Augustus 2006 Spulwike · 2015. 7. 3. · omrop Fryslân radio. De Spulwike is de moandeis...

8
Lekker ûnder de blauwe drek Hearlik. Fan top ta tean lekker ûnder de blauwe drek. Wat is der no moaier dan dat. It mocht yn de earste wike fan july, doe’t Littenseradiel wer yn it teken stie fan de Spulwike. It wie al de 36ste kear dat dit grutte fakânsjefeest foar de bern fan de basisskoallen organisearre waard. En noch altiten mei in protte sukses. De tsiental- len frijwilligers soargje der foar dat de bern fermakke wurde. Yn dizze Spulwikekrante, dy’t al foar de sechsde kear útkomt, wurde de ferhalen fan de bern wer mei spjelde en nulle bestekke.Wat ha se yn sa’n wike in protte belibbe. En it mocht allegearre. Ek yn dizze Spulwike spile it wetter in wichtige rol. Want it wie waarm en dan mak- ket it neat mear út. De earste de bêste sleat, dy’t de bern seagen, waard brûkt as swimbad. Yn Easterlittens hiene se der sels in spultsje fan makke. It groepke, dat it meast ûnder de blauwe drek werom kaam, koe bonuspunten fertsjinje. De bern wiene sa smoarch dat se hast net iens mear te werkennen wiene. Mar it wie fansels net allinne wetter en drek. De bern diene ek oare spultsjes Der waarden hutten boud, der wiene ekskursjes. Bygelyks nei de mummy’s yn Wiuwert. En wêr ha de bern it dan oer? Lês it op side 3. Yn Weidum wie de lêste dei wer de swierste. Lykas oare jierren mochten de bern by Flapper oernachtsje. En it bleaun dy nacht yn Weidum noch lang ûnrêstich. En op freed 4 july siet it der wer op. Wurch mar foldien, mar yn gedachten al by it oare jier. Fan ’e foarsitter De oertiid is oanbrutsen, de Dino’s stampe rûn. We sammelje, jeie, fiskje, mobyl noch net útfûn. Gjin sms en msm, gjin hyves en radio, Mar grotten en it fjouwerkante tsjil, Oeh wat wie it stil..... Us spulwike-superhit (wize: Viva Hollandia), omskriuwt de ôfrûne Spulwike it bêst. Miskyn hawwe jo it nûmer wol heard de freeds by “Musyk yn Bedriuw” op omrop Fryslân radio. De Spulwike is de moandeis losbarsten mei in echte oerknal, en wat folge wie in fantastyske wike, ek troch it skitterende waar fansels. Better hiene wy it net treffe kinnen. De besite oan de mummy’s yn Wiuwert, de tocht nei it swimbad yn Wommels, de blaue-drek-survival yn Littens en de dropping fan Weidum, it wie allegear like prachtich! Graach wolle wy dêrom eltsenien dy’t op wat fan wize dan ek holpen hat dizze Spulwike ta in hichtepunt te meitsjen tige tank sizze en wy hoopje kommende spul- wike wer op jimme stipe rekkenje te kinnen! HOLLE BOLLE TSJING! Ut namme fan Stifting Spulwike Littenseradiel, Jos Cartens, foarsitter. Spulwike Nijs Spulwike Littenseradiel 2008 30 juny oant en mei 4 july 2008 seisde jiergong

Transcript of Augustus 2006 Spulwike · 2015. 7. 3. · omrop Fryslân radio. De Spulwike is de moandeis...

Page 1: Augustus 2006 Spulwike · 2015. 7. 3. · omrop Fryslân radio. De Spulwike is de moandeis losbarsten mei in echte oerknal, en wat folge wie in fantastyske wike, ek troch it skitterende

Lekker ûnder de blauwe drekHearlik. Fan top ta tean lekker ûnder de blauwe drek. Wat is der no moaier dan dat.It mocht yn de earste wike fan july, doe’t Littenseradiel wer yn it teken stie fan deSpulwike. It wie al de 36ste kear dat dit grutte fakânsjefeest foar de bern fan debasisskoallen organisearre waard. En noch altiten mei in protte sukses. De tsiental-len frijwilligers soargje der foar dat de bern fermakke wurde. Yn dizze Spulwikekrante,dy’t al foar de sechsde kear útkomt, wurde de ferhalen fan de bern wer mei spjeldeen nulle bestekke.Wat ha se yn sa’n wike in protte belibbe. En it mocht allegearre.

Ek yn dizze Spulwike spile it wetter in wichtige rol. Want it wie waarm en dan mak-ket it neat mear út. De earste de bêste sleat, dy’t de bern seagen, waard brûkt asswimbad. Yn Easterlittens hiene se der sels in spultsje fan makke. It groepke, dat itmeast ûnder de blauwe drek werom kaam, koe bonuspunten fertsjinje. De bernwiene sa smoarch dat se hast net iens mear te werkennen wiene.

