Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer...

40
Friezen op sosjale media Lysbeth Jongbloed-Faber Rapportaazje ûndersyk Taalfitaliteit II Project manager: Cor van der Meer Novimber 2015

Transcript of Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer...

Page 1: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

Friezen op sosjale media

Lysbeth Jongbloed-Faber

Rapportaazje ûndersyk Taalfitaliteit II

Project manager: Cor van der Meer

Novimber 2015

Page 2: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

2

De Friezen op sosjale media

Rapportaazje undersyk Taalfitaliteit II

Troch:

Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber

Projektlieder:

Drs. Cor van der Meer

Ferantwurding

Dit undersyk is útfierd troch it Mercator Research Centre fan ‘e Fryske Akademy mei stipe fan

Provinsje Fryslân en yn gearwurking mei Praat mar Frysk.

Wy wolle ús tank útsprekke foar de stipe fan de amtners fan de Provinsje Fryslân en oan de

meiwurkers fan de Fryske Akademy dy’t meitocht en meiwurke hawwe oan it ta stân kommen fan it

ûndersyk, de analyze en rapportaazje. Spesjale tank giet út nei Mirjam Vellinga en Sito Wijngaarden

fan Praat mar Frysk (Afûk) foar de goede gearwurking en harren stipe by it útsetten fan it ûndersyk,

en nei dr. Edwin Klinkenberg, ûndersiker by de Fryske Akademy foar syn rol yn it ta stân kommen fan

dizze rapportaazje.

Ljouwert, novimber 2015

Foto omslach: Hindrik Sijens

Page 3: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

3

Ynhâldsopjefte

Ynhâldsopjefte ......................................................................................................................................... 3

Gearfetting .............................................................................................................................................. 5

1. Ynlieding .......................................................................................................................................... 8

2. Teoretysk kader ............................................................................................................................... 9

3. Metoade ........................................................................................................................................ 12

3.1 Fragelist ................................................................................................................................. 12

3.2 Kwalitatyf ûndersyk ............................................................................................................... 14

3.3 Ynfloed fan bekende Friezen ................................................................................................. 15

4. De sifers ......................................................................................................................................... 16

4.1 De dielnimmers ..................................................................................................................... 16

4.2 It gebrûk fan it Frysk .............................................................................................................. 16

4.3 It gebrûk fan Frysk op sosjale media ..................................................................................... 17

5. De fokusgroepdiskusjes ................................................................................................................. 20

5.1 Fryske jongeren ..................................................................................................................... 20

5.1.1 Frysk op sosjale media ....................................................................................................... 20

5.1.2 App-e mei heit en mem ..................................................................................................... 21

5.1.3 Skriuwfeardigens ............................................................................................................... 22

5.1.4 Taalhâlding ........................................................................................................................ 22

5.2 Folwoeksenen ........................................................................................................................ 23

5.2.1 Frysk op sosjale media ....................................................................................................... 23

5.2.2 Skriuwfeardigens ............................................................................................................... 24

5.2.3 Taalhâlding ........................................................................................................................ 25

6. Ynfloed fan bekende Friezen ......................................................................................................... 26

6.1 Doutzen Kroes ....................................................................................................................... 27

6.2 Gerrit Hiemstra ...................................................................................................................... 28

6.3 Lieuwe Westra ....................................................................................................................... 28

6.4 Konklúzjes .............................................................................................................................. 29

Page 4: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

4

7. Ynternasjonale oriïntaasje en gearwurking ................................................................................... 30

7.1 Wales en Fryslân .................................................................................................................... 30

7.2 Frysk en Limburchsk op Twitter ............................................................................................ 31

7.3 Ynternasjonale gearwurking en omtinken foar it Frysk op sosjale media ............................ 32

8. Konklúzjes en oanbefellingen ........................................................................................................ 34

8.1 De ûndersyksfragen ............................................................................................................... 34

8.2 Taalkarmodel en oanbefellingen ........................................................................................... 35

8.3 In pear lêste wurden ............................................................................................................. 38

Referinsjes ............................................................................................................................................. 39

Page 5: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

5

Gearfetting

Sosjale media lykas Twitter, Facebook en WhatsApp wurde hieltyd belangriker yn it deistich libben.

Foar minderheidstalen wurde it ynternet en de sosjale netwurken somtiden beskôge as in bedriging,

mar somtiden ek as in kâns. Oan de iene kant binne der op it ynternet wit hoefolle mooglikheden

ûntstien om skreaune en sprutsen teksten yn in minderheidstaal te bewarjen en te fersprieden. Oan

de oare kant, mar in pear talen dominearje it ynternet.

Yn 2013 en 2014 is mei finansjele stipe fan de Provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert ûndersyk

dien ûnder rom twatûzen Fryske jongeren nei harren taalgebrûk op sosjale media. It ûndersyk is yn

Fryslân en dêrbûten mei in soad entûsjasme ûntfongen en hat Fryslân ek tige nijsgjirrich makke nei it

hâlden en dragen op sosjale media fan folwoeksenen. Mei finansjele stipe fan de Provinsje Fryslân

hat de Fryske Akademy dêrom yn 2014 en 2015 ûndersyk dien nei it taalgebrûk fan folwoeksenen op

sosjale media en is ek it ûndersyk ûnder de Fryske jongeren trochset mei kwalitatyf ûndersyk. De

ûndersyksfragen dy’t wy mei dit nije undersyk beänderje wolle, binne:

I. Hokker fariabelen beynfloedzje it brûken fan it Frysk troch Frysktaligen fan alle leeftiden op

sosjale media? Hoe grut is de ynfloed fan de ferskate fariabelen op it brûken fan it Frysk op

sosjale media en hoe wurkje dy fariabelen opinoar yn?

II. Wat is de ynfloed fan Frysktalige rolmodellen op it brûken fan it Frysk op sosjale media?

III. Yn hoefier is it brûken fan de Fryske taal op sosjale media te fergelykjen mei it brûken fan

minderheidstalen yn oare Europeeske regio’s?

Om in antwurd jaan te kinnen op boppesteande fragen is ûnder oaren in wiidweidich ûndersyk ûnder

Friezen mei help fan in fragelist dien, binne der acht fokusgroepdiskusjes holden mei jongeren en

folwoeksenen en is it effekt metten fan Fryske tweets fan trije bekende Friezen.

Utkomsten fragelist

De fokus fan de útkomsten fan de fragelist leit op de dielnimmers dy’t yn Fryslân wenje en dy’t mei

beide âlden Frysk prate(n). De dielnimmers binne net represintatyf foar alle (Frysktalige) ynwenners

fan Fryslân, mar de útkomsten ferklearje likegoed in soad. It Frysk wurdt as sprektaal it measte brûkt

troch de dielnimmers, rom 90% brûkt faak of altyd Frysk as hja oan de telefoan of mei freonen prate.

Yn skriftlike kommunikaasje nimt it brûken ôf, en dan benammen ek by de mear formelere e-mails,

mar it Frysk wurdt noch hieltyd troch in krappe mearderheid fan de respondinten faak of altyd brûkt.

Ek troch folwoeksenen wurdt it Frysk it faakst brukt op WhatsApp. Sawat 20% brukt altyd Frysk, sa’n

50-60% brûkt it Frysk faak en ûnder de 10% fan de minsken brûkt it noait. Op Twitter en by ‘status

updates’ op Facebook wurdt it Frysk it minst frekwint brukt. Ek it oandiel minsken dat it noait brûkt is

by dizze berjochten it grutst (likernôch 20%). Mei de sammele data is it mooglik om de fariaasje fan it

gebrûk fan Frysk op sosjale media te keppeljen oan in tal fariabelen. Immens skriuwfeardigens komt

as wichtichste fariabele nei foaren. Fuort dêrefter oan folgje it oandiel kontakten op WhatsApp dat

Frysk praat en de hâlding foar it Frysk oer.

Page 6: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

6

Fokusgroepdiskusjes

Ut de fokusgroepdiskusjes docht bliken dat it Frysk op sosjale media hiel ferskillend brûkt wurdt:

guon brûke allinnich mar Frysk en oaren (hast) net. In soad jongeren fine it hiel gewoan om Frysk te

brûken, se tinke en prate ek yn it Frysk, dus brûke se it Frysk ek op sosjale media. It is foar harren de

gewoanste saak fan de wrâld. Mar der binne ek jongeren dy’t net sa faak Frysk bruke: it kostet harren

muoite om Frysk te skriuwen of hawwe in soad Nederlânsktalige freonen. Ek troch folwoeksenen

wurdt it Frysk hiel ferskillend brûkt, mar de skriuwfeardigens spilet yn de diskusjes in grutte rol: it

argumint “Ik soe wol wolle, mar ik kin it net” komt faak werom.

Ynfloed fan bekende Friezen

Fryske tweets fan bekende Friezen kinne in soad reaksjes útlokje. De reaksjes binne net perfoarst yn

it Frysk en ek net altyd posityf. Analyze lit sjen dat Friezen dy’t gewoanwei net sa faak Frysk bruke op

Twitter, dat wol dogge yn harren reaksjes. De bekende Fries set dus mei oare wurden mei har/syn

Fryske tweet de Friezen oan om it Frysk te brûken.

Konklúzjes

Ut it fragelistûndersyk docht bliken dat it brûken fan Frysk op sosjale media mei yntrinsike en

ekstrinsike fariabelen te krijen hat. De fariaasje kinne wy foar hast de helte ferklearje mei dizze

fariabelen, wêrby’t de gearhing mei skriftlike kompetinsjes, it online publyk en de taalhâlding it

grutste binne. Ut de fokusgroepdiskusjes komt fierder nei foaren dat net allinnich de hâlding foar it

Frysk oer wichtich is, mar ek de hâlding foar it Nederlânsk oer. Wat moaier as minsken it Frysk fine en

wat minder moai as minsken it Nederlânsk fine, wat grutter de kâns dat hja Frysk brûke sille op

sosjale media.

De ynfloed fan Frysktalige rolmodellen op it brûken fan Frysk op sosjale media liket koartduorjend te

wêzen. It brûken fan Frysk troch bekende Friezen trunet minsken oan om it Frysk yn in reaksje te

brûken. Fryske tweets lykje wol geskikt om yn tarieding op in evenemint Friezen te aktivearjen; jo

moatte dêr lykwols net te betiid mei begjinne, mar koart derfoar. De konklúzjes komme oerien mei it

ûndersyk nei it effekt fan de Fryske Twitterdei.

By it fergelykjen fan it brûken fan de Fryske taal op sosjale media mei oare minderheidstalen yn

Europa falt op dat der yn de literatuer soartgelikense barriêres fûn binne om in minderheidstaal te

brûken. It oansprekke wollen fan elkenien yn stee fan allinnich de minderheidstaalsprekkers komme

wy ek yn oare lannen tsjin. Spitigernôch liket de beheinde skriuwfeardigens yn de eigen taal foar de

Friezen de grutste drompel te wêzen om it Frysk net, of minder faak, te brûken, eat dat by oare

bestudearre minderheidstalen gjin rol spilet. De Friezen hawwe it yn dy sin dus dreger as oare

sprekkers fan minderheidstalen.

Taalkarmodel en oanbefellingen

It is dúdlik wurden dat der in hiel soad barriêres binne foar Frysktaligen om Frysk te brûken op sosjale

media. Basearre op it ûndersyk dat wy de ôfrûne oardel jier dien hawwe, hawwe wy in skematyske

taalkarmodel útwurke (sjoch Figuer 0.1).

