Po@dium ûnderweis - Bennie...

6
Zuerst kommt das Fressen... Ympresjes fan in ienlike Radfahrer, unterwegs nach Berlin diel twa 1. Lüneburg is in moaie stêd. It is ien fan dy hânfol Dútse stêdden dy't yn 'e oarloch net of amper bombardeard binne. Frijwol alle wat gruttere stêdden waarden swier beskadige oant omtrint ausradiert, mar dat lot is Lüneburg besparre bleaun, wêrtroch de binnenstêd noch it âlde patina hat fan in lange skiednis. Mar yn de earste 25 jier nei de oarloch wie dy Innenstadt bot fersutere. De problemen dy't der no yn Grins binne, wienen dêr ek. Net troch gas, mar troch ieuwen fan sâltwinning: das weiße Gold... Fersakte huzen, gjin jild om der wat oan te dwaan en wat der wie waard stutsen yn nijbou der om hinne. Om al de nije minsken in plak te jaan, dy't werom nei de Heimat kamen of letter út de DDR flechtten. Om 1970 hinne wienen der sels fierhinne útwurke plannen om de hiele Altstadt te slopen en der in nij, modern sintrum foar yn it plak te bouwen. Dat ha se keare kind en begjin 70-ger jierren waard der begûn mei restauraasjes. Yn '80 waard de sâltwinning stopset. It wurdt my ferteld troch myn gastfrou Dagmar. Se wennet sels it grutste part fan har libben yn Lüneburg. Har heit krige der wurk en se groeide op yn ien fan dy nije wiken. De âlde stêd, dy waard mijd; jûns koenen se dêr mar better net ferkeare, dêr húzen net folle anständige Menschen. No wennet se sels yn in hûs fan 300 jier âld, lyts & moai yn in smel strjitsje achter it Radhaus. Har beide bern binne it hûs út en no ferhiert se in keamer oan gasten. Alles rint wat skeef, it kreaket yn trep & flieren, mar it hûs is no withoefolle kear safolle wurdich as doe har heit it foar har kocht. Yn Lüneburg wenje in soad minsken dy't harren wurk ha yn Hamburg. Der komme in soad toeristen en it is in universiteitsstêd, sadat it eins altyd in libbene boel is yn de binnenstêd. Der is alle jûnen wol wat kultureels te belibjen, b.g. Yn it Heinrich Heine Haus. Net dat Heine hjir lang bleaun is – syn âlden wennen 4 jier yn it hûs en de soan sels neamde de stêd syn 'Residenz der Langeweile'. Folle oare ferneamde nammen kleve der ek net oan Lüneburg. Of it soe dy fan J.S. Bach wêze moatte, dy't hjir in skoft koarknaap wie. En op in strjittenamme- boerd lês ik oer Johann Schulz, dy't ús it prachtige liet Der Mond ist aufgegangen neilitten hat. Po@dium ûnderweis

Transcript of Po@dium ûnderweis - Bennie...

Page 1: Po@dium ûnderweis - Bennie Huismanbenniehuisman.nl/wp-content/uploads/Zuerst-kommt-das-Fressen...diel-2.pdf · lang bleaun is – syn âlden wennen 4 jier yn it hûs en de soan sels

Zuerst kommt das Fressen...Ympresjes fan in ienlike Radfahrer, unterwegs nach Berlin

diel twa

1.

Lüneburg is in moaie stêd. It is ien fan dy hânfol Dútse stêdden dy't yn 'e oarloch net ofamper bombardeard binne. Frijwol alle wat gruttere stêdden waarden swier beskadige oantomtrint ausradiert, mar dat lot is Lüneburg besparre bleaun, wêrtroch de binnenstêd noch itâlde patina hat fan in lange skiednis. Mar yn de earste 25 jier nei de oarloch wie dy Innenstadtbot fersutere. De problemen dy't der no yn Grins binne, wienen dêr ek. Net troch gas, martroch ieuwen fan sâltwinning: das weiße Gold... Fersakte huzen, gjin jild om der wat oan tedwaan en wat der wie waard stutsen yn nijbou der om hinne. Om al de nije minsken in plak tejaan, dy't werom nei de Heimat kamen of letter út de DDR flechtten. Om 1970 hinne wienender sels fierhinne útwurke plannen om de hiele Altstadt te slopen en der in nij, modernsintrum foar yn it plak te bouwen. Dat ha se keare kind en begjin 70-ger jierren waard derbegûn mei restauraasjes. Yn '80 waard de sâltwinning stopset.