Mar it wie fansels net allinne wetter en drek. De bern diene ek oare spultsjes Derwaarden hutten boud, der wiene ekskursjes. Bygelyks nei de mummy’s yn Wiuwert.En wêr ha de bern it dan oer? Lês it op side 3. Yn Weidum wie de lêste dei wer deswierste. Lykas oare jierren mochten de bern by Flapper oernachtsje. En it bleaundy nacht yn Weidum noch lang ûnrêstich. En op freed 4 july siet it der wer op.Wurch mar foldien, mar yn gedachten al by it oare jier.

Fan ’e foarsitterDe oertiid is oanbrutsen, de Dino’s stamperûn.We sammelje, jeie, fiskje, mobyl noch netútfûn.Gjin sms en msm, gjin hyves en radio,Mar grotten en it fjouwerkante tsjil,Oeh wat wie it stil.....

Us spulwike-superhit (wize: VivaHollandia), omskriuwt de ôfrûne Spulwikeit bêst. Miskyn hawwe jo it nûmer wolheard de freeds by “Musyk yn Bedriuw” opomrop Fryslân radio. De Spulwike is demoandeis losbarsten mei in echte oerknal,en wat folge wie in fantastyske wike, ektroch it skitterende waar fansels. Better hiene wy it net treffe kinnen. De besite oan demummy’s yn Wiuwert, de tocht nei it swimbad yn Wommels, de blaue-drek-survivalyn Littens en de dropping fan Weidum, it wie allegear like prachtich!Graach wolle wy dêrom eltsenien dy’t op wat fan wize dan ek holpen hat dizzeSpulwike ta in hichtepunt te meitsjen tige tank sizze en wy hoopje kommende spul-wike wer op jimme stipe rekkenje te kinnen!

HOLLE BOLLE TSJING!

Ut namme fan Stifting Spulwike Littenseradiel,Jos Cartens, foarsitter.

Spulwike NijsSpulwike Littenseradiel 2008 • 30 juny oant en mei 4 july 2008 • seisde jiergong

Page 2: Augustus 2006 Spulwike · 2015. 7. 3. · omrop Fryslân radio. De Spulwike is de moandeis losbarsten mei in echte oerknal, en wat folge wie in fantastyske wike, ek troch it skitterende

side 2 - Spulwikenijs 2008 Moandei 30 juny

koade sykje foar de weromreis.Dit gong net hieltiid goed, wantnei de earste spultsjes ferdwû-nen Rots en Knots en kaamen syút yn in oare tiid.

Nei in pear stikjes bôle en watpoeiermolke begûn de tiidmasji-ne wer te prutteljen. Nei’t dereek ferdwûn wie, stie der op itbyldskerm dat de tiidmasjineenerzjy nedich hie om foarút tekommen. De bern koene hjirbyhelpe troch hiel hurd te blazen ennog mear punten te sammeljenmei de oare spultsjes. Dizze pun-ten waarden omset nei in spe-sjale koade. Helaas lukte it netom de koade te finen en moastende bern op tiisdei werom kommeom Rots en Knots werom neiharren eigen tiid te stjoeren.

Easterwierrum: De Spulwike ynDinodoarp begûn op moandeifoar de bern út Easterwierrum,Littens, Weidum, Baard,Wommels, Wiuwert, Boazum,Itens & Jorwert.

De bern kamen op it fjild dêr´ttwa fremde minsken stûnen ynbearefellen; Knots en Rots. Sykaamen út ‘e oertiid en wieneferdwaald yn it no. Mei help fan‘e tiidmasjine en de bern hawwesy probeare om werom nei har-ren eigen tiid te reizgjen.

Mar dat werom reizgjen gong netsamar. De bern koene spultsjesop it sportfjild dwaan, dêr’t sepunten mei sammelje koenen.Die punten koene Rots en Knotsyn’e Tiidmasjine ynfiere en sa de

Knots en Rots yn Dinodoarp

fervjen fan elkoar en foaral de lie-ding. At om healwei alven defotograaf del komt, sjogge we derallegear as baargen út. Dizze wike is der ek in reade trieferhaal. Freon Japie is mei inoerknal yn de oertiid belâne. Wymoatte dizze wike probearje himwer yn dizze tiid te krijen. We be-gjinne mei in oerkreet. De ienehelte fan de arena seit: “Hoenga”wêrnei de oare helte ‘Boenga” seit.Nei it middeisiten sette we úteinmei de earste spultsjes. Spultsjesmei in protte wetter yn it tekenfan de oertiid. Rûn trije oerewurde de punten opteld enbekend makke. En dan is de deialwer om. Hoenga, Boenga!!