Page 7: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

7

Figuer 0.1 Skematysk taalkarmodel foar Frysk of Nederlânsk op sosjale media

Op ferskate plakken yn dit model binne foar de Provinsje Fryslân mooglikheden om yn te heakjen om

it brûken fan it Frysk fuort te sterkjen. Sa kin de Provinsje Fryslân mei help fan in kampanje, bygelyks

yn gearwurking mei Praat mar Frysk, ynsette op de meartalige situaasje yn Fryslân. Minsken soenen

it gewoan fine moatte dat de iene Frysk praat en de oare Nederlânsk. Wy fersteane inoar bêst en it

soe moai wêze as wy it natuerlik fine om dy talen trochinoar en tsjininoar te brûken, en faker ús

memmetaal doare te sprekken en skriuwen. Ek yn it ramt fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 en

mear spesifyk it projekt Lân fan Taal lizze der mooglikheden om dy situaasje besykje te trochbrekken.

Fierder soe de hâlding foar it Frysk oer positiver kinne. Op jonge leeftiid soe it bewust wêzen fan de

bysûnderheid om in minderheidstaal te sprekken en twatalich te wêzen fergrutte wurde kinne,

bygelyks yn it ûnderwiis. Ek de ûntwikkeling fan apps mei Frysktalige spultsjes, ferhaaltsjes en ferskes

slút hjir goed op oan, dêr wurdt de lêste jierren al folop op ynset.

De wichtichste taak fan de Provinsje Fryslân leit neffens ús by it alhiel ferbetterjen fan de

skriuwfeardigens fan de Friezen yn harren eigen memmetaal. Twa tredde fan de dielnimmers jout

oan dat se it Frysk graach better leard hie. De basis dêrfoar leit fansels by it primêr en fuortset

ûnderwiis. De groei fan it tal trijetalige skoallen is hiel posityf, mar ek op reguliere skoallen kin it

omtinken foar it Frysk optimalisearre wurde. Om de folwoeksen Friezen te helpen by it wrakseljen

mei harren memmetaal lizze der mooglikheden foar de Afûk. Digitale helpmiddels kinne dêrneist ek

in grutte rol fan betsjutting spylje. Yn beide gefallen is stipe fan de Provinsje Fryslân ûnmisber.

Page 8: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

8

1. Ynlieding

Yn 2013 en 2014 is der mei finansjele stipe fan de Provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert

ûndersyk dien nei it taalgebrûk fan Fryske jongeren op sosjale media. It ûndersyk is yn Fryslân en

dêrbûten mei in soad entûsjasme ûntfongen en hat Fryslân ek tige nijsgjirrich makke nei it hâlden en

dragen op sosjale media fan folwoeksenen. Mei finansjele stipe fan de Provinsje Fryslân hat de Fryske

Akademy dêrom yn 2014 en 2015 ûndersyk dien nei it taalgebrûk fan folwoeksenen op sosjale media.

Neist it ûndersyk ûnder folwoeksenen is ek it ûndersyk ûnder de Fryske jongeren trochset. Foar jo

leit de rapportaazje mei de wichtichste útkomsten. De rapportaazje bestiet út acht haadstikken. Nei

dizze ynlieding wurdt yn haadstik 2 it teoretysk kader fan it ûndersyk útlein. Yn haadstik 3 wurdt de

metoade fan ûndersyk beskreaun. Dêrnei folget yn haadstik 4 in oersjoch fan de wichtichste sifers fan

de wiidweidige enkête ûnder rom tûzen Friezen tusken de 15 en 94 jier. Yn haadstik 5 stiet in

gearfetting fan de wichtichste diskusjepunten fan de fokusgroeppetearen. De ynfloed fan bekende

Friezen is it ûnderwerp fan haadstik 6. Yn haadstik 7 geane wy yn op de (ynter)nasjonale oriïntaasje

en gearwurking. Ta einbeslút steane yn haadstik 8 de konklúzjes en oanbefellingen.

Page 9: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

9

2. Teoretysk kader

Sosjale media lykas Twitter, Facebook en WhatsApp wurde hieltyd belangriker yn it deistich libben.

Foar minderheidstalen wurde it ynternet en de sosjale netwurken somtiden beskôge as in bedriging,

mar somtiden ek as in kâns. Oan de iene kant binne der op it ynternet talleaze mooglikheden

ûntstien om skreaune en sprutsen teksten yn in minderheidstaal te bewarjen en te fersprieden, mar

ek om sprekkers fan minderheidstalen mei-inoar te ferbinen, wêr’t se op de wrâld ek binne. Oan de

oare kant, mar in pear talen dominearje it ynternet: mear as de helte fan de websiden yn ’e wrâld

binne yn it Ingelsk en nochris 25% fan de websiden binne yn it Russysk, Dútsk, Japansk of Spaansk

(http://w3techs.com/technologies/overview/content_language/all, data fan oktober 2015).

Yn 2013 en 2014 is der ûndersyk dien ûnder rom twatûzen Fryske jongeren nei harren taalgebrûk op

sosjale media. It ûndersyk lit sjen dat de helte fan de Fryske jongerein op sosjale media Frysk brûkt

(Jongbloed-Faber, 2014a). By de Fryske jongerein dy’t troch beide âlden yn it Frysk opbrocht binne,

leit it oandiel dat wolris Frysk brûkt op sosjale media op 81%. It Frysk is lykwols noch hieltyd mear in

sprektaal as in skriuwtaal, dat hawwe de sosjale media (noch) net feroare. De dominânsje fan it

Nederlânsk yn de skriftlike domeinen is wat dat oanbelanget dreech troch te brekken. Wylst 81% fan

de Frysktalige jongerein (beide âlden Frysk) faak of altyd Frysk praat mei freonen, brûkt 44% it Frysk

faak of altyd yn sms'kes en 15% it Frysk yn e-mails. Sawat de helte fan de Frysktalige jongerein brûkt

faak of altyd Frysk op Whatsapp: by ien-op-ienberjochten leit it wat heger (54%) as by Groeps-

Whatsapp (46%). Op Twitter brûkt in kwart fan de jongerein faak of altyd Frysk: ek op Twitter leit it

brûken yn berjochten foar ien persoan heger (29%) as by algemiene tweets (24%). Om in steat by te

wurkjen op Facebook brûkt ien fiifde (20%) it Frysk faak of altyd, in tredde (34%) brûkt it faak of altyd

by priveeberjochten.

Ferskate fariabelen binne fan ynfloed op it wol of net brûken fan it Frysk op sosjale media. De

fariabelen dy’t de heechste gearhing hawwe mei it bruken fan Frysk op sosjale media binne hoefolle

as ien Frysk praat mei freonen, de taalhâlding Frysk, de skriuwfeardigens en de taalhâlding op

skoalle. Sawol ynterne as eksterne fariabelen soargje dus foar de fariaasje yn it gebrûk. Oan de iene

kant de ynterne fariabelen, de skriuwfeardigens en de taalhâlding fan de jongere en oan de oare kant

de eksterne fariabele, de freonerûnte fan ien: dêrby spylje it taalgebrûk yn offline-situaasjes en de

taalhâlding dy’t freonen hawwe in rol. Yn Figuer 2.1 stiet skematysk werjun hoe’t de taalkar by in

Frysktalige jongere ta stân komt.

Page 10: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

10

Figuer 2.1 Skematysk taalkarmodel

Wy kinne no al oanjaan dat it ûndersyk nei Fryske jongerein lykwols neist antwurden ek nije fragen

oproppen hat: de fariaasje yn it gebrûk fan it Frysk ûnder Frysktalige jongerein is grut. Ek al is it

mooglik om in part fan de fariaasje te ferklearjen, noch net alles is dúdlik. Kwalitatyf ûndersyk ûnder

Fryske jongerein soe dy fariaasje noch better ferklearje kinne. Tagelyk is it ek tige nijsgjirrich om it

taalgebrûk op sosjale media fan folwoeksenen yn Fryslân ûnder de loep te nimmen. Hoe faak brûke

de folwoeksenen yn Fryslân it Frysk en hokker fariabelen ferklearje dat gebrûk? Wjerspegelet it

skematyske taalkarmodel ek it proses dat him ôfspilet by it ta stân kommen fan in taalkar by

Frysktalige folwoeksenen? Wy tinke dat foar in part deselde fariabelen de fariaasje ferklearje sille,

mar dat de wichtigens wol ferskille sil. Us hypoteze is dat folwoeksenen harren skriuwfeardigens

belangriker fine sille as de jongerein en dat dit by folwoeksenen dus in gruttere rol spylje sil yn de

fariaasje. Fierder spilet de taalhâlding op skoalle by folwoeksenen gjin rol. De taalhâlding fan immens

fermidden fan in folwoeksene is boppedat lestich te mjitten. Wat wy yn dit nije ûndersyk as nije

fariabele meinimme wolle is it publyk per sosjaal medium. Op elk sosjaal medium hat immen te krijen

mei in oar publyk. De kontakten op WhatsApp binne faak persoanlike kontakten, minsken dêr’t jo yn

it deistich libben ek faak mei te krijen hawwe. De kontakten op Facebook en Twitter toane wat mear

ferskaat: guon tichtby, oaren wat fierder ôf. Wat is it effekt fan dat ferskaat oan publyk op de taalkar

fan Friezen?

Marwick en boyd (2011) stelle de term 'context collapse' foar: yn in online sosjaal netwurk komme

ferskillende sosjale groepen byinoar dy’t inoar yn it deistich libben, yn offline-situaasjes, noait tagelyk

treffe soenen. Wat mear taalkundich heterogeen de kontakten op sa’n sosjaal netwurk binne, wat

komplekser it wêze sil foar de eigener fan it netwurk om it publyk goed oan te sprekken yn termen

fan taalkar en styl. Dat sil ek foar de Friezen sa wêze en wy ferwachtsje dat op Facebook en Twitter

de kontakten noch folle heterogener wêze sille as op WhatsApp.

Page 11: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

11

Neffens Androutsopoulos (2014) binne der trije strategyen dy't brûkt wurde kinne om it publyk sa

grut mooglik te meitsjen:

1. De taal dy’t brukt wurdt is de taal dy’t elkenien begripe kin;

2. Der wurde ferskate talen yn ien of mear opinoarfolgjende berjochten brûkt;

3. Taalgebruk wurdt mijd: der wurde allinne foto's, fideo’s en / of emoticons brûkt.

Wy soene dus ferwachtsje kinne dat as ien te krijen hat mei in heterogeen publyk, ien earder kiest

foar it Nederlânsk of it Ingelsk, as foar it Frysk. Boppedat kinne wy op basis fan dizze teory ek

ferwachtsje dat it gebrûk fan it Frysk op WhatsApp heger lizze sil as op Facebook en Twitter: it

eardere ûndersyk ûnder jongerein lit dat ek sjen. Lykwols, om’t dêr gjin fragen oer publyk opnaam

binne, kinne wy net mei wissichheid sizze dat it ferskil dêr nei werom te bringen is. Yn it ferfolch fan

dizze rapportaazje in ferslach fan dizze syktocht.

Page 12: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

12

3. Metoade

Om’t it undersyk under Fryske jongerein sjen litten hat dat benammen de jongeren dy’t allinnich

Frysk as memmetaal hawwe it Frysk op sosjale media brûke, is it wichtich noch mear ynsjoch te krijen

yn it taalgebrûk op sosjale media troch Frysktaligen en hokker fariabelen dêr fan ynfloed op binne.

