· Web viewSe stjoerde my har dan wolris wat fan har wurk ta en dan woe se dat ik der goed nei...

9
Biografy fan Diet Huber Yn it kommende haadstik sille ferskate eleminten út it libben fan Diet Huber oan de oarder komme. De meast ynfloedrike skriuwer fan Fryske bernepoëzij is net allinnich in ferneamde Fries, mar boppedat in frou mei in opmerklike persoanlikheid. Om’t der al in soad skreaun is oer har poëzij, sil ik hjir net de poëzij útljochtsje, mar de persoan dy’t der efter sit. Hjirfoar ha ik kontakt socht mei minsken dy’t Diet Huber goed kend ha. Yn it foarst is dat Jant van der Weg, waans proefskrift oanlieding jûn hat om fan alle dichters yn de tweintichste ieu krekt Diet Huber út te ljochtsjen. Jant van der Weg koe Diet Huber persoanlik en wist sadwaande in moaie skets te jaan fan de persoan. By in oar petear mei Akky van der Veer, in freondinne fan Diet Huber, binne moaie anekdoates op tafel kommen en boppedat in trochferwizing nei Berber van der Geest, goede freondinne en kollega fan Diet Huber. Dy trije petearen hawwe as basis tsjinne foar de biografy dy’t hjir folget. Bernejierren Berendina Huber waard op 9 april 1924 berne yn Ljouwert op Koestraat nûmer 11. Doe’t se noch in beuker wie, woe se altyd al ha dat minsken har Diet neamden. Sadwaande waard dat har ropnamme. Har heit wie Nederlânsktalich en kaam út in famylje dy’t op stân libbe. Hy fytste alle dagen nei it stasjon dêr’t er wurke by it spoar op de tram. Har mem Jeltsje van der Sloot wie in Ljouwerter en kaam út in artistike famylje. Diet waard twatalich grutbrocht: mei har mem prate se Frysk en mei har ‘papa’ prate se Nederlânsk. Se hie noch in suster, Tine, mar se hienen net in soad oan mekoar om’t har suster seis jier âlder wie. Ynteresse foar keunst en skriuwen hat se altyd hân. Al fan lyts ôf skreau se ferskes en makke se tekeningen. As beuker hie se al in grutte fantasij en betocht se al ferhalen. Der wie by harren yn de gong in kast en ast de planken fan de flier opside leidest, dan siet dêr in kelder. Se wie altyd benaud dat de Boeman dêr yn siet en doarste dêrom net yn de kast. Se wie ek bang fan Swarte Pyt, fan hûnen en fan it wetter yn de wc as se trochspiele moast. Efter de spegel siet neffens har Hantsje Pik, dy’t har yn de noas knypte as se der foar stean gong. Earst hie se Hoantsje Pik ferstien en tocht se dat it in hoanne wie. Dizze hoanne is letter weromkommen yn ien fan har

Transcript of · Web viewSe stjoerde my har dan wolris wat fan har wurk ta en dan woe se dat ik der goed nei...

Page 1: · Web viewSe stjoerde my har dan wolris wat fan har wurk ta en dan woe se dat ik der goed nei seach en sei wat ik derfan fûn. En dan woe se net heare fan ‘no, moai’, mar se woe

Biografy fan Diet Huber

Yn it kommende haadstik sille ferskate eleminten út it libben fan Diet Huber oan de oarder komme. De meast ynfloedrike skriuwer fan Fryske bernepoëzij is net allinnich in ferneamde Fries, mar boppedat in frou mei in opmerklike persoanlikheid. Om’t der al in soad skreaun is oer har poëzij, sil ik hjir net de poëzij útljochtsje, mar de persoan dy’t der efter sit. Hjirfoar ha ik kontakt socht mei minsken dy’t Diet Huber goed kend ha. Yn it foarst is dat Jant van der Weg, waans proefskrift oanlieding jûn hat om fan alle dichters yn de tweintichste ieu krekt Diet Huber út te ljochtsjen. Jant van der Weg koe Diet Huber persoanlik en wist sadwaande in moaie skets te jaan fan de persoan. By in oar petear mei Akky van der Veer, in freondinne fan Diet Huber, binne moaie anekdoates op tafel kommen en boppedat in trochferwizing nei Berber van der Geest, goede freondinne en kollega fan Diet Huber. Dy trije petearen hawwe as basis tsjinne foar de biografy dy’t hjir folget.