Weidum: Eltse kear as spulwikeop moandei wer útein set, binneje dochs in bytsje senuwêftich.Hoe sil it dit jier ferinne? Wurdtit wer in machtige wike mei moaiwaar, entûsjaste bern en leukespultsjes? As om njoggen oere deearste bern de arena binnenkomme, skynt de sinne al folop.Healwei tsienen begjint spulwike2008 mei it foarstellen fan de lie-ding mei de groepkesyndieling.De moandeis stiet yn it teken fankennis meitsjen mei elkoar.Derom is der as earste deopdracht om mei panlatten, tou,seil, riet, takken, klaai, ferve enstof (foar in flagge) in grot temeitsjen. Elk jier rint dit út op it

‘It Begjin Der Tiiden’

Doe tintsjes bouwe, dêr’t dehelte nei in oere noch fan stie. Dehurde wyn en it gekke sin fan’ebern wiene der as in wervelstoarmtroch hinne gien. Mar we steanedochs prachtich op’e kykjes meitank oan’e ferve!

Middeis wie it tiid foar it dodo-spulop en om it fjild; allegearre tegekke spultsjes dwaan en puntenfertsjinje foar it groepke. Fan swit-fuotten happe en badeintsjesfiskje oan’t it roljen fan it fjouwer-kante tsjil. Ek de griene sjippe ende wite spûnzen wiene fan’e partij!

Mei it ein al hast yn’e bek kamende groepkes werom op it fjild omnochris yn te setten foar de polo-naise en it sjongen fan’e nijespulwike-hit. Koartsein, meidizze start fan’e wike belooft itnoch in geweldige tiid te wurden!

Easterlittens: We binne fanne-moarn knallend begûn. Mei deoerknal kamen alle lieders op itsportfjild yn Littens. De holbe-wenners, dodo’s, dino’s, slach-toskjes en bonken binne der alle-gear by. Yn Littens ha we wer inhiel moai poadium, mar der ûnt-brekt noch wat. Op it poadiumsitte noch wat lege plakken. Debern moatte yn’e wike de foar-werpen, dy’t út de oertiidkomme, fertsjinje troch spultsjeste dwaan. Dus dat wurdt nochleuk!

De bern giene earst it doarp ynom harren lieder te finen. Nei inhealoere koe hiel Littens en omk-riten mei genietsje fan in“oer”weldigjend HOLLE BOLLETSJING repertoire!!!! De stem-ming siet der al goed yn! Roeieop it plein en in gek sin!

In te gekke start

dat earste jier wie mear as dehelte fan de liedersgroep nij, marde sfear siet der fuortendaliksgoed yn, al koe hy hast nimmen.No, nei trettjin jier spulwike, isdat wol oars, mar fynt Andrys ittiid it stokje oer te dragen oanoaren, al giet dat net maklik. Hyhat in soad feroarings yntrodu-searre, lykas de namme program-makoördinator dy’t hy foar him-sels betocht.

Andrys is oant trije jier weromaltyd lieder west, dêrnei waarder programmakoördinator yn dehaadlieding. Oan dizze beidefunksjes hat er in soad eigenynfolling jûn, mar hy stie ekseker iepen foar ideeën fanoaren. “Kreativiteit en ferant-wurdlikens moatte je altyd stimuleare. Ik bin dan ek ferealeop de spulwike, de minsken,hoe’t se binne en hoe’t se harrenoant it úterste ynspanne om derfoar de bern en elkoar te wêzen.As in baas spulwikefrijwilligersas personiel hie, dan wie it ingouden bedriuw!”

As Andrys hielendal neat mearfoar de spulwike dwaan sil, lithy yn it midden. “De spulwikehat in grut diel fan myn libbenútmakke en der wiene ek in soadhichtepunten. Der bart safolleast al san lange tiid meidochst.Alle herinnerings ferkleve yni-noar, mar yn it generaal bliuwede freonskippen dy’t ûntstienbinne my it measte by en fan-sels dat ik myn eigen freondinnehjir foarich jier moete haw!”

It is 1995 as er ûnderweis is neisyn âlders yn Rien, op de âldweduwe-fyts. AndrysWeitenberg (33) út Ljouwertwit it nog goed. Op it sportfjildfan Mantgum wurdt er fregeom mei te dwaan as lieder oande spulwike fan Littenseradiel.“Ik moast der in wykje oer nei-tinke, want wat de boer nietkent, vreet ‘ie niet .” Dochs wiehy al gau entûsjast en wie hy ienfan de lieders yn Weidum. Yn

Spulwike is in gouden bedriuw

Troch lieder Yldau Wiersma

Troch lieders Cees Middelweerd en Leo Kamphorst

Troch lieders Jannie en Astrid

Alle dagendweiltrochwietAlles kinst regisearje, útsein itwaar. As de sinne dan by intemperatuer fan 30 gradenoan de strakblaue loft stiet,giet by sommige bêrn (en lie-ders) de knop om. It makketdan net út wat der op it pro-gramma stiet, as der ek mar insleat te sjen is, lizze se deryn,blaue drek as net. It kin netmâl genôch. Ek dat is spulwi-ke! De heiten en memmen silleit der alle jûnen wol wer drokmei hân hawwe...