De ûndersyksfragen dy’t wy mei dit nije undersyk beänderje wolle, binne:

I. Hokker fariabelen beynfloedzje it brûken fan it Frysk troch Frysktaligen fan alle leeftiden op

sosjale media? Hoe grut is de ynfloed fan de ferskate fariabelen op it brûken fan it Frysk op

sosjale media en hoe wurkje dy fariabelen opinoar yn?

II. Wat is de ynfloed fan Frysktalige rolmodellen op it brûken fan it Frysk op sosjale media?

III. Yn hoefier is it brûken fan de Fryske taal op sosjale media te fergelykjen mei it brûken fan

minderheidstalen yn oare Europeeske regio’s?

Om in antwurd jaan te kinnen op boppesteande fragen, hawwe wy de folgjende

ûndersyksynstruminten ynset:

1. In wiidweidich ûndersyk ûnder Friezen troch middel fan in fragelist

2. Kwalitatyf ûndersyk by jongerein en folwoeksenen mei Frysk as memmetaal

3. It bestudearjen fan de rol fan bekende Friezen op it gebrûk fan Frysk op sosjale media

4. It opsetten fan (ynter)nasjonale gearwurking

Yn it ferfolch fan dit haadstik sil útlein wurde hoe’t dy dielûndersiken útfierd binne.

3.1 Fragelist

Yn it foarjier fan 2014 is de fragelist untwikkele dy’t wy útsette woene ûnder Friezen fan alle

generaasjes. De fragelist is basearre op de fragelist oer taalgebrûk fan Fryske jongerein, oanfolle mei

fragen dy’t nei oanlieding fan dat ûndersyk ûntstien binne. Begjin juny 2014 is de fragelist test

wêrnei’t de lêste fragen oanpast binne en de fragelist definityf makke is. Fia de site is de fragelist yn

it Frysk en yn it Nederlânsk beskikber makke. Yn de fragelist wurdt minsken frege om ynformaasje te

jaan oer ûnder oaren:

• Demografyske eftergrûn

• Frysk as memmetaal

• Hâlding foar it Frysk oer

• Taalgebrûk yn ferskate situaasjes

• Gebrûk fan sosjale media

• Taalgebrûk op sosjale media

• Oandiel Frysktaligen per situaasje

Page 13: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

13

Op tongersdei 19 juny is it fersyk om mei te dwaan fia de sosjale media ferspraat. De oprop fan Praat

mar Frysk om mei te dwaan (sjoch hjirûnder) wurdt as in sniebal ferspraat. Op Facebook wurdt de

oprop mar leafst 139 dield.

Op Twitter wurde sa’n 50 retweets dien fan oproppen fan ferskate minsken / organisaasjes om mei

te dwaan. Op 19 juny wurdt de enkête al troch goed 500 minsken ynfolle. Troch de tiid hinne folgje

noch ferskate oproppen fia de sosjale media. Ein juny folget noch in nije oprop fan Praat mar Frysk

mei in prachtige Frisisme foto.

Page 14: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

14

Yn july wurdt der ek noch in parseberjocht ferspraat nei de lokale media, sawol kranten as online

media. Dat smyt ek noch in pear hûndert reaksjes op. Yn totaal hawwe mear as 1.200 Friezen tusken

de 15 en 94 jier de komplete enkête ynfolle. De gegevens binne analysearre mei help fan SPSS. Yn it

folgjende haadstik, ‘De sifers’, wurdt in oersjoch jun fan de wichtichste útkomsten.

3.2 Kwalitatyf ûndersyk

It ûndersyk ûnder Fryske jongerein dat yn 2013 en 2014 holden is, liet al sjen dat it mei kwantitatyf

ûndersyk net altyd mooglik is om foar alle útkomsten in ferklearring te finen. Troch kwalitatyf

ûndersyk te dwaan is it mooglik om mear ynsjoch te krijen yn de fariabelen dy’t fan ynfloed binne op

de fariaasje yn it brûken fan Frysk op sosjale media. Dêrom hawwe wy yn 2015 fokusgroepdiskusjes

holden mei sawol jongerein as folwoeksenen. It foardiel fan fokusgroepdiskusjes is dat der faak in

natuerlike diskusje op gong komt tusken de dielnimmers. Foar it úteinsetten fan de diskusjes hawwe

de dielnimmers in fragelist fan trije siden ynfolle om de demografyske gegevens, de hâlding foar it

Frysk oer en it taalgebrûk op sosjale media yn kaart bringe te kinnen. Dy fragelist befettet de

wichtichste fragen fan de online-fragelist. De diskusjes binne opnaam mei in fideokamera om de

petearen letter werom sjen te kinnen.

De fokusgroepen mei jongerein binne holden tusken maart en augustus 2015 op fjouwer skoallen yn

Fryslân. Twa skoallen binne fêstige yn in stêd en de oare twa yn in doarp. Jongeren tusken de 14 en

Page 15: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

15

19 jier, fan alle opliedingsnivo’s, sawol fuortset underwiis as MBÛ, hawwe meidien. De fokusgroepen

hiene tusken de fiif en njoggen dielnimmers elk en de jongeren wiene Frysktalich fan hûs út en/of

hiene Frysk keazen as eineksamenfak. De fokusgroepdiskusjes duorren minimaal in heal oere en

maksimaal ien oere. Yn totaal binne der mei 48 jongeren seis fokusgroepdiskusjes holden. Dêrneist

binne der yn juny en oktober twa fokusgroeppetearen holden mei folwoeksenen: yn totaal diene dêr

12 folwoeksenen oan mei. Yn juny is der in petear west mei leden fan in muzykferiening en yn

oktober in petear mei leden fan in follybalklup. De measte minsken wenje yn ’e doarpen runom

Ljouwert. De leeftiid fariearre fan 19 oant 60 jier, mei de measte dielnimmers tusken de 30 en 40 jier.

3.3 Ynfloed fan bekende Friezen

Neist boppeneamde ûndersiken hawwe wy ek it effekt metten fan Fryske tweets fan trije bekende

Friezen troch te sjen nei it tal retweets, favorites en benammen troch it bestudearjen fan de

twitterders dy’t yn it Frysk op de tweet reagearre hawwe: hoefolle Frysk bruke dy twitterders

gewoanwei en hokker taal kieze se nei’t de bekende Fries de Fryske tweet stjoerd hat. Om dat te

mjitten hawwe wy de taalkar yn de 50 tweets foar en de 50 tweets nei de Fryske reaksje oan de

bekende Fries besjoen.

Page 16: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

16

4. De sifers

4.1 De dielnimmers

Yn dit haadstik jouwe wy yn sifers in oersjoch fan de wichtichste útkomsten fan de fragelist dy’t yn de

simmer fan 2014 útset is. In koart oersjoch fan de ynfollers:

• Goed 1.200 dielnimmers tusken de 15 en 94 jier âld

• 34% man / 66% frou1

• Wenplak: 84% yn Fryslân, 14% yn oare provinsjes en 2% yn it bûtenlân

• Memmetaal: 76% beide âlden Frysk

De dielnimmers oan de enkête binne spitigernôch net represintatyf foar de Fryske befolking en as wy

de útkomsten fan de Frysktalige jongeren fergelykje mei dy fan it eardere ûndersyk ûnder Fryske

jongerein, dan docht bliken dat ek de Frysktaligen net represintatyf binne foar alle Frysktaligen yn de

provinsje: it Frysk wurdt op sosjale media troch de ynfollers mear brûkt as yn trochsneed yn de

provinsje it gefal wêze sil. Lykwols kinne wy wol in soad leare fan de resultaten.

Om’t wy mear ynsjoch hawwe wolle yn it hâlden en dragen fan Frysktalige Friezen dy’t yn Fryslân

wenje, konsintrearret it ferfolch fan dit haadstik him op ynwenners fan Fryslân dy’t troch beide âlden

yn it Frysk opbrocht binne (n=718).

4.2 It gebrûk fan it Frysk

96% fan dy Friezen praat it leafst Frysk. De oare 4% jout oan leaver Nederlânsk te praten. Goed 80%

fan dy Friezen praat Frysk mei de partner en hast 20% Nederlânsk. Fan de dielnimmers dy’t bern

hawwe, praat rom 90% Frysk tsjin de bern en hast 10% Nederlânsk. Tsjin de pake- en beppesizzers

wurdt ek benammen Frysk praat: in krappe 80% praat mear Frysk as Nederlânsk mei de bernsbern.

Yn Figuer 4.1 stiet in oersjoch fan hoe faak as dizze Friezen it Frysk brûke yn ferskate situaasjes.

1 It grut oandiel froulju hat te krijen mei de Praat mar Frysk-freonen: Praat mar Frysk hat ûngefear twa kear safolle froulju

as manlju yn syn netwurk.

Page 17: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

17

It Frysk wurdt as sprektaal it measte brûkt troch de dielnimmers. Yn skriftlike kommunikaasje nimt it

brûken ôf, en dan benammen ek by de mear formelere e-mails. It Frysk wurdt noch hieltyd troch in

mearderheid fan de respondinten brûkt.

4.3 It gebrûk fan Frysk op sosjale media

As wy it brûken fan Frysk op sosjale media op in rychje sette, dan falt op dat Frysk it faakst brûkt

wurdt op WhatsApp. Sa’n 20% brukt altyd Frysk en under de 10% fan de minsken brukt it noait. Op

Twitter en by ‘status updates’ op Facebook wurdt it Frysk it minst frekwint brûkt. Ek it oandiel

minsken dat it noait brûkt is by dizze berjochten it grutst. Yn Figuer 4.2 stiet in oersjoch mei de

oandielen.

0%

20%

40%

60%

80%

100%

Mei freonen Oan de tillefoan Yn sms Yn e-mail

Figuer 4.1 Gebrûk fan Frysk yn ferskate situaasjes

noait soms faak altyd

0%

20%

40%

60%

80%

100%

WhatsApp: persoanlike

apps

WhatsApp: groeps apps

Facebook: steat bywurkje

Facebook: privéberjochten

Twitter: algemiene

tweets

Twitter: privéberjocht

Figuer 4.2 Gebrûk fan Frysk op sosjale media

noait soms faak altyd

Page 18: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

18

Om’t wy nei it undersyk under jongerein it gefoel hiene dat it publyk op sosjale media ek in rol spilet

by it wol of net brûken fan Frysk op sosjale media, hawwe wy yn dit nije ûndersyk ek in tal fragen

opnaam oer de behearsking fan it Frysk fan kontakten op de ferskate sosjale media. Yn Figuer 4.3

stiet in oersjoch fan de antwurden. Wat opfalt is dat by WhatsApp it publyk fan fierwei it grutste part

fan de dielnimmers it Frysk wol ferstiet, en faaks ek wol praat. WhatsApp liket fan de sosjale media

ek it measte op persoanlik kontakt, dus dat is wat dat oangiet ek net sa frjemd. Op Facebook is dit

oandiel wat lytser en op Twitter is de groep dielnimmers dêr’t de mearderheid fan de kontakten

Frysk kin yn de minderheid.

As wy it gebrûk fan it Frysk keppelje oan leeftiidskategoryen, dan sit dêr gjin echte reade tried yn en

fine wy ek net in soad signifikante ferskillen, behalve as wy it brûken fan it Frysk yn ien-op-ien

berjochten op WhatsApp fergelykje: dêr sjogge wy dúdlik dat wat jonger ien is, wat faker ien Frysk

brûke sil yn dit type berjochten. Gemiddeld sjoen falt ek op dat wat jonger as ien is, wat grutter de

kâns is om it Frysk fonetysk op te skriuwen en wat âlder ien is, wat lytser dy kâns is. Dit jildt ek foar it

typen fan dakjes en streekjes: jongere minsken witte yn ferhâlding faker net as wol wannear’t se

dakjes en streekjes brûke moatte, en se fine dat faker tefolle wurk yn ferhâlding ta âldere minsken.