It wurdt my ferteld troch myn gastfrou Dagmar. Se wennetsels it grutste part fan har libben yn Lüneburg. Har heit krigeder wurk en se groeide op yn ien fan dy nije wiken. De âldestêd, dy waard mijd; jûns koenen se dêr mar better netferkeare, dêr húzen net folle anständige Menschen. Nowennet se sels yn in hûs fan 300 jier âld, lyts & moai yn in smelstrjitsje achter it Radhaus. Har beide bern binne it hûs út en

no ferhiert se in keamer oan gasten. Alles rint wat skeef, it kreaket yn trep & flieren, mar it hûsis no withoefolle kear safolle wurdich as doe har heit it foar har kocht.

Yn Lüneburg wenje in soad minsken dy't harren wurk ha yn Hamburg. Der komme in soadtoeristen en it is in universiteitsstêd, sadat it eins altyd in libbene boel is yn de binnenstêd. Deris alle jûnen wol wat kultureels te belibjen, b.g. Yn it Heinrich Heine Haus. Net dat Heine hjirlang bleaun is – syn âlden wennen 4 jier yn it hûs en de soan sels neamde de stêd syn'Residenz der Langeweile'. Folle oare ferneamde nammen kleve der ek net oan Lüneburg. Of itsoe dy fan J.S. Bach wêze moatte, dy't hjir in skoft koarknaap wie. En op in strjittenamme-boerd lês ik oer Johann Schulz, dy't ús it prachtige liet Der Mond ist aufgegangen neilitten hat.

Po@dium ûnderweis

Page 2: Po@dium ûnderweis - Bennie Huismanbenniehuisman.nl/wp-content/uploads/Zuerst-kommt-das-Fressen...diel-2.pdf · lang bleaun is – syn âlden wennen 4 jier yn it hûs en de soan sels

Hoe dan ek: Lüneburg brûst. Mar as ik in lêste kuier meitsje notearje ik ek oare lûden.

2.

Dat 'brûzen' kin net sein wurde fan de lytse stêd Havelberg, dêr't ik twa dagen letterútfanhûzje by Bekannter. Britta Lehmann en Heinz Sporckhorst. Twa byldzjend keunsters, dy'thjir in simmerlang wurkje oan in projekt, dêr't de pleatslike Kulturverein & it lânsdiel wat jildyn stutsene ha. Yn it âldste en moaiste diel fan it stêdsje – der Stadtinsel, tusken twa

streamtûken fan de Havel yn – hat de Kulturverein insoarte fan boekwinkel. Kinst der fergees in boek lêze ,weihelje of bringe, der wurde literêre jûnenorganisearre.

Dêrachter binne noch in rige ferlittenbedriuwsgebouwen om in binnenplak hinne, dêr'tútnoege keunstners wurkje kinne en harren wurk danútstalle yn twa galerie-romten fierderop yn de strjitte.Heinz en Britta wurkje en wenje yn Berlyn, mar binnehjir al foar it twadde jier.

Yn de skiednis fan dat eardere bedriuw is it drama fan Havelberg - en fan safolle oareeardere DDR-stêdden yn dizze wat fergetten úthoeke - goed te fangen. Nei de Wende yn 1989kaam der nij elan by de Havelberger Elektotechnik -Elektonik GmbH (besloten vennootschap).De gebouwen waarden opknapt, de âlde bedriuwsautoos ynruile foar VW's en sa waard nochde nije ieu berikt. En dêrnei wie it Schluß, ek mei dizze wurkgelegenheid. De lange souders

boppe de keunstners-ferbliuwen sjogge der út, as isde boel fan de iene op de oare dei achterlitten. Itleit dêr fol mei de hiele brot fan jierren:boekhâlding, in âlde elektryske typemasjine, skuon,learzens, in overall.. Wat earst oarder wie is no innutteleaze disoarder.