Page 3: Augustus 2006 Spulwike · 2015. 7. 3. · omrop Fryslân radio. De Spulwike is de moandeis losbarsten mei in echte oerknal, en wat folge wie in fantastyske wike, ek troch it skitterende

Spulwikenijs 2008 - side 3Tiisdei 1 july

Middeis wie it tiid foar it spuldêr’t sawol de lieders as de bernenorm nei útseagen. Nammentlikde survival! We gienen mei sângroepkes tagelyk it parkoers rûnLittens ôf. Der wie by eltse sleatdy’t we tsjin kamen in middelklear setten wêrmei je de oarekant berikke koene. Mar it wiekrekt of seagen de bern dit net.

It wie folle makliker en moaier omdwars troch de sleat te gean. Ender waard gjin sleat oerslein. Debern wie beloofd dat it groepke datas swartst werom kaam bonus-punten krije soe. Dit hie as rissel-taat dat de bern sa smoarch wie-nen dat se net mear te herkennenwienen. Ek woenen se net mear ynde grutte feart, om’t se dan deblauwe drek der wer ôf spielden.Koartom in geweldich slagge dei!!

Easterlittens: Dizze moarn wieit tiid foar it spul om de knuppel(fabrykspiip). De bern mochtenop eigen houtsje it doarp yn omyn rap tempo spultsjes te dwaan.De lieders hiene allegear inspultsje betocht dat binnen fiifminuten spile wurde koe.

Sa wie der in spultsje dêr’t debern sa lang mooglik ûnder wet-ter bliuwe moasten en sa follemooglik ferfe mei de noas op inpapier smarre moasten. Despultsjes wiene tige slagge! Wolkamen we tiid te koart. De meastegroepkes moasten oan it einnoch fjouwer spultsjes spylje,mar der wienen ek groepkes dy’tit prestearden om wol alle spul-tsjes te spyljen. En fanwege itgeweldige waar wie de ranja netoan te slepen.

Blauwe drek foar bonuspunten

teiten yn de sleat lâns de iisbaan.De bern moasten by elts spultsjin in oare groep stride enkoene sadwaande punten sam-melje, dêr’t de úteinlike skoaremei bepaald waard.

It waar siet ek dizze tiisdei wermei. It wie in moaie dei mei insoad sinne en oangename tem-peratueren. Dit wie fansels foarús as kommisje prachtich. Debern hiene oer it algemien net alte folle oanspoarings nedich omsa no en dan yn it wetter tebedarjen. En dat is op in survival-dei wol prachtich moai om te sjen.Al mei al in prachtige dei foar debern, en takkomjier mar sjen watwe dan útfine sille mei de survival.

Weidum: Nei in goed slaggemoandei fan dizze spulwike wiede tiisdeis wer ynromme foar desurvival. Om it in bytsje yn itthema fan dit jier te hâlden wie itomdoopt ta “REIS TROCH DEIISTIID”. De foargeande jierrenwiene de ferskate spullen dy’t debern dwaan mochten ferdield oerin parkoers fan sa’n twa kilometer.Dit jier in wat oare opset. It hielebarren fûn plak op de iisbaan fanWeidum. Hjir wiene seis spullenopset dêr’t de bern harren dizzedei mei fermeitsje mochten. Derwie in grutte opblaasbere hinder-nisbaan, striedoalhof mei oanfer-wante aktiviteiten, in kanorace,twa oan twa fuotbal, in helling bijde kanohaven en ferskate aktivi-

De reis troch de iistiid

bân oer de griene sjippe lûkemoasten, mei wetterballontsjesde lieder wiet meitsje en de dien-blêden-race.

It hichtepunt fan´e middei wie itspul mei en de besite oan demummy’s yn´e tsjerke fanWiuwert. De measte bern wistenwol wat mummy’s wiene, marsokken as yn Wiuwert hiene senog nea sjoen. Foar sommigebern wie it dan ek wol in span-nende belibbenis. Der wienensels bern dy’t in knipeag fan inmummy krigen...

Hjirnei mochten de bern harrenlieder yn wc-papier wikkelje omsa harren eigen mummy te meit-sjen. Dit like moai, want it gesichtfan’ e lieder wie net meer te her-kennen.

Wiuwert: Op tiisdei, de twaddedei foar de bern fan Easterwille,wiene de bern noch entûsjasteras de moandeis. De dei begûnmei it opstarten fan’e tiidmasjine,want it wie moandeis net slaggeom Rots en Knots werom te sjoe-ren nei harren eigen tiid. Ek fer-telden sy dat der noch in skatkistyn’ e tiidmasjine siet.

Mar foardat it safier wie moastder noch hiel wat gebeure.Sadwaande binne we mei trekkeren wein nei Wiuwert setten. Yn’e trekker en wein koe eltseniensjen dat we fan de Spulwikewiene en de Holle Bolle Tsjingwie goed te hearen.