Bernejierren

Berendina Huber waard op 9 april 1924 berne yn Ljouwert op Koestraat nûmer 11. Doe’t se noch in beuker wie, woe se altyd al ha dat minsken har Diet neamden. Sadwaande waard dat har ropnamme. Har heit wie Nederlânsktalich en kaam út in famylje dy’t op stân libbe. Hy fytste alle dagen nei it stasjon dêr’t er wurke by it spoar op de tram. Har mem Jeltsje van der Sloot wie in Ljouwerter en kaam út in artistike famylje. Diet waard twatalich grutbrocht: mei har mem prate se Frysk en mei har ‘papa’ prate se Nederlânsk. Se hie noch in suster, Tine, mar se hienen net in soad oan mekoar om’t har suster seis jier âlder wie. Ynteresse foar keunst en skriuwen hat se altyd hân. Al fan lyts ôf skreau se ferskes en makke se tekeningen. As beuker hie se al in grutte fantasij en betocht se al ferhalen. Der wie by harren yn de gong in kast en ast de planken fan de flier opside leidest, dan siet dêr in kelder. Se wie altyd benaud dat de Boeman dêr yn siet en doarste dêrom net yn de kast. Se wie ek bang fan Swarte Pyt, fan hûnen en fan it wetter yn de wc as se trochspiele moast. Efter de spegel siet neffens har Hantsje Pik, dy’t har yn de noas knypte as se der foar stean gong. Earst hie se Hoantsje Pik ferstien en tocht se dat it in hoanne wie. Dizze hoanne is letter weromkommen yn ien fan har gedichten dy’t yn har earste bondel ferskynde. Yn de jierren tachtich is se op besite gong yn har âlderlik hûs om de tiid opnij te belibjen. Berber van der Geest hat doe mei har mei west. ‘‘Nei it gekkenûmer,’ sei Diet dan, en dan lake se. Se koe altyd sa laitsje.’ Yn 1988 hat se in boek skreaun oer har bernejierren op de Koestraat ûnder de titel Nûmer alve.

De tritiger jierren wienen finansjeel drege jierren foar de famylje. Der wie in ekonomyske krisis yn Nederlân en der waarden in soad minsken ûntslein. Troch de foarútgong yn de technyk wie de steamtram âlderwetsk wurden. It bedriuw moast besunigje en har heit rekke dêrtroch syn wurk kwyt. Se fielden it as in fernedering om’t it in skande wie as minsken gjin wurk hienen. Letter waard er wer oannommen om’t dejingen dy’t mear as tweintich jier by de tram sitten hienen, foarrang krigen. Hy fertsjinne lykwols de helte minder as dêrfoar. Doe ferhûze de famylje nei Boalsert. Diet har suster gong koart dêrnei it hûs út. Yn 1938 doe’t se 14 jier wie, ferhûze se mei har âlden nei It Hearrenfean/Oranjewâld.

Takomstdream

Diet Huber hold fan taal en skiednis. Lêze wie ien fan har grutte leafhawwerijen. It leafst soe se letter tekenje of skriuwe wolle, mar har heit stipe dat net. Skriuwe en tekenje dat wienen hobbys neffens him, dêr wie gjin brea mei te fertsjinjen. Se koe better in fak leare op de hbs. Diet fielde dêr neat foar, op de hbs sieten allinnich rike bern en dan soe se der net tusken komme. Har omke wie ek keunstner en dy koe der fan libje, mar dy hie wol earst in skoft oars

Page 2: · Web viewSe stjoerde my har dan wolris wat fan har wurk ta en dan woe se dat ik der goed nei seach en sei wat ik derfan fûn. En dan woe se net heare fan ‘no, moai’, mar se woe

oan it wurk west. Se wie ek noch te jong om nei de tekenakademy dus se moast earst mar in baantsje sykje foar de tuskentiid. Dat baantsje hie se gau fûn yn in manufaktuerensaak yn It Hearrenfean. Yn de oarlochsjierren hat se dêr oan it wurk west.

