Corel Ventura - TW13 12 - HIEMSIDE fan it Frysk Boun om Utens okt2017... · ,n kd hn zhu e\ 3rsnmh...

20
oktober 2017

Transcript of Corel Ventura - TW13 12 - HIEMSIDE fan it Frysk Boun om Utens okt2017... · ,n kd hn zhu e\ 3rsnmh...

oktober 2017

De Twirre,

Foarsitter Hendrik Tel till. 0049 - 5924 [email protected]

Skriuwer Auke Hoekstra 0545 - 29 2836Barmentlo 18, 7161 KH [email protected]

Ponghâlder Paul Hoogendoorn 074 - 277 [email protected]

Redaksje Ali Bonhof 074 - 242 1904Reviusstraat 77, 7552 GH [email protected]

Leden Grieteke van der Veer 074 - 291 8564Grietsje Posthumus 074 - 242 7217 [email protected]

Remke van Marle 0541 - 51 [email protected]

Siebe Hiemstra [email protected]

Webstek Frysk Boun om Utens: www.fryskbutenfryslan.frl

It bestjoer

Hjerst It is hjerst, rein en hurde wyn teisterje it lânskip. Oan ’e himel pronket de reinbôge mei har prachtige kleuren. De fleanmasyntsjes fan de eskdoarn dwarrelje troch de loften de strjitte wurdt bedobbe ûnder in palet fan blêden. It is hjerst en ik mei har oanskôgje.

It is hjerst, tsjustere grize loften driuwe oer. Guozzen sykje al roppend har wei nei waarmer oarden. In ferdwaalde flok snie dwarrelet troch de loften it lânskip wurdt bedobbe ûnder in tekken fan froast. It is hjerst en ik mei har oanskôgje.

Jildou Elgersma

Ali Bonhof

Paulus Akkerman (1908 - 1982)

Eeke

Wêr brûzje...

Wêr brûzje de weagen,wêr rûzje de fleagenwêr brûzje de weagen yn de hjerst sa as by ús.

Dêr’t de boer syn ropping trouyn rein en wyn stiet op de bou, eltse hjerstmis fiel ik wer, Fryslân dat ik by dy hear.

Tetman de Vries

Ali

oernommen fan Omrop Fryslân

Eeke de Boer

Wy sjonge oer in hiele soad, dêr’t Fryslân grut om is. Alvestêden, keatsen, silersboat, mar der is ien ding dat ik mis.

As jo sa troch Fryslân geane, mei oeral sa’n fertier. Dan sjogge jo him rûnom stean, ús hynder grutsk en fier.

Fryske hynder, sa grut en swart, ’t is wêr’t ik oan tinke moat. De fuotten heech, de holle fier, troch it lân sa blij en blier.

Sjoch ik dy mei ruter gean, as foar de karre stean. Frysk hynder mei grut ferstân, de trots fan ’t Fryske lân.

Hendrik Tel

Ut ien fan de kriteblêden

It Fries Museum giet oer Fryslân en de Friezen. Oer de alve stêden en it plattelân, de haat-leafde ferhâlding mei it wetter, de syktocht nei it typysk Fryske en it plak fan Fryslân yn de wrâld. Mar ek oer de ûnderlizzende wearden, autentisiteit en eigensinnigens. De kolleksje fan it museum is it útgongspunt: it swurd fan Grutte Pier, âlde kostúms, boaiemskatten út de Fryske terpen, de neilittenskip fan Mata Hari, skilderijen fan Gerrit Benner, hjoeddeistige byldzjende keunst en de film De Overval: mei-inoar fertelle se it ferhaal fan Fryslân. iepeningstiden tiisdei o/m snein 11.00 - 17.00 oere besykadres Fries Museum, Wilhelminaplein 92, Ljouwert

Sjoch foar in kompleet oersjoch fan ús aktiviteiten en tentoanstellingen en foar ús foardielige arranzjeminten op op www.friesmuseum.nl.

(advertinsje)

út: “200 Plekken in Friesland die je echt gezien moet hebben” fan Annemarie Bergfeld

krigen fan Grieteke van der Veer

Oernommen út: “De nije petiele” fan Wieke de Haan

Indian summer

Al santich kear seach ’k hoe’t de hjerst begûn: sêftmoedich simmersk noch, de earste kleurenoan iken, bjirken; de pikante geurenfan poddestuollen op de krûdige grûn.

De wyn tept as in bern wat blêdeguod, hjir ien yn ’t read, dêr ien yn gouden gloede; se driuwe om en om, lang, blier te moede; noch net, noch net de fal nei ’t lêste lot.

Omparterstiid fan ikel, boekenút, kastanje, swiete beien oan de strûken. Begjin ik stilwei nei de grûn te rûken; noch net, noch graach myn Indian Summer út.

Tiny Mulder

Ali

Bûterhoeke 3, Ljouwert 058-2343070www.afuk.nl [email protected]