Fierder falt op dat wat jonger as immen is, wat mear dat er it Frysk net brûkt, om’t er wol dat

elkenien syn berjochten begripe sil. Minsken fan alle leeftiden (92% fan it totaal) binne it der mei iens

dat hja in Frysk berjocht beänderje yn it Frysk.

0%

20%

40%

60%

80%

100%

WhatsApp: prate

WhatsApp: begripe

Facebook: prate Facebook: begripe

Twitter: prate Twitter: begripe

Figuer 4.3 Oandiel kontakten dat Frysk kin prate en ferstean

(hast) gjinien minder as de helte ûngefear de helte mear as de helte (hast) allegearre

Page 19: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

19

Mei de sammele data is it mooglik om in regresje-analyze te meitsjen. Mei in regresje-analyze kinne

jo de fariabelen fine dy't it bêste in bepaalde ôfhinklike foarspelle kinne, yn dit gefal hoe faak oft

minsken Frysk brûke sille op sosjale media. Wy kinne op it stuit 46% fan dizze fariaasje ferklearje

(R2=0.46). De fariabelen dy’t ynfloed hawwe op it brûken fan Frysk op sosjale media, binne:

- Skriuwfeardigens (β=0.27)

- Oandiel kontakten op WhatsApp dat Frysk praat (β=0.25)

- Hâlding foar it Frysk oer (β=0.23)

- It wol/net brûken fan de Fryske interface op Facebook (β=0.17)

- Hoe faak minsken Frysk mei freonen prate (β=0.16)

By dizze berekkening komt dus de skriuwfeardigens wol as wichtichste fariabele nei foaren. Fuort

dêrnei folgje it oandiel kontakten op WhatsApp dat Frysk praat en de hâlding foar it Frysk oer.

Page 20: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

20

5. De fokusgroepdiskusjes

Tusken maart en oktober 2015 binne der acht fokusgroepdiskusjes holden: seis kear mei jongeren en

twa kear mei folwoeksenen. Yn dit haadstik in oersjoch fan de wichtichste diskusjepunten. Yn

paragraaf 5.1 steane de fokusgroepdiskusjes mei de jongerein sintraal en yn paragraaf 5.2 dy mei de

folwoeksenen.

5.1 Fryske jongeren

5.1.1 Frysk op sosjale media

It Frysk wurdt troch de dielnimmers oan de fokusgroepen hiel

ferskillend brûkt. Guon brûke allinnich mar Frysk en oaren

(hast) net. As wy sjogge nei Fryske jongeren, dan binne der in

pear groepen te ûnderskieden.

De jongeren dy’t hast altyd Frysk bruke binne der yn it generaal hiel grutsk op dat se Fries binne. Se

fine it Frysk faak machtich moai en it Nederlânsk net sa. Harren freonen binne hast allegearre Frysk.

Op sosjale media brûke se hast altyd Frysk, sawol yn persoanlike berjochten as groeps-Apps fan

bygelyks de fuotbal- of kuorbalferiening. Se fine it hiel gewoan om Frysk te brûken, se tinke en prate

ek yn it Frysk, dus brûke se it Frysk ek op sosjale media. It is foar harren de gewoanste saak fan de

wrâld.

Der is ek in grutte groep jongeren dy’t it Frysk wol brukt, mar

der net sa konsekwint yn is. Mei de iene Fries appe se yn it

Frysk, mei de oare yn it Nederlânsk. Somtiden reagearje se

automatysk yn de taal dy’t de ôfstjoerder ek brûkt, mar in oare

kear begjinne se sels ek yn it Nederlânsk. De taalkar kin per dei

ferskille en dat liket in hiel ûnbewust proses te wêzen.

“As ik offline Frysk mei ien praat,

doch ik dat ek op WhatsApp.”

“Ik brûk in soad Frysk op sosjale media, mar ik tink der net sa bot oer nei. Mei sommige

Frysktalige freonen WhatsApp ik yn it Frysk, mar mei oaren yn it Nederlânsk.

“Ik jou ek wolris Fryske reaksjes op Facebookberjochten, ek al binne dy yn it Nederlânsk. As dy

persoan Frysk is.”

“Ik praat út mysels in soad Frysk,

mar as ien dan yn it Nederlânsk

werompraat, dan switch ik gau

en praat ik ek Nederlânsk

werom.”

“As Frysktaligen my wat yn it

Nederlânsk freegje, dan typ ik

gewoan yn it Frysk werom en dan

skeakelje se wol oer.”

“Ik brûk Frysk op Facebook, WhatsApp en yn sms. Ik skriuw Frysk as ik wit dat ien it ek lêze kin.

Haw in soad Fryske freonen op Facebook. Dan skriuw ik wol faak Frysk, de oaren hawwe dan

gewoan pech.”

Page 21: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

21

Der is ek in groep jongeren dy’t (hast) noait Frysk brukt, faak

om’t se in soad Nederlânsktalige freonen hawwe, mar

somtiden ek om’t se it Frysk dreech fine, of om’t se it

Nederlânsk ek gewoan in moaie taal fine. Op Facebook skriuwe

se harren status update meastal yn it Nederlânsk, en ek op

WhatsApp begjinne se faak yn it Nederlânsk. As reaksje op in

Frysk berjocht brûke se it Frysk wolris, as se it oan tiid hawwe. Guon Groeps-Apps binne yn it Frysk,

fan bygelyks it fuotbalteam of it wurk, en dan dogge de measten harren berjochten ek wol yn it Frysk,

mar net elkenien.

5.1.2 Appe mei heit en mem

Yn de diskusjes is ek yngien op it appen fan heit en mem: wat

dogge de heiten en memmen fan de jongeren en hoefier hat

dat ynfloed op de taalkar fan de bern. Oer it algemien appe de

memmen mear as de heiten. Guon heiten hawwe noch gjin

mobyl, se belje leaver, of hawwe noch in âlderwetske telefoan.

De heiten dy’t appe dogge dat somtiden konsekwint yn it

Frysk, somtiden altyd yn it Nederlânsk en somtiden Frysk,

somtiden Nederlânsk, ôfhinklik fan hoelang oft de app is. De

measte memmen appe yn it Nederlânsk, in pear memmen

appe wol altyd yn it Frysk. It effekt fan de taalkar fan heit en

mem is net dúdlik: it byld is hiel diffús. Guon jongeren appe

altyd yn it Frysk mei harren âlden, ek al krije se Nederlânske

appkes werom, en oaren dogge it presys oarsom, faak om’t se

it Nederlânsk folle makliker fine.

“As minsken yn it Frysk begjinne,

stjoer ik wol in Frysk berjocht

werom. Mar Nederlânsk is folle

makliker.”

“Ik praat in soad Nederlânsk op WhatsApp, en net sa folle Frysk. Wol wat útdrukkings yn it Frysk

lykas ‘moai no – ja, krekt wat’. As in grapke. Myn taalkeuze is net altyd hiel bewust. It kin best

wêze dat ik de iene dei de hiele dei Frysk app, en dan de folgjende dei gewoan wer yn it

Nederlânsk.”

“Nederlânsk is folle makliker om te lêzen en te skriuwen. Myn sus en har freon appe yn it Frysk,

dan freegje ik of se gewoan yn it Nederlânsk type kinne. De fuotbal-app is ek in soad Frysk, mar

ik doch it yn it Nederlânsk.”

“Myn mem appt yn it Nederlânsk,

fynt se makliker. Mar se begrypt

it wol as ik wat yn it Frysk freegje.

Soms antwurdet se wol yn it

Frysk, hinget der fanôf hoe

lang/moeilik it antwurd is.”

“Heit en mem brûke beide Frysk op WhatsApp, ik antwurdzje meastal yn it Nederlânsk, want

ik haw it gewoan net goed skriuwen leard.”

“Ik WhatsApp leaver yn it

Nederlânsk mei ús mem, want se

skriuwt sa bryk Frysk, dêr begryp

ik neat fan.”

“Heit en mem appe yn it

Nederlânsk, mar ik app yn it Frysk

werom.”

Page 22: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

22

5.1.3 Skriuwfeardigens

Yn de diskusjes giet it hiel faak oer it skriuwen fan it Frysk. In

soad jongeren hawwe muoite mei it skriuwen. De jongeren

fine it dreech, se witte net hoe’t it moat of se dogge mar wat.

Yn it generaal fine se it Nederlânsk skriuwen folle makliker en

it kostet folle minder tiid. Nettsjinsteande de swierrichheden is

der in grutte groep jongeren dy’t dochs leaver Frysk skriuwt as

Nederlânsk: faak skriuwe dy jongeren it Frysk fonetysk op.

Dyselden dy’t it Frysk wol behearskje, tinke der om om net ‘te

geef’ te skriuwen. Om’t it Geeffrysk te fier fan de sprektaal ôf

leit, en oaren it oars net begripe soenen. De groep dy’t it Frysk

net sa faak brûkt, docht dat foar in part om’t it Frysk harren

tefolle muoite kostet en om’t se fine dat se it Frysk net goed

genôch behearskje.

5.1.4 Taalhâlding

De hâlding foar it Frysk oer is by de measte Frysktalige jongeren

wol posityf, en in grut part fan de jongeren hiel posityf. Hja fine

it Frysk machtich moai en it Nederlânsk hielendal neat oan. Yn

rapportsifers jouwe dy jongeren it Frysk faak in njoggen of in

tsien en it Nederlânsk tusken de ien en fjouwer. Se prate it

leafst altyd Frysk en dogge dat op sosjale media ek. By oare

Frysktalige jongeren leit de ferhâlding wat oars: de

wurdearring yn sifers leit dan faak tusken de seis en de acht,

sawol foar it Frysk as it Nederlânsk. Dy jongeren brûke it Frysk

wol in soad as sprektaal, mar kieze op sosjale media faker foar

it Nederlânsk: it is makliker en dan begrypt ek elkenien it. By it

kiezen foar it Frysk op sosjale media spilet de taalhâlding foar

it Nederlânsk oer dus ek in wichtige rol.

“Ik typ Frysk mei de minsken dy't

Frysktalich binne. Ik kin net Frysk

type, mar ik doch it wol.”

“Nederlânsk is folle makliker,

hoech ik net sa nei te tinken.”

“Ik fyn it moeilik om Frysk te skriuwen. As ik it yn it Frysk

doch, dan liket it nergens op.”

“Ik krij wolris opmerkingen fan

myn beppe oer hoe’t ik Frysk

skriuw, mar dêr doch ik fierder

neat mei.”

“Ik skriuw in soad Frysk op WhatsApp, mar wol sa as ik it sis, want oars snappe se net wat ik

bedoel, of in bytsje heal, net alles fonetysk hear. Ik brûk de taal dy’t de oaren ek brûke. Dus yn

sommige groepen goed Frysk, en oare groepen mear fonetysk Frysk.”

“Ik skriuw it Frysk op sa as ik it

útsprek, kombinearre mei wat ik

noch wit fan skoalle.”

“Brûk mear Nederlânsk as Frysk

op Whatsapp. It is wat makliker,

Frysk type kin ik net sa goed. It

giet gewoan hurder.”

“Bin net hiel konsekwint mei it

Frysk. Mei sommige Friezen praat

ik ek wol Nederlânsk op

WhatsApp, dat is wol hiel apart.

Mar as ien yn it Frysk begjint,

antwurdzje ik wol yn it Frysk.”