Yn 1946 kaam se telâne op de Amsterdamse kunstnijverheidsschool, de foarrinner fan ’e Rietveld Academie. Dêr siet se fjouwer jier lang yn ’e yllustraasjeklasse. Nei ôfrin reizge se yn 1950 foar in jier nei Stockholm ta dêr’t se wurke as help yn de húshâlding. Al frij rap koe se as freelancer oan it wurk en krige se as yllustrator opdrachten foar Sweedske boeken en tydskriften. Se stjoerde ek erfaringsferhalen op foar de Friese Koerier. In jier letter kaam se werom yn Amsterdam en doe kaam se foar it earst yn de kunde mei har takomstige baas.

It barde yn novimber 1951 yn Den Haach op in jûn dy’t har efterneef Ferry Huber organisearre. Haadredakteur fan de Friese Koerier Fedde Schurer wie útnoege as sprekker. Diet hie doe al ris wat opstjoerd nei de krante, mar se hie dy wichtige man noch nea moete. Se hie gjin idee wat er fan har stikken fûn en se wist net iens oft hy se wol lies. It wie in pear wiken nei Kneppelfreed dêr’t Schurer de haadrol yn spile hie en dêr waarden by binnenkomst fuortendaliks grapkes oer makke. Schurer seach Diet Huber ynienen oan en sei: “En wat sa raar wie, dat lêste berneferhaal fan jo moat my grif noch troch de holle spoeke ha. Dat fan dy maan-apen dy’t foar master opslaan op ’e moanne. Want doe’t ik dy kantonrjochter tsjinoer my hie, tocht ik hyltiten: Wêr likesto dochs op... komst my sa bekend foar... Dy kop fan dy... dy rûne eagen... ja! In echte maan-aap, dát biste!’ It ‘klikte’ fuortendaliks tusken harren, sa’t Diet Huber sels yn 1990 skreau yn in stik foar De Strikel. Oer Fedde Schurer seit Diet: ‘Men hat al gelok, as men as begjinnend berneredaktrise in ‘baas’ kriget dy’t net allinnich ‘kranteman’ is, mar ek skriuwer en âld-skoalmaster. Dêrtroch begriep Fedde my.’ In pear moannen letter frege Fedde Schurer har foar de bernerubryk De kleine koerier. Se krige in heale side dy’t se frij ynfolje koe mei tekeningen, skreaune stikjes, Nederlânsk, Frysk, it koe allegear. Har dream wie útkommen.

In lokkich houlik

Yn 1955 troude Diet Huber mei Bert Barkey. Hy kaam út Nederlâns-Ynje en wie geolooch fan berop. Sy krigen tegearre in dochter, Yelka. Mei harren trijen ferhuzen se yn 1961 nei Sweden om’t Bert dêr oan it wurk koe by in mynboubedriuw. Hy die ûndersyk yn Boliden, dat by de poalsirkel leit. Fan it bedriuw út wienen de saken goed regele. Se kamen yn in grut hûs te wenjen tegearre mei in Sweedske famylje. Yn it begjin koe Huber noch net floeiend Sweedsk prate. Boartsjenderwei hat se har de taal oanleard, tegearre mei har dochter. Op Yelka har jierdei hie se de jierdeibesite fermakke mei in sels optocht poppeteater dat se op ien fan de twa souders fan it hûs hold. Earst spile se allinnich foar Yelka en de oare bern yn hûs, mar it sloech sa goed oan dat se letter ek troch it lân reizge mei har selsmakke poppen.

Yn de simmermoannen gongen Diet en Yelka mei Bert mei nei de grins fan Noarwegen om’t Bert dêr wêze moast foar ûndersyk. Se hierden dan in leechsteand hûs en dêr wennen se de simmer. Alle simmers wienen se wer op in oar plak en dat hast tsien jier lang. Diet en Yelka gongen faak tegearre op paad wannear’t Bert fuort wie foar ûndersyk. Yn 1970 kamen se werom yn Amsterdam, dêr’t se de rest fan harren libben wenjen bliuwe soenen. De oergong fan de natuer nei de drokte wie grut en Diet hat wolris sein dat it lestich kiezen wie tusken de twa wrâlden. Yn Sweden luts de natuer har sa, mar se miste úteinlik de minsken. Yn Sweden koe se yn guon gebieten dagen gjin minsken sjen. It Sweedske libben hie har ynspirearre ta it skriuwen fan in ferhaal oer trollen, dêr’t se entûsjast oan begûn wie. Doe’t se yn Nederlân weromkaam, krige se wer in hiel oar libben en rekke it ferhaal oer trollen yn in doaze.

