oer it beteljen fan jo lidmaatskip fan de Freonen. Wolle jo dat even oandachtich trochlêze?

Automatyske ynkassoOp 14 jannewaris hawwe wy de bank opdracht jûn foar it útfieren fan hast 2400 automatyske ynkasso’s. Dat kinne jo op jo bankôfskrift wer-om fine. Fan dy opdracht binne lyk-wols in lyts oantal om ferskate reden wegere. Dy freonen hawwe dêrom healwei febrewaris fia de post in rek-kening fan ús krigen.

Betelje troch middel fan in rekkeningIn wike letter, op 21 jannewaris, hawwe wy sa’n 1050 rekkeningen ferstjoerd. Fierwei it grutste part fia

26

EACH & EAR

Page 27: EACH & EAR - Omrop Fryslân30 MAART 2016 TSIEN FRAGEN OAN FREON OM UTENS UT PLANO TEXAS VOEDSELBANK / ITENSBANK AKSJE 2015 NIJS FAN DE OMROP DEITOCHT 9 JUNY 2016 UTSLACH KRYSTPUZEL

JIERGEARKOMSTE FREONEN OP 30 MAART 2016Graach sa gau as mooglik opstjoere, mar foar 23 maart 2016 nei:Feriening Freonen fan Omrop FryslânPostbus 7600, 8903 JP Ljouwert

Opjaan fia de e-mail kin ek: [email protected]

Ik jou my hjirby op foar de jiergearkomste fan 30 maart mei .................................. persoan(en).

Jimme kinne op my/ ús rekkenje mei sop en broadsjes (ynrin fan 18.00 oere ôf)ik/wy komme allinne foar it saaklik part (begjint om 19.30 oere)(graach oankruse wat fan tapassing is)

Namme: ......................................................................................................................................................................................................................................................

Adres: ......................................................................................................................................................................................................................................................

Postkoade: ........................................................................ Wenplak: ...........................................................................................................................................

Telefoan: ......................................................................................................................................................................................................................................................

E-mailadres: ......................................................................................................................................................................................................................................................

OPJEFTE BOATREISKE MEI DE HARMONIE Ik jou my op mei .................................. persoan(en)

De kosten: € 30 p.p. dat is ynkl. kofje/tee mei wat lekkers, in hapke, drankje en in Fryske kofjetafel.Wy fersykje jo, om tagelyk mei it opjaan, it ferskuldige bedrach à € 30 p.p. oer te meitsjen op NL 53 RABO 0130 283002 fan Feriening Freonen fan Omrop Fryslân û.f.f. Reiske 2016.In wike yn it foar krije jo noch neier berjocht fan ús oer û.o. tiid, opstapplak, parkeare ensfh.

Namme: ......................................................................................................................................................................................................................................................

Adres: ......................................................................................................................................................................................................................................................

Postkoade: ........................................................................ Wenplak: ...........................................................................................................................................

Telefoan: ......................................................................................................................................................................................................................................................

E-mailadres: ......................................................................................................................................................................................................................................................

ANTWURDSTRYPKES27

Page 28: EACH & EAR - Omrop Fryslân30 MAART 2016 TSIEN FRAGEN OAN FREON OM UTENS UT PLANO TEXAS VOEDSELBANK / ITENSBANK AKSJE 2015 NIJS FAN DE OMROP DEITOCHT 9 JUNY 2016 UTSLACH KRYSTPUZEL

FOAR IN NIJ ALGEMIENBESTJOERSLID

Caparis Grafi sch Centrum

ONGEKEND VEELZIJDIG

Caparis Grafi sch Centrum

produceert een breed scala

aan drukwerk voor een

grote verscheidenheid aan

opdrachtgevers.

Wij bieden een totaalpakket: ontwerp, dtp,

drukwerk, afwerking en bezorging. Dat doen we

turn key en binnen de afgesproken termijn.

Behalve grafi sche know how hebben we ook

kennis van opslag, logistiek en mailingservice.

CAPARIS Grafisch CentrumJagtlustweg 28444 AV HeerenveenPostbus 3008440 AH Heerenveen

T (0513) 62 43 33F (0513) 62 70 41E [email protected] www.caparis.nl

CAPARIS GRAFISCH CENTRUM

Op de jiergearkomste fan 1 april 2015 naam skriuwer Sybren van der Vliet ôfskie fan it bestjoer. Omdat der op dat stuit noch net in nije kandi-daat beneamd wurde koe, hat Sybren hast noch in jier langer ga-rant stien foar it sekretariële wurk. Yntusken hat bestjoerslid Doutsje Hoekstra-de Vries dy funksje fan him oernommen. Sadwaande sykje wy no in nij alge-mien bestjoerslid. Wy komme graach yn ‘e kunde mei in entûsjaste man/frou dy’t ús bestjoer fersterkje wol en him/har goed rêde kin mei de Fryske taal. Liket it jo wat ta, dan kin-

ne jo earst in pear bestjoersgearkom-sten bywenje om te sjen wêr’t wy mei dwaande binne. Yn goed oerlis besjogge wy dan fan beide kanten hoe’t it foldocht.Binne jo in geskikte kandidaat of wit-te jo immen oars dy’t hjir geskikt foar wêze kin, dan hearre wy dat graach fan jo. Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei ús skriuw-ster:Doutsje Hoekstra-de VriesTelefoannûmer. 0511-539447e-mailadres:[email protected]

OPROP

28

EACH & EAR