Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” Krite - oktober 2013.pdf · Troch: Marinus Leenstra...

20
1 Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” oktober 2013 Ledeberjochten ............................................................. 4 Ferlotting en tagongsprizen .......................................... 6 Bodzinga 90 jier ........................................................... 7 Útnoeging ................................................................... 10 Ferslach fan de Friezendei 2013 ................................ 12 Krite op de Kunst en Cultuurmarkt ............................ 14 Út de âlde doaze ......................................................... 15 Foar it bûsboekje 2013 ............................................... 16 De wurklist winterskoft 2013-2014 .......................... 17 Wurklist fan susterkriten ............................................ 18 Frysk folksliet (“De âlde Friezen”) ........................... 19 Bestjoer Fryske Krite Hoarn ...................................... 20 Kvk. Nummer: 5324 1274 Rabobank rekken: 16 22 70 577 Lid fan It Frysk Boun om Utens www.fryskbutenfryslan.nl

Transcript of Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” Krite - oktober 2013.pdf · Troch: Marinus Leenstra...

Page 1: Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” Krite - oktober 2013.pdf · Troch: Marinus Leenstra . Op freedtemoarn bin ik by Melle Bodzinga op besite west op de Willemsweg yn Hoarn

1

Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun”

oktober 2013

Ledeberjochten ............................................................. 4

Ferlotting en tagongsprizen .......................................... 6

Bodzinga 90 jier ........................................................... 7

Útnoeging ................................................................... 10

Ferslach fan de Friezendei 2013 ................................ 12

Krite op de Kunst en Cultuurmarkt ............................ 14

Út de âlde doaze ......................................................... 15

Foar it bûsboekje 2013 ............................................... 16

De wurklist winterskoft 2013-2014 .......................... 17

Wurklist fan susterkriten ............................................ 18

Frysk folksliet (“De âlde Friezen”) ........................... 19

Bestjoer Fryske Krite Hoarn ...................................... 20

Kvk. Nummer: 5324 1274 Rabobank rekken: 16 22 70 577 Lid fan It Frysk Boun om Utens www.fryskbutenfryslan.nl

Page 2: Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” Krite - oktober 2013.pdf · Troch: Marinus Leenstra . Op freedtemoarn bin ik by Melle Bodzinga op besite west op de Willemsweg yn Hoarn

2

Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun”

--------------------------------------------------------------------- Bêste Kriteleden, Hjoed is it sneon 28 septimber en in prachtige sneon mei folop sinne. Wat is it dan moai en dôchs brekt de hjerst al wer oan. Ek foar it Regear is de ‘hjerst’ oanbrutsen en wy wachtsje mar ôf wat de Ministers foar ús betsjutte kinne. Miskien falt it minne nijs fan de 3e tiisdei yn septimber aanst noch wol mei? Dan sprekt de nije kening ek nochris in nij wurd út: participatiesamenleving, dat besjut minder oerheid en mear nei de maatskippij. It omsjen nei elkoar wurd allinnich nochris ûnderstreket. Werom sjen is goed en ik tink dan oan ús leden wer soms sykte wie en oan minsken dy’t widner of widdo waarden. It bestjoer winsket neibesteanden in protte sterkte ta en hopet op bettere tiden. Foar lief en leed berjochten kinne jim Ans Boelens op de hichte bringe, har adres stiet yn it boekje. Op de lêste jiergearkomste ha wy de wurklist foar it kommende winterskoft besprutsen. Allinnich witte wy noch net wat de jannewaris jûn 2014 bringe sil. De oare jûnen binne al bekend. De earste jûn fan it winterskoft komt it sân koppige mannen ensemble fan Warkum. Dizze groep sjongt Fryske muzyk en ek in oantal fersen yn in oare taal. Derom is dizze

Page 3: Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” Krite - oktober 2013.pdf · Troch: Marinus Leenstra . Op freedtemoarn bin ik by Melle Bodzinga op besite west op de Willemsweg yn Hoarn

