Koen Zondag - Tresoarimages.tresoar.nl › download › zondag-biblio.pdf · dr. Sikko de Jong, dr....

236
Koen Zondag Lange oanrin, koarte sprong Annotearre bibliografy oer it twatalich ûnderwiis yn Fryslân yn de jierren 1945-1970, mei in ynlieding Ljouwert : Cedin en Tresoar Desimber 2009

Transcript of Koen Zondag - Tresoarimages.tresoar.nl › download › zondag-biblio.pdf · dr. Sikko de Jong, dr....

  • Koen Zondag

    Lange oanrin, koarte sprong

    Annotearre bibliografy oer it twatalich ûnderwiis yn Fryslân yn de jierren 1945-1970, mei in ynlieding

    Ljouwert : Cedin en Tresoar Desimber 2009

  • 2

    Opdroegen oan Geart H. Vledder

  • Ynhâld Om te begjinnen ............................................................................................................ 5 Ynlieding ........................................................................................................................ 6 1. Oer fak en fiertaal ................................................................................................... 10 1.1 Ynlieding ............................................................................................................... 10 1.2 Tarieding (1945-1950) .......................................................................................... 12

    1.2.1 ‘Hoopje sûnder útsicht’ ................................................................................. 12 1.2.2 De konferinsjes fan 1946 ................................................................................ 13 1.2.3 De konferinsje fan 1948 ................................................................................. 14 1.2.4 De miening fan in ‘schoolopziener’ ............................................................... 14 1.2.5 Paedagogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy ....................................... 14 1.2.6 Kommisje leger ûnderwiis fan hjoed de dei ................................................... 16 1.2.7 Fryske Ûnderrjocht en Stúdzjekommisje ....................................................... 17 1.2.8 Ûndersyk ......................................................................................................... 18 1.2.9 Politike aspekten ............................................................................................. 19

    1.3 Earste omloop (1950-1959) ................................................................................... 20

    1.3.1 Pedagogysk-didaktyske útgongspunten .......................................................... 20 1.3.2 Ried fan de Fryske Beweging ......................................................................... 20 1.3.3 Kneppelfreed .................................................................................................. 21 1.3.4 Kommisje fan Trije ......................................................................................... 22 1.3.5 Kommisje Wesselings .................................................................................... 23 1.3.6 Forieniging De Fryske Skoalle ....................................................................... 23 1.3.7 Algemiene Fryske Ûnderrjocht Kommisje ..................................................... 24 1.3.8 Provinsjale Ûnderwiisried .............................................................................. 24 1.3.9 Advies Commissie gebruik Fries als voertaal in het onderwijs ...................... 24 1.3.10 De gemeente Smellingerlân as kasus ............................................................ 26 1.3.11 Ûnderwiisorganisaasjes ................................................................................ 27 1.3.12 Ûndersyk ....................................................................................................... 29 1.3.13 Politike aspekten ........................................................................................... 30

    1.4 Twadde omloop (1959-1970) ................................................................................ 32

    1.4.1 Paedagogysk Advysburo fan de Fryske Akademy ......................................... 32 1.4.2 Begelieding en foarljochting .......................................................................... 34 1.4.3 Pedagogysk-didaktyske útgongspunten .......................................................... 35 1.4.4 Realisearring yn de praktyk ............................................................................ 37 1.4.5 Oansluting beuker- en leger ûnderwiis ........................................................... 40 1.4.6 De taalkaart ..................................................................................................... 40 1.4.7 De konferinsje fan 1968 ................................................................................. 41 1.4.8 Stavering ......................................................................................................... 42 1.4.9 Ûndersyk ......................................................................................................... 42 1.4.10 Politike aspekten ........................................................................................... 42

    2. Ark by de rûs ........................................................................................................... 44 2.1 Ynlieding ............................................................................................................... 44 2.2. Learmiddels foar it Frysk as fak ........................................................................... 44

  • 4

    2.3. Lêsmetoaden foar de twatalige skoallen .............................................................. 45 2.3.1 De metoade fan W.L. Zylstra ......................................................................... 46 2.3.2 De metoade fan A.L.J. Wytzes ....................................................................... 46 2.3.3 In nije lêsmetoade ........................................................................................... 46 2.3.4 Fuortset lêsûnderwiis ...................................................................................... 47

    2.4. Taalmetoaden ....................................................................................................... 47 3. Nei spried en tal ....................................................................................................... 49 3.1 Ynlieding ............................................................................................................... 49 3.2. Frysk nei skoaltiid ................................................................................................ 49 3.3 Skoallen Frysk as fak ............................................................................................ 49 3.4 De proefskoallen en de twatalige skoallen ............................................................ 50 3.5 Oanfoljende ynformaasje ...................................................................................... 57 3.6 Ynterpretaasje ........................................................................................................ 72

    4. Leare en byleare ...................................................................................................... 73 4.1 Ynlieding ................................................................................................................. 73 4.2 Opliedingsskoallen foar beukerliedsters ............................................................... 73

    4.2.1 De taal ............................................................................................................. 73 4.2.2 Gemeentlike opliedingsskoalle yn Ljouwert .................................................. 73 4.2.3 Kristlike opliedingsskoallen yn Ljouwert ....................................................... 74 4.2.4 Gemeentlike opliedingsskoalle yn Drachten .................................................. 75 4.3 Diploma Frysk foar Beukerliedsters .................................................................. 75

    4.4 De kweekskoallen .................................................................................................. 75 4.4.1 De rykskweekskoallen om 1950 hinne ........................................................... 76 4.4.2 De kristlike kweekskoallen om 1950 hinne .................................................... 76 4.4.3. Om 1958 hinne .............................................................................................. 77 4.4.4. Nei 1958 ........................................................................................................ 77

    4.5 Fryske Akte ........................................................................................................... 78 5. Persoanen ................................................................................................................. 80 6. Ta beslút ................................................................................................................... 90 7. Bibliografy ................................................................................................................ 94

  • 5

    Om te begjinnen Om 1960 hinne wiisde immen my op de Catalogus der Friesche taal en letterkunde en overige Friesche geschriften (1941), gearstald troch M.K. Scholten, meiwurker oan de ‘Provincicale Bibliotheek van Friesland.’ Dat boek, 860 siden ynklusyf in wiidweidich register, wie in ‘Fundgrube’ foar elk dy’t wat witte woe oer de literatuer oangeande Fryslân en it Frysk oan 1940 ta. No’t it bestân fan ‘ús’ biblioteek digitalisearre is, hoecht men de ‘Scholtens-catalogus’ net mear te rieplachtsjen, mar sa no en dan sjoch ik de prachtich opmakke en sette bledsiden noch foar my. Mei troch it wurk fan Marten Koopsz. Scholten ha ik niget krigen oan bibliografyen. Sûnt myn beneaming as meiwurker fan it PAB (1969) ha ik artikels en knipsels oer twatalich ûnderwiis sammele. Doe’t oaren, benammen Krine Boelens, Geart H. Vledder en Geale de Vries, dat fernamen ha se my by it oprêden fan har papieren geregeldwei wat taskikt. Ik bin harren o sa tankber. Nei myn pensjonearring yn 1999 foel it beslút om wat mei myn samling te dwaan. Der folge in syktocht yn boeken, brosjueres, deiblêden en tydskriften. Op ’t lêst hie ik hûnderten titels. In titel seit yn party gefallen net safolle oer de ynhâld. Dat der folge in nije stap. Ûnder de titels kaam in annotaasje en nei oerlis mei Tresoar waard, wêr mooglik, de sinjatuer taheakke; de sinjatuer, in kombinaasje fan sifers en letters, jout oan wêr’t in boek yn in biblioteek te finen is. Titels en annotaasjes litte gjin ferbân en ûntjouwing sjen. Dêrfandinne dat der in ynlieding yn de foarm fan in trochrinnend ferhaal skreaun is; eintsjebeslút waard de titel Lange oanrin, koarte sprong mei as ûndertitel ‘Annotearre bibliografy oer it twatalich ûnderwiis yn Fryslân yn de jierren 1945-1970, mei in ynlieding.’ De titel betsjut dat it in soad ynspanning kostet om eat realisearje te kinnen, mar dat it resultaat faak minder is as hope en ferwachte. Dy wurden binne ûntliend oan it yn 1998 ferskynde boekje Waar het oosten ophoudt, begint het westen : aforismen (Pb 31961) fan de filosoof Cornelis Verhoeven (1928-2001). Hy skreau: ‘De aanloop is altijd groter dan de sprong.’ . Der binne minsken dy’t holpen hawwe by it ta stân kommen fan dit ‘boek’. Myn tank giet yn it foarste plak út nei de meiwurkers fan Tresoar; Lysbert Bonnema en Binne Reitsma hawwe my hiel wat kearen holpen, ek de balymeiwurkers komt in wurd fan wurdearring ta. Se wienen altyd ree om mei te sykjen. Mei troch de ynspannings fan drs. Jelle Krol koe dit wurk by Tresoar as pdf-útjefte ferskine; hy wie ree de lêste korreksje op ’e noed te nimmen. De flaters dy’t der noch ynsitte moatte net oan him mar oan my taskreaun wurde. De meilêzers, dr. Sikko de Jong, dr. R.W.Valk en dr. J.M. Wijnstra, leveren kommentaar en joegen nuttige suggestjes. De lêste naam boppedat de earste korreksje foar syn rekken; dêr is it, om it op syn Frysk te sizzen, net minder fan wurden. Der wie noch in meilêzer: Geart H. Vledder, de twadde direkteur fan it PAB. Hy ferfolle dy funksje fan 1965 oant de oergong nei it MSÛ yn 1976. Ik ha it foarrjocht hân om ûnder en mei Geart Vledder te wurkjen. As tank en wurdearring foar him draach ik Lange oanrin, koarte sprong oan him op. Nettsjinsteande alle speurwurk sille der publikaasjes misse. As ek oare deiblêden digitalisearre binne, sil der sûnder mis noch mear foar it ljocht komme. Ik ha sa goed mooglik socht, mar ek foar de gearstaller fan it bibliografy jilde, frij ynterpretearre de wurken fan de apostel Paulus út I Korintiërs 18:8: ‘Kennisse it hâldt in kear op.’ Troch oanfollings en korreksjes sil der yn de rin fan de tiid in noch bettere bibliografy ûntstean kinne. Koen Zondag, wintermoanne 2009

  • 6

    Ynlieding Yn de titel is oanjûn dat de bibliografy de perioade 1945-1970 beslacht. Wêrom dy periodisearring? Nei’t yn 1937 troch de Wet Slotemaker de Bruïne yn it leger ûnderwiis wat romte kommen wie foar streektalen yn libben gebrûk, namen moai wat skoallen it beslút om omtinken te jaan oan it Frysk. Troch de Twadde Wrâldoarloch stûke de ûntjouwing; nei 1945 waard mei ynmoed fierder wurke oan in better plak foar it Frysk op skoalle. Yn 1945 begûn in nije perioade, dêrfandinne de kar foar dat jier. Yn de jierren fyftich en sechtich fan de foarige ieu krige it twatalich ûnderwiis de fuotten ûnder it gat, nei ferrin fan tiid kamen der lykwols skuorren yn it systeem: in tal skoallen waard fan twa- wer ientalich. De oanrin hie lang west, de sprong aardich koarter. Om 1970 hinne waard praat oer de yntegraasje fan it beuker- en it leger ûnderwiis, de earste útstjoerings fan de Fryske skoalradio begûnen en it like der op dat de al jierrenlang bepleite ynfiering fan it Frysk as ferplichte fak kâns fan slagjen hie. Ien en oar betsjutte it begjin fan in nije perioade. It jier 1970 kin as in sesuer beskôge wurde. Nêst dy formele arguminten spilet it persoanlik aspekt mei. Nei myn beneaming oan it PAB waard ik fan taskôger meispiler; by de funksje hearde ek it skriuwen en publisearjen fan stikken oer twataligens en twatalich ûnderwiis yn en bûten Fryslân. Op grûn fan boppeneamde arguminten is de bibliografy ôfsletten yn 1970. Letter ferskynde artikels mei relevante ynformaasje oer dy perioade, binne as oanfolling opnommen by de yn de bibliografy neamde publikaasjes. Opset Lange oanrin, koarte sprong begjint mei in trochrinnend ferhaal oer de keazen jierren. Noaten binne safolle mooglik mijd, de boarnen dy’t oan ’e oarder komme, binne allegearre neamd yn de bibliografy. De taljochting telt seis haadstikken. It earste giet oer de ûntjouwing fan it Frysk as fak en fiertaal, it twadde oer de learmiddels, it tredde oer it tal twatalige skoallen, hoefolle hawwe der west en wêr dienen har swierrichheden foar? Yn it fjirde komme de opliedingsskoallen en de diploma’s en akten foar it Frysk oan bar. It fyfte haadstik giet oer in ‘wolk fan tsjûgen,’ persoanen dy’t fan belang west hawwe foar de ûntjouwing fan it twatalich ûnderwiis. Yn in ‘Ta beslút’ wurdt koart reflektearre op de feiten en mienings. Dêrnei folget de bibliografy. Hjir in pear oanwizings foar it rieplachtsjen dêrfan. De bibliografy is gronologysk fan opset; binnen in jier binne de auteurs alfabetysk neamd. Mear as ien kear wie in artikel net ûndertekene, bygelyks de haadartikels yn it Friesch Dagblad. Men kin fan tinken wol hawwe dat Hendrik Algra de auteur wie; yn sa’n gefal is de namme tusken kante heakken pleatst. Wêr’t de auteur mei in ôfkoarting ûndertekene, is dy namme, tusken kante heakken, folslein werjûn. Oaren ûndertekenen mei in pseudonym, wêr’t it slagge om de echte namme te efterheljen, is dy efter de skûlnamme set. Der binne yn elk jier trije skiften: A. Boeken, bondels en monografyen B. Publikaasjes yn tydskriften C. Publikaasjes yn deiblêden Nei’t de boarne neamd is, folget wêr mooglik yn in tekstfak de sinjatuer fan Tresoar. Dan folgje - ynspringend - eventuele ferwizings. Nei in wytrigel folget yn in lytsere letter in annotaasje. Hjir en dêr is oanfoljende ynformaasje jûn; dy folget nei in wytrigel yn deselde lettergrutte as de annotaasje.