Yn Wiuwert dienen de bern insoad spultsjes mei wetter. Inbaan dêr’ t de bern elkoar op in

De spannende belibbenis yn Wiuwert

út. As Wessel, ek út Jellum, ynie-nen de reuzepimel fan de meastlinkse mummy sjocht en dêr folfjoer de oaren oer ynljochtet,draait er him dochs wer om. Dereaksjes fan de bern fleane trochit muffe kelderke. “Dy twahawwe ferkearing mei elkoar”,seit Aebe út Weidum. “Dy twaferkearing, dat liket my wol indroech spultsje, dêr komme festgjin bern fan!”, gnysket kosterAnneke Kastelijn de lieding ta.Marijke komt út Wiuwert en withiel goed hoe’t it kin dat de mins-ken en de fûgels dy’t oan it pla-fond hingje sa goed bliuwe: “Set

der mar in pak molke del, datbliuwt ek goed.” Robin út Itenssoe it pas echt cool fine as demummy’s noch libje soene. Demeaste bern bin it net mei himiens...

De mummy’s fan Wiuwertwurde jierliks troch tûzenenminsken, jong en âld, besocht.Sa ek dizze dei. Trije wat âldereminsken út Enschede dy’t detsjerke ynkomme, sjogge fernu-verd om harren hinne as se sa’nsoad bern yn fleurige t-shirts ynde tsjerkebanken sjogge. “Is diteen speelweek, oh wat leuk, datdoen ze bij ons niet”. Gelokkich,se koene it wol wurdearje. Enoars mar net liken de meastebern fan Easterwierrum te tin-ken, se sieten foaral yn span-ning oer wat der komme soe.

De bern fan de groepen trije enfjouwer yn Easterwierrum hienein dei fol spultsjes, mar besoch-ten ek de mummykelder. Datpaste fansels goed by it tema,want dat gong oer de oertiid enmummy’s binne ek in soarte fanoerminsken. As de bern fregewurd as se witte wat mummy’sbinne sizze de measten dat itynpakte minsken binne. Wc-papier is hjir it meast foar brûkttinke se.

Nei de útlis oer mummy’s tôgende bern yn groepkes, mei dochswol wat spanning yn it gesicht,it stiennen trepke del nei de kel-der. Robert út Jellum fynt it mareng en sjocht gau de oare kant

Grizelje en gnize yn WiuwertTroch lieder Pier de Vries

Troch Littenserlieders Piter van der Werf en Karin Ebbinge

Troch lieders Marijke Landman en Geartsje van der Hem

Utlaatrace

Op in boerereedsje ynWeidum is tidens de spulwikein illeaal spultsje foar liedersbetocht: “Hoe rydtst de útlaatûnder in auto wei?” It slaggenet yn ien kear, mar mei watgewicht op de achterbankkaam it toch klear! It is wol sadat dit spultsje net yn it offis-jele programma ferwurke wie,dus nammen sille we mar netneame, mar it wie wol spekta-kulêr! ProgrammakoördinatorAndrys Weitenberg koe der ekwol om gnize en gong spon-taan ûnder de auto lizzen omde boel wer te reparearjen.

Page 4: Augustus 2006 Spulwike · 2015. 7. 3. · omrop Fryslân radio. De Spulwike is de moandeis losbarsten mei in echte oerknal, en wat folge wie in fantastyske wike, ek troch it skitterende

side 4 - Spulwikenijs 2008 Sponsors

Page 5: Augustus 2006 Spulwike · 2015. 7. 3. · omrop Fryslân radio. De Spulwike is de moandeis losbarsten mei in echte oerknal, en wat folge wie in fantastyske wike, ek troch it skitterende

Spulwikenijs 2008 - side 5Sponsors

Page 6: Augustus 2006 Spulwike · 2015. 7. 3. · omrop Fryslân radio. De Spulwike is de moandeis losbarsten mei in echte oerknal, en wat folge wie in fantastyske wike, ek troch it skitterende

side 6 - Spulwikenijs 2008 Woansdei 2 july

túnslang! In wolkomme ferkuol-ling. Yn Wommels kamen wy lûdsjongend en razend oan ensprongen lieders en bern fuortallegear it wetter yn. Een prach-tich gesicht mei dit hite waar!Sels de badjuffer koe net efter-bliuwe en gong ûnder begeliedingfan 20 lossleine bern en mei inbytsje tsjinsin ek kopke ûnder!Oar jier miskien alle badjuffersder yn? De lieders en bern fer-makken harren twa oeren langsûnder ûnderbrekking yn it wet-ter. Mar oan alles komt in ein enrûn trijen moasten de bern danecht wer op de karre mei neiEasterlittens.De enerzjy wie lokkich noch netop en ûnder lûd gesang kamenwy wer op us fertroude sportfjildoan. Der gongen de bern wurchmar foldien en (foar de feroaring)ek ris skjin mei nei hûs!