Page 3: · Web viewSe stjoerde my har dan wolris wat fan har wurk ta en dan woe se dat ik der goed nei seach en sei wat ik derfan fûn. En dan woe se net heare fan ‘no, moai’, mar se woe

Diet en Bert wienen altyd bymekoar. ‘Se wienen sa’n leuk stel tegearre,’ seit Berber van der Geest. ‘Se gongen oeral mei mekoar hinne en follen mekoar gewoan oan. Sy wie altyd sa praatsk en hy hie ek sa’n humor!’ Akky van der Veer seit itselde en heakket dêroan ta: ‘Doe’t Bert yn 2005 ferstoar, waard it ek hurd minder mei Diet. Se waard fansels âlder en siet al langer net lekker yn har fel, mar se krige altyd in soad stipe fan Bert.’ Sy koenen tegearre de útstalling oer De teltsjebeam yn it Smellingerlânmuseum noch meimeitsje.

It súkses fan de berneboeken en poëzij

Yn 1953 debutearre Diet mei Tutte mei de Linten. It waard goed ûntfongen, boppe har eigen ferwachting. Har Nederlânsktalich debút De uil met zeven zuurtjes fan 1959 waard daliks nominearre foar de Gouden griffel. Dêrtroch waard se ek ûntdutsen yn Amsterdam troch Wim Hora Adema, haadredaktrise fan Het Parool. Yn itselde jier hat Diet de bernerubryk fan Het Parool oernommen fan Annie M.G. Schmidt. Diet wie yn de widze lein foar it skriuwen. Se helle de ideëen oeral wei. ‘Ik hoegde mar in wurdboek iepen te slaan of de ideeën boarrelen al omheech. Mar ek as ik gewoan oan it jirpel skilen wie of op it húske siet, spoeken der spontaan begjinrigels fan ferskes troch de holle. Soms pleage it my ek wol, hjer. Dan lei ik op bêd, soe ’k sliepe en dan kaam der my wer sa’n muzykje yn ’e holle.’1

Diet Huber fûn bernepoëzij net minderweardich oan poëzij foar folwoeksenen. Ut it petear mei Akky van der Veer wurdt dúdlik dat se har skriuwen ek tige serieus naam. ‘Diet wie ek tiden dwaande mei ien gedicht en dan woe se presys it goede wurd derby ha en krekt dát gefoel útdrukke. Se stjoerde my har dan wolris wat fan har wurk ta en dan woe se dat ik der goed nei seach en sei wat ik derfan fûn. En dan woe se net heare fan ‘no, moai’, mar se woe dat ik it echt resinsearre.’ Diet Huber besocht altyd ienfâldich te wêzen, mar dat betsjutte net dat it simpel wie. Skriuwe foar bern wie neffens har like slim as skriuwe foar folwoeksenen. Se wurke mei de tins yn de efterholle dat in bern net in ûnmûnich wêzen is, mar gewoan in lyts minske-yn-ûntjouwing. Om bar publisearre se in wurk yn it Frysk en in wurk yn it Nederlânsk. Dat neamde se har iene en har oare kant. Har Fryske kant hie se krekt sa leaf as har Nederlânske en dêrom woe se ek yn beide talen like folle publisearje.