  • 7

    De artikels waarden soms yn mear as ien tydskrift pleatst of nei publikaasje troch in oare periodyk oernommen. Sa’n artikel wurdt mar ien kear neamd. Guon artikels ferskynden yn in rubryk. Yn sa’n gefal is it artikel tusken inkelde oanhellingstekens pleatst, de rubryk tusken dûbele. Ferslaggen fan lêzings en gearkomsten binne meastentiids net ûndertekene. Se binne dêrom opnommen ûnder de namme fan de ynlieder . By it rieplachtsjen fan de bibliografy moat der rekken mei hâlden wurde dat de sitaten yn in eardere stavering steane. Dêrom moat bygelyks net allinne nei ferplichting, mar ek nei forplichting socht wurde. De yn de bibliografy neamde artikels binne oan Tresoar ôfstien. Se binne dêr te rieplachtsjen. De neamde boeken en brosjueres binne allegearre op Tresoar yn te sjen. Ta beslút in tal begripen dy’t frekwint yn de bibliografy neamd binne. Mei help dêrfan is it sykjen ienfâldiger. akte begelieding - bigelieding dialekt diploma fak ferplichting - forplichting fiertaal konferinsje kweekskoallen lêsrak metoaden opliedingsskoallen PAB proefskoallen skoalradio standertfrysk wet(swiziging) ynspeksje

  • 8

    Ôfkoartings Yn de bibliografy komme de nammen fan guon organisaasjes, politike partijen, tydskriften en kranten moai wat kearen foar. Se binne mei ôfkoartings oantsjut. Yn de tekst binne dy kursyf werjûn. Yn titels wurde nammen folút brûkt. List fan ôfkoartings fan organisaasjes en politike partijen AFÛK Algemiene Fryske Ûnderrjocht Kommisje APS Algemeen Pedagogisch Studiecentrum ARP Anti-Revolutionaire Partij AS Âld Selskip, Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse. Selskip 1844 AVC Adviescommissie gebruik Friese taal bij het lager onderwijs BOU Boun fan Fryske Selskippen bûten Fryslân (Boun om Utens) CPN Communistische Partij van Nederland GCO/MSU Gemeenschappelijk Centrum voor Onderwijsbegeleidingsdiensten / Mienskiplik Sintrum foar Ûnderwiisbegeliedingstsjinsten CHU Christelijk-historische Unie CPS Christelijk Pedagogisch Studiecentrum FNJ Frysk Nasjonale Jongerein FSS Feriening De Fryske Skoalle FÛSK Fryske Ûnderrjocht en Stúdzjekommisje GWF Geakundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy JFM Jongfryske Mienskip KFS Kristlik Frysk Selskip FKR Fryske Kultuerried KOV Katholieke Onderwijzersvereniging KVP Katholieke Volkspartij LÛ Leger Ûnderwiis (akte LÛ) NOV Nederlandse Onderwijzersvereniging PAB Paedagogysk Advysbureau fan de Fryske Akademy PCOV Protestants-christelijke Onderwijzers Vereniging PvdA Partij van de Arbeid PÛR Provinsiale (Provinsjale) Ûnderwiisried PWF P(a)edagogysk Wurkforbân fan de Fryske Akademy RFB Roomsk Frysk Boun RIEDFB Ried fan de Fryske Biweging (Beweging) SBFF Striidboun Fryslân Frij VVD Volkspartij voor Vrijheid en Democratie List fan ôfkoartings fan tydskriften en kranten AMB It Ambyld BKN It Beaken FD Friesch Dagblad FK Friese Koerier (fan 16-4-1945 oant 23-5-1952 Heerenveens(ch)e Koerier) FKCT Franeker Courant FRF For Roomsk Fryslân FRFR Frysk en Frij HK Heerenveens(ch)e Koerier (foargonger Friese Koerier)

  • 9

    HKI Het Kind IHL It Heitelân JM Je Maintiendrai KLF De Katholike Fries LC Leeuwarder Courant (fan 1-1-1947 ôf) LF Lyts Frisia LK Leeuwarder Koerier (fan 16-4-1945 oant 31-12-1946, foargonger LC) NFR Nieuw Friesland OEB Ons Eigen Blad OO Onderwijs en Opvoeding OVC Onze Vacatures PBL De Pompeblê(d)den PS P(a)edagogische Studiën SBL Het Schoolblad SKN Snitser Krite Nijs STIM Stim fan Fryslân STM De Stiennen Man STR De Strikel ÚW Ús Wurk WS Wy Sels

  • 10

    1. Oer fak en fiertaal 1.1 Ynlieding Nei de Twadde Wrâldoarloch hope elkenien, sa’t dat yn it motto fan it earste kabinet oanjûn wie, op ‘Herstel en vernieuwing’. Yn partijpolitike sin is dêr doe it measte net fan telâne kommen, mar yn kultureel-maatskiplik opsicht feroare der wol it ien en oar, it stribjen nei fernijing fan it ûnderwiis mei as foarbyld tsjinje. De organisatoaren fan de earste konferinsje oer twatalich ûnderwiis (1946) behellen it aspekt fan de fernijing mei klam yn har opset. In oar aspekt fan de fernijing wie de winsk ta desintralisaasje. Yn rapporten en op gearkomsten waard dêr foar pleite. De minsken dy’t har soargen makken oer de wurkgelegenheid of in ferûnderstelde oanfal troch de Sovjet-Uny hienen gjin ferlet fan de rapporten oer winsklik achte steatkundige feroarings. Hja ferlieten ús lân, se setten by tûzenen ôf. J.D. Wildeboer beskreau dat ferskynsel yn Friesland verliest zijn kinderen: sociografische aspecten van de Friese emigratie (1954). Doe’t de meganisaasje yn de lânbou hieltyd mear trochsette en it molkfabryk sletten waard, wienen in hiel soad minsken twongen om bûten Fryslân wurk te sykjen. It ûnderwiis ûnderfûn de gefolgen dêrfan: de fjouwermansskoalle waard in twamansskoalle. Om 1965 hinne naam de wolfeart ta. De minsken koenen har finansjeel folle mear permittearje. Ien fan de ferskynsels wie it forinsisme. Minsken út de (râne)stêd setten har ta wenjen op it Fryske plattelân. Dêrmei feroare de taalkaart; nêst jo wennen ynienen Hollânsktalige buorlju, se praten in taal mei folle mear macht en status en har taal waard gauris de noarm. Yn it ferline koenen guon bern, as hja op ’e legere skoalle kamen, gjin wurd Hollânsk, mar troch de feroare taalkaart en net te ferjitten de televyzje – de útstjoerings begûnen yn 1957 - feroare dat. As hja op ’e beukerskoalle kamen hienen hja de twadde taal (passyf) al aardich yn ’e macht. De útkomst fan dat proses wie te merkbiten op de skoalpleinen. Om 1980 hinne hearde men dêr al moai wat Hollânsk, tsien jier letter wie dy taal op in hiel soad plakken de omgongstaal. It Hollânsk waard hieltyd mear de noarm. Troch de gruttere ynfloed fan it Hollânsk namen de ynterferinsjes ta. Foarhinne kamen de ynslûpsels ien foar ien, no falle se as parasjutisten op ús del. Earder wienen de ynterferinsjes beheind ta it leksikale nivo, no binne de feroarings ek op fonologysk, morfologysk en syntaktysk nivo. De ferplichting fan it Frysk as fak soe dy teloargong opkeare moatte, mar it wie, sa die bliken, Sisyphus-wurk. Wa’t de skiednis fan it twatalich ûnderwiis yn Fryslân bestudearret, sjocht dat it al as net ynfieren fan dy foarm fan ûnderwiis fierhinne beskaat is troch de faak by de Fryske beweging oansletten haden fan skoallen. Master sloech, ek hjir, foar master op. Dy situaasje is folslein feroare. De Fryske beweging libbet amper mear, it tal learkrêften dat it Frysk út in yntrinsike motivaasje wei ûnderwiist is lyts. Boppedat is de ynfoed fan de ûnderwiisminsken lytser as yn it ferline. Hja wenje yn in soad gefallen net mear yn it doarp en men kin jin ôffreegje hoefolle skoallen noch in wêzentlike rol spylje yn it kulturele en ferieningslibben fan it doarp. Ek ûnderwiisynhâldlik feroare der gâns. Der kamen útstellen om beuker- en leger ûnderwiis te yntegrearjen ta ien skoalle. Bestjoer en direksje fan it yn 1959 oprjochte PAB spilen dêrop yn mei it plan ‘Fleksibel Ûnderwiis’ (1969-1970). Nêst de foarstiene fleksibilisearring fan it ûnderwiis late it plan hjir en dêr ta it wurkjen mei twa taalgroepen yn ien klasse, in Frysktalige en in Hollânske groep (sjoch yn Lange oanrin, koarte sprong, haadstik 3, ‘Nei spried en tal’ de opmerkings by de iepenbiere skoalle fan Warkum). Mei help fan begeliedingstsjinsten krige de yntegraasje syn plak, mar dêrmei wie it net dien. Der folgen