Easterlittens: Doe’t de bern opit fjild kamen dizze moarn, wie-nen de leiders nergens te bekin-nen. Wol rûnen der troch itdoarp allegear frjemde figueren.Sa kamen Fred en WilmaFlintstone mei harren dochterfoarby, mar ek holbewenners endinosaurussen stampten rûn.Doe’t de bern better seagen ûnt-dutsen sy dat dit allegear ferkla-eide leiders wienen en begongensy oan in tige slagge foskejacht.De bern fermakken harren best,mar ferlangden nei een bad meikâld wetter! Lokkich genoch stiedit tafallich op it programma! Neiit middeisiten gongen we optrekkers en moai fersierde wei-nen op nei Wommels nei swim-bad De Klomp! It wie een waar-me tocht, mar ûnderweis stienender een pear lieders klear om debern wiet te spuitsjen mei een

Rare figuren en een spetterende dei

mei de de grutte brânslang derbywie it ien grut feest. Nei de wet-terwille wie it tiid foar tintsjesbouwe. Mei crépepapier, ferfe enballonnen waarden der hielespulwike filla’s makke. En as detintsjes klear wienen dan kriig delieder ek nog in moai kleurke.

Doe’t de tinten foar wat skaadsoargen wie it tiid foar een stikjebôle. Eltsenien hie sa wer genôchenerzjy foar it middeisspul. Ditspul gong troch it doarp hinne.Allegear lytse oertiid spultsjes saas de knotsenrace, keien goaie entoulûke. Doe’t alle groepkes itpaad nei it fjild wer fûn hiene,wie it tiid foar it swimbad. Sa koede ferfe moai fan it gesicht wos-ken wurde, want nei in dei mei insoad sinne woe die ferfe wolhurd wurde!

Easterwierrum: Hjoed wer innije start foar de lieding fanEasterwille. Mar foar de bern fande oare helte fan´e gemeentebegjint Spulwike hjoed pas echt!

De dei begûn tige spannend foarde bern, de lieding wie nam-mentlik oan it begjin fan demoarn net oanwêzig. Se moastenút de tiidmasjine wei komme. Ditslagge troch it entûsjasme fanKnots en Rots; it mikrofoanduo.Doe’t alle groepkes te plak wie-nen by harren tinte wie it tiidfoar spultsjes. Fansels ûntbrutsek dit jier de ranja net en troch itwaarme waar wie de wetterslangtige brûkber en de sinnebrâncrê-me net oan te slepen.

De sjippebaan wie it hichtepuntfan ‘e moarn. Lekker gliidsje en

In machtige moaie waarme dei

folbringen. De ynwenners yn deferskate doarpen stelden harrenbeskikber om bygelyks sokken,in drúf of bôle ôf te stean, sadatde bern dizze ‘yngrediënten’ opin geheime lokaasje yn itbetreffende doarp ynrulje koe-nen foar de facht. Mei de fachtyn ‘e bûse ha wy dêrnei it wetteropsocht om de nedige ferkuol-ling op te dwaan. Hast alle groe-pen koene gastfrije minsken fineom se wer werom te bringen neiWeidum. It wie alle groepkesslagge de facht te bemachtigjenen dermei koe de jas fan Japiemakke wurde.

Dronryp, Wommels, Grou,Winsum en Jirnsum: Op dizzedei moasten de bern yn ferskil-lende doarpen de stikken fachtfan Japie’s jas opsykje. Ynûndermear Dronryp, Wommelsen Grou waarden de bern droptom dêr de opdrachten út te fie-ren. It wie hyt, wol 30 graden!De grutste opdracht fan alleswie dat de bern en lieding eksels ferfier foar de weromreisregelje moasten, en sa orizjineelmooglik. Undanks de tropyskeomstannichheden wiene de berngeweldich fanatyk om deopdrachten sa gau as mooglik te

Op jacht nei in facht!

werom komme moat. De kopkessjogge der besoarge út.

Mar ienris yn Dronryp giet it as itslydjaget. De iene nei de oareopdracht wurdt dien en de mins-ken yn it doarp sjogge harren deeagen út de holle. It is dochs alfakânsje, wat dogge al dy bûntferklaaide bern yn it doarp? Ittempo leit troch de temperatuerdy’t sa stadichoan de 30 gradenrikt net heech, mar der wurdt woltrochsetten. Sykje de âldstebewenner fan it doarp en geandêrmei op de foto. Sa is ien fan degruttere opdrachten. De âldstebewenner, wêr fynst dy no?Fansels, it bejaardenhûs, dêrmoatte wy hinne. Alles en eltse-nien ûnderweis wurdt oanhâlden

om te freegjen of der san hûs isyn Dronryp en wêr’t dat danstiet. It blykt oan de oare kant fanit doarp te wêzen en Dronryp isno net echt lyts te neamen. Maralle moed dy’t der is wurdt sam-mele en yn it bejaardenhûswurdt in foto makke mei mefrouVan der Wal, 95 jier en dêrmei deâldste fan it doarp.

De oare opdrachten dizze deiwiene ek samar klear, it fel wiesamar fûn, allinich it ferfierwerom gong wat dreech. De fle-anbasis, plysje, brânwacht, eltse-nien is belle om materiaal bes-kikbar te stellen, mar it slaggenet. Gelokkich binne der dannoch heiten mei hiele gruttetrekkers en weinen.