Dat wjerspegelt it gefoel fan in soad eardereDDR-bewenners. Want sa gie it mei safollebedriuwen. Havelberg hie by de Wende 14.000ynwenners, no minder as de helte.

Page 3: Po@dium ûnderweis - Bennie Huismanbenniehuisman.nl/wp-content/uploads/Zuerst-kommt-das-Fressen...diel-2.pdf · lang bleaun is – syn âlden wennen 4 jier yn it hûs en de soan sels

Der binne relatyf net folle winkels, gjin Fußgängerszone en in soad toeristen sjogge jo inkeldyn de simmerske fakânsjetiid en by feesten. En dochs is it in moai stedsje yn in skitterjendnatoergebiet om 'e Havel hinne. Mar der is net folle te belibjen omt der gjin minsken komme.En dy komme net omt der net folle te belibjen is.

Mar dizze Künstlerhof mei syn binnenplak is in lytse oase. Ik bliuw der in ekstra dei.

3.

Heinz is Rentner, hie earder in offset-printerij yn Berlyn. Hy is 74, rint meast om mei in peten hat him, ienkear út it wurk, alhiel op syn passy stoart: de keunst, de byldzjende keunst. Hyeksperimentearret mei allerhande, faak grafyske techniken. Hy fiert it libben, wit en kin fanalles, spilet ek gitaar.. We bringe tegearre in sinnige dei troch op it binnenpleintsje fan itKünstlerhaus. Ik skriuw. Hy ferdwynt út en troch om fan de heech boppen it stedsjeútstekkende Dom wat sketsen te meitsjen. Middeis makket er dêr lino-sneden fan en bestryktdy mei swarte lino-inket om der ôfdrukken fan te meitsjen. Britta is nei Berlyn foar in ôfspraakmei in dokter. Moarns hat Heinz ús in geweldich Frühstück foarset en doe hat er Britta nei debus brocht om 10 km fierder de trein te heljen.

Ik sis tsjin Heinz: 'do bist ek krekt op 'e tiid ûntsnapt út it printers-bedriuw...' Hy gnysket enfertelt in moaie annekdoate út dy lêste jierren. Dat er noch in grutte opdracht krige foar itprinten fan 14.000 boekjes: in hantlieding foar in nije masjine yn de earste jierren fan dedigitalisearring. Doe't se úteinliks nei 9 moannen levere waarden koenen se fuort by it âldpapier: de masjine wie al wer achterhelle.

Jûns makket er in miel mei Spargel en nije ierpels en letter op 'e jûn in fjurke. As er oan ititen-tameitsjen is krij ik myn akkordeon en sjong de Dútse lietsjes dy't ik yn 'e holle ha. Heinznúndert mei en ropt nei elk liet: Das du die kennst... Britta is wat ferreizge weromkommen útBerlyn, fleurt alhiel op fan 'e muzyk en op in stuit dûnsje se tegearre oer it binnenplak. Letterwurdt der in fjoerke makke yn in âlde wasmasinetrommel, lykas de foarige jûn, doe't ik in mielmakke hie en we pas om healwei tsienen ieten om 't Britta noch nei in koarrepetysje wie. Jourde Fête... sokke dagen.