  • 11

    noch mear feroarings, bygelyks it ûntwikkeljen fan in skoallewurkplan, it ynfieren fan learlingfolchsystemen en funksjonearrings- en beoardielingspetearen. In haad fan in skoalle is net mear de ‘primus inter pares’ mar in manager dy’t in skoalle ‘runt.’ De skoalle befynt him net op in feilich pedagogysk eilân, mar hat te krijen mei de kulturele ebbe en floed. De feroarings yn de kultuer en de maatskippij bliuwe net foar de skoaldoarren stean. Nei’t ‘The Beatles’ yn 1965 har súksesnûmer ‘Yesterday’ songen en studinten yn Parys yn 1968 it de fêstige maatskippij bysûnder lestich makke hienen, waard in yngripend, kaskadysk ferrinnend, feroaringsproses ynset. It ‘skoalhûs’ ûntkaam net oan de feroarings. It egalitarisme krige de boppetoan, master hiet ynienen Jan, de strik gong ôf en elk rûn yn in spikerbroek. Dat wienen ferskynsels oan de oerflakte. Slimmer wie dat de skoallen, ek al formulearren hja in missy, eins mei de hannen yn it hier sieten as frege waard wêr’t in skoalle foar bedoeld wie. Yn 1958 skeau dr. F. Boerwinkel yn it ûnderwiisnûmer fan Wending it artikel ‘Opvoeding en onderwijs – in welk perspectief?’ Dy fraach is noch altyd aktueel, ek foar it Frysk op skoalle. Tarieding en omlopen Om de boppeneamde ferskynsels (foar in part bûten de beskreaune perioade) goed beskriuwe te kinnen is der ferlet fan in ramt. Dat waard fûn yn Piet Hemminga syn dissertaasje (2000) Het beleid inzake unieke regionale talen (Ljouwert : FA). Hy besprekt trije modellen: it barriêremodel, it streamemodel en it ‘rondenmodel’. Dat lêste model sjocht beliedsfoarming ‘als een door diverse actoren genomen reeks van beslissingen’ (s. 69). Belied komt ta stân troch de ynteraksje fan ferskate aktoaren dy’t ‘bovendien uiteenlopende rollen in verschillende ronden en verschillende beleidsarena’s kunnen spelen’ (s. 69). Om de doelen te berikken foarmje de foarstanners pleitkoalysjes; de tsjinstanners dogge dat ek. Hemminga makket in ferliking mei it keatsen. By dy sport sjocht men in ferskaat oan aktoaren: yndividuele spilers dy’t mei oaren in partoer foarmje, bestjoeren en in haadbestjoer, ferienings, skiedsrjochters en net te ferjitten it publyk. Ek it materiaal is fan belang. Om oan de ein fan de partij in kening oanwize te kinnen binne ‘ûndersikers’ dwaande om de spilers punten te jaan. Wa’t foar de earste kear in keatspartij folget, freget him ôf wat der allegearre bart. It liket oft de spilers fan ferskate partoeren mar wat trochelkoar rinne, sa no en dan hâlde guon spilers efkes op om in beslissende slach fan oaren te folgjen en it oars sa drok pratende publyk is dan sa stil as in mûs. It is in bjusterbaarlik spul. By it keatsen kin men, lykas by tennis, net sizze hoelang’t in partij duorje sil. It ferskil yn nivo fan de beide partoeren, de stipe fan de taskôgers (of it ûntbrekken dêrfan), mar sa no en dan ek de geloksfaktor (it iene partoer hellet by in likense stân hast altyd it beslissende punt en it oare hast net) bepale hoelang’t in wedstriid duorret. Men hat it net oer ‘ronden’ mar oer omlopen, in moai begryp om it twatalich ûnderwiis yn de jierren 1945-1970 yn te dielen. Mar foardat in wedstriid begjint, moat der fan alles dien wurde: it oanskriuwen fan de media, it berêden fan it terrein, it útsetten fan de linen en it lotsjen. 1. De tarieding: 1 april 1945 oant 1 april 1950: de linen wurde útset, de proefskoallen begjinne 1 april 1950. 2. De earste omloop rint fan 1 april 1950 oant augustus 1959: de faze fan it opsetten fan it twatalich ûnderwiis, einigjend mei it oprjochtsjen fan it Paedagogysk Advysbureau. 3. De twadde omloop rint fan 1 augustus 1959 oant en mei desimber 1970: de faze fan it útwreidzjen fan it twatalich ûnderwiis, mar ek dy fan de tûkelteammen en it begjin fan nije wegen.

  • 12

    Der wurdt neigien hokker aktoaren dwaande wienen om it Frysk yn it ûnderwiis te befoarderjen. Wa die wat? Hokker beslissings waarden nommen? Wa wienen de foarstanners en wa de tsjinstanners? It giet om politike doelen en beslútfoarming, bygelyks wetjouwing. Der wurdt omtinken jûn oan it wurk fan ynstitúsjes en organisaasjes. Hoe besochten dy in ramt foar it twatalich ûnderwiis te meitsjen? Wat wienen de doelen en ynhâld fan it twatalich ûnderwiis en mei hokker learmiddels waard besocht dy doelen te berikken? Wat waard dien om it resultaat fan dy nije ûnderwiisfoarm sa objektyf mooglik fêst te stellen? 1.2 De tarieding (1945-1950) Yn dit part wurdt beskreaun hoe’t nei 1945 de linen foar twatalich ûnderwiis útset waarden. It giet oer brosjueres en rapporten, konferinsjes en lûden út it fjild. 1.2.1 ‘Hoopje sûnder útsicht’ Nei’t der yn 1937 wat romte kommen wie foar it Frysk yn it ûnderwiis hopen de foarstanners fan it Frysk yn it ûnderwiis op in fierdere útwreiding, mar de Twadde Wrâldoarloch makke dat ûnmooglik. ‘Hoopje sûnder útsicht is hertsearich,’ stiet yn it boek Spreuken. Dat gou ek hjir, mar it wie wol in oantrún om plannen te meitsjen foar nei de befrijing. Der waard troch minsken, dy’t foar dy tiid yn fierhinne ferpyldere organisaasjes wurken, mienskiplik neitocht oer de te presintearjen doelen en winsken. Nei de befrijing publisearren ‘de foaroanmannen fen ’e Fryske biweging’ de troch har ûntwikkele Rapporten Fryske Biweging 1940 – 1945. Hja formulearren har idealen en winsken oer bygelyks funksjonele desintralisaasje en twatalich ûnderwiis. Oangeande de desintralisaasje hope men dat de minister fan Ynlânske Saken dr. L.J.M. Beel, yn 1935 promovearre op Zelfbestuur of onafhankelijke decentralisatie, de nedige romte jaan soe. Wy witte dat it einde as de lûs op de tarre presinning. De winsk ta desintralisaasje wie ek te hearren yn P. Wybenga syn brosjuere Decentralisatie. Een recht en een noodzakelijkheid. Wybenga woe de provinsjale bestjoerslaach fuortsterkje; foaral op it mêd fan ûnderwiis soe Fryslân romte krije moatte. Neffens in haadartikel fan Jan Piebenga waard ek yn de Twadde Keamer praat oer desintralisaasje:

    De a.r. afgevaardige Algera, vasthoudend en kundig voorvechter van de gemeentelijke en provinciale autonomie nam de voorgang. Hij noemde de drang naar meer zelfstandigheid, die zich in de provinciën openbaart, niet alleen een reactie op het bureaucratisch centralisme, maar veel meer nog een beweging van het inwendige uit, daarmee terecht èn het spontane èn het historisch karakter van dit streven aangevende.

    Mr. J. Algera krige stipe fan ûnder mear de PvdA-er J.H. Scheps en de KVP-er C.J.I.M. Welter. De lêste sei, útgeande fan it subsidiariteitsbegjinsel, dat ‘de staat zich moet onthouden van ingrijpen in al datgene, wat door lagere organen kan worden gedaan.’ De reaksje fan de minister fan Ynlânske Saken J.H. van Maarseveen (KVP) wie net sadanich dat men net hoopje mocht op wat romte. De formulearre doelen foar it leger ûnderwiis yn de troch de Fryske beweging publisearre rapporten wienen koart en klear: beide talen as fier- en lestaal en romte foar it fak geakunde. Yn it beukerûnderwiis moast it Frysk, benammen op it plattelân, brûkt wurde as fiertaal, ek by it boartsjen en it sjongen. De kweekskoallen soenen de gelegenheid biede moatte ta it folgjen fan Fryske lessen, as tarieding op de Fryske akte.

  • 13

    Dúdlike taal wie ek te hearren yn Wike L. Zylstra har brosjuere De twatalige skoalle op Fryske grounslach. Har doelen kamen wakker oerien mei dy fan de Fryske beweging, boppedat bepleite hja dat twatalich ûnderwiis en ûnderwiisfernijing in ienheid wêze moasten. Op de konferinsje fan 1946 en 1948 folge in útwurking fan de formulearre winsken. 1.2.2 De konferinsje fan 1946 Yn de oantekens fan de PÛR, in orgaan dêr’t yn dy jierren in hiel soad triedsjes byelkoar kamen en dy’t spilers hie dy’t, om it keatsjargon te brûken, soms yn it perk stienen, in oare kear opsloegen en it tuskenspul mei syn triktrakslaggen yn ’e macht hienen, stiet op 13-2-1946 dat Fryslân, lykas Grinslân en Drinte, ferlet hie fan in kongres oer ûnderwiisfernijing. Dy fernijings stienen formulearre yn de Leidraad derde hoofdinspectie. Om net benefter te bliuwen achten de leden sa’n kongres, dat propagandistysk en pedagogysk wêze moast, needsaaklik. As it slagge soe it kongres by de skoalmasters leafde oproppe foar Fryslân en it Frysk: ‘8 fan de 10 skoalmasters witte net hoe’t se it oanlizze moatte.’ Oerlis mei haadynspekteur L.F. Kleiterp soe der foar soargje moatte dat de learkrêften frij nimme koenen foar it kongres. Der mochten gjin ferlechjes wêze om thús te bliuwen. It kongres waard holden op tongersdei 29 augustus 1946. Ynspekteur R.J. Sipkens hie de lieding. It wie de earste ûnderwiiskonferinsje mei in Frysktalige foarsitter. ‘Dat bitsjut gâns foar Fryslân,’ skreau FFFR op 6 septimber 1946. De goed 400 dielnimmers harken nei ynliedings fan Jan Piebenga, E.B. Folkertsma en S. Bouma. J. Piebenga sei: ‘Ûnderwiis is bybringe. Opfieding is opbringe. As tredde factor neamt sprekker: niget. It hert moat derby’ (FD 2 septimber 1946). E.B. Folkertsma dy’t H. Algra ferfong, spriek oer ‘De Ûnderwiisfornijing en it skiednisûnderwiis.’ Út it FD-ferslach in pear sitaten: Kennis fan en leafde foar it plak en it gea sil de minske behoedzje om in swalker te wurden en it tefoarenkommen fan it opgean yn ’e massa sa as Ortega y Gasset dat yn syn boek De opstân fen ’e klibers beskriuwt. ‘Histoarysk bisef is fan net to skatten wearde yn ús tiid, hweryn it mear en mear wei falt. Dit is in kenmerk fan in ieu, dy’t himsels net mear ken.’ Sake Bouma (1910-1995), haadfertsjintwurdiger fan Útjouwerij Wolters, spriek oer ‘De ûnderwiisfornijing by it taelûnderrjocht’, hy sei ûnder mear ...: ‘Tael leart kritysk tinken. Tael is in betingst foar fruchtber ûnderwiis. Mar by taelûnderwiis moat men útgean fan de memmetael. Dêrom kin de Fryske skoalle net sûnder de Fryske tael.’ M.J. de Haan wie tige kritysk oer de rede fan Bouma: ‘Sa foar ’t each soe men sizze, dat yn it taelkundige - dus it belangrykste - diel fan it kongres to heech grypt is. Dy konklúzje is der lykwols fier nêst. ’t Is krekt oarsom: men hat to leech oanholden.’ De Fryske beweging mei yn alle frijmoedigens de eask stelle ‘dat foar it earst nedige – it ûnderrjocht yn de eigen tael – by need al it oare wike moat.’ Haadynspekteur L.F. Kleiterp (sjoch Lange oanrin, koarte sprong, haadstik 5 ‘Persoanen’) hie op de konferinsje witte litten dat er kontakt mei de PÛR, de AFÛK en him op priis stelle soe. Yn it ferslach fan de gearkomste fan de PÛR fan 8-12-1947 lêze wy oer it oerlis èn oer it stjoeren fan gesanten (H. Algra en pater H. Hettema) nei de minister. De folgjende doelen waarden formulearre: - It erkennen fan de Fryske akte. - It beleanjen fan dy akte. - It ynfieren fan it Frysk op de kweekskoallen. - It ferplichtsjen fan it Frysk, nei in oergongstermyn, op alle legere skoallen.