Woansdeitemoarn 10 oere, determometer jout dan al rom 25graden oan, komme ek deStridende Stjonkies en de HolleBol Bewenners wer oan yn dearena fan Weidum. Der sitgelokkich noch genôch enerzjyyn, want hjoed moat it gebeure:in dropping. En net samar ien, itis in swerftocht fol opdrachtenom op syk te gean nei in part felfan Japie. De StridendeStjonkies en de Holle BolBewenners hearre wêr’t sehinne moatte: Dronryp! Wat inein fuort en dan wurdt ek nogefkes iiskâld ferteld mei dit hitewaar dat se sels mar foar it fer-fier werom soargje moatte! Asekstra muoilikheid moat der eknoch in rau ei mei, dat hiel

Spulwike yn Dronryp?

Troch lieders Susanne Slot en Geeske Vellinga

Troch lieders Marije en Doete

Troch haadlieder Klaas Siderius

Flintstones ynEasterwierrumen EasterlittensWilmaaaaaa! Fred is yn defiere omkriten fan Easterlittenste hearren tidens de speur-tocht. It wie in prachtige kre-aasje. Yn Easterwierrum hienese in prachtige Flintstone-oer-tiid-auto makke. De auto isfoar fan alles noch wat brûkt,hat sels in dei yn de buert fanEasterlittens west byBroektille, mar Fred en Wilmabin der net yn signalearre. Itwie ek net de bedoeling, marwat hie it moai byelkoar past!

Page 7: Augustus 2006 Spulwike · 2015. 7. 3. · omrop Fryslân radio. De Spulwike is de moandeis losbarsten mei in echte oerknal, en wat folge wie in fantastyske wike, ek troch it skitterende

Spulwikenijs 2008 - side 7Tongersdei 3 en freed 4 july

gear net like earlik giet (liedsterD.S. út Grins hellet werkelik demeast fertochte streken út om meihar bern te winnen), docht der netta. Der moat jatten wurde oant ynien fak seis deselde saken lizze.

De omstanners fine dat der marien konklúsje mooglik is. Tidens despulwike wurde bern oplaat talytse kriminelen, troch de lieders!Neffens de lêste berjochten is wyk-agint Trinus Hoekstra der alledagen drok mei om de lytse boefk-es yn de gaten te hâlden, winkelljulitte net mear as twa bern tagelykyn de winkel en partikulieren befei-ligje harren húzen mei meardereslotten. De plysje wol de grutst fer-antwurdelike fertochte graachûnderfreegje oer de kriminele akti-viteiten. Omstanners hawwe infoto fan har makke. Herkenne jodizze fertochte, nim dan kontaktop mei it plysjeburo op Broektille.

Yn de spulwikekrante fan 2003stiet in stik oer lytse Littenser kri-minelen. Gurbe Sytstra, doe 85jier, hie der it folgende oer te siz-zen: “Wêr moat dat hinne mei dyjongerein fan tsjinwurdich; segroeie op foar galg en rad!” Yn2008 kin de aksjes fan doe netoars omskreaun wurde as lytsefergripen. Yn Baard koene dedoarren tongersdei better op slot.

It gong der rûch omwei by itroverspul op it keatsfjild ynBaard. Net allinich de bern, marek de lieding stelt werklik allesbyelkoar. Yn it gêrs binne seisfakken makke. Yn elk fak stean inlieder, seis bern, in túnstoel, indykpealtsje, in stik seil en tal fanoare saken. As it startsignaalklinkt fleane de bern it fjild oerom safolle mooglik dingen by deoaren út it fak te pikken, sûnderoantikke te wurden. Dat dit alle-

Plysjeberjocht

It is bysûnder dat soks yn dizzetiid nog steeds allegear kin.Boeren stelle harren pleats bes-kikber foar de opslag fan materi-aal en it lienen fan trekker enwein en troch it grutte oantalsponsoaren kinne der elts jierwer in orizjineel dekor en nijespultsjes betocht wurde.

Gjin plan of idee is te gek omútfierd te wurden. En as it danrjochtsom net slachet, dan wollinksom. Sa hie Easterwille ditjier in heuse Flintstone-oertiid-auto makke en yn Weidum wie ingrutte opblaas wetter-attraksjefoar de bern. Dat is it moaie fanSpulwike; as ‘t net kin sa as itmoat, dan moat it mar sa as ‘tkin.

Easterwierrum, Littens enWeidum: Spulwike is al 36 jier inbegrip yn’e gemeenteLittenseradiel. Alders stelle har-ren fakânsje der in wike foar úten in pear wiken foar de fakânsjehearre je de bern der al oer praten.

Spulwike is ea begûn mei intsiental frijwilligers, ien doarp,wat materialen foar spultsjes, intsiental bern en in hiel soad wille.No, 36 jier letter is it útgroeit tain simmerkamp dêr’t hast allebern út ‘e gemeente nei ta gean,mei meer as 100 frijwilligers, inspulwikekrante, in sponsorkom-misje, elts jier nije ferskes en nogsteeds in hiel soad fertier. Nearneoars wurdt dit op sa’n manierdien as yn dizze gemeente.

Spulwike, as ‘t net kin sa as it moat,dan moat it mar sa as ‘t kin!