Mar it is net allegearre moai waar en lange dagen. Foarich jier wienen se hjir inkeld om teskilderjen en harren wurk út te stallen. No binne se diel fan in projekt, dêr't nochal wat jild oanhinget, mei fergaderjen en oerlis, regelarijen en ferantwurdlikheden. Der giet gauris watferkeard. Britta rekket frustreard, want se komt oan wurkjen net ta. Se lit my de lytse galeriesjen, dêr't har wurk, dat fan freondin en kollega Anke en wat fan Heinz hinget. En fertelt, datder koart nei de iepening - mei frijwat besikers - in salami-woarst troch de iepensteande doarsmiten waard. Troch pleatslike rjochtsradikalen, dy't ek op de doar fan de noch lege gruttegalerie de wurden Scheiß-hippies spuite ha. Se hienen ek alris besocht de tagongsdoar nei itbinnenplein nachts iepen te brekken, wylst Anke dêr allinne lei te sliepen. It makket harbenaud en de lichtens fan foarich jier fine se no net mear. By har jongste wurk binne ekôfdrukken fan Holzschnitte, in technyk dy't se har it lêste jier eigen makke ha. Ik fyn it moai enkeapje der twa.

Page 4: Po@dium ûnderweis - Bennie Huismanbenniehuisman.nl/wp-content/uploads/Zuerst-kommt-das-Fressen...diel-2.pdf · lang bleaun is – syn âlden wennen 4 jier yn it hûs en de soan sels

In pear dagen foardat ik der oanstuts wienen se tegearre yn Lüneburg. Eins soenen se dêrwol wat dwaan wolle, mar dat liket foar harren ûnberikber: ferbliuw, galerie-romte, it is net tebeteljen. En dat ropt dan - sjoch de lêste foto yn Lüneburg – wer réaksjes op. Fan de'ferliezers'. Want wat moai is en bisûnder wurdt langer eksklusyf foar de minsken dy't it beteljekinne.

4.

Ik bin de grins, dy't de beide eardere wrâlden tusken '45 en '89 skiedde, oerstutsen sûnderit te merken, mar as 'der Georg' fan Hotel Alandblick yn it doarpke Wanzer my fertelt dat dygrins in km of 6 werom lei falle guon dingen dy't ik seach - en yn de dagen dêrnei sjoch - opharren plak: leechstân en ferfal b.g. Nei de Wende lutsen de East-Dútsers oars net inkeldmassaal nei it Westen, der wienen ek minsken, dy't krekt de oare kant út gienen. Want al dyleechstân wie no foar in prikje te keap.

Georg Teloy kocht Alandblick yn 1990 en doe wie dy hiele grimmitige grins fan in jierdêrfoar al opromme. It hûs dat er kocht wie al generaasjes lang in herberch. It is fan 1858 enstiet ûnder Denkmalschütz, mar it is slim ferwaarleaze. Georg hat it no oerdien oan syn soanDamian. Sûnt de mem twa jier lyn ferstoarn is wenje heit en soan tegearre. Op in foto oan demuorre hat de soan deselde sachte eagen as syn heit en miskien ferstopje se har beide hjir ekfoar de 'Ökonomisiering der Welt'.

Damian is Tischler, fertelt syn heit – en der is hjir wol wat foar him te dwaan.Nettsjinsteande it Raufaserbehang en de plastic skroatsjes binne keamer en badkeamer 'bêstgenôch'. En Georg set syn iennichste gast de oare moarns in geweldich moarnsiten foar yn de

Gaststube, dêr 't yn gjin hûndert jier wat oan feroare liket.As ik de fyts wer opladen ha krij ik noch gau twa nije fleskeswetter mei foar ûnderweis. Fergees.

Tsien km fierder stuitsje ik op in spoarbrêge. In soad lytsestêdden hjir- lykas ek Havelberg - ha noch in stasjon, margjin ferbining mear. Yn '45 ha de Russen de measte rails meinei Ruslân nommen, yn de DDR-tiid binne de grutteferbining hersteld, mar no 't elk in auto hat bliuwt it dêrby.

Dizze spoarbrêge ha se oer de holle sjoen en is no in spontaan beammehôf.

5.