  • 14

    - It aktivearjen fan de ynspekteurs Leger Ûnderwiis.1 1.2.3 De konferinsje fan 1948 Op de konferinsje fan 1948, laat troch haadynspekteur L.F. Kleiterp spriek P. Post, meiwurker fan it Nutsseminarium foar Pedagogyk yn Amsterdam (sjoch Lange oanrin, koarte sprong, haadstik 5 ‘Persoanen’) oer ‘Moedertaal en voertaal bij het onderwijs’, in rede dy’t útjûn waard ûnder de titel Bilinguisme in Nederland. W. Thomas, ynspekteur by it leger ûnderwiis yn Wales, sketste yn syn ferhaal de ûntwikkeling fan ientalich Ingelsk ûnderwiis nei foarmen fan twatalich ûnderwiis. Ynspekteur J.P. Powell, ek út Wales, sei dat in Welsktalich bern it Ingelsk goed yn ’e macht hawwe kin, mar dat syn memmetaal, it Welsk, altyd de taal fan it hert en de siel bliuwe sil. Nei de ynliedings praten de 700 dielnimmers yn seksjes oer de mooglike konsekwinsjes foar de ûnderkate ûnderwiisfoarmen. Yn dy fan it beukerûnderwiis stelde A.L.J. Wytses dat yn it Frysktalige gebiet de memmetaal fan de bern, it Frysk, it útgongspunt wêze moast. Yn de seksje leger ûnderwiis frege H. Twerda romte foar it Frysk as fiertaal yn de twa leechste klassen, mei in oergong nei it Hollânsk yn it tredde jier en it Frysk as fak de hiele skoalle troch. Yn de seksje fan de kweekskoallen ûnder lieding fan H.K. Schippers waard formulearre dat de learlingen sa fier komme moasten dat hja genôch (didaktyske) kennis opdienen om it Frysk as fak jaan te kinnen. (Sjoch foar in oersjoch fan it kongres R.J. Sipkens. 1948; B16.) 1.2.4 De miening fan in ‘schoolopziener’ By de seksje beukerûnderwiis ferwachte elk dat juffer T. Wartena, de nij beneamde ‘schoolopziener’, ek har miening jaan soe. Hja swijde lykwols. It wie har net ‘mogelijk om na mijn langdurig verblijf in “Holland” een mening hierover te hebben,’ skreau hja trije jier letter yn har Enige mededelingen en enige vragen over het Fries en het Nederlands op kleuterscholen en lagere scholen in Friesland (sjoch hânskrift T. Wartena op Tresoar). Se weage it doe ‘enige gedachten neer te schrijven over het Fries op de kleuterscholen,’ dat hie boppedat it foardiel dat hja har ûnderfinings ‘opgedaan in de scholen tijdens mijn functie als schoolopziener,’ oertinke koe. It fernuvere har dat safolle liedsters Hollânsk tsjin de bern praten. ‘Dit moet van het hoofd der lagere school. Ze moeten Nederlands kennen als ze naar de “grote school” gaan,’ hearde se fan de liedsters. Juffer Wartena advisearre ‘dit na te laten!’ Mar dat alles naam net wei dat de bern ‘uit sociale en practische redenen het Nederlands ook volkomen [moeten] beheersen.’ 2

    1.2.5 Paedagogysk Wurkforbân fan de Fryske Akademy Nei it kongres fan 1948 wie de fraach hoe’t it no fierder moast. Der hat, sa blykt út in brief fan haadynspekteur L.F. Kleiterp, in petear west tusken him, professor dr. J.H. Brouwer en dr. P. Sipma oer de fuortgong. Op 6 desimber 1948 beäntwurde Kleiterp de stelde fragen yn syn brief ‘Bevordering van het onderwijs in Friesland.’ Hy begûn mei de konstatearring dat der yn Fryslân te min ‘goed geschoolde krachten’ wienen dy’t ‘het werk, de theoretische verdieping en belijning en de practische toepassing, kunnen aanvatten en voortzetten.’ Twatalich ûnderwiis, dat wol sizze Frysk as fiertaal yn de leechste klassen, soe ‘op niet onredelijk schijnende gronden’ befoarderlik wêze en it wie ‘minstens de moeite waard te onderzoeken, of zulk een werkwijze het aanleren van een tweede taal, het Nederlands, zou

    1 Yn itselde ferslach stiet dat prof. dr. J.H. Brouwer en S. Bouma in ûnderhâld hân ha mei de nije ynspekteur yn de ynspeksje It Hearrenfean. ‘Ut himsels wei’ binne gjin inisjativen te ferwachtsjen. Sjoch ek de ynformaasje yn Lange oanrin, koarte sprong, haadstik 3 by de iepenbiere skoalle fan Oerterp. 2 Yn 1951 is besocht om yn Ljouwert in Frysktalige beukerskoalle op te rjochtsjen. It plan mislearre: neffens in ferslach fan it DB fan de Ried fan de Fyske beweging om’t de ôfstannen te grut wienen en sa’n skoalle mear kostje soe as in Hollânsktalige beukerskoalle.

  • 15

    vergemakkelijken.’ Om ta goede oplossings te kommen wie in soad wittenskiplik wurk nedich. ‘Daarzonder zal de zaak blijven hangen in een sfeer van emotie en opportuniteit, die haar naar mijn stellige overtuiging op den duur zal schaden.’ L.F. Kleiterps wurkplan ‘op de lange golf’ omfette: 1. It oprjochtsjen fan it PWF. 2. It ynstellen fan in oplieding foar de akte Middelbere Pedagogyk. Sa soe in offisierskorps ûntstean. By dy oplieding moast nêst it gewoane programma de situaasje fan it bern en ûnderwiis yn Fryslân spesjaal omtinken krije. De opliedings binne der komme, mar it is de fraach oft de Fryske situaasje ea in yntegraal ûnderdiel fan it programma foarme hat. Foar it wurkplan op de koarte termyn stelde L.F. Kleiterp út om mei in lyts tal skoallen nei te gean hoe’t it twatalich ûnderwiis foarm en stal krije koe. De ynspeksje moast de skoallen oanwize, de learkrêften fan de proefskoallen hienen ferlet fan foarljochting troch ûnderwiisdeskundigen út twatalige gebieten en in pear ynspekteurs moasten stúdzjereizen nei sokke gebieten meitsje. De PÛR wie in gaadlik koördinearjend orgaan en de FA en de ynspeksje soenen, as de ûnderfinings en it materiaal dêrta oanlieding joegen, in hantlieding skriuwe moatte. It besprek wie op 11 desimber 1948. Dêrby wienen oanwêzich: dr. P. Sipma (foarsitter), prof. dr. J. Brouwer, haadynspekteur L.F. Kleiterp, deputearre D. de Loor en ynspekteur R.J. Sipkens. (J. Piebenga wie behindere.) De útstellen fan Kleiterp waarden oannommen. Yn it ramt fan dit ûndersyk krijt it PWF bysûnder omtinken. De foarsitter fûn dat it bestjoer fan de FA rjochtlinen hawwe moast; syn ideeën folgje hjirûnder: De leden moatte útsocht wurde út de autoriteiten, ûnderwiisfakminsken, leden fan de PÛR en de AFÛK. It bestjoer moat (oars as by de oare wurkferbannen) in folslein bestjoer wêze. It doel wie it behanneljen fan alle ûnderwiisfraachstikken yn Fryslân. It wurkprogramma: it twatalichheidsfraachstik. De wurkwize bestiet út it hâlden fan gearkomsten, lêzingen, it publisearjen fan rapporten en it jaan fan advizen oer nije leargongen. Der sille seksjes foarme wurde ‘foar de forskillende tûken fan ûnderwiis,’ lykas by it Ûnderwiiskongres. It Coulonhûs sil as buro en argyf foar it stúdzjemateriaal út it binnen- en bûtenlân fungearje. Yn de takomst soe faaks in Seminarium opset wurde kinne om de teoryen praktysk ta te passen en de resultaten te bestudearjen. Ek de wurkferdieling kaam te praat. AFÛK: oplieding en foarming bûten skoalferbân PÛR: kontakt mei offisjele ynstânsjes PWF: pedagogysk-didaktyske aspekten De gearkomste gie akkoart mei de doelen en de wurkferdieling. Foar de oprjochtingsgearkomste (21 maaie 1949) waarden ‘1 ont 20 man, de koryféen fan forskate rjochtingen út de forskillende tûken fan ûnderwiis’ frege. Yn it, foar it oare, net folsleine argyf fan it PWF leit in ledelist, oanfolle mei de nammen út it ferslach fan 10-6-1950 wurdt dúdlik dat der 38 ‘koryféen’ wienen.3

    3 1. Th. Bakker, Stiens; 2. Kr. Boelens, Hidaard; 3. S. Bouma, Grins; 4. Prof. dr. J.H. Brouwer, Grins, 5. Gj. van Dam, Ljouwert; 6. K. Haakma, Gytsjerk; 7. M.J. de Haan, Grou; 8. B. Keulen, Raard (R’him); 9. H. Keuning, Sibrandabuorren; 10. L.F. Kleiterp, Grins; 11. Dr. W. Kok, Stiens; 12. Prof. dr. J.F. Koksma, Amsterdam; 13. G. Kooistra, De Tynje; 14. Mr. H. W. Kuipers, Wommels; 15. Th. Lambooy, Ljouwert; 16. D. de Loor, Ljouwert; 17. P. v.d. Mark, Snits; 18. J. v.d. Meer, Sweagerfean; 19. Dr. Ir. J.B. v.d. Meulen, Marsum; 20. J. Piebenga, Ljouwert; 21.

  • 16

    M.J. de Haan foldie oan it fersyk fan dr. P. Sipma om syn betinken oer dizze saak (Frysk ûnderwiis) op papier te setten. It prinsipiële antwurd (10 juny 1949), ferdield oer tsien punten, kin werjûn wurde mei punt 7:

    Dêrom sil de striid altyd wer gean moatte om ús eigen doelstelling fan it ûnderwiis yn Fryslân. Skrillet men hjirfoar tobek en fordigenet men b.g. op taktyske grounen it ûnderwiis yn it Frysk, om’t it in skoan ding wêze soe foar dat yn it Nederlânsk, dan set men jin dêrmei op dearinnend spoar.

    It bestudearjen fan de skiednis fan it twatalich ûnderwiis makket dúdlik dat de taktyske grûnen it wûnen fan de prinsipiële. Miskien hat it wol net oars kinnen. 1.2.6 Kommisje leger ûnderwiis fan hjoed de dei Ien fan de seksjes fan it wurkferbân, de kommisje foar it leger ûnderwiis hjoed de dei, besocht mei help fan De Leidraad, in útjefte fan de Tredde Haadynspeksje dy’t gâns betsjutting hân hat foar de fernijing fan it ûnderwiis (earste printinge 1938 de lêste yn 1963), linen út te setten foar it (twatalich) ûnderwiis yn Fryslân. De folgjende aspekten waarden behannele: It Frysk Lêsûnderwiis yn it Frysk kin yn de fyfte klas út ein sette. Wol dat ûnderwiis fertuten dwaan, dan moatte der nije (stil)lêsboekjes komme. Boekjes mei saaklike lêsstof ûntbrekke. De kommisje tinkt oan in Fryske wjergader fan de Caleisdoscoop, in boek mei ferhalen oer bekende figueren, bygelyks Jaap Eden, de sportman en Ir. C. Lely, belutsen by de ôfsluting fan de Sudersee. De besteande taalmetoaden jouwe te min omtinken oan it stelûnderwiis en tefolle oan it staverjen. ‘Fan de bisteande taelmetoaden soe de Kommisje De Bân it heechst oanslaen.’ Ierdrykskunde Fryslân krijt by it fak ierdrykskunde syn gerak net. Der sil ferbettering komme. It troch K. Haakma en H.C. Doevendans skreaune ierdrykskundeboekje sil ynkoarten ferskine. Der is ferlet fan in nije Frysktalige kaart fan Fryslân en ‘Fryske Centra’, boekjes mei ynformaasje oer bygelyks it fee, pleatsen en mûnen, de koöperaasje, setierappels en gers. Mei help fan sok materiaal soe ‘eltse legere skoalle of ULO ... dan in hele middei de Fryske sfear hâlde kinne mei sa’n ûnderwerp.’ Skiednisûnderwiis De kommisje dielt de útgongspunten fan de Leidraad dat it skiednisûnderwiis op de legere skoalle ‘mear in saek fan it hert as fan it forstân’ is. Eltse skoalle moat, útgeand fan it eigen gea, syn eigen skiednisleargong meitsje. In (ferplichte) kanon hienen se nei alle gedachten neat fan witte wollen. Natuerkunde Ek hjir folge de kommisje it advys fan de Leidraad op om oan te sluten by it eigen gea. Mei help fan in Fryske firma (der waard tocht oan ien op ’e Jouwer) soe it mooglik wêze moatte

    Dr. Y. Poortinga, Menaam; 22. P. Post, Amsterdam; 23. H. Rast, Ljouwert; 24. D. Rienks-Wallinga, Ljouwert; 25. A. Roosma, Ljouwert; 26. H. Scheffer, Wommels; 27. H.K. Schippers, Drachten; 28. Jfr. J. Scholten, Hurdegaryp, 29. R.J. Sipkens, Snits; 30. Dr. P. Sipma, Ljouwert, 31. D.A. Tamminga, Snits; 32. H. Twerda, Bakhuzen; 33. Jfr. A.T. de Vries, Harns; 34. W. Wieling, De Gerdyk; 35. G. v.d. Woude, Hantumhuzen; 36. A.L.J. Wytzes, Snits, 37. J. W. Zantema, Jelsum en 38. Jfr. W.L. Zylstra, De Rottefalle.