Dochs hie se by de Fryske poëzij in oar gefoel. It Frysk waard, doe noch mear as no, as minderweardich sjoen tsjinoer it Nederlânsk. Se koe har der wol lulk om meitsje dat se yn de rânestêd de Fryske poëzij net erkenne woenen. Huber dichte dêrom net allinnich foar harsels, mar ek foar de Fryske taal en de erkenning fan de wearde derfan. Oer dizze kwestje hat se oeren oan de tillefoan hong mei ûnder oare Jant van der Weg: ‘Dan sei se wer: ‘Och Jant, hoe moat it no mei de Fryske bernepoëzij!’ en har soargen wienen ek wol terjochte. Sy hat sels in fantastyske bydrage jûn oan de Fryske bernepoëzij.’ Se hat ek ferskate brieven skreaun mei as ûnderwerp de Fryske bernepoëzij. Annie M.G. Schmidt skreau ris in nijsgjirrige brief oan Huber: ‘Hecht u niet te veel aan erkenning en succes. Ze zijn namelijk helemaal niets waard en het jagen naar erkenning en succes kan uw leven volkomen verpesten. (...) Er zijn twee motieven van waaruit u moet schrijven: 1. geld 2. plezier in schrijven. Wilt u die rangorde omdraaien, mij best, wanneer uw heimelijke hoofdmotief maar NIET is: erkenning.’

Huber en Schmidt wienen it oer de wearde fan erkenning net iens en Diet hat har der ek wol drok om makke dat Annie net begripe woe hoe’t de situaasje yn Fryslân wie. It wie mei de Fryske literatuer lang sa maklik net as mei de Nederlânske. Huber jage net op dy manier as Schmidt bedoelde nei erkenning fan har eigen wurk, mar se woe erkenning foar de Fryske

1 Ut in fraachpetear yn it Friesch Dagblad 2004, letter sitearre troch Gerbrich van der Meer yn: ‘Diet Huber, in grut wurdkeunstneresse, ferstoarn’ Het Friesch Dagblad 10 oktober 2008.

Page 4: · Web viewSe stjoerde my har dan wolris wat fan har wurk ta en dan woe se dat ik der goed nei seach en sei wat ik derfan fûn. En dan woe se net heare fan ‘no, moai’, mar se woe

poëzij yn syn gehiel. Se wie lykwols al bliid mei positive reaksjes en dêroer sei se yn in ynterview út 2004 mei it Friesch Dagblad: ‘Erkenning is moai. Mar sels haw ik hérkenning it alderfijnste fûn. Ik haw sa’n soad reaksjes en brieven krigen fan grut en lyts. En sels no haw ik noch kontakt mei brieveskriuwers. Mei it antwurd dat ik yn al dy jierren fan de minsken krigen haw, bin ik dan ek hiel hiel lokkich.’ Yn 1982 krige se de ynternasjonale Padua-priis foar It Abee fan Baukje, dat yn 1980 ferskynd wie. Yn 1993 waard yn Ljouwert it saneamde Tuttefeest holden dêr’t Diet sels ek by wie. It wie in prachtich feest foar bern mei in echte tutte dy’t op de troan siet. It wie boartlik en hielendal yn de styl fan Diet Huber.

Dregere tiden

Yn de njoggentiger jierren rekke Diet Huber wat út har dwaan. De altyd sa fleurige frou waard wat swiersettich en nei har boek Meisjes trouwen toch (zei tante Dirkje) lei it skriuwen ek wat stil. Se rekke wat yn in depresje dêr’t se min wer útkomme koe. Se hat Jant van der Weg der gauris oer skreaun en belle. ‘Dan moast se efkes har aai kwyt. Wat it krekt west hat, wit ik net, dat wie wat psychysk. Se hat yn dy tiid in soarte fan kreative terapy folge mei klaai, mar skriuwe die se net mear sa bot as earst.’

Nei’t har man ferstoar waard it allegear noch dreger. Yn augustus 2008 koe it net langer thús en waard Diet Huber opnommen yn in ferpleechtehûs yn Amsterdam. It wie in lêste fase yn de fyftjin jier dat se yn in depresje siet. In hert- en harseninfakt koart nei elkoar hiene harren wjerslach op har sûnens. De wrâld waard hiel lyts troch har minne sicht. Fleur en laitsje skuorde har der úteinlik troch hinne. Sa’t se tsjin Berber van der Geest sei doe’t dy drege tiden hie: ‘Soms liket alles stil te stean, mar úteinlik silst der altyd wat úthelje en dan hast ynienen wer nije ynsichten en ideëen.’ Sa wie it ek mei har eigen drege tiden. Har fertriet ferwurke se yn in samling tragikomyske brieven yn deiboekfoarm oan de aaklike mejuffrou Angina Pectoris. De brieven binne net útjûn. Har lêste berneboek wie De sprookjesprins út 2002.