De ferskillen tusken west en east binne hjir net te ûntrinnen. En de ferhalen dêroer ek net.As ik Havelberg ferlit is it noch droech. Tusken myn lêste oernachtingsadres foar Berlyn lizzetwa wat gruttere plakken, mei hope op goede kofje of sop. Mar yn beide frijwatdeprimearjende plakken is net folle te finen. It begjint ek noch te reinen.

Page 5: Po@dium ûnderweis - Bennie Huismanbenniehuisman.nl/wp-content/uploads/Zuerst-kommt-das-Fressen...diel-2.pdf · lang bleaun is – syn âlden wennen 4 jier yn it hûs en de soan sels

De namme fan it doarpke dat ik fia Air B&B trochkrigen ha kin ik op 'e kaart net fine endêrom stean ik in skoft by in oersichts-kaart yn it lêste grutte plak. In 'local' komt der by stean.Wiesenaue? Hat ek gjin idee wêr't it leit, mar hûndert meter fierderop binne wat pleatlikeVersicherungsleute oan de sjampagne en dy witte faak alles. Se steane dêr yndie oan hegetafels wat te fieren en op myn fraach komt in lytse, keale man, mei in djoer siden boesgroenen in earke fansiden syn holle, nei my ta. Ik toan namme en adres en hy wit it dalik. It doarpkehjit Brädikow en myn Gastgeber kin er ek wol: 'der Uwe, ach ja...' seit er mei in glimke. Op 'ekrúsing dêr nei links en dalik nei rjochts, earste hûs oan de rjochterkant.. Danke schön.

'Der Uwe' docht de doar iepen. 'Ja'... Wiist my in carport yn de tún, dêr't de fyts stean kin.Al myn Halbseligkeiten mei it hûs yn en earst mar yn de hal delset. De keuken is it plak dêr 't erwennet en dêr't in tredde fan de romte ynnommen wurdt troch in grutte tafel mei computer& oare digitale apparatuur. De fierdere ynrjochting liket yn in steat fan ferhúzjen. Dat is ek sa.Hy hat de rest fan it hûs al earder ferhierd en dit lêste stik aanst ek. Fertelt er my as er thé foarmy set. Hy praat yn koarte, ôfmetten sintsjes mei stiltes der tusken, wol witte wêr't ikdelreizge bin, de krekte rûte, krûpt achter de kompjoeter, siket. Mooglik kin er even nei it waarsjen, freegje ik wylst ik de thé opdrink. Syn fingers fleane oer it toetsebord en tagelyk fertelt erkoart syn sitewaasje: ...Bin arbeitslos... Computer-programmeur...mmm...25 Grad, 80%Regen...sagt nicht alles... Ich zeige dir deinen Zimmer...wie früh Morgen Frühstück? Achtdreißig?...mmm...ok...

Dy sjocht út op 'e achtertún, dy't de Mieter yn in berneboartersplak omtovere ha. Inopklapbêd, rekken mei klean, ôfdekt mei in lekken, it rút hat in skoft net iepen west. Mar ik haplak, krij de Wifi-sleutel, dy't net te kreakjen liket en lûk my werom. It raam iepen, laptopkeiepen en al gau fiel ik my thús. It bêd sliept goed en it is der tige stil.

It húske is tsjin oer myn keamer oan in smel gonkje dat útkomt op syn keuken. As ikweromkom fan it húske hear ik: Bennie? De doar giet iepen: Frühstück um Halb Acht. Das ist...hy sjocht op it horloazje...mmm... über Zehn Minuten. Doar wer ticht.

Oan it moarnsiten mankearret alhiel neat. En ek fierder is it wol in frjemde fûgel, mar ektige sympatisch en we ha mear gemien as ik oait tinke kinnen hie. Hy fertelt dat er nei synbroer giet, yn de omkriten fan Hannover, dêr't opgroeit is. Dit hûs wie dat fan syn Großeltern,dy't yn de DDR wennen en dy't er noait kend hat. Syn âlden wienen nei it Westen flechtte.