  • 17

    om ‘ta in fûgel- en planteboek to kommen mei printsjes, nammen en in rigelmennich Fryske tekst.’ Sjongen Yn de Leidraad stiet ‘Goede volksliederen zijn verre te verkiezen boven onze typische schoolliederen.’ De kommisje dielt dy opfetting fan herten: De Fryske learkrêft moat de bern de lieten fan de mienskip leare. De kommisje kaam fjouwer kear byelkoar, de earste kear op 12 novimber 1949, de lêste op 4 febrewaris 1950. Der is in kreas stinsele ferslach makke fan har befinings, de kearn dêrfan is hjirboppe werjûn. Folle nijsgjirriger is lykwols it skrift4 dêr’t de ferslaggen fan de gearkomsten yn fêstlein binne. Oan de ein fan de lêste gearkomste ‘bitsjûgje foarsitter en leden inoar neffens eare en gewisse, dat it yn dizze gearkomsten in noflik en learsum oparbeidzjen west hat.’ De seis leden hawwe har hantekenings ûnder it ferslach set. Oeretabel Nêst de ferslaggen jout ek it ‘Ûntwerp Ûrelist (fêststeld op 17 desimber 1949 troch de Subkommisje Proefskoallen fan it PWF) ynsjoch yn de gong fan saken yn de skoallen. Út it doe fêststelde roaster binne allinne de oeren fan lêzen, taal en rekkenjen oernommen. Tabel 1 Roaster foar lêzen, taal en rekkenjen yn de proefskoallen Fakken Klas 1 2 3 4 5 6 7 Lêzen Frysk 6 5 2 1 1 1 1 Lezen Nederlands 3 3 3 3 2 Fryske Taal 2½ 3 2 1 1 1 1 Nederlandse Taal 3 3½ 4 5 55 Rekkenjen6 2 3 4 4 4 4 4 1.2.7 Fryske Ûnderrjocht en Stúdzjekommisje Yn de ferslaggen fan de PÛR komt men hjir en dêr opmerkings tsjin oer in kommisje foar it beoardieljen fan learmiddels, soms oantsjut as de FÛSK. De oantekens fan de ried hjiroer binne lykwols sa beheind dat it net mooglik is om jin in goed byld te foarmjen fan it wurk fan de kommisje. D.A. Tamminga dielde yn syn lêzing ‘De mûdhoun yn ’e reinwettersbak’ mei (sjoch foar neiere gegevens De Tike, Lange oanrin, koarte sprong, haadstik 3, oanfoljende ynformaasje nei Tabel 1) dat de FÛSK de lêsmetoade fan Wike L. Zylstra bestudearre ‘en to’n earsten as learmiddel goedkard’ hat. Juffer W.L. Zylstra wie op ’t skik mei it oardiel fan de kommisje, sjoch W.L. Zylstra, 1950; A4).

    4 It skrift, dat ik nei alle gedachten fan Kr. Boelens krigen ha, is taheakke oan it argyf fan it PWF ( Fryske Akademy). 5 Yn de klassen 5-8 hawwe de famkes in healoere minder, nei alle gedachten om tiid te finen foar it handwurkejn. 6 Der is oanjûn dat it rekkenûnderwiis ‘net mear sa heech op ’t hynder [sit] as foar in jiermannich. Party psychologen wolle it de earste tiid (tenminsten it earste jier) oan ’e kant skowe, mar dit sil wol to hurd oankomme.’

  • 18

    1.2.8 Ûndersyk Yn de jierren fan de tarieding hat der gjin empirysk ûndersyk west. Wol ferskynden literatuerstúdzjes, skôgings mei arguminten en in beredenearre kar foar it twatalich ûnderwiis. Hjir wurdt folstien mei it neamen fan twa publikaasjes. Earst de bydrage fan A.L.J. Wytzes De twatalichheid yn Fryslân en de skoalle (sjoch 1948; A3). It liket oft Wytzes alle doe bekende boarnen oer taal en ûnderwiis ûnder eagen hân hat. De PÛR wie fan betinken dat alle skoallen in eksimplaar hawwe moasten en besleat om 1500 eksimplaren printsje te litten. De wurdearring wie grut. Neffens it haadartikel yn it FD fan 26-10-1948 wienen de troch Wytzes samle feiten ‘niet te weerspreken.’ De brosjuere is

    wetenschappelijk verantwoord. Het is een uiteenzetting van linguistische en paedagogische feiten. En juist daardoor is het zo klemmend. Wie nu nog tegen het Fries op de volksscholen in Friesland opponeert, en blijkt geeft, deze brochure niet te hebben gelezen, kan onmogelijk ernstig worden genomen.

    Yn de FK van 1-10-1948 konkludearre Fedde Schurer nei it lêzen fan de brosjuere dat it roer om moast:

    It is in pynlik gefal foar dy paedagogen, dy’t eartiids mienden dat hja as pioniers fan wittenskip en biskaving, fan de Fryske bern sa hurd mooglik lytse Hollannerkes meitsje moasten. Wittenskip en biskaving hjirre en yn it bûtenlân oardielje dit in died fan geastlik gewelt. It hat mis west, pyschologysk mis, paedagogysk mis en sels taelkundich mis. Hwat men jin fan ’e Fryske biweging nea sizze litte woe, wurdt hjir nou sein troch minsken mei in jierrenlange steat fan tsjinst yn it paedagogysk wurk.

    Wa’t de brosjuere trochlêst freget him ôf oft de ynhâld foar in soad masters en juffers net te dreech west hat. De twadde bydrage is de skôging fan P. Post Bilinguïsme in Nederland, (sjoch 1949; A2). Lykas A.L.J. Wytzes kaam P. Post by syn pleitsjen foar twatalich ûnderwiis yn Fryslân mei in hiel soad materiaal en foarbylden út oare gebieten, bygelyks België en Wales, mar hy makke ek gebrûk fan syn ûnderfinings yn it eardere Nederlânsk-Ynje. Post beskreau op heldere wize it ûnderskie tusken ‘scolaire en familiale’ twataligens. Alles op in rychje settend kaam er ta de konklúzje dat yn Fryslân yn de leechste klassen de memmetaal fan it bern as fiertaal tsjinje moast. Der soe brede foarljochting fan deskundigen komme moatte oer twatalich ûnderwiis:

    waarbij men de ouders er op behoort te wijzen, indien dit nodig blijkt, dat beslissingen van deze aard buiten de grenzen hunner competentie liggen, zoals ook andere maatregelen, het heil der kinderen beogend: inenting, de leerplicht, daarbuiten vallen.

    It gie wat oars as P. Post yn syn wysheid betocht hie. De âlden woenen it haad en de learkrêften yn in soad dingen har gong gean litte, mar as it oer twataligens, dúdliker formulearre, it Frysk op skoalle gong, dan hie elk in ‘fundearre’ miening. De saakkundigen koenen har de mûle út ’e heakken prate, it joech neat. It lit him yllústrearje mei it foarbyld fan de heit dy’t oan de ein fan in âlderjûn tsjin de fertsjintwurdiger fan it PAB sei: ‘Jo sille wol gelyk ha, mar ik bin it net mei jo iens.’ De Frysktalige brosjuere fan A.L.J Wytzes waard tige posityf ûntfongen. Dat gou net oer alle boegen foar de bydrage fan P. Post. In sekere R. luts yn OO in bylage fan Het Schoolblad alle registers iepen om Post te bestriden (sjoch 1949; B13).

  • 19

    It besprek begjint sa: ‘Zelden hebben we met zoveel genoegen een geschrift gelezen waarmee we het niet eens zijn...’ Wêr leinen syn beswieren? Yn it foarste plak hie de resinsint it gefoel dat de troch Post neamde talen, ûnder mear Sjineesk-Javaansk, Javaansk-Nederlânsk-Maleisk, folle fierder fan elkoar ôfstienen as Frysk en Nederlânsk. Is soe genôch wêze moatte om it Frysk ien jier as fiertaal te brûken ‘en dat de schriftelijke hantering (schrijven en lezen) van het Fries in de hogere leerjaren voldoende tot zijn recht komt, als daaraan als leervak enige uren worden gewijd.’ Ek al soe Post hielendal gelyk hawwe ‘dan staan aan de andere kant maatschappelijke bezwaren dit ideaal in de weg.’ De twatalige skoalle soe de doarren ommers slute foar net-Fryske learkrêften ‘en tevens voor leerlingen uit niet-Friese gezinnen.’ R. is ree om syn miening te feroarjen as ûndersyk yn Fryslân oantoane soe dat de troch Post lutsen konklúzjes ek foar Fryslân opgeane. 1.2.9 Politike aspekten Hoe reagearren de politike partijen yn Fryslân op de fragen fan de Fryske beweging en it stribjen nei twatalich ûnderwiis? It tal reaksjes bleau beheind, alline de ARP en de PvdA publisearren yn de beskreaune jierren har stânpunt. ARP Dy partij kaam yn 1948 mei it rapport Grondslagen en richtlijnen van Anti-Revolutionaire politiek in Friesland. It op antirevolusjonêre prinsipes basearre rapport liet oangeande Fryslân en it Frysk oan dúdlikens neat te winskjen oer:

    Verdrukking van de minderheid der Friese volksnationaliteit, poging van staatswege tot liquidatie van het Fries-eigene, wering van de Friese taal uit het provinciale staats- en rechtsleven, onderwijs enz. kan daarom nooit oogmerk of bijmerk van de A.R. politiek zijn.

    Thomas Bakker dy’t yn 1978 yn syn Een politiek rapport uit het jaar 1948 de publikaasje út it ferjit weihelle, moast konstatearje dat it by wurden bleaun wie. PvdA Yn syn artikel ‘De sosjaal-demokrasy en it Frysk: kultuerpolityk yn etappes’ hat Bertus Mulder7 op hakken en teannen neigien hoe’t de hâlding fan de Fryske PvdA stadichoan feroare. Hjirby inkelde foarbylden. Op de gewestlike PvdA-jierkomste fan 3 juny 1950 hold ds. D. Bakker in ynlieding oer De Partij van de Arbeid en het Friese vraagstuk. Der wie eins gjin Frysk probleem, wol in desintralisaasjefraachstik, mar dat gou foar alle provinsjes. Der kaam fûle krityk op Bakker syn stânpunt. Op 3 maart 1951 waard in nije kommisje8 beneamd, de troch har formulearre stânpunten waard op 10 maaie 1952 ‘mei algemiene stimmen troch it gewest oernommen …’ It gie om a) mear foech foar de provinsje, foaral op it mêd fan de kultuer en b) it Frysk as ferplichte fak op de skoallen yn it Fryske taalgebiet.’

    7 Yn syn Fryske Taalpolityk, s. 24-57. 8 De leden wienen ds. D. Bakker, prof. dr. J.H. Brouwer en J.K. Dykstra.

  • 20

    1.3 Earste omloop 1.3.1 Pedagogysk-didaktyske útgongspunten Op 1 april 1950 setten de troch de ynspeksje útsochte njoggen proefskoallen – yn de oantekens fan de PÛR stiet soms it begryp ‘prebearskoallen’ – út ein mei har wurk. It wienen allegearre twamansskoallen, sân iepenbier en twa protestants-kristlik.9 D.A. Tamminga sei yn 1948 dat ek de kristlike skoalle op ’e Tike proefskoalle wurde soe (sjoch Lange oanrin, koarte sprong, haadstik 3, kristlike skoalle fan De Tike) en yn de oantekens fan it PWF (10-6-1950) stiet: ‘Hjir komme ynkoarten by Reardhuzum en Huzum (haed: de hear Th. Schaafsma.’) It eksperimint soe oant en mei 1956 duorje, nei seis jier leger ûnderwiis koe dan de blâns opmakke wurde, mar troch Kneppelfreed ferrûn it oars (sjoch 1.3.3). Nei bestudearring fan de ferslaggen fan bygelyks it PWF en de gearkomsten mei de proefskoallen is de konklúzje dat it, op in útsûndering nei, altyd oer didaktyske aspekten gong. Wannear moat de oerskeakeling fan it Frysk nei it Hollânsk plakfine? Mei de direkte metoade, sa’t Kr. Boelens útstelde? Ut it ferslach fan 20-3-1952 docht bliken dat der gjin ienriedigens wie oer it brûken fan it Hollânsk as fiertaal yn klas 3. Wannear moast dêr in begjin mei makke wurde? Guon seagen sels beswieren tsjin it Hollânsk as fiertaal yn groep 3. Nei in soad hinne- en -wer praten formulearre R.J. Sipkens, de foarsitter fan dy gearkomsten, in rjochtline: nei inkelde moannen yn klas 3 moast it Hollânsk de fiertaal wêze, ‘oplopend tot een verhouding Fries-Hollands van 1:5 tegen het eind van die klas. Daarna zal dus de voertaal Hollands zijn en de hulptaal Fries.’ Inkelde wiken letter (9-4-1952) gie it wer oer itselde. De oerskeakeling nei it Hollânsk as fiertaal hie ek te krijen mei ‘de hoeveelheid Nederlands, die de kinderen reeds in de tweede klasse hebben beluisterd en besproken.’ Soe it oanlearen fan it Hollânsk yn klas 2 de geastlike groei fan it bern beheine kinne? It antwurd wie nee. It doel, in bettere behearsking fan it Hollânsk en it Frysk, moast yn ’e gaten holden wurde. ‘Geef dus vooral veel tijd en gelegenheid voor het gebruik van het Nederlands; het Fries wordt buiten school ook wel beluisterd en gesproken.’ Oare fragen gienen oer it lêzen en skriuwen fan it Frysk yn klas 3? Moast allinnich Frysk lêzen oan bar komme? Meie de dialektyske farianten tastien wurde of moat men allinnich Standertfrysk jaan? Fragen by de rûs, mar it slagge net om de problemen út te wurkjen yn in pedagogysk-didaktysk plan. 1.3.2 Ried fan de Fryske Beweging (1945 oant no) De yn 1945 oprjochte RIEDFB brocht, sa’t al oanjûn is, daliks nei de Twadde Wrâldoarloch de Rapporten 1940-1945 út. Yn 1948 ferskynde, yn opdracht fan de Ried, P. Wybenga syn rapport oer desintralisaasje (sjoch 1948; A2). . Op dit plak is in artikel fan J.van der Kamp fan belang (sjoch 1955; B13). Yn syn ferhaal spriek hy wurdearring út foar alle wurk dat de Fryske beweging ferrjochte hie om twatalich ûnderwiis wetlik mooglik te meitsjen. No’t dat ûnderwiis mooglik is ‘bisnijt him it gemis oan in fan to foaren opsteld konstruktyf plan. Nou’t de mooglikheden der binne, wit men net hoe’t men fierder moat.’ No moast de beweging him weromlûke. Dy hat ommers mear as ien kear it ferwyt krigen dat dy ‘de skoalle biskôget as in middel om to kommen ta hàr doel: it fuortbistean en de ûntjowing fan de Fryske tael.’ De konkretisearring fan it twatalich ûnderwiis soe troch de skoallen en de skoalmasters barre moatte. Van der Kamp joech ek oan yn hokker fazen it proses ferrinne moatte soe: 1. de tarieding, 2. de propaganda en 3. de konstruktive opbou.

