Nijsblêd Kollumerlân Desimber 2010 Nijsblêd fan...

6
Ja, jimme sjogge it goed, Kollumerlân, Achtkarspelen, Provinsje en in projektûntwikkelder, binne dwaande mei plannen om te kommen ta wentebou yn it Paradyske tusken Kollum en Bûtenpost. Net samar wenten, nee it moatte saneamde ‘Ranch-woningen’ wurde en dat hâldt yn dat er wenten komme moatte foar minsken dy’t in hynder of hynders ha. Derby giet it net allinne om wenten, der moat fansels noch hiel wat by yn de foarm fan in stâl, romte foar foer en in ‘bak’ om yn te riden fansels. Dat freget romte en de útgongspunten binnen dat er foar eltse wente rûchwei ien hektare grûn nedich is. Yn ear- stens steane der 50 wenten yn it plan en mocht dat slagje dan kinne der letter noch ris 35 bykomme. Alles byinoar soe it gebiet tusken de Trekwei, garaazje Fennema oant de Lêste Stuver en sa nei Bûtenpost en dan fierders de W.H. van Heemstrawei, stik hinne fol bout wurde moatte. Net allinne mei wenten mar, as der belangstelling foar is, ek mienskiplike saken foar de hyndermannen en -froulju. Dit allegearre mei as doel om it tal ynwenners fan de gemeenten op peil te hâlden. Oars sein, de ’krimp’ opfange. Yn earsten bleau it allegearre wat stil, mar it hat bliken dien dat er ’achter de schermen’ al flink oan dizze plannen wurke is. Dat hat bli- ken dien út de ynformaasje dy’t nei bûten kaam is. Earst ynformaasje oan de riedsleden mar letter noch mear oan de bewenners fan it Paradyske yn it gemeentehûs yn Kollum. Dêr dy bliken dat dizze lêste groep minsken frijwol allegearre tsjin binne op dizze plannen. Se krije derby stipe fan de fraksjes fan de FNP út Kollumerlân en Achtkarspe- len. Yn in noflike gearwurking ha fertsjintwurdigers fan dy fraksjes in fytstochtsje troch it gebiet makke en mei-inoar kamen se ta de kon- klúzje dat dit unike lânskip net opoffere wurde mei foar it útfieren fan grutskalige wentebou yn it Paradyske. As jo de útlis fan de plannemakkers leauwe meie dan moatte der hiel wat âlde elzesingels ferdwine mar derfoar soene nije yn it plak komme. Mei natuerwearden wurdt fansels ek rekken hâlden, op papier dan. Wis is wol dat der nije wegen en paden oanlein wurde moatte om it gebiet te ûntslúten, minimaal wurdt der sein, de praktyk sil grif oars wurde. In fraach is fansels ek: is der belangstelling yn de hynstewrâld foar dit soarte wenten? Útgeande fan ien hektare romte foar ien wente mei bygebouwen dan mei der fan útgean wurde dat der foar san plakje dôchs gau in miljoen euro nedich is. Binne der safolle minsken dy’t dat jild der foar opbringe of wolle? De FNP set dêr hiel grutte fraachtekens by. In ‘doelgroepenonderzoek’ soe dêr in antwurd op jaan moatte. Wat de FNP oangiet is dit ûndersyk net nedich; dit alles oerhearskjende plan moat gewoan net útfierd wurde yn it Paradyske. Omwennenden binne tsjin en ek fan de man/frou yn ’e strjitte is noch net ien positive reaksje kaam. It Paradyske is foar in soad minsken in ‘hillich’ gebiet mei rêst en romte om te fytsen en te kuierjen. Ranch-Fryslân’ yn it Paradyske? Nijsblêd fan Kollumerlân c.a. Desimber 2010 Met Nederlandse inlegpagina Dy rêst en romte is foarby as der ’ranches’ komme, net dwaan dus, sykje der mar oare plakken foar. Wieger Rekker Broeksakkerich waar De partijen yn de gemeente- ried soenen mei-inoar yn ok- tober de wikselwurking sykje mei de ynwenners oer foarliz- zende besunigingen. Mar de amtenaren krigen it benauwd, it kolleezje makke harren baas oer de kolleezjepartijen en dy klauwden wer werom. Allinne de ChristenUnie stie der foar mei de FNP . In gemeenteried? In duale ge- meenteried? De gemeenteried bestiet net. Winterrêst oan de Sylster Ryd yn Kollum Noflike dagen tawinske om Kryst en Âld en Nij hinne mei dêrnei in sûn en goed 2011 Bestjoer en fraksje FNP_Kol- lumerlân c.a.

Transcript of Nijsblêd Kollumerlân Desimber 2010 Nijsblêd fan...

Page 1: Nijsblêd Kollumerlân Desimber 2010 Nijsblêd fan ...cms.fnp.frl/cms/bijlagen_fnpkollumerlan/201012... · 9294 MX Âldwâld 0653221951 Willem de Boer, skriuwer, Foarstrjitte 19/21,

Nijsblêd Kollumerlân Desimber 2010

Adressen Kollumerlân c.a.

FNP-fraksjeleden fan Achtkarspelen en Kollumerlân c.a. op ’e fyts troch it Paradyske. Fan lofts nei rjochts: Sjoerd Groenhof, Wieger Rekker, Johannes Samplonius, Tjibbe Brinkman en Yde van Kammen

Allinne leit it fêst-omsletten hûs;Himsels genôch; no yn in swider steat,Want dy’t de greide as syn sketten droechBinn’út har simmersk park nei ‘t hússtee keard.Út: ‘Boerehûs’ fan Obe Postma

Boerehûs ’it Paradyske’

De FNP freget EVA en ek ADAM mei klam net jitris fan de ferbeane appel út

it Paradyske te iten.