Doe't dy stoaren waard it hûs oan oare minsken fersein. Nei de Wende krigen se it weromen waard it opknapt. Hy hat dat sels ek foar in part dien en wiist nei de iepen trep achter my.Ik fertel, dat ik ek yn it hûs fan myn pake en beppe wenje en ek Tischler bin yn myn frije tiid.Wat ik dan fierder doch... Sjonger en skriuwer, siz ik. Hy fearret op, hy skriuwt ek, krûpt achtersyn desktop, siket nei in bestân, wol my wat sjen litte dat er skreaun hat, kin it net fine en gietby it oanrjocht fierder mei kofjesetten. Dan draait er him heal nei my ta: Am liebsten schreibich einen Bestseller...aber kein'n Krimi... Ik jou him myn Dútse CD, dy't er daliks yn de desktopskood en yn in menút tiid fiif nûmers bylâns zappt. Hy liket it moai te finen.

Page 6: Po@dium ûnderweis - Bennie Huismanbenniehuisman.nl/wp-content/uploads/Zuerst-kommt-das-Fressen...diel-2.pdf · lang bleaun is – syn âlden wennen 4 jier yn it hûs en de soan sels

As ik alles al wer opladen ha en ôfskie nim jout er my syn tekst mei, dy't er dochs noch fûnhat. Ik freegje wannear't er ferhúzet? Ende Monat... Bin froh damit... (wiist om him hinne)

...es ist hier doch...wie mann das nennt...Tote Rozen...

Om 4 oere middeis sit ik yn de Tiergarten yn Berlin, achter in kom jierpelsop mei Pfifferlingeen in Radler. Ich habe es Geschaft. En dat kin Merkel noch net rjocht sizze.

6.

It is sneon 4 juny. Ende Nachmittag. Ik bin noch twa dagen yn Berlyn bleaun. Yn Heinz synappartemint yn de Hagelberger Straße, dat er my rejaal oanbea. Sels is er dizzer dagen ynBelgrado, in city-trip mei freonen; se dogge dat alle lêste jierren wol in kear en alle kearen neiin oare stêd.

It wie foar my in wersjen, want krap trije jier lyn learde ik him en Britta hjir kennen, doe 'tdit 14 dagen lang myn ûnderkommen wie. Mei dy lytse Berliner skiednis út septimber 2013giet Po@dium de kommende simmermoannen fierder en al dizze Berliner Geschichten einigjedan yn Novimber. Dan wurdt it ek tiid foar die Moral, al hawwe der sûnder twifel al de nedigeMoralitäten tussen al myn rigels in plakje fûn.

It is no bûtendoar tsjin de 30 graden en dat is hjir yn dit Oberste Dachgeschoß goed tefernimmen. Ik ha in moaie reis hân. Ha in soad allinne west, mar my net faak allinne field,troch alle minsken dy't ik moete ha en dy't de doarren fan harren libbens even iepen dienen.En sa it gefoel fersterken dat we allegearre wrakselje, soms ûndergean, dan wer boppe kommeen dat him dat ûntlûkt oan alle úterlikheden. Mar sa 't ik al sei: die Moral komt noch. Of net. Iksko wol faker dingen foar my út.

Ik hie my foarnommen ûnderweis ek sjonger te wêzen, op 'e strjitte of wêr dan ek. Om dyreden ha 'k al dy dagen myn lytse akkordeon meisleept. Mar earst by Britta en Heinz ynHavelberg hat er even út 'e hoes west. En it wie evengoed de muoite wurdich om dy fiif kiloekstra hieltyd mei te slepen. Ik ha mysels hiel lang besjoen as in 'sjonger dy't ek skriuwt'. Mar

ik tink dat him dat wiksele hat: ik fiel my yn it earste plak in skriuwer.Dêrneist sil ik altyd sjongen bliuwe, sa lang ik stim ha. Mar as skriuwerbesykje ik antwurden te finen op de faak fertiizjende fragen dy't itlibben my stelt. Moandei wurd ik 69. Mar ik bin der noch.

Tschüß... út Berlyn.