    9 It wienen: I.L.S. Aldeboarn; Grif.skoalle Aldegea (W); I.L.S. De Pein (Sm); Krist. Skoalle Easterein; I.L.S. Gersleat; I.LS. Menaam; I.L.S. Rottefalle; I.L.S. Seisbierrum; I.L.S. Wommels.

  • 21

    Foaral de útspraak dat de beweging him werom lûke moast, late ta in soad argewaasje. ‘Needlottiger ried – en dat noch wol fan in Biwegingsman – kin der yn dit stadium kwalik jown wurde,’ skreau E.B. Folkertsma. Der waard in hiel soad hinne en wer skreaun, mar it kaam net ta ienriedigens. 1.3.3 Kneppelfreed Op freed 19 oktober 1951 naam Fedde Schurer yn in haadartikel yn de FK de kantonrjochter fan It Hearrenfean, mr. S.R. Wolthers, geweken. It is nei alle gedachten it bekendste en meast ynfloedrike haadartikel ea yn Fryslân skreaun. De magistraat hiet yn it artikel ‘De laatste man van de Zwarte Hoop?’ Der stie wol in fraachteken efter, mar der wie gjin twivel mooglik:

    In de middeleeuwen is Friesland geplaagd door een Saksische bende, die de Zwarte Hoop werd genoemd. Mr. Wolthers schijnt het er op gezet te hebben, deze naam voor zich en zijn gelijkgezinde collega’s te reserveren.

    De rjochter fielde him, sa’t Schurer yn wêzen hope hie, misledige. Freed 16 novimber 1951 moast Schurer foar de Ljouwerter rjochtbank ferskine. Doe’t de minsken de sitting troch in fiersten te lytse seal net bywenje koenen, kaam it folk yn it ferhef. It einige mei de slach op it Saailân. De Haach tocht dat yn Fryslân de revolúsje útbrekke soe. Dat foel in slach ta. Yn syn artikel ‘De Friese Beweging’ yn it ‘compendium’ fan de Encyclopedie van Friesland brûkt J.H. Brouwer oangeande Kneppelfreed it wurd ‘temperatuurverhoging.’ De reboelje op it Ljouwerter Saailân hie wol ynfloed. Fertsjintwurdigers fan it regear haasten har nei Ljouwert en der waarden kommisjes ynsteld om nei te gean yn hoefier’t de Fryske winsken ynwillige wurde koenen. Om in idee te jaan fan it doetiidske klimaat oangeande it Frysk folgje hjir inkelde foarbylden fan persoanen en groepen dy’t it rjocht fan it Frysk bepleiten of har dêr tsjin fersetten. Ds. D.J. Miedema, Herfoarme dûmny fan Firdgum-Tsjommearum preke snein 18 novimber oer Om het recht der Friezen, yn it Hollânsk, dan koenen de lju dy’t offisjeel gjin Frysk ferstienen it boadskip dochs begripe. Net allinnich Friezen (sjoch 1951; B9), mar ek oaren lieten har lûd hearre: sa’n tritich minsken út ferskillende provinsjes ‘van ons vaderland’ seinen yn de LC fan 7 desimber 1951 dat

    De Friese beweging moet gezien worden in het algemene kader van het overal steeds toenemend verzet tegen de nivellerende tendensen in onze steeds meer vertechniseerde wereld. Het is de strijd voor het behoud van de verscheidenheid in de eenheid, voor de handhaving van het eigene in grote verbanden. Men strijdt voor meer decentralisatie in een wereld van steeds toenemende staatsmacht en centralisatie.

    Drylts Foar in foarbyld fan in pleitkoälysje tsjin it Frysk moatte wy nei Drylts. Yn de argiven fan Tresoar fynt men De Friese Kwestie een Nederlandse Zaak!, in stinsele stik fan 15 siden wêryn’t ‘Enkele burgers van Friesland’ yn oktober 1952, in lyts jier nei ‘Kneppelfreed’, har soargen wierren oer de neffens har folslein ferkearde ûntjouwings yn Fryslân, bygelyks it pleatsen fan it twatalige plaknammeboerd IJlst – Drylts. De ferûntrêste, anonime, opstellers fan it stik rjochten har ‘fiolen van toorn’ op de Fryske beweging, yn it bysûnder op it yn 1948 oprjochte SBFF. De taal fan de aksjefierders wie helder: it erkennen fan it Frysk wie net nedich om it Frysk yn stân te hâlden en it foarme in tige earnstige beskeadiging fan de ‘Rijkseenheid’. Koart en goed: ‘Een ramp voor Friesland.’ Yn in haadredaksjoneel kommentaar yn Frysk en Frij wiisde Y. Poortinga (sjoch 1952; B11) op de anonimiteit en

  • 22

    ynsinuaasjes, as stiennen yn snieballen beplakt. ‘Wy, as jonges, sleaten sokken altyd by it sniebaljen út.’ Drylts ‘revisited’ It twatalige plaknammeboerd kaam der net. Dêr koe in gemeenteried dy’t ynstimd hie mei it útstel fan boargemaster J. Oppedijk om it Frysk net ta te stean yn de riedsgearkomsten, fansels net mei ynstimme. Fedde Schurer kaam by it ôfskie fan Oppedijk noch efkes werom op de kwestje fan de fiertaal: ‘Hij kon het zich zelfs permitteren (…) na afloop van de officiële vergadering het Fries “vrij te geven.’’’ De krite ‘Meiinoar Ien’ soarge foar in fleurich programma. Alhoewol’t it bûten it bestek fan dizze stúdzje falt, moat de riedsgearkomste fan de gemeente Wymbritseradiel, mei as haadplak Drylts, fan 16 juny 1994 wol neamd wurde. It Frysk wie doe al in hiel hoart de fiertaal by de gearkomsten. It nij keazen riedslied foar D’66, mefrou Lidy Brummelkamp-Toet, makke beswier tsjin it brûken fan it Frysk troch boargemaster Marten Koopmans. Hja frege him oft hy de troch har stelde fragen yn it Hollânsk beäntwurdzje woe. Boargemaster Koopmans wegere dat. Lykas yn 1952 wienen de rapen gear, mar no wienen se yn in oare panne sean. Fedde Schurer hie der fêst in moai artikel oer skriuwe kinnen. 1.3.4 Kommisje fan Trije (1950-1955) In jier foar Kneppelfreed krige in kommisje fan trije persoanen it fersyk it twatalich ûnderwiis te begelieden.10 De kommisje besocht de skoallen en rapportearre dêroer yn it fermidden fan it PWF. De befinings wienen posityf, de bern uteren har neffens de learkrêften folle frijer as yn de ientalige Hollânske skoalle. Troch it ûntbrekken fan in algemien pedagogysk-didaktysk plan kamen der al ridlik gau mieningsferskillen oer de ôf te lizzen wei. Boppedat krigen de fertsjintwurdigers út Fryslân it gefoel dat ‘Amsterdam’ it projekt foar eigen ear en gloarje brûke woe. Op 19 jannewaris 1953 makke R.J. Sipkens yn in brief oan P. Post – de oanhef wie ‘Waarde Post’ - dúdlik dat er fan betinken wie dat it Nutsseminarium ‘zich van dit experiment heeft meester gemaakt.’ Hy woe de ferantwurdlikens net langer op ’e noed nimme en frege de haadynspekteur om him ‘van het lidmaatschap van de “Commissie van drie” te ontheffen.’ Op 30 jannewaris 1953 folge it antwurd fan Post oan ‘Waarde Sipkens’. It muoide him dat it Nutsseminarium sûnder oerlis mei de kommisje publisearre hie oer it eksperimint mei de proefskoallen, mar men moast wol begripe dat der ‘iets gepresteerd [moet] worden en die prestaties moeten blijken uit publicaties.’ Fryslân moast ek witte dat it dielnimmen oan it projekt tûzenen gûnen koste hie. ‘Dat heeft het Nutsseminarium gaarne, zeer gaarne en van ganser harte gedaan.’ Oan de ein frege P. Post oft it net mooglik wie om nochris te praten, mar de argewaasje oangeande de bûtensteander wie sa grut dat dêr net op yngien waard. It plak fan Post waard ynnommen troch prof. dr. H. Nieuwenhuis, direkteur fan it pedagogysk ynstitút fan de Ryksuniversiteit yn Grins. As Biltker wist er hoe’t de Fryske hazzen rûnen. Yn jannewaris 1954 publisearren R.J. Sipkens en S.E. Wendelaar Bonga it Voorlopig rapport over de resultaten van de Friese Proefscholen. Hja wienen fan betinken dat de troch haadynspekteur L.F. Kleiterp formulearre doelen fan it eksperimint har gerak krigen hienen. Dy doelen wienen:

    10 De leden wienen P. Post (Nutsseminarium, Amsterdam), R.J. Sipkens (ryksynspeksje) en A.L.J. Wytzes (foar de PÛR). Nei syn dea waard Wytzes opfolge troch S.E. Wendelaar Bonga, yn de rin fan 1954 kaam Kr. Boelens foar him yn ’t plak. (De blâns tusken de denominaasjes moast yn lykwicht bliuwe.)

  • 23

    In hoeverre het gebruik van de Friese taal bij het onderwijs in de aanvangsklassen van de lagere scholen dienstbaar of wel noodzakelijk moet worden geacht voor de ontplooiing van het kind. In hoeverrre dit gebruik bevorderlijk is voor het aanleren van het Nederlands in een verder stadium van de schoolopvoeding.