3

jûn ek tige geskikt foar net Friezen. Nimme jo jo buorman en buorfrou ek mar mei. It is moai as wy in folle seal ha! Dan wie de bestjoersferkiezing oan de oarder. Jan Vogel ús sekretaris wie oan bar om ôf te gean. Hy is op nij ynhiert foar fjouwer jier. De oanwêzigen binne it der hielendal mei iens! Tank oan Jan. Der wie altyd noch in iepen plak yn ‘t bestjoer. Wat is it skitterjend dat op dizze jûn bliken docht dat Tiny Dijkstra-de Vries fan Wieringerwerf dit bestjoersplak ynnimme wol. De seal jout in geweldich applaus! It bestjoer is foltallich en tank oan Tiny. It ferslach fan de jiergearkomste komt yn it kriteboekje fan jannewaris 2014. Tsien kriteleden ha yn juny fytst mei de Rabo fytstocht en dat hat 250 euro opsmiten. De ponghâlder Slange is der tige wiis mei. De krite wie ek fertsjinwurdige op de Kunst en Cultuurmarkt fan Hoarn. Fierderop yn it boekje in koart ferslach. De Friezendei is besocht troch in tal leden fan ús krite en der is fierderop in ferslach te finen yn it boekje. It bestjoer hopet dat wy de earste krite jûn beginne mei in folle seal en nim mar in net Frieze freon mei. Tige wolkom. Graach oant sjen, Eppie Kloezen, foarsitter

Page 4: Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” Krite - oktober 2013.pdf · Troch: Marinus Leenstra . Op freedtemoarn bin ik by Melle Bodzinga op besite west op de Willemsweg yn Hoarn

4

Ledeberjochten Op 25 maaie ferstoar frou Bakker-Land op de leeftyd fan 86 jier. Op de roukaart stie de folgende tekst:

Zo veel vertrouwen Maar zo verschrikkelijk moe

Ik ga nu naar mijn Heiland toe, want Mijn genade is u genoeg

Wy sille frou Bakker misse op ús kritejûnen, hja wie altyd mei har man Wouter op de kritejûnen, jierren lang. Wy winskje de heer Bakker en bern in protte sterkte ta mei it ferlies. Graaf Willemstraat 63, 1718 BR Hoogwoud

Op 21 septimber ferstoar frou Groenewegen-Vroman op de leeftyd fan 85 jier. Er is in Dankdienst voor het Leven hâlden yn de Noordertsjerke fan Hoarn. Wy winskje de heer Henk Groenewegen en bern in protte sterkte ta mei it ferlies fan syn frou en harren mem. Van Beijerenstraat 22, 1623 JE Hoorn Ús berikte it berjocht dat op 85 tachtige jierrige leeftyd is ferstoarn Tjibbele de Jong. Tsjibbele hat

Page 5: Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” Krite - oktober 2013.pdf · Troch: Marinus Leenstra . Op freedtemoarn bin ik by Melle Bodzinga op besite west op de Willemsweg yn Hoarn

5

lang lid west fan ús krite en hat in it ferliene in skoftke as toaniel bouwer aktyf west by de toanielploech. Wy winskje syn frou Geertje en bern in protte sterkte ta mei it ferlies fan har man Tjibbele en harren heit. Briefwiskel:: J. de Jong, De Bonkelaar 15, 1911 XV Uitgeest --------------------------------------------------------------------- Autoferfier: Leden dy’t yn Hoarn, Blokker en Zwaag wenje en autoferfier nedich ha, kinne kontakt opnimme mei ús skriuwer de hear Vogel (till. 234012). Lief en Leed Lief en leed berjochten kinne jimme trochjaan oan: Ans Boelens – Wiersma, Schuitenmaker 22, 1647 BN, Berkhout. Till.nr. 0229-551637

Page 6: Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” Krite - oktober 2013.pdf · Troch: Marinus Leenstra . Op freedtemoarn bin ik by Melle Bodzinga op besite west op de Willemsweg yn Hoarn