Ik brûk mear Nederlânsk op

WhatsApp. Ik sil sels faak wol yn

it Frysk begjinne nei Frysktalige

minsken, mar as se dan yn it

Nederlânsk antwurdzje, dan gean

ik ek yn it Nederlânsk fierder.

Page 23: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

23

5.2 Folwoeksenen

5.2.1 Frysk op sosjale media

Ek troch folwoeksenen wurdt it Frysk op sosjale media hiel

ferskillend brûkt. Guon brûke hast allinnich mar Frysk en oaren

hast net. Somtiden hawwe minsken der noch noait echt oer

neitocht: hja prate Frysk, mar skriuwe Nederlânsk. Dat giet hiel

automatysk. Ek by de folwoeksenen spilet de skriuwfeardigens

in grutte rol. It argumint “Ik soe wol wolle, mar ik kin it net”

komt faak werom.

Skriuwe yn it Nederlânsk giet foar in soad Friezen ek in stik flotter as yn it Frysk. It kostet dizze

minsken tefolle tiid om harren berjochten yn it Frysk te

skriuwen. Dus as der dan gau efkes wat regele wurde moat, dan

giet it hast automatysk yn it Nederlânsk. Dy tinkwize komt yn

alle generaasjes werom.

Fierder falt op dat der ek Friezen binne dy’t leaver gjin Frysk bruke, om’t elkenien har berjochten

begripe moat. Se binne bang dat der oars ynformaasje ferlern

gean kin. Under ien fan de diskusjes waard sels sein: “Wat is it

doel om altyd Frysk te brûken? Binne jimme bang dat de taal

útstjert of sa?” It giet hjir sawol om minsken mei in soad

Nederlânsktaligen yn harren fermidden as minsken dy’t

gewoanwei hast allinnich mar Frysk prate.

“Ik fyn it moeilik om Frysk te

skriuwen. As ik it skriuw, wol ik it

wol goed dwaan.”

“Mei myn bern app ik wol yn it Frysk. Mar myn frou is Nederlânsktalich, dus mei har net.”

“As ien Nederlânsk tsjin my

praat, dan pas ik my oan. Dan

fielt it foar my net goed om yn it

Frysk troch te gean.”

“Ik app hast noait yn it Frysk. Allinnich as ik in ien-op-ien berjocht yn it Frysk krij, soe ik earder

ree wêze om yn it Frysk te antwurdzjen. Yn myn famylje- en freonenkring is it gebrûklik om yn it

Nederlânsk te appen, ek al prate wy altyd Frysk mei-inoar.”

“Ast Frysk brûkst yn in Groeps-App dêr't ek Nederlânsktaligen yn sitte, dan soene se har ek

bûtensluten fiele kinne.”

“Myn broer docht alle appkes nei my yn it Frysk en nei him doar ik it ek wel werom te dwaan.

En mei in pear freondinnen ek wol. Wy witte wol fan elkoar, it giet net om de spelling, wy

begripe elkoar wol. Mar de rest doch ik allegearre yn it Nederlânsk. Ik tink wol yn it Frysk,

mar it giet my gewoan makliker ôf.”

“Soms haw ik in hiel ferhaal yn it

Frysk. En dan wit ik in wurd, of in

pear wurden net, en dan tink ik,

lit mar. Dan skriuw ik alles op en

nei yn it Nederlânsk.”

Page 24: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

24

De folwoeksenen dy’t in soad Frysk bruke op sosjale media binne

einliks yn te dielen yn twa kategoryen: guon kinne it hiel goed

skriuwe en it kostet harren ek gjin ekstra muoite om Frysk te

skriuwen, en guon dy’t it Frysk skriuwen net goed leard hawwe.

Foar beide groepen jildt dat it hiel natuerlik fielt om yn it Frysk te

appen of in Frysk berjocht op Facebook te setten.

Ek yn Groeps-Apps wurdt in soad Frysk brûkt, ek al sitte der faak

ek Nederlânsktaligen yn de groep. By persoanlike berjochten oan

in Nederlânsktalige sille guon wol it Frysk folhâlde wylst oaren

automatysk yn it Nederlânsk oergean.

De minsken dy’t in soad Frysk bruke op sosjale media, mar ek yn

e-mails, tinke dat it gebrûk fan it Frysk de lêste jierren wol tanaam

is: se tinke dat se no faker in Frysk antwurd weromkrije as in pear

jier ferlyn. De kampanjes fan Praat mar Frysk wurde hjirby faak

oanhelle. It gebrûk fan de boechbylden lykas Doutzen Kroes liket

goed oan te slaan.

5.2.2 Skriuwfeardigens

Ek yn de diskusjes giet it hiel faak oer it skriuwen fan it

Frysk. Benammen de minsken boppe de 35 hawwe it der

faak oer: “Ik soe wol wolle, mar haw it froeger noait goed

leard.”

Dy minsken begjinne der faak net oan, it is foar harren

off-limit. As se it dwaan soenen, dan moat it wol goed.

Dus kieze se derfoar om mar gewoan troch te gean mei

yn it Nederlânsk te skriuwen.

“De spellingskontrôle slacht op hol as

ik Frysk skriuw.”

“It soe wol handich wêze as der in

automatysk wurdboek foar it Frysk

komt. No feroaret de tillefoan Fryske

wurden dy'tst noch noait earder brûkt

hast automatysk yn in Nederlânsk

wurd.”

“It kostet my net mear tiid om

Frysk te typen. Soms moast efkes

op de dakjes en streekjes

wachtsje... As ik Frysk mei ien

praat, sil ik degene yn de regel ek

yn it Frysk appe.”

“Yn de Groeps-App fan de

follybal is it meastal Frysk,

behalve as it spesjaal bedoeld is

foar in Nederlânsktalige yn de

groep.”

“Ik moast earst wol hiel bot wenne oan it fonetyske Frysk. Dan tocht ik, wat stiet dêr no, sa

haw ik dat hielendal net leard op skoalle. No bin ik der wol oan wend dat minsken it sa dogge,

mar ik doch it sels net.”

“Yn it algemien skriuw ik Frysk mei degene dy't Frysktalich is.

Mar ik spegelje ek wol. Dus soms kin it sa wêze dat ik dan

dochs 'per ongeluk' yn it Nederlânsk weromskriuw.”

“Wy prate ek altyd Frysk, dus it is gek om dan yn it

Nederlânsk te appen.”

“It falt my op dat ik hieltyd mear

yn it Frysk werom krij, mear as in

pear jier ferlyn.”

“Ik tink dat it ek in stik

bewustwurding is, troch de

kampanjes fan Praat mar Frysk,

dat minsken tsjintwurdich

mear Frysk brûke.”

Page 25: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

25

Ien-op-ienberjochten mei guon famyljeleden of freonen dogge se wolris yn it Frysk, dan makket it net

safolle út as der in flaterke yn sit, mar yn berjochten dy’t troch mear minsken sjoen wurde (buten de

Groeps-App fan de famylje), brûke hja leaver it Nederlânsk.

Ek folwoeksenen stimme harren Frysk somtiden ôf op de groep. Mei de iene sille hja wol geef Frysk

skriuwe, mar mei oaren sille hja kieze foar makliker wurden of konstruksjes út ’e sprektaal.

5.2.3 Taalhâlding

De folwoeksenen dy’t meidien hawwe oan de fokusgroeppetearen

fine it Frysk moaier of like moai as it Nederlânsk. De ferskillen binne

in stik lytser as by de jongeren, gjinien hat in negative hâlding foar

it Nederlânsk oer, mar it Frysk wurdt ek troch de folwoeksenen as

in moaie of prachtige taal beskôge. It Frysk fielt fertroud, as

thúskommen, de taal dy’t jo it leafste prate, de taal fan thús.

By ien fan de fokusgroepen komt it petear op bewustwurding, mei

troch de kampanjes fan Praat mar Frysk, mar ek troch sosjale

media. De gruttere sichtberens liket dus ek in positive ynfloed te hawwen op de hâlding foar it Frysk

oer.

“Myn mem hat krekt in kursus Frysk dien, dus dy begjint no yn it Frysk te appen, dus dan wol ik

wolris werom appe yn it Frysk, mear meastal app ik dochs yn it Nederlânsk. Dan bin ik dochs

frijer yn wat ik fertelle wol, en it giet ek flugger. Ik soe ek net fonetysk appe wolle, dan wol ik it

wol reedlik goed dwaan. En dêrfoar behearskje ik it Frysk ûnfoldwaande.”

“Ik fyn it Frysk hieltyd moaier

wurden. Ik wurd ek steeds

fanatiker. Neffens my komt dat

wol troch it gebrûk fan

WhatsApp. Op in gegeven

moment tocht ik, wat frekt my

dat ek, ik doch it gewoan yn it

Frysk.”

“Ik typ in hiel soad Frysk, allinnich gewoan in bytsje fonetysk. Ik sykje it wolris op, as ik in wurd

witte wol, op de ‘wat-wurd-it’-app, dan kinst opsykje hoet'st it dwaan moast, dat is wol handich.

Dêr nim ik soms de muoite foar, as ik efkes showe wol of sa.”

“Ik kin goed Frysk. Mar as ik in wurd sjoch dat ferkeard skreaun is, dan nim ik it faak dochs wol

oer. Oars fiel ik my sa'n ferbettertut.”

Page 26: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

26

6. Ynfloed fan bekende Friezen

Bekende minsken kinne somtiden in foarlûkersrol

hawwe as it giet om it brûken fan bepaalde

produkten, mar ek as it giet om it foarmjen fan

mieningen of om it brûken fan in taal. Praat mar

Frysk brûkt net foar neat ambassadeurs foar syn

kampanje. By it analysearjen fan de Twitterdei fan

2013 foel op dat benammen in tweet fan it

topmodel Doutzen Kroes hiel posityf ûntfongen

waard. Har tweet krige mar leafst 200 retweets.

In dit haadstik wurdt omtinken jûn oan Fryske

tweets fan trije bekende Friezen: fan topmodel

Doutzen Kroes, waarman Gerrit Hiemstra en

hurdfytser Lieuwe Westra. Per bekende Fries

behannelje wy hjir ien tweet dêr’t de meast

opfallende saken oer te besprekken binne. De

folgjende saken wurde metten:

- Hoefolle retweets en favorites leveret it op?

- Hoefolle reaksjes leveret de tweet op, en yn hokker talen?

- Wat is it effekt fan de Fryske tweet fan de bekende Fries? Om dat te mjitten sjogge wy nei de

50 tweets foar de reaksje en de 50 tweets nei de reaksje.

Page 27: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

27

6.1 Doutzen Kroes

Op 18 septimber 2014 stjoert topmodel Doutzen Kroes de folgjende tweet de wrâld yn.

De tweet wurdt 75 kear retweet en 128 kear as favoryt bestimpele. Der wurdt ek in soad op

reagearre, yn ferskate talen. De reaksjes binne fan sawol priveepersoanen as organisaasjes. Fan de

24 reaksjes binne der 11 yn it Frysk, 6 yn it Nederlânsk en 7 yn it Ingelsk. Mar ien (Nederlânske)

reaksje giet deroer dat hja it Frysk net begrypt. De oare Fryske en Nederlânske tweets binne yn te

dielen yn twa kategoryen, nammentlik Fryslân yn it algemien en fuotbal, en dan benammen oft

Doutzen no Heerenveen- of Cambuurfan is.