• Rots skoppe (Levend tafelfuotbal)

• Holle bolle Geis (Foarm fanSumo worstelen )

• Mamoet - Lucke (Trekker flotlûke)

• Oerstriid spul (Hindernisbaan)

• Oer Puzzel

Sa tsjin trije oere begûn it licht tereinen. En tsja, wat is dan ingoeie beslissing! As it troch gjitmei reinen is de dei nog lang oantfiif oere! Doe hawwe wy it sekerefoar it ûnwisse nommen enhawwe mei de bern de nijste filmvan James Bond sjoen.Nei de film binne we mei synallen op paad gongen nei ússliepplak by Flapper.Mar earst noch pannekoeken iteen nei de fette oerdisko!!

Weidum: Tongersdei de treddefan july wie de swierste dei yn destriid troch de oertiid!!Ek wol de dei sûnder ein neamdûnder de erfaren spulwikelieders!Om kertier oer njoggenen siet deoerbekinde spulwike arena alaardich fol. Om healwei tsienenbegûn de langste dei. Moarns wieder foar de kreatyven ûnder ús it“neusje van de zalm”. Ut elk fande tolve groepkes waard in spul-wike bern ferkeazen om omtove-re te wurden ta oerminsk! Dersieten hiele bysûndere kreaasjestusken. Dernei waarden de bernop paad stjoerd om foarwerpente ruljen of te sammeljen, om ingrutte draak te ferjeien.De winnende kreaasje wie in ideeom de draak mei leafde te fer-jeien.Foar de middei wiene der fiifgrutte spullen betocht.

“Striid yn de oertiid”

meikrigen. As lieder ynEasterwierrum, yn syn funksje asponghâlder by de stifting en desponsorkommisje en, sa as ek ditjier, as lieder yn Easterlittens. “Asponghâlder binne je der nochfolle mer mei dwaande, ‘t hielejier troch. Dan leare je de hieleorganisaasje êfter de Spulwikekennen en ik haw sa ek in soadhichtepunten meimakke, byge-lyks mei de sponsoring.”

Albert fynt it moai om ûnderdielút te meitsjen fan it unyke barrendat de Spulwike hjit en dat it nei

36 jier noch sa libbet. “De fer-halen binne de lêste jierren datbern allinich mar êfter de komp-joeter sitte, mar as je dan sjoggehoefolle der komme op inSpulwike dy’t bestjit út simpeledingen as ranja drinke, yn ‘efeart springe en tinten bouwe enwat in soad wille se dermeihawwe, dat is prachtich.”

It mes snijt oan meardere kan-ten neffen Albert, dyt’t de unykesfeer ûnder de frijwilligers en demeiwurking fan de minsken ynde doarpen beneamt. “It is iniepen sfeer wêr’t eltsenienaksepterre wurd. Hartstikkeneleuk om sa as groep mei ien doeldwaande te wêzen. Derneistûntwikkelt de lieding harren selsek troch bygelyks saken te orga-nisearren yn kommisjes.”

Hy wol d’r net oan dat it neitsien jier op routine gjit. “Jedogge wol in soad op gefoel. Jelere mei berno omgean,je witteop in bepaald momint wat wur-ket en wat net.” En is dit jubi-leum in momint om oan testoppen te tinken? “Gjin kom-mentaar.”

Tongersdeitejûns rûn alven sitAlbert Jonker foldien mar mei dewurgens fan syn tsiendeSpulwike yn ‘e fuotten oan de baryn ‘e Jister. Noch goed yn staatom syn tinzen oer in decenniumSpulwike yn wurden te fatten:“Spulwike is in wein, de haadlie-ding lûkt de wein, de lieding tri-uwt en de bern sitte der op.”

De Wiuwerter akkountant fan28 jier hat as bern meidien enfolge syn broers dy’t al as liederby de Spulwike belutsen wiene.Yn tsien jier hat Albert in protte

Spulwikecrack Albert Jonker jubilearret

Troch Maaike Kuipers

Troch lieders Bob Kamphorst & Baukje Eppinga(Sk)iterij

As de bern fuort binne en ynEasterlittens it programma foar-by is, giet it freedtemoarn mis.Is it tafal of de gewoanste saakfan de wrâld dat der samar inman of tsien siik wurde.Freedtejûn by it einfeest bin itder al 30 en yn it wykeinkomme der noch ris tsien by.Der is fêststeld dat der wat fer-keards iten is, mar dat it net fande eigen koks komt. Fansels net!It iten wie wer poerbest foarel-koar, sa as alle jierren! Eltsenienis gelokkich wer opknapt.

T.S. út Grins

Page 8: Augustus 2006 Spulwike · 2015. 7. 3. · omrop Fryslân radio. De Spulwike is de moandeis losbarsten mei in echte oerknal, en wat folge wie in fantastyske wike, ek troch it skitterende

side 8 - Spulwikenijs 2008 In ympresje

OANT TAKOM JIER, IT WIE GEWELDICHOANT TAKOM JIER, IT WIE GEWELDICH