In libben lang boartlik

Diet is altyd in bytsje bern bleaun. It wienen ek har fantasij en boartlikheid dy’t minsken oanlutsen. Se wie neffens Jant van der Weg ek ympulsyf en tige spontaan. ‘As Diet der wie dan hoechdest neat te sizzen want sy prate wol.’ By boekemerken of útstallings troffen se mekoar wol, mar Diet wenne yn Amsterdam, dat se koe net gau ekes nei Fryslân ta. Faak belle se dan. Akky van der Veer hat har wol gauris op in sneintemoarn oan de tillefoan hân. ‘Diet belle sa ferskriklik lang, dan hiest gewoan in lamme hân! In oere wie niks. Ik betocht dan ek wol ferlechjes, fan ‘o der is ien by de doar, ik moat ophingje’. Dan wie it faak al twa oere foar’t wy útbelle wienen.’ Diet Huber wie altyd in opfallende ferskining. Se wie net benaud om oars te wêzen as oaren. Berber van der Geest moat wer gnize as se deroer fertelt. ‘Dan rûnen we tegearre yn Ljouwert om en ynienen begûn se te huppeljen en te sjongen fan ‘ik bin sa bliid!’ en dan skamme ik my wol wat, mar sy net. Sa wie Diet.’

Page 5: · Web viewSe stjoerde my har dan wolris wat fan har wurk ta en dan woe se dat ik der goed nei seach en sei wat ik derfan fûn. En dan woe se net heare fan ‘no, moai’, mar se woe

Petearen Berber van der Geest Akky van der Veer Jant van der Weg

Literatuer

Van der Meulen, D. & Soeting, M. Hoe schrijf ik een biografie? Augustus, Amsterdam, 2010

Huber, D. Rinske en de Stoomtram 1986 Huber, D. Nûmer alve 1988 Huber, D. Meisjes trouwen toch (zei tante Dirkje) 1993 Huber, D. ‘Fedde Schurer as ynspirator’ De Strikel 32 (1990): 46-48. Knipselmap Diet Huber Algemien Briefwikseling mei Akky van der Veer, Briefwikseling mei Fedde Schurer Briefwikseling mei Annie M.G. Schmidt

Online boarnen

De Groot, P. ‘In libben lang boartlik’. De Leeuwarder Courant 10 oktober 2008. Beskikber fia URL: http://www.archiefleeuwardercourant.nl/vw/article.do?id=LC-20081010-NO02002002&vw=org&lm=diet%2Chuber%2CLC

Van der Meer, G. ‘Diet Huber, in grut wurdkeunstneresse, ferstoarn’ Het Friesch Dagblad 10 oktober 2008. Beskikber fia URL: http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=41426

De Vries, G. Ynterview mei Diet Huber oer "Renske en de stoomtram" 1984. Harkfragmint beskikber fia URL: http://katalogus.tresoar.nl/DB=1/SET=2/TTL=91/SHW?FRST=100

Boekejûn. 1984 Harkfragmint beskikber fia URL: http://katalogus.tresoar.nl/DB=1/SET=2/TTL=91/SHW?FRST=99

Hillige geast. Petear oer skriuwen. 1983 Harkfragmint beskikber fia URL: http://katalogus.tresoar.nl/DB=1/SET=2/TTL=101/SHW?FRST=108

Tresoar: Algemiene ynformaasje oer Diet Huberhttp://www.tresoar.nl/mmtresoar/main/content_pagina_volledig_teaser_rechts.jsp?lang=nl&pagina=skr_huber_d

Fotomateriaal fan Tresoarhttp://83.136.195.36/cdm-tresoar/results.php?CISOOP1=all&CISOBOX1=Diet%20Huber%20&CISOFIELD1=CISOSEARCHALL&CISOOP2=exact&CISOBOX2=&CISOFIELD2=CISOSEARCHALL&CISOOP3=any&CISOBOX3=&CISOFIELD3=CISOSEARCHALL&CISOOP4=none&CISOBOX4=&CISOFIELD4=CISOSEARCHALL&CISOROOT=/TrLfrikon,/TrLRealia&t=a