De Twitteraccounts fan de 11 persoanen dy’t yn it Frysk op Doutzen Kroes har tweet reagearre

hawwe, hawwe wy dêrnei bestudearre. Wy hawwe sjoen nei de 50 tweets dy’t de minsken foar en

nei harren reaksje ferstjoerd hawwe. Foar de tweet fan Doutzen Kroes binne der fiif persoanen dy't

(hast) noait wat yn it Frysk twitterje. Fjouwer persoanen twitterje sa'n 10-20% yn it Frysk en ien

persoan twitteret hast alles yn it Frysk (sa'n 80%). Fierder is der ek ien persoan dy't in tredde part fan

syn tweets yn it Liwwarders skriuwt, sawol foar as nei de tweets fan Doutzen Kroes. Nei de tweets

fan Doutzen Kroes is der ien persoan dy't mear yn it Frysk twitteret as derfoar (fan ien op fyftich nei

fjouwer op fyftich). Alle oaren twitterje nei de reaksje oan Doutzen Kroes minder faak yn it Frysk. De

Fryske tweet fan Doutzen Kroes hat dus in koartduorjend effekt: it trunet minsken oan om it Frysk in

kear (faker) te brûken, mar it liket de gebrûklike twittertaal net te feroarjen.

Page 28: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

28

6.2 Gerrit Hiemstra

Fan Gerrit Hiemstra hawwe wy in Fryske tweet nommen dêr’t er de measte reaksjes op krigen hat.

De tweet is fan 24 desimber 2014. Der binne noch wol resintere Fryske tweets fan him te finen, mar

dêr binne net safolle reaksjes op kaam.

De tweet wurdt 44 kear retweet en 22 kear as favoryt bestimpele. Der komme 16 reaksjes op fan 15

ferskate persoanen. Seis reaksjes binne yn it Frysk en tsien reaksjes yn it Nederlânsk. Opfallend is dat

fan de Nederlânske reaksjes, de helte bestiet út it freegjen om in fertaling.

By it besjen fan de Twitteraccounts fan de Fryske reaksjes falt op dat ferskate minsken wol faker

reagearje op in tweet fan Gerrit Hiemstra, mar dat se dat gewoanwei yn it Nederlânsk dogge. Twa

fan de seis minsken twitterje útsein dy iene reaksje oan Gerrit Hiemstra fierder neat yn it Frysk. By

trije minsken is tusken de 0 en 10% fan de tweets yn it Frysk, sawol foar as nei de tweet oan Gerrit

Hiemstra, en ien twitterder twitteret foar de tweet oan Gerrit Hiemstra 30% yn it Frysk en nei de tiid

56%, mar dêrfan binne de helte automatisearre tweets oer it meidwaan oan ‘Blinder of Blunder’ en

tweets op de Fryske Twitterdei. De Fryske tweet fan Gerrit Hiemstra liket dus wol direkt Fryske

reaksjes op te smiten, mar it liket minsken net oan te trúnjen om it Frysk faker te brûken yn de

perioade dêrnei.

6.3 Lieuwe Westra

Fan hurdfytser Lieuwe Westra is der hast gjin komplete Fryske tweet te finen, útsein de tweet dy’t hy

op de Fryske Twitterdei ferstjoerd hat. Lieuwe Westra brûkt geregeld in pear Fryske wurden yn syn

tweets, en ek wolris in frisisme. Wy hawwe besletten om foar dit ûndersyk de reaksjes op de tweet

op de Fryske Twitterdei te bestudearjen.

Page 29: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

29

De tweet is, eksklusyf troch ússels, 10 kear retweet en 25 kear bestimpele as favoryt. Der wurdt sân

kear yn it Frysk reagearre op de tweet (dêrfan ien kear troch Praat mar Frysk), trije kear yn it

Nederlânsk en ien kear yn in Nederlânsk dialekt. Earst wat oer de ynhâld fan de tweets. Oan de iene

kant reagearje minsken ynhâldlik troch Lieuwe Westra sukses te winskjen mei de folgjende wedstriid.

Oan de oare kant wurdt der ek referearre oan syn Frysk. Ien persoan riedt him de ‘wat-wurd-it’-app

oan. Dêr folget in lilke reaksje fan in oar persoan op: “ja, dot fan dy is geef #frysk”. Wer in oar seit:

“best genôg, bei mei is ut krekt sa briek as bei dei. :))”

By it bestudearjen fan de Twitteraccounts fan de minsken dy’t yn it Frysk reagearre hawwe, falt op

dat fjouwer fan de seis persoanen op de Fryske Twitterdei, neist harren reaksjes oan Lieuwe Westra,

noch faker yn it Frysk twitterje. Trije fan de seis minsken dogge bûten de Fryske Twitterdei om net

sa’n soad yn it Frysk op Twitter, nul oant trije fan de fyftich tweets binne foar en nei de tweet oan

Lieuwe Westra yn it Frysk. Trije minsken dogge foar de tweet fan Lieuwe Westra sa’n 20% yn it Frysk.

Lykwols, ien persoan giet dêrnei troch mei sa’n 20% Fryske tweets, de oaren dogge wat minder yn it

Frysk, ien sakket werom nei ûnder de 5% en de oare tusken de 10 en 15 %. By dizze folgers fan

Lieuwe Westra falt it op dat guon gewoanwei yn it Nederlânsk op Lieuwe Westra reagearje, en oaren

wol (hast) altyd it Frysk brûke nei him ta.

6.4 Konklúzjes

Fryske tweets fan bekende Friezen kinne in soad reaksjes útlokje. De reaksjes binne net perfoarst yn

it Frysk en ek net altyd posityf. Troch net-Friezen wurdt ek regelmjittich om in fertaling frege. De

analyze lit sjen dat Friezen dy’t gewoanwei net sa faak Frysk bruke op Twitter, dat wol dogge yn

harren reaksjes. De bekende Fries set dus mei oare wurden mei har/syn Fryske tweet de Friezen oan

om it Frysk te brûken. It effekt is lykwols fan koarte doer. De folgjende tweets fan dy minsken binne

yn hast alle gefallen wer yn it Nederlânsk. It effekt fan bekende Friezen op Twitter kin hiel goed

fergelike wurde mei it effekt fan de Twitterdei (Jongbloed-Faber, 2014b): in effektive dochs

koartduorjende oantrún om it Frysk te brûken.

Page 30: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

30

7. Ynternasjonale oriïntaasje en gearwurking

Der wurdt yn Europa en yn oare dielen fan de wrâld de lêste jierren in soad ûndersyk dien nei it

taalgebrûk op sosjale media. Faak wurdt der sjoen nei bygelyks de stavering en de styl fan in

mearderheidstaal, somtiden nei it gebrûk fan ymmigrantetalen, mar somtiden ek nei meartalige

konteksten yn lannen dêr’t in minderheidstaal neist de mearderheidstaal sprutsen wurdt. Lykwols,

de talen dy’t brukt wurde op sosjale media, en yn it bysunder de talen dy’t brukt wurde yn twatalige

mienskippen, hawwe noch net faak ûnderwerp fan ûndersyk west (Cunliffe, Morris, & Prys 2013).

Dêr kinne wy oan taheakje dat it ûndersyk dat dien wurdt him faak rjochtet op it taalgedrach fan

jongeren.

Yn dit haadstik in ferliking mei in ûndersyk yn Wales en in ferliking fan it Frysk mei it Limboarchsk op

Twitter. It haadstik wurdt ôfsluten mei in koart oersjoch fan de wichtichste ynternasjonale

gearwurking dy’t de ôfrune jierren plakhân hat en de ferlykjende ûndersiken dêr’t oan wurke wurdt.

7.1 Wales en Fryslân

Cunliffe (2007) bewiist yn syn ûndersyk dat de ûngelikense machtsferhâlding tusken de

mearderheids- en de minderheidstaal dy't bestiet yn de offline-mienskip meastal bestean bliuwt yn

online-situaasjes: it wurdt as ûnfatsoenlik bestimpele om in minderheidstaal te brûken as net

elkenien it begrypt. Benammen as ien ek goed is yn de mearderheidstaal wurdt it faak beskôge as in

politike utering om de minderheidstaal yn stee fan de mearderheidstaal te kiezen. Cunliffe, Morris en

Prys (2013) konkludearje yn har ûndersyk nei it brûken fan it Welsk op sosjale netwurken dat

taalgedrach fan twataligen op sosjale netwurken tige kompleks is en dat it fariearret per netwurk:

Facebook is neffens harren ien fan de gebieten op it ynternet dêr’t kommunikaasje plakhat yn it

Welsk.

De Welske organisaasje Mentrau Iaith Cymr hat yn 2014 ûndersyk dien nei it gebrûk fan Welsk op

sosjale netwurken. Krekt lykas by ús undersyk binne de sammele data in ‘snowball sample’: troch in

oprop is minsken frege in fragelist yn te foljen en der wie dan ek gjin kontrôle oer de dielnimmers. Yn

Wales diene 400 persoanen mei, 69% frou en 31% man, 78% fan de dielnimmers wie tusken de 25 en

60 jier âld en foar 83% fan de respondinten is Welsk de memmetaal. Ek al is it dreech om de

situaasjes ien-op-ien te fergelykjen, is it dochs nijsgjirrich om de opfallendste oerienkomsten en

ferskillen op in rychje te setten.

Skriuwfeardigens

It ûndersyk yn Wales lit sjen dat mear as 90% harren skriuwfeardigens as hiel goed of sels floeiend

beskôget. Yn ús ûndersyk jout 18% oan it Frysk hiel goed skriuwe te kinnen.

Page 31: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

31

Frysk/Welsk yn e-mails

Mear as 60% fan de respondinten yn Wales jout oan dat se alle dagen Welsk brûke yn e-mails. Yn

Fryslân leit it oandiel respondinten dat oanjout yn e-mails it Frysk faak of altyd te brûken op 54%.

Frysk/Welsk op sosjale media

De helte fan de respondinten yn Wales jout oan alle dagen it Welsk te skriuwen op sosjale media. It

oandiel respondinten dat oanjout faak of altyd Frysk te brûken op sosjale media leit op 60%.

Frysk/Welsk op Facebook

Krapoan de helte (49%) fan de respondinten yn Wales jout oan faker Welsk as Ingelsk te brûken op

Facebook. Sa’n 6% jout oan noait Welsk te bruken op Facebook. Fan de Fryske dielnimmers brukt

44% it Frysk faak of altyd en 18% noait by it bywurkjen fan harren steat.

Frysk/Welsk op Twitter

Op Twitter wurdt it Welsk faker as it Ingelsk brûkt troch 34% fan de respondinten. Yn Fryslân leit it

oandiel dat faak of altyd Frysk op Twitter brûkt op 36%.

Konklúzjes

Op it stuit is it net mooglik om ien-op-ien ûndersyksresultaten yn Wales en Fryslân mei-inoar te

fergelykjen, mar de neamde persintaazjes jouwe in yndikaasje fan de ferskillen en oerienkomsten. It

meast yn it each springende ferskil is de skriuwfeardigens: yn Wales jout mear as 90% fan de

respondinten oan dat se harren memmetaal hiel goed skriuwe kinne, tsjinoer 18% fan de

respondinten yn Fryslân. Lykwols, as wy sjogge nei it gebrûk fan de memmetaal op sosjale media yn

beide lannen dan binne de ferskillen folle lytser. Nettsjinsteande de folle legere skriuwfeardigens fan

de Friezen wurdt it Frysk op sosjale media likernôch likefolle brûkt as it Welsk yn Wales.

Ferfolchstappen

Sûnt it begjin fan it ûndersyk nei taalgebrûk op sosjale media wurdt der goed gearwurke mei Wales

en ûndersyksmetoaden en -útkomsten wurde geregeld dield. Sûnt septimber 2015 rint tegearre mei

Daniel Cunliffe (Wales) en Sarah McMonagle (Ierlân) in ûndersyk om tweets yn it Iersk, Welsk en

Frysk te fergelykjen.