6

Ferlotting en tagongsprizen Lidmaatskip en tagongsprizen: It lidmaatskip foar ien persoan is 7 euro foar in hyl jier (It krite jier rint fan juny oant ein maaie). Op de grutte jûnen is de tagongspriis foar leden 2,50 euro en foar net leden 5,00 euro mar de lytse jûn is fergees. Opjefte foar it lidmaatskip kinne jo dwaan by de ponghâlder de hear P. Slange De sealpriis op de grutte jûnen: Jo kinne dizze sealpriis winne as jo yn ‘e seal sitte op ien fan ús grutte jûnen. By de yngong krije jo in nûmer dat kâns jout op dizze sealpriis. De ferlotting yn it skoft: Yn it skoft fan de grutte jûnen wurdt der in ferlotting hâlden. De prizen bestean meastentiids út in blomke, oranjekoeke, fleske wyn of oare aardichheden. Jo kinne yn it skoft lotten keapje foar 5 euro en dan krije jo 10 lotsjes fan elk 50 eurosint it stik. Altyd priis by de keap fan 10 lotsjes.

Presintsje Oprop oan de leden: presintsje foar de priistafel Aardich is dat leden ek in presintsje meinimme foar

de priistafel. Dan stypje jo ek de krite.

Page 7: Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” Krite - oktober 2013.pdf · Troch: Marinus Leenstra . Op freedtemoarn bin ik by Melle Bodzinga op besite west op de Willemsweg yn Hoarn

7

Bodzinga 90 jier Troch: Marinus Leenstra Op freedtemoarn bin ik by Melle Bodzinga op besite west op de Willemsweg yn Hoarn om it libbensferhaal fan dizze man te hearren.

Melle Bodzinga is op 31 augustus njoggentich jier wurden. In felisitaasje is op syn plak. Bodzinga sit moai klear as ik oankom. Hy wennet oan de Willemsweg noch hielendal selsstannich. De kofje hat hy al klear en wy prate earst oer fan alles en noch wat. Dan fertelt hy oer syn twa dochters, Margreet wennet yn Hoarn. De oare dochter Sietske wennet yn Meppel. Op de jiergearkomste komme ek syn twa pakesizzers út Hoarn de lêste jierren mei. Melle is berne yn Lippenhuzen (gemeente Opsterlân) en wenne oan de bûtlânswei. Syn heit wie timmerman/oannimmer en sadwaande gong Melle ek nei de ambachtskoalle yn Jobbegea. Nei de ambachtskoalle hat hy leart foar boukundich tekenaar. Dat wie noch foar de oarloch. Melle fertelt dat syn heit graach yn it boerefak woe en sadwaande waard hok nei hok bout foar earst in

Page 8: Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” Krite - oktober 2013.pdf · Troch: Marinus Leenstra . Op freedtemoarn bin ik by Melle Bodzinga op besite west op de Willemsweg yn Hoarn

8

pear kij en letter noch mear. Ek hinnen winen der genôch, sa’n 500 hinnen rûnen op in moai stikje lân, tsjinwurdich ‘vrije uitloopkippen’. Dan docht Bodzinga syn oarlochsferhaal. De oarloch wie in minne tiid en min foar syn eigen ûntwikkeling. Hy waard oppakt en te wurk stelt yn Kassel in Dútslân. Dat hat net lang duorre, Melle fertelt hy koe mei ferlof nei hús en hy ferbrânde stikem alle papieren yn Kassel. Hy is dernei moai thús bleaun en wurke op de buorkerij en somtiids by boeren yn de omjouwing. Ierappels dolle, bieten fertinne – in bealch fol wurk-, de hinnen fersoargje ensafuort hinne. Dan fertelt hy ik kom op e’ jûn werom fan it ierappelfield en der stean 7 lânwachters op e’ dyk. Fuortendaliks skean oerstekke en meitsje dat je fuort komme. Doe’t de oarloch ôfrûn tocht ik, ik wol by de polysje. Earst ha ik in kursus folge yn Kampen en der fuortendaliks foar slagge. Dernei gelyks tsien sollisitaasjes ferstjoerd. Ljouwert, Rotterdam, Hoorn ensafuort. Hoorn kaam en ik koe daliks beginne. 1 jannewaris 1948 de oanstelling yn Hoarn en in kosthûs op it Pelmolenpad. Mar al readlik gau kaam it fersiik of ik resjersjeur woe wurden. Dat like my skoander ta. Ik hie ferkearing mei Wietske Knol fan Terwispel en wy trouden op 30 april 1948. Yn Hoarn binne wy wol in pear kear ferhûze, Draafsingel, Willem Barendzstraat, Commandeur Ravenstraat.. Dan seit Wietske tsjin my der komme hûzen te keap oan de Willemsweg. (frou Bodzinga is kommen te ferstjerren yn 2001). Dat liket skoander en it giet oan. ‘K freegje dan oan Bodzinga maris, wannear binne jo lid wurden fan de