    R.J. Sipkens en S.E. Wendelaar Bonga joegen in tredde doel oan. De proefskoallen soenen ‘al zoekend en tastend, in zekere zin met vallen en opstaan de juiste methodiek’ foar dat ûnderwiis fine moatte. 1.3.5 Kommisje Wesselings (1952-1953) Nei Kneppelfreed kamen leden fan it regear nei Fryslân om te praten oer de ‘Friese kwestie.’ It oerlis late ta it ynstellen fan twa kommisjes. Yn it foarste plak de kommisje Kingma-Boljtes dy’t him bûge soe oer it brûken fan it Frysk op it mêd fan it rjochtsferkear en twad de kommisje Wesselings11 dy’t de Fryske winsken oangeande it ûnderwiis en de kultuer neigean soe. Wy beheine ús ta de lêste kommisje. Op 18 maart 1952 waard de kommisje ynstallearre, op 8 juny 1953 koe de kommisje it rapport oan de minister fan Ûnderwiis, Keunsten en Wittenskippen oanbiede. Der kaam romte foar it Frysk as fiertaal yn de legere klassen, mar it ferplichtsjen fan dy taal wie ‘in de huidige situatie’ net mooglik. De kommisje advisearre it Frysk op te nimmen yn de nije Kweekskoallewet. Op de twadde gearkomste kaam J.H. Wesselings mei in konseptwiziging fan de Leger Ûnderwiiswet oangeande it Frysk. Yn in brief oan ‘beste Frits’ (haadynspekteur L.F. Kleiterp) skreau Sipkens dat de formulearring net dúdlik genôch wie: ‘De constructie was zo, dat het Fries als voertaal en als leervak wel aan z’n trek zou komen, maar het nergens genoemd werd.’ Doe sei dr. Wesselings: ‘Welnu, dan heb ik nog een ander concept.’12 Dat gie folle fierder en it waard, nei’t Sipkens der in soarte fan ‘concept-memorie van toelichting’ byskreaun hie, de basis foar de tekst fan de Wet Cals: it Frysk tastean as fiertaal yn de klassen 1-3 en as fakultatyf fak yn alle klassen, yn de praktyk wienen dat de heechste klassen. Boppedat waard de oprjochting fan it PAB regele. De tekst fan de yn 1955 oannommen wet Cals wie:

    Daar waar naast de Nederlandse taal de Friese taal of een streektaal in levend gebruik is, kan het leerplan bepalen, dat ten hoogste tot in het derde leerjaar de Friese taal of die streektaal mede als voertaal bij het onderwijs wordt gebezigd.

    1.3.6 Foriening De Fryske Skoalle (1955-1972 ) Foar 1945 fungearre de yn 1930 oprjochte Ûnderrjochtliga foar minsken út ferskate denominaasjes en fermiddens as stúdzje- en propagandarûnte foar it Frysk op skoalle. Dat barde bygelyks troch it útjaan fan it blêd Folk en Tael en it tydskrift De Weitsrop, in prachtich fersoarge blêd dêr’t de hiele fine fleur fan Fryslân oan meiwurke. It bestie mar ien jier (1933).

    11 De ledan fan de kommisje wienen: dr. J.H. Wesselings, riedsadviseur by it Ministearrje fan OK&W (foarsitter); mr. J. Algera, lid fan it kolleezje fan Deputearre Steaten van Fryslân en lid fan de Twadde Keamer (ARP); mr. J. de Bruyn, haad ôfdieling Leger Ûnderwiis fan it Ministearje fan OK&W; dr. W. Kok, foarsitter fan de PÛR; D. de Loor, lid fan it kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân (PvdA); R.J. Sipkens, ynspekteur fan it leger ûnderwiis yn de ynspeksje Snits en mr. J. Woltjer, griffier fan de Steaten fan Fryslân (skriuwer). Nei’t mr. J. Algera op 2-9-1952 lid waard van it twadde kabinet Drees (minister fan Ferkear en Wettersteat) lei hy syn funksje yn de kommisje Wesselings del. 12 Sjoch Koen Zondag (2002), ‘En doe barde der wat aparts,’ PBL, jg. 73, nr. 4. s. 42-45.

  • 24

    Op 19 maart 1955 wie der oerlis oer in Liga nije styl. Dat slagge net, yn stee dêrfan waard yn 1955 de FFS oprjochte.13 Wat hienen de oprjochters foar eagen?

    It doel fan de foriening is mei to arbeidzjen oan de opbou fan in skoalle, fundearre op it Fryske folkslibben, troch it idee fan de skoalle te meitsjen ta in libben elemint yn ’e Fryske folksmienskip. De feriening stribbet der nei om ûnderskate rjuchtings yn it folkslibben safolle mûglik yn har wurk to biheljen.

    Om dat doel te realisearjen reizgen de leden de provinsje troch mei in lûdbân en in útstalling fan it wurk fan de proefskoallen, faak op foar ús ûnmooglike tiden, bygelyks freedtejûn of sneontemiddeis. De algemiene foarljochtingsgearkomsten foldienen nei ferrin fan tiid net mear, it wurk moast as it koe op in skoalle dien wurde. Yn de literatuer oer ynnovaasje sjocht men dat nêst de algemiene foarljochting ek de yndividuele skoalle omtinken fertsjinnet. De feriening woe ek minsken bûten it direkte ûnderwiisfermidden berikke. Dêrta skreaunen Kr. Boelens en M.J. de Haan (sjoch 1956; A1) de brosjuere Twatalich ûnderwiis foar de Fryske bern? De skoallen krigen in fergees eksimplaar. Nei’t it PAB oprjochte wie (1959) ferfoel it wurk fan de FFS. Yn 1972 besleaten de leden de feriening op te heffen. 1.3.7 Algemiene Fryske Ûnderrjocht Kommisje (1928 oant no ta) Yn de beskreaune jierren hat de AFÛK foar it leger ûnderwiis nêst de oplieding foar de akte (sjoch 4.5) benammen fan betsjutting west troch it útjaan fan de PBL. Oant en mei 1955 wie de ûndertitel ‘Tydskrift foar Fryske stúdzje’, dêrnei wie it in Tydskrift foar ûnderwiis en Fryske stúdzje. Yn it earste nûmer fan de nije opset skreau haadynspekteur L.F. Kleiterp op de siden 1 en 2 in artikel ûnder de kop ‘Van harte aanbevolen!’ Hy hie ‘het volste vertrouwen’ yn it nije blêd. Yn juny 2009 ferskynde it lêste nûmer. 1.3.8 Provinsjale Ûnderwiisrie 1928-1990 De PÛR begûn, nei’t dr. G. A. Wumkes op fersyk fan de provinsje in rapport gearstald hie om de winsklikens fan sa’n ried oan te toanen, op 16 april 1928 mei syn wurk. Wumkes sels waard foarsitter. De wichtichste mêden wienen it leger en it universitêr ûnderwiis,’ dat wol sizze de bysûndere learstuollen foar Frysk. By it fjirtichjierrich jubileum fan de ried (1968) skreau J. Noordmans dat it wurk fan de PÛR perfoarst net klear wie, ‘syn wurk begjint pas: foar it twatalich ûnderwiis yn Fryslân, foar it Frysk yn it fuortset ûnderwiis, foar de takomst fan de lytse skoallen op it Frysk plattelân, foar it fuortset ûnderwiis yn Fryslân. De Ûnderwiisried sil ek net ûntkomme oan de fraach, oft it twatalich en Frysk ûnderwiis ek oars en better opset wurde kin.’ Dy taken hat de PÛR, yn oparbeidzjen mei oare ynstânsjes, op him nommen en ûnderskate dêrfan binne, by de mooglikheden dy’t der wienen, sa fier mooglik realisearre. Struktuerferoarings – foaral it stribjen fan de provinsje om de leie safolle mooglik yn hannen te hawwen – laten der ta dat de Ried yn 1990 opheft waard. 1.3.9 Adviescommissie gebruik Friese taal als voertaal in het onderwijs (1955-1971) Op 8 juny 1955 ynformearre it kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân de gemeente- en skoalbestjoeren oer in kommisje (AVC) dy’t deskundige foarljochting jaan koe by in eventueel ynfieren fan twatalich ûnderwiis.14 It kolleezje lei de ferantwurdlikens wêr’t dy 13 It bestjoer bestie út W.J. Nijenhuis (foarsitter), T. Sudema-Mulder (skriuwster) en U. Bottema (skathâlder). 14 De leden fan de kommisje wienen L.F. Kleiterp, haadynspekteur fan de IIe haadsynspeksje (foarstter); R.J. Sipkens, ynspekteur leger ûndrwiis yn de ynspeksje Snits (twadde foarsitter); K. Boelens, haad bysûndere skoalle yn

  • 25

    hearde te lizzen: by de bestjoeren. Dy waarden der op wiisd dat it brûken fan it Frysk wichtich wie foar de Fryske kultuer, mar dat it ynfieren fan twatalich ûnderwiis neffens de bedoeling fan de wet ‘moet worden genomen op paedagogisch-didactische overwegingen, hetgeen dus wil zeggen, dat het belang van het kind richtsnoer dient te zijn.’ De deputearren dienen in berop op de bestjoeren om gebrûk te meitsjen fan de tsjinsten fan de kommisje ‘opdat een goed verloop van deze voor Friesland zo belangrijke aangelegenheid wordt bevorderd.’ Nei’t in bestjoer oan de kommisje frege hie oft de ûnder syn bestjoer steande skoalle(n) yn ’e beneaming kaam (kamen) foar twatalich ûnderwiis stelde in subkommisje in ûndersyk yn. Dêrby waard ynformearre nei de taalkaart, de ‘gezindheid der ouders jegens het gebruik van de Friese taal’ en de ‘gezindheid, bekwaamheid en geschiktheid’ fan it personiel. Nei besprek yn de folsleine kommisje folge in advys oan it oanbelangjende bestjoer. Ut it ferslach fan wurksumheden fan 7 novimber1958 blykt dat fiif gemeentebestjoeren en twa skoallen foar bysûnder ûnderwiis om advys frege hawwe (sjoch Tabel 1). Tabel 2 Bestjoeren dy’t advys fregen oer it ynfieren fan twatalich ûnderwiis

    Gemeente of plak Advys Gemeente Dokkum: i.l.s. Dokkum - Gemeente Doanjewerstâl: i.l.s. Goaiïngaryp + Gemeente Frjentsjerteradiel: i.l.s. Peins + Gemeente Idaarderadiel: alle i.l.s. skoallen + Gemeente Smellingerlân: i.l.s. bûtendoarpen + i.l.s. Drachten - C.V.O. skoalle Gau + Grifformearde skoalle Drylts + Dat mear gemeente- as skoalbestjoeren om advys fregen, sil nei alle gedachten te krijen hân mei it feit dat in kolleezje fan B&W syn útstel nei de gemeenteried oer it twatalich ûnderwiis sa goed mooglik adstruearje woe. Yn it ferslach is oanjûn dat ‘in het overgrote merendeel der gevallen een beslissing wordt genomen zonder tevoren het advies van de commissie in te winnen.’ It ynfieren fan it twatalich ûnderwiis ferrûn neffens de kommisje oer it generaal ‘geruisloos’. Konkretisearrings It haad fan de kristlike skoalle fan Nijemardum frege op 9 desimber1955 oft de kommisje in sprekker oanwize koe foar in op 19 desimber 1956 te hâlden âlderjûn oer it ynfieren fan

    Frjentsjer; J. Brands, haad iepenbiere ULO-skoalle yn Burgum; drs. H. Dijksterhuis, direkteur kristlike kweekskoalle yn Snits en ynspekteur Chr. Nat. Schoolonderwijs; D. Humalda, boargemaster gemeente Himmelum Oldefert en ynspekteur Ver. Voor Chr. Volksonderwijs; dr. W. Kok, direkteur Fryske Akademy en foarsitter Provinsjale Underwiisried; Th. Lambooy, foarsitter ôfdieling Ljouwert Kath. Onderwijzersbond en P.W. Pietersen, haad iepenbiere skoalle yn Burgum. Skriuwer wie D. Beeksma, 2e ôfdieling Prov. Griffy. Yn septimber waarden ek de oare ynspekteurs A.W. ten Raa, E. Doorenbos en K. Elzinga lid fan de kommisje. Nei syn beneaming ta haadynspekteur waard Dijksterhuis opfolge troch S. Akkerman, direkteur Kr. Kweekskoalle yn Snits. Nei’t Kr. Boelens ynspekteur yn de ynspeksje Dokkum waard, kaam A. Oosterhoff, boargemaster fan de gemeente Wûnseradiel, yn syn plak. Yn it lêste jier wie J.M. Ypma skriuwer.