7.2 Frysk en Limboarchsk op Twitter

Yn 2014 is de Fryske Akademy in gearwurking oangien mei it Meertens Instituut, de Universiteit

Twente en de Universiteit Maastricht om Limboarchske en Fryske tweets te fergelykjen. Der is troch

it Twidentity-projekt in taaldetektor untwikkele dy’t automatysk Fryske tweets derút ken. De

resultaten fan de taaldetektor binne reedlik betrouber (97% korrekt). De taaldetektor skat yn dat

5.3% fan de tweets út Fryslân wei yn it Frysk binne, tsjinoer 8.6% fan de tweets yn Limboarch yn ien

fan de Limboarchske dialekten (Trieschnigg, 2015). Fierder kin út dit ûndersyk konkludearre wurde

dat wat langer in tweetútwikseling duorret, wat grutter de kâns is dat oergien wurdt op de

streektaal, it Frysk of in Limboarchsk dialekt (Nguyen, Trieschnigg en Cornips, 2015). Op it stuit wurdt

der wurke oan in wittenskiplik artikel mei in kwalitative fergeliking fan dy data. Wat wy no al sizze

kinne is dat de measte tweets oer lokale kultuer hast allinne yn it Frysk of Limboarchsk binne, en hast

Page 32: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

32

noait yn it Nederlânsk. Dy konklúzje komt oerien mei ûndersyk fan Androutsopoulos (2012;2013) dy’t

fûn dat it gebrûk fan in minderheidstaal faak beheind is ta it kommunisearjen oer in

minderheidskultuer.

7.3 Ynternasjonale gearwurking en omtinken foar it Frysk op sosjale media

It ûndersyk nei it brûken fan Frysk op sosjale media hat net allinnich yn Fryslân in soad omtinken

opsmiten. De ôfrûne jierren hawwe wy dielnommen oan in tal (ynter)nasjonale konferinsjes en ek de

gearwurking socht mei oare undersikers dy’t harren dwaande hâlde mei fergelykjend undersyk. Op it

stuit is it noch te betiid om resultaten dêrfan sjen litte te kinnen, dêrom hjir in koart oersjoch fan de

wichtichste aktiviteiten op dit mêd. Ynternasjonale blog

‘Indigenous Tweets’ hat ús frege om in blog te skriuwen oer it ûndersyk nei taalgebrûk fan Fryske

jongerein op sosjale media. Dy blog is troch goed 1000 minsken sjoen. De blog is dêrnei ek noch yn it

Ingelsk, Russysk en Spaansk ferskynd op de nijssite ‘Rising Voices’ (http://lyt.sr/wg3mp).

Mercator-kongres oer minderheidstalen en sosjale media

Yn novimber 2014 hat Mercator yn Ljouwert in seminar organisearre oer minderheidstalen en sosjale

media. Foar dat seminar hawwe wy ferskate ynternasjonale eksperts útnûge lykas Jannis

Androutsopoulos út Dútslân en Daniel Cunliffe út Wales. De presintaasje oer it rinnende ûndersyk en

it ûndersyk ûnder de Fryske jongerein hat in soad entûsjaste reaksjes opsmiten. De minsken binne

ûnder de yndruk fan de kwantitative ûndersiken en ferskate ûndersikers hawwe oanjûn it ûndersyk

brûke te wollen as foarbyld om soartgelyk ûndersyk yn harren eigen lân út te fieren.

Wittenskiplik artikel yn Katalaansk tydskrift

Yn 2016 sil it wittenskiplik tydskrift Treballs de Sociolinguistica Catalana in temanûmer útjaan oer ICT

en minderheidstalen. In dat nûmer sil ek in wittenskiplik artikel ferskine oer it ûndersyk nei it

taalgebrûk fan Fryske jongeren op sosjale media.

Malteesk ûndersyk

Yn maart 2015 hawwe wy op in kongres yn Valletta (Malta) oer twataligens in presintaasje jûn oer it

ûndersyk. Tegearre mei Ljouwert is Valletta yn 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa. Nei ôfrin fan it

kongres hawwe wy in petear hân mei professor Sciriha. Professor Sciriha is tige ynteressearre yn it

ûndersyk dat hjir dien wurdt en is op it stuit dwaande om op basis fan ús ûndersyk in fergelykjend

ûndersyk út te setten nei it Malteeks en Ingelsk op sosjale media. It doel is om yn de takomst, yn de

oanrin nei 2018, in fergelykjend wittenskiplik artikel te skriuwen oer de útkomsten.

Page 33: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

33

Promoasjeûndersyk

Nei oanlieding fan it ûndersyk fan de ôfrûne jierren en de gearwurking mei prof.dr. Leonie Cornips yn

it Twidentity projekt is ûndersykster Lysbeth Jongbloed-Faber in promoasjeplak oanbean. It

promoasjeplak is in gearwurking tusken de Fryske Akademy en de Universiteit Maastricht en is op

1 novimber úteinset. De kommende fjouwer jier sil it ûndersyk nei it brûken fan it Frysk op sosjale

media dus trochgean.

Page 34: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

34

8. Konklúzjes en oanbefellingen

8.1 De ûndersyksfragen

Weromkommend op de ûndersyksfragen dy’t wy yn it foar oan it ûndersyk steld hawwe, binne wy no

by steat om de folgjende antwurden te jaan.

I. Hokker fariabelen beynfloedzje it brûken fan it Frysk troch Frysktaligen op sosjale media? Hoe

grut is de ynfloed fan de ferskate fariabelen op it brûken fan it Frysk op sosjale media troch

Frysktaligen? Hoe wurkje dy fariabelen opinoar yn?

Ut it fragelistûndersyk docht bliken dat it brûken fan Frysk op sosjale media mei yntrinsike en

ekstrinsike fariabelen te krijen hat. De fariaasje kinne wy foar hast de helte ferklearje mei dizze

fariabelen, wêrby’t de gearhing mei skriftlike kompetinsjes, it online publyk en de taalhâlding it

grutste binne. Oan de iene kant hat it sosjale fermidden - mei wa giet ien om en prate syn

freonen/kontakten ek Frysk - grutte ynfloed. Yndirekt kinne dy freonen ek ynfloed hawwe op in

yntrinsike fariabele, nammentlik de taalhâlding. It is faak sa dat as jo freonen posityf binne oer it

Frysk, dat jo dat sels ek earder binne. En miskien sykje jo dêr jo freonen ek wol op út. Neist immens

taalhâlding spilet ek de skriuwfeardigens in wichtige rol by de mjitte fan it Frysk brûken op sosjale

media. Ut de fokusgroepdiskusjes komt fierder nei foaren dat net allinnich de hâlding foar it Frysk oer

wichtich is, mar ek de hâlding foar it Nederlânsk oer. Wat moaier minsken it Frysk fine en wat minder

moai minsken it Nederlânsk fine, wat grutter de kâns dat hja Frysk brûke sille op sosjale media.

II. Wat is de ynfloed fan Frysktalige rolmodellen op it brûken fan it Frysk op sosjale media?

De ynfloed fan Frysktalige rolmodellen op it brûken fan Frysk op sosjale media liket koartduorjend te

wêzen. It brûken fan Frysk troch bekende Friezen trunet minsken oan om it Frysk yn in reaksje te

brûken. Fryske tweets lykje wol geskikt om yn tarieding op in evenemint Friezen te aktivearjen; jo

moatte dêr lykwols net te betiid mei begjinne, mar koart derfoar. De konklúzjes komme oerien mei it

ûndersyk nei it effekt fan de Fryske Twitterdei.

III. Yn hoefier is it brûken fan de Fryske taal op sosjale media te fergelykjen mei it brûken fan

minderheidstalen yn oare Europeeske regio’s?

Der rinne by it skriuwen fan dit rapport noch ferskate undersiken dy’t mear ynsjoch jaan sille op dy

fraach. Wat wy op it stuit sizze kinne, is dat yn de literatuer oer it brûken fan oare minderheidstalen

soartgelikense barriêres fûn binne om in minderheidstaal te brûken. 41% fan de respondinten jout

oan minder Frysk te bruken om’t hja graach wolle dat elkenien harren berjochten begripe kine moat.

Dat komme wy ek yn oare lannen tsjin. Spitigernôch liket de beheinde skriuwfeardigens yn de eigen

taal foar de Friezen de grutste drompel te wêzen om it Frysk net of minder faak te brûken, eat dat by

oare minderheidstalen gjin rol spilet. De Friezen hawwe it wat dat oangiet dus dreger as oare

sprekkers fan minderheidstalen. Nettsjinsteande dy drompel lykje de Friezen, as wy in ûndersyk út

Page 35: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

35

Wales fergelykje mei de útkomsten fan ús ûndersyk, it Frysk op sosjale media net folle minder te

brûken. De kommende jierren sille wy dêr hooplik noch mear ynsjoch yn krije, as yn ferskate oare

lannen ús ûndersyk brûkt wurdt as foarbyld foar it sammeljen fan data oer dit ûnderwerp.

8.2 Taalkarmodel en oanbefellingen

It is dúdlik wurden dat der in hiel soad barriêres binne foar Frysktaligen om Frysk te brûken op sosjale

media. Wy libje yn Fryslân yn in meartalige mienskip en de measte Friezen binne wend om nei it

Nederlânsk oer te skeakeljen sadree’t hja in Nederlânsktalich persoan oansprekke. Dat meganisme is

sa sterk dat soks ek yn online-situaasjes trochwurket. Fierder is de mearderheid fan de Friezen op

skrift betûfter yn it Nederlânsk as yn it Frysk. Foar in hiel soad Friezen is dêrom Frysk harren sprektaal

en Nederlânsk harren skriuwtaal. Hja binne harren dêr net iens bewust fan. Foar de minsken dy’t

harren wol bewust binne fan dizze ‘bias’ moat de motivaasje om it Frysk te brûken wol hiel sterk

wêze om’t it harren folle mear tiid kostet om goed Frysk te skriuwen yn stee fan Nederlânsk.

Basearre op it ûndersyk dat wy de ôfrûne oardel jier dien hawwe, hawwe wy it skematyske

taalkarmodel lykas presintearre yn haadstik 2, noch wat fierder útwurkje kinnen. It taalkarmodel stiet

yn Figuer 8.1 en spilet him yn it deistich libben yn in pear milisekonden ôf.

Figuer 8.1 Skematysk taalkarmodel foar Frysk of Nederlânsk op sosjale media

Page 36: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

36

Twatredde fan de dielnimmers

hie it Frysk graach better leard.

Op ferskate plakken yn dit model binne foar de Provinsje Fryslân mooglikheden om yn te heakjen om

it brûken fan it Frysk fuort te sterkjen. Per karmomint folgje ien of meardere oanbefellingen.

Karmomint 1: De ûntfanger praat Frysk

Foar it grutste part fan de Friezen is de taal dy’t de untfanger praat fan grut belang foar de taalkar

dy’t hja meitsje. It tal Friezen dat yn it Frysk kommunisearret mei minsken dy’t it Frysk sels net prate,

is tige beheind. De Provinsje Fryslân soe mei help fan in kampanje, bygelyks yn gearwurking mei

Praat mar Frysk, ynsette kinne op de meartalige situaasje yn Fryslân. Minsken soenen it gewoan fine

moatte dat de iene Frysk praat en de oare Nederlânsk. Wy fersteane inoar bêst en it soe moai wêze

as wy it natuerlik fine om dy talen trochinoar en tsjininoar te brûken, en faker ús memmetaal doare

te sprekken en te skriuwen. Ek yn it ramt fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 en mear spesifyk it

projekt Lân fan Taal lizze der mooglikheden om te besykjen dy situaasje te trochbrekken.