Page 9: Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” Krite - oktober 2013.pdf · Troch: Marinus Leenstra . Op freedtemoarn bin ik by Melle Bodzinga op besite west op de Willemsweg yn Hoarn

9

Krite. Dat wie yn sa wat 1954,wy wennen neist de Fryske Krite leden Ritske en Corry van Os. Ik sis sa tuskentroch dan binne jo omtrint 60 jier lid. Dat kin ik wol nei sjen yn myn argyf seit Melle. Letter hearre wy dat noch wol. Melle fertelt oer syn hobbys sa as túnkjen, hâlden fan hinnen ensafuort hinne. Hy hat altyd in folkstún han, earst yn Schellinkhout, letter Berkhouterweg, by Philips gebou mar hjoeddeis noch yn de Kersenboogerd. Dahlia’s oansetten mei sied is syn spesjaliteit en hy fertelt dat de dahlias no yn knop stean, mar troch de droege simmer oan de lette kant binne. Noch altyd op it fytske der hinne allinnich it spit wurk wurd hjoeddeis mei in freeske dien troch de buorman. Dan freegje ik wat hy foar de mienskip dien hat. Ja fertelt hy grutsk, hjir sjochst de Koninklijke Onderscheiding in de Orde van Oranje Nassau yn goud, útrikke op 8 july 1983. Dat wie ek myn lêste dei by de polysje en gong op dat stuit mei pensjoen. Dizze ûnderskieding krige hy foar alle sosjale en frijwilligers wurk. Belutsen by de Krite mar ek by allegearre ferienings, lykas lid fan it Fryske Gea, Klein diersport, Natuurmonumenten ensafuort hinne, al jierren en jierrenlang. Bodzinga hat in protte te fertellen en as ik fuortgean dan sjoch ik noch efkes by syn tsien Bielefelder hinnen efter it hús en syn hok mei miskien wol 50 parkiten en kanarjes. Ik winskje him alle goeds ta en wa him in kaartsje stjoere wol, hjir is it adres: M. Bodzinga, Willemsweg 41, 1623 JB Hoorn

Page 10: Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” Krite - oktober 2013.pdf · Troch: Marinus Leenstra . Op freedtemoarn bin ik by Melle Bodzinga op besite west op de Willemsweg yn Hoarn

10

Útnoeging It bestjoer fan de Krite Hoarn noeget al har leden, sibben en kunde út foar har grutte jûn op 19 oktober 2013 om 20.00 oere yn ‘e Huesmolen te Hoarn foar in optreden fan it ensemble:

‘Sânman & Sikke’

Sânman & Sikke hat yn de ôfrinne jierren in eigen plak fûn yn it Fryske muzyklibben. Sûnt de oprjochting yn 1994 bringe dizze mannen in ferskillende miks fan soarten muzyk dy’t bij inoar in unyk repertoire foarmje.

De earste formaasje fan Sânman & Sikke bestie út: Tom Nijdam, Egbert Krikken, Roelof van der Werff, Siebren Kramer, René van der Laan, Piet Bouma en Kees Riemersma. Kees ferliet de groep yn 1997 en syn plak waard ynnommen troch Halbe Klijnstra ut Kûbaard. Troch it fertrek fan Roelof yn 2000 moast der wer in nije man socht wurde. Dizze waard fûn yn de persoan fan Peter Haantjes ut Balk

Frysk wurd der sjongt mar Sânman & Sikke bringe ek in pear nummers yn in oare taal.

Page 11: Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” Krite - oktober 2013.pdf · Troch: Marinus Leenstra . Op freedtemoarn bin ik by Melle Bodzinga op besite west op de Willemsweg yn Hoarn

11

‘Sânman & Sikke’

De formatie (tekst fan de website)

In september 1994 zongen we voor het eerst met elkaar, we repeteerden op scheepswerf De Hoop in Workum, waar Roelof van der Werff destijds hellingbaas was. Deze unieke plek zou een tijdlang, tot het vertrek van Roelof naar Noorwegen in 2000, onze thuisbasis blijven. Je kunt je bijna geen sfeervoller oefenruimte wensen.