Alternatyf foar Ranch FryslânOp www. itparadyske.nl is te sjen dat ek al nei in alternatyf sjoen is. It adres is: It Paradyske, Trift 100, 36433 Moorgrund OT Gumpelstadt. De projektûntwikkelder besiket fia beurzen yn grutte stêden fan Amsterdam, Hamburg oant München rike skevels te ferlieden, mar dat in alternatyf as Fryslân harren dochs te fier fuort is.

Riedsleden:

Johannes SamploniusOostenstein 21 9291GS Kollum(0511) 45 27 82

Wieger RekkerVan Scheltingaleane 40,9291 ED Kollum(0511) 452910

Tineke Bosgraaf-De JongPhaesmawei 29291 NB Kollum(0511) 452222

Bestjoer:

Frâns Boersma, foarsitter,Hústernoard 6,9294 MX Âldwâld0653221951

Willem de Boer, skriuwer,Foarstrjitte 19/21,9291 MV Kollum(0511) 45 29 62

Jan H. van der Veen,lede-en sympatisantenadmi-nistrateurRibes 9,9294 KZ Âldwâld(0511) 45 33 48

Anke Smids, ponghâlder,Halbertsmastrjitte 58,9291GB Kollum(0511) 45 12 71

Bankrekken:29.60.74.098

Aafke Dijkstra-De Vries, lidDe Trieme 1c9296 MB De Trieme(0511)44 49 38

Web: [email protected]

Ja, jimme sjogge it goed, Kollumerlân, Achtkarspelen, Provinsje en in projektûntwikkelder, binne dwaande mei plannen om te kommen ta wentebou yn it Paradyske tusken Kollum en Bûtenpost. Net samar wenten, nee it moatte saneamde ‘Ranch-woningen’ wurde en dat hâldt yn dat er wenten komme moatte foar minsken dy’t in hynder of hynders ha. Derby giet it net allinne om wenten, der moat fansels noch hiel wat by yn de foarm fan in stâl, romte foar foer en in ‘bak’ om yn te riden fansels. Dat freget romte en de útgongspunten binnen dat er foar eltse wente rûchwei ien hektare grûn nedich is. Yn ear-stens steane der 50 wenten yn it plan en mocht dat slagje dan kinne der letter noch ris 35 bykomme. Alles byinoar soe it gebiet tusken de Trekwei, garaazje Fennema oant de Lêste Stuver en sa nei Bûtenpost en dan fierders de W.H. van Heemstrawei, stik hinne fol bout wurde moatte. Net allinne mei wenten mar, as der belangstelling foar is, ek mienskiplike saken foar de hyndermannen en -froulju. Dit allegearre mei as doel om it tal ynwenners fan de gemeenten op peil te hâlden. Oars sein, de ’krimp’ opfange.

Yn earsten bleau it allegearre wat stil, mar it hat bliken dien dat er ’achter de schermen’ al flink oan dizze plannen wurke is. Dat hat bli-ken dien út de ynformaasje dy’t nei bûten kaam is. Earst ynformaasje oan de riedsleden mar letter noch mear oan de bewenners fan it Paradyske yn it gemeentehûs yn Kollum. Dêr dy bliken dat dizze lêste groep minsken frijwol allegearre tsjin binne op dizze plannen. Se krije derby stipe fan de fraksjes fan de FNP út Kollumerlân en Achtkarspe-len. Yn in noflike gearwurking ha fertsjintwurdigers fan dy fraksjes in fytstochtsje troch it gebiet makke en mei-inoar kamen se ta de kon-klúzje dat dit unike lânskip net opoffere wurde mei foar it útfieren fan grutskalige wentebou yn it Paradyske.

As jo de útlis fan de plannemakkers leauwe meie dan moatte der hiel wat âlde elzesingels ferdwine mar derfoar soene nije yn it plak komme. Mei natuerwearden wurdt fansels ek rekken hâlden, op papier dan. Wis is wol dat der nije wegen en paden oanlein wurde moatte om it gebiet te ûntslúten, minimaal wurdt der sein, de praktyk sil grif oars wurde.

In fraach is fansels ek: is der belangstelling yn de hynstewrâld foar dit soarte wenten? Útgeande fan ien hektare romte foar ien wente mei bygebouwen dan mei der fan útgean wurde dat der foar san plakje dôchs gau in miljoen euro nedich is. Binne der safolle minsken dy’t dat jild der foar opbringe of wolle? De FNP set dêr hiel grutte fraachtekens by. In ‘doelgroepenonderzoek’ soe dêr in antwurd op jaan moatte. Wat de FNP oangiet is dit ûndersyk net nedich; dit alles oerhearskjende plan moat gewoan net útfierd wurde yn it Paradyske.

Omwennenden binne tsjin en ek fan de man/frou yn ’e strjitte is noch net ien positive reaksje kaam. It Paradyske is foar in soad minsken in ‘hillich’ gebiet mei rêst en romte om te fytsen en te kuierjen.

Ranch-Fryslân’ yn it Paradyske?

Nijsblêd fan Kollumerlân c.a.

Desimber 2010Met Nederlandse inlegpagina

Dy rêst en romte is foarby as der ’ranches’ komme, net dwaan dus, sykje der mar oare plakken foar.

Wieger Rekker

Broeksakkerich waarDe partijen yn de gemeente-ried soenen mei-inoar yn ok-tober de wikselwurking sykje mei de ynwenners oer foarliz-zende besunigingen. Mar de amtenaren krigen it benauwd, it kolleezje makke harren baas oer de kolleezjepartijen en dy klauwden wer werom.

Allinne de ChristenUnie stie der foar mei de FNP .

In gemeenteried? In duale ge-meenteried? De gemeenteried bestiet net.