Karmomint 2: De ferstjoerder fynt it Frysk (folle) moaier as it Nederlânsk

De measte Friezen fine it Frysk moaier as it Nederlânsk en in grut part fynt it Frysk ek nochris folle

moaier as it Nederlânsk. By de lêste groep minsken is de kâns ek it grutste dat hja it Frysk op sosjale

media ek bruke sille. Minsken dy’t it Nederlânsk hast like moai fine as it Frysk brûke yn ferhâlding

folle mear Nederlânsk as Frysk. As wy wolle dat dizze groep minsken it Frysk ek mear brûke sil, sil de

hâlding foar it Frysk oer positiver wurde moatte.

Op jonge leeftiid soe it bewust wêzen fan de bysûnderheid om in minderheidstaal te sprekken en

twatalich te wêzen fergrutte wurde kinne, bygelyks yn it ûnderwiis. Minsken jouwe yn dit ûndersyk

ek oan dat it better learen fan it Frysk in miste kâns west hat yn it primêr en fuortset ûnderwiis. Ek út

de fokusgroepen komt nei foaren dat op guon basisskoallen it gebrûk fan Frysk yn de klasse net

tastien is, sels net yn ynformele petearen tusken learlingen ûnderling. Dit hat ek ynfloed op de taal

dy't de bern bûten skoaltiid mei-inoar brûke. De ûntwikkeling fan apps mei Frysktalige spultsjes,

ferhaaltsjes en ferskes slút dêr ek goed op oan en dêr wurdt de lêste jierren al folop op ynsetten. De

fersprieding en promoasje dêrfan soe noch wol wat better kinne. Ferskate minsken dêr’t wy de

ôfrûne tiid mei praat hawwe, witte net fan it bestean ôf.

In lytse groep Friezen fynt it Frysk net moaier as it Nederlânsk. It sil dreech wêze dy groep oan te

trunen om it Frysk te brûken. It sil ek dreech wurde om by dy minsken de hâlding foar it Frysk oer te

feroarjen. In feroaring yn hâlding sil by dy lju wierskynlik allinnich mooglik wêze as harren sosjale

omjouwing feroaret.

Karmomint 3: De ferstjoerder kin Frysk skriuwe

De skriuwfeardigens fan de Friezen yn harren memmetaal

leit gemiddeld sjoen fier achter by de skriuwfeardigens yn

it Nederlânsk. Troch de dominante posysje fan it

Nederlânsk yn it reguliere ûnderwiis is dat dreech te trochbrekken en foar de measte folwoeksenen

sil in kursus Frysk de iennichste mooglikheid wêze om it Frysk skriuwen yn de macht te krijen. De

Page 37: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

37

Afuk biedt al jierren kursussen Frysk oan en hat sunt in pear jier ek koartere kursussen ‘Skriuw Mar

Frysk’ op it programma, sawol groeps- as online kursussen. Wy tinke dat der grif ferlet is fan

kursussen en dat in soad minsken der ek wol belangstelling foar hawwe (twa tredde fan de

respondinten fan de enkête jout oan dat se graach better Frysk leard hiene), mar it kin allegearre

noch wol wat tichter by de minsken. Om't it dochs ek in sosjaal barren is foar in soad minsken, soe it

oanbieden fan kursussen yn mear lytse plakken bêst slagje kinne. De kursuslieders soenen dêr ek in

foarlûkersrol yn spylje kinne, sy sitte ommers ferspraat oer de hiele provinsje en kinne de kanalen yn

harren omjouwing. Ek it dêrby beheljen fan doarpskranten, lykas yn Littenseradiel al dien is, soe in

mooglikheid wêze, sawol yn de kommunikaasje oer de kursussen as by it oanbieden fan kursussen

oan dizze spesifike doelgroep.

Op YouTube hat Praat mar Frysk ek de wichtichste tûkelteammen yn it Frysk op in rychje setten.

'Professor Henk' lit yn de Skriuw mar Frysk-filmkes hoe't jo Frysk skriuwe moatte. It filmke oer de

tiidwurden is it populêrst en is goed twatûzen kear besjoen. Mar in soad oare filmkes, benammen

dêr't bekende Friezen en BN-ers yn ferskine, skoare better. Miskien dat it brûken fan in bekende Fries

yn sokke filmkes yn stee fan in wittenskipper mear sukses hawwe soe.

Fierder falt der neffens ús in soad winst te heljen yn it ûntwikkeljen fan brûkersfreonlike digitale

helpmiddels. Dy kinne dy Friezen stypje dy’t wol graach Frysk skriuwe wolle, mar dy’t it net sa goed

kinne. De digitale helpmiddels dy’t al beskikber binne, lykas Taalweb fan de Fryske Akademy en

benammen de ‘wat-wurd-it’-app fan Praat mar Frysk, wurde al troch in soad minsken brûkt, mar foar

it automatysk oanfoljen fan wurden yn in WhatsApp of SMS is in oare technyk nedich. Sa’n app sil ek

de minsken stypje kinne dy’t no gjin of net safolle Frysk bruke om’t it folle mear tiid kostet as

Nederlânsk.

Tagelyk wolle wy hjir net neilitte om te ûnderstreekjen dat, ek al is it te let foar de folwoeksenen yn

Fryslân, it ûnderwiis oan de basis stiet fan it wol of net goed behearskjen fan it Frysk. Wy komme

hjirby werom op de oanbefellingen dy’t ek yn de rapportaazje oer it taalgebruk fan Fryske jongerein

oan de oarder kommen binne (Jongbloed-Faber, 2014). De kompetinsjes yn it Frysk moatte al op de

basisskoalle ûntwikkele wurde. De groei fan it tal trijetalige skoallen is wat dat oangiet in tige positive

ûntjouwing. Foar it ferbetterjen fan de kompetinsjes fan de jeugd soe it in goede saak wêze as mear

leararen op it Fryske basisûnderwiis harren foech foar it Frysk helje, of yn alle gefallen de kursus

‘leargong A’ fan de Afuk folgje. Dêrtroch wurdt it brûken en learen fan it Frysk net beheind ta dy iene

les Frysk yn de wike, mar kin it Frysk ferweve wurde troch alle lesstof hinne.

In oare oanbefelling om de kompetinsjes fan it Frysk te ferbetterjen is om it oanbod op it mêd fan

Fryske berneliteratuer te fergrutsjen, sawol orizjinele berneliteratuer as oersettingen fan suksesfolle

boeken út oare talen. De Afuk hat al in ferskaat oan Fryske boeken foar bern oant sa’n fjouwer jier,

mar it tal geskikte boeken foar skoalgeande bern is net sa grut. Foar de foarming fan in Frysk

wurdbyld binne boeken tige wichtich. It ynsetten op in grutter oanbod oan AVI-boeken bliuwt dêrom

tige wichtich. Moaie Fryske berneboeken kinne learkrêften ek motivearje om it Frysk faker te brûken.

Page 38: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

38

Karmomint 4: De ûntfanger skriuwt ek Frysk

Ut de data fan dit ûndersyk komt nei foaren dat in Frysk berjocht hast altyd mei in Frysk berjocht

beäntwurde wurdt (92% fan de dielnimmers jout oan it iens te wêzen mei dy stelling). Wy Friezen

meitsje dus sels it ferskil. Wat mear minsken yn it Frysk begjinne te appen, wat mear minsken ek yn it

Frysk antwurdzje sille. It wurket as in sniebaleffekt. Praat mar Frysk hâldt him dêr fansels alle dagen

mei dwaande, dus dy soe dat boadskip op in ludike wize yn it nijs bringe kinne.

Karmomint 5: De ferstjoerder fynt de sprektaal wichtiger

Net elkenien is him bewust fan de frjemde situaasje dêr’t wy yn Fryslân mei te krijen hawwe: wy

prate Frysk mar skriuwe hast automatysk yn it Nederlânsk. In soad minsken hawwe dus ek noch noait

neitocht oer de taalkar dy’t se meitsje: it is foar harren fanselssprekkend om it Nederlânsk te brûken.

Benammen de jongeren binne harren wol bewust fan dy kar. Guon jongeren sille in Nederlânsk

berjocht fan in Frysktalich persoan konsekwint yn it Frysk beäntwurdzje wylst oare jongeren it de

iene kear wol en in oare kear net dwaan sille, somtiden ek om ‘e wille fan de tiid. It soe goed foar it

Frysk wêze om alle minsken bewust te meitsjen fan dy situaasje. It is wol hiel wichtich dat soks net te

'belearend' dien wurdt. It plan fan Praat mar Frysk foar 2016 'Alle dagen in bytsje Frysk' slút dêr moai

by oan.

8.3 In pear lêste wurden

Yn de oanbefellingen wurdt yngien op hoe't it Frysk mear brûkt wurde kin op sosjale media. Mar it

giet fansels hielendal net min mei it Frysk op sosjale media. It Frysk is as skriuwtaal noch noait safolle

brûkt, en dat is foar ús taal fansels in goed útgongspunt foar de takomst.

Page 39: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

39

Referinsjes

Androutsopoulos. J. (2014).’Languaging when contexts collapse: Audience design in social

networking’. Discourse, Context and Media, 4-5, 62-73.

Cunliffe. D. (2007).’Minority Languages and the Internet: New Threats, New Opportunities’. By:

Cormack, M.; Hourigan N. (ed). Minority Language Media: Concepts, Critiques and Case

Studies. Clevedon: Multilingual Matters, p.133-150.

Cunliffe. D. Morris. D. & Prys. C. (2013).’Investigating the Differential Use of Welsh in Young

Speakers’ Social Networks: A Comparison of Communication in Face-to-Face Settings in

Electronic Texts and on Social Networking Sites’. By: Jones, E.H.G.; Uribe-Jongbloed, E. (ed).

Social Media and Minority Languages: Convergence and the Creative Industries. Bristol:

Multilingual Matters, p. 75-86.

Jongbloed-Faber. L. (2014a). ‘Taalgebruk fan Fryske jongerein op sosjale media.’ Ljouwert: Mercator

Research Centre.

Jongbloed-Faber. L. (2014b).’Social media: a treasure trove for minority language research’. By:

Woodfield, K. (ed.). Social Media in Social Research: Blogs on Blurring the Boundaries. Edited

by Kandy Woodfield. London: Natcen Social Research, p. 189-194.

Jongbloed-Faber, L., Van de Velde, H., Van der Meer, C. en Klinkenberg, E.L. (forthcoming). Language

Use of Frisian Bilingual Teenagers on Social Media. Treballs de Sociolingüística Catalana, 26

(2016).

Marwick. A. & boyd. D. (2011)’I tweet honestly, I tweet passionately: Twitter users, context collapse,

and the imagined audience’. New Media & Society, 13(1), 114-133.

Mentrau Iaith Cymru (2014). ‘The Welsh Language and Social Networks’.

http://www.btplc.com/newsadmin/attachments/the%20welsh%20language%20and%20soci

al%20media%202014.pdf

Trieschnigg, D. (2015). Finding and Analyzing tweets from Limburg and Friesland. University Twente.

[Powerpoint slides]

Page 40: Lysbeth Jongbloed-Faber...Troch: Drs. Lysbeth Jongbloed-Faber Projektlieder: Drs. Cor van der Meer Ferantwurding Dit ûndersyk is útfierd troch it Mercator Research entre fan ‘e

40