Inspiratie/opnames

Belangrijke inspiratiebron voor ons is de meerstemmige muziek van groepen als The Mills Brothers, Crosby, Stills, Nash & Young en muziek uit de beginperiode van Elvis (volgens veel mensen zijn beste). De Friestalige pijler onder het repertoire wordt gevormd door gedichten van o.a. Fedde Schurer, Henk de Boer en Aggie van der Meer, die door Siebren en Egbert op muziek zijn gezet. Ook wagen we ons weleens aan een vertaling uit het Engels of Nederlands.

www.sanmanensikke.nl

Page 12: Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” Krite - oktober 2013.pdf · Troch: Marinus Leenstra . Op freedtemoarn bin ik by Melle Bodzinga op besite west op de Willemsweg yn Hoarn

12

Ferslach fan de Friezendei 2013

neon 21 septimber rieden wy moarns ier út Wieringerwerf nei Dimter. Der moeten wy al ridlik gau in protte Friezen om utens. Út Hoarn

kamen noch 9 minsken. Wat wie der doch te dwaan yn Dimter? Wol: ‘it Frysk boun om Utens bestiet 90 jier’ en fiert dit mei in boattocht fan Dimter nei Sutfen en werom oer de Ysel. Mei in fearboat gongen wy nei de oare kant fen de Ysel, nei de Eureka 1. It wienen allegearre flaggen op de boat, dus dat koe net misse. It wie al in drokte fan komsa. Elts seach wol in bekende om te begroetsjen. Wy krigen kofje mei fansels........oranjekoeke. We waarden wolkom hjitten en songen it Frysk Folksliet. Derby begeliede Lammert Mink ús op syn lûkpude. Dernei krige de foarsitter fan it Boun it wurd en songen wy it jubileumliet. Eltse noch besteande krite waard deryn neamd en waard wolkom hjitten. It liet is skreaun troch Hans Dijk, de foarsitter fan it Boun. De melody wie makkelik, sadat elts mei sjonge koe. De hiele dei wie Lammert der mei syn lûkpude en der binne hyl wat âlde Fryske sankjes songen. Ek de kritekoaren út Assen en Swol en Leliested lieten harren moaie lieten hearre. Moai om nei te lústerjen wie ek it kabaret fan it duo RABB út Haarlim.

S

Page 13: Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” Krite - oktober 2013.pdf · Troch: Marinus Leenstra . Op freedtemoarn bin ik by Melle Bodzinga op besite west op de Willemsweg yn Hoarn

13

Der wie in tige goed fersoarge brochjetafel oan board. Om sawat 14.00 oere lei de boat oan yn Sutfen. Elts dy dat woe koe ûnder lieding fan in gids in stedskuier meitsje. Oan board wie ek genôch ferdivedaasje Der wie in ferlotting en elts slúfke hie in priis nummer. Oan it ein wie der in haadpriis, in oranje koeke, die waard wûn troch Fokke Eysinga fan ús krite. Der wie in Fryske boeketafel en tekstyltafel. Ek wie der in presintaasje “moai Fryslân”. Op de werom reis út Sutfen koe elts noch genietsje fan de moaie omkriten fan de Isel. Lammert spile wer tige en der wie allegearre fleur oan board. Nei dat eltsenien betanke wie krige elts in tas mei wat Fryske produkten. It bestjoer fan it Boun om Utens en de feestkommisje hawwe in protte wurk ferset, mar kinne werom sjen op in tige slagge dei. Op nei de hûndert waard der sein. Dat is moaie takomstmuzyk. Wy sille it ôfwachtsje. Foar alle minsken op dizze feestboat wie it sa, dat Fryslân ús noch nei oan it hert leit en dat wy ús Fryske taal noch heech hâlde. Tiny Dijkstra de Vries Foto’s en film Moai Fryslân stean op de website: www.fryskbutenfryslan

Page 14: Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” Krite - oktober 2013.pdf · Troch: Marinus Leenstra . Op freedtemoarn bin ik by Melle Bodzinga op besite west op de Willemsweg yn Hoarn

14

Krite op de Kunst en Cultuurmarkt

n Hoarn wurd sûnt 6 jier in Kunst en Cultuurmarkt hâlden, wer ek de Fryske Krite Hoarn in diske hat.