Winterrêst oan de Sylster Ryd yn Kollum

Noflike dagen tawinske om Kryst en Âld en Nij hinne mei dêrnei in sûn en goed 2011

Bestjoer en fraksje FNP_Kol-lumerlân c.a.

Page 2: Nijsblêd Kollumerlân Desimber 2010 Nijsblêd fan ...cms.fnp.frl/cms/bijlagen_fnpkollumerlan/201012... · 9294 MX Âldwâld 0653221951 Willem de Boer, skriuwer, Foarstrjitte 19/21,

By de Âlde Lei, de útrinner fan de Dwersryd yn de rjochting fan de Soen-sterdyk. Op de eftergrûn de Easterboerewei. Hjir is in soarte fan ‘boer-sestoart’ te sjen. In smet tusken de fanwege de roalferkaveling opsmiten diken. Omdat dit grinzet oan de pleats op it ein fan de Loréwei sette immen fraachtekens by de grûnwurken dêr. Dy binne neffens ús gemeente lykwols neffens de regels en dêr geane ek wy fan út.

Nijsblêd Kollumerlân Desimber 2010

NIJS, of wat dêr foar troch gietIt hat der wol gauris oan, it nijs dat de krantelêzers oanbean wurdt. Alyksa de ferslaggen of beslutelisten fan de gemeenteried. Wat sein is yn de ried is no te belusterjen op de webside www.kollumerland.nl. Ûnder ‘Raadsinfor-matie’, moanne en jier kieze, ‘Ga’ en dan de gearkomstedatum oanklikke. Njonken de stikken binne de lûdsopnamen beskikber ( op it lûdsprekkerke klikke). It kolleezje hat ekstra jild opeaske om har eigen nijs te bringen yn parseberjochten. It liket der noch net op dat der ûnderskie is tusken foarnommen en fêststeld belied, mar wol dat de bestjoerders harren sels promoate: Foarside nijs ôfrûne wike: ‘College in Kollumerland gaat digitaal ‘ As jo it goed is, ha jo dit begrepen:’College kollumerland gaat met u aan de haal’

Nije stichting: winst of ferlies?

Begjin jierren santich begûn yn Kollumerlân in oare wyn te waai-en. Foar dy tiid wie it sa dat der yn ús gemeente fl ink opromming hâlden waard yn âlde gebouwen en dat der ek kwalik each wie foar it lânskip. It toppunt wie wol dat de feart troch Kollum tichtsmiten wurde soe. De provinsje hat dat doe noch keard. Yn ‘e tiid fan boargemaster Bekius gie it roer by de gemeente om. In grut part fan de Foarstrjitte en de Wallen fan Kollum waar-den doe oanmeld as beskerme doarpsgesicht. Boppedat waard yn 1973, mei folle ynstimming fan it gemeentebestjoer, in stichting oprjochte dy’t him ynsette woe foar behâld en restauraasje fan karakteristike âlde wenningen en ek foar behâld fan it karakteris-tike lânskip. By de ynstallaasje sei boargemaster Bekius sels dat de winsk om sa’n stichting yn it lib-ben te roppen al lang bestien hie by it gemeentebestjoer en ek by gemeentewurken.

Dy stichting hat sûnder mis goed wurk ferrjochte. Ferskate gebou-wen binne troch tadwaan fan de stichting behâlden en restaureard. Om ien foarbyld te neamen: de eardere waach oan de Westerdjip-swâl yn Kollum. Yn ‘e regel wie it sa dat de stichting in âld pân kocht, it restaurearje liet en dan wer ferkocht. Ien pân hat it sels yn besit hâlden: it ‘kontribúsje-hûske’ op ‘e âlde seedyk ûnder Kollumerpomp. As der in oanslach op it lânskip drige, kaam de stichting ek yn aksje. Letter waard foar de lâns-kipsbeskerming in aparte stichting oprjochte (Kollumerlandschap). Yn ‘e praktyk feroare der oars net folle, want beide stichtingen hie-nen ien en it selde bestjoer.

Mar no wurdt it ferhaal yngewik-keld. It gemeentebestjoer rjochte nammentlik nei ferrin fan tiid noch in tredde stichting op: de Monumenten Stichting Kollumer-

land. It kolleezje fan B & W foarme dêr sels it bestjoer fan. Oan dy stichting waarden acht monuminten oerdroegen: fi if tsjerketuorren en trije mûnen. It doel fan dy stichting wie eins neat oars as it behear en ûnderhâld fan dy acht monuminten. En it kin net oars sein wurde dat dy taak goed útfi erd is. Dat wie sa’t it liket foaral te tankjen oan de tsjinst gemeentewurken, dy’t yn ‘e praktyk ferantwurdlik wie foar de útfi ering fan de taken fan de Monumenten Stichting.In pear jier lyn kaam it kolleezje ta de konklúzje dat it better mar ôf koe fan syn eigen stichting. It idee wie dat der fan de trije ien makke wurde moast. Dat hat no úteinlik syn beslach krige. Yn novimber is nammentlik in fúzje fan de trije ta stân kaam. Der is no ien stichting opset mei as namme Stichting Erfgoed Kollumerland en Nieuwkruisland. Dy moat de taken fan de trije âlde stichtingen útfi ere. De gemeente jout in jierlikse bydrage en stelt in meiwurker fan gemeentewurken bes-kikber foar it jaan fan stipe oan de stichting, dêrby ek foar it opstellen fan de begrutting.Nei ferwachting sil de nije stichting de hannen aardich fol ha oan it behear fan al dy tsjerketuorren en mûnen. Sil de nije stichting him ek ynsette foar lânskipsbehâld? Dat is wol de bedoeling. It doel fan de stichting wurdt nammentlik sa omskreaun: “het instandhouden en beschermen van (bouwkundige) monumenten, beeldbepalende panden, waardevolle landschappelijke elementen en archeologische monumen-ten in de gemeente Kollumerland en Nieuwkruisland”. It is te hoopjen dat de nije stichting, dy’t fansels wol sterk bûn is oan de gemeente, him ek wat lânskipsbehâld oanbelanget aktyf opstelle sil. Der leit al in ‘testcase’ klear: it Paradyske.

Oebele Vries

De geande en kommende man: Johannes Samplonius en Frâns Boersma

In geande man …It wie dôchs wol efkes skrikken doe’t Johannes Samplonius de meidieling die dat er yngeande de jierwiksel in punt sette woe efter syn riedslidmaatskip. Mei syn fuortgean giet der in soart ûnderfi ning fuort. Dat net allinne, Johannes wie altyd dwaande mei saken út te plúzjen wêrtroch syn ynbring yn de ried faaks noch bet-ter ûnderbout wie. Yn syn meidie-ling oan de gemeenteried oer syn ûntslach bringt er as reden oan dat it persoanlike ôfweagingen binne dy’t him ta dit beslút brocht ha. Wy moatte dat respektearje en wy wolle dat ek respektearje. Tagelyk hâldt it yn dat Johan-nes fi erders belutsen bliuwt by it wurk fan de FNP yn de gemeente Kollumerlân. Hy bliuwt yn de stipefraksje, it bywurkjen fan de webstek en de fersoarging fan it nijsbled fan de FNP. Dêr binne we fansels wiis mei. Hy kin op dy wize syn ynbring leverjen bliuwe oan de miening fan de FNP yn Kollu-merlân c.a.Johannes, ek fanôf dit plak tank, fan Wieger en Tineke, foar de gearwurking yn it riedswurk de ôfrûne jierren.

… in kommende man Der giet ien fuort; dat hâldt yn dat der ek in nije komme moat. Dy man is Frâns Boersma, Hústerno-ard, Âldwâld, nûmer fjouwer op de list fan de riedsferkiezingen. Perfoarst gjin ûnbekende binnen de FNP Kollumerlân c.a. Hy is foar-sitter fan it bestjoer en binnen de stipefraksje lit hy syn miening ek regelmjittich hearre. Wat dat oan-giet al aardich yn it sâlt bebiten en goed op ’e hichte mei wat er yn de mienskip spilet. Hy stelt him efkes oan jim foar.

Wieger Rekker—-Ik bin 56 jier en yn myn deistich wurk bin ik lânmjitter by de ge-meente Achtkarspelen.Ik ha in pear doelen dy’t ik yn de rie foarmekoar krije wol:1. It miljeu. No de roalferkaveling west hat fyn ik dat it lânskip net fi erder oantaast wurde mei . Elts

sit no sa goed mooglik te plak, skaalfergrutting hat no plakfûn en dat moat genôch wêze. Benammen yn de wâldstreek bin ik net foar grut-tere persielen lân. Sa moat ús moaie Paradyske bygelyks net opoffere wurde foar in pear Dallas-eftige ranches mei grutte oprydleanen en hik-ken deromhinne. 2. Wurkgelegenheid. Dat wol net sizze dat we by de grutte doarpen net yn- en útbreidzje meie foar ús warbere ûndernimmers dy thús of oars út harren jaske groeie. Nee, der moat plak foar wêze, mar dan ynpas-send yn it lânskip troch bygelyks it oanplantsjen fan in brede beamsin-gel rûnom. 3. Mear omtinken foar ús jeugd. Der moat foar de jeugd mear te belibj-en wêze. Ûnderoare wol ik dat berikke troch yn ús gemeente it jeugd-wurk wer mear earmslach te jaan. Sa mooglik ek it stypjen fan staazje-plakken by ús lokale bedriuwen. Ik gean der de kommende 3 jier foar en mei help fan Wieger en Tineke bin ik oertsjûge dat it de kommende jierren goed gearwurkjen wêze sil yn de riedseal en derbûten.

Frâns Boersma

Brek my de bek net iepen,Sa skriuwde ús letterlik ien fan de hiel aktive frijwilligers fan Pleat-selike Belangen út ús doarpen. Yn dit gefal hie wethâlder Schaafstal wol foarse útspraken dien oer besúnigjen, mar op grûn fan ynfor-maasje dy’t net doogde. Ek oer de ynformaasje dy’t de riedsleden krigen wie folle op te merken; swier ûnder de mjitte. Tal fan moas-jes en amendeminten kinne wer ynlutsen; as it mis driget te gean komt it kolleezje mei essinsjele ynformaasje op de proppen. Mar dan hat in riedslid, ek in frijwilliger, al moai wat wurk efter de rêch en hat ûndertusken net op in ferantwurde wize syn miening foarmje kind.

FNP-Stipefraksje: 17 jannewaris, 7 februari, 28 februari, 21 maart, 11 aprilTiid: 19.30 oerePlak: efteryngong Gemeentehûs

Elts is altyd wolkom, ek sûnder ôfspraak!

Page 3: Nijsblêd Kollumerlân Desimber 2010 Nijsblêd fan ...cms.fnp.frl/cms/bijlagen_fnpkollumerlan/201012... · 9294 MX Âldwâld 0653221951 Willem de Boer, skriuwer, Foarstrjitte 19/21,

Nijsblêd Kollumerlân Desimber 2010Nederlandse inlegpagina

Ranch-Fryslân’ in het Paradyske?

Kollumerland, Achtkarspelen, Provincie en en projektontwikkelaar zijn bezig met plannen voor woningbouw in het Paradyske tussen Kollum en Buitenpost. Het moeten zogenaamde ‘Ranch-woningen’ voor mensen die paarden houden. Naast een woning moet er ruimte zijn voor stallen, voer en een bak natuurlijk. Dat vraagt ruimte, voor elke woning gemiddeld circa 1 hectare ofwel 10.000m2 Er komen eerst 50 woningen en als dat slaagt kunnen er nog eens 35 bijkomen. Alles bijelkaar genomen zou het gebied tussen de Trekwei, garage Fennema tot de Lêste Stuver, Bûtenpost, W.H. van Heemstrawei, grotendeels bebouwd moeten worden, ook voor collectieve zaken voor de paardenliefhebbers. Dit alles met het doel het inwonertal van de gemeenten op peil te houden. Anders gezegd, de ’krimp’ opvangen.Het bleef eerst wat stil, maar er is ’achter de schermen’ al flink aan de plannen gewerkt. De raadsleden en bewo-ners hebben onlangs informatie gekregen. Daarbij bleek dat de bewoners er bijna allemaal op tegen zijn.Ze worden daarin gesteund door de fracties van de FNP in Kollumerland en Achtkarspelen. In een gemoedelijke sa-menwerking hebben een aantal fractieleden een fietstocht door het gebied gemaakt en zijn tot de conclusie geko-men dat dit unieke landschap niet opgeofferd mag worden aan grootschalige woningbouw.

Als je de uitleg van de plannenmakers mag geloven dan moeten er heel wat oude elzensingels verdwijnen, maar daar zouden nieuwe voor in de plaats komen. Ook wordt op papier uiterard rekening gehouden met natuurwaar-den. Zeker is wel dat er nieuwe paden en wegen aangelegd moeten worden om het gebied te ontsluiten; dat is minimaal wordt gezegd, maar de praktijk zal vast een andere zijn. Een vraag ios natuurlijk ook of er in de paardenwereld belangstellin gis voor dit soort woningen. Er van uitgaande dat er gemiddeld een hectare nodig is voor een woning met bijgebouwen, dan zal voor zo’n plekje al gauw een miljoen nodig zijn. Zijn er zoveel mensen die dat er voor kunnen en willen neertellen? De FNP zet daar grote vraag-tekens bij. Een doelgroepenonderzoek zou daar een antwoord op moeten geven. Voor de FNP is dat onderzoek niet nodig; dit alles overheersnede plan moet gewoon niet uitgevoerd wordne in het Paradyske.Op twee belanghebbenden na zijn de bewoners tegen het plan en van de man/vrouw van de straat is nog niet een positieve reactie binnengekomen. ‘It Paradyske’ is voor veel mensen een ‘heilig’ gebied met rust en ruimte om te fietsnen en te wandelen. Het is gebeurd met die rust en ruimte als er ‘ranches’ komen, niet doen dus, zoek er maar andere plekken voor.

Wieger Rekker

Daar zakt m’n broek van afDe partijen in de gemeenteraad spraken af met elkaar in oktober de wisselwerking te zoeken met de inwoners over de voorliggende bezuigingen. Maar de amtenaren kregen het benauwd, het college gaf de collegepartijen orders en die krabbelden terug. Alleen de ChristenUnie stond er voor met de FNP. Een gemeenteraad? Een duale gemeente-raad? De gemeenteraad bestaat niet.

Nieuwe stichting: winst of verlies?In het begin van de jaren zeventig begon er in Kollumerland een andere wind te waaien. Voor die tijd werd er flink opruiming gehouden van oude gebouwen en ook was er nauwelijks oog voor het landschap. Het toppunt was wel dat het water door Kollum gedempt zou worden. De provincie heeft dat toen nog tegengehouden. In de tijd van Burgemeester Bekius ging het roer om. Een groot deel van de Voorstraat en de Wallen van Kollum werden toen aangemeld als bescherm dorpsgezicht. Bovendien werd in 1973, met volle instemming van het gemeentebestuur, een stichting opgericht die hem wilde inzetten voor het behoud en de restauratie van van karakteristieke woningen voor behoud van het karakteristieke landschap. Bij de installatie zei burgemeester Bekius zelfs dat de wens om zo’n stichting in het leven te roepen er al lang was bij het gemeentebestuur en ook bij gemeentewerken.

De stichting heeft zonder twijfel goed werk verricht. Diverse gebouwen zijn door toedoen van de stichting behou-den en gerestaureerd. Om een voorbeeld te noemen: de vroegere waag aan de Westerdiepswal in Kollum. Ge-woonlijk was het zo dat de stichting een oud pand kocht, het liet restaureren en dan weer verkocht. Eén pand is zelfs in eigendom gehouden: het ‘contributiehuisje’ op de oude zeedijk bij Kollumerpomp. Als er een aanslag op het landschap dreigde, dan kwam de stichting in actie. Later werd voor de landschapsbescherming een aparte stichting opgericht (Kollumerlandschap) In de praktijk veranderde er overigens niet veel, want beide stichtingen hadden het een en zelfde bestuur.

Maar nu wordt het verhaal ingewikkeld. Het gemeentebestuur richtte namelijk nog een derde stichting op: de Monumenten stichting Kollumerland. Het college van B&W vormde daarvan zelf het bestuur. Aan die stichting werden acht monumenten overgedragen: vijf kerktorens en drie molens. Het doel van die stichting was eigenlijk niet anders dan het beheer en onderhoud van die acht monumenten. Er kan niet anders gezegd worden dan dat die taak goed uitgevoerd is. Dat was naar het lijkt, vooral te danken aan de dienst gemeentewerken , die in de praktijk verantwoordelijk as voor de uitvoering van de taken van de Monumenten Stichting. Een paar jaar geleden kwam het college tot de conclusie dat het maar beter afstand kon doen van z’n eigen stichting. Dat is nu uiteindelijk gerealiseerd. In november is er namelijk een fusie van de drie tot stand gekomen. Er is nu Eén stichting met de naam Stichting Erfgoed Kollumerland en Nieuwkruisland. Die moet de taken van de drie stichtingen uitvoeren. De gemeente geeft een jaarlijkse bijdrage en stelt een medewerker van gemeentewerken beschikbaar om de stichting te ondersteunen, waarbij het opstellen van de begroting.

Page 4: Nijsblêd Kollumerlân Desimber 2010 Nijsblêd fan ...cms.fnp.frl/cms/bijlagen_fnpkollumerlan/201012... · 9294 MX Âldwâld 0653221951 Willem de Boer, skriuwer, Foarstrjitte 19/21,

Naar verwachting zal de nieuwe stichting de handen aardig vol hebben aan het beheer van al die kerktorens en molens. Zal de nieuwe stichting zich ook inzetten voor het landschapsbehoud? Dat is wel de bedoeling. Het doel van de stichting wordt namelijk zo omschreven: ‘ “het instandhouden en beschermen van (bouwkundige) monu-menten, beeldbepalende panden, waardevolle landschappelijke elementen en archeologische monumenten in de gemeente Kollumerland en Nieuwkruisland”.

Het is te hopen dat de nieuwe stichting, die natuurlijk wel sterk verbonden is met de gemeente, zich ook actief opstelt wat het behoud van het landschap betreft. Er ligt al een ‘testcase’ klaar: it Paradyske.

Oebele VriesNieuws, of wat daar voor door gaat.Er mankeert nogal eens wat aan het nieuws dat de krantenlezers aangeboden wordt. Dat geldt ook voor versla-gen/besluitenlijsten van de gemeenteraad. Wat er gezegd is, is nu te beluisteren op www.kollumerland.nl Onder ‘Raadsinformatie’, maand en jaar kiezen, ‘Ga’ en dan de vergaderdatum aanklikken. Naast de stukken zijn geluids-opnamen beschikbaar (op het luidsprekertje klikken) Het college heeft extra geld opgeëist om haar eigen nieuws te brengen in persberichten. Het lijkt er nog niet op dat onderscheid wordt gemaakt tussen voorgenomen en vastge-steld beleid, maar wel dat de bestuurders zichzelf promoten: Voorpaginanieuws van 8 december: ‘College in Kol-lumerland gaat digitaal ‘ Als het goed is hebt u dit begrepen: ’College Kollumerland gaat met u aan de haal’

De man die gaat ….Dat was toch wel even schrikken bij bestuur en fractie toen Johannes Samplonius met de mededeling kwam dat hij ingaande 2011 stopt met het raadslidmaatschap. Daarmee verdwijnt een ervaren raadslid die de belangen van de FNP, en de burgers van de gemeente, op een indrukwekkende wijze verzorgd heeft de afgelopen zeven jaar. Samplonius heeft een persoonlijke afweging gemaakt om te stoppen en die beslissing respecteert het bestuur en de andere leden van de fractie. Helemaal uit beeld verdwijnen is het gelukkig niet. Johannes heeft aangegeven dat hij volop blijft meedraaien in bestuurlijke zaken binnen de FNP en de schaduwfractie. Uiteraard zijn we daar zeer mee ingenomen. Mensen zijn te vervangen, Maar het blijft een gegeven dat de één wel meer gemist wordt dan de ander.

…de man die komtAls vervanger, of opvolger in het raadswerk, is nummer vier op de lijst de aangewezen persoon. Frans Boersma uit Oudwoude heeft inmiddels aangegeven dat hij de opengevallen plaats de komende jaren wil innemen. Frans is geen onbekende binnen de FNP Kollumerland c.a., momenteel is hij voorzitter van de gemeentelijke afdeling van de FNP. Daarnaast is hij een vaste bezoeker van de schaduwfractie en wat dat betreft dus niet geheel onbekend met de zaken die in Kollumerland spelen.

Frans Boersma (56) is werkzaam bij de gemeente Achtkarspelen als landmeter. Hij heeft een paar speerpunten waar hij zich in de komende periode sterk wil maken. Wieger Rekker

1. Het milieu. Nu de ruilverkaveling Kollumland is afgerond moet er geen verdere aantasting van het land-schap plaatsvinden middels nog meer schaalvergroting. Met name in het westelijke deel van de gemeente moet aandacht blijven voor elzensingels enz. die relatief kleine percelen omringen. Voor de plaatselijke bevolking, maar zeker ook voor de toeristen die het huidige landschap als bijzonder ervaren. Projecten als de ranchwoningen in het Paradyske, tussen Kollum en Buitenpost, passen daarom niet in het landschap. ‘’Geen Dallas-achtige ranches met grote oprijlanen en hekken om de woningen, dat past absoluut niet’’.2. Werkgelegenheid . Ruimte voor plaatselijke ondernemers in de grote dorpen van de gemeente en ruimte voor ondernemers die zich in Kollum willen vestigen. De mogelijkheden bekijken, ook voor leegstaande panden. Zo mogelijk aan het oog onttrekken door middel van bijvoorbeeld bomensingels.3. DeFriesetaal.MeeraandachtvoordeFriesetaal,nietalleenindedagelijkseomgang,maarookinofficielestukken richting burgers. Een goede stap in die richting zijn gratis cursussen Fries schrijven en praten in bijvoor-beeld de dorpshuizen in de gemeente. Via de FNP en de AFÛK zijn er verder voldoende mogelijkheden om een cursus Fries te volgen. ‘’Niet te bang zijn om er mee te beginnen, fouten die je in eerste instantie maakt zijn om ervan te leren. Zet daarom een eerste stap’’, aldus Frans Boersma. 4. Meer aandacht voor onze jeugd. Dat wil ik bereiken door het jeugdwerk in de gemeente meer ruimte te ge-ven. Er moet wat te beleven zijn. De jeugd is onze toekomst en het is ook de taak van de gemeente om ze ruimte te bieden waar ze in hun eigen omgeving bij kunnen praten en activiteiten kunnen ontwikkelen. Ruimte dus voor bijvoorbeeld plaatselijke muziekbandjes om te oefenen en optredens te verzorgen voor het eigen publiek. Dit alles in samenwerking met de jeugd, het jeugdwerk en bijvoorbeeld de verenigingen van dorpsbelangen en de horeca. ’Samen staan we sterk’ Ik ga er de komende drie jaar voor en in samenwerking met de FNP-raadsleden Wieger Rekker en Tineke Bosgraaf-de Jong zal de FNP op een positieve wijze blijven bijdragen aan het welzijn van de burgers van de gemeente Kol-lumerland c.a.

Frâns Boersma

Page 5: Nijsblêd Kollumerlân Desimber 2010 Nijsblêd fan ...cms.fnp.frl/cms/bijlagen_fnpkollumerlan/201012... · 9294 MX Âldwâld 0653221951 Willem de Boer, skriuwer, Foarstrjitte 19/21,

By de Âlde Lei, de útrinner fan de Dwersryd yn de rjochting fan de Soen-sterdyk. Op de eftergrûn de Easterboerewei. Hjir is in soarte fan ‘boer-sestoart’ te sjen. In smet tusken de fanwege de roalferkaveling opsmiten diken. Omdat dit grinzet oan de pleats op it ein fan de Loréwei sette immen fraachtekens by de grûnwurken dêr. Dy binne neffens ús gemeente lykwols neffens de regels en dêr geane ek wy fan út.

Nijsblêd Kollumerlân Desimber 2010

NIJS, of wat dêr foar troch gietIt hat der wol gauris oan, it nijs dat de krantelêzers oanbean wurdt. Alyksa de ferslaggen of beslutelisten fan de gemeenteried. Wat sein is yn de ried is no te belusterjen op de webside www.kollumerland.nl. Ûnder ‘Raadsinfor-matie’, moanne en jier kieze, ‘Ga’ en dan de gearkomstedatum oanklikke. Njonken de stikken binne de lûdsopnamen beskikber ( op it lûdsprekkerke klikke). It kolleezje hat ekstra jild opeaske om har eigen nijs te bringen yn parseberjochten. It liket der noch net op dat der ûnderskie is tusken foarnommen en fêststeld belied, mar wol dat de bestjoerders harren sels promoate: Foarside nijs ôfrûne wike: ‘College in Kollumerland gaat digitaal ‘ As jo it goed is, ha jo dit begrepen:’College kollumerland gaat met u aan de haal’

Nije stichting: winst of ferlies?

Begjin jierren santich begûn yn Kollumerlân in oare wyn te waai-en. Foar dy tiid wie it sa dat der yn ús gemeente fl ink opromming hâlden waard yn âlde gebouwen en dat der ek kwalik each wie foar it lânskip. It toppunt wie wol dat de feart troch Kollum tichtsmiten wurde soe. De provinsje hat dat doe noch keard. Yn ‘e tiid fan boargemaster Bekius gie it roer by de gemeente om. In grut part fan de Foarstrjitte en de Wallen fan Kollum waar-den doe oanmeld as beskerme doarpsgesicht. Boppedat waard yn 1973, mei folle ynstimming fan it gemeentebestjoer, in stichting oprjochte dy’t him ynsette woe foar behâld en restauraasje fan karakteristike âlde wenningen en ek foar behâld fan it karakteris-tike lânskip. By de ynstallaasje sei boargemaster Bekius sels dat de winsk om sa’n stichting yn it lib-ben te roppen al lang bestien hie by it gemeentebestjoer en ek by gemeentewurken.

Dy stichting hat sûnder mis goed wurk ferrjochte. Ferskate gebou-wen binne troch tadwaan fan de stichting behâlden en restaureard. Om ien foarbyld te neamen: de eardere waach oan de Westerdjip-swâl yn Kollum. Yn ‘e regel wie it sa dat de stichting in âld pân kocht, it restaurearje liet en dan wer ferkocht. Ien pân hat it sels yn besit hâlden: it ‘kontribúsje-hûske’ op ‘e âlde seedyk ûnder Kollumerpomp. As der in oanslach op it lânskip drige, kaam de stichting ek yn aksje. Letter waard foar de lâns-kipsbeskerming in aparte stichting oprjochte (Kollumerlandschap). Yn ‘e praktyk feroare der oars net folle, want beide stichtingen hie-nen ien en it selde bestjoer.

Mar no wurdt it ferhaal yngewik-keld. It gemeentebestjoer rjochte nammentlik nei ferrin fan tiid noch in tredde stichting op: de Monumenten Stichting Kollumer-

land. It kolleezje fan B & W foarme dêr sels it bestjoer fan. Oan dy stichting waarden acht monuminten oerdroegen: fi if tsjerketuorren en trije mûnen. It doel fan dy stichting wie eins neat oars as it behear en ûnderhâld fan dy acht monuminten. En it kin net oars sein wurde dat dy taak goed útfi erd is. Dat wie sa’t it liket foaral te tankjen oan de tsjinst gemeentewurken, dy’t yn ‘e praktyk ferantwurdlik wie foar de útfi ering fan de taken fan de Monumenten Stichting.In pear jier lyn kaam it kolleezje ta de konklúzje dat it better mar ôf koe fan syn eigen stichting. It idee wie dat der fan de trije ien makke wurde moast. Dat hat no úteinlik syn beslach krige. Yn novimber is nammentlik in fúzje fan de trije ta stân kaam. Der is no ien stichting opset mei as namme Stichting Erfgoed Kollumerland en Nieuwkruisland. Dy moat de taken fan de trije âlde stichtingen útfi ere. De gemeente jout in jierlikse bydrage en stelt in meiwurker fan gemeentewurken bes-kikber foar it jaan fan stipe oan de stichting, dêrby ek foar it opstellen fan de begrutting.Nei ferwachting sil de nije stichting de hannen aardich fol ha oan it behear fan al dy tsjerketuorren en mûnen. Sil de nije stichting him ek ynsette foar lânskipsbehâld? Dat is wol de bedoeling. It doel fan de stichting wurdt nammentlik sa omskreaun: “het instandhouden en beschermen van (bouwkundige) monumenten, beeldbepalende panden, waardevolle landschappelijke elementen en archeologische monumen-ten in de gemeente Kollumerland en Nieuwkruisland”. It is te hoopjen dat de nije stichting, dy’t fansels wol sterk bûn is oan de gemeente, him ek wat lânskipsbehâld oanbelanget aktyf opstelle sil. Der leit al in ‘testcase’ klear: it Paradyske.

Oebele Vries

De geande en kommende man: Johannes Samplonius en Frâns Boersma

In geande man …It wie dôchs wol efkes skrikken doe’t Johannes Samplonius de meidieling die dat er yngeande de jierwiksel in punt sette woe efter syn riedslidmaatskip. Mei syn fuortgean giet der in soart ûnderfi ning fuort. Dat net allinne, Johannes wie altyd dwaande mei saken út te plúzjen wêrtroch syn ynbring yn de ried faaks noch bet-ter ûnderbout wie. Yn syn meidie-ling oan de gemeenteried oer syn ûntslach bringt er as reden oan dat it persoanlike ôfweagingen binne dy’t him ta dit beslút brocht ha. Wy moatte dat respektearje en wy wolle dat ek respektearje. Tagelyk hâldt it yn dat Johan-nes fi erders belutsen bliuwt by it wurk fan de FNP yn de gemeente Kollumerlân. Hy bliuwt yn de stipefraksje, it bywurkjen fan de webstek en de fersoarging fan it nijsbled fan de FNP. Dêr binne we fansels wiis mei. Hy kin op dy wize syn ynbring leverjen bliuwe oan de miening fan de FNP yn Kollu-merlân c.a.Johannes, ek fanôf dit plak tank, fan Wieger en Tineke, foar de gearwurking yn it riedswurk de ôfrûne jierren.

… in kommende man Der giet ien fuort; dat hâldt yn dat der ek in nije komme moat. Dy man is Frâns Boersma, Hústerno-ard, Âldwâld, nûmer fjouwer op de list fan de riedsferkiezingen. Perfoarst gjin ûnbekende binnen de FNP Kollumerlân c.a. Hy is foar-sitter fan it bestjoer en binnen de stipefraksje lit hy syn miening ek regelmjittich hearre. Wat dat oan-giet al aardich yn it sâlt bebiten en goed op ’e hichte mei wat er yn de mienskip spilet. Hy stelt him efkes oan jim foar.

Wieger Rekker—-Ik bin 56 jier en yn myn deistich wurk bin ik lânmjitter by de ge-meente Achtkarspelen.Ik ha in pear doelen dy’t ik yn de rie foarmekoar krije wol:1. It miljeu. No de roalferkaveling west hat fyn ik dat it lânskip net fi erder oantaast wurde mei . Elts

sit no sa goed mooglik te plak, skaalfergrutting hat no plakfûn en dat moat genôch wêze. Benammen yn de wâldstreek bin ik net foar grut-tere persielen lân. Sa moat ús moaie Paradyske bygelyks net opoffere wurde foar in pear Dallas-eftige ranches mei grutte oprydleanen en hik-ken deromhinne. 2. Wurkgelegenheid. Dat wol net sizze dat we by de grutte doarpen net yn- en útbreidzje meie foar ús warbere ûndernimmers dy thús of oars út harren jaske groeie. Nee, der moat plak foar wêze, mar dan ynpas-send yn it lânskip troch bygelyks it oanplantsjen fan in brede beamsin-gel rûnom. 3. Mear omtinken foar ús jeugd. Der moat foar de jeugd mear te belibj-en wêze. Ûnderoare wol ik dat berikke troch yn ús gemeente it jeugd-wurk wer mear earmslach te jaan. Sa mooglik ek it stypjen fan staazje-plakken by ús lokale bedriuwen. Ik gean der de kommende 3 jier foar en mei help fan Wieger en Tineke bin ik oertsjûge dat it de kommende jierren goed gearwurkjen wêze sil yn de riedseal en derbûten.

Frâns Boersma

Brek my de bek net iepen,Sa skriuwde ús letterlik ien fan de hiel aktive frijwilligers fan Pleat-selike Belangen út ús doarpen. Yn dit gefal hie wethâlder Schaafstal wol foarse útspraken dien oer besúnigjen, mar op grûn fan ynfor-maasje dy’t net doogde. Ek oer de ynformaasje dy’t de riedsleden krigen wie folle op te merken; swier ûnder de mjitte. Tal fan moas-jes en amendeminten kinne wer ynlutsen; as it mis driget te gean komt it kolleezje mei essinsjele ynformaasje op de proppen. Mar dan hat in riedslid, ek in frijwilliger, al moai wat wurk efter de rêch en hat ûndertusken net op in ferantwurde wize syn miening foarmje kind.

FNP-Stipefraksje: 17 jannewaris, 7 februari, 28 februari, 21 maart, 11 aprilTiid: 19.30 oerePlak: efteryngong Gemeentehûs

Elts is altyd wolkom, ek sûnder ôfspraak!

Page 6: Nijsblêd Kollumerlân Desimber 2010 Nijsblêd fan ...cms.fnp.frl/cms/bijlagen_fnpkollumerlan/201012... · 9294 MX Âldwâld 0653221951 Willem de Boer, skriuwer, Foarstrjitte 19/21,