  • 26

    twatalich ûnderwiis yn dat plak. Dêr is foar soarge, fierder hoegde de kommisje neat te dwaan (freonlike meidieling fan de hear P. Bode, âld-haad fan de kristlike skoalle yn Nijemardum). Yn it argyf leit ek in brief fan it haad fan de iepenbiere skoalle fan Terherne, datearre 23 juny1956 (‘Later dan in mijn bedoeling lag’) mei it fersyk oan it kolleezje fan B&W fan de gemeente Utingeradiel om him tastimming te jaan om mei yngong fan it nije (kursivearring, KZ) kursusjier oer te gean op twatalich ûnderwiis. It waard in jier letter. It wie net nei te gean oft de kommisje advys útbrocht hat oer it fersyk. Yn opdracht fan it skoalbestjoer frege it haad fan de grifformearde skoalle yn Marrum om advys (24 febrewaris 1959). Ynspekteur K. Elzinga dielde op grûn fan syn kontakten mei dy skoalle mei dat de kommisje gjin neier ûndersyk hoegde te dwaan. Oan it bestjoer fan dy skoalle kin ‘sûnder mear andere wurde (...) dat (...) omsetting yn in twatalige skoalle’ ferantwurde is (19-4-1959). 1.3.10 De gemeente Smellingerlân as kasus In gemeente dy’t spesjaal omtinken krige wie Smellingerlân. Nei de Twadde Wrâldoarloch wie it gemeentebestjoer fan dy gemeente aktyf dwaande om bedriuwen oan te lûken, benammen yn Drachten. De ynspannings waarden beleanne: yn 1947 wurken yn Drachten sa’n 600 minsken yn de yndustry, yn 1957 hast 3.000. It tal ynwenners naam ta fan 10.000 (1951) ta 20.000 (1962). Dat it Frysk - yn 1956 noch foar 65% fan de Drachtster skoalbern de memmetaal – troch de komst fan (Hollânsktalige) ymport ûnder druk komme soe, wie sa dúdlik as wat. Yn de rûnten fan Frysksinnige Drachtsters en, net te ferjitten, de Fryske beweging waard it haaddoarp fan de gemeente Smellingerlân oangeande it Frysk as in ‘foothold’ sjoen. As it slagje soe om it Frysk yn dat plak te behâlden, wienen der ek mooglikheden yn oare parten fan Fryslân. De earste aksje wie in ûnderwiisjûn yn Drachten op 27 febrewaris 1949. P. Post fan it Nutsseminarium yn Amsterdam en dr. W. Kok fan de Fryske Akademy holden foar in gehoar fan sawat 100 ûnderwiisminsken ynliedings oer it twatalich ûnderwiis. Hja krigen neffens it ferslach yn de LC fan 28 febrewaris 1949 ‘critiek, doch zij waren er op voorbereid. Hoewel de avond geen propagandistische strekking had, was men na afloop toch algemeen van oordeel, dat het Fries onderwijs ook in Drachten en omgeving door deze duidelijke uiteenzettingen nieuwe grond onder de voeten heeft gekregen.’ It fersyk fan it kolleezje fan B&W oan de advyskommisje om nei te gean oft it mooglik wie om yn Drachten mei in twatalige skoalle te begjinnen, sluet oan by it stribjen nei dy foarm fan ûnderwiis. Wat antwurde de kommisje? Yn in wiidweidich advys (datearre 23-3-1956) skreau de kommisje dat yn trije fan de fjouwer iepenbiere skoallen yn Smellingerlân op grûn fan de taalferhâldings twatalich ûnderwiis net mooglik achte waard. Boppedat fielde it personiel der ek net it measte foar. Yn ien skoalle soe twatalich ûnderwiis op grûn fan de taalkaart en de hâlding fan it personiel wol mooglik wêze, mar in ‘uitzonderingspositie’ soe net ferstannich wêze. Mar by in nij te stiftsjen skoalle soe it bestjoer de mooglikheden ûnder eagen sjen moatte oft dy skoalle twatalich wurde kinne soe. Dat frege dan wol om ‘enige organisatorische maatregelen (...) zoals b.v. met betrekking tot de schoolgrenzen en ten aanzien van het personeel.’ Soe de kommisje der gjin aan fan hân ha dat útstellen om de skoallegrinzen te feroarjen en personiel oer te pleatsen hiel gefoelich leinen? Op 29 desimber 1958 folge in twadde advys, no oer de bûtendoarpen. De skoallen yn Aldegea, De Pein en De Rottefalle wienen al twatalich, mar it kolleezje woe graach witte hoe’t de mienings yn Boarnburgum, Drachtster Kompenije, Houtigehage, Nyegea, De Feanhoop en De Wylgen wienen. Yn De Kompenije en Houtigehage wienen de omstannichheden geunstich, mar yn de oare plakken hearde de kommisje arguminten dy’t jin

  • 27

    tinken dogge oan de gelikenis fan it grutte feestmiel (Lukas 14: 15), it ferhaal fan de man dy’t gâns minsken útnoege foar syn feest. Doe’t it safier wie kamen der gjin minsken, de thúsbliuwers brûkten in ferskaat oan ferlechjes: de ien hie in stik lân kocht, in oarenien fiif span oksen en wer in oarenien sei dat er krekt troud wie. It ynfieren fan twatalich ûnderwiis wie ôfhinklik fan tafallige faktoaren en, noch slimmer, de belangen fan it personiel dominearren boppe dy fan de bern. Op in foarljochtingsjûn yn jannewaris 1956 formulearre dr. W. Kok it sa: ‘dat it him net oan de wet en net oan de paedagogen en ek net oan de need fan de bern leit, as men dizze kânsen fersommet, mar oan de ûnderwizers en dat soe tige spitich wêze.’ Yn in brief fan 5 desimber 1962 beäntwurde it kolleezje it foarstel fan de kommisje om by in nij te stiftsjen skoalle it Frysk as fiertaal yn de leechste klassen te brûken. Nei oerlis mei de haden - de skoalgrinzen foarmen in essinsjeel part fan de petearen – waard besletten net op dy suggestje yn te gean: ‘Onze vrees is nu, dat door het oprichten van tweeërlei soort scholen, n.l. Fries- en Nederlandtalige, een splitsing teweeg wordt gebracht die voor de Drachtster gemeenschap niet heilzaam kan zijn.’ It kolleezje frege de kommisje de makke opmerkings fan de haden te belûken by in folgjend advys ‘waarnaar wij met belangstelling uitzien.’ It antwurd fan de kommisje folge op 29 oktober 1963. Dat it sa lang duorre hie alles te krijen mei de krekte wurkwize. De learkrêften waard frege hoe’t de taalkaart der op har skoalle hinne lei en hoe’t hja sels oer twatalich ûnderwiis (op ien of mear skoallen) tochten. Op grûn fan it ‘ûndersyk’ troch de learkrêften konkludearre de kommisje dat de taalkaart, ferlike mei 1956, minder feroare as ûndersteld waard. Wol wienen der ferskowings: trije skoallen binne of wurde ‘vrijwel Friestalig,’ oare skoallen foar twatredde Frysktalich en ien foar de helte. De learkrêften tochten oer it generaal net negatyf oer twatalich ûnderwiis, mar fielden neat foar in ‘centrale tweetalige school, die voor Drachten in een uitzonderingspositie zou staan.’ Neffens de kommisje soenen twa skoallen yn ’e beneaming komme om oer te gean op twatalich ûnderwiis, it kolleezje krige de rie ‘af te tasten of deze invoering kan worden gerealiseerd.’ Foar in pear oare skoallen waard tocht oan parallelklassen: ‘één voor Fries-sprekenden en één voor Nederlandstaligen.’ Yn syn artikel ‘Eén school, twee voertalen’ bespriek Krine Boelens (sjoch 1964; A1) it útstel: ‘Bij het gewoon lager onderwijs ontwikkelt zich de situatie van de twee voertalen in positieve zin, zij het dan ook, dat nu het moment is aangebroken voor de toepassing van een practische opzet in de taalkundige menggebieden.’ Yn it tredde learjier soenen de bern dan byelkoar yn ien tredde klasse komme. De foar de parallelklasse nedige ekstra learkrêft soe oansteld wurde kinne op grûn fan artikel 56 fan de l.o.-wet 1920. (By fernijingsskoallen en oare twatalige skoallen hie dat ek kinnen.) De kommisje tocht dat de troch it kolleezje foarstiene yntegraasje sa in maksimale kâns krije kinne soe. ‘Er is geen sprake van segregatie doordat in deze bilinguale, en daarmee ook bi-culturele, wijken allen onverdeeld de openbare school bezoeken.’ It wie moai betocht, mar, sa’t Willem Elsschot al dichte: ‘tusschen droom en daad staan wetten in den weg en praktische bezwaren.’ It wienen lykwols net de wetten, mar de praktyske beswieren dy’t de realisearring fan it plan ûnmooglik makken. 1.3.11 Ûnderwiisorganisaasjes De bestjoerlike organisaasjes lykas ‘Gereformeerd Schoolverband’ en de ‘Vereniging voor Nederlandse Gemeenten’ wienen oates en toates op it Ministearje fan Ûnderwiis te finen, mar it gie yn dy rûnten perfoarst net om it Frysk, mar om ‘belangenbehartiging van de eigen zuil.’ En de ûnderwiisfakorganisaasjes? De KOV, de NOV en de PCOV bestegen allegearre op gearkomsten en yn rapporten omtinken oan it Frysk op skoalle.

  • 28

    De leden fan de Earste en Twadde Keamer krigen ein oktober 1954 in rapport fan de KOV. De kommisje hat wiidweidich stil stien by de fraach oft it Frysk as fiertaal fakultatyf of ymperatyf ynfierd wurde moat. It waard yn alle hoedens formulearre.

    Als men weet, met hoeveel traagheid en indolentie men bij het invoeren van iedere nieuwe maatregel op vrijwillige basis te maken heeft, dan komt de neiging op het imperatieve karakter te prefereren. Maar van de andere kant zou een verplicht invoeren van het Fries als voertaal mogelijkerwijs tot een aanvankelijke chaotische toestand kunnen leiden. Hier moet geleidelijk worden opgetreden en de commissie zou zich dan ook voorlopig willen uitspreken voor facultatieve invoering van het Fries als voertaal, zij het onder enkele voorwaarden, die zij als conditio-sine-qua-non beschouwt.

    Dy betingsten hienen te krijen mei de akte Frysk L.Û. Dy akte moast troch it Ryk (finansjeel) lyksteld wurde mei de oare taalakten. Oant 1 jannewaris 1960 soe de provinsje harren dy’t Frysk op skoalle joegen, sûnder yn it besit te wêzen fan de akte, honorearje moatte. Ek de stêden kamen oan ’e oarder. Dêr wenne de helte fan alle katolike Friezen. De skoallen libben ‘temidden van een Fries cultuurgebied, ten opzichte waarvan een “splendid isolation” niet te handhaven lijkt.’ De stedskoallen soenen yn de heechste klassen ‘enige aandacht’ oan it Frysk besteegje moatte. Leden fan de PCOV skreaunen it Rapport over het Fries op de lagere scholen, deeglik en wiidweidich, mei literatueropjefte en oersjoch fan de learmiddels (sjoch 1954; A1). In pear konklúzjes:

    De proefscholen in Friesland wijzen de juiste weg ook voor de toekomst. Ten aanzien van de verplichting, waarover zoveel misverstand bestaat, sluiten we ons aan bij het Rapport van de Commissie voor het Decentralisatie vraagstuk, ingesteld door Gedeputeerde Staten van Friesland (1951). Hierin wordt verklaard, dat de Staten van Friesland het recht dienen te hebben om voor gedeelten van Friesland het onderwijs in het Fries verplicht te stellen.

    It binne wurden út 1954! Ek de NOV, dy’t by de wetswiziging fan 1937 ta de konklúzje kaam dat it Frysk net yn de leechste, mar yn de heechste klassen oan ’e oarder komme koe (sjoch Lange oanrin, koarte sprong, haadstik 5 ‘Persoanen’ Jant Visser-Bakker) koe him yn it begjin fan de fyftiger jierren fine yn de (wetlike) ûntjouwing oangeande it Frysk. No ja, mei útsûndering fan de ôfdielings Baarderadiel en It Hearrenfean. Dy wienen oertsjûge troch de arguminten fan G. van Veen, âlddirekteur fan it Nutsseminarium en emearituspredikant. Van Veen hie op fersyk fan it gemeentebestjoer fan It Hearrenfean it stik Het Fries op de lagere scholen skreaun. ‘In wûnderlik, tige emosjoneel gearmjuksel fan arguminten, ûnderstellings en ynsinuaasje,’ skreau Geart H. Vledder. De NOV-ôfdielings fan Baarderadiel en It Hearrenfean folgen de redenaasje van Van Veen:

    It kaam del op it Welling-resept: gjin Frysk yn de leechste klassen, wol as fak yn 5 en 6 (...) It hat gjin wêzentlike ynfloed hân op de fierdere gong fan saken yn it offisjele fermidden, mar it wie dochs wol in belangrike ‘stem des volks’, want op ditsoarte fan argumintaasjes binne hiel wat skoallen net twatalich wurden, waarden guon wer ientalich en kaam it tal skoallen, dat de wetswizing fan 1955 folge (...) noait heger as 84.

  • 29

    Yn in pear sinnen kin in soad sein wurde. 1.3.12 Ûndersyk P. Post, de meiwurker fan it Nutsseminarium voor Paedagogiek, die ûndersyk nei de Fryske en Nederlânske wurdskat fan de bern op de proefskoallen om op grûn fan de útslaggen ‘aanwijzigingen te geven voor een definitieve voertaalkeuze in de lagere klassen der school en idem voor de verzorging van de tweede taal’ (sjo