Op sa’n dei kinne ferienings harren presintearre mei it programma foar it kommende winterskoft. It barren is west op snein 1 septimber yn de binnenstêd fan Hoarn. De cultuurmarkt is allinnich op snein en begint om tolve oere en einicht om fiif oere middeis. De Fryske Krite hat fan Afuk, VVV Ljouwert en Tresoar in protte materiaal krigen oer taal en folders oer oare Fryske eveneminten. Mar ek de Krite hat it programma foar it winterskoft yn de oanbieding. Der komme sa’n 20 tûzend minsken nei dizze kunst en cultuurmarkt. Mar ús Krite hat sa om en na by 250 minsken ûntfongen en dat is dôchs in moaie reklame foar Fryske taal en kultuer. In protte minsken nimme in folderke mei en ek faaks noch it programma fan de Krite. Wy meitsje net allinnich promoasje foar de Krite mar ek foar it Heitelân. Mar wy fine it ek moai dat der eigen Kriteleden efkes oanwippe en in praatsje meitsje. . Miskien komme jo takomme jier ek lâns want der is sa’n protte te sjen wat minsken sa al meitsje.

Y

Page 15: Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” Krite - oktober 2013.pdf · Troch: Marinus Leenstra . Op freedtemoarn bin ik by Melle Bodzinga op besite west op de Willemsweg yn Hoarn

15

Út de âlde doaze Foar dat wy,Albert en Tiny, lid wurden binne fan de krite fan Hoarn ‘Troch de Tael Forboun’, wienen wy lid yn de Wieringermar. Dizze krite is al yn lang ferliene tiid opdoekt, mar hiet It ‘Nije lân’. Tige tapaslik net wier? Folle kriten om utens hawwe foar dizze krite spile. Wy hienen sels net in toanielploech. Derom hat de krite út Hoarn faaks yn Kreileroord op de planken stien en mei in protte sukses. Mar as bestjoer gongen wy ek wol nei Fryslân om in krite spyljen te sjen. Sa gongen wy mei noch in stel ris nei de krite Snits. In moaie jûn en tige gesellich en lekker dûnsje. It wie al aardich nei tolven doe:t wy wer op wei Wieringerwerf teinen. Wy wienen krekt foarby it Monumint doe de auto ‘ho’ sei. Der stienen wy mei ús goede gedrach. En fansels ek wat prottelich. De sjauffeur syn frou sei: ik ha it dy sa sein, hast noch genôch benzine? Nee dus ,wat no. Der siet foar de beide manlju oars neat op en rin nei de pomp yn Den Oever. Wy, as froulju, sieten yn de auto. Dea benaud, dus doarren op slot en as der in auto oan kaam....... dûke. Wy fielden ús net sa noflik. Nei lang wachtsjen kamen einliks de manlju werom mei 5 liter benzine. Om goed hjelve trijen wienen wy wer thús. In moaie jûn mei in avonturlik ein. Letter hawwe wy der noch faaks om lake. Sa gong dat yn de santiger jierren. Tiny Dijkstra-de Vries.

Page 16: Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” Krite - oktober 2013.pdf · Troch: Marinus Leenstra . Op freedtemoarn bin ik by Melle Bodzinga op besite west op de Willemsweg yn Hoarn

16

Foar it bûsboekje 2013 • 11-13 oktober 2013 Kom en Sjong

Folkshegeskoalle Schylgeralân Badweg Hoorn 71,8896 KC Hoorn Terschelling tel: 0562-448954 of e-mail: [email protected] Ynskriuw formulier Kursusoanbod kinne jo ek opfreegje by de skriuwer de heer Vogel. --------------------------------------------------------------------- It Friesmuseum yn Ljouwert is no iepen en sjoch maris op de website wat der sa al te dwaan is. www.friesmuseum.nl ---------------------------------------------------------------------

Foto fan de Rabo fytstocht 2013.Tak – 14 juny 2014

Page 17: Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” Krite - oktober 2013.pdf · Troch: Marinus Leenstra . Op freedtemoarn bin ik by Melle Bodzinga op besite west op de Willemsweg yn Hoarn

17

De wurklist winterskoft 2013-2014 19 oktober 2013 Muzyk fan ‘Sânman & Sikke’: It sân koppige mannen ensemble mei in unyk repertoire. 18 jannewaris 2014: 2e grutte jûn 14 febrewaris 2014: lytse jûn: lêzing mei dia’s fan Kooistra 22 maart 2014: Kabaretselskip Noordenbos en Ko: ‘KLEUR BEKENNE’ --------------------------------------------------------------------

Online Frysk leare -------------------------------------------------------------------

Page 18: Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” Krite - oktober 2013.pdf · Troch: Marinus Leenstra . Op freedtemoarn bin ik by Melle Bodzinga op besite west op de Willemsweg yn Hoarn

18

Wurklist fan susterkriten

• Krite Beverwyk “Ús Memmetaal” Yn de Vrijburcht, Vrijburglaan 2 Heemskerk. 22 novimber 2013: Toaniel ‘It erfstik fan omke Gerben’ spiele troch ‘Fier fan hûs’ út Bodegraven.

• Krite Haarlim “Gysbert Japicx” 9 novimber 2013 11 jannewaris 2014

• Krite Den Helder “Gysbert Japicks” Fan de Krite Den Helder hawwe wy gjin wurklist. Sjoch foar wurklisten fan oare kriten op de website

fan Frysk Boun om Utens: www.fryskbutenfryslan.nl

Page 19: Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” Krite - oktober 2013.pdf · Troch: Marinus Leenstra . Op freedtemoarn bin ik by Melle Bodzinga op besite west op de Willemsweg yn Hoarn

19

Frysk folksliet (“De âlde Friezen”)

Frysk bloed tsjoch op! wol no ris brûze en siede. En bûnzje troch ús ieren om! Flean op! Wy sjonge it bêste lân fan d’ierde. It Fryske lân fol eare en rom. Klink dan en daverje fier yn it rûn. Dyn âlde eare, o Fryske grûn! Klink dan en daverje fier yn it rûn. Dyn âlde eare, o Fryske grûn! Trochloftich folk fan dizze âlde namme, Wêz jimmer op dy âlders great! Bliuw ivich fan dy grize, hege stamme, In grien, in krêftich bloeijend leat! Klink dan en daverje fier yn it rûn. Dyn âlde eare, o Fryske grûn! Klink dan en daverje fier yn it rûn. Dyn âlde eare, o Fryske grûn!

Page 20: Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” Krite - oktober 2013.pdf · Troch: Marinus Leenstra . Op freedtemoarn bin ik by Melle Bodzinga op besite west op de Willemsweg yn Hoarn

20

Bestjoer Fryske Krite Hoarn Foarsitter: Eppie Kloezen Timpaan 11, 1628 MT Hoorn Till.: 0229 244042 e-mail: [email protected] Ponghâlder en Popke Slange lede-administraasje: V. Dedemstraat 4, 1624 NN Hoorn Till.: 0229 234881 Skriuwer: Jan Vogel Yellowlaan 4, 1695 HV Blokker Till.: 0229 234012 e-mail: [email protected] Oare bestjoersleden: Jetske Leenstra-de Groot Dorpsstraat 293 1689 GE Zwaag Till.: 0229 263735 Email:[email protected]

Renske Nauta-Haagsma Dr. CJK van Aalstweg 19 1625 NV Hoorn Till.: 0229 237267 e-mail: [email protected]

Douwe Hoekstra Tinnegieter 1 1625 AN Hoorn Till.: 0229 211749 Email: [email protected]

Tiny Dijkstra-De Vries Schoener 3, 1771 EA Wieringerwerf Till.: 0227 501050 Email: [email protected]

Eareleden: Frou Janny Bloem-Wouda De hear Popke Slange Lief en leed: Ans Boelens – Wiersma, Schuitenmaker 22, 1647 BN, Berkhout. Till.nr